Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland


auteur: Joh. A. Leopold en L. Leopold


bron: Joh. A. Leopold en L. Leopold, Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland. J.B. Wolters, Groningen 1882  


verantwoording

inhoudsopgave

doorzoek de hele tekst


downloads



DBNL vignet

De Fryske hirdsiler.

 
Skipkesile, skipkesile,
 
Dêr nei stiet myn Fryske sin.
 
Skipkesile, skipkesile,
 
Sa lang as ik tôgje ken.
 
 
 
Wetter, wetter is myn libben,
 
Hinget siel en libben oer(5).
 
't Libbet, popert my troch de ieren
 
As ik oer de weagen stjûr.
 
 
 
As de wylde fûgels djoeije,
 
't Reidmosk tsjottert ljeaf fen tean,
 
De eintsjes throch de weagen roeije
 
Mei de piken(6) efteroan;
 
 
 
As it djier yn griene weiden,
 
Yn de gêrzen(7) wille het,
 
Oaf biskûle yn de reiden
 
Fiskerman syn fûken set;
 
 
 
Den oer Fryske markes(8) driuwe
 
Yn de romme simmertiid,
 
Yn de lije simmerjonnen,
 
Makket hert en sinnen bliid.
 
Yn de kâlde hjerstmesmoärnen,
 
Wolkom, stoere noardewyn!
 
Moäntsje mei dyn sulv'ren hoärnen,
 
Wolkom mei dyn gleaune skyn!
 
 
 
Sûzje my throch mêst en linen(9),
 
Ljocht my op de tsjust're poel!
 
Noärman(10) hirdet ier en sinen,
 
't Moänljocht wiist my paed en doel.
 
 
 
Yn de kâlde hjerstmesmoärnen,
 
As 't noärdwesten giert en bromt,
 
As de heil(11) it wetter giselt,
 
Dobb'rje ik iensom op de romt'.
 
 
 
Diggelfjûr(12) sit oan de toppen,
 
Swarte loften hingje er oer,
 
Thouwers(13) fluitsje troch de stroppen,
 
Eangstich skoärje(14) ik oan it roer.
 
 
 
As de wite koppen stouwe,
 
't Skipke kreaket, hellet, sûcht;
 
Hingje, slepe, dweile, sjouwe,
 
Dat is 't libben dat my noecht.
[p. 121]
 
Noflik(1) is 't den thús to kommen,
 
Om de ljochte gleaune klûs
 
Fen it diggelfjûr forhelje,
 
Fen it wylde weachgebrûs.
 
 
 
As de bernkes freegje en harkje
 
Hwet hjar heit het onderfoun,
 
Moäst 'k sa 'n dei mei nôed throchfarkje(2),
 
Thrij'ris noflik is de joun.
 
 
 
Friezen binne wetterlieuwen;
 
Het it wetter wille en nôed,
 
'k Wol in wetterpolsker bliuwe;
 
'k Bin fen 't âlde Fryske blôed.
 
Sa, Tsjerk Hiddes, greate lieder
 
Fen de frije Fryske fleat,
 
Wier dyn libben, waerd dyn stjerren
 
Op it wîde wetter great.
 
 
 
Silen, swabjen wier dyn libben.
 
Hiest' net oer de weagen bromd,
 
En de Ingelskman bithong're(3),
 
Hwa hie den dyn namme romd?
 
 
 
Ja, de Vries, dyn Fryske namme
 
Is net op de weagen stoarn(4):
 
Né, hy libbet oer de séen
 
Iwich, Fryske wettersoan!
 
 
 
Skipkesile, skipkesile,
 
Dêr nei stiet myn Fryske sin;
 
Skipkesile, skipkesile,
 
Sa lang as ik tôgje ken.
 
 
 
E. Halbertsma.