Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse Jan Tjittes Piebenga logo_tres_01 GEBRUIKT EXEMPLAAR eigen exemplaar dbnl ALGEMENE OPMERKINGEN Dit bestand biedt, behoudens een aantal hierna te noemen ingrepen, een diplomatische weergave van Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse van Jan Tjittes Piebenga in de tweede druk uit 1957. De eerste druk is uit 1938. REDACTIONELE INGREPEN Bij de omzetting van de gebruikte bron naar deze publicatie in de dbnl is een aantal delen van de tekst niet overgenomen. Hieronder volgen de tekstgedeelten die wel in het origineel voorkomen maar hier uit de lopende tekst zijn weggelaten. Ook de blanco pagina's (p. 6 en 288) zijn niet opgenomen in de lopende tekst. [pagina 1] KOARTE SKIEDNIS FAN DE FRYSKE SKRIFTEKENNISSE [pagina 3] J. PIEBENGA Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse Twade, útwreide printinge drukkerij laverman n.v., drachten - 1957 [pagina 4] Dizze nije printinge is ta stân kommen op oanstean fan de Fryske Akademy en bikroand mei de Wassenbergh-medalje. [pagina 295] Ynhâld I. Ynlieding 7 1. Hwat forsteane wy ûnder ‘Fryske skriftekennisse’? 2. Hwat is it doel fan de literatuer-stúdzje? 3. Hwat lêze wy, hoe, en yn hokfoar forbân? 4. Hwat wurdt ta ‘it Frysk’ rekkene? II. Aldfrysk 16 1. Bernlef. 2. Lex Frisionum. 3. Taelforhâldingen yn de midsieuwen. 4. Dichterlike eleminten yn it Aldfrysk rjocht. 5. Aldfrysk rjochtsproaza. 6. Aldfrysk rymwurk. III. Fan stjerren en opstean 29 1. De tiid. 2. Wol folkstael, gjin lânstael. 3. Fryske skiedskriuwing. 4. Sykjen en bisykjen (1540-1640). IV. Gysbert Japiks 41 1. De tiid. 2. Libben en foarming. 3. Wurk en wêzen. 4. Forstean en forklearring. 5. Ynfloed en bitsjutting. V. Rêstich nei de Revolúsje 56 1. De tiid. 2. Der wurdt hwat wekker. 3. Simen en Jan Althuysen. 4. Dirk Lenige. 5. Feike Hiddes van der Ploeg. 6. Eelke Meinerts. VI. De Wassenbergh-skoalle 69 1. De tiid. 2. Everwinus Wassenbergh. 3. De Wassenbergh-skoalle. 4. It Frysk Genoatskip. VII. It folk oppenearret him 78 1. De 19de ieu (oant 1848). 2. De Halbertsma's. 3. Rinse Posthumus. 4. Jan Knjilles Piter Salverda. 5. Inkelde oaren (Rein Windsma; Wopke de Jong; Jan Gelinde van Blom). VIII. De Fryske Romantyk (earste tiidrek) 104 1. Algemien oersjoch. 2. T.R. Dykstra en J. van Loon Jsn. 3. Harmen Sytstra. 4. Gerben Colmjon en Johan Winkler. 5. Hjerre Gjerrits van der Veen. 6. Gerben Postma. IX. Folksskriuwerij 135 1. De tiid (twade helte 19de ieu). 2. Waling Dykstra. 3. Tsjibbe Gearts van der Meulen. 4. Auke Boonemmer. 5. Sake Knjilles Feitsma. 6. Oersjoch en forbân. 7. Inkelde oaren (Oebele Stellingwerf en G.C. Stellingwerf-Jentink; Johannes D. Baarda; Jentsje Sytema; Jan S. van der Steegh; Douwe Hansma; Japik Asman; Piter Bleeksma; Japik Hepkema; Wynsen Faber; L.C. Murray Bakker; Jan Ritskes Kloosterman). [pagina 296] X. De Fryske Romantyk (twade tiidrek) 168 1. Algemien oersjoch. 2. Orthodokse skriuwers (L. H. Wagenaar; Rinze Zylstra; J.H.J. van Wageningen thoe Dekama; Frederike Rutgers). 3. Piter Jelles Troelstra. 4. Inkelde oaren (Sikke Sibes Koldyk; Tsjalling Eeltsjes Halbertsma; Sjirk Linses van der Burg en Jan Linses van der Burg; Cornelis Wielsma; Nynke fan Hichtum). XI. Toanielskriuwerij 183 1. Ynlieding en oersjoch. 2. Twa pioniers; Waling-om en Tsjibbe Gearts. 3. Romantyk en réalisme (T. R. Velstra; S.H. Hylkema; C.D. van der Weg; W. Vrijburg; T.W. Sytstra; O. Stellingwerf; P.J. Troelstra; S. Koopmans; J.S.v.d. Steegh; J. Hepkema; F.G. Looijenga). 4. Om folk en minskheit (Y. C. Schuitmaker; R.W. Canne; Y. Kaastra-Bakker, e.o.). XII. In nije ieu mei nije lûden 198 1. Algemien oersjoch. 2. O.H. Sytstra. 3. J.B. Schepers. 4. J.J. Hof (Jan fan 'e Gaestmar). 5. Simke Kloosterman. 6. Reinder Brolsma. 7. Obe Postma. 8. Folksskriuwerij (M. Miedema; J.v.d. Tol; Sjouke de Zee; Joh. Rypma; Gerben Rypma; F. Jac. de Zee; Sjoerd Meinesz; Y. Wiedema). 9. Twa knappe proazaskriuwers (T. E. Holtrop; B.R.S. Pollema). 10. De swetten wurde útlein (ds. S. Huismans; dr. G.A. Wumkes; O.S. Akkerman; A.M. Wybenga; dr. P. Sipma; Th. van der Schaaf; Rixt). XIII. De Jongfryske tiid 229 1. Algemien oersjoch. 2. Twa foargongers (Rixt; Rinke Tolman). 3. Douwe Kalma. 4. E.B. Folkertsma. 5. Marten Baersma. 6. R.P. Sybesma. 7. P.v.d. Burg. 8 J.H. Brouwer. 9. Fedde Schurer. 10. D.H. Kiestra. 11. Inkelde oaren (A. Jousma; G. Brouwer; I. de Jong; S.D. de Jong; B. Tuinstra). 12. Toanielskriuwerij. XIV. Foar en nei de oarloch 259 1. Algemien oersjoch. 2. De generaesjes. 3. D.A. Tamminga. 4. Oare fiifentritigers (poëzij: A.R. Scholten; Joh. D. de Jong; J. Piebenga; S.J.v.d. Molen; Y. Poortinga; N.J. Haisma; Y.R. Boarnstra). 5. Oare fiifentritigers (proaza: W. Cuperus; A. Brouwer; U. van Houten; P. Akkerman; N.J. Haisma; e.o.). 6. Toanielskriuwerij. 7. Nei-oarlochske ûntjowing (A. Wadman; Sj. Spanninga; G.N. Visser; M. Sikkema; F. Dam; e.o.). 8. Nei-oarlochske ûntjowing (L. Brolsma; Y. Poortinga; Ypk fan der Fear; P. Terpstra; e.o.). XV. Taheakke 279 1. East- en Noardfrysk; dialekt-literatuer. 2. It Oera-Linda-bok. 3. Fryske bibliografy. 4. Ta bislút. Register 289 2010 dbnl / erven Jan Tjittes Piebenga pieb002koar01_01 unicode Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse. Laverman, Drachten 1957 (tweede druk) DBNL-TEI 1 2010-02-26 CB colofon toegevoegd Verantwoording Dit tekstbestand is gebaseerd op een bestand van de Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (https://www.dbnl.org) Bron: Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse. Laverman, Drachten 1957 (tweede druk) Zie: https://www.dbnl.org/tekst/pieb002koar01_01/colofon.php In dit bestand zijn twee typen markeringen opgenomen: paginanummering en illustraties met onderschriften. Deze zijn te onderscheiden van de rest van de tekst door middel van accolades: {==13==} {>>pagina-aanduiding<<} {==Figuur. 1: Onderschrift van de afbeelding.==} {>>afbeelding<<} {==2==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Earste side út de álde printinge (inkunabel) fan de Fryske wetten, it earste Fryske boek, om it jier 1470 hinne wierskynlik yn Fryslân printe. Der binne jit njoggen eksimplaren fan dit boek bikend. As útjower waerd foarhinne neamd Hidde van Camminga, tsjintwurdich wurdt wol oan de Huzumer pastoar Hildebrand Goffredus a Doengieterpo tocht.==} {>>afbeelding<<} {==5==} {>>pagina-aanduiding<<} By de earste printinge ...As it dit boek, ûntstien yn de praktyk fan lesjaen en foarljochting, net slagget, safolle leafde foar ús skriftekennisse by de lêzer wekker to meitsjen, dat er alderearst grypt nei de wurken fan de bisprutsen skriuwers sels, en dat er dêr fierder yn wiidweidiger boeken jit mear oer neisykje wol, om sa njonkenlytsen sels ta in eigen miening to kommen, hat it syn doel misroaid. Hjir folget út, dat de skriuwer bisocht hat oanienwei in dimmene, earbiedige hâlding foar dit ús mienskiplik bisit oer, oan to nimmen en to biwarjen; ek as der krityk jown wurdt, hopet er dat de forantwurdlikens foar ús nasionale eare dêr as de bliuwende grountoan by heard wurde mei. Oer it peil fan ús skriftekennisse sille wy nea tofreden wêze, - hwat soene wy foar Fryslân minder bigeare as de hichtepunten fan de wrâldliteratuer? - mar ek de berch wurdt earst as berch biwûndere, as er út delten en flakten omheech riist. Sûnder forachting foar it lytse, it greatere it him takommende plak to jaen, èn, elk lûd gear to foegjen yn it forbân fan de moedsume wrakseling om it eigen folksbistean, dat habbe de liedende tinzen west by de gearstalling fan dit wurkje. ...Sûnder it wurk fan dr. G.A. Wumkes yn earbiedige biwûndering to neamen, kin dit boek net forskine. Oan him en oan de neitins fan ús pake Haring Tjittes Piebenga (1856 Kiestersyl - 1937 Kiestersyl), yn hwa't Fryslân foar my ta sa'n djippe wierheit wurden is, woe ik it graech opdrage. Sânfurdterryp, hjerstmoanne 1938. By de twade printinge Fiersten to lang hat it duorre, eardat ik oer dizze twade printinge gear komme koe; as kranteman rûgelet de tiid jin as droech sân tusken de fingers troch. It witten, dat der driuwend forlet fan in nije biwurking wie, hat my op it lêst oer alle tûkelteammen hinne holpen; hwat stinnende-wei bigoun is, waerd yn tankberheit en blydskip foleinige. Al binne opset en doelstelling fan it boek gelyk bleaun, de ynhâld is gâns wizige, útwreide en nei't ik hoopje forbettere. Sa dryst as tweintich jier lyn bin ik net mear; de ‘histoaryske wierheit’ is sûnt foar my in slim bitreklike saek wurden. Op withoefolle plakken is gebrûk makke fan hwat der nei 1938 oan stúdzjewurk op it gebiet fan de Fryske literatuer forskynd is en dat is net in lyts bytsje. De skiednis waerd ek oan hjoeddedei ta trochlutsen; hwat de lêste jierren oanbilanget, mei tige hoedene streken. Ik haw faek ophâlde moatten, as ik graech fierder woe, mar it boek moast net to great wurde en ek net to slim. As it ien ding hopet to dwaen, dan is it: de jongerein fan Fryslân oantrúnje ta wurk foar it heitelân. Oan sa'n boek wurkje folle mei sûnder dat hja it witte: wiif en bern, freonen, it folk; graech haw ik oannommen hwat hja my joegen. It is my great, dat Drukkerij Laverman de tradysje fan J. Kamminga fan Dokkum sa weardich fuortset. Oan Freark Dam en G. Meerburg komt myn tank ta foar de forsoarging fan de yllustraesjes en it opmeitsjen fan it register. Ljouwert, foarmoanne 1957. JAN TJITTES PIEBENGA. {==7==} {>>pagina-aanduiding<<} I. Ynlieding 1. Hwat forsteane wy ûnder ‘Fryske skriftekennisse’? De frage, hwer't de grinzen fan de Fryske skriftekennisse lizze, hawwe gauris guodden yn skrift en petear oer gear west. Doe't dr. D. Kalma de ‘Forantwurding’ foar syn twadielich wurk ‘De Fryske Skriftekennisse fan 1897-1925’ skreau, loek er tredderlei rounte: ‘De Fryske skriftekennisse, nommen yn de wiidste sin fan it wurd, omfettet de kennisse fan alles hwat der yn it Frysk skreaun is. Yn in inger sin, heart dêr ta de kennisse fan de skriftlike utering dy't fan bliuwend bilang is út reden fan hokfoar fortsjinste. Yn in jit inger bitsjutting wol it sizze, de kennisse oan de skriftlike utering dy't fan bilang bleaun is út reden fan har kunstwearde.’ Sels keas er út suver praktyske reden foar de middenste rounte; hy naem it bigryp skriftekennisse, letterkunde of literatuer, dus mear yn syn nasionale as yn syn aesthetyske sin. Biswieren tsjin dy kar hied er in iepen each foar, mar doe't er letter seach, dat in Ingelske literatuerskiednis dy't der wêze mocht, net allinne de biografy en de autobiografy, mar ek de reisbiskriuwing, de skiednis, de sosiology en sels de natuerwittenskip omtinken joech, altyd foarsafier de oanbilangjende wurken stilistyske fortsjinsten hiene, doe fielde er him dochs yn syn trou oan dy ‘ingere sin’ forsterke. Dr. G.A. Wumkes lykwols wie it net mei Kalma iens; dy pleite foar in jit wider lûken fan de grinzen, man fan fiere kimen en greate forbannen as er wie. Hy rekkene ta de Fryske skriftekennisse ‘alle letterwurk fan Great-Fryslân, dêr't it Frysk-eigene yn útkomt, dêr't in swietrook fan Fryske ierde en Fryske leafde jin út tomjitte swevet. Lit net de tael, mar de sfear, de siel, de geast kriterium wêze. Hoe heech de tael ek oanslein wurde moat, hja is net it heechste, net it Fryske wêzen, net it Fryske libben sels. Hja is it kleed, de draechster fan ús fielings en tinzen. Hja is gjin doel, mar middel.’ (Paden fan Fryslân, I, s. 10). Twa stânpunten: ús forstân sprekt licht foar it earste, ús hert kiest fuort it lêste en seit, hwerom soene wy party Latynske abtelibbens en likegoed gâns yn it Hollânsk skreaune kroniken en theologyske wurken gjin ‘blommen út de Fryske lettertún’ neame meije? Hwer moatte dan byg. Jancko Douwama syn tinkskriften by rekkene wurde? Né, leit it forstân der tsjin yn, helje de skriftekennisse en de kultuer- {==8==} {>>pagina-aanduiding<<} histoarje dochs net trochinoar. Hwer bliuwt sa de ûnderskieding en hokfoar fortizing soe it net oproppe, as wy ‘Stiefmoeder Aarde’ fan Theun de Vries, ‘Augustinus de Zielzorger’ fan prof. dr. F. van der Meer en ‘Gestalte en Geest’ fan dr. O. Noordmans foar de Fryske skriftekennisse yn bislach namen, inkeld omdat de skriuwers Friezen en har wurken sa treflik skreaun binne? As dy ‘Fryske geast’ as kriterium foar ús skriftekennisse nou ris mathematysk-krekt omskreaun wurde koe, ja, dan... Ek bûten Fryslân is dit in kwestje, dêr't genôch oer striden wurdt. In kundich professor (dr. Fr. Baur) forstiet ûnder ‘literatuer’ de samling fan biskate taeldokuminten dy't ier of let oannommen en - neffens it aesthetysk geniet dat hja jowe - wurdearre wurde fan in greater of lytser tal minsken dy't witte hwer't it by kultuer om to rêdden is. In net minder tûk fakgenoat (dr. K.H. Heeroma) sjocht it ûntstean fan in literatuer folle mear yn it feit, dat hja opnommen wurdt yn in konservearjende mienskip. Neffens him is literatuer de samling fan taeldokuminten dy't in biskate mienskip net allinne bisit, mar ek de muoite wurdich achtet fan biwarre en forstien to wurden. Genôch hifke en woegen. De skealjens slacht nei Kalma syn miening oer. Skriftekennisse is nou ienkear hwat oars as skiedskriuwing. De lêste is binammen kultuerspegel, is hechter forboun oan de naesje, hâldt har by it forline en siket mear om de ynhâld as om de foarm; de earste giet it folle mear om it libben yn syn oerfloedige rykdom, it libben yn skiene, fordjippe, konsintrearre foarm; foar har moatte de feiten al gau foar langsten, driften en dreamen wike. Altyd giet yn de literatuer de wei fan taelwurk nei taelkunst. En dochs komt de aesthetyske wearde fan ien-of-oare taelskepping faken earst tsjin de histoaryske eftergroun ta har rjocht, wylst ek in goede kultuerhistoaryske foarming tige bydrage kin ta in suver-aesthetyske bioardieling. Dat de nijste literatuer jin allinne mar sa'n bioardieling leare kin, mei yn kiif stean. Elkenien wit út eigen ûnderfining wol, hoe faei, ûnwis en oerflakkich de aesthetyske wurdearring is fan moderne wurken, dêr't de tiid jit net oer oardiele hat. Sûnder stipe fan in tradysje rekket men gau op 'e doele. De mannichte fan de moderne produksje forbjusteret hjir ek; men hat faken oars gjin kar as tusken it jaen fan in rige nammen en titels en it neipraten fan de meast achtenearre kritici. Yn de âldere literatuer hat de tiid sels al skifte, al hoecht dat ek net definityf to wêzen; dêr wiist it ûntjowingsproses himsels suver wol oan. Sa riddenearjend kin men fêststelle, dat ta de Fryske skriftekennisse hearre yn it bysûnder dy wurken, dy't net gau forâlderje sille, dy't fan nije generaesjes hyltyd wer lêzen, wurdearre en mei mear of minder muoite geniete wurde kinne en dy't yn it Frysk skreaun binne; {==9==} {>>pagina-aanduiding<<} dat lêste moat der wol by, omdat dy tael yn foarm en lûd en gong grif mei fan it meast-typearjende fan de Fryske geast bisit. Mar ek moatte der by rekkene wurde yn it algemien dy wurken, dy't as oanfoljend en forklearjend materiael fral kultuerhistoarysk fan bitsjutting binne en dêr't dúdlik in persoanlikheit efter stiet. Nét lykwols kinne der ûnder biflapt wurde wurken lyk as fan Wessel Gansfort en Rudolphus Agricola, berne yn de 15de ieu as Easterlauwerske Friezen, skriuwend yn it Latyn en meast om utens wenjend, of romans as ‘Old Haven’ fan David Cornel de Jong en ‘This is the Year’ fan Feike Feikema, al is sawol by de bibelske humanisten as by de Amearikaenske proazaïsten net inkeld har Frysk komôf mar ek mear as in bytsje oan Fryske geast to fornimmen. Sa njonkenlytsen is de skealjens wer aerdich yn 'e blâns. Der mei ek nea forgetten wurde, dat de Fryske skriftekennisse har yn gjin inkelde tiid ûnder normale forhâldingen ûntjown hat. Net allinne dat it Fryske folk in boerefolk is, net allinne syn germaenske let-ripens en sterke ethyske libbensvisy, mar binammen syn slop taelbisef en in humanistyske yntellekt-forgoading stiene in soune waechsdom fan de eigen literatuer ieuwen lang yn 'e wei. Soks kin efterlikens, earmoed en skuld neamd wurde, mar men hat mei de feitlike tastân to rekkenjen. Dêrom leit it ek yn 'e reden dat de wurdearrings-epitheta dy't yn dit boek brûkt wurde allinne bitreklik jilde: hja slane altyd op de Fryske forhâldingen. As warskôging foar in absolút brûken fan de mjitstôk wurde gauris nammen fan skriuwers fan Jeropeeske bitsjutting oanhelle. Dy't lykwols ienris de Fryske skriftekennisse yn syn leafde opnommen hat, sil him likegoed foar oerskatting sawol as foar ûnderskatting towachtnimme. De earmoed sil er net forachtsje of út 'e wei rinne, mar syn útsjen nei de tiid, dat ienris yn foldédige bloei en skientme útbrekke mei, hwat djip forhoalen yn dit folk libbet, sil der troch forsterke wurde. En hy wit: mear as oare literatueren dy't alles mei hawn hawwe, moat de Fryske skriftekennisse as in wiffe, stridende ienheit sjoen wurde, as in skruten en ynmoedich sykjen om it selswêzen, mar ek as in eangjend flechtsjen foar it geheim fan de eigen siele. Yn dat witten krijt ek it skeamelste Fryske wurk syn gerak. 2. Hwat is it doel fan de literatuer-stúdzje? In boek as dit is mar in helpmiddel. Skriuwers fan literatuerskiednissen nimme gâns hwat op 'e noed en geane fangefolgen leafst mei hoedenens to wurk. Hja kinne net fyn útspinne en breed útplúzje, mar {==10==} {>>pagina-aanduiding<<} moatte koart krieme, sydpaden mije en dúdlike streken lûke. Fortiisde gearhingen wurde faek forsimpele, lestige kwestjes mei sin oer de holle sjoen, legere goaden plak en bioardieling ûnthâlden. Binammen mei de oardielsfoarming is it in hangizer om oan to gean: de lêzers prate gau in boek nei, hifkje sels fierstomin en nimme it to maklik op. Sil it bistudearjen fan dit boek - dat net mear as in oersjoch en in gearfetting is - lykwols fortuten dwaen, dan heart de lêzer der mei yn 'e striid to gean. Nearne komt it sa sterk op it winnen fan in eigen oardiel oan as by literatuer- en kunststúdzje, mar ek nearne is dat slimmer én moaijer. Hwat earst forfeelsum, toar en dead like, kin stiiffol ynkeard libben blike to sitten. Elk minske wurdt hjir ûntdekkings-reizger. Ienling en minskheit komme foarelkoar oer to stean. Hoe djipper men dolt, hoe mear forbiningstriedden tusken in ûneinich forskaet fan libbensuteringen bleat komme to lizzen. It âlde wurdt nij en it nije âld; it giet net om it wikseljende mar om it bliuwende, dat lykwols yn elke tiid syn eigen en biskate foarm fynt. Gjin jiertallen en titels, gjin ynhâldswerjefte, gjin macht fan biografyske bysûnderheden binne it foarnaemste foarwerp fan stúdzje, mar earst it kunstwurk sels. Alles hwat tsjinje kin om dêr in better bigryp oer to krijen, itsij út de tiid, itsij út it libben fan de skriuwer, moat de oandacht hawwe. As fan elke stúdzje dêr't it minsklike sa tige it sintrale is, komt hjir nea ek mar in foarlopich ein oan. De taek fan in literatuerskiednis is perspektyf skeppe: de greate streek sjen litte, de krekte forhâldingen tusken de skriuwers en de streamingen oantsjutte, in typearjende karakteristyk fan skriuwer en wurk jaen. De brûker fan sa'n boek stiet foar de swiere opjefte, mei help fan dit materiael sels de wei ta forstean en meifielen to finen. Kunde oan histoarysk forrin en formidden, it bitroud-wêzen mei it aerd en de wearde fan de literaire kunstfoarmen en de oefening yn tawijd lêzen en stil harkjen, sille lykwols gjin fortuten dwaen as hja net fan leafde oproppen en droegen wurde. Leafde ta de Muzen, mar hjir yn dit boek binammen leafde ta Fryslân. Dy is net blyn; hja sjocht wol skerp de tiden fan earmoed, de riten fan lytsens en swakkens. Dy sljochtet it misse en minne net oer mar ûnderskiedt grif wol de deugd en ûndeugd, dy mijt it ek net it mês yn rotsjende steden to setten, dy sil it iene forskynsel net ûnrjocht-feardich bigunstigje boppe it oare. Mar dy leafde weaget it iens en foar altyd mei dit lân en folk, dy lit har fan de lytsens jimmer ta de greatens oansette, dy kin it forline sa folslein oannimme omdat hja it allinne fan de takomst forwachtet. {==11==} {>>pagina-aanduiding<<} 3. Hwat lêze wy, hoe, en yn hokfoar forbân? Dit boek bislacht yn de fierste fierte net de hiele Fryske literatuer-wittenskip; it hâldt him mar mei in diel dêrfan dwaende. Sûnder acht to jaen op en prefyt hawwe to wollen fan hwat op oanswettend gebiet út 'e wei set is, kin gjinien lykwols literatuer bistudearje. Al hat hwat der op it Fryske mêd dien is gjin hânwetter by hwat der foar de Nederlânske literatuer ta stân brocht is, it is dochs mear as mannichien forwachtet. De rykdom fan de skeamelheit is ek dat it gehiel oer to sjen is, al falt dat altyd net iens ta, bygelyks by de Gysbert Japiks-stúdzje net. Literatuer hat mei teksten to meitsjen, uteraerd leafst allinne mei teksten sûnder wryt of slyt. Bûtensteanders gysgobje wolris, as gelearden oan it hakketakjen binne oer ien letter of ien komma, mar it forstean of misforstean fan in tekst kin dêr nou krekt fan ôfhingje. Hwat de ûndersikers dogge oan tekstkrityk en forantwurde útjefte, hat elkenien op 'en dûr hwat oan. Sûnder soksoarte opgravings- en restauraesje-wurk rekken wy it histoarysk forbân ek gau kwyt. Der binne forskate foarmen fan tekstútjefte. It Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit to Grins jowt de rige ‘Estrikken’ út, mear foar wittenskiplik as foar literair doel, mar ek foar it lêste bytiden fan bilang. Taelkunde en letterkunde kinne fan âlds net bûten elkoar; foar de stúdzje fan beide wurde yn dizze rike rige fundaminten lein. Ticht hjirby stiet de ‘Magnus-Rige’, dy't fan de Fryske Akademy útjown wurdt en oant nou ta allinne teksten út de 17de en 18de ieu bifettet. Boekjes dy't makliker tagonklik hjitte meije as de Estrikken, mar dochs ek mear foar studearders as foar gewoane lêzers ornearre binne. Mear it each op in greater rounte hie dr. D. Kalma, doe't er yn syn ‘Nije Fryske Rige’ teksten fan Gysbert Japiks, Harmen Sytstra en Marten Baersma yn nijere stavering útjoech en ynlaette. Oare hannen sille grif dit wurk dêr oangripe, hwer't hy it lizze litten moatten hat. As de tekst fêst stiet en foar elkenien tagonklik is, kin it ûndersiik nei it ûntstean, de opbou, de foarm en de styl bigjinne. Alle lêzen is in wize fan forklearjen, as men alteast mei ynmoed lêst. Ta dat forklearjen heart ek it bineamen en toplakbringen, it útinoarplúzjen en forgelykjen fan alle forskynsels dy't de tekst bysûnder en de muoite wurdich meitsje. Omdat yn de literatuer de tradysje ek in greate rol spilet, giet it net sûnder helpmiddels. As sadanich kin tsjinje ‘Fryske Stilistyk’ (1937) fan Theun de Vries, dat in goed oersjoch, gâns titels en ek frijhwat oanhellingen jowt, mar as gehiel net botte oarspronklik en ek al fierhinne forâldere is. It is net wei as men flyt op {==12==} {>>pagina-aanduiding<<} dit boek docht, mar men kin der grif net mei ta. Aldergeloks wachtsje der ta fuortsetting en fordjipping fan dizze stúdzje trije treflike wurkjes. Anne Wadman joech yn syn ‘Fryske Fersleare’ (1953) in hantlieding yn poëtyk, dy't njonken de bikoaring fan it persoanlike ek de breedheit fan de wiere kenner hat; sawol de logyske yndieling as de lokkige formulearring en de mannichte fan foarbylden meitsje it lêzen ta in fruchtber geniet. Like streksum is de kost dy't prof. dr. J.H. Brouwer jin foarset yn syn ‘Fryske Styl’ (1952), in ynlieding ta it genietsjen fan literaire moaijens oan 'e hân fan R.P. Sybesma syn ‘Boerke Thae’. Dy't witte wol hwat it lêzen fan in goede proazatekst bitsjutte kin, moat him mar ris fan dizze bitûfte taelman liede en riede litte. Syn stúdzje ‘De Fryske Fjouwerrigel’ (1953) bislacht mar in biheind gebiet, mar giet dêr djip op yn. To hoopjen is ek dat de stúdzjes yn Fryske ferskunst, dy't deselde yn de nei-oarlochske jiergongen fan it moanneblêd It Heitelân opnimme litten hat, jitris forfolge en útjown wurde meije. Gjinien hoecht dus blyn foar de rike wearde fan de literatuer to bliuwen. Binne de eagen iepene, dan giet it eachweid al gau oer it hiele letterfjild en falle njonken de mânske beammen ek de biskiedene strûken en wylde strewellen op. De literatuerskiednis hellet mannichien út it tsjuster dy't dat fêst net forwachte hie en hja kin ek net oars. Foar de typearring fan har tiid binne de figueren fan it twade plan wichtiger faek as dy't fier boppe de midsmjitte útkomme. Gjin oersjoch ûntkomt dan ek oan it neamen fan gâns nammen, dy't foar party lêzers faeks nea hwat bitsjutte sille. De skyn fan needsaeklik kwea, dy't in literatuerskiednis licht oanhinget, kin mijd wurde as men jin net by ien boek hâldt. Dat hoecht ek net, hwant der is ek oer de Fryske skriftekennisse genôch oar wurk nei to slaen. Fan dr. G.A. Wumkes is syn ‘Bodders yn de Fryske Striid’ (1926) jit altyd it meast oan to rieden; it boek kin by earnstige stúdzje winlik net mist wurde, mar sá persoanlik binne opset en útwurking, sá seldsum is de minging fan fortsjinsten en tokoarten, dat it net gau ta in twade printinge komme sil. De fjouwer dielen ‘Paden fan Fryslân’ (1932-'43) bifetsje alles hwat by it neimeanen foar de seine kaem en dat is net in bytsje; foar literatuerstúdzje leverje hja yn har rykdom én har misskatting fan forhâldingen lykwols net safolle stof as foar de kultuerhistoarje. De bitsjutting fan dr. D. Kalma foar de Fryske literatuerskiednis is tige great; fierderop wurdt dêr mear fan sein. Dy't gâns feiten en nammen yn it koartste bistek byinoar hawwe wol, kin syn ‘Haedsaken Fryske Skriftekennisse’ (1948) brûke, mar mear as foar repetysjedoel lient it boekje him dochs net. In brede bisprekking fan gâns {==13==} {>>pagina-aanduiding<<} skriuwers mei in karlêzing út har wurk jowe de trije dielen ‘Fryske Skriftekennisse 1876-1925’ (1928-'39), ûnmisber foar hwa't oan dit wichtige tiidrek ta is en der sels in oardiel oer foarmje wol. Sil in oar him roppen fiele dit wurk op deselde foet fuort to setten? Fan bilang, sawol om de taljochting as de oersettingen, binne de rike bondel ‘Frieslands Dichters’ (1949) fan Anne Wadman, dy't dêr in skerpe en moderne skôging fan de Fryske poëzij nei 1880 yn jowt, en ‘The Literature of Friesland’ (1956) fan E. Howard Harris, dat mear it freonlike forslach fan in nijsgjirrige ûntmoeting as in oarspronklike stúdzje is, mar foar mannich net-Fries de oantrún ta fierdere stúdzje wêze kin. 4. Hwat wurdt ta ‘it Frysk’ rekkene? It bistean fan in Fryske skriftekennisse as in oanienslutend gehiel troch de ieuwen hinne, hinget ûnforbrekber gear mei it bistean fan de eigen tael. Hat it Fryske folk sa'n tael? Ja, sizze de taelgelearden; it hjoeddeiske Frysk is in hjir fan âlds bisteande Ingwaeoonske dialekte-groep, of mei oare wurden: it is in ôfsûnderlike tael dy't har eigen dialekten hat. Alder as it Nederlânsk hoecht it Frysk net to wêzen, mar wol is it Frysk yn Fryslân langer brûkt as it Nederlânsk yn it tsjintwurdige Nederlân. It Nederlânsk hat ta grounslach de Leechfrankyske dialekten, it Frysk is in variant fan de hegere ienheit, dy't Ingwaeoonsk neamd wurdt. Sûnt sa'n fyftjinhûndert jier geane it Frysk en it Nederlânsk har eigen wegen, al slút dat fansels gjin forbân en biynfloeding út. It Frysk is in Germaenske tael lyk as Gotysk, Deensk, Yslânsk, Dútsk, Nederlânsk en Ingelsk. Al dy Germaenske talen wurde wer ûnderfordield yn East-, Noard- en West-Germaensk. De West-Germaenske groep wurdt fan twa tûken foarme: ta de earste hearre Dútsk en Nederlânsk, ta de twade Ingelsk en Frysk. Lykas der tusken Heechdútsk, Platdútsk en Nederlânsk frij greate oerienkomsten bisteane, is dat hjoeddedei ek noch it gefal mei Ingelsk en Frysk, binammen op it stik fan de lûdfoarming. It Aldfrysk en it Angelsaksysk hiene safolle gemien, dat der gauris fan in Anglofryske dialektegroep praet wurdt, dêr't it Aldsaksysk ek faker as ienkear oerienkomsten mei hat. Spitigernôch is it Aldfrysk ús fan al dy talen it jongst oerlevere (psalmglossen út de 12te ieu); Angelsaksysk en Aldheechdútsk kenne wy al út de 8ste, Aldnoarsk en Aldsaksysk út de 9de, Aldleechfrankysk út de 10de ieu. Persoans- en plaknammen en rune-ynskriften geane faek nei in folle fierder forline tobek. {==14==} {>>pagina-aanduiding<<} It taelgebiet fan it Frysk wurdt foarme fan in lange stripe lân by de Noardsé-iggen lâns; it hat net altyd like great west en yn de rin fan de ieuwen is der wolris hwat oanwoun, mar folle faker, binammen oan de Dútske taeltûke, gâns forlern gien. Al yn de âldste tiden, dêr't ús it Frysk út biwarre is, kinne wy it Westerlauwersk en it Easter-lauwersk ûnderskiede. It Eastfrysk waerd yn de 13de ieu moai algemien sprutsen yn de noardlike kontrijen tusken Lauwers en Wezer en op de Eastfryske eilannen, mar it is dêrre troch Saksyske ynfloeden yn de lettere midsieuwen al útstoarn. It lêste libbene oerbliuwsel kin men hjoeddedei jit allinne yn it lytse Oldenburgske Sealterlân hearre. Dat wy fan it Easterlauwerske Frysk nou sa'n protte ôfwitte, komt omdat der út Hunsingo en Fivelingo, út Imsingerlân, Broekmerlân en Riustringen safolle âlde rjochtshânskriften biwarre bleaun binne. It Noardfrysk hat sa'n âlde oerlevering net. Wol moat it foarhinne in folle greater gebiet bislein hawwe as optheden; Eiderstedt wie doe fan tael ek jit Frysk. Tsjintwurdich wurdt it jit sprutsen op de eilannen Söl, Fehr en Oomrem, op Helgolân en yn it Sleeswykske kustlân súd fan de Deenske grins om Naibel hinne. It taelgebiet broazelet sûnt de lêste ieuwen hurd ôf en yn skoalle, tsjerke, krante en it iepenbiere libben hat dit Noardfrysk mar in tige biskieden plakje. Der bistiet in lytse Noardfryske literatuer, mar de ûntjowing dêrfan wurdt yn 'e wei stien troch it ûntbrekken fan in mienskiplike skriuwtael; der binne op de eilannen trije en op de fêstewâl fiif tongslaggen dy't soms frijhwat útinoarrinne. It Westerlauwerske Frysk, koartwei Westfrysk, wurdt sûnt âlde tiden al sprutsen yn it gebiet tusken Lauwers en Fly. It hat nei alle gedachten nea de folkstael west yn it súdlike diel fan Frisia Magna, oan de Sinkfal ta; yn it noardlike stik fan Noard-Hollân wiist folle der op, dat it Frysk hjir foarhinne sprutsen is, al falt it mei skriften net to biwizen. Ut it Aldwestfrysk is ús hiel hwat oerlevere: rjochtboeken, oarkonden, rymkroniken. Hjoeddedei is it Westfrysk jit libbene folkstael en troch oanhâldend skriftlik gebrûk op alderhanne gebiet is der njonkenlytsen in skriuw- en kultuertael út ûntstien, it Standertfrysk, dat lykwols wol iepen stiet foar forrykjende ynfloeden út de dialekten. Ta de Westfryske dialekten moatte rekkene wurde de tongslaggen fan Skylge, Skiermûntseach en Hynljippen, - yn alle trije is it ien-en-oar skreaun, - fan de Klaei, de Wâlden en it Súdhoeksk. It Stêdsfrysk is in gearmjuksel fan Frysk en Hollânsk, mar is almeast Frysk fan bou en wêzen. De dialekten fan it Bilt, de Stellingwerven en de Kollumer hoeke kinne min by it Frysk rekkene wurde. Yn dit boek wurdt ûnder ‘Fryske skriftekennisse’ frijwol allinne de Fryske, skriftlike, om hokfoar reden ek bliuwende utering fan Wes- {==15==} {>>pagina-aanduiding<<} terlauwersk Fryslân forstien. Yn it lêste haedstik (Taheakke) komme de dialekt-literatuer, it East- en it Noardfrysk jit efkes to praet. Mei de yndieling yn tiidrekken giet it altyd sa fier as it fuotten hat; men moat jin der mei witte to bihelpen. De ûnderskieding Aldfrysk (1200-1550), Midfrysk (1550-1800) en Nijfrysk (1800-hjoed) hat foar skriftekundige stúdzje ek mar lytse wearde; lyk as by hast alle histoaryske skema's wurdt ek hjir it libben tofolle yn in yntellektueel ramt biboun. Neisjen: Foar 1: D. Kalma, Forantwurding (De Fryske Skriftekennisse 1897-1925, dl. I); dr. G.A. Wumkes, Paden fan Fryslân, I, de earste fjouwer opstellen, en D. Kalma syn miening dêroer yn Frisia, jg. 1928, s. 301, 328. Dr. A. Wadman, It probleem fan de Fryske literatuer (Trijeresom, 1950, s. 63-76). Deselde, Problemen by de stúdzje fan de Fryske literatuerskiednis (It Beaken, 1952, s. 9-17). Dr. D. Kalma, Op literair-histoarysk fjild (It Beaken, 1953, s. 82-90). Prof. dr. J.H. Brouwer, Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur (Drachten, 1954). Foar 2: E.B. Folkertsma, Leed en lok fan de Fryske skriuwer (De Tsjerne, 1954, s. 273, 312, 345, 366). Dr. D. Kalma, Ynwijing (Wy roppe de libbenen, I, 1938, s. 9-23). Foar 3: Max Wehrli, Allgemeine Literaturwissenschaft (Bern, 1951; algemiene theoretyske fraechstikken). Folle bihindiger: prof. dr. M. Rutten, Inleiding tot de literatuur (1956; Wereldboog, nr. 86). Sjoch fierders de titels yn de tekst. Foar 4: Dr. Walther Steller, Einleitung (Abriss der Altfriesischen Grammatik; Halle, 1928). Prof. dr. G. Gosses, Arysk-Germaensk-Frysk (Frisia, 1933, s. 181, 203, 224). Deselde, De herkomst van het Fries (De Vrije Fries, XL, 1950, s. 166-181). Dr. P. Sipma, Ta it Frysk, I (Ljouwert, 1948). Yge Foppema, Het Fries in Nederland (Drachten, 1952). {==16==} {>>pagina-aanduiding<<} II. Aldfrysk 1. Bernlef Bernlef, in namme sa Frysk-eigen as 't mar kin, en hwat lit dy jin allegearre wol net riede. Riede, - wisten wy mar hwat mear, wie der mar hwat fan syn wurk foar ús biwarre bleaun! Hwat in rykdom soe dat wêze: alliterearjend dichtwurk yn it Aldfrysk út it lêst fan de 8ste ieu, de dúdlikste leagening fan it forneamde, mar oant nou ta nea net thús to bringen sechje: ‘Frisia non cantat, Frisia ratiocinatur.’ It is der lykwols net en ús bliuwt allinne it witten, dat der om dy snuorje in eigen epyske dichtkunst yn Fryslân west hawwe moat. De âldste heltedichter op Nederlânske groun, de iennige heltedichter ek dy't wy yn Westgermaenske literatueren by de namme kenne, wurdt fan it Fryske folk levere. Fan Bernlef, de bline skald dy't yn Holwierde oan de westlike igge fan de Iemsmouning libbe, hearre wy út bitroude boarne dat er ‘by syn folk heech yn oansjen stie omdat er de kunst forstie de dieden fan de âffaers en de oarloggen fan de keningen to bisjongen, wylst er der by op de harpe spile.’ Dat wurdt ús yn in libbensbiskriuwing fan Liudger út de earste helte fan de 9de ieu trochdien en út in oare lêzing dêrfan wurde wy gewaer dat Bernlef song ‘neffens de sede fan syn folk en tige biskaefd.’ De harpspylders moatte doe by de Friezen wol in bysûnder plak hawn hawwe, hwant yn de Lex Frisionum wurdt der foar ien dy't de harpator oan de hân wounje doarst, in aparte, hege fredeboete fêststeld. Der wiene sêgestoffen genôch dy't Bernlef bisjonge koe; de Angelsaksyske dichtwurken hawwe der frijhwat fan al tige ier fêstlein. Hiene de Friezen de Angelsaksen net in hantsje meiholpen it tsjintwurdige Ingelân to foroverjen? De skiednis fan Hengist en Horsa, fan kening Finn, fan de oerwinning fan Franken en Friezen op Hygelac (Chlochilaicus) út de Beowulf, dat allegearre koe net út it Fryske folksûnthâld fordwoun wêze, likemin as de slach by Keulen yn 719, de gloarjedei fan Redbad II. Ut âlde legenden is opmakke, dat der in Aldfrysk liet oer Redbad en Wodan bistien hawwe moat. Karel de Greate hat de ‘barbaerske en oerâlde sangen’ fan de Germaenske folken optekenje litten en soene dêr gjin Fryske by west hawwe? Spitigernôch is de hiele samling forlern gien. Sa stiet wol fêst, dat de Friezen yn de foarming fan de Germaenske sêgewrâld grif ek har oandiel hawn hawwe; út it Angelsaksyske epos {==17==} {>>pagina-aanduiding<<} Beowulf, út it Middelheechdútske Gudrun-epos, út inkelde brokstikken hjir en dêr rize fiere wjerlûden fan in Fryske heltedichting op, mar it lûd sels hearre wy net. Wy hawwe gjin bibelsk epos lyk as de Saksyske Heliand; wy wurde mûlterge mei in stikmannich neatige oerbliuwsels fan in nei alle wierskyn folsleine, Aldeastfryske psalmoersetting, mar wy kenne de psalmen dy't Bernlef, de Fryske ‘scop’ (yn it westen hwat yn it noarden de ‘skald’ wie), fan syn lânsman Liudger learde, net mear. De geastliken, dy't yn har Latynske hillige-libbens fan Bonifacius, Liudger, bisskop Radbod, Odulfus en oaren fortelle, komme mei gâns bysûndere en ek wol bjusterbaerlike nijtsjes, mar hwat wy graech witte woene - it krekte oangeande it preekjen en sjongen yn de ‘materna lingua’, de memmetael - dêr komme wy net efter. As wy oan it Aldfrysk, dat wól biwarre is, ta binne, fine wy it ûnder tsjerklike ynfloed opkommen einrym al njonken it Aldgermaenske stêfrym; fersen lykwols dy't hielendal op it sinaksint boud binne, wylst de wurden dy't it aksint drage mei itselde lûd of bylûd bigjinne, treffe wy sa goed as net, hoefolle forskynsels yn foarmen en ynhâld ús oars de Germaensk-heidenske tiid ek yn it sin bringe. 2. Lex Frisionum Troch bysûndere politike omstannichheden, mar grif net minder troch syn sterk en libben rjochtsbisef, hat Fryslân himsels yn de midsieuwen in rykdom oan rjochtsboarnen skepen, sa great en sa oarspronklik as men dy by in oar Westgermaensk folk net gau fine sil. Dy Aldfryske rjochten binne as taelmonumint likegoed in kostber folksbisit, as de Germaenske heltelieten en keningsdichten yn oare lannen, al soene wy wol hwat fan de earste foar ien fan de lêste misse wolle. Seldsum is it wer, dat it earste foar ús waer to nimmen bigjinpunt fan de rjochtsûntjowing yn Fryslân ús yn it Latyn optekene is: de Lex Frisionum, nei alle gedachten yn 802 op de Ryksdei to Aken fan Karel de Greate syn rjochtskenners opskreaun. Ien út de ‘leges barbarorum’, gefolch fan de keizerlike winsk om ta kodifikaesje fan de folksrjochten to kommen. Hwat yn de Fryske lannen tusken Sinkfal (it Swin by Sluis) en Wezer as rjocht jildich wie, stiet hjir yn to lêzen. It folkslibben docht him op it stik fan sneinshilliging, ieden, Godsoardielen, dan al kristlik foar, mar binammen yn it Easterlauwerske blykt it heidendom noch net forgetten to wêzen. Mear as yn de wetten fan súdliker wenjende folken is hjir hwat fan de krisis to fornimmen, dy't de oergong {==18==} {>>pagina-aanduiding<<} fan heidendom ta kristendom meibrocht hat; hwat safolleste mear opfalt, omdat de geastliken by it skriftlik fêstlizzen fan dizze en oare Fryske wetten sa'n great oandiel hiene. Neffens dizze Lex stiet de Fryske kultuer om 800 hinne nou net krekt op in barbaersk peil: dêr't de harpspylder, goudsmid en weefster sa yn oansjen binne, moat gâns romte foar skientme en kunst wêze. De maetskippij is earder komplisearre as primityf to neamen; fan klasseforskil fornimt men mar o sa'n bytsje en sels it forskil tusken frijen en liten (hearrigen) fordwynt stadichoan. Typyske trekken fan it Fryske strafrjocht - en dat bifettet dizze Lex binammen - komme dúdlik út: liifstraf wurdt mar komselden tapast, it meast faeks noch by de timpelskeiners, én: it boetestelsel is wûndere wiidweidich útspoun; de ûnderfordieling foar de fariaesjes fan ienselde forgryp of misdied liket ús faken hwat al tofolle fan it goede. Wol men de Lex Frisionum op syn wiere wearde skatte, dan mei men nea forjitte dat it rjocht by de Germanen, en by de Friezen dôch, in nasionael bisit fan it alderheechste bilang wie, folle mear as de eigen tael. Der binne foarbylden, dat in folk syn tael mar sleauwei slûpe litten hat, wylst it fûleindich foar syn eigen rjocht stried. Men hoecht allinne mar oan de hege posysje fan de Aldfryske asega to tinken en oan de mythyske krêft fan it keizer-privileezje út de 12te of 13de ieu, - ommers: hoe âlder in rjocht en hoe heger it plak en de ôfkomst fan de skinker, hoe wisser en bilangriker dat rjocht sels!, - om to witten hoe'n great stik fan it libben fan it Fryske folk yn de iere midsieuwen yn en efter dizze Lex Frisionum leit. 3. Taelforhâldingen yn de midsieuwen Yn it bigjin fan de midsieuwen, fuort nei de tiid fan it Folkeforfarren, waerden der yn it gebiet fan it tsjintwurdige Nederlân yn alle gefallen twa Germaenske talen sprutsen: Frysk en Leechfrankysk. De Franken setten nei it suden ta, germanisearren dêr foar in part it Gallië, dat fan de Romeinen sa lang oerhearske wie, mar waerden dêr sels letter romanisearre. Ieuwen lang is it Romaenske Frânsk doe fierder nei it noarden opkrongen, oant it by de tsjintwurdige taelgrins yn België stean bleaun is. Fan Nederlân en Nederlânsk yn de hjoeddeiske sin kin tidens de hiele midsieuwen net sprutsen wurde; as eigennamme en steatkundich bigryp komme dy wurden earst yn de 16de ieu nei foaren. En by de tael spant it derom, hokker oantsjutting it winne sil: Dútsk, Flaemsk, {==19==} {>>pagina-aanduiding<<} Brabantsk, Hollânsk, Nederdútsk, elk komt in tiidlang yn 'e bineaming en net earder as yn de 18de ieu docht bliken, dat Nederlânsk it wint, alteast yn dy steaten hwer't de Westleechfrankyske dialekten de folkstael foarmen. Foar it easten en noardeasten fan it tsjintwurdige Nederlân stie it der lykwols hiel oars by. Foár it Bourgondysk-Eastenrykske tiidrek wiene it Leechsaksysk of it Frysk dêr de talen dy't algemien brûkt waerden. Flamingen, Brabanders en Hollanders plichten dan ek op de ‘rude Vriesen’ en ‘wilde Sassen’ del to sjen, dy't mei har tael folle mear bisibbe wiene oan har buorlju yn de Noarddútske leechflakte. Binammen it ‘Oosters’ of ‘Nedersassisch’ hat fan 1400-1650 in greate macht en ynfloedssfear hawn, omdat doe it Leechdútsk jit net safier fan it Heechdútsk weromkrongen wie as yn letter jierren. In gefolch fan dy Easterske ekspânsje wie ek dat it Frysk - aparte, slimme en fan in lyts tal minsken sprutsen tael - yn de knipe kaem. Menno Simons moast wol yn it Eastersk skriuwe, woed er fan Ljouwert oant Lübeck lêzen wurde. It Easterlauwerske Fryslân, altyd al net it sintrale diel fan Frisia Magna, joech it earst bilies; hwat de tael oanbilanget, ûntfryskje Grinzerlân en East-Fryslân nei it jier 1400 hyltyd gauwer en fierder. Earst kriget by beide it Leechsaksysk de kâns, mar nei 1650 giet it dêr om it Nederlânsk of it Dútsk. Der wie jit in oare fijân. De foarname, suver alles-bihearskjende posysje fan it Latyn as tsjerketael, waerd yn de midsieuwen foar de natuerlike ûntjowing fan it Frysk as folkstael needlottich. Mei it kristendom kaem it latynske skrift yn gebrûk - by de âlde Germanen waerden wetten en lieten út it ûnthâld foardroegen en hiene de runetekens in biheinde funksje - mar it wiene suver allinne de geastliken dy't dat skrift goed koene en dy har oplieding wie folslein latinisearre. Fierwei de measte geastliken hiene ek greate biswieren tsjin de heidenske eleminten yn de folksliteratuer. Alcuin skreau om 800 hinne, dat it oan de prystertafel gjin foech joech nei de harpspylder of de lieten fan de heidenen to harkjen, en bisskop Radbod fan Utert sei it in ieu letter jit frij hwat stûfer op, doe't er it oer de útsinnichheden fan de dichters hie. De Germaenske talen fral hiene sadwaende in swiere oanfal to forduorjen; hillige- en abtelibbens, kleasterkroniken en oarkunden, it wie allegearre Latyn hwat de klok sloech. Dat dy machtige kultuertael net alhiel de baes wurden is, lei him dêroan, dat doedestiids bûten de geastliken mar in bytsje minsken lêze koene. Sadré wreide de lêskunst har lykwols ta wider rounten út, of de natuer bigoun op har rjocht to stean. Yn Frankryk wie 't al bigoun, Dante hold yn Italië syn geniael pleit foar de folkstael, Wiclef en Hus brûkten dy beide ek yn har striid {==20==} {>>pagina-aanduiding<<} tsjin de roomske tsjerke, lyk as letter Luther. De âldste bikende oarkunde yn de folkstael út Flaenderen is fan 1249, út Hollân fan 1267, út Lübeck fan 1340, út Fryslân fan 1329. As amtlike tael waerd it Frysk dus letter brûkt as yn de rjochtsliteratuer, mar it wie blykber net mear tsjin to kearen. De emansipaesje fan de folkstael ta offisjele tael giet rounom troch. In pear ieuwen lang giet it derom (1300-1525). It sprutsen Frysk wie sa goed as net fan it Latyn oanfretten; soe it nou rounom as skreaune tael brûkt wurde en sa ta folle waeksdom komme? Der sit grif wol groede en ûntjowing yn, mar it giet o sa stadich; dit folk fan frije boeren, sûnder graef of lienman of ridders, sûnder oare kultuersentra as de kleasters, bikroadet him net sa'n soad om de easken dy't de nije kultuer oan de folkstael stelt. It freget fan syn geastliken wol dat se ‘fry ende Freesch’ binne en dat se ‘in materna lingua’ skriuwe en preekje kinne, as it topas komt, mar fierders neat gjin drokte. Abten-kronykskriuwers as Emo en Menko, gjin minne Friezen en goede wittenskipslju, skriuwe yn har yntellektuele tael en binne der greatsk op: ‘expeditissimi in lingua latina’ wurde hja neamd. Fan de foech tûzen nûmers dy't dr. P. Sipma yn syn trije dielen ‘Oudfriesche Oorkonden’ opnommen hat, binne fierwei de measten út it tiidrek 1425-1525. Om 1500 hinne wurde jit it Recesboek fan Snits, it polysje-register fan Ljouwert en it tsjerkerekkenboek fan Boazum foar in greater of lytser diel yn it Frysk skreaun, mar de dagen binne teld. As nei 1500 de Fryske frijheit toneate giet en der in stream fan frjemde, meast Dútske amtners oer Fryslân komt, wurdt it Frysk mei gauwens wer nei it plak fan sljochte, sprutsen folkstael werom-krongen. Yn deselde stêd fan Ljouwert dêr't yn 1435 fêstlein waerd ‘neen Hollandera schilma ontfaen foer een burgher’, slacht in ieu letter frjemd al foar master op. De lêste Fryske oarkunde is fan 1573. Yn dy 16de ieu liket it, as sil it Frysk as skriuwtael forfongen wurde fan it Eastersk, dat byg. fan Jancko Douwama en yn it Lânboek fan Martena brûkt wurdt en dat dan ek de tael is fan Easterlauwerske Friezen as Eggerik Beninga, Abel Eppens, Ubbo Emmius en oare skiedkundigen en fan theologen as Menno Simons en Menso Alting. Mei it gean fan Fryslân en Grinzerlân yn de Uny, moat dit Eastersk op 'en dûr lykwols foar it Hollânsk bilies jaen. Fangefolgen wurdt ek de bân mei East-Fryslân, de hiele 16de ieu jit tige sterk, hyltyd losser. Ubbo Emmius syn eachweid leit east-west, Gysbert Japiks sines is al forgoed noard-súd rjochte. Mar dan is Fryslân ek al folslein yn de nije streamingen opnommen, dy't oan de midsieuwen in ein makke hawwe. {==21==} {>>pagina-aanduiding<<} 4. Dichterlike eleminten yn it Aldfrysk rjocht De forneamde Dútske tael- en folkskundige Jakob Grimm hat ris sein: ‘Recht und Poesie sind miteinander aus einem Bette aufgestanden’. Hwat foar ús fjûr en wetter is, de tael fan de dichter en de tael fan de rjochtsgelearde, wie dat foar de âlde Friezen net. Oarsom: hja hawwe har by it opstellen fan har rjochten oanienwei fan de kunstmiddels fan de Aldgermaenske poëzij bitsjinne. Dat dy rjochten by âlds inkeld mounling oerlevere waerden en sadwaende maklik yn 't ûnthâld lizze moasten, is oan de yndieling, oan de fêste bigjinrigels en oan it rhythme jit klear to fornimmen. Mar fral de libbene foarstelling fan saken en de sinnelike waernimberens bringe der sa'n bloedwaerm elemint yn. It rjocht is yn de iere midsieuwen gjin ôfsûnderlik libbensgebiet, mar it riist op út de djipten fan de folkssiele, it stiet jit yn it nauste forbân mei de godstsjinstige hanneling. Ien en deselde man is pryster en rjochter. De sêge fan de trettjin asega's wiist de godlike oarsprong fan it rjocht dúdlik oan. In flok- of soenformule, in bitsjoeningssprek, it iedswarren, de wetsfoardracht fan de asega, dat allegearre wurdt dan ek as plechtich ritueel opfette. En as de tiid komt dat de wetten op skrift fêstlein wurde, tsjin 1200 sahwat, en de opskriuwers gâns histoaryske en theologyske wysheit fan har dagen yn dit folksrjocht forwurkje, dan blinkt de glâns fan it sakrale jit troch alles hinne. Op dy hichte bliuwt it lykwols net en nei 1500 is der al net safolle mear fan oer; de gelearde juristen binne dan faklju dy't it rjocht foar harsels anneksearre hawwe. Sûnt krije wy yn de wetten hyltyd mear de toarre, ûnbigryplike en forfeelsume styl, dêr't wy hjoeddedei mei oantangele sitte. It stilistyske elemint dat de Aldgermaenske dichting fral bihearske, wie it stêfrym, de alliteraesje. It einrym, ûnder Latynske ynfloed opkommen, wurdt mar tige forsille yn de rjochtsformules foun. De greatere rymstikken, lyk as dy yn it Rudolfsboek, kinne better rymproaza hjitte; it wie yn de 13de ieu moade, wittenskip, wet en theologysk wurk op sa'n wize to biarbeidzjen (Jacob van Maerlant!), mar mei dichterlikens yn ús sin hat dat faken net folle út to stean. It stêfrym hat dat wol; de alliterearjende wurden wurde mei bysûndere klam útsprutsen, mar hawwe ornaris ek de bilangrykste ynhâld yn de hiele sin. Hwer't de Friezen topraet komme, mist it eigenskipswurd ‘frij’ mar selden. Yn de moaije fredebrief tusken Eastergoa en Westergoa fan 1467 giet it ek oer ‘alla jenne der fri ende Fresk schwara wyllet’. Yn in brief fan de Snitser Bocka Harinxma út 1491 stiet: ‘Hier dan forsionich in toe wessen om wse frye Freeska frydom toe beschirmen deer ws allen is befellen toe halden lick ws cristena {==22==} {>>pagina-aanduiding<<} lauwa’. Dúdlik is, dat it stêfrym it folk ek yn de 15de ieu jit tige yn it ear leit. Yn in oarkunde út 1423 stiet: ‘ende om breck en brant, om raef ende rend der Sydze forscrioen deen is’. Hjir folgje jit in stikmannich foarbylden: bi domliachtes dis and bi skinandere sunna (by ljochtskyndei en strieljende sinne), thiu neil- (nevel) thiustere nacht, thi heta hungher, thi salta se, thet wallande weter, een fulle ende festen ferde (frede), bi londes legore and bi lioda libbande (de wetten jilde salang ‘it lân fêstleit en de lju libje’), tha lande ti rede and tha liudem ti riuchte, efter sonna sedel (nei sinne-ûndergong), mith stoc jeftha mith stena, it thing is ‘te hejane and te haldane inna wurpena warve’ (to hoedzjen en to hâlden op de opsmiten rjochtshichte). Dy dichterlikens komt ek út yn de herhellings-sinnen en -wurden. ‘Deer efter haet ma nu biada dine graeta Godis dom, ende dis graeta Goedis dommis wrfellingha’ (dêrnei hjitte men my oan to bieden de greate God syn oardiel, en de greate God syn oardielforfolling). Boeten moatte bitelle wurde by it ûnbifoege ynkringen yn in hûs foar ‘di ingongh ende di utgongh’ en by it ûnbifoege hynsteriden foar ‘den opsedel ende den offsedel’. Dit parallelisme is wol net sa sterk as yn de Hebrieuske psalmen, mar it komt dochs gauris foar. Ek foarmet de krêftige wize fan sizzen bytiden samar in sprekwurd: morth mot-ma mith morthe kela (kuolje, d.i. boetsje); een wide is allera wiua ermest (de widdou is de earmste fan alle froulju); dy flechtiga foet is dye jechtiga hond (tajaende hân). Mar fral de rynsk tapaste eigenskipswurden forsterkje gauris de byldzjende krêft fan de tael. De deaslaender kin syn skuld soenje ‘mei it brânreade goud, mei it wite sulver, mei it griene erfskip (lân) en it klearmakke klaed’. Bikend is ek de sin: ‘Wy Friezen sille in séburch stiftsje en sterkje, in goudene hoep, dy't om hiele Fryslân leit’. Moaije metafoaren sitte yn: ‘Wy sille ús lân fordigenje mei swurd en spyts en mei it brune skyld tsjin de hege helm en it reade skyld en de ûnrjochtfeardige hearskippij (de Saks)’. In foarbyld tagelyk fan it rhetoaryske stylmiddel fan it ‘pars pro toto’, it diel foar it gehiel. Omskriuwingen mei oarspronklike bylden, dy't jin de Aldnoarske ‘kenningar’ yn 't sin bringe, sil men faek oantreffe: stêfdrager (pylger), warjende stêf (foud), séburch, grime herne (it noarden), ‘thet northhalde tre’ (de nei it noarden oerhingjende beam, d.i. de galge), it kâlde izer (boeijens). Bytiden wurde sokke bylden ta symboal. Dy't net mear yn steat is syn lân tsjin de sé to fordigenjen, smyt trije seadden yn it gat fan de dyk of stekt dêr de lodde yn (it lodderjocht). De kaei, de drompel, de mantel kinne ta sokke symboalen wurde. De hoed is it machtsteken fan de legeroanfierder, it swurd fan de heechste rjochtskrêft. It iedswarren is ien fan de hillichste seremoanjes en de ied op it {==23==} {>>pagina-aanduiding<<} hânfet fan it swurd faeks de âldste fan alle ieden. De ûneinichheit wurdt yn folle forskaet fan bylden oantsjutten: ‘Salang de wyn fan de wolkens waeit, it gers groeit en de beam bloeit, de sinne giet en de wrâld stiet’. Ut hwat ús oerlevere is docht it bliken, dat de tael fan it Fryske rjocht graech breed-epysk skilderet en plastysk-konkreet útbyldet De heechste straf wurdt tapast, byhwannear ‘immen fart mei hoed en hearfindel en mei ûnrjochtlik hear tsjin oarmans hôf en hûs en dêr tobrekt doarren en drompels, skoattels en skoattelbalken, muorren en muorpylders, dat de winen ynwaeije en útwaeije, dat de iene wyn de oare yn it mulhús moetet’. De dramatyske krêft fan sokke omskriuwingen wurdt troch it ynfieren fan in twapetear of fan de direkte reden faken ek jit forsterke. Ja, in inkelde kear komt der sels in lyrysk elemint yn; nearne is dat moaijer to hearren as yn de tredde need fan it twade lânrjocht. It is ien fan ús inkelde klassike stikken en elke Fries soe it, njonken de Jounbea fan Gysbert Japiks, út 'e holle kenne moatte. Al wie it dan allinne mar yn it Nijfrysk: ‘Hwersa it bern is stokneaken of hûsleas en dan de neveltsjustere nacht en de wietkâlde winter oer de tunen leit, sa giet alleman yn syn hôf en yn syn hûs en it wylde dier siket de holle beam en it lij fan de bergen, dêr't it syn libben bihâlde kin; dan weint it ûnjierrige bern en skriemt oer syn neakene lea en syn hûsleazens en syn heit, dy't him rêdde soe tsjin de winterkjeld en tsjin de hjitte honger, dat hy sa djip en sa donker leit ûnder de iik en ûnder de ierde bislein en bisletten en bidutsen’. 5. Aldfrysk rjochtsproaza Hwat der optheden fan it alderâldste Frysk bikend is, inkelde runeynskriften - it swurdtsje fan Arum! - en hwat fersrigels út de psalmen 18, 28, 29 en 30, mei foar de taelûndersikers fan bilang wêze, yn in literatuerskiednis is dat amper it neamen wurdich. Koene wy út de romte fan literaire monuminten tarre, wy soene ek mei gjin wurd reppe fan de stik-as-trije Fryske houlikstaspraken út 1445, dy't okkerjiers yn Bazel ûntdutsen binne en dy't dúdlik biwize dat yn de rin fan de 15de ieu de ynfloed fan de leechdútske skriuwtael op it Frysk aloan greater waerd. Hwat wiid en siid namme hawwe mei, dat binne de rjochtsboarnen. De âldste en bilangrykste wetten, dy't foar it hiele Fryslân fan de 11te en 12de ieu jilde, binne de Sawntsjin Kêsten en de Fjouwerentweintich {==24==} {>>pagina-aanduiding<<} Lânrjochten; dêr moatte by neamd wurde de Sawn Oerkerren - fan hwat letter tiid: it lêst fan de 11te ieu - dy't biskôge wurde meije as it Statút fan de Opstalbeam, it boun fan de Sawn Fryske Sélannen. Fan de Sudersé oan de Wezer ta wiene dizze rjochtboeken de gearfetting fan it gewoanterjocht, of dêr in mear-of-minder gelearde biwurking fan. Trije-, fjouwerhûndert jier lang foarmen hja de nijsgjirrige kompilaesjes fan rjochtsgebrûken dy't jildichheit bisieten yn de Sawn Sélannen, it boun dat yn sêge, gesta, dichting en folksforbylding yn de midsieuwen sa'n greate rol spile hat. De oare rjochten kinne ûnderbrocht wurde yn in Westerlauwerske en in Easterlauwerske groep. De Easterlauwerske boarnen binne neffens de optekening it âldst. Wy hawwe twa hânskriften út Hunsingoa (twade helte 13de ieu), ien út Fivelingoa (15de ieu), trije út Iemsgoa (14de en 15de ieu), twa út Broekmerlân (ein 13de ieu) en twa út Riustringen (om 1300 hinne). De hânskriften wurde de lêste jierren allegearre op treflike wize útjown, in foarbyld fan Frysk wittenskipswurk. De Aldwestfryske rjochtsboarnen binne yn forskate hânskriften ta ús kommen, dy't faek neamd wurde nei ien fan de eardere bisitters: Unia, Roorda, Aysma. It ‘Jus Municipale Frisonum’ is fan 1464. In seldsumheit is de iennichste Fryske inkunabel, it ‘Freeska Landriucht’, ien fan de earste boeken wierskynlik dy't yn Fryslân printe binne en grif it earste Fryske boek. De printer, it plak en it jiertal (1470?) steane jit nea hielendal fêst; foar de earste is faek Hidde van Camminga neamd, mar de lêste jierren is de Huzumer pastoar Hildebrand Goffredus a Doengieterpo (pl.m. 1450-1515) as de ‘auctor intellectualis’ nei foaren kommen en net sûnder eigenskip. Hy wie in man dy't Frysknasionael fielde en trochgyng foar in strider foar it bihâld fan it âlde Fryske rjocht. Hjoeddedei binne der fan dit tige bysûndere boek jit njoggen eksemplaren oer: trije yn Ljouwert, trije yn Ingelân, twa yn Hollân en ien yn Parys. Yn al dizze rjochten binne faken sêgen optekene en prologen ynlaske; soms op rym, byg. dy't oer Willibrord geane, oer de forovering fan Rome, of oer it krijen fan de privileezjes. Ek oer hwat tsjintwurdich rjochtsfilosofy hjit, wurdt gauris útwreide. Sokke stikken binne to finen yn it traktaet fan de Sawn Sélannen, de tsien geboaden as grounslach fan it rjocht, de sêge fan kening Karel en Redbad en dêr by oanslutend, dy fan de trettsjin asega's, fierders de forneamde Magnussêge, de fyftjin tekenen foar de jongste dei, de trije-bruorre-riedsels, en sa mear. Fragminten allegearre, dy't foar ús gefoel faek yn net al to logysk forbân ynfoege binne en dy't dêrom wol tige forstien wurde moatte út it geastlik libben fan de tiid, dêr't dizze rjochten yn opsteld binne. Folle kin ûnderbrocht wurde by it haedstik geastlike didaktyk; {==25==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Side út it âlde Skeltarjocht yn it hs. Jus Municipale Fresonum, Provinsiale Bibletheek, Ljouwert; printe yn De Haan Hettema, Oude Friesche Wetten, Leeuw. 1851, II, s. 40.==} {>>afbeelding<<} {==26==} {>>pagina-aanduiding<<} yn it alderearste plak wol de stichtlike stikken lyk as it Autentica-Riocht dy hat. Hwa't net bitinkt, dat de Friezen doedestiids gjin lânshear hiene en dat de Fryske lannen yn wêzen autonome boererepublykjes wiene, dy't troch it âlde folksrjocht meiïnoar forboun waerden, dy sil de bitsjutting fan al dizze kodifikaesjes net gau forstean. De moderne minske makket licht in skieding tusken de histoaryske, folkskundige en literaire wearde, mar foar de midsieuske Friezen wie it rjocht in ienheit. Hawwe wy oanstriid yn 't bysûnder yn de sêgen de dichterlike werjefte fan de striid om de frijdom to wurdearjen, foar harren lei dêryn de rjochtfeardiging fan it aparte en fan Godswegen útforkarde folksbistean. Gjin niget dat wy de samlers of skriuwers fan de wetten net by de namme kenne; hja woene allinne har folk tsjinje. It sille wol almeast geastliken west hawwe, dêrfandinne kin dan ek de theologyske en histoaryske ynklaeijing forklearre wurde, mar Friezen wiene it grif yn ieren en sinen. Der is troch oarloch, brân, rûgens en dommens withoefolle forlern gien, mar fral út Westerlauwersk Fryslân is der ek gâns biwarre bleaun. Net allinne it tige bilangrike Skeltarjocht, mar ek in macht fan oarkunden, notulen en profesijen, in stikmannich brieven en in kronykje fan Fryslân. De tael fan de offisjele biskieden is meast oan fêste, notariële tradysjes boun en jowt de folkstael dus net suver wer. De lytsere dokuminten geane ornaris oer forkeap fan lân, skinking oan kleasters, útspraken fan soenlju, of bifetsje testaminten en kwitânsjes. Foar de stúdzje fan plak- en eigennammen en foar de pleatslike skiednis sit der folle aerdich materiael yn. 6. Aldfrysk rymwurk Oer de moai lytse bitsjutting fan it einrym yn de âldste rjochtsboarnen is al sprutsen; dêr't it al foarkomt, sil it of tafallich ûntstien wêze, of út de Latynske tsjerkesang stamme, of op ûntliening oan útlânske foarbylden wize. Fan de greatere rymstikken moat it fers neamd wurde, dat dr. P. Sipma ‘Fon alra Fresena fridome’ bititele en op in kostlike wize útjown hat. It forbân fan dit wurkje fol frijdomssin mei it ûnechte privileezje fan Karel de Greate út 1247 en mei safolle oare sêgestoffe wurdt fan him ek op dúdlike wize lein. En dan is der it Rudolfsboek: in seldsum wurk, grif opsteld fan in geleard man, mar fol dichterlike wjokslach. Hwat dêr net allegearre yn oeral helle wurdt, komt net sa lyk, de ynhâld is ek gauris tsjuster en foar ús bigryp fan- {==27==} {>>pagina-aanduiding<<} tastysk, mar men fornimt der de leafde ta it Fryske heitelân suver yn elke rigel yn. Foar de rationalistyske wittenskip fan de 19de ieu wie dit wurk lyk as ek safolle (rym-) kroniken ta weismiten keard, mar dêr is mannichien dochs fan weromkommen. It giet der ommers net om dy âlde skriuwers neffens ús moderne noarmen to hifkjen, mar wol om harren yn har eigen tinkwize to forstean. Fan fjouwer fan de bikendste kroniken út de 14de en 15de ieu (Historia Frisiae, Gesta Fresonum, Gesta Frisiorum, Olde Freesche Cronike) is allinne de twade yn it Frysk en de lêste op rym. De ynhâld liket fortiisd, mar komt winlik allinne del op de dream fan Fryske frijdom, de dream dy't net forfleach doe't Magna Frisia útinoar foel. Sa't de Joaden ûnder it Alde Testamint op Gods biskerming bouwe koene, sa waerden ek de Friezen fan Gods hân laet en biwarre. It kin net oars: de skriuwers fan dizze kroniken hawwe yn in tiid fan ynlânske reboelje har taflecht socht yn de skiednis. De parallel fan Joadske en Fryske skiednis jowt treast en oantrún en sa wurdt de profane skiednis ta heilsskiednis. Hwat de feitlike krektens oangiet, binne sokke wurkjes maklik ûnhistoarysk to neamen, mar der falt dúdlik út ôf to lêzen hwat tsjintwurdich ‘it aspekt fan de skiedskriuwing as winskdream’ hjit. Net to forjitten ‘Thet Freske Riim’ en it ‘Tractatus Alvini’; it earste in (sabeare-) Frysk rymwurk, it lêste in útwreide, Nederlânske biwurking dêrfan. Wer deselde stoffe sahwat as yn it Rudolfsboek, de Magnuskerren, it falske privileezje. Fan beide skriften (út de 15de ieu) is de skriuwer net bikend; faek is dêr foar oanwiisd Magister Alvinus, dy't om 1400 hinne skoallerektor en stedssikretaris yn Snits west hawwe moat. In legendaryske figuer; yn dit gefal sil lykwols earder oan Alcuinus, de libbensbiskriuwer fan Willibrord, tocht wurde moatte: in namme fan gesach moast de wierheit biwize fan hwat forhelle waerd! It giet yn dizze wurken om de skiednis fan de Friezen fan de earste tiden ôf oan 800 ta. ‘Thet Freske Riim’ - slim ûnsuver fan tael en fan bryk makkelei - is mar foar in part biwarre bleaun, mar de ynhâld kin út de Nederlânske versy oanfolle wurde. It boek sit stiiffol Fryske gloarje; de Friezen wurde nea oermastere, de Noarmannen hawwe har der net ûnder krigen; fan de duvel dêrta oerhelle, namen hja de Deenske kening as hearsker oan, mar Willibrord en Magnus bifochten de frijdom wer. Dy't yn ûnbigryp oer dit wurk gnysket, forstiet neat fan de Fryske siele. De ieuwen troch hat dy siele net genôch hawn oan langte en breedte, oan hjir en hjoed; der moast hichte wêze en djipte en útsjoch nei juster en moarn. En sa foarme dy siele de iene, treastlikste dream, dy fan it frije Fryslân... {==28==} {>>pagina-aanduiding<<} Neisjen: Foar it hiele haedstik: Prof. dr. Theodor Siebs, Geschichte der friesischen Literatur2 (yn Pauls Grundriss der germ. Philologie, Strassburg, 1902) en binammen dr. P. Sipma, Fon alra fresena fridome (Snits, 1947), dat oan de hân fan ien tekst in prachtige ynlieding ta it Aldfrysk jowt. In ienfâldich karlêzinkje fan koarte teksten út it Aldfrysk jowe Brouwer-Gosses-Fokkema-Hoekstra, Specimina linguae Frisiae veteris, (Leiden, 1950). F. Buitenrust Hettema, Bloemlezing uit Oudfriesche Geschriften, (Leiden, 1890) is ek jit skoan to brûken. Foar boarnestúdzje wurdt forwiisd nei de dielen fan ‘Oudfriesche Taal- en Rechtsbronnen’ Foar 1: Prof. dr. J. van Mierlo, De voorbereiding, (yn: Geschiedenis van de Letterkunde der Nederlanden, I, 1-103). D. Kalma, Kening Finn, (Snits, 1937); moat fral lêzen wurde. Foar de Fryske kultuerhistoarje yn de midsieuwen is wichtich Zuidema-Douma, Kronieken van de Abdij Bloemhof, (Utrecht, s.j.; Emo en Menko yn Nederlânske fortaling). Foar 2: Von Richthofen-Lintelo de Geer, De Lex Frisionum (Leeuwarden, 1866); prof. dr. G. Gosses, Lex Frisionum (syklostylearre lêzing Fakânsje-Leargong 1938). Foar 3: Prof. dr. J.W. Muller, De Uitbreiding van het Nederlandsch Taalgebied ('s Gravenhage, 1939). Dr. K. Fokkema, Over de groei van het Friese taalbesef (Groningen, 1949). J. Piebenga, Het nationaliteitsgevoel der Friezen, (jubileumnûmer Leeuwarder Courant, 1952). Foar 4: Prof. dr. Conrad Borchling, Poesie und Humor im friesischen Recht (Aurich, 1908). Grammatika, blomlêzing, wurdboek, yn Steller, Abriss der altfriesischen Grammatik (Halle, 1928). Foar 5: P. Sipma, De Saun Fryske Sélannen (Assen, 1940). Prof. dr. W.J. Buma, Geestelijke literatuur in Oud-Friesland (yn: Trijeresom, Grins, 1950, s. 5-50). Foaf 6: Dr. Hoekstra, Vier Friese Kronieken ('s Gravenhage, 1948); Alistair Campbell, Thet Freske Riim-Tractatus Alvini (The Hague, 1952). Tige wichtich is binammen: dr. M.P. van Buytenen, De grondslag van de Friese vrijheid, 1953 (dissertaesje). {==29==} {>>pagina-aanduiding<<} III. Fan stjerren en opstean 1. De tiid As men de skiednis fan de Fryske skriftekennisse neffens har (altyd bitreklike!) hichtepunten yn fjouweren fordiele soe, - de Midsieuwen, de Renaissance, de Romantyk en de Nije Tiid -, dan moast dit haedstik grif wol in ynsinking biskriuwe. Dochs kin it tiidrek fan 1525-1640 better as ien fan oergong, fan sykjen om nije wegen en fêste foarmen, fan weiwurden en ta wêzen kommen typearre wurde. De hiele greate, drokke, hertstochtlike 16de ieu stiet op harsels; it liket as is de wrâld yn bistân hwat wei hja op sil, nou't der om 1500 hinne sa'n brek yn de Jeropeeske kultuer kommen is. It wol jin dan ek wol oan, dat prof. Siebs de bineaming ‘Midfrysk’ inkeld foar it Frysk út dizze ieu jilde litte woe, om dan mei Gysbert Japiks it Nijfrysk bigjinne to litten; dit boek hat him lykwols oan de wenstige yndieling hâlden. It steatkundige byld fan Fryslân om 1500 hinne hat dúdlik it karakter fan krisis en oergong. Yn East-Fryslân wie it haedlingelaech fan de Cirksena's oan de macht kommen en liet graef Edzard syn eagen hyltyd fierder oer de Fryske lannen weidzje. De stêd Grins wie stadichoan de baes wurden oer de Ommelannen, sleat in forboun mei Kollum, letter ek mei Eastergoa, die ûnder lieding fan de ‘persona’ Willem Frearks oan bûtenlânske polityk en wist yn it Westerlauwerske de Fetkeapers op har side to krijen. It lân tusken Fly en Lauwers waerd troch skeel en partijskip forskuord en like de maklike bút to wurden fan it Grinzer machtsstribjen, fan de Saksyske hertoggen, fan Karel van Gelre, fan de soldatebinden fral. Mannen as Greate Pier en Jancko Douwama hawwe it hjir socht en dêr socht, mar it iennichste hwat hja wier sochten, de Fryske frijheit, like yn in tiid fan tanimmende sintralisaesje net mear to finen to wêzen. ‘An Groningen hanget geheel Frieslant, dat is menich man wel bekant’, sei it rymke, mar ek wiene der dy't it each al op Karel V rjochten. Hie Fryslân ea lêst fan de keizers sels hawn en wie der jit net altyd it âlde keizersprivileezje? Jancko Douwama stoar nei sawn jier opsluting yn de finzenis fan Vilvoorde: slachtoffer fan de nije, sintrale steat. Mar dyselde sintrale steat fan Brussel en Madrid waerd fjirtich jier letter mei ynmoed en oertsjûging tsjinne fan twa bikende Friezen: Joachim Hopper en Viglius fan Aytta. It is dúdlik: sa'n krisistiid kin men net samar in earlik, ienfâldich en oannimlik byld fan jaen. De tsjinstellingen oppenearje har {==30==} {>>pagina-aanduiding<<} forheftich en lizze wyld-fortiisd trochinoar en it Fryslân fan de 16de ieu kriget der net sunich syn part fan. It humanisme, de heidenske of yn alle gefallen wrâldske réaksje op safolle ieuwen fan roomsk kristendom, de nije streaming dy't de wearde fan de ienling, it frije ûndersiik, de forgoading fan de antiken, de útforkarde posysje fan de literator of de man fan kultuer, mei in soms wiisgearige en soms ûnbiroaide libbenswille ta de ‘folsleine minsklikens’ gearrane liet - as it koe leafst yn frede mei de tsjerke en oars dêr mar sûnder - waerd hjir mei blidens ynhelle. Gjin tiidrek, dat safolle ynternasionael forneamde Friezen kend hat. De bigenedige Italianen koene har mar bisauwe oer de redenrikens en it kostlike oargelspyljen fan Rudolf Agricola, ‘in Fries fan de úthoeke fan de ierde’, en Erasmus hie net in bytsje Fryske freonen en oanhingers. De Fryske humanisten swalkje rounom hinne: rjochtslearden, wiskunstners, kaertmakkers, steatslju. Hja skriuwe Latyn, de wrâldtael, sprekke dy tael foar in great part fan har libben, tinke der faeks yn. Dat der ûnder harren noch safolle greatskens op de Fryske namme en eigenheden foun wurdt, docht jin suver frjemd oan. Dizze libbenshâlding komt yn de renaissance binammen yn de kunst ta bloei. De bining oan folk, famylje, sibbe, liket to forslopjen en bytiden to forbrekken; de gelearde, greatsk op syn persoanlik opfetsjen en forarbeidzjen, fûl op it persoanlik werjaen fan de ûntelbere yndrukken dy't de hyltyd greater wurdende wrâld him biedt, forfrjemdet fan eardere biningen. Nasionael gefoel ûntbrekt it him net oan, mar it wurdt ûnder de machtige tsjoen fan it suden allegearre yn klassisistyske geast ombûgd. It is him it skriuwen fan in boek wurdich om to biwizen, dat de Friezen bisibbe binne oan de Griken, Romeinen en Trojanen, en net oan de Joaden. De Fryske nammen binne yn syn eagen kostlike moai, mar hy sjocht der allinne mar forfoarmingen fan klassike nammen yn. It is in goarre dy't Fryslân - lang isolearre, mei syn boerekultuer suver mar âlderwetsk - slim oantaest; bûten it Latyn kriget it der nou ommers ek it Nederlânsk as twade renaissance-tael by. Fangefolgen forfalt it Frysk ta ‘boersk’ en wurdt der Gysbert Japiks tabiten, dat it net mooglik is, dat ‘me uwz schiere wirden ijnne lett'ren, in uwz grijz kât ijn miettefersen beknettjende fetsoenearje’ kin. Hoefolle sterker moat de natuer wêze as de lear, sil de folkstael yn sa'n klimaet ta literaire skepping brûkt wurde! Yn deselde ieu komt en oerwint hjir de herfoarming. In tige gearstalde biweging. Is hja Frysk-nasionael? Hja forsommet foar in Fryske bibel to soargjen, mar ropt wol de Frjentsjerter universiteit yn't libben. It nauwe forbân mei East-Fryslân, dat syn tael sa goed as forlern hie, docht der gjin goed oan; de romme ynfier fan frjemdlânske lektuer {==31==} {>>pagina-aanduiding<<} likemin. Dat oan de iene kant de godstsjinst soberder, ynbanniger waerd en minder oan de foarmen boun, dat de minske foar God oer mear mei lege hannen kaem to stean, dat der oan de oare kant net weromskrille waerd foar dogmatyske en ethyske konsekwinsjes, skynde de Fries tige to lûken. Sa steane oan it bigjin fan dit tiidrek roomsken as Reyner Bogerman en Cornelius Kempius, oan de ein kalvinisten as Karel Roorda en Ubbo Emmius: fuort byinoar en withoefier fan inoar ôf. Fryslân kriget it swier; it moat yn in wrâld fan ûntdekkingsreizgers en alchemisten, fan byldestoarm en brânsteapels, fan Luther en Loyola, fan Erasmus en Rabelais, him it nije oaneigenje en it bêste paed sykje. 2. Wol folkstael, gjin lânstael De hearskippij fan it Latyn hat de opkomst fan de nasionale talen lang tsjinhâlden. De Angelsaksen binne der fierwei it earst by, yn Frankryk is it yn de 12de en 13de ieu net mear to kearen. De Switserske stêdden bigjinne om 1250 hinne meiinoar in briefwiksel yn it Dútsk. It âldst bikende datearre Fryske stik is fan 1242 (Wilker thes nya landes) en Fryslân komt dêrmei lang net min foar it ljocht; it earste Hollânske stik yn de folkstael is fan in tritich jier letter. Dêr moat lykwols net út ôflaet wurde, dat de Friezen fûl oan har eigen tael hongen; wie dat sa, dan hiene hja it Frysk yn de 16de ieu net sa sleauwei slûpe litten. De skuld kin net allinne op de frjemde amtners skoud wurde, al giet dêr fansels gâns ynfloed fan út. (Karel Roorda, dy't yn 1578 freget ‘of Vrieslant het gasthuys ware van alle vreemdelingen’, makket der dan ek biswier tsjin dat de Friezen har lân ‘laten regeren van vreemdelingen, sulx dat gisteren noch een penlicker in Brabant worde dicwils huyden een raetsheer in Vrieslant’). Forset tsjin de frjemde tael fornimme wy neat fan. De hegemony fan Hollân wurdt ek greater, fral neigeraden it noarden fan Dútsklân oan de ein fan de midsieuwen syn bysûndere bitsjutting forliest. Om 1540 hinne wurde de lêste offisjele stikken yn it Frysk skreaun; de lêste Fryske oarkunde dêr't wy fan witte is út 1573. Der wurdt nei de herfoarming net yn it Frysk preke en de tsjerke, dy't har dochs wol tige om it folkslibben bikroadet, beart krekt as bistiet der yn Fryslân gjin eigen folkstael. Der is ús in nijsgjirrich ‘Rekenboeck off Memoriael’ oerlevere, dat yn de jierren 1569-'73 byhâlden is fan Rienck Hemmema, in boer fan foarnaem komôf dy't yn Hitsum by Frjentsjer op in pleats fan in sawntich pounsmiet wenne. De man brûkt yn dit kasboek sawol Latyn {==32==} {>>pagina-aanduiding<<} as Frysk en Nederlânsk en giet yn ien sin soms samar fan de iene op de oare tael oer. It Frysk bihearsket hy en dat is grif syn omgongstael, mar it Nederlânsk brûkt hy meast en leafst en hy kin him der op papier skoan mei rêdde. Dat docht in heareboer út de 16de ieu, mar syn gelikens fan in ieu letter tinkt der al net mear oan it Frysk (biwust) to brûken... Fryslân wie mar lyts en it waerd yn de stream fan de tiid hyltyd fûlder meifierd. Bûtendat ûntbrieken hjir lang de eigen skoallen: ‘gheijn lant hefft so voele studenten buten landes als die Frijszen doen.’ 3. Fryske skiedskriuwing Troch alle tiden hinne hat de minske bisocht himsels rekkenskip to jaen fan de wurding fan it hjoed út it forline en ek altyd hat dy skiedskriuwing nearne sa oan forboun west as oan dat libbene objekt: de naesje. Yn Fryslân op syn minst sa sterk as earne oars: in Hollânsk gelearde hat ris opmurken, dat de Fryske skiedskriuwers fan Emo (13de ieu) ôf, oer Ubbo Emmius oan Jan Dirks (19de ieu) ta, foár alles Fries wiene. Hja meije der dan net iens oan tinke har wurk yn de folkstael to skriuwen - hwat Melis Stoke en Jacob van Maerlant yn Hollân wol diene - de Fryske frijdom leit har likegoed it alderneist oan it hert. As de wrâld har nei de midsieuwen nei alle kanten útset, wurdt dy frijdomsleafde al mar mear opgnisse en forgulde, mar hoe mear dat bart, hoe ûnskeadliker en apokrifer it soms wurdt. De humanistyskdichterlike dream wint it aloan fan de neakene feiten; wierheit is foar dizze dochs oprjocht Frysk-fielende skriuwers hwat wêze moat en net hwat is. Sa hat de man fan it ‘Laus Frisiae’ yn it hjoed gjin oare plicht as it eigen forline sa klassyk as it mar kin to forhearlikjen. Dat kin fansels net oanhâlde; op 'en dûr hat sa'n skiedskriuwing gjin funskje mear yn it folkslibben, mar wurdt hja in yntellektuele sport, in foarrjocht fan in stikmannich aristokraten, in isolearre stik literatuer. En dochs is der ûnder al dit wurk gâns, dêr't in libben minske en in oprjochte Fries efter stiet. Kenne wy de fromme abt Freark fan Hallum, en de oaren: Siardus, Sibrandus, laricus en Ethelger net as sadanich út de Latynske libbensbiskriuwingen? Emo en Menko binne net alllinne bitroubere skiedskriuwers, mar hja steane ek ticht by it boerelibben, hawwe forstân fan natuerforskynsels, oerstreamingen en fésyktmen, en fan de krústocht tsjin de Stedingers (1234) moatte hja, sels as roomske geastliken, neat hawwe. Yn de tiid fan oergong libje {==33==} {>>pagina-aanduiding<<} Petrus fan Thabor, net inkeld lekebroer, lânmjitter en stjerrekundige, mar ek skiedskriuwer, lyk as syn kleastergenoat Worp fan Thabor, dy't yn syn Kronyk fan Fryslân bliken jowt net oan de humanistyske ynfloed ûntkommen to wêzen. De humanistyske skiedskriuwers binne oars as de midsieuske; hja wolle mei har wurk it nasionale fielen forsterkje en leafst mei gebrûkmeitsjen fan klassike boarnen biwize dat it eigen heitelân sûnt oerâlde tiden in eigen biskaving, libbene frijdomssin en aparte (republikeinske) steatsfoarm hawn hat. Fuortoan binne it gjin geastliken mar meast leken dy't de skiedboeken skriuwe en it leit yn de 16de ieu yn 'e reden dat har wurk ek in steatkundige bidoeling hawn hat. Jancko Douwama byg. wol biwize, dat alle Hollânske graven dy't de Friezen en har frijdom toneikamen, ûnder de straf fan God foelen. De lêzer dy't it oandoar troch it swiere omskot fan syn Boeck der Partijen hinne to biten, wurdt rynsk bileanne om't er dêr in geef minske moetet. ‘Ick ben Notarius, Secretarius, noch Clerck, often emant anders, de hem met scrijwen behelpen’, skriuwt er nei wierheit, mar lykwols sjogge wy him faek yn it djipste fan syn wêzen en bilibje wy syn tragysk lijen suver yn eigen siele. Der is ús op de skoallen soms in fêststeand en net al to gunstich byld fan Wigle fan Aytta bybrocht en folle yn him bliuwt ús ek ûnbigryplik, mar ticht komt er jin oan, as men fan syn greate, bernlike leafde foar Fryslân lêst, as men heart hoe'n great plak it Fryske heitelân yn it tinken fan him en syn freonen Joachim Hopper, Agge fan Albada en de jongere Suffridus Petrus ynnimt. Net al dy skiedskriuwers sitte yn deselde hoeke; der binne skiedslinen. Tusken Lauwers en Iems is der in striidforhâlding tusken de Ommelannen en de nei machtsútwreiding stribjende stêd Grins; it wjerlûd dêrfan hearre wy yn mear as ien kronyk. Mar binammen is der de tsjinstelling tusken roomsk en protestant. As Fries wol de iene net foar de oare ûnderdwaen, mar fierder ûntrinne hja inoar gâns. Cornelius Kempius, Else Mellema, Martinus Hamconius binne net allinne roomsk, mar ek kenings- (en dus) Spaensk-gesind; hja steane oan de hiërarchyske, aristokratyske kant en bioardielje it forline minder kritysk. Abel Eppens tho Equart, Ulrich fan Ewsum, Johan Rengers fan Ten Post en binammen Ubbo Emmius hingje de herfoarming oan, sa to sizzen as konsekwinsje fan har Fries-wêzen. Anti-Spaensk, demokratysk, republikeinsk, mei in skalk each op al it legende-gebroddel. Ubbo Emmius (1547-1625), sûnder mis de greatste fan in lange rige skiedskriuwers, hoecht himsels net to fordigenjen tsjin syn lânslju Suffridus Petrus (1527-1597) en dy syn opfolger as lânshistoriograef Bernardus Furmerius (1542-1616), mannen dy't him foar Friezehater útmakke hiene. Wy witte ommers fan Emmius syn ynlike leafde foar {==34==} {>>pagina-aanduiding<<} lân en folk, leafde dy't sa sterk is dat hja it maklik weagje doar fiks hwat fabels op to romjen. As hy it oer ‘myn heitelân’ hat, sit der in djip lûd yn dat sizzen; hiele Great-Fryslân riist foar him op en hwa fynt dan better wurden as hy om de djippere sin fan de Fryske skiednis wer to jaen? Ien as Cornelius Kempius is in lofpriizger fan forgiene tiden en hwat soe hy, roomsk yn ieren en sinen, yn dy tiid ek oars, mar de kalvinist Emmius doar it nije moedich oan; foar him is de 80-jierrige oarloch in striid fan de Fryske frijdom tsjin Spaensk-roomske tyrannije. Dat syn visy it net oer alle boegen wint, leit foar de hân. Yn 1597 komt foar it earst út de forneamde Kronyk fan Fryslân fan Ocko Scharlensis, bisoarge fan Andreas Cornelius, in hwat tsjustere figuer, dêr't tsjintwurdich Joachim Hopper wol efter socht wurdt. In romroft boek, grif in net to forachtsjen frucht fan de humanistyske skiedskriuwing, grif in weardich Frysk tsjûgenis, mar dochs ek in wichtige episode yn de gloarjetocht, dy't faeks earst yn it Oera-Linda-bok syn wrede ôfsluting foun hat...... Forskate nammen, dy't foar gjin Fries sûnder ynhâld wêze meije. Hjir moasten hja neamd wurde as oantsjuttingen fan likefolle kanten fan Frysk geastlik libben. Fan Gellius Faber - de Jelsumer pastoar dy't foár Luther al yn evangelyske geast preke - oer Greate Pier en Minne Simens nei Agge fan Albada en Karel Roorda rint in seldsum bochtige wei. Folle tiid foar kunstsinnich ôfdoarmjen skynt dit folk net hawn to hawwen. Kriget it âlde sechje dan dochs jit gelyk? Yn dizze ieu fan need en spanning wurdt genôch riddenearre, mar nea yn de hieme lûden songen. Of soe de fantastyske skiedskriuwing in foarm fan dichtkunst wêze? 4. Sykjen en bisykjen It wie net de earste de bêste - Jan van Hout - dy't yn 1592 de klerken op it Leidske stêdshûs hjitte, hja soene ‘goet plat Nederduytsch’ skriuwe. Sels die er it ek, mar fan Erasmus dy't it Nederlânsk dochs in grountael neamde, like oarspronklik as de klassike talen, witte wy dat hy al syn wurken yn it Latyn skreau. Hugo de Groot wie ek in foarstanner fan de memmetael en Huygens net minder, mar de earste publisearre fierwei meast yn it Latyn en de lêste skreau syn brieven en gâns dichtwurk yn frjemde talen. Men hoecht net allinne de Friezen ynkonsekwint to neamen...... De gearstaller fan de inkunabel fan likernôch 1470, dy't in samling âlde Fryske wetten bifettet, wie gjin humanistysk gelearde. Yn in tiid, {==35==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Brokstik fan de kaert fan Fryslân fan Leo Sibrandus, de iennichste mei de Fryske plaknammen (sahwat 1560).==} {>>afbeelding<<} {==36==} {>>pagina-aanduiding<<} dat de Fryske frijdom troch ynderlik skeel bigoun ôf to broazeljen, joech hy syn folk dit boek ‘ther era Godes, synre liaver moder Maria, alle des himelsche heerschipes. Ende alre fria fresena fridom’. Hwerom krige er gjin neifolging dat makke? Ut in hwat letter tiid binne de profesije fan Tjessens en it kronykje fan Eade Jonghama. Der is mear fan dat lytse spul, dat de yndruk jowt brokstik to wêzen; bitinkende hoe't it der yn Fryslân yn de 15de en 16de ieu om tagien is, kin men der fan op oan dat der frijhwat weirekke is. It bihelplik taeltsje fan de oerbleaune stikken wiist der lykwols wol op, dat it Frysk as skriuwtael alderminst yn 'e bloei stie. Hjir en dêr wie in literator of humanist, dy't langer of koarter ‘mei it Frysk pielde’. Sa'n ien wie de Dokkumer Reyner Bogerman, stedsskriuwer fan Kampen en man fan oare, hege amten. Om 1540 hinne hat er in great stik opsteld, yn it Latyn fansels, oer de oarsprong, de eigennammen en de sprekwurden fan de Friezen. Fral de lêsten binne bilangryk, om't hy hjir winlik in soarte literatuer bioefene dat doedestiids tige yn 'e moade wie; tink mar oan de rom dy't Erasmus mei syn Latynske samling Adagia woun hat. Gjinien nimt oan dat dizze sprekwurden sa fan it Fryske folk brûkt binne; Bogerman hat se grif rounom en fral út syn lektuer wei opswile, út it Latyn oerset en soms stiif en tsjuster birymke. Hy wol Fryslân lof tabringe (‘fresonicum ideoma durabit per omnia secula seculorum’) mar fral de gloarje fan de roomske tsjerke formearderje (‘Lutherani-Luciferani’). It is dúdlik dat de skriuwer syn wurk gearstald hat ta eare fan syn lân en ta in formoanning oan syn folk om it mei de frede, mei Karel V en mei it rjochte leauwe to hâlden, mar mear as taelkundige wearde hat it foar ús dochs net. Yn de 17de ieu is de humanistyske niget oan de sprekwurden jit net útstoarn. Der is in hânskrift ‘Der oude vrije friesen Spreekwoorden’ út 1614, dat wol op de namme fan Carel Georg van Burmania set is, mar bêst allinne fan him oerskreaun wêze kin; der is in fan dit hânskrift ôfwikende útjefte ‘Oude Friesche Spreeck-woorden’ (Frjentsjer, 1641) en der is in samling yn hânskrift fan Gabbema fan hwat letter tiid. It binne rike samlingen, neffens tal, neffens ynhâld, neffens foarm en ek neffens tael. Wy kinne der wiis mei wêze dat dit materiael biwarre bleaun is, mar al wer: literaire wearde foar hjoeddedei hat it net. Folle leveret it earste stik fan it Midfryske tiidrek dus net op. Hwat oarkunden, in skymke fan Frysk brieveforkear tusken Wigle fan Aytta en syn freonen, in kaert fan Fryslân mei Fryske plaknammen, hwat Fryske sintsjs yn de opjeften fan it lânbisit oan it regear, dat is sahwat alles: in spultsje fan op stjerren nei dea. Oft de brokstikken fan in Fryske spraekleare, dy't efter de Gysbert Japiks-útjefte fan 1681 opnommen binne, út de 16de ieu stamme of fan Gabbema sels opsteld {==37==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Earste side út ‘Een tsamensprekinghe / van twee boersche personen / Wouter ende Tialle’, yn de Ljouwerter utjefte fan 1609.==} {>>afbeelding<<} {==38==} {>>pagina-aanduiding<<} binne, is net bikend. Mar al gau nei de ieukear bigjint der hwat fan nij libben to risseljen. Trije nammen komme nei foaren: gjin folsleine Fryske skriuwers jitte, mar dochs mear as skriuwers fan in inkeld stikje-sa-foar-de-aer-dichheit. Yn 1609 forskynt der in brulloftsdicht (in gelegenheitsgenre, dat doe krekt yn 't opkommen wie), ‘Woutir in Tialle’ fan de dûmny Johan fan Hichtum (± 1560-1628), deselde nei alle gedachten dy't ek it lyksoartige petear fan ‘Ansck in Houck’ skreaun hat en dy't dêrmei oan Gysbert Japiks gaedlike foarbylden levere foar syn ‘Friessche Tjerne’. Realistyske tafrieltsjes, flot en libben skildere yn kleurige folkstael; net bysûndere foarnaem fan ynhâld, mar ek net sa grou as dit slach wurk ornaris plichte to wêzen. Der sit genôch aerdichs yn om se nou jitte mei wille en stúdzje to lêzen. En it forskynsel, dat in typysk tiidsprodukt as dizze brulloftsfersen wiene, al ridlik gau yn it Frysk bioefene waerd, seit op himsels ek al hwat. Soartgelikense bitsjutting hat ek it Fryske wurk fan Jan Jans Starter (1594-1626), fan Ingelsk komôf en as Nederlânsk skriuwer net sûnder namme, in typyske renaissance-figuer. Fan 1614-'21 hâldt er yn Frysk formidden ta, in lang skoft yn syn koart libben, in forbliuw dat grif ek syn ynfloed op him hawn hat. De boekforkeaper, dy't de Ljouwerters toanielspyljen leare woe, de Frjentsjerter studint en swankebast, de minnesjonger en gelegenheitspoëet, brûkte it Frysk fansels foar de aerdichheit, mar dochs ek om de folksaerdichheit dy't dêr yn stike en dy't hy skoan oanfield hat. Dat er ek wol hwat mear as sljochtweihinne fan Fryslân hâlden hat, biwiist dochs wol syn ‘Nieu-liedeken tot lof van Vrieslandt’ en it feit dat er syn bondel fan 1621 ‘Friesche Lust-Hof’ neamd hat. Syn Frysk wurk bistiet út in pear lietsjes en de ‘Vermaecklijcke Sotteklucht van een advocaet ende een boer op 't plat Friesch’ út 1618: libben, flot, maklik en technysk altyd knap. Syn foarleafde foar it erotyske en - yn de klucht - grou-realistyske, docht ek hjir wol bliken út. De trêdde, dy't lyts mar fortsjinstlik wurk levere hat, wie dr. Petrus Baardt, ek in hwat los en wif man, in skoallerektor, û.o. to Boalsert, dêr't er sadwaende Gysbert Japiks syn learaer west hawwe kin. In goekunde fan Starter boppedat en fêst mei dy syn Frysk wurk bikend. Yn 1640 komt fan him út de ‘Friesche Boere-Practica of Prognosticatie’, in leardicht dêr't it earste boek fan Vergilius syn Georgica tige út de fierte yn neifolge wurdt, mar dat ek genôch eigens oer him hat. De frissens, smoutens en humor, dêr't er it boerelibben mei skilderet, sprekke jin ek nou jit tige oan. It gehiel is folle mear as rymlerij en biwiist dúdlik dat der yn Fryslân hwat mooglik wurden is. Yn datselde jier 1640 forskynt dan de Fryske Tsjerne: dichtkunst {==39==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding JAN JANSZ STARTER (nei in plaquette fan de byldhouwer A. Hettema, oanbrocht yn it hûs op 'e Kelders to Ljouwert dêr't de dichter wenne hat.)==} {>>afbeelding<<} {==40==} {>>pagina-aanduiding<<} fan bigjin oan ein. Dy't yn dit haedstik neamd binne, wiene paedsljochters foar Gysbert Japiks en hwat hja diene wie net om 'e nocht. It like as wie it Frysk deasiik; yn de tiid fan de Hollânske klassiken, fan Shakespeare en Cervantes, moat men hjir sykje om biwyskes fan eigen taellibben. Mar men moat jin net forsinne en allinne de taelkwestje as noarm fan nasionael libben nimme. Yn 1590 al hawwe de Fryske Steaten ta greatere gloarje fan it heitelân it amt fan Frysk skiedskriuwer ynsteld en yn 1622 komt der in monumintael wurk lyk as Winsemius syn ‘Chronique van Vrieslandt’ yn 't ljocht, Fryslân net in lyts bytsje ta eare! Neisjen: Foar 1: Dr. D. Kalma, Skiednis fan Fryslân. Foar 2: Geschiedenis van de Letterkunde der Nederlanden, dl. III: bis. 25, 43, 106. Rienck Hemmema, Rekenboeck (Estrikken XIV). Foar 3: Bolhuis van Zeeburgh, Kritiek der Friesche Geschiedschrijving, 1873. Jan Romein: Gesch. van de Noord-Ned. geschiedschrijving in de M.E., 1932. Mar binammen: Dr. E.H. Waterbolk, Twee eeuwen Friese geschiedschrijving. Opkomst, bloei en verval van de Friese historiografie in de 16de en 17de eeuw, 1952. Fierders: M.S.E. Visser, Jancko Douwama, 1939. Dr. J.J. Boer, Ubbo Emmius en Oost-Friesland, 1936. Foar 4: T.J. de Boer, R. Bogerman's Friesche Rijmspreuken, De Vrije Fries, 1897. J.H. Brouwer en P. Sipma, De Sprekwirden fen Burmania, 1940. (Sjoch ek: Estrikken XI). Tekstútjeften fan: Friessche Tjerne, Ansck in Houck, Woutir in Tialle, (Magnus-Rige, nr. 2, 3, 4). J.H. Brouwer, Jan Jansz. Starter, 1940; forskate opstellen oer Starter yn It Beaken, 1953. Oer dr. P. Baardt, Friesche Boere-Practica, dr. D. Kalma yn It Fryske Folk, III, 1943, s. 19 en s. 35. {==41==} {>>pagina-aanduiding<<} IV. Gysbert Japiks 1. De tiid De midsieuwen, útroun yn in skriklike tiid fan reboelje en fan it stadich weiwurden fan de Fryske frijdom, binne forgoed foarby. Troch de Uny fan 1579, it forbân mei de eardere fijân Hollân yn de mienskiplike striid fan de 80-jierrige oarloch, stiet Fryslân wider as ea iepen foar sterke kultuerynfloeden út it suden. Yn it steatkundige kin der oan de Frânske tiid ta jit frijhwat fan it eigene biwarre wurde, mar op it stik fan kunst en geastlik libben nimt Fryslân, lyk as ek Noard-Dútsklân en inkelde Scandinavyske lannen, gâns fan Hollân oan. En oan de gloarje fan Hollân, en ek wol fan it Hollânsk, drage sûnt de 16de ieu Friezenfan-namme by: de Ljouwerter Hans Vredeman de Vries, forneamd architekt, en Rembert Doedes (Rembertus Dodonaeus), dy't mei sin syn wichtich Krûdeboek nét yn it Latyn skriuwt. Frysk patria-bisef is der genôch, Frysk tael-bisef fierstentomin. Sûnt 1585 is hjir de Frjentsjerter hegeskoalle, in stins fan it kalvinisme yn it bigjin, suver ‘klassyk’ ûnfrysk, mei grif wol bitsjutting foar de Fryske skiedskriuwing. De Roardisten hawwe tsjin Willem Loadewyk bilies jaen moatten; de stêdden bigjinne harsels krêftich to fielen en forheffe har boppe it boerelân; de tsjerke hat gâns ynfloed op alle gebiet, mar slacht de folkstael ek gjin acht. It is de fraech oft dizze tiid ek de Gouden Ieu hjitte mei foar Fryslân, nammers foar hiele Nederlân bûten Hollân om; it plattelân hat it net rom en der binne gâns forgetten hoeken. Der is stoflike wolfeart yn haven- en keapmans-plakken, der is foars en forheftich libben en drokke geastlike striid, der sette har rounom nije foarmen en tradysjes, mar der is ek tokoart oan wjerstân; hoe soene hjir oars de demokratyske bistjûrsregelingen yn hannen fan sa'n lyts en baetsuchtich rountsje kommen wêze? It is in ieu dy't hwat sjen litte kin. Fan likernôch 1575-1675 hawwe wy as kostbere skatten oerhâlden it Kânslerij-gebou yn Ljouwert, de stêdshuzen fan Frjentsjer en Boalsert, Heringa-state yn Marsum, it Prinsessehof yn Ljouwert, it Popta-sulver fan Rintsje Jans, de tsjerke yn Sint-Anne: kunstbisit allegearre dat namme hawwe mei. Der is by alle kar en oertsjûging ek in sfear fan brede fordraechsumens: de Hollânske dichter Camphuysen libbet yn Dokkum, Descartes studearret in skoft yn Frjentsjer, Wieuwert herberget de Labadisten en in fine figuer as Anna Maria van Schuermans, de roomsken hawwe it hjir {==42==} {>>pagina-aanduiding<<} ûnwitend folle makliker as de protestanten yn roomske lannen. Op it gebiet fan de útjowerij wurdt der yn Fryslân hwat út 'e wei set, dêr't earder of letter tiden net by helje. De ieu fan Gysbert Japiks ferget in boek, net in pear siden. De kultuerhistoaryske eftergroun fan de dichter syn wurk moat foar in great part yn de renaissance-tinkbylden socht wurde en yn de fuortsetting dêrfan: klassisisme en barok. De kunst fan de renaissance, dêr't it hillige en it wrâldske op sa'n seldsume wize yn gearraend binne, leave de klassike mythology, dy't hja uteraerd ta har eigen doel brûkte. Meastentiids ûntkomt ús der de sin fan en stjitte wy op in lege rhetoryk, mar de tiidgenoat hat dat blykber oars oanfield. It hertstochtlik sykjen nei taelskientme roun faek út op pronk en pracht en wurdeprael; it rêstige en kleare waerd drok en útwrydsk, de rike oanklaeijing en sierlike swier njonkenlytsen idel en bluistrich fortoan. De poëzij woun oer alle boegen troch it stribjen nei rykdom fan foarm, technyske folsleinens, swietlûdigens, oerdiedichheit fan tael en rhythme, - salang dy meielkoar alteast it hert net ûnder al to swiere fracht bidobben. Wie dat lêste it gefal, en dat wie it net selden, dan fordwoun de kunst yn kunstichheit. De kunstner seach yn de 17de ieu syn eigen bitsjutting en wearde net lyts; hoefolle diel er oan it ivich konflikt fan fleis en geast hie, hy fielde himsels de fortsjintwurdiger fan de geast. Selsoerskatting en forgoading ûnderinoar misten yn sa'n tiid fan fûle brânning ek nea; dat sels de greatsten har oan flaeijerij fan foarsten, gelearden en kunstbruorren bisûndigen, liket dêr net mei yn tsjinstelling. De dichter en de wittenskipsman steane ek net al to fier fan inoar ôf: beide piele hja mei taelsuvering, stavering en spraekleare. De eigen tael moat wis tige bioefene wurde, mar foar it Latyn hâldt elk dochs in geheimsinnige earbied. Altyd de spjalt, de kleau. It libben liket sa ljocht en klear en iepen, mar yn it forhoalene frette twivel en fortizing; it boartlike, arkadyske gepiel fan de harderspoëzij kin ynienen yn in hertstochtlik wrâldûntflechtsjen omslaen. De minske - de germaenske minske yn it bysûnder? - kin in skoftlang foreale wêze op de uterlike tsjoen fan klassike harmonij, mar syn tokoart, syn ûnwennichheit en tobrutsenheit twinge dochs jimmer wer mei krêft nei bûten. 2. Libben en foarming Boalsert, de eartiids forneamde Hanze-stêd, nei 1600 jit de twade stêd fan Fryslân, al hat de hannel dan net folle mear om 'e hakken, it {==43==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding GYSBERT JAPIKS Nei in skilderij fan Matthys Harings út 1637, nou yn it Frysk Museum.==} {>>afbeelding<<} {==44==} {>>pagina-aanduiding<<} plak fan de drokke merken, de moaije tsjerken en it pronkstik fan in stêdshûs, - dêr komt yn 1603 Gysbert Japiks towrâld as de âldste fan fjouwer bern fan Japik Gysberts (Holckama) en Antsje Willems. De heit is kastmakker, in kundich fakman yn de houtbiwurking en in foarnaem boarger; syn steat fan tsjinst yn tsjerke en maetskippij mei der wêze: diaken, âlderling, tsjerkmaster, boargemaster. En in stege stânfries: by in rûzje mei de Boalserter dûmny's hâldt er de kop der stiif foar. Hy is grifformeard en dat bitsjut ûnder oaren: tsjin it roomske leauwe, mar mear jitte tsjin de forgoading fan de geastlikheit; de soan sil dêr de heit net yn wanlyk wêze. Gysbert kriget in oplieding neffens syn stân: muzyk, fan de talen grif Frânsk en Latyn, guods wolle hawwe dat er ta dokter leard hat, mar dêr is gjin biwiis foar. Yn syn Boalserter feintetiid is Baardt, de man fan de Boere-prognostikaesje, dêr in pear jier konrektor, is Sybren Siccama, de stêdsskriuwer en útjower fan de Lex Frisionum (1617), ien fan syn buorlju, is Johan fan Hichtum, skriuwer nei alle gedachten fan twa Fryske brulloftsdichten, dûmny yn Nijlân. En dan ek forskynt Starter syn ‘Friesche Lusthof’, it fleurige lieteboek dat oan gjin libben jongkeardel yn dy tiid ûnbikend wêze koe. Gysbert tsjinnet sûnt 1625 de tsjerke fan Wytmarsum foar in jier as tsien as skoalmaster en nimt de offysjes waer dy't dêr by hearre; hy bliuwt ticht by hûs en fan in stêd as Boalsert nei it boerelân kin sa'n greate stap net wêze. Hy hat de jierren mar trout net, al hoe't de leafde him ek pleaget. Yn 1635 forfart er, hwerhinne witte wy net. Party skriuwers hawwe ornearre, nei Warkum of Hynljippen, omdat er letter goed op 'e hichte fan it Súdhoeksk (en ek hwat fan de séfeart) blykt to wêzen; tsjintwurdich wurdt der mear de kant fan Ljouwert út socht (Bitgum?), om't er dêr yn oktober 1636 it boask mei Sijke Salves (Rolwagen) oangiet. It jier dêrop wurdt er as skoalmaster en foar-sjonger yn syn berteplak bineamd op in fetsoenlik goed traktemint, en dêr bliuwt er oan syn dea ta. De libbensrounte kin ús foar in dichter frij lyts talykje en reizen hearre wy net fan. Neffens de didaktyske, moralisearjende ynslach yn syn Petearen soe men sizze, dat er wol ropping foar syn ûnderwizerswurk hawn hawwe moat. It sizzen fan de bern (‘master is wer gek’) as er ûnder skoaltyd in ynspiraesje kriget, hoecht dêr net mei yn striid to wêzen! Hy lêst grif tige folle, hwant der is ynfloed fan Latynske (Horatius en Ovidius byg.) en Hollânske skriuwers (Hooft, Roemer Visscher, Huygens, Cats, Vondel) yn syn wurk oan to wizen. Nei syn dea is der in net al to krekte list fan syn boeken gearstald en dêr kin út opmakke wurde, dat Gysbert Japiks mei gâns niget de theologyske fraechstikken fan syn tiid neigyng, dat er ek de theory fan de dichtkunst bistudearre {==45==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding ‘Wobbelke’ yn Gysbert Japiks' eigen hânskrift. (Reproduksje Bodleyan Library, Oxford.)==} {>>afbeelding<<} {==46==} {>>pagina-aanduiding<<} hie en fierders fielde foar âldheit, skiednis, ierdrykskunde, plantkunde en muzyk. Stichtlike lektuer moat er net fij fan west hawwe en psalm-birimingen hied er ek forskate yn syn bisit; dat lêste is ek gjin wûnder, hwant yn de 17de ieu libbe it folk ticht by de psalmen en is hysels ek net de dichter fan it ‘Himelsk Harplûd’? Omgong hat er mei frijhwat dûmny's en dichters; ek mei útjowers, minsken dy't yn dy tiid in bysûnder wichtige kultuerfunksje hiene. Yn 1640 forskynt syn Friessche Tjerne, it iennichste dat by syn libben apart fan him útjown is; dochs liket er wol as dichter en man fan kultuer bikend to stean en moatte der mear as ienkear útjefteplannen west hawwe. Om it jier 1650 hinne sil de forneamde taelkundige, theolooch en kunsthistoarikus Franciscus Junius (1589-1677) by Gysbert Japiks yn Boalsert west hawwe om Frysk to learen. Hy wie in sweager fan de gelearde Gerard Vossius en jildt as ien fan de grounlizzers fan de forlykjende stúdzje fan de germaenske talen (Gothysk-Frysk-Ingelsk). Hy hat earst yn Leiden wenne, mar letter lang yn Ingelân forkeard en stie as filolooch yn heech oansjen. Fan syn bisiik (of bisiken) oan Fryslân witte wy net folle ôf; Junius hat by syn weromkear nei Ingelân gâns Fryske teksten yn hânskrift en printwurk-mei-oantekeningen mei-nommen, materiael dat fan bûtengewoan bilang foar de Gysbert Japiks-stúdzje is. Riedseleftich yn mannich ding is ek de freonskipsforhâlding fan Gysbert Japiks ta Simen Abbes Gabbema (1628-1688), yn folle in bysûndere renaissance-figuer: polyhistor, samler, plantkundige, ferse-skriuwer, folle-net-genôch, en fan 1659 oan syn dea histoarjeskriuwer fan Fryslân, lyk as foar him byg. Suffridus Petrus en Winsemius. Binammen yn de jierren 1654-'62 is dizze freonskip fan yngripende bitsjutting. Yn dizze tiid treffe Gysbert gâns slaggen yn de húshâlding; fiif fan de seis bern en ek oare neibisteanden reitsje wei. Ynbannich draecht er dit leed: ‘So de lest' fen mijn sill'g boasck My naet doltreauw' in hird druwcke, Ick schoe de' holle bet op-luwcke.’ Sels is er net sa tige soun, hat minne eagen, fielt him gau âld. Nou komt er mei Gabbema yn 'e kunde, in jongkeardel jitte, yn dy dagen al in publyk persoan en ien dy't him fielt. Guods sizze, it is in wylde bruijer en ûnrêstige swankebast, dizze birimer fan it Heechliet, mar net elkenien mei deselde evenredige wegen lâns. Op Gysbert Japiks hat er in greate, mar faeije ynfloed; dy syn wurk bigjint ûngunstige barokforskynsels to fortoanen en ek skriuwt er yn dizze snuorje gâns Hollânske fersen. Kin er faeks de iensumens net mear forneare? Nei 1660 falt it tragyske gerdyn foar dit stille libben hyltyd fierder ticht. De lêste libbensjierren binne fol soarch en noed. Salves, syn iennichst oerbleaun bern, stelt him net ta deugd oan. As dokter yn Rien {==47==} {>>pagina-aanduiding<<} makket er gâns skulden; yn 1664 slagget er fan need nei it Amelân, mar dêr lit er it like raer lizze. Yn 1666 komt er thús om syn âlden op to passen, as dy fan de pestsyktme oantaest binne. Yn koarte tiid komt earst Gysbert Japiks, dan Sijke Salves en dan Salves sels ek to forstjerren. 3. Wurk en wêzen Yn 1668 forskynt by de Boalserter printer Samuel fan Haringhouck, in Ingelskman fan komôf en in sib freon fan de dichter, it boek ‘Gysbert Japix Friesche Rymlerye; Yn trye delen forschaet: d' Eerste binne Ljeafd in Bortlycke Mingel-deuntjes: 't Oorde sinte Gemiene aef Huwzmanne Petear, in ore Katerye: 't Efterste iz Hymmelsch Harpluwd. Dat iz to sizzen, ytlycke fen Davids Psalmen.’ In titel as in program en as in libbensforhael. De yndieling fan dit meast klassike boek út de Fryske skrifte-kennisse mei men oer't ginnerael wol as chronologysk biskôgje; de ûntjowing fan de dichter giet dan fan de spontanens en natuerlikens fan de leafdelyryk, oer it moralistyske en didaktyske fan de petearen, nei de godstsjinstige bisinning yn de psalmen en lofsangen. Mar binnen it ramt fan dy ûntjowing leit dan in great forskaet fan aspekten. Gysbert Japiks is alles oars as iensidich: men wit bytiden net, oft er it lyryske, epyske of dramatyske elemint it bêste bihearsket, oft er it meast útblinkt yn syn oarspronklik wurk of yn syn tige bysûnder oaneigenjen fan wurk fan oare skriuwers, oft syn greatste krêft leit yn de tael of yn it rhythme. De Hollânske fersen hoege hjir net as in bilangryk apart aspekt neamd to wurden; de dichter hat se sels ek net iens yn syn posthume bondel opnommen. It binne meast gelegenheitsfersen fan it slach, sa't se doe yn de renaissance-tiid by tûzenen skreaun waerden; de tael is frijhwat stiif en de foarm foar it doel net linich en elegant genôch. De ‘Personele Vertoninge der Vier Getijden des Jaers’ hat fan dit Hollânske wurk faeks jit de measte dichterlike kwaliteiten. De leafdepoëzij yn de Rymlerije is iepen en wiid, bytiden ynhâlden wyld en hertstochtelik, soun fan sinlikens en frijwol altyd suver en skruten; in inkelde kear hast tó ûnpersoanlik, mar dat kin ek lizze oan de formomming dy't de renaissance-skriuwer graech oannimme mei. Yn de twa wurden ‘Sljocht en rjocht’, de sinspreuk fan de dichter, binne syn biskiedenheit en earnst typearre; hy doar him wol earlik en frij to uterjen, mar dochs leafst troch de mûle en yn it stal fan oaren, fral by it âlderwurden. Der moat earne yn it libben fan Gysbert Japiks in striid, {==48==} {>>pagina-aanduiding<<} in ynderlike wrakseling west hawwe, dy't it aksint fan de jonge, direkte en spontane, nei de mear biriddenearre utering forlein hat; yn alle gefallen lit er letter de kunst net om harsels bistean, mar sjocht er har ûnderwurpen oan heger macht. Bytiden kin men him yn syn aristokratyske kunstbylding by P.C. Hooft forgelykje, mar ek Jacob Cats syn opfetting en dichtpraktyk is er net hielendal frjemd oan. Hy leart, formoannet, warskôget, skoalmasteret sels, mar hy docht dat yn heechsteande foarm en mei in forfine masterskip. Ien dy't sa by de Bibel libbet as Gysbert Japiks, kin net bêst oars as realist wêze; hy sjocht mei kleare, skerpe eagen de werklikheit om him hinne en makket him oer de minske ek neat wiis. Der ûntkomt him net folle; dy't syn wurk mei tawijing en oerjefte lêst, bilibbet in great part fan it folkslibben fan de 17de ieu sels mei. Tjerne, Sjolle Kreamer, Tetke en al de oaren, it binne gjin typen of karikatueren, mar minsken fan fleis en bloed; as hja prate, ropt suver elk wurd nije bylden op. Gjin lange biskriuwing eamelt der omhinne, mar yn sterke aksje en soms dramatyske krêft steane de figueren út it Húsmannepetear foar ús; de trije ieuwen dy't oer har hinnegien binne, hawwe har fûl libben mar amper forswakje kinnen. Ta it effekt fan dizze poëzij wurk je fral mei de geve, byldzjende tael en de greate rykdom fan yntonaesje en rhythme. Gysbert Japiks hat net allinne folle bilangstelling foar de stavering, hy is binammen taelbouwer. Hy brûkt purismen en makket dy, net omdat it neffens de moade is, mar út in djippe sin foar suverens. Neffens party is er dêr to fier yn gien (bitsjûgkunst foar logika, wiissjochtigerd foar filosoof, lânwriggen foar tyrannen, ensfh.) mar it past alhiel by him. Syn Frysk is sûnder mis kunstmjittich, kultivearre en opglânzge, mar it is opboud út kostber materiael dat de folkstael him levere hat. It bêste biwiis dêrfoar binne wol dy sprekwurden út syn wurk, dêr't men net fan wit, oft er dy fan it folk oernommen of sels makke hat. Ek de kostlike symbolyske nammen lyk as Wif, Tjerne, Godsfreon, wize dy kant út. Al dit wurk tsjûget fan in sterke ynspiraesje, der sit feart en flecht yn, in krêftige ynderlike biweging. Mar dit dichterlike fielen wurdt stâlle yn architektonyske foarm: Gysbert Japiks bislipet syn wurk al mar weroan, en mei al dat útwurkjen, opsnolkjen en oernoazjen is it him net gau nei 't sin. De muzikalens, de swietlûdigens, it sjongen fan de tael yn de suver mystike wurking fan stêf- en klinkerrym, it lûkt him oan - sels yn de brieven oan Gabbema kin er it net litte - en hwat birikt er der faek hwat bysûnders mei! Fersen as ‘Jounbea’ en ‘Mûzeboaste’ binne ‘mei swietigheite trochhunige’ en inkeld is it, as krije eagen en earen hast mear as hja fordouwe kinne. En fansels wol er folle sizze yn sa min mooglik wurden: sloppe sinnen, stoplapen, siz- {==49==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Titelblêd fan de earste Rymlerij-útjefte. (Eksimplaer, dat Const. Huygens yn 1675 fan jhr. Nehemia Vegelin van Claerbergen as geskink krige.)==} {>>afbeelding<<} {==50==} {>>pagina-aanduiding<<} wizen sûnder ynhâld forachtet er djip. Foar ús oanfielen giet er hjir, fral yn syn lêst wurk, de psalmoersettingen byg., fierstofier yn. Soms lit er dan in hiele rigel út in stikmannich oaninoar keppele wurden bistean. In fers as: ‘d'Hear tjocht sijn gunstgenoat, Uwt schoer-sjeack-neyll'-kloer-poat, Uwt kners-knijpp'-knoarr'-kneag'-tann' (= tosk), Uwt goadleaz' schelmsch' moardhann', Dy dolckjet ney sijn stroat’, hat sa op it earste each mear fan in riedling as fan poëzij, As mar net forgetten wurdt, dat sa'n fers by goed, lûdop lêzen faken in swier en fonkeljend effekt hat, dat krekt dit wurk kropjende fol spanning sit en dat bûtendat de barok-minske altyd oanstriid hie, sokke opsteapelingen sahwat as de heechste en fynste kunst to wurdearjen. De dichter, dy't Gysbert Japiks ek dan sûnder de minste twivel is, hat in swiden fornoeging yn de rykdom fan syn tael, dy't er as oppermachtich master hantearret en greatsk yn har peareljende skittering oan de spytgnyskjende bûtensteander sjen lit, om dêrmei it dúdlikste biwiis foar de âldens en de ealens fan syn ynstrumint to jaen. 1) 4. Forstean en forklearring Is oer al dy gearstallingen of wurdkeppelingen it lêste wurd jit net sprutsen en likemin oer de ynfloed dy't Gabbema yn dit stik faeks op de dichter hawn hat, de hiele forskining fan Gysbert Japiks hâldt jit altofolle yn de skimer ta. Der is in tokoart oan biografysk materiael, der is suver neat bikend fan hwat minsken fan him sein of oer him tocht hawwe, der is in stream fan subjektive forklearring oer him en syn lêzers útstoart. Oardel-ieu en langer binne tûke útlizzers mei him dwaende, mar de fraechtekens binne bleaun. Nim as foarbyld jitris de gearstallingen. Der binne, dy't de hiele dichterlike sfear dêr't Gysbert Japiks syn lêste libbensjierren yn tahâldde, fordoarn neamd hawwe. In oar woe dit forskynsel forklearje mei to wizen op de stream fan tinkbylden, dy't de dichter oars net as yn sa'n kompakte foarming forarbeidzje koe, wylst in trêddenien ornearre, it koe ek wol sa wêze dat de dichter winlik neat to sizzen hie en dochs graech folle sizze woe en dat er dêrom it gelearde en tsjustere fers foar kar naem. Né, seit wer in oar, hwat hjir geande is moat {==51==} {>>pagina-aanduiding<<} religieus forstien wurde. Gjin ûntjowing fan folksdichter ta renaissance-dichter, of fan mienskipsminske ta yndividualist, en ek gjin oergong fan renaissance-styl nei barok, - in barren dat dan om 1654 hinne datearre wurde koe, as Gysbert Japiks mei Gabbema yn 'e kunde komt, - mar in konflikt fan fleis en geast. Tusken de twa utersten, dy't grif beide djip en oprjocht yn de dichter libbe hawwe, de leafde ta de ierde en de langst om ûntboun to wurden en mei Kristus to wêzen, bistiet gjin harmonij mar fûle spanning. ‘Yn greate striid wrakselet in minske nei de himel en swier hâldt de ierde, dêr't er as dichter neat fan loslitte kin. Tsjininoar stjitte it lûd (de ierde) en it rhythme (de himel)’. 1) Mei dit fraechstik stiet yn forbân de frage nei Gysberts godstsjinst. De dichter is suver om bar ta frijsinnige of kristen-humanist, ta rjochtsinnige of kalvinist, ta piëtist of man fan de Neijere Reformaesje forklearre; hy is der ús safollesto leaver om, hat men oanstriid to sizzen. Dochs sil it fan gjinien to ûntstriden wêze, dat syn wurk bûten de sfear fan it kristlik leauwe net to tinken is, en ek dat syn kristendom it grifformearde stimpel fan de 17de ieu draecht. Ien as dr. D. Kalma, dy't tritich jier lang bûtengewoane folle foar de Gysbert Japiks-stúdzje dien hat en hast oanhâldend oer him publisearre, hat oan dat feit withoefaek foarbysjoen en dêrtroch de kearn fan dit libben net rekke. Mei in aesthetyske biskôging lit Gysbert Japiks him net gripe, likemin as er him yn in ramt fan kristlik-humanisme sette lit. Sille wy him goed forstean, dan moatte wy earst it geastlik en maetskiplik byld fan it 17de ieuske Fryslân better kenne as wy nou dogge. Der is yn Gysbert Japiks in djip bisef fan ierdske en minsklike fordoarnens, der is jitte mear it útsjen nei de himelske sillichheit. Hy is wol mei John Bunyan forgelike, mar lit him by einbislút nearne hielendal ûnderbringe. In dichter is nou ienkear gjin groepsman, hy moat fan natueren eigen en soms ûnbigiene wegen gean en hat in oare ropping as de dûmny, de filosoof, de steatsman. Hy bliuwt ek bern fan syn tiid; yn de ‘Friesche Herder’ byg. sit dúdlik in arkadyske ynslach en yn de Petearen wurdt mar raek moralisearre. As Gysbert Japiks syn ieu op syn wize it leksum opseit, komme der hiel hwat biswieren los: luijens, pronkskens, eigenwizens fan de bern, it ûnbirette houlik, it farizeesk oardieljen oer oaren, tsierderij yn tsjerke en steat, maetskiplike misstannen lyk as de kûperij (it omkeapjen fan stimmen by de grytmansforkiezing), - it wurdt allegearre fûl foroardiele. Mar by it dwaen en litten fan de minske bliuwt er dochs net stean. Yn it petear fan Reamer en Sape stiicht er fier boppe de morael út; dêr komt {==52==} {>>pagina-aanduiding<<} de religy - it tsjinjen fan God, dy't him ta de minske delbûge wol - yn djippe toan ta utering. In oar fraechstik is dat fan de bitsjutting fan de muzyk foar Gysbert Japiks. It sjongen hjirre moat him al de foarsmaek jown hawwe fan it liet fan de himelske koaren. Hy hat by forskate fan syn fersen in meidij opjown, dy't mei troch it prachtige sneuperswurk fan Jacob Jansen hast allegearre weromfoun binne. Hat er de wurden ek faken dichte op wizen, dy't er moai foun en dy't him ynspirearren? Grif hat er ek wolris de fersfoarm en dêrmei de wize-oantsjuttingen fan oaren oernommen. Bûten de tradysje fan de lieteboeken, dy't yn de 17de ieu jit sa libben wie, stiet er yn alle gefallen net. Hoe soe't ek kinne by de dichter fan: ‘So 't yerdsch' swiet-luwdigh sjongjen Uwz 't hert korts t' eare uwttjocht, Tinck 't hijmmelsch' Ing'le tongjen Het macket dat in nocht!’ En dan is der it ûnrym. Gysbert Japiks is wol de grounlizzer fan it hjoeddeiske Fryske proaza neamd; fêst is syn wurk op dit stik gauris minder achtslein as it fortsjinnet. Dy't syn brieven oan Gabbema lêst, sil der forsteld fan stean, hoe't yn sa'n fortutearzge tael as it Frysk ynienen sa'n kunstsinnige, ynlike utering mooglik is, hoe't de dichter himsels sa folslein jowt en dochs ek yn oandwaenlike ynbannigens forberget, hoe't in djippe tragyk ek sa myld yn dichterlike wurdepronk bimantele wurde kin. De oersettingen út it Frânsk binne ek stik foar stik biwizen fan bysûndere macht oer de tael. ‘Yen suwnerlinge forhânlinge fen libbjen in fen stearren’, dat alris in nasionael kunstwurk fan de earste rang neamd is, is op himsels suver al in learskoalle yn Frysk proaza. Net allinne de rykdom oan tinzen, dy't tsjin de eftergroun fan Gysbert Japiks syn lêste libbensjierren in tige persoanlike ynhâld krije, mar ek de wurderykdom, de plastyske krêft yn de wize fan sizzen en de seldsume swietlûdigens fan dit proaza, jowe jin in greate bileanning foar de muoite dy't men dwaen moat om der yn troch to kringen. Ek foar de twa leafdesskiednissen (Paris forlittende Enone, Historye fen Dorilis in Cleonice) jildt, dat de dichter him mei greate tawijing, kundichheit en kunstnerskip oan it oersetten jown hat. 5. Ynfloed en bitsjutting As in iensume hichte yn in fier en flak fjild, sa stiet Gysbert Japiks yn syn ieu yn Fryslân. Hy kriget suver gjin neifolging: it foarbyld is to heech en to great. It duorret sa'n hûndert jier en dan weagje de Althuysens it; men kin der harren tankber foar wêze, ek al is de ôfglâns fan de master dan dochs wol hwat keal en feal wurden. Yn Salverda for- {==53==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Hânskrift fan Franciscus Junius Janus Vlitius (Jan van Vliet) hat fan doel west de âldfryske sprekwurden út to jaen, mar hy lêst wolris hwat forkeard. Junius wiist him hjir hoflik torjochte. Hy wit jitte (rigel 4 fan boppen) dat Gisbertus Johannis, de eale man en syn learmaster by dizze Fryske âldheden, him eartiids ynprinte hat dat bylien en byllien troch de Friezen, dyt oan de âlde tael fêsthâlde, nou jitte foar blaffen brûkt wurdt, ensfh. Fierderop hat er it ek jit oer ‘ús Gysbert’ en ‘de eale Gysbert’.==} {>>afbeelding<<} {==54==} {>>pagina-aanduiding<<} nimme wy wier hwat fan opstanning en fornijing, mar syn tiid en sfear gunne him gjin krêftige ûntjowing. En dan ek al hat de wittenskip har fan de dichter baes makke. Dy Gysbert Japiks-stúdzje, nou mear as oardel-ieu fruchtber wurksum, hawwe forskaten ta bydroegen; professor Wassenbergh en syn learlingen en dr. Joast Halbertsma foarop. Hja allegearre wurde fierderop jit wol neamd. Dy stúdzje hat winlik ek mear wekker makke as de skeamele neifolging, net it minst faeks om 't hja yn alle tiden hwat fan har greate taek forstie: de dichter sa fier as soks jit kin ta it wierhaftich eigendom fan syn folk to meitsjen. Der binne folksútjeften fan syn wurk forskynd, mear as ienkear al is der fan de petearen hwat op it toaniel brocht, en sangen fan him wurde fan jong en âld ophelle. Dat, en it feit dat hyltyd wer gelearde minsken graech fan har tiid jowe om de Gysbert-problemen op to lossen, meitsje dat de dichter hjoeddedei mear is as in kostber stik forline. Syn bitsjutting waekst yn it symbolyske: frijwol sûnder foargongers, sûnder helpers, sûnder tradysje, sûnder in maklik to biarbeidzjen tael-materiael, skriuwt er Frysk. Hwerom? Omdat er it móát, omdat er dreaun wurdt. En fuort set er dy tael wer op it heechste plan, mei har net allinne foar brulloftsdichten mar ek foar de djipste godstsjinstige utering to brûken, en leit er de swetten fan de taelpraktyk wider út yn syn briefwiksel mei Gabbema. Wy biwûnderje syn kunstnerskip, syn waerme minsklikens, syn geef Frieswêzen, syn ynmoedich en oprjocht leauwe. Oer trije ieuwen hinne sprekt hy jit ta ús: de minske, de strider, de sjonger, de kristen, de paedwizer, in Godsjefte oan Fryslân. ‘Sijn greate namme nea in uwz gehuwgnis steart’, bitsjûget de ûnbikende freon M. Lasis yn in huldefers by de útjefte fan 1668. Wy sizze it nei, mar tagelyk ek de wurden fan prof. dr. G. Gosses: ‘Wy Friezen biseffe jit lang ende lang net, hoe wiis wy mei him wêze moatte.’ Neisjen: As útjefte to brûken: Gysbert Japicx Wivken, bisoarge fen J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma (Boalsert, 1936; diel II, it taseine kommentaer, is jit net forskynd). De petearen binne apart útjown mei oantekeningen en yn nije stavering fan dr. D. Kalma: Húsmannepetear(Nije Fryske Rige, I). De Friessche Tjerne hat P. Sipma in dúdlike, mear wittenskiplike útjefte fan jown (Magnus-Rige, II, 1932). Fan de eardere útjeften is de earste (de Boalserter Haringhouck-útjefte fan 1668) de bêste; de twade, dy fan Gabbema (1681) en de tredde, dy fan Epkema (1821) binne folsleiner; by de lêste heart ek in wurdboek, dat jit skoan to brûken is. De fjirde útjefte, dy fan W. Dykstra (1853) is ûnfolslein. {==55==} {>>pagina-aanduiding<<} Oer G.J. binne twa nije dissertaesjes forskynd: dr. J. Haantjes, Gysbert Japicx (1929); dr. D. Kalma, Gysbert Japiks, in stúdzje yn dichterskip (1938; de earste dissertaesje yn it Frysk; tige oan to rieden). Foar de forklearring is tige wichtich: E.B. Folkertsma, De christen Gysbert Japiks (1946). It grounlizzende wurk fan de G.J.-stúdzje is: J.H. Halbertsma, Hulde aan Gysbert Japiks (1824-'27), dat ek nou jit lang net forâldere is. Aparte stúdzjes fan great bilang binne: dr. C. Kramer, Gysbert Japicx as oersetter en biwirker (1943), in treflik staeltsje literatuerwittenskip; Jacob Jansen, Gysbert Japicx Lieten (1956), de rike frucht fan in breed musicologysk ûndersiik. Unmisber is: J.J. Kalma, Bibliografy Gysbert Japiks. Syn eigen wurk en artikels en boeken fan oaren (1956). {==56==} {>>pagina-aanduiding<<} V. Rêstich nei de Revolúsje 1. De tiid Efkes mar hawwe de Foriene Nederlannen foar it oantlit fan Jeropa en de hiele wrâld har krêft en kinnen biwiisd, of de ynsinking is der ek al. Nei de opgeande, moedige tiid fan de earste helte fan de 17de ieu, jowt it libben him hjir del yn selsfoldienens, sloppens, ûnbitsjuttendheit, en hwat noch minder is, yn korrupsje en dekadinsje. Yn it bûtenlân ûntjowt de renaissance har ta nije foarmen, mar fan dat Frânske klassisisme, dy nije wiisbigearte, dy stúdzje fan de natuerwittenskippen, dy hiele optimistyske, rationalistyske wrâldskôging, fornimme wy hjir allinne de lette wjerlûden. De oarspronklikens, foarsens en moed binne fordwoun en de deftige konvinsjes komme der foar yn it plak. Greate mannen sil men yn de Republyk om 'e nocht om sykje, de godstsjinst forwetteret en forboargerliket, de literatuer sakket ta de safolleste rang mei al har glêdde fersen, sljochte morael en binypt eachweid. Nammen as Poot, Langendijk en Van Effen, faek oerskatte figueren yn Hollân, sizze genôch. Fryslân bliuwt net efter en giet net foar. Yn swakke ôfskynsels blinkt it eigene fan de tiid troch en forgelike mei oare dielen fan de Republyk is der grif rjocht om fan in selsstannich meilibjen to sprekken. De kleau tusken de regintestân en it gewoane folk wurdt lykwols aloan djipper; de Fryske adel forwurdt ta in lytse, harsels oer alle boegen bifoarrjochtsjende groep, en hat suver neat mear fan de nasionale élite; as dy adel nei 1747 hofklyk wurdt, ûntstiet der al gau sokssahwat as in tragikomeedzje. It famyljeregear hâldt de leije stevich fêst en de boargerij, de measte yntellektuelen net útsûndere, sjocht gjin bien yn leffe sjerpstrikerij. Alles hwat Frânsk is, jowt by de hegerein de toan oan. Der is niget foar toaniel, mar fan neibauwerij kin dat net libje. Tsjerklike strideraesje heart men sa net mear fan, mar ûnder it ienfâldige folk kriget de siele, alteast yn offisjeel formidden, har gerak net en wurdt der earne oars socht. Der is yn de ‘Prûketiid’ grif jit wol stoflike wolfeart (de menniste keaplju!), mar skielk giet de séfeart efterút en hat de Súdwesthoeke har bloeitiid hawn. De boeren bilibje minne tiden (de fépest) en de Fryske Steaten kinne har húshâlding ek net mear foarinoar hâlde. Lang is der in algemiene politike ûnforskilligens en earst om it midden fan de 18de ieu brekke der folksbiwegingen los, dy't lykwols tonearsten suver neat opleverje. {==57==} {>>pagina-aanduiding<<} De kunst of hwat der foar trochgiet, stiet wol aerdich yn eare, mar hja is sûnder hertstocht of greatens. De bûtenpleats, de tún, de halsgevel en de steatlike foardoar hearre ta de merktekens fan de tiid. Yn it leave, glêdde, idyllyske, sierlike, wurdt wolris hwat goeds birikt, it meast yn de boukunst. De poëzij sit bistjurre yn sabeare dichterlike tael, de byldspraek is oerdreaun en Grykske goadenammen moatte de lege ynhâld fral hwat opgnisje; de kunst yn dizze ieu fan rymlerij is allinne it kunsthantwurk goed to learen. Ungemurken wei giet it op de revolúsje ta. It grifformearde folk liket jit suver yn de leare to wêzen, mar it fornimt sels net dat it hyltyd mear offers oan de tiid bringt. Der is in stadige ûntjowing fan de heech-foreare godstsjinstsin en ûnfolpriizge deugd ta de wysheit fan de fordraechsume morael en it oerhearskjen fan de rede. Foartekens fan de romantyk komt men net folle tsjin, it meast faeks noch yn de oanwinnende skiednisstúdzje. De Aufklärung, dy't it klassisisme opfolget, wit gâns mear los to meitsjen; Balthasar Bekker, de mennisten en de Van Haren's kinne dêr de Fryske eksponinten fan hjitte. It libbensforhael fan de bruorren Willem (‘Gevallen van Friso’) en Onno Zwier (‘De Geuzen’) van Haren, én it ‘Dagverhaal’ fan jonker Vegelin van Claerbergen út 1748, leverje mei syn beiden in treflik mar alderminst treftich skilderij fan dizze ieu. It Fryske hûs wurdt brekfallich! 2. Der wurdt hwat wekker It hof yn Ljouwert, de hegeskoalle yn Frjentsjer, de tsjerke dy't beart as bistiet it Frysk net, de adel faei en ryp foar forfrânsking, faktoaren genôch om de ûntfrysking fan Fryslân to bifoarderjen. Mar der is dochs hwat geande yn de 18de ieu, al bliuwt it in ûnderstream. Der is oan de skaedkant it krekte en earnstige oardiel fan Foeke Sjoerds út 1765: ‘Nog tegenwoordig bespeurt men, dat de Friesche Landtaal van tijd tot tijd naar die der stedelingen gebogen wort, zijnde zedert veertig jaar in dien opzichte eene groote en aanmerkelyke afneming in de aloude taal veroorzaakt; het staat te vermoeden, dat derzelve nog t' eeniger tijd haar Burgerrecht geheel verliezen zal.’ De ljochtkant ûntbrekt lykwols ek net: de bioefening fan it Frysk wreidet har út en, yn de breedte bisjoen, falt it lang net ôf hwat der allegearre forskynt. It is wier, as men skriftekundige produkten altyd al bioardielje moat yn it forbân fan de tiid fan har ûntstean, dan grif yn dit tiidrek wol. It is lykwols net sa'n stille tiid yn de Fryske skriftekennisse, lyk as {==58==} {>>pagina-aanduiding<<} somliken wol úthâlde. It peil, de bitsjutting, de oarspronklikens, hja kinne gjin sprekken lije, alteast as wy it wurk fan Gysbert Japiks as mjitstêf brûke. In oare noarm kin ek min oanlein wurde; forgeliking mei it bûtenlân bliuwt needsaeklik ta bihâld fan biskiedenheit, mar hat mei de taeltastannen foar eagen oars net folle sin. Sadwaende moat nou wol sammele en bistudearre wurde, hwat ûnder gewoane, soune forhâldingen it achtslaen amper wurdich wêze soe. Sa treffe wy yn Gysbert Japiks syn lêste libbensjierren in pear boekprinters (û.o. Joh. Arcerius) dy't it gauris weagje in dissertaesje fan in goekunde in Frysk rymke mei op reis to jaen. Neat to bitsjutten, mar dy rymkes binne dan dochs mar de earsten fan in lange rige promoasjefersen en gelegenheitsstikjes foar jierdei en brulloft, de hiele 18de ieu troch. Sa forskine yn 1671, 1672 en 1676 Fryske boere-alma-nakken, tige sljocht spul, mar in bigjin fan folksskriuwerij; der sille fêst mear fan dit soarte west hawwe, mar sokke boekjes bleauwen nou ienkear min biwarre. Sa is der op wittenskiplik gebiet de figuer fan Jan van Vliet (Janus Vlitius, 1620-'66), in meiwurker fan Franciscus Junius, in Sieuw dy't lange jierren hege amten yn Breda hawn hat en op-en-út in renaissance-minske: taelkundige, skriuwer fan Latynske fersen, theolooch en skiedskriuwer, jurist, útjower... Hy hat him al ier mei it Frysk dwaende hâlden, bisocht it sels to skriuwen, sammele it ien-en-oar, reizge hjirhinne en publisearre der oer as er dêr kâns ta seach. Neamd moat ek wurde dr. Vitus Hendriks Ringers (1660-1725), in Harnser dy't ryklik fjirtich jier dûmny yn Ried west hat en yn 1686 in fersebondel útjoech, ‘Stichtelyk Sang-prieel’. Dêr stiet in fiks tal psalmbirimingen yn en dêr soe hjir net fan rept wurde, as der by trije ek net in Fryske biriming njonken stien hie, ienfâldich mar suver wurk. Tige de muoite wurdich is syn pleitsjen foar it Frysk as tael foar it hillige, en net inkeld foar idelheit, yn de foarrede. Datselde jiers 1686 forskynt der ek in bondel mingelwurk ‘De Bron-Swaan’, fan Titia Brongersma, in dichteres dy't lang yn Grins wenne hat en dy't tusken har Hollânske en Frânske poëzij ek plak ynrommet foar fjouwer Fryske fersen, folksaerdich en flot fan trant en toan. In aparten-ien wie grif Johannes Hilarides (1648-1725), learaer oan of rektor fan de Latynske skoallen fan Frjentsjer, Hynljippen, Dokkum en Boalsert. In nijljochter, typysk Frysk yndividualist, man fan folkskunde en dialektstúdzje, fûl purist, - spitigernôch slagget it him net al dy kundichheden yn synthetysk forbân foarm to jaen. Hy is Gysbert-forearder, striidber, hat syn weetsje en is gau op 'e teannen trape. In Frisiast as ien, mar hwerom hat er net mear yn it Frysk skreaun? Syn ‘Hynlepre Seemans-almenak op it 1679 jeer, {==59==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Titelpagina fan Althuysens Psalmbirlming, carste útjefte.==} {>>afbeelding<<} {==60==} {>>pagina-aanduiding<<} mekke fan en stirman oen laand’ is gjin min stikje wurk, syn ‘Naamspooringen van het Platte Friesch; zijnde de Oude Friessche Lantstaale’ is yn it Hollânsk en bleau yn hânskrift; yn de foarrede fan syn Phaedrus-oersetting yn it Hollânsk neamt er it ‘Nederduits’, dêr't er dan hwat oars mei bidoelt as it Hollânsk, samar ‘onze moedertaale’. Net allinne makket er in kaert fan Fryslân, mar hy stalt ek in kronykje gear (1678; trije kear yn de 18de ieu en ienkear yn 1834 werprinte): ‘It aade Friesche terp, vertoonende de Fryje Friezen, in haar oorsprong, opkomst en voortgang... voor de liefhebbers der vrijheit’. It is in hwat wyld en los boekje, yn folle dingen de rjochte fuortsetting fan de fantastyske skiedskriuwing út earder ieuwen. De krêft fan syn Frysk-nasionael fielen is lykwols dúdlik; sa ek de oertsjûging dêr't er de forfrânsking yn tael, sede en libbensstyl mei bistriidt. Ek de 18de ieu ken jit altyd it ynstitút fan lânshistoarjeskriuwers, yn de 17de ieu û.o. fan Winsemius en Gabbema waernommen. It wie nou bleat in sinecure foar mannen út de Fryske adel, dy't de sinten opstrieken mar der neat foar dienen. Ien as Foeke Sjoerds (1713-'70) kaem foar dat baentsje net yn 'e bineaming. In widdousbern út Ie, skuonmakker yn Ljussens, skoalmaster yn Nijtsjerk, studearder tsjin de klippen oan, ferseskriuwer en yn syn lêste libbensjierren ek skiedskriuwer. Yn de soberste omstannichheden hat er him doe deawrotten: njoggen dielen skreau er oer de skiednis fan Fryslân, dy't allegearre fan 1765-'71 forskynd binne. Der is ús fan him mar ien Frysk fers bikend. De Fryske Steaten hiene oars wol jild oer foar greate ûndernimmingen, dêr't hja de rom fan it heitelân mei bifoarderje koene. It útjaen fan Schotanus syn prachtige atlas fan Fryslân (1718), en fan it ‘Groot Placcaat- en Charterboek van Vriesland’ (1768-1796), it lêste yn seis swiere folianten fan sa'n seistûzen siden meielkoar, hat slompen jild frege, mar hja foarmje dan ek in kostber nasionael bisit. En dat der fral yn it lêst fan de 18de ieu forskaten dwaende binne mei de útjefte fan de âlde Fryske wetten (Von Wicht, Wierdsma-Brandsma, Van Halsema, Wiarda e.o.), wiist der op dat der in oare tiid foar de doar stiet. Yn dy jierren wurde de mannen berne, dy't yn de kommende ieu oan de idé fan Frysk skriuwerskip in oare ynhâld jaen sille as oant nou ta. 3. Simen en Jan Althuysen In steatlike kwartyn fan oer de fiifhûndert siden, - wy hawwe der mar sa'n pear, dat wy it moaije en mânske boek mei tagedienens yn 'e {==61==} {>>pagina-aanduiding<<} hannen nimme. ‘Friesche Rymlery’ stiet der op de rêch to lêzen en hwat in rykdom fan bylden ropt dy titel net foar jin op! Mar dan... ‘yn twaa dielen bystaende, wierfin it Eerste bystiet yn forjyerings-rymmen, brullofts-rymmen, forstaerrings-rymmen, in mingel-rymmen; it Oorde diel bystiet uwt dy 150 Psalmen fin David mey dy oore Lôfzangen, for ien diel by ien forsammele, in for ien diel byrymme trog Jan Althuysen, jinwurdig Pastoor op dy Lytze Jouwer.’ In hiele mûlfol en tagelyk suver in balâns en ynventaris fan de Fryske literatuer yn it midden fan de 18de ieu. It is bigreatlik foar dit boek fan 1755, it muoit ús ek om de warberens fan dizze golle, Frysksinnige dûmny, mar wier bliuwt it: dizze ‘Fryske Rymlerij’ kin by dy fan hast in ieu lyn net helje. It wurk is grif net min mar wol faek forfeelsum, it hat gjin drege earnst en gjin lichte humor, it bliuwt yn 'e midsmjitte, der sit gjin genôch piid yn. It is wol aerdich en ienfâldich, bytiden sels boartlik en los, mar fierwei it measte fan dit gelegenheitsgerimel giet ús net oan en kinne wy allinne ‘histoarysk’ lêze. ‘Ien graefschruft op myn blommen, forstoon yn dy hurde winter fint Jyer 1740’ moat al bjustere moai wêze, sil men der nou noch niget oan ha. Safolle húslikens efterinoar, hwa kin dat fortarre? Mar dan bitinke wy, dat it wurk fan party Nederlânske skriuwers út dy jierren (Poot, Langendijk, ensfh.) grif ek al net folle better is, dat de werjefte fan it iisformeits op sé yn de winter fan 1740 net sûnder kleur en fleur is, dat it ‘Gaersprek twiske ien Huwn en ien Kat’, it earste dierdicht yn it Frysk, tige oannimlik neiforteld wurdt, en dan oardielje wy leafst net al to hurd, fral net om't wy dizze Frjentsjerters dochs wol tige tankber wêze meije. De rimers binne heit en soan. De heit, Simen Jans Althuysen, wolkjimmer en geseten boarger yn de akadeemjestêd, kin it goed dwaen en libbet trou mei op it stik fan godstsjinst, polityk en wittenskip; hy is tige tsjerksk, fansels fûl foar Oranje en mei syn talrike freonskippen graech hwat ûnderhâlde troch wolmienende rymkes. Oan de kwartyn fan 1755 hat er fjirtsjin stikken bydroegen; de niisneamde trije rimen hearre dêr ek ta. De soan, Jan Althuysen (1715-1763), pielt suver noch mear mei gelegenheitsrimen as syn heit, mar der komt letter dochs ek in oar elemint yn syn wurk. Nei in ryklik lange stúdzjetiid yn syn berteplak, wurdt er yn 1750 dûmny fan de Lytse Jouwer en Boarnwerd, syn iennichst plak dêr't er yn 1752 trout en frij jong forstjert. In ynfryske hoeke, mar as preker hat er it dochs mei de twataligens to krijen. Hy is in Gysbert-forearder, sil er ek syn learling, syn neifolger wurde? Gysbert Japiks hat yn syn bondel 51 fan de psalmen forfryske; dy forbetterje kin Althuysen fansels net, mar sil er dat tal nou net folmeitsje en dan alles meielkoar as twade diel fan syn bondel útjaen? {==62==} {>>pagina-aanduiding<<} In pryslik foarnimmen en it komt der ek fan; Foeke Sjoerds, dy't yn deselde hoeke wennet, set der in aerdich iepeningsfers by en wrychtich, de Dokkumer klassis fan de Herfoarme Tsjerke jowt in offisjele goedkarring fan de bondel yn it Frysk! Mar hwat in forskil tusken beide birimingen: neffens de tiid leit der krekt in ieu tusken, neffens ynhâld en foarm in kleau dy't hast net oer to kommen is. Gysbert Japiks' rigels twinge jin de swiere sin hast oan, yn Althuysen syn flotte fersen wurdt de sin lichter, makliker, gewoaner. Dochs kin men forskate koupletten wier net ûndichterlik neame. Hy hie de tiid ek tsjin: opdracht en foarwurd, mei dy hiele omhael fan wurden, biwize it al. Hy is gjin kunstner en dy pretinsje hat er ek net; hy jowt syn heit graech de eare, dat dy it rymkjen gâns better forstiet. Mar hy is in nasionale figuer, hwant hy sjocht klear de driigjende ûndergong fan de memmetael, ‘Boersck: zoa as min 't naemt’, de tael dy't tsjin syn sin ‘zoa schien buwtten dy mode rekke is.’ Dy tael moat wer brûkt wurde foar literatuer, foar geastlik libben, yn tsjinst fan it leauwe. Sa net, dan ‘zoe uwz eyn âdde Lantaal mei er tyed alleheel in 't foryetboek reytze, in zoa dwaande zoeze nyeunke lytzen zoa schien wey wurde, dat min op it laest naet ien Fries yn Frieslân meer fynne koe.’ Jan Althuysen is ien fan de iennichsten fan syn tiid, dy't it skandlike fan de taeltastân ynseach en pynlik fielde. Dizze mijene dûmny doar moedich to tsjûgjen foar de rjochten fan it Frysk-eigene. 4. Dirk Lenige In Makkumer keapman, mennist, foaroansteand lid fan it Makkumer dichtgenoatskip ‘Kunst kweekt het menschelijk geluk’, dizze Dirk Piters Lenige (1722-1796?). De heit fan de jongforstoarne Cynthia of Kynke (1755-'80), dy't mear bikend wurden is troch har Hollânske ‘Mengeldichten’ as troch har inkelde Fryske fersen. Wol wer hielendal ien, dêr't it stimpel fan de tiid tige dúdlik op leit, immen dy't it dichtsjen yn freonskiplike kriich mei syn kunstbruorren flitich bioefene, likegoed yn it Hollânsk as yn it Frysk, it lêste binammen yn de jierren 1778-'92. Syn Frysk wurk is net great neffens uterlike en ynderlike omfieming, mar it fortsjinnet dochs tige de oandacht. Fansels stiet Lenige wol ûnder ynfloed fan Gysbert Japiks, mar dochs giet er syn eigen paed, ek yn it brûken fan de aparte Makkumer tongslach. Hy kin hiel wol flot en glêd rymkje as er dat wol, mar hy hâldt dochs it meast fan hwat swierder effekt yn lûd en gong. Hy wie ek de earste Fryske dichter, dy't de sonnetfoarm brûkt hat. {==63==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Fers en hânskrift fan Dirk Lenige.==} {>>afbeelding<<} {==64==} {>>pagina-aanduiding<<} Lenige hat it wol oer Palemon en Clarinde, sjongt in fjildsang ‘op 't boask fan Damon en Rozemûle’ en lit de philomeel oan it swurk kliuwe, mar hwat lid fan in 18de ieusk rymselskip hat gjin lêst fan de Helleenske sykte en is net oanhelle mei arkadyske krupsjes? ‘Ienlik boskje hear myn klachten...’, mar lês dan ek ris it steatlike ‘De Stoarm’, de feninige koartdichten, of dy opmerklike oersetting fan de sechde psalm, of dat ferske op de dea (‘Grymtosk dy 't tsjerkhôf donget mei minskebrein en bien...’). Iensidich is Dirk Lenige net en dichter is er grif; oanienwei heart men yn syn faek drege en dûnkere rigels it lûd fan de poëzij. As ienkear al syn Frysk wurk yn in goede útjefte foar ús leit, kin dit biskieden talint faeks jit better wurdearre wurde; syn libbensforhael soe ús de kultuerhistoarje fan dizze ieu yn in treftich miniatuer werjaen kinne. 5. Feike Hiddes van der Ploeg Foar de 18de ieu is it toanielspyljen hjir yn Fryslân mar in bytsje bioefene; bikend is, hwat lijen Starter der yn Ljouwert mei hawn hat, doe't er it ynfiere woe. Syn ‘Sotteklucht’ en de Fryske brulloftsdichten wiene net fan genôch bitsjutting om in nije tradysje to skeppen en de stikken, dy't Hollânske Friezen lyk as Wybrand de Geest en Onno Zwier van Haren hjir útjoegen, binne nei alle gedachten dochs nea opfierd; de tsjerke wie der ek op tsjin. En dochs leit de oarsprong fan de Fryske folkstoaniel-skriuwerij yn dizze jierren, al is it bigjinnerswurk faek tige bihyplik en komt it dan ek jit net op 'e planken. Sa is der yn 1701 foar it earst útkomd: ‘Waatze Gribberts Bruyloft. Dat is: Acht aerdige en geneuglijcke Uyt-komsten: vertoonende de slechten Boeren Aerd, plompe Zeeden, ende drollige Reden: Seer geneuchlijck en vermaeckelijck om te lesen. In 't platte Friesch. Gedruwckt midden ynne Wraad.’ De titel is karakteristyk genôch. It is in klucht fan 17de ieusk, Westfaelsk komôf, in oersetting fan twa populaire stikken oer ‘Tewesken’. De Fryske oersetting moat der hjir ek tige ynfallen wêze, hwant der binne nije printingen bikend út de jierren 1712, 1733, 1765, 1779, 1809, 1820 en 1840; as soks oer twa ieuwen it libben hâldt, soe it suver klassyk hjitte kinne. En wier, it stik is faek seldsum libben en yn goed Frysk skreaun, mar de ynhâld is rûch, leech by de groun, soms bot en smoarch, lyk as dy fan de measte folkskomeedzjes doedestiids. De lju koene doe hiel hwat hawwe en ek fan skriuwers as Shakespeare, Huygens, Cats en oaren witte wy wol dat se der gjin doekjes om wounen. Dochs soe it stik nei de ‘Fryske Tsjerne’ in efter- {==65==} {>>pagina-aanduiding<<} útgong wêze om jin foar to skamjen, as wy net oannimme mochten dat it studinte-ymport is en dan ek yn mannich opsicht in karikatuer fan de Fryske boer jowt. As Feike Hiddes van der Ploeg (1736-'90) wier de skriuwer is fan de fjouwer hjirnei to neamen stikken, (dr. G.A. Wumkes nimt dat oan, oaren achtsje dat it biwiis der net foar levere is), dan mei him wol hwat mear omtinken jown wurde. Dizze Frjentsjerter keapmanssoan waerd menniste dûmny, earst yn Hynljippen, letter yn Dokkum, dêr't er ek mei in boekhannel en útjowerij pield hat. Yn 1774 joech er sels, mar sûnder namme fan de skriuwer, út: ‘De Burkerij of it Boerebedrief, verdeeld yn fjouwer tiiden fin it jier; as Forjier, Zimmer, Herst en Winter. Verhandele as ien Bliidspul, tusken de Boer, syn Burman, Boerinne, Feint, Faam, Zoon, Dogter en de Teskers. By eltjoor brogt trog ien Boerezoon.’ It net to lange stik bifettet in flot en folks-aerdich petear, dat frijhwat moralistysk en farizeesk is yn syn foar-inoaroer stellen fan de bêste Ulbe Jans en de minne Klaes Oepkes. Mar hwat fan it agrarysk ynterieur jowt it dochs wol aerdich wer. It twade boekje is fan 1778: ‘De Tankbre Boere Zoon, tonneel-spul yn ien bidryf’, in forfrysking fan in Dútsk stik út 1770. In boeresoan wurdt professor yn Frjentsjer, forjit net syn âlden, mar wol syn memmetael, dy't er ynruilet foar it stiifste boeke-Hollânsk, dat men bitinke kin. Foar ús bigryp binne koartswyl en earnst beide fan in guodkeap soarte. Gâns better is ‘Het Jonge Lieuws Boosk, plesierspul yn fyf bydrieuwen, byschreun mey AEeste wyn en bytrokken Luft, for de laeefhabbers fin 't booskjen’, dat yn 1780 forskynd en yn 1830 werprinte is. Inkelde brokstikken út dit boekje biwize, dat de skriuwer mei in krêftich realisme en in goede taelbihearsking frijhwat birikke koe, as er syn didaktyske oanliz mar net sa rom bod joech. Lyk as safaken foar- en neitiid, moatte dialektpraters (Hynljippers en stedtsjers) hjir ek wer tsjinst dwaen om it komyske elemint oan to bringen. Dy funksje hawwe in Dútsk soldaet en in brykpratende Joad yn ‘De Reis fen Maicke Jackeles fen Hallum ney Ljeouwert om it ynheljen fenne Prins to sjen’ fan 1778. De tafoeging oan de titel (‘dy het schreun het, wit wol, dat het allegjerre Leugins binne’) is folslein oerstallich, mar biwiist dat de skriuwer it jaen fan folkslektuer as doel foar eagen stien hat. It is sljocht en gewoan spul, mar skoan to lêzen en bytiden geastich. It hat earst yn in almanak stien, mar komt fier boppe it peil dêrfan út; de forteltrant is libben, de humor slacht wol yn. It docht jin gjin nij, dat dit wurk dat fan de lettere Tsjalling Halbertsma biynfloede hat. Foar de kennis fan it Fryske folkslibben fan dy tiid kinne de stikken dy't hjir neamd binne goede tsjinsten dwaen. Feike van der Ploeg (dy't {==66==} {>>pagina-aanduiding<<} wierskynlik ek de skriuwer is fan in stikmannich fersen, û.o. foar Oranje) is in foarrinder fan de folksskriuwerij út de 19de ieu en navenant lang gjin minnen-ien. Der sil grif út dizze ieu ek wol wer it ien-en-oar forlern gien wêze, hwant lang alle almanakken binne net biwarre bleaun. Ut al dit wurk docht bliken, dat de tiid yn it foroarjen is; it folk sels oppenearret him mear. Dy't de folgjende titel fan in oar almanakstik út 1783 lêst, mient al in produkt út de jierren fan it earste Winterjounenocht fan likernôch 1860 foar him to hawwen: ‘De Faam fin twaa wudden, ien oprieugte Geschiedenis tsien Hanzer marke oppe wey tusken Herbaeem en Midlum forfallen tusken Rykle Doekles Roonomklaer, ien loftig Ryk Boere Zoon en Jouwerke Komselden, ien tygge mooije Ryk Boere Dogter mey Lubbert Hansen Wolbytogt.’ 6. Eelke Meinerts Foarrinder fan de folksskriuwerij, dat is ek Eelke Meinerts (1732-1810), al sitte oan syn persoan ek wol oare kanten. Hy is earst skoalmaster yn syn berteplak Westergeast en sûnt 1778 boer to Kollum. Yn alles bitoant er him in sib freon fan de Fryske adel út syn kontrijen, foarsafier dy oan de kant fan Oranje stiet fansels. Fan de patriotterij moat er neat hawwe en lyk as safolle oare Fryske skriuwers warskôget er yn syn wurk gauris tsjin de ynfloed fan de Frânske biskaving. Hy is tige theologysk oanlein, hat fan datoangeande wol syn striid en twivel kend, mar fynt syn rêst yn de grifformearde opfetting fan it leauwe, al hat de tiidgeast wol foar in sterk-moralistyske ynslach soarge. Tsjerklikens, húslikens, boargerlikens, hja tsjinje by him ien en itselde: de goede, âlde tradysje. Ta it bifestigjen dêrfan moat ek syn rymwurk, syn gelegenheitspoëzij meihelpe. Dat fersewurk, meast Hollânske mar ek frijhwat Fryske stikken bifetsjend, - in pear wolkomstfersen foar de Oranjes binne apart útjown - hat suver gjin dichterlike fortsjinste; Meinerts is gauris in baes yn de ferstechnyk, mar hy mijt de hege flecht fan gefoel en forbylding. It forstân, de riddenearring, de nochteren observaesje, jowe de toan oan. Syn Nederlânsk wurk is sa goed noch wol as syn Frysk; by Meinerts sitte wy mear yn de hoeke fan de Althuysens as fan Dirk Lenige. ‘Ik zis ien Digter hat wúrk genoog, hoe jen hij digt; 't is onophaodlijk harzenschrabjen’, ornearret Eelkeboer sels yn in iepenhertige rite. It Frysk ken er út 'e pin en brûkt er goed; taelûndersikers kinne hiel hwat út syn wurk helje. In goede Fries is er ek grif, mar fan hwat striid- {==67==} {>>pagina-aanduiding<<} bers as by Jan Althuysen fornimme wy by him suver neat. Hy sjocht de tsjinstelling tusken de Friezen en de Grinzers, tusken de boeren en de stedtsjers, mar hy ûntskuldiget him ek as er de hege gasten yn it Frysk forwolkommet (‘ik hoopje dat de Prins mijn plompigheid verschoont, dat 'k hier za Boersch wer sjong!’). Hat Eelke Meinerts as dichter net in wichtich plak yn de Fryske skriftekennisse, - mar in rymstik as it petear fan Goedhart en Tinswol moat elk dochs wol lêzen hawwe (Magnus-Rige, VI, 37-43), - as proazaskriuwer is er net sûnder bitsjutting. Yn 1779 kaem út ‘It libben fen Aagtje Ysbrants, of dy Frieske boerinne’, sûnder skriuwersnamme, mar wol ‘oon 't ljaegt joon trog ien fen har goe-kunders, ta tjinst fen't jinwurdig geslagt’. In boekje dat der tige ynfoel en dêrom yn 1808 ‘om dat 'er za volle fen praat en ney freege wurde, en net ta kryen wier, op ny werdrukt’, hwat yn 1827 en 1861 jit al ris bard is. It forhael is frijwol alhiel yn dialoochfoarm skreaun en slút mei in neibitrachting, dy't foar de skriuwer tagelyk ek sa'n foege tiidskrityk bitsjut. Hy hat it boekje makke ‘net om ta laaitzen, of uit Kortswyl’, mar ‘om dy wrâd kennen te leeren ta zyn betterschip’. Dêrom ‘opmerken is hyr dy boatschip; der leit yn eltze perzoon hette ta leering opsletten’. It is in knappe tekening; in typysk stikje Frysk folkslibben wurdt skerp en klear oan de lêzer foarsetten en dat altyd yn it kleurich forskaet fan lytse deistigens. It froulju's praet wurdt natuerlike realistysk werjown; wy krije in goed byld fan har bistean en tinken yn dy tiid. Forheven en dichterlik wol it forhael net wêze; de bou is ek frijhwat slop, mar it typearret ienfâldich en krekt en de tael is de minsken suver út de mûle weinommen. Fansels, it giet om de learing en Eelke Meinerts is genôch moralist om de kleuren skel oan to setten. De manlju komme yn it forhael hwat oan de krapperein, al kriget Tys, Aagtje har man, yn al syn goedens en evenredigens dochs wol dúdlik foarm en stal. Spitich dat de skriuwer ús net, neffens syn ûnthjit, ek sa'n boekje oer it libben fan Tys jown hat; it hie ús faeks in oare kant fan syn kinnen (en ek in learsum selsportret!) sjen litten. Mei Eelke Meinerts rint de 18de ieu yn Fryslân, letterlik en figuerlik, nei de ein. Kin er net yn it skaed stean fan syn Hollânske tiidgenoaten Van Alphen, Bellamy, Feith, Wolff en Deken? Sá great is de ôfstân ek wer net, alteast folle lytser as de ôfstân tusken dy Hollanners en Herder, Goethe en Schiller, Blake, Burns en Jane Austen, Rousseau en Beaumarchais... Neisjen: Foar 2: Frysk út de 18de ieu (Estrikken XV); Vitus Ringers (Estrikken V); J.H. Brouwer and A. Campbell, The early Frisian studies of Jan van {==68==} {>>pagina-aanduiding<<} Vliet, (1939); M.S.E. Visser, Foeke Sjoerds, (Stim fan Fryslân, 1947, 10 okt.-7 nov); P. Janzen, Joh. Hilarides, (Frisia 1919, s. 15, 46); A. Hallema, It amt fan Frysk skiedskriuwer, (Frisia 1918, s. 212); dr. E.H. Waterbolk, Twee eeuwen Friese geschiedschrijving, (1952); (prof. dr.) W.G. Hellinga, Frysk Jierboek, 1938, s. 70-99, (oer Fryske skriuwers en taelforhâldingen yn Fryslân yn de 17de en 18de ieu). Foar 3: De Friese gedichten van Symen Althuysen (Estrikken X). - ‘Hôndert Psalmen fin David mey dy Tyien Geboden’ fan Jan Althuysen, binne troch Chr. Stapelkamp yn in boek fan mear as 600 siden útjown, mei ynlieding, oantekeningen en wurdelist yn it Hollânsk, (1957). - Mr. A. Telting, Eenige levensbijzonderheden van de dichters Simon en Jan Althuysen (Nieuwe Friesche Volksalmanak, 1853, s. 1-13). Foar 4: In kar fan fersen fan Dirk Lenige yn Yn ús eigen tael, 1915, s. 61-74; oer him, syn dochter en har Makkumer formidden ek: Paden fan Fryslân, I, s. 446-462. Oer syn sonnetten: prof. dr. J.H. Brouwer yn It Beaken, 1956, s. 1-15. Foar 5: Waatze Gribberts Bruyloft, (Estrikken VII); dr. W.L. Brandsma, Mayke Jakkelis, (Magnus-Rige, V; 1951). Foar 6: It libben fen Aagtje Ysbrants (útjefte J.H. Brouwer; Magnus-Rige, VII, 1954); De Fryske Gedichten fan Eelke Meinerts út de jierren 1779-1783, (útjefte dr. D. Simonides en Chr. Stapelkamp; Magnus-Rige, VI, 1952); Oranjefersen fan Eelke Meinerts (Estrikken I en III; útjefte Chr. Stapelkamp). {==69==} {>>pagina-aanduiding<<} VI. De Wassenbergh-skoalle 1. De tiid Tsjin de ein fan de 18de ieu kwynt de Republyk wei en sakket hja yninoar, formôgele as hja is troch ynwindich forfal en partijstriid. Der wurdt folle praet oer folksrjochten, gelikensheit, demokraty, mar de ôfstân tusken de klassen en stannen en tusken yntellekt en folk wurdt der yn de praktyk grif net lytser op. De striid foar sosiale rjochtfeardigens, foar de rjochten fan de minske en de boarger, wurdt hyltyd mear in saek fan polityk. By dat allegearre steane it forstân, de rede en de forljochting yn heech oansjen. De Fryske dûmny Balthasar Bekker hat mei syn ‘Betooverde Wereld’ (1691) bisocht de spoeken to forjeijen en Voltaire mei syn Frânske maten hawwe it deïsme der hjir al aerdich ynbrocht. Johannes Stinstra, de menniste learaer fan Harns - deselde dy't yn syn Hollânske oersetting fan in Ingelske roman fan Richardson Fryske sizwizen brûkt hat - mei dan fanwegen it regear om syn sociniaenske ketterij út syn amt sletten wurde, dy ketterij forslacht likegoed har tûzenen en tsientûzenen. Hwat sille wy langer ek mei al dy dogma's, seit de forljochte minske fan de 18de ieu, dy't earst de forsoening fan Iepenbiering en Rede neistribbet en dan de earste mar oan de kant set; hawwe alle godstsjinsten net ‘hwat’ fan de ‘wiere natuerreligy’? Dizze wrâld is net sa min, der is alle reden foar optimisme, hwant yn elk minske sit ommers in kearn fan de deugd en is er dan yn wêzen ek net goed? Mar dat goede moat him fansels ûntjaen kinne, it moat oankweke wurde; de opfieding hat in hege taek. Yn 1784 wurdt, fral út mennist formidden wei, it Nut fan 't Algemien stifte, nei 1800 komme de ûnderwiiswetten en dan ek bigjint de wurksumheit fan forneamde Fryske skoalopsjenners lyk as Nieuwold en Visser. Troch it witten sil it lok formeardere wurde, dat kin net misse. Yn politike forieningen (folkssociëteiten) en lêsselskippen moatte it folk de nije idealen bybrocht wurde. De filantropy kriget in hege taek, de sterke krêft fan de frijmitslers sil forgoed oer de ierde gear en sjoch, wy hawwe de himel suver al nei ús tahelle. Alle goede dingen bisteane ek nou wer yn trijen: moralisme, patriottisme en fordraechsumens; God, deugd en ûnstjerlikens; gjin wûnders, tradysje of iepenbiering, mar natuerwetten, persoanlike frijheit en rede. De Frânske Revolúsje reaget gâns oan 'e kant en ropt gâns yn 't libben. Yn it lêst fan de 18de ieu is der al in dúdlike réaksje op de oer- {==70==} {>>pagina-aanduiding<<} hearsking fan it nochteren forstân to fornimmen; ienfâld, natuer, mystyk, koartwei: it gefoel, komme wer yn eare. De filosoof Frâns Hemsterhuis, fan Grinzer-Frysk komôf, docht dêr net in bytsje oan ta. Der is wer plak foar sentimentaliteit en sels foar mankelikens en pessimisme - dizze ierdske ieu is tagelyk de ieu fan de hypochondry -, de godstsjinst is ek net mear ta weismiten keard. Under de twang fan de Napoleontyske tiranny giet it tinken fan it folk hyltyd mear de kant út fan de rjochtfeardiging fan it eigen selsbistean. De romantyk docht har swide en heimige yntocht; der komt wer leafde foar it fiere, greate (germaenske of klassike) forline, yn it bûtenlân wurdt it âlde folksliet wakker sammele en de taelkunde wrakselet har njonkenlytsen hwat út de Latynske boeijens los. Fryslân leit ek nou net isolearre bûten de tiid. De Frjentsjerter Akadeemje is yn it neigean, de reboelje fan 1787 is in foarteken, yn 1795 wurde de frijheitsbeammen oprjochte en yn Ljouwert de grêven fan de Oranje-Nassau's skeind. De striid om de nije grounwet en de nije steats-ynrjochting bigjint en Fryske federalisten lyk as Vitringa en Van Beyma moatte it forlieze; de lju fan de sintralisaesje út Hollân en Utert krije har sin. Der rôlje lykwols gjin hollen en fan it ‘oarloch oan de paleizen en frede oan de hutten’ komt ek suver neat tolânne. It giet fan de revolúsje yn 1795 oant de restauraesje yn 1813 yn Hollân en Fryslân allegearre like rêstich en boargerlik en evenredich; de minsken pronkje mei har kristlike en maetskiplike deugden of jowe har del ûnder de sosiale ellinde; dêr't hja har uterje, bart dat sedich, braef, húslik en tofreden. Fryslân docht gjin forwar as nei 1813 de sintralisaesje foltôge wurdt. Greatens, hertstocht, fûle striid, hja lykje hjir útstoarn. En dochs is der yn dit tiidrek hwat geande. Der wurdt yn de jierren om 1800 hinne hwat fan Fryske geast wekker, fral ûnder it yntellekt mar dochs ek ûnder it folk. 2. Everwinus Wassenbergh De Lekkumer dûmny'ssoan Everwinus Wassenbergh (1742-1826), letter mei gâns oerdriuwing wol ‘it Orakel fan Lekkum’ neamd, sil de man wêze yn hwa't dy wikseling fan de tiid tige dúdlik útkomt. Hy studearret yn Frjentsjer en Leijen, wurdt yn 1767 al heechlearaer yn Dimter en komt yn 1771 as sadanich yn Frjentsjer werom. Dêr bliuwt er oant syn dea; hy jowt les yn de âlde talen en makket tige opgong: mear as in heale ieu oanien is er yn it lytse Fryske formidden in man fan oansjen. Hy is gelearde en stiet dus oan de iene kant fan de kleau, {==71==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Prof. EVERWINUS WASSENBERGH==} {>>afbeelding<<} {==72==} {>>pagina-aanduiding<<} dy't de renaissance tusken de gelearden en de ûngelearden slein hat; hy kin op 'e tiid ek wol folksman wêze: de Fryske rimen, dy't er fral yn syn jonge jierren skreau - almeast gelegenheitsfersen, ûndertekene mei ‘Evert Abrams’ - binne dêr it biwiis foar. Wassenbergh is op en út in bern fan syn tiid, mar troch syn greate ynfloed op de studearjende jongerein rikt er dêr dochs oerhinne. Sa hat er troch syn grounlizzend wurk en waerme leafde in skoalle fan learlingen foarme, dy't op it gebiet fan Fryske taelstúdzje en skiednis gâns út 'e wei set hat. De earetitel ‘opbouwer fen uwz âde taele’, dy't Rinse Posthumus him jowt, is grif fortsjinne. Hoewol er sels klassikus is, doar Wassenbergh it oan - sûnder moed gyng it doe net - en nim de heitelânske tael ek yn stúdzje. De romantyske streaming wint it yn him winlik al fan in foech trije ieuwen renaissance-kultuer, dy't hjir de romaenske ynfloeden sa djip biwoartelje litten hie en dêrmei de oarsaek wie fan de greate ôfstân tusken tael- en folksbisef. Hwat net bitsjut, dat hy fuort it goede stânpunt al fynt. It leit yn 'e reden, dat er sels jit yn alderlei misbigryp stykjen bliuwt; syn ûnderskieding Hollânsk - Frysk en tael - dialekt liket ús nou fortiisd en ûnwittenskiplik, mar koe dat oars? Hy wie gjin Jacob Grimm en ek gjin Joast Halbertsma, en de Fryske stúdzje bliuwt by einbislút leafhawwerij, al komt er fûl tsjin folle foaroardiel op: ‘Het Fries is en blijft eene levendige en, wat meer is, eene rijke Taal’, dat hâldt er tsjin elkenien út. Yn 1774 skriuwt er al oer Fryske nammen en in skoft letter bigjint er mei syn kolleezjes oer Gysbert Japiks, dêr't er yn 1793 ek in Latynske forhânling oer jowt. De Boalserter dichter wurdt slim heech wurdearre; hy ‘wier't dij ijn dijn griene jierren, Dij hijmelswiet to prieuwen die: In nuw, besnijd meij griese hierren, Giet hij bij dij fier boppe oare' ljie’, dichtet er sels jit yn 1823. Nammers, ‘onze Friesche Puikdichter’ hied er yn 1806 al sa'n skoandere fear yn 'e broek stutsen: ‘Deze uitmuntende man was in de daad, een der grootste Dichters, welke de Menschelijke Natuur immer voortbracht’. Oerdreaun fansels, sa'n oardiel, mar tige bigryplik foar hwa't bitinkt, dat it pielen mei it ‘boerefrysk’ Wassenbergh doe jit op it forlies fan syn wittenskiplik prestige to stean komme koe. Yn in tiid, dat it Frânsk by de hiele Nederlânske hegerein folslein foar master opsloech, waerd it net de muoite wurdich achte nei in forgetten folkstael om to sjen, as dy net yn steat wie ‘om de verhevenste gedachten in welklinkende maat voor te stellen’. En hwa oars as Gysbert Japiks soe dat foar it Frysk biwize? Yn 1802-'06 - in jiermannich nei 't Fryslân it lêste bytsje eigen selsstannigens forlern hie en foar in skoft sels syn namme kwyt rekke - komme dan de twa dielen ‘Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval’ fan Wassenbergh út. Der wurdt hiel hwat yn losmakke en {==73==} {>>pagina-aanduiding<<} oansnijd: de earste fundaminten fan it Frysk Wurdboek wurde lein (Idioticon Frisicum), de dialektstúdzje komt oan 'e oarder (Molkwar), boustoffen foar de earste Gysbert-biografy wurde sammele en der is, as ynlieding op in folsleine útjefte, in forklearjend bisprek fan Gysbert Japiks syn ‘Nysgierige Jolle in Haitse-yem’. De Fries komt sadwaende njonken Homerus en Virgilius to stean, in earherstel fan bilang; ien fan Wassenbergh syn learlingen hat him dêr yn in Latynsk carmen ek op treflike wize foar huldige, (‘mei ûnder Jou hoede in sa greate sjonger (G.J.) wis wêze fan syn rom, ûnder Jou hoede in al weistjerrende tael fan har eare’). Op himsels is dit twadielich wurk swak en ûnfoldwaende, mar yn breder forbân is it in skoandere ynset. En ek in ûnthjit, dat net by in ûnthjit bleaun is; Wassenbergh hat op syn âlde dei wier net stil-sitten. Mei elkenien suver, dy't foar de dingen fan Fryslân fielde, wiksele er brieven; in stik as ‘Waatze Gribberts Brulloft’ jowt er yn 1820 jitris mei oantekeningen (mar om de ynhâld anonym) út, en op it Boalserter Gysbert Japiks-feest fan 1823 - wol ‘de parade fan de Wassenbergh-skoalle’ neamd - draecht er mei fjûr in huldefers foar. De oprjochting fan in Frysk Genoatskip, dêr't er yn 1790 al op oanstien hie, bilibbet er net mear, mar hy hat dochs it ljocht oan de kimen sjoen. Yn syn stjerjier wiene der al forskate, dy't neffens syn winsk ‘wanneer ik dit niet meer kan doen, ons vereeuwd Friesch bewerken, opluisteren en beschermen zullen’. Wassenbergh: mear wittenskipsminske as Frysk skriuwer, grif, mar sûnder him soe de Fryske skriftekennisse fan de 19de ieu har gâns biswierliker ûntjown hawwe. 3. De Wassenbergh-skoalle It sit yn de loft, fuort al by it bigjin fan de 19de ieu, dy opkommende niget oan it Frysk-eigene. De forspeine tael rekket hwat mear yn oansjen. Der is sels sokssahwat as in moade oan it ûntstean by party fan de hegerein en it yntellekt: in ôfkear fan de klassisistyske skimen, in sykjen by it eigen forline. Net om hwat foar Fryslân fan de takomst to freegjen, of om de plichten foar it hjoed nei foaren to bringen, wurdt der mei it Frysk pield: dêr hawwe de hearen jit gjin euvelmoed yn. It yn de tiid fan Napoleontyske oerhearsking wekkerwurdende nasionale fielen liket harren mear in privileezje foar de útforkarden, of, op syn romantysk, in weidreamen yn de drokke rige bylden út forfleine ieuwen, of, mear wittenskiplik, de driuw ta ûndersiik fan eigen oarsprong, - {==74==} {>>pagina-aanduiding<<} mar oer de skerpste fragen fan it Fryske folksbistean giet dit stribjen samar hinne. Foar de Fryske wittenskip hawwe hja sûnder mis wol hwat dien, de ‘Wassenberghers’, yn in literatuerskiednis mei men harren ek net oerslaen, mar in Helmers of Bilderdijk siet der net tusken: it profetyske elemint ûntbriek harren. Hja litte har fan Gysbert Japiks biynfloedzje, hâlde oprjocht fan him, nimme syn stavering oer en helje út syn wurk, hwat har tiid it bêst fortarre kin, mar fierders hâlde hja har apart fan de mannen út it folk, dy't ek graech ris ‘in boersk stikje’ skriuwe meije (Sjoerd Simons Ypma, Jan Simons Hager, e.o.). De rige learlingen, freonen en meiwurkers fan prof. Wassenbergh is great. Yn Amsterdam hâldt prof. Rinse Koopmans, in Grouster en de lettere learaer fan Joast Halbertsma, yn 1801 al in redefiering oer Gysbert Japiks dy't yndruk makket. Albert ten Broecke Hoekstra, letter professor yn Leuven, is yn 1813 al fan doel in nije G. J.-útjefte to jaen, mar dat rint mis. Dan spant Ecco Epkema, ien fan de bêste learlingen, him der foar; yn 1821 bringt dy de tredde útjefte fan de ‘Friesche Rymlerije’ en yn 1824 komt der in fiks wurdboek by; in dreech stik wurk foar dy tiid, al hat Epkema de dichter wol hwat slim skoalmastereftich ûnderhannen nommen. Dy útjefte is de bikroaning fan in jierrenlange en tawijde stúdzje en tagelyk in ôfsluting, sa't de Gysbert Japiks-hulde fan 1823 yn Boalsert by de oprjochting fan it boarstbyld yn de tsjerke dat winliken ek wie. Dan nimt in oar, likegoed skriuwer as wittenskipsman, Joast Halbertsma, it wurk fan Wassenbergh en Epkema lykwols oer en set it fuortdaliks yn jit breder forbân; dy syn beide dielen ‘Hulde aan Gysbert Japiks’ (1824-'27) binne dêr it biwiis en it forslach fan. Inkelde nammen, dy't ek wol mei inkelde tsientallen oaren oanfolle wurde koene: minsken dy't gjin Fryske bodders, striders of skriuwers binne, mar dy't yn har eachweid Fryslân net oerslane. Sels ien as Salverda, dy't yn 1798 yn Frjentsjer ta skoalmaster leart, sil ûnder ynfloed fan Wassenbergh west hawwe, ek al wie er as minske en as dichter ien fan in oare klasse. It Boalserter feest fan 1823, gearkomste fan de yntellektuele hegerein en folksfeest tagelyk, is sawol ein as bigjin. It hat yn syn deftich offisialisme foar ús hwat fan in skynfortoaning, mar meiiens is it ek de foarsichtige ynset fan de Fryske biweging. In klear doel of program foar dy biweging wurdt der daliks net oanjown, der is allinne mar in rjochting: net tobek dizkear, mar foarút. It wurk fan elk op himsels hellet net it measte út, mar meielkoar is it grif foarmeanen en paedsljochtsjen foar letter. Yn deselde jierren dat ien fan de Wassenberghers, ds. H.W.C.A. Visser, mei de stúdzje fan en de publikaesjes oer de Fryske skiednis {==75==} {>>pagina-aanduiding<<} bigjint, komt der ûnder it folk ek mear fraech nei en oanbod fan ienfâldige lektuer. Tusken 1820-'30 wurde forskate 18de ieuske stikken werprinte en komme der frijhwat bilangrike skriuwers nei foaren. Dat hat prof. Wassenbergh fansels net allegearre toweibrocht; de tiid wie der ryp foar en doe knoppen de deade twigen ynienen hwer't men it net forwachtsje soe. Mar as ien fan de earsten en warbersten hat syn bitsjutting hwat boppe-persoanliks krigen; syn ‘skoalle’ hat in bazúnstjit oer it sliepende Fryslân hearre litten, al wie dy net lûd genôch en faeks ek noch tsjin de bidoeling. 4. It Frysk Genoatskip Yn 1820 wurdt yn de greate tsjerke yn Ljouwert in monumint ûntbleate ta oantins fan de skoalfornijer J.H. Nieuwold, de Wergeaster dûmny. Neidetiid sitte in twahûndert minsken oan by in diner en it eareplak is foar de Gouverneur fan Fryslân, Idsert Aebinga van Humalda, ien fan de earste learlingen fan prof. Wassenbergh yn Frjentsjer. Dy kriget ek it wurd; hjir mei folgje hwat B.L. van Albada, dy't der by wie, der yn syn tinkskriften oer meidielt: ‘Z.Exc. de Gouverneur, een hartstochtelijk voorstander van de landstaal der Friezen, wist op eigenaardige wijze den beoefenaars daarvan optewekken, wat inzonderheid Dr. J. Halbertsma zich aantrok, die met zijne gewone boert en naïviteit smakelijke piquante saus aan den maaltijd ten beste gaf. Nevens dezen verraste de Onderwijzer Salverda van Wons de aanzittenden met diens doorwrochte bekendheid met die taal, en wel in schoonklinkende coupletten, die in 't bijzonder door Z.Exc. den Gouverneur werden toegejuicht.’ 1) Der is hwat geande; soks hie in heale ieu earder net kinnen. Itselde kin fan it Boalserter feest yn 1823 sein wurde, mar ek fan hwat der yn 1827 bard is. In great diel fan it stribjen fan de Wassenberghers kriget dan syn organisearre foarm yn de oprjochting fan it ‘Provinciaal Friesch Genootschap, ter beoefening der Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde’. Tsjin de biswieren fan in inkelden-ien (mr. P.C.J.A. Boeles) yn, is dúdlik oantoand, dat stifting en wurk fan dit Genoatskip net losmakke wurde kinne fan Wassenbergh en syn stúdzje fan de {==76==} {>>pagina-aanduiding<<} Fryske tael en skriftekennisse. Fansels fortsjintwurdiget it Genoatskip de yntellektuele streaming yn de Frysk-nasionale oplibbing; it is in deftich formidden fan de bistudearre hegerein. Ien fan de earste programpunten is it ûndersykjen, bioefenjen en bifoarderjen fan it Frysk. In goed bigjin wurdt fuort al makke mei de útjefte fan in Frysk Jierboekje, dat spitigernôch mar seis kear forskynd is (1829-'31, 1833-'35). It wie wer in learling fan Wassenbergh, de klassikus J.D. Ankringa, dy't it inisiatyf naem ta dizze útjefte dy't ornearre wie foar de biskaefde stân en binammen foar de stedlju, om dy-en ‘smaak voor hunne veel vergetene moedertaal in te boezemen.’ Der sit in soune, frisse geast yn dit jierboekje; de ynfloed fan de Dútske romantyk is der skoan yn to fornimmen. Fryske skiednis, systematysk forteld en yn it Frysk biskreaun, hwa hie dêr ea fan heard? Dat it troch ûnfoldwaende meiwurking ophâlde moast to forskinen, wie in griis; de dea fan mr. Jacob Roorda, in fûl Frisiast, yn 1835, sil der ek net frjemd oan west hawwe; hy en Telting propagearren yn it earstoan tige it Frysk yn dit formidden, mar der skynde jit al hwat tsjinstân to sitten. As tiidwurkje waerd fan Genoatskipswegen sûnt 1839 ‘De Vrije Fries’ útjown, hast alhiel yn it Hollânsk. Letter, nei 1844, waerd de ôfdieling taelkunde mear en mear oan it doe oprjochte Selskip ta forsoarging oerlitten; wiene de hearen ek net in bytsje bliid, dat hja der sa mei skik en fatsoen ôfkamen en hâldden hja de distânsje ta it Frysk better yn acht, doe't de folksmannen har bigounen to oppenearjen? Nea wer hat it Genoatskip in libbene bydrage oan de taelbiweging levere, hwat it dochs yn de tritiger jierren mei it wiidweidich bisprek fan de staveringskwesje en it oanpriizjen fan Joast Halbertsma syn systeem wol dien hie. De to biwûnderjen ynspanning om hwat fan it stjerrende Fryslân foar it museum to biwarjen, ferge letter alle wurk en oandacht, en oan de moderne kwael, de skiedskriuwing dy't elk libben forbân mei har foarwerp forlern hat, ûntkaem it Genoatskip ek net. Hwat net bitsjut, dat de útjefte fan kroniken en oare histoarjeboarnen fan Fryslân net heech oanslein wurde moatte soe. Der wiene Genoatskipsleden dy't wol hwat oars woene. Ien as Jan Dirks Ankringa (1793-1860), dy't in stikmannich Fryske (û.o. godstsjinstige) fersen skreau en as Ljouwerter foar it Frysk pleite mei syn foarlêzing: ‘Geschiktheid der Friesche taal voor het verhevene’, mei inkelde oersettingen út it Gryksk fan Aeschylus derby, hat ek al earnstich warskôge foar it noedlike fan in to iensidich bioefene folks-skriuwerij foar it oansjen fan it Frysk by de hegerein. En Albertus Telting (1803-'63) hat yn syn jonge jierren ek aerdige Fryske stikken makke - in fers as ‘Rypster tsjerke’ kin njonken Staring syn wurk stean - en hat tige yn 't spier west foar de Fryske spraekleare en de {==77==} {>>pagina-aanduiding<<} Fryske skiednis, likegoed as foar it bihâld fan de Frjentsjerter hegeskoalle. Lettere skriuwers as Harmen Sytstra byg, moatte har ynfloed ek wol ûndergien hawwe. De Genoatskipsrounte hie gjin tokoart oan typyske fortsjintwurdigers. Dêr wie de Fryske ealman Montanus de Haan Hettema (1796-1873), gjin maklik man mar in hertstochtlik Frisiast. Hy hat seldsum folle wurk forsetten op it gebiet fan de âlde Fryske wetten, de Fryske skiednis, de East- en Noardfryske dialekten (Sealterlân byg. en Hilgolân), en is troch syn leafde foar de noardske talen en syn propagearjen fan de útkomsten fan de nijere germanistyske taelstúdzje fan mannen as Grimm en Rask, by al syn flaters foar Fryslân fan mear as gewoane bitsjutting wurden. In apart man wie ek Wopke Eekhoff (1809-'80), de Ljouwerter autodidakt, stiif, deftich en toar, mar ôfgryslik warber. Nije paden socht er net, wylde romantyk koe der by him ek net op troch (hoewol it bloed krûpt dêr't it net gean kin), mar foar de Fryske skiedskriuwing hat er tige folle dien. Yn him en oaren út dizze rounte (de juristen J. Dirks, J.v. Leeuwen, A. van Halmael jr., H. Baerdt van Sminia e.o., dr. J.G. Ottema, ds. A. Wassenbergh) wie de forbining fan de literator en de historikus, sa eigen foar dy tiden, dúdlik oanwêzich; by in inkelde, Van Halmael byg., waecht it earste elemint al it swierst. Hoe koe it ek oars yn dit formidden, dêr't skielk it Oera-Linda Bok as in swiere stien hommels yn delploffe sil! Sûnder de trochwurking fan de romantyk is it Frysk Genoatskip yn syn bigjinjierren net to tinken. Yn alle wittenskiplike bidoeling, sels yn de pielerij dy't bytiden ta provinsialisme ôfsakket, is klear to fornimmen it langstme nei it âlde, frije Fryslân. Yn de groun wurdt Fryslân wer as in selsstannichheit, it Fryske folk wer as in ienheit, in naesje skôge. Mar krekt omdat it greate, wisse doel hjir ûntbrekt, swevet de fantasij sa maklik wei yn de âlde dream. Neisjen: Yn it tydskrift ‘Fryslân’, jg. 1928-'32, hat J.J. Hornstra Gsn. forskate koarte stikjes, mei bibliografy, skreaun oer 19de ieuske Fryske skriuwers; oer A. Telting byg. jg. 1928, s. 33-35. Dr. G.A. Wumkes hat skreaun oer J. Roorda (Paden fen Fryslân, II, s. 21-31) en oer J.D. Ankringa (Paden fen Fryslân, IV, 474-483, 535-539). Oer de famylje fan E. Wassenbergh, sjoch It Beaken, IV, 1942, 134-137. Oer de Wassenbergh-skoalle: dr. G. Gosses yn De Weitsrop, 1935, s. 305-308; Sljucht en Rjucht, 1935, 421-424. In ryk en bitrouber oersjoch jowt H.T.J. Miedema yn It Beaken, XVIII, 1956, s. 119-132, (De Wassenberghers, Napoleon en it âldste Nijfrysk). Foar in algemiene skôging oer dit tiidrek, sjoch E.B. Folkertsma, Nei Trettjindehealjier, yn De Holder, I, s. 108, 139. {==78==} {>>pagina-aanduiding<<} VII. It folk oppenearret him 1. De 19de ieu (oant 1848) Fuort al by it bigjin fan de 19de ieu rekket it lêste bytsje fan Fryslâns steatkundige frijdom ek jit wei: nei 1801 falt de Fryske skiednis yn dit stik fan saken hyltyd mear mei de Nederlânske skiednis gear. Dat forfal hat de tsjinwar fan in inkeling, lyk as Daem Fockema mei syn striid foar federalistyske steatsynrjochting foar kening Willem I syn sintralisme oer, neat oan foroarje kinnen. Troch de wize fan opgeande forkiezingen hat it folk gjin sizzen oer it regear, mar is de aristokratyske ynfloed tige great; de Fryske Steaten wurde bihearske fan ridderskip en patrisiaet. De kening docht hwat er wol, de ministers binne net forantwurdlik, de amtners blaze út in heech gat. As Woarp van Peyma en syn freonen yn 1849 nei Amearika ta emigrearje, jowe hja rounút as reden op: ‘Ontevredenheid met den maatschappelijken toestand en uitzigt op meerder vrijheid en levensgenot elders.’ Der binne lytse groepen dy't diel hawwe oan de wolfeart, mar de boeren hearre dêr ornaris net by; de longsykte, de mûzepleach, de ierappelsykte hawwe slimme gefolgen. De kriich mei België dy't op ôfskieding útrint, forheget de steatsskuld; it bilestingstelsel sit mâl yninoar, dat de kommizen wurde as greate pleagers biskôge; de sosiale forhâldingen binne raer fortribele en de earmesteat leit op in minne namme. De earmoede ûnder it folk trunet de hegerein ta filantropy oan, mar dy kin de ellinde net keare, likemin as it forbettere ûnderwiis dat kin. Lytse bern en froulju arbeidzje op spinbanen, tichelwurken en panfabriken. De ierappelsykte yn 1845 is mei in oarsaek fan opstannige biwegingen ûnder it folk en dan ek bigjint de emigraesje nei Amearika (1845 : 6; 1846 : 63; 1847 : 376). Boere-arbeiders binammen fortsjinje in bytsje, meitsje lange wurkdagen en moatte iten en drinken djûr bitelje. It bertesifer leit heech, mar it stjertesifer is ek skriklik, fral ûnder de earmen. De drank is faek de iennige taflecht; de opkomst fan de organisearre drankbistriding falt yn de fjirtiger jierren en is fan party Fryske skriuwers tige stipe. Folkssykten (koarts, cholera) nimme frijhwat minsken jong wei. Al dizze tastannen bifoarderje it liberalisme yn tsjerke (Grinzer rjochting) en steat (Thorbecke); it modernisme yn de theology kriget nou syn greate kânsen. Dêrfoaroer oppenearje har streamingen lyk as réveil en ôfskieding; ek oan dy kant wurdt wol field foar in losmeitsjen {==79==} {>>pagina-aanduiding<<} fan de bân tusken tsjerke en steat. Rounom wurdt it steatsdoel slim rasionalisearre; it militarisme yn syn moderne foarm, ûnder Napoleon hjir ynfierd, kriget fêste foet oan de groun. It sintralisme skout yn 1843 de Frjentsjerter akadeemje (athenaeum) en yn 1848 by de grounwets-wiziging ek de grytmannen oan 'e kant. De Provinsjale Wet fan 1850 wol neat fan desintralisaesje, neat fan gewestlike autonomy of selsbistjûr witte. Fryslân lit dat alles oer him hinne gean en swijt, op in inkeld forsille lûd fan protest nei. De Frysksinnige rounten hingje almeast de liberale kant oer; de nije geast, opwekke fan de foarútgong fan wittenskip en technyk, jowt by harren ek de toan oan. Tagelyk libbet der in sterke histoaryske sin; yn de tiid, dat stinzen en stompe tuorren by seksjes ôfbrutsen wurde, bisiket mannich skriuwer yn Genoatskipsútjeften, folksalmanakken en krante-artikels it folk leafde foar it forline by to bringen. De Aufklärung, - aerdich typearre yn Rinse Posthumus syn wurden: ‘O hemelsche verlichting en beschaving! welke zoete vruchten teelt gij ten dienste van ons menschen!’ - jit lang net útstoarn, wurket op seldsume wize troch de romantyske ynfloeden hinne. Dy romantyk oppenearret har hjir navenant sterker en ek eigener as yn Hollân. Wylst it bûtenlân yn dizze tiid party skriuwers fan wrâld-bitsjutting oanwize kin - yn Ingelân is de rige hast net oer to sjen, mar ek Frankryk en Dútsklân hawwe in lange list skoandere nammen - fynt Bilderdijk by mar in bytsje lêzers wurdearring, slagget it Potgieter en syn maten net hwat libben en fjûr yn de Nederlânske literatuer to bringen, bisiket Beets in foarm fan Hollânske humor to finen en rikke histoaryske romans as fan Van Lennep, Bosboom-Toussaint en Conscience mar inkeld oer de goede midsmjitte; Tollens mei syn húslike poëzij kriget ek gâns mear byfal as Da Costa mei syn ekstatyske tsjûgenissen. Yn Fryslân sjogge wy swierder potinsje en - bigryplikerwize - swakker prestaesje. By ien as Salverda treffe wy gâns fan it sentimentéle, fan it mystyk godstsjinstige fielen, fan de yntuysje foar en tawijing oan it nasionale, fan de ivige ûnfoldienens, langst nei it heimige en bitsjoening fan it tragyske, eigenskippen allegearre dy't de romantyk nea net frjemd binne. Ek yn oare figueren út dit haedstik sil fuort opfalle, hwat dan wol as de iensumens en mankelikens fan de ‘Weltschmerz’ of ‘la douleur de l' existence’ of ‘le mal romantique’ bineamd wurdt. Yn de hiele taelbiweging sa't dy har stadichoan mar daliks op in breed plan ûntjowt, wurket de taelfilosofy fan de romantyske rjochting dúdlik troch; de folkstael moat, lyk as alle ‘skepping fan de folksgeast’, op 'en djipsten en dus ek mei it hert bistudearre wurde. De antithetyske hâlding fan byg. Joast Halbertsma foar safolle tiidsforskynsels en ek {==80==} {>>pagina-aanduiding<<} foar Hollân oer, is bûten dizze sfear min to bigripen; dat jildt ek foar it wurk fan Rinse Posthumus, dêr't forskate kanten oan sitte. 2. De Halbertsma's Yn it hartsje fan Fryslân, yn it iensume, min tagonklike, mids marren en sompen lizzende doarp Grou (Grouwergea) komme de bruorren Halbertsma towrâld. Yn de earste helte fan de 19de ieu wenje der sa'n oardeltûzen minsken, mar dy't it folk yn de wide omkriten opsykje wol, moat ‘huzarereizen’ meitsje. Forkearswegen to lân binne der hast net, dat it silen moat de Grouster bern wol yn't bloed sitte, dêr midden yn it wetterlân. Sûnt ieuwen is it folkslibben hjir himsels allyk bleaun: gelikensheit fan standen, tsjinnichheit yn uterlike fortoaning, âlde seden en brûkmen. Yn de jonge jierren fan dizze ‘treftige boikes’ rûze de stoarmen fan de tiid der lykwols ek oerhinne. It âldershûs, fan Eeltsje yn ‘'t neitinken fan bernefornoegen’ mei sa'n ynlike greatskens bisongen, is ‘'t echte Fryske hûs’, dat de bern hâldfêst op de libbenswei meijowt. Pake en heit wiene beide bakker; yn de âlders Hidde (1756-1809) en Rjurtk Tsjalling Binnerts (1767-1809) libbe de geast fan de frije middenstân fan goed komôf; it witten fan gjinien syn slaef to wêzen, bliuwt de bern har libben lang by. Hja binne neffens Joast ‘uit 't echte nest der vrijheid gekipt’; dit demokratyske menniste-laech laket om poeha, forstienne deftigens, bining oan uterlik fatsoen. Eeltsje neamt himsels ris in ‘raauwe en goore vries, die zich niet aan de bonton steurt’. Joast karakterisearret de bruorren ris as ‘rare snaken, potsenmakers die er niet veel om geven, singulier volk.’ Alle trije hawwe yn har aerd in koartswilige, anekdotyske, mar ek faken in krityske, spotske, sarkastyske ynslach; rûgens yn erotyske uteringen is har net frjemd en hja draeije der nea omhinne. It soms hwat botte omskot forberget folle weakens, mankelikens, ûnwennigens; de romantyske tiidgeast nimt yn dizze typyske Friezen bysûndere foarmen oan. Hja ûnderskatte harsels net, mar rinne ek net mei harsels to keap; it slagget harren gauris, har skerp-útsprutsen persoanlikheit yn it folksaerdige to objektivearjen. Har wurk komt spontaen en net mei de bidoeling ‘literatuer’ to jaen. De stoffe is ynfrysk fan ynhâld; neffens de foarm stiet it fansels wol tige ûnder de ynfloed fan de tiid. Der wurdt gjin kwea mei sein, as men dit wurk in fuortsetting en útwreiding fan de 18de ieuske folks-skriuwerij neamt. De tiidgenoaten wurdearren it as ‘echt, oorspronkelijk, natuurlijk, naïef, recht aangenaam en onderhoudend’ en hja sille {==81==} {>>pagina-aanduiding<<} dêrmei bidoeld hawwe, dat it sûnder kunstichheit, opgnisserij, geleard-heitsfortoan of falske tearen wie. Wiene de bruorren taelstriders? Né, likemin as hja yn de tsjerklike, politike of maetskiplike beage to hâlden wiene. De smoute, losse praetsjes fan de soasjeteit flije har better as de karbrieven fan in foriening. Organisatoarysk steane hja ek bûten de Fryske biweging, sa't dy yn 1844 út it sljochtwei folk en de middenstân nei foaren kaem; sûnder de greate ynfloed fan it wurk fan de Halbertsma's is dy biweging lykwols net to tinken. Profetyske lieders, foarbylden, foargongers en oproppers binne hja net; hja lekje mear as dat hja leauwe, hja wolle ek net graech de noed foar oaren op 'e siel hawwe. Hja libje mear yn it forline as foar de takomst; fangefolgen is har wurk foar ús gefoel gauris to provinsjalistysk, to smout en to smûk, al hat binammen Joast faken in djip en oarspronklik ynsjoch yn it Frysk folksbistean. By alle biswieren en tokoarten is it dochs dúdlik, dat de Halbertsma's in great part fan it 19de ieuske Fryslân op tige eigen wize yn har wurk foarm en stal jown hawwe. Dat wurk is biheind, en likegoed geografysk, sosiologysk en psychologysk biskaet as de ‘Camera Obscura’, mar lykswol bliuwe de ‘Rimen en Teltsjes’ mei fan it bêste fan de hiele Fryske folksskriuwerij en fortsjinnet dizze bûnte samling de bineaming ‘klassyk folksboek’ mei it folste rjocht. Neifolgers hawwe de Halbertsma's genôch krige, mar in ‘skoalle’ hawwe hja net foarme. Hja steane ek as broers, en likegoed as de oare figueren dy't yn dit haedstik bisprutsen wurde, allegearre op har sels en elk giet syn eigen paed. Hja hawwe gjin mienskiplik doel, of it moast wêze fan it Frysk omheech to bringen, mar dúdlik binne hja paed-sljochters. Hja brûke sels ek it Hollânsk wol ta utering fan har tinzen en yn de djipste groun twivelje hja, yn de greate tiidsforoaring dy't hja bilibje, oan it soune fuortbistean fan Fryslân, mar hwat hja har folk yn alle gefallen foar eagen hâlde wolle, dat binne de deugden fan it forline: trou, oprjochtens, ienfâld. En sa is har wurk bytiden in kleiliet en in oanklacht, in weromsjen en in dream, in forhearliking en in idealisearring; ek as hja de minsklike kwalen yn in karikatuer werjowe en dan spotsk bistride, sit der hwat fan toloarstelling yn. Fan in oprop ta de died, ta reformaesje, ta omkearing en fornijing, is mar in bytsje to fornimmen. En dochs, al stjerre dizze mannen yn selskeazen forien-suming, - mar grif as stânfriezen op har post, - hja hawwe de groun-dearring lein, de tael liniger en riker makke en it biwiis levere, dat der yn it folkseigene yn in sloppe tiid jit sterke krêften wenje kinne. In jongere generaesje, dy't nei 1840 nei foaren komt, sil dat allegearre graech oangripe en yn heech bitrouwen, yn wurd en wurk, de ienheit fan Fryske skriftekennisse en Fryske striid bitsjûgje. {==82==} {>>pagina-aanduiding<<} Joast (of Justus) Hiddes Halbertsma (23 okt. 1789-27 febr. 1869) bilibbet yn de Grouster skoalle hwat fan de âlderwetske ûnderwiis-praktyk, mar wurdt al gau Ljouwerter. Dêr rint er de Latynske skoalle ôf - fan rektor V. Slothouwer en it ûnderwiis op dat stedsgymnasium jowt er letter in kostlike biskriuwing - en giet yn 1807 nei Amsterdam, dêr't er seis jier lang oan it Menniste Seminary en de hegeskoalle studearret. It lêste grif mei op memme oanstean: hja wie tige godstsjinstich, hie in waerm hert, ek foar de menniste saek, en wie goed ûnderlein. It is in swiere slach foar al de bern, as de beide âlden yn itselde jier 1809 wei komme to reitsjen, 52 en 42 jier âld. Joast liket der wolris oer tocht to hawwen yn de natuerwittenskippen fierder to gean - dat lei doe al yn de geast fan de tiid - mar it draeit dochs op dûmny út. Hy kriget û.o. les fan de âld-Grouster prof. Rinse Koopmans, dy't him grif op Gysbert Japiks wiisd hawwe sil; de professor hat ek it ienenoar oan de Gysbert-stúdzje dien, in ûnderwerp dêr't de learling syn master gau de baes yn wurdt. It treft tige bysûnder, dat Joast yn 1814 as menniste foargonger nei Boalsert slagget, dêr't er alle kâns foar archyf-ûndersiik kriget. Yn 1821 nimt er in birop nei Dimter oan; de tige aparte taspraek dêr't er fan dat bislút rekkenskip yn jowt, is biwarre bleaun. Syn lang forbliuw yn de Iselstêd is fol fan wederwarichheden; hy kriget dêr yn 1856 syn emearitaet en dêr stjert er ek, nei't syn wiif - in dochter fan syn Warkumer kollega ds. Hoekema; hja brocht in pear pleatsen mei, û.o. Sathe Westerein - en ek twa greate soannen him al foargien wiene. In lang, warber en fruchtber libben, in titane-libben suver, is dêrmei ôfsletten; it hat him net de wurdearring, achting en amten brocht, dêr't er neffens talint en prestaesje dûbeld en dwers rjocht op hie: syn rjochtút, spotsk en faken stûf en batsk aerd stie dat grif tofolle yn 'e wei. Joast Halbertsma is earst taelkundige, of leaver taelkenner; twad Frysk skriuwer en opfieder; tred folkskundige - en dan ien mei in breed eachweid - en yn it lêste plak dûmny, theolooch. Oft er mear as fjirtich jier mei hert en siel dûmny west hat, mei yn 'e kiif stean: hy hat syn kollega's net om 'e nocht sa ûngenedich bihannele en biskreaun. Hy is tige fordraechsum, útsein fansels foar it kalvinisme oer; de orthodoksy mei er al likemin lije as it prysterbiwâld fan Rome, al geane de goede wurken him fier boppe de genede-leare; it docht jin gjin nij dat de gods-tsjinst by him samar ta morael forwurdt. Dochs stiet er ek wol sa frij fan syn tiid, dat er yn it forsmiten fan de boppe-natuerlike wûnders yn de bibel net meigean kin. Frij, op alle gebiet fan it libben frij, dat wol Joast Hiddes wêze; alle geniale aksinten yn syn komplisearre karakter wize op dy groun-eigenskip. Hy is heechhertich, greatsk, earsuchtich, selsbiwust, koppich {==83==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding DR. JOAST HIDDES HALBERTSMA==} {>>afbeelding<<} {==84==} {>>pagina-aanduiding<<} en fan in sterk úthâlden. Yn wêzen seldsum gefoelich - lyk as Eeltsje hâldt er tige fan bern -, kin er oan de bûtenkant kâld, wreed, noartlik en fûl-sarkastysk lykje. In oar sil er net altyd neffens rjocht wurdearje en dy syn wurk slacht er faken ek net iens acht, mar sels kin er min krityk forneare. Yn syn wittenskiplik oardieljen is er iensidich en lit er himsels gau to fier gean. Mar inkelde ûndersikers fine genede yn syn eagen, greate mannen as Bilderdijk en Jacob Grimm byg., mar dy har freonskip is er dan ek tige wiis mei. Oan alle étiquette en konvinsje hat er lak: syn houn stjûrt er yn Dimter mei de wite dûmny's-bef foar de strjitte op; hwat kin er yn dat prachtich foarwurd by syn Mattheusoersetting it Hollânsk fatsoen ek útgnyskje: ‘Deftigheid is de alverzoenende deugd, dikwerf de eenigste deugd in Holland’, seit er dêr. De wantastannen yn en tokoartkommingen fan syn eigen tiid giselt er fûl en feninich, satirikus as er fan hûs út is; it goede nimt er dêrom wol oan, mar dat sil er dan ek alhiel neffens persoanlike foarkar útsykje. Dy foarkar wikselt by sa'n temperamint wol gauris, hwant hy hat in brede bilangstelling, dêr't mar in bytsje systeem yn sit: ‘Hwat my oangiet, de holle stiet my fierstowyld om oan 'e ljidbân fan in oar to rinnen.’ Ofdoarmje, útwreidzje, oan syn ynfallen tajaen, snedige opmerkingen pleatse, dat mei er graech en dêrtroch wurdt syn wurk ek geastich en ûnderhâldend. Syn styl is masterlik: skerp, rjochtút, nea slop of lij, mei great forskaet fan toanfal en folsleine taelbihearsking, altiten tsjûgjend fan rike yntellektuele eigenskippen. ‘It geheim fan myn styl is: moed.’ Hat er de kar tusken in hwat ûnfoege sizwize dy't stiiffol libben sit en in mijen sintsje dat út ôfsliten wurden bistiet, dan nimt er grif de earste. ‘Zo'n spotboef’ wurdt er yn Hollân neamd, al binne dêr ek wol guods dy't syn greate bitsjutting sjogge. Mar dy barbaerske gelearde komt harren dan ek nea op de lije side oan; as er de forgetten Van Haren's byg. nei foaren hellet, moat de moadedichter Tollens it leksum oan-hearre. Syn wearze fan de Dútskers (dêr't er oars gâns fan leard hat) sil er nea net stil hâlde; de Ingelsken en Amearikanen dêrfoaroer mei er graech oer, dy stamme ommers mei fan de Friezen ôf! Fryslân leit him it alderheechst, it stiet altyd yn it sintrum fan syn gâns omfiemjende stúdzje. Syn neiste kunde neamt him ‘Frisiomaan’, yn syn taspraek út 1821 foar de Boalserter gemeente biropt hy him der op, ‘dat ik niemand in zucht voor Friesche taal en Oudheid wijke’. Hy skriuwt Frysk, om de tael to earjen en yn stân to hâlden. As de greate oarsaek fan de efterútgong fan it Frysk yn syn dagen sjocht er it feit, dat dy tael sa folslein oan har lot oerlitten wurdt; fan de sprektael moat in algemiene lês- en skriuwtael makke wurde, dan bliuwe de âlde wurden {==85==} {>>pagina-aanduiding<<} (archaïsmen) ek better biwarre. 1) It Frysk moat dus yn oansjen forhege wurde; it biwiis, dat it Frysk rounom ta brûkt wurde kin, kin jown wurde sadré der mar wer sokke skriuwers as Gysbert Japiks komme. Dêrnjonken is Joast ek de ‘preker’. Hy wol mei syn skriuwen de foaroardielen bistride en de seden forbetterje, fral troch de satire of it stikelskrift, dêr't it Frysk him sa goed ta lient, om sadwaende de minske syn wiere wezen sjen to litten. De lêzers moatte har ek yn har tael formeitsje kinne: ‘Wy wolle de minsken safolle wille dwaen as yn't weardshûs, en safolle leare as yn 'e tsjerke.’ En troch dit alles moat de Friezen har selsgefoel forsterke wurde, hwant ‘Friesland kon de toon aangeven en het loopt aan de leiband’, seit er flymskerp. Gauris treft jin yn sok sizzen de oerienkomst mei de Hollanner Potgieter, mar dr. Joast is minder boargerlik, ornaris wylder en fûlder, ek wol botter, mar net minder faek geastiger en mei mear oanstriid ta it geniale. Yn syn wurk preket Joast Halbertsma, dy't de dûmny's sa graech in opkiper forkeapje mei, suver oan ien tried wei; syn godstsjinstige tinkwrâld komt hast op elke side ta utering. Hy is oanhinger fan de natuerlike religy: ‘Al hwat edel, al hwat forheven is, sit yn de wylde natuer’, sa'n sintsje, en dêr it leauwe yn God, deugd en ûnstjerlikens by, en men hat in nijsgjirrich gearmjuksel fan romantyk en rationalisme. Oan de iene kant de tsjoenderij-teltsjes, de sémans-aventûren en de swier-romantyske forhalen lyk as ‘It Grouwe Pak’, oan de oare kant it oanrikkemedearjen yn typyske Nutspreekjes fan maetskiplike deugden lyk as goederjowskens, fordraechsumens, gemiensumens, earlikens en gastfrijens. Mar foàr alle romantyk en morael wurdt der earst dochs om de suverens fan de tael tocht; de krêft fan de styl, de rykdom fan it taeleigen, de glâns fan de folkshumor, dy trije moatte rom bod hawwe. Sa wurde sokke forhalen as Miswier, De twadde joun, It Grouwe Pak, It heksershol, ensfh., los en flot forteld, it rôllet der allegearre sa ienfâldich mar yn geve folkstael hinne, en de foarleafde foar histoaryske en anekdotyske bysûnderheden forheget de kleurigens fan it gehiel en soms ek de spanning safolle, dat dit wurk der wol tige ynfalle moàst. Party lêzers achtsje it in griis, dat dr. Joast bytiden to slim tajown hat oan syn sucht nei it rouwe en botte, al kinne hja dat as réaksje op safolle eptich en skynhillich fatsoen bigripe. Oaren kinne dit naturalisme wol wurdearje; der sit hwat fan de sounens en direktens fan Rabelais yn, sizze hja, en it is nea smoarch of fordoarn. Yn beide oardielen sit hwat {==86==} {>>pagina-aanduiding<<} wiers, mar dr. Joast hat him net altyd genôch mijd om it Frysk fan ûnrjochtfeardige forwiten fan bottens en lompens frijpleitsje to kinnen. Fan de neamde forhalen moatte wol ûnderskaet wurde de petearen lyk as ‘Doch dyn plicht en lit de lju rabje’ en ‘De lju fan de pomp’. De fortsjinste leit wer yn de maklike, libbene dialooch, dy't lykwols in inkelde kear to wiid útspoun wurdt, de erflike sûnde fan de romantyk en ien fan de weinige lekken en brekken fan dr. Joast syn skriuwerskunst. Yn de satiryske brieven oan en fan Eölus komt dat ek wol út, mar dêr mei it gjin kwea. It oare wurk fan dr. Joast yn de Rimen en Teltsjes bistiet út koarte stikjes en oantekeningen, byskriften by dr. Eeltsje syn fersen en in pear bernegebetsjes. Hy hat mar in lyts tal fersen skreaun, mar dêr binne tige bysûndere by: ‘De lêste Freon’ en ‘Jountiids Wémoed’ roppe yn har soberens en koartens in sterke stimming op; ‘Sibbel fan de Ryp’ is in pittich en geef rym, folksaerdich, foarnaem en Frysk fan wêzen. Bûten dizze bydragen hat Joast Halbertsma jit gâns útjown en faeks jit mear yn hânskrift neilitten. Op it stik fan de taelkunde wied er in paedwizer hwat de stavering, de fonetyk, de dialektstúdzje, de lexicografy oanbilanget; syn net ôfmakke wurdboek Lexicon Frisicum (A-Feer), dat yn 1876 forskynd is, hat de grounslach lein foar it Friesch Woordenboek fan W. Dykstra. Oan tekstforklearring hat er in soad dien; de biografy fan forskate Fryske skriuwers hat er op treflike wize gearstald en foar de Gysbert-stúdzje is syn fortsjinste tige great. De oersetting fan it Mattheus-evangeelje yn it Frysk út 1858 is, mei de taljochting dêrop, suver ta in taelmonumint wurden. It Easten Noard-Frysk foelen net bûten syn eachweid, syn folkskundige stúdzjes (byg. oer Hynljippen) wurdt jit altyd tige folle omtinken oan jown en mei syn samling âldheden hat er de stjit jown ta de oprjochting fan it Frysk Museum. En dan is hjir lang alles jit net neamd. Eeltsje Hiddes Halbertsma (8 okt. 1797-22 maert 1858) is yn syn jongesjierren net al to soun, giet fan 1810-'14 op it Ljouwerter gymnasium, wit earst net hwat er wurde sil, mar bigjint ein 1814 to Leijen syn stúdzje yn de medisinen. Hoewol wees, hat er it net earm; it learen giet him maklik ôf en bigjin 1818 giet er al nei Heidelberg om syn oplieding ôf to sluten. Heidelberg is dan in kearnpunt fan Dútske romantyk en jong liberalisme, in moai oarde dêr't de literatuer in wichtich plak ynnimt. Eeltsje bliuwt dêr in goed healjier, makket mei dûmny Joast in tocht troch it Súddútske berchlân en promo-vearret oktober 1818 to Leijen op in proefskrift oer it lichumsgewicht fan de minske. Dan festiget er him yn Poarmerein, kin dêr net aerdzje, {==87==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Dr. EELTSJE HIDDES HALBERTSMA==} {>>afbeelding<<} {==88==} {>>pagina-aanduiding<<} set him wer yn Grou nei wenjen en bliuwt dêr as plattelânsdokter hingjen, al hearde er neffens syn oplieding better yn de stêd thús. Yn 1823 trout er mei in Boalserter boargemastersdochter, mar dat wurdt gjin lokkich houlik; Baukje Fockens is swiersettich en sinnich en forstiet de losse, fleurige, weake en rûge dichter mar min. Sa njonkenlytsen kriget dr. Eeltsje in aerdige praktyk en gâns omgong mei it folk - hy mocht graech yn de herberge sitte en oan it soasjeteitslibben meidwaen - mar letter wurdt dat allegearre minder. Syn lêste libbensjierren binne tryst en tragysk: trije fan syn fjouwer bern stjerre foar him, hysels kin it nearne fine en siket forjit yn de drank, syn praktyk forrint en dêrom docht er dy mar oan syn soan oer. Dan reizget er by syn folk lâns, giet allinne nei Ljouwert to wenjen en komt in wykmannich foar syn dea yn Grou werom om dêr to stjerren. In libbensbyld fan de romantikus, dy't op ierde mar gjin fêst en bliuwend plak fine kin! In libbene forbylding, in waerme gefoelichheit, 1) in great poarsje bizigens dy't soms yn skerpe tûle mar faek yn mankelikens oerslacht, in tokoart oan selsbihearsking, in opstannich frijheitsfielen, twivel oangeande godstsjinstige fragen, forfeling en ûnwennigens, al dy eigenskippen binne likefolle kanten fan syn dichterlik wêzen. Mar al is Eeltsje it oarbyld fan de Fryske romantikus, de folksaerdige natuer- en leafdelyryk, de sjongsume lieten, de deads-fersen en histoarjesangen, it striidbere protest (Batthyany's dead, De Grytman), de âlde sechjes en teltsjes, it hie allegearre sá net ûntstean kinnen, as Eeltsje de doop fan de Dútske romantyk net ûndergien hie. Syn libben lang is er liberaler as syn broer Joast, dy't yn it politike gauris nei de goeije, âlde tiid tobeksjocht; altyd ek skriuwt er om to fortellen, syn fielen to uterjen, en net om to sedepreekjen. Taelsuverens koe him frijwol neat skele, mar krêftige en krûdige sizwizen wied er hjit op. As de stavering tige ienfâldich to lêzen wie, wie't him al lang goed. Koe er syn wurk neffens eigen bitinken troch inkelde grouwélige hollandismen oannimliker meitsje, dan die er dat grif: hy woe en soe folksdichter wêze. Dr. Joast, master yn de taelkundige en literaire krityk, moast it dan mar bislypje en bywurkje, hy koe der gjin drokte mei ha. As it wurk mar flot en sljocht wie, sûnder {==89==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Hânskrift fan Eeltsje Halbertsma; in brief oan syn broer Joast út it iere foarjier fan 1823, plakt yn de tredde printinge fan De Lapekoer (eks. Prov. Bibl. Ljouwert). It fers is, hwat foroare en mei in oar slot, printe as ‘Geale' sliepke’ yn de ‘Rimen en Teltsjes’. Op 'e oare side fan dit hânskrift stiet û.o. jitte: ‘Het kan zijn dat ik wat te mal met dit mijn kind ben, maar ik geloof, dat ik in dit stuk geen valsch vernuft aan den dag leg, eene zeldzame verschijning in de hedendaagsche poëtische waereld’.==} {>>afbeelding<<} {==90==} {>>pagina-aanduiding<<} heechdravends of geleardheitsfortoan, stie it him oan. Dat makket, dat binammen it greatere fersewurk op de hjoeddeiske lêzer gauris de yn-druk makket fan rymlerij to wêzen, mar hoefolle stikken fan mear forneamde dichters út oare lannen soene dan net ûnder itselde oardiel falle moatte? Dy't it kunstbigjinsel fan syn eigen tiid forabsolutearret, moat de skiednis fan de skriftekennisse dan mar as ien lange ôfstraffing biskôgje... Ynfloed op syn poëzij hat dr. Eeltsje grif ûndergien fan de Alleman-nyske folksdichter Johan Peter Hebel (1760-1826). De wizen roppe by Eeltsje faek de wurden op; mar selden jowt er hwat dat op in oer-setting liket, meast is it in folsleine forfrysking. Hoe âlder er wurdt, hoe mear it direkte yn it filosofyske oergiet, mar ornaris bliuwt de barm-hertichheit mei de minske de grountoan. Nea steane de bernefersen en widzesangen fier ôf fan de elegyske lieten, mei har ientoanige motyf fan wémoed, dead, grêf en tsjerkhôf. Ek as de skildering mei hwat fleur bigjint, forfalt hja gau yn mineur; in ein yn evangelyske romte as ‘It liet fan in earm man’ komt mar inkeld foar. De prozaïst Eeltsje Halbertsma is it foarbyld fan de humorist, dy't tagelyk ironikus, satirikus en komikus is (De Reis nei de Jichtmasters; De klúnskonk fan ús âld domeny; De Noarger Rún; De Treemter). De Jonkerboer is mear in ramtfortelling as in novelle; it forhael liket swak fan komposysje en hat hwat altofolle bywurk, mar it gehiel oertsjûget en nimt mei troch waerme sfeartekening en rike, faek earnstige en fredige ynhâld, as koe it om Krysttiid hinne allinne sá en net oars wêze. Oan wurdearring foar syn wurk hat it dr. Eeltsje by syn libben net ûntbrutsen. Tsjibbe Gearts rôp yn 1880 út, doe't er it oer Eeltsje syn ‘De winter fan 1624 yn it wetterlân’ hie: ‘O! kreft fen tael, o! diepte fen fieling. Unútslytber moat de namme wêze fen him, dy sa wier en treflik wist te skriuwen. Dat is rym boppe de wixeling der tiiden!’ In goed trêddelieu letter doarst in dryste jongerein dr. Eeltsje ‘komselden dichterlike bisieling’ ta to skriuwen. Beide oardielen binne oerdreaun en dr. D. Kalma hat him letter ek foarsichtiger útlitten. Dr. Eeltsje is yn syn fersen net allinne earlik, ienfâldich en sjongsum, mar grif ek tige dichterlik. Hy makket it himsels lykwols gau to maklik, de earste ym-puls moast it him dwaen. Omarbeidzjen hâldde er net fan en op de tael die er net folle flyt. Likemin as yn syn libben, hat Eeltsje Halbertsma yn syn wurk ta harmonij en forsoening komme kinnen. Njonken de fleurige, lichte toanen (Boalserter merke) is der al gau de mankelike, pessimistyske ynslach (Deagraverssankje, It Libbensein). Der is in tragyske twaspjalt: teare bernlikens en lugubere spotskens, blide of wylde boartlikens en sombere meditaesje, rouwens en sentimentélens wikselje elkoar ôf. It {==91==} {>>pagina-aanduiding<<} motto dat er fan Heine by De Jonkerboer pleatst hat (‘It libben is yn 'e groun sa needlottige earnstich, dat it sûnder dizze forbining fan it oergefoelige mei it komyske net út to hâlden wie’) seit genôch oangeande in swiersettich birêsten. Dêrom rint de grappige trant ek wolris yn in forkeard spoar, dêrom komt ek hyltyd it oantinken wer boppe oan it âldershûs, oan de berne- en feintetiid, doe't alles nommen waerd sa't it libben it joech. Fersen as It Marke, De Terp, It Puolke, Skink ris yn myn faem, Oan in berntsje yn de oare wrâld, Skipperssankje, Grouster weagen, kinne sûnder oerdriuwing suvere folkskunst neamd wurde: ienfâldige mar djipgeande utering fan in bilibjen, hwer't it lok fan de wémoed net yn to skieden is. Mar de Grouster dichter hie mear snaren op syn fioele: in fers as De Alde Friezen - it Frysk Folksliet is der út oernommen - biwiist, dat er it oplibjen fan de folksgeast mei blidens seach. Net allinne om syn folk in noflike pear ûren to bisoargjen, mar ek om de frijdomssin ûnder syn lânslju fuort to sterkjen, hat er skreaun. De kearside fan it frijheitsstribjen wie er lykwols net blyn foar (Minne Jorrits Reis nei it Kollumer Oproer). It docht gjin nij, dat dr. Eeltsje yn it lêst fan syn libben in bondeltsje oersettingen fan de bêste Platdútske rymkes fan de Dytmersker dichter Klaus Groth útjoech ûnder de namme De Quickborn: deselde weake stimming, sentimentélens en idyllyske idealisearring fan it folkslibben as safaek yn dr. Eeltsje' eigen fersen foarkomme, treffe wy hjir ek wer. Tsjalling Hiddes Halbertsma (22 jann. 1792-12 des. 1852) hat net ‘leard’; hy is bûterkeapman to Grou, makket as sadanich in keardel út en hannelet op Londen; as skriuwer is er net produktyf, mar nimt in eigen plak ûnder de bruorren yn. Syn wurk jowt er wol út ûnder de skûlnamme Master Jouke (byg. ‘Sets en Tzjerk yn Snitser merk’, de sang dy't syn talint fan útbyldzjen fan folkslibben en folksynstinkt ek masterlik typearret) of ûnder de letters T.T. (Tsjalling Tsysker). Troch oanliz en affearen koe er it bistean en de smaek fan it folk as ien en hy wist dat ek wer to jaen; syn wurk is geastich en pittich, yn folksaerdige trant, ek mei in satiryske ynslach. Folle is it net: in stikmannich almanakstikjes, forskate heilingen (kleurde berneprinten mei Fryske tekst, dêr't er ek in sâltkerltsje yn kwyt koe), Grouster weachbriefkes, it foarwurk fan de Skearwinkel fan Joutebaes, en ien of mear nûmers fan De Roeker. Dat wiene bledtsjes mei petearen oer allerhanne misstannen, - it bankerotslaen, it tarren op oarmans bûse, de ûnkunde yn de polityk, it stimrjocht, - in rige, dêr't ek M. de Haan Hettema en R. Posthumus oan meiwurke hawwe; doe't dy it Tsjalling net nei 't sin diene, is er mei de útjefte ophâlden. Dat lytse spul foel der oars tige yn {==92==} {>>pagina-aanduiding<<} lyk as ek it ‘Friesk Spjealdeboek. It libben in de Wiersizzery fen Maaike Jakkeles oon de Frieske fammen’ (1836). It is folkslektuer, skreaun fan in libbene geast dy't it Frysk út 'e pin koe; foar de taelbiweging hat it grif fortuten dien. As útjower fan Frysk wurk út it lêst fan de 18de ieu hat Tsjalling ek goed wurk dien. Untstean fan de Rimen en Teltsjes. Wintermoanne 1822 kaem der to Dimter in lyts boekje út, 36 bledsiden yn almanakformaet, yn 200 eksemplaren printe en net yn 'e hannel. It wie ‘De Lapekoer fen Gabe Skroar’ en der stiene gjin skriuwersnammen op. Joast Halbertsma hie it printsje litten om it oan famylje en freonen presint to jaen. Der stiet mar in bytsje yn: seis fersen (Boalserter merke, Widzezang, Jonker Pyt en Sibbel, Deagraverssankje, It famke, It libbensein) en ien proazastikje (Utfanhûs by de boer). It boekje foel der sa bêst yn dat it oerskreaun en opkocht waerd. Prof. E. Wassenbergh wie der tige bliid mei, foun rym en ûnrym echt en oarspronklik, mar neamde de stavering ‘erbarmelijk’. Gjin niget, dat yn 1829 ‘foar ien fan Gabes folk’ in twade printinge útkaem, nou yn 'e hannel en samar útforkocht. It boekje is nou al 237 siden great; Skipperssankje, It Marke, De reis nei de Jichtmasters, It Boalserter Nut, Miswier, Trije Gebetsjes, De Alde Friezen, en sa mear binne der bykommen en 't is al gâns in rychje wurden, dat ‘register fan alle lapen, mei de nammen fan de beide ljoue, dy se yn 'e koer foon hawwe’. Fan in tsiental lieten wurdt de muzyk tafoege. Eeltsje hie bang west dat Joast tofolle sarkastyske tajeften by de fersen dwaen en dus de golle, fleurige en sêfte Gabe it bearefel oanlûke soe, mar dat bitearde net sa min. En dan yn 1834 forskynt de tredde jefte, nou in foech 500 siden op greater formaet, dizkear hwat lang weibleaun om't Joast in wittenskiplik better forantwurde stavering ha woe. Dit boek, yn tolf jier tolfkear sa great wurden, is daliks al in folksboek, dat mannichien ta it Frysk bikeart. Rinse Posthumus erkent yn de beide broers syn masters en fan alle kanten wurdt der lof sprutsen (byg. fan W. Bilderdijk en M. Siegenbeek). Dizze Lapekoer is de ‘oerfoarm’ fan de Rimen en Teltsjes. It is in ‘frame-story’, in ramtforhael neffens romantyske wizânsje, dêr't Gabe de persoan yn is, dy't it ûnderlinge forbân tusken de stikken útmakket. In wize fan dwaen dy't hjir tige natuerlik en sûnder forsearring tapast is; it yn de opfolgjende printingen nij bykommen wurk foeget him fansels yn dit ramt, dat sadwaende soun fan opset en libben fan forskaet blykt to wêzen. Mannich ienfâldich lêzer koe yn dy dagen net oars bigripe, of Gabe hie yn wierheit bistien, fortelt Tsjibbe Gearts letter. {==93==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Titelpagina fan de earste printinge fan De Lapekoer.==} {>>afbeelding<<} {==94==} {>>pagina-aanduiding<<} En elk moat it tajaen: folkseigener, wierder, oarspronkliker, koe sa'n forbân net maklik útfoun wurde. Fan 1836-'58 forskine dan sa tydlingswei in stikmannich ôfsûnderlike wurkjes fan de beide bruorren Eeltsje en Joast. Yn 1836 byg. ‘De Noarger Rún oan Gabe Skroar’ - mei op it omslach in ironyske formoanning foar de ûnderwizers om de bern fral gjin Frysk to learen, - yn 1840 ‘Twigen út in âlde stamme’, yn 1854 ‘Leed en Wille’, yn 1858, nei dr. Eeltsje syn dea, ‘De Jonkerboer’. Dr. Joast bigjint tsjin de ein fan syn libben dat allegearre en mear to sammeljen, mar hy sjocht it klearkommen fan de Rimen en Teltsjes yn 1871 sels net mear. Nije printingen forskine yn 1881, 1887 (alhiel neffens dy fan '81), 1895, 1918 (ryk yllustrearre fan Ids Wiersma), 1944, wylst de sawnde printinge kommende-weis is. Alles hwat de trije bruorren skreaun hawwe is der net yn opnommen, mar lykwols is it in gehiel: in samling libbene dokuminten fan in forgiene ieu; in skilderij, ryk oan figueren en kleuren, dêr't men net gau op útsjoen rekket; in bûnt grienmank mei dúdlik patroan. Fryslân soe frijhwat earmer wurde, as it dit wurk gjin acht mear sloech. De ynfloed fan de Halbertsma's wie great. Neffens Tiede Dykstra soe it ‘Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse’ der licht net kommen wêze, as hja net skreaun hiene. Harmen Sytstra syn bigjinwurk is ynspirearre fan de Lapekoer. Hjerre G.v.d. Veen jowt heech op fan de ‘thîge bewitenskippe hear Dr. J.H. Halbertsma, en man, dy as wîsgear, aldheit-, skied-, tael- end minskekenner wol thîge by thîge en forljeacht bern der XIXe ieu neamd wirde mei’. Tsjibbe Gearts dichtet ta de neitins fan dr. Eeltsje: ‘Al waye nou de gêrsen oer dîn holle, Dîn greatme blieut for wis, ta 't lêste slachte, By Frîslâns bern în seinjende gedachte’. Fan de Lapekoer forskynde in Dútske oersetting fan K.J. Clement (1846), in Hollânsken-ien fan J.J.A. Gouverneur (1860); de lêste fortaelde ek de ‘Twigen út in âlde stamme’. Earefersen, earestiennen, bitinkingsartikels, redefieringen, boeken, folle-net-genôch, binne oan de bruorren Halbertsma wijd; de greatste eare dy't harren biwiisd wurde kin, is lykwols jit altyd: harren neifolgje yn trou oan en leafde foar Fryslân. 3. Rinse Posthumus Rinse Posthumus (30 okt. 1790-28 sept. 1859) is in Ternaerder boeresoan fan goed komôf; sels wurdt er gjin boer, sa't it doel wie, hwant de boeken hawwe him al jong yn 'e macht. Earst sil er ta dokter leare, mar it wurdt dûmny; yn 1813 slagget er as helppreker nei Waek- {==95==} {>>pagina-aanduiding<<} sens en Brantgum en in pear jier letter wurdt er dêr ek biroppen. Hy bliuwt dêr oan syn dea ta en al dy jierren kriget er ek net ien inkeld birop earne oars hinne. Hy en syn foargonger bitsjinje mei har beiden de gemeente langer as in ieu. Yn syn feintejierren is er gauris hwat oerspand fan geast; dan hawwe de swiersettigens, de trystige ûngeduerigens en it wrâldwé him foargoed to pakken, faeks ek troch to stûf studearjen. Letter wurdt er blider en fleuriger; hy trout yn 1816, kriget trije dochters en wit yn in lokkich houlikslibben stadichoan syn oergefoeligens hwat to bihearskjen. De inkelde freonen dy't er hat, fral Joast Halbertsma en de lânboukundige Woarp van Peyma, in sweager fan him, is er tige genegen, mar fierder is er hwat iensum en it selskip fan kollega's sil er net it earst sykje. Dochs is er wol folksman, al is it dan ek út de studearkeamer wei; hy hat in tige meilydsum aerd en kin gjin ûnrjocht forneare. 1) De maetskiplike sitewaesje en ûntjowing geane him tige nei oan; syn libben lang sjocht er tige heech by de boerestân op en achtet er dy de piid fan it folk to wêzen. Al jowt er soms de yndruk fan in roppende yn de woastyn, hy wol fan gjinien ôfhingje en bûgje foar de útlanner sil syn lêste wêze. Lyk as dr. Joast Halbertsma achtet er de frijdom, as it spesifyk-Fryske, op alle gebiet it heechste bigjinsel; dêrnjonken earet er de tigens, de ienfâld, de wearze fan alle deftige en lege foarmetsjinst. Oertsjûge liberael as er is, sjocht er it libbensdoel yn reine godsforearing, suvere minskeleafde en iepene, ûndogmatyske hâlding. Hy is warber en hat greate plannen: praktysk wurkje foar it greatste lok fan it heechste tal minsken, is syn ynlikst bigearen. De romte fan ûntjaen, oars as yn syn skriuwen, kriget er lykwols net; hy bliuwt de hwat frjemde man, de theologyske en politike ketter op de iensume terp. Foar de rounten dêr't it Frysk Genoatskip út ûntstien is, hat er syn krityk en soms syn ôfwizing; de Ljouwerter frisiasten binammen binne him fiersto Hollânsk. Fangefolgen lûkt er him, fral letter, hyltyd mear yn 'e stúdzje werom en is er lokkich mei syn leafde foar en toarst nei wittenskip. (Ut in brief fan ein 1854 oan dr. Joast: ‘Ik libje ir nou meer stil hinne: heer in sjoch, wat ir sa al for nijs bart, as dat heren in sjean fortjiennet, in tink der dan minen oer’). Lyk as Joast Halbertsma studearret er mear yn de germaenske (fral noardske), as yn de klassike talen; de ynfloed fan de {==96==} {>>pagina-aanduiding<<} romantyske taelskoalle giet him ek net foarby. Hy hat in bêste bibleteek en bliuwt tige op de hichte mei de hiele kultuer fan syn tiid. As de swalkjende Ingelske keapman-politikus-literator John Bowring him yn 1828 opsiket, - syn forbliuw yn en birjocht oer Fryslân hat in bulte heibel oproppen, - is dy tige binijd yn sa'n doarpke sa'n Shakespeare-kenner en Frysk skriuwer to finen. Posthumus hat wurk yn great forskaet jown. As dichter kaem er yn 1824 mei syn ‘Prieuwcke fen Friesche Rymmelerije’ foar it ljocht, in moai boek fan fier oer de hûndert siden. Lyk as safolle lju fan de Wassenbergh-skoalle, lyk as Salverda en Windsma ek, is er troch it lêzen fan Gysbert Japiks oan it Frysk skriuwen rekke, dat dy syn ynfloed is yn tael en stavering skoan to fornimmen. Njonken in stikmannich loffersen steane der godstsjinstige sangen yn, (dêr't ‘Gods greatme ijn it greate in ijn it lijtze’ wol it bêste fan is), en in seistal ‘rijmmen uwt Friezlânz Schijdnis’, dêr't er mei tankberens en fol fjûr Fryske helten lyk as Edo Jongema, Gemma fan Burmania, Duco Martena, Greate Pier e.o. yn bisjongt. It is allegearre almeast droech, stiif en dreech wurk, dat mear út oprjocht wollen as út dichterlike bisieling berne is, mar dochs is it fan great bilang troch opset, ûnderwerpen en sfear. Yn in twad bondeltsje, nou mei gâns ûnrym der by, ‘In Jouwerkoerke fol Frysk Griemank’ (1836, yn 1846 jitris útjown) bisiket er it mear de kant fan de folksskriuwerij út, mar it bliuwt allegearre fiersto yntellektueel. ‘Hoe'n bytsje sang en melodij yn in rymstik, hwerfan de fersbou it foardragen of it lêzen biswierlik makket’, oardielet Tsjibbe Gearts. It is ek op-en-út tendins-wurk, lyk as safolle Fryske skriften út de 19de ieu; hy wol der de sin foar rjocht, wet, oarder en folksdeugd as de iennichste goede grounslaggen fan de boargerlike frijdom mei forsterkje. Ek it wurk út syn lêste jierren (farwolsang foar Woarp van Peyma by dy syn emigraesje nei Amearika; leedsang op de dead fan Eeltsje Halbertsma) lit gjin oare kanten sjen: it is earnstich, weardich soms, mar faken ek bitocht en rhetoarysk. ‘Hy liket op de man dy't komposysjes meitsje woe, mar dy't it muzikael gehoar ûntbriek’ (Tsjibbe Gearts). Posthumus' oersettingen fortsjinje ek net alderearst om har literaire wearde ús wurdearjend omtinken; de lekken en brekken fan it oarspronklike wurk hingje ek dizze fortalingen oan. De sin wurdt sa goed mooglik werjown, mar de foarm is faek ûnhandich, de tael knoffelich en dêrtroch giet der tofolle fan it origineel forlern. En dochs... Yn in tiid dat der yn Nederlân in binaud bytsje oandacht foar Shakespeare bistiet en mannich pielder dit geny wol biskoalmasterje doar, set Posthumus earst de ‘Keapman fan Venetie’ en de ‘Julius Caesar’ oer (1829), letter it blijspul ‘As jimme it lije meije’ (1842) en brokstikken út ‘Hamlet’ en ‘Hindrik VIII’, wylst de oersetting fan ‘De Stoarm’ net fierder as it {==97==} {>>pagina-aanduiding<<} hânskrift kommen is; Tiede R. Dykstra hat foar de útjefte fan it lêste stik krewearre, mar der kamen gjin genôch yntekeners. It ‘boerefrysk’ komt mei dit wurk fuort op it heechste plan to stean en hat sels in foarsprong by forskate oare talen. Net om de ûnfolsleine risseltaten, mar om it moedich ûndernimmen, breed ynsjoch en dreech úthâlden is dizze Shakespeare-oersetting fan de greatste bitsjutting. En Posthumus lit it hjir ek net by bliuwe; fan de bêste skriuwers út eigen en earder tiid set er lytsere of greatere stikken yn it Frysk oer, (‘Moarnen Joonsankje fen ien boer’, nei Matth. Claudius; fan Lessing, Lafontaine, Pope, Lamartine, Goldsmith, Herder, ensfh.; fan Pascal de ‘Pensées’ yn it Hollânsk). Hy wol syn folk blykber de greatste foarbylden foarhâlde, dat it der fan leare sil. Tsjûgje, oantrune, oproppe en paedwize, hy koe net oars. Datselde wol er ek yn syn polityk-ekonomysk wurk. Op de earste trije nûmers fan ‘De Paadwiser’ út 1841 nei, (skriftkes yn de trant fan Tsjalling Halbertsma syn rige ‘De Roeker’ út 1832-'33, dêr't Posthumus ek oan meiarbeide hie), is dat allegearre yn it Hollânsk skreaun. Der binne frijhwat brosjueres fan him bikend oer de striid tsjin de misstannen yn it tsjerkbistjûr, oer de ôfskieding, oer it opkommend sosialisme, oer pastoarij- en skoallebisit, oer filantropy, en folle-net-genôch. De styl is droech, mar de ynhâld earlik en rjochtút. Sa nou en dan wurdt er fûl, lyk as yn syn ‘Woord ter opwekking van den volksgeest in het zwijgend Friesland’ (1840), of as er mei ynhâlden hertstocht útropt: ‘...hoe laag zijn wij gezonken... De naam vrije Fries is in mijn oog het scherpste pasquil, dat er op ons gemaakt kan worden.’ Altyd stiet Fryslân, en dat is foar him itselde as it rjocht en de frijdom, yn it formidden. Yn syn wittenskiplik wurk is dat likegoed it gefal. Syn ynliedingen foar syn Fryske útjeften, syn listen fan Fryske wurden yn ‘De Vrije Fries’, it boek dat er mei De Haan Hettema skreaun hat oer ‘Onze reis naar Sagelterland’ (1836), it tsjûget fan leafde foar lân en folk en fan syn útsjen nei de tiid dat Fryslân wer krêftich foar syn eigen bisit doar to libjen. Yn 1824 jowt er as doel fan syn wurk oan: ‘Oon dij taele to bouwjen, her op to snolckjen; ijn her Gods lôf; de eere in it lock fenne Christene deugd to besjongen; de greate mânnen fen uwz lijts lân, oarz faeck forgetten, uwz selm to in swiepe in spoare for uwz eagen to pleatsjen.’ Yn 1829 is it doel ‘om uus Friesene taal, aard, menearen in lok, want dit alles iz mar ien ding, to schoarjen, stijvjen in oerein to hâden.’ Yn 1841 is syn lûd twiveliger; dan skriuwt er ‘om dij taal noch in bytsje yn ere to hâden, der't jae lanch om let uutsteart.’ Yn 1854 tanket er dr. Joast foar it tastjûren fan ‘Leed en Wille’, neamt er dat wurkje ‘in sinneblink yn Uus ljeaf Fryslâns tjuust're nacht’ en winsket er syn {==98==} {>>pagina-aanduiding<<} freon ta: ‘Mat einlinge ek it frysk weiquine, blieuw Jou't jiett' lanch mei glâns beschinen!’ Sa nimt op de âlde dei syn pessimisme ta, mar lykwols arbeidet er in libben lang foar Fryslân: ienfâldich, dimmen, warber. Fan syn wurk gyng net folle ynfloed út, mar syn persoan en aerd twongen ûntsach ôf. Hjerre G.v.d. Veen, yn mannich opsicht oan him yn de geast bisibbe, skreau by syn dea: ‘Trochkroept yn alde in nije spraek, Oerroun fen frysk yet 't hert him faek, As hy de scrift forkljerre; Dy “dwaelgeast” dy nin “soenboarg!” koe, Fen hel noch dîwel witte woe, Sels “Jacobs God” net hjerre!’ En Colmjon, syn skrutene neifolger yn de Shakespeare-oersetting, skreau datselde jiers fan Posthumus: ‘Dy stege, stoere geast! Hy, dy't yn't Frysk fen God en godstsjinst skreau, Ja, 't weagje doarst om op 'e preekstoel sels Der fad'ren tael to sprekken.’ Gjin great skriuwer, gjin geastich opmerker, gjin forneamd gelearde, dizze Rinse Posthumus, mar de jeften fan moedich striden, steech wollen en djip sjen hied er grif. 4. Jan Knjilles Piter Salverda It libben fan Jan Knjilles Piter Salverda (28 juny 1783-7 maert 1836) is suver fan de widze oan it grêf ta oerskade fan de tsjustere tragyk, dy't safolle dichters út de tiid fan de romantyk bineare en pleage hat. De heit is fan wolsteld boerekomôf; hy wennet op de pleats Salwert by Frjentsjer en trout as âldfeint fan 40 jier mei de faem, gâns jonger en fan hwat geheimsinnige ôfstamming. Dat is in fiks frouminske dy't gjin genedebrea fan de skoanâlden ite wol en dêrom sels as goedfrou de kost fortsjinnet, it lêst yn Boalsert, dêr't de dichter berne wurdt. Hy is ien fan de jongsten, syn heit forstjert as er noch mar seis jier âld is, dat hy wurdt meast fan syn susters opbrocht. As jonge is er earst by de wolkjimmer, mar mei help fan master Teake Doaites - ús al bikend út it Makkumer dichtselskip fan Dirk Lenige - en troch folle opofferjen fan mem en susters slagget er yn 1798 nei Frjentsjer, om dêr op it akadeemje-ynstitút ta skoalmaster to learen; prof. E. Wassenbergh is ien fan syn learmasters en sil him grif oer Gysbert Japiks forteld hawwe. Yn 1803 is er dan ûndermaster yn Boalsert en bytiden ek foarlêzer yn tsjerke. In jier letter sit er as help yn Tsjerkwert, dêr trout er al gau, 21 jier âld, mei de fjouwer jier âldere nicht fan de boppemaster, en in pear jier letter fine wy him yn Wûns, syn earst en lêst fêst plak. Hja binne jit gjin njoggen jier troud of de frou rekket wei; yn njoggen jier forstjerre ek fiif fan de sawn bern. Salverda hat mar in lyts ynkommen en foar it winkeltsje dat er der by hat is er ek net birekkene. Noch gjin jier letter trout er foar de twade kear, mei in skoalmasters- {==99==} {>>pagina-aanduiding<<} dochter dy't tolf jier jonger is en in sloofke. It wurdt in ûngelokkich, in rampsillich houlik: allegearre klearebare earmoed en ellinde, sloffens en smoargens. Yn it bigjin forset hy him tsjin syn lot, mar letter jowt er him dêr forduldich ûnder del. Fan de alve of tolve bern dy't er by syn twade frou kriget, bleauwen mar fiif yn 't libben. Sels kriget er ek hielendal syn gerak net en nei in koarte sykte forstjert er yn in net to biskriuwen ûnhuerens. In ûngelokkige, mar bûten kiif in dichter! Neffens de mannichte, is it mar in bytsje, hwat Salverda skreaun hat. Yn 1824 forskynt it bondeltsje ‘Ytlycke Friesche Rymkes’, sa'n njoggentsjin fersen, dy't yn 1834 ek wer opnommen wurde yn ‘Hiljuwns Uwren’, in hânsum boekje fan in 130 siden, dat op hwat hikkelfersen nei dus al syn wurk bifettet. As J.D. Ankringa der net efteroansitten en meiholpen hie, wie it doe ek grif net ta útjefte kommen. De Gysbert Japiks-hulde fan 1823, de omgong mei de gouverneur fan Fryslân, de Gysbert-kenner Aebinga van Humalda, en mei syn freon en libbensbiskriuwer Joast Halbertsma, binne ljochtpunten yn syn swier bistean, mar foar in ôfgroun fan iensumheit hawwe dy him ek net biwarje kinnen. Hy moat gâns lêzen hawwe, mar as dichter is hy let ryp en net gau tofreden oer syn wurk. Oanienwei hottefilet er op syn fersen om, de sinnen wurde bikoarte en rimpen oaninoarkeppele. ‘Hy wie sa propfol tinzen en hy wie tagelyk sa'n hater fan langwiligens, dat er dy lange keppelwurden oansloech om de stream yn it koartste bistek byien to persjen’, seit dr. Joast, dy't gauris bisocht hat him dizze forkearde Gysbert-neifolging ôf to learen. Ien bondeltsje, mar dochs sjongt hjir in dichter yn ryk forskaet fan toanen. It kin ús bytiden hwat ûnsuver en oerdreaun oankomme, mar by goed lêzen moatte jin yn dit wurk de earlikens en de felle rjochtutens fan syn hertstochtlike utering treffe. Der is hwat fan it pathetyske effekt fan de Hollânske dichters fan syn dagen (Bilderdijk, Helmers, Loots) yn Salverda syn fersen, mar der sit mear wiere dichterlikheit yn; lykop mei de sterke en bisiele rhetoryk giet hjir faek it folle, swiere lûd en de rike, rhythmyske gong, binammen yn de psalmbirimingen. Flot en glêd binne de fersen net, mar op in eigen wize dochs sjongsum en muzikael. Troch it yninoartriuwen fan de wurden yntensivearret er de tael, mar forfoarmet er har bytiden ek sa slim, dat it goed lûdoplêzen gâns oefening freget, sil it net ta tongbrekkerij wurde. Op dit wurk moat men studearje, mar de muoite wurdt dan ek hast altyd rynsk bileanne. Sa op it each seldsume tsjinstellingen lizze der yn dit dichtwurk: de wrâldûntflechtsjende frommens fan ‘Tins fan in Kristen oer de wrâld’ en it idyllyske realisme fan ‘Twa boerefeinten by ien faem’; {==100==} {>>pagina-aanduiding<<} de djippe birêsting fan syn fersen oer de dead, de wylde wanhoop fan ‘Evert, in âlde romance út Skotlân’, en de wysheit fan de fabels. Hy kin him wiidweidich gean litte, mar ek syn tinzen treflik yn koart bistek uterje (Boaskrym oan Idzert en Auckjen; Adams grêfskrift). Yn de oersettingen, meast nei de Dútskers Bürger (‘Lenore’!), Hölty en Kleist, reitsje it fleurige en it mankelike elkoar. Sawol yn it godstsjinstige as yn it mear folksaerdige wurk, binne de romantyske ynfloeden yn elke rigel to fornimmen. Dy't Salverda yn syn krêft sjen wol, moat syn biriming fan psalm 29 (‘Gods greatens yn it onwaer’) mar ris forgelykje mei dy fan Rinse Posthumus. Romantysk is ek Salverda syn hertstochtlik tsjûgenis fan leafde ta it heitelân. Syn leauwe mei hast kosmysk hjitte. Dichtkunst is foar him ek bifrijing en dêrom stribbet er nei it heechste, al sil er it mei syn libben bitelje. Mear as hwat tiidfordriuw en pielderij fan it hjeljounskoft sit efter de ‘Hiljuwns Uwren’: in himsels fortarrende drift, in rjochtsjen oer wrâld en libben, in rikken dat ta himelbistoarmjen wurdt. ‘Sa hab ik jimme in man biskreaun, dêr't forskate utersten him yn forienigen. In man heal fan adellike, heal fan eigenierde ôfkomste, neaken as in sweal, poatteriger as in bidler, en stoarn as in houn. De greatste sloffens en smoargens yn it útwindige, de tsjepste eptichheit yn syn skriuwwurk. In geast, dy de Almacht omfiemt, en dy skrilt foar de teltsjes fan kreamheinsters. De soan fan earmoede en forachting by syn libben, nei syn dea forivige troch syn dichtwurk. Sa, myn freonen, is der harmonij yn de skepping; de útspoarichheit yn it iene moat de útspoarichheit yn it oare meibringe. Gjin fljucht fan forbylding is mûlk sûnder wyldens en gystenens yn de dieden’, seit Joast Halbertsma yn syn oangripend libbensforhael fan de dichter, in masterstik fan persoansbiskriuwing. Yn de 19de ieu is Salverda heech wurdearre. As Harmen Sytstra it oer ‘dy as fryske dichter yet nawt oertroffen Salverda’ hat, ornearret er, dat it soune magen wêze moatte, dy sokke kost flije sil. Colmjon neamt it wurk ‘fan 't echte dichtfjûr fol’ en Waling Dykstra hat it oer masterstikjes, ‘mar dy binne ek al wer fan sa'n aerd, dat it just gjin kost is foar sljocht-wei lju.’ Letter waerd dy achting hwat minder; it tokoart oan harmonij, de wurdepreal en de útwrydskens fan gefoelens, stjitten doe hwat ôf en it like as hie in eardere generaesje har oan grouwélige oerskatting bisûndige. Dr. D. Kalma foun yn dizze poëzij ‘greate taelmacht, mar earmtlike ynhâld’. Bisjoen yn it ramt fan syn tiid - en it in griis achtsjend dat der grif frijhwat fan syn wurk foar ús forlern gien is - moat men lykwols greate earbied foar Salverda syn dichtkunst hawwe, hwant hy wie ‘in master fan ús tael as hast gjin ien. Hwa joech ús sljochte boersk dy krêft? Hwa wist dat heitlâns tael {==101==} {>>pagina-aanduiding<<} dát koe?’, sa't O. Postma dat yn it fers ‘To Wûns’ seit. Hjir is in Fries, hwaens libben en wurk gearraend binne ta in tragyske ienheit, dy't ek de neiteam djip yn it moed taest. 5. Inkelde oaren Der sit hwat yn de loft, dat de opbloei fan it Frysk as skriuw- en literatuertael bigunstiget, dy jierren om 1830 hinne. Der forskine hyltyd mear almanakstikjes en folksboekjes, sûnder skriuwersnamme faek of ûnder skûlnamme, mar ek ûnder de bilearde lju rekket it Frysk mear yn de moade. It kin mei dizze skriuwerij jit alle kanten út; in typysk boekje as dat fan Kornelis Harkes Landmeeter (Kees út de Wâldkant) mei Fryske en Hollânske rymstikken fan ‘de skippersfeint’, yn 1840 foar it earst forskynd, mar sûnt op syn minst tsien kear werprinte, biwiist soks klear: it is folkslektuer fan it primityfste soarte. Mar yn deselde snuorje is der ek Broer Okeles (dat is C.E. Bakker), dy't eigen wurk jowt, mar ek ‘Kobus en Agnietje’ út de Hollandsche Spectator fan J.v. Effen forfrysket (‘Ienfaldige Ljeafdescijdnis’). Master Eile v.d. Wal (1805-'60) fan Offenwier skriuwt gelegenheitsfersen, mar set ek wurk oer út it Hollânsk fan Bellamy, H.v. Alphen en Bilderdijk. Ien as ds. Piter Boeles (1795-1875), in Ferwerter dy't nei de Frânske tiid in jiermannich dûmny yn Peinjum is, jowt in fiks part fan it Lukas-evangeelje yn it Frysk en wurdt dêr earst sa'n tritich jier letter yn neifolge fan ds. W. van Borssum Waalkes (Markus-evangeelje) en ds. Joast Halbertsma (Mattheus-evangeelje). De nasionale tins en de nasionale pretinsje fan de Fryske skriftekennisse wurde fan dizzen en oaren faek jit ûnklear sjoen of utere, mar der is in ûntjowing, der is in stribjen nei mear breedheit, der is ûnthjit en libbenskrêft. Njonken de Halbertsma's, Posthumus en Salverda, is der jit in trijetal skriuwers, dat in biskiedener plak freget, mar dat plak dochs mei earnst en eare ynnimt. Hoe't Gysbert Japiks yn it bigjin fan de 19de ieu foar mannichien de ynspirearjende krêft wie, blykt ek út libben en wurk fan Rein Baukes Windsma (1801-'62), in Boalserter lyk as Salverda. In earme folksjonge, skuonmakkersfeint by syn heit, mei gâns nocht oan lêzen en studearjen. Hy trout jong en kriget dan help fan ds. H.W.C.A. Visser to Ysbrechtum, skoalle-opsjenner en frisiast. Ridlik gau hellet er de fjirde, tredde en twade rang en wurdt sa skoalmaster yn Nijlân, Offenwier en sûnt 1829 yn Wolsum. In heukerich bistean, sûnder hokfoar kulturele earmslach. Twa kear troud, de lêste tsien libbensjierren widner, alve bern dêr't er tige oan hong. Alwer in autodidakt, dy't it skriuwen {==102==} {>>pagina-aanduiding<<} net litte kin; alwer in Fries, dy't gâns húslik leed ûnderfynt en der mankelyk en swiersettich fan wurdt, ek al omdat er de tiidskwael fan de romantyk skipe hat, dat er eigen libbensstriid mar min yn in boppe-persoanlik ideael omsette kin. Windsma's wurk (Friesch Blom-koerke, æf: Grijmanck fen ijtlijcke rijmckes, in hette oare kâterye, 1829; Friez'ne blommekrânze, 1833; Bledden uwt mijn Schrieuwboeck, 1847) bislacht net altofolle plak, mar tsjûget dúdlik, lyk as ek syn Hollânske poëzij, fan syn ferstechnysk masterskip. Der is gâns forskaet: minnedichten, godstsjinstige lieten, slachrimen, romances. Hy rikt net sa heech as Salverda en dy syn hertstochtlik fjûr mist er ek, mar yn de goede midsmjitte is er krêftich en geef. De tael is âlderwetsk en stiet fansels tige ûnder ynfloed fan Gysbert Japiks, mar dochs bliuwt hja tichter by de folkstael as de tael fan Posthumus en Salverda. Hy hat wolris in bitiisde gearstalling, mar oer it algemien rinne syn fersen der flot en glêd hinne en nimme hja de lêzer maklik mei. Hy hat inkelde goede koartdichten skreaun en wit ek yn syn koartswilich dichtwurk mjitte en peil to hâlden, al is it gau to fornimmen dat dit soarte tige oan de smaek fan de tiid boun is. Fersen lyk as ‘Sibber’ en ‘Ate’ hawwe in natuerlike lossens dy't jin nou noch oansprekt; greatere histoarjesangen as ‘Greate Pier’ en ‘Sawntjin divels yn in bollepream’ binne bêste staeltsjes fan it romantysk folksdicht, en der binne forskate godstsjinstige fersen, dy't in weardige utering jowe oan in djip-earnstich fielen (‘It folmakke gebet’ byg.) en dy't sjen litte dat Windsma yn dregens en ienfâld en mei gjin lytse taelmacht hwat eigens bringe koe. In figuer fan oar slach is Wopke de Jong Japikssoan (1799-1852), in Grouster timmermanssoan dy't skoalmaster wurdt yn Ysbrechtum (ynfloed fan ds. H.W.C.A. Visser!), Drachten en sûnt 1826 to Sint Japik. In kleare kop, kundich yn talen (binammen Latyn), oargelspyljen en tekenjen, en op-en-út in man fan de forljochting. Yn almanakken en jierboekjes hat er frijhwat stikken skreaun, meast fan koartswilich soarte; syn rymfortellingen binne smout-rhetorysk, yn de trant fan de Hollanners Tollens en Bogaers. It fers ‘Merten Skroar fan Earne-wâld’ is fan âlds forneamd om syn folkshumor en goede foarmbihears-king. Fan bitsjutting is De Jong ek troch syn forfryskingen fan stikken út it Latyn fan Horatius en Ovidius en fan in Hollânsk fers fan G.T.N. Suringar oer Jancko Douwama. Ek yn it Hollânsk en Latyn liet er syn rympinne gean. Gâns opskuor wekkermakke hat syn boekje ‘De Dominijs hifke, mar follen te ligt achte’ (1840), in skerp, feninich en stikelich spotskrift op de dûmny's, dy't der min oer to sprekken wiene; it wie anonym útjown en waerd al gau yn it Hollânsk fortaeld. Yn dit boekje komt klear ien fan de meast sprekkende eigenskippen fan {==103==} {>>pagina-aanduiding<<} de Fryske skriftekennisse fan de 19de ieu út: de tiidskrityk, it antiklerikalisme, it brûken fan it Frysk as middel ta foarútstribjende, aktuele en faek opstannige utering. Jan Gelinde van Blom (1796-1871), Harnser fan komôf, lange jierren notaris yn Drachten, in foaroansteand man yn Fryslân en net frjemd oan de Genoatskipsrounten, hie al ier it pleit foar de mooglikheit fan Fryske literatuer levere (‘Proeve van het harmonische in de Friesche dichtkunst’, 1840). Syn eigen wurk hat er sammele yn ‘Blomme-koerke, oanbean oan zijn lanzljue’ (1869). Der is frijhwat ûnbitsjuttend wurk by, mar de muoite wurdich binne forskate aerdige folkssangen, dy't troch it ‘Frysk Lieteboek’ fan 1876 ek ûnder it folk brocht binne: De Reedrider, Ynskje en Oark, It Froalike Famke, en party oare stikken wurde hjoeddedei jit songen. In opmerklik fers, fanwegen de revolúsjonaire tins dy't der satirysk yn forarbeide is, is ‘De Broedbij’. Ek by Van Blom is it biwiis to finen, dat de Fryske skriuwerij fan dy tiid útsprutsen liberael wie. Neisjen: Oer de Halbertsma's: Libbensbiskriuwingen yn de Bodders fan dr. G.A. Wumkes en yn de forskillende printingen fan de Rimen en Teltsjes. Fierder: dr. Chr. Kroes-Ligtenberg, Joost en Eeltje Halbertsma in Bolsward (1952). Oer Joast Hiddes Halbertsma: dissertaesje fan P.A. Jongsma, (1933); inaugurele rede dr. J.H. Brouwer oer J.H.H. as taelkundige (1941); S.J.v.d. Molen oer J.H.H. as folkskundige (Volkskunde, jg. 1948). Oer Eeltsje Hiddes Halbertsma: W. Eekhoff yn De Jonkerboer, (1858); dissertaesje fan G. Dykstra, (1946). As taljochting by de tael en de kultuerhistoaryske eftergroun fan de R. en T. is fral oan to rieden: W.P. de Vries, De Lapekoer fen Gabe Skroar trochskodde, (1895). Oer R. Posthumus: dr. J.H. Halbertsma yn De Vrije Fries, IX, 207-269, (foar it forstean fan beide freonen fan great bilang); fierders: dr. G.A. Wumkes, Worp van Peyma en zijn vrienden, De Vrije Fries, XXII; deselde, Paden fen Fryslân, II, (sjoch dêr register). Oer J.K.P. Salverda: R.W. Canne yn Fryslân, jg. 1918 (dêr ek Joast Halbertsma syn taspraek); oer syn famylje, R.S. Roarda yn It Beaken, XII, 1950, s. 52-61, 95. Oer R. Windsma: G. Colmjon yn Forjit my net, 1884; J.J. Hornstra Gsn. yn Fryslân, jg. 1928, s. 49. Oer W. de Jong: F. Buitenrust Hettema, De Friesche Volksalmanak, 1889; Hornstra, Fryslân, 1928, s. 2.; dr. G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân II, s. 121-128. Oer J.G. van Blom: Hornstra yn Fryslân, 1928, s. 17. Yn it algemien oer dit tiidrek: E.B. Folkertsma, Nei Trettjindehealjier, De Holder, I, II, (1926-'27); J. Piebenga, Rondom, s. 80-91, yn Twee Eeuwen Leeuwarder Courant (1952); deselde, Fryske tragyk, (Frisia, 1936; ek apart útjown). {==104==} {>>pagina-aanduiding<<} VIII. De Fryske Romantyk (earste tiidrek) 1. Algemien oersjoch Tidens en nei de Frânske Revolúsje wie rounom yn Jeropa it nasionale fielen en dêrmei in djipper histoarysk bisef wekker wurden, in forskynsel dat him it dúdlikst yn de skriftekennisse oppenearre. Yn Dútsklân sammelen, fuort nei de ieukear al, de bruorren Grimm de mearkes, Arnim-Brentano joegen it forneamde bondeltsje folkslieten ‘Des Knaben Wunderhorn’ út, in oar brocht de âlde folksboeken fan Thyl Ulespegel, dokter Faust e.o. yn it ljocht, wylst mannen as Arndt en fral Fichte mei syn ‘Reden an die deutsche Nation’ de slûge folksgeast nij libben bisochten yn to bliezen. Hebel syn samling ‘Allemannische Gedichte’ woun greate ynfloed, forskate skriuwers joegen novellen, dy't hjoeddedei de lêzers jit bitsjoene troch har forbining fan hertstocht, mystearje en poëzij, en Uhland skreau syn romantyske balladen. De Dútske romantyk hat ek oan de widze fan de Deenske stien: Adam Oehlenschläger skriuwt fuort nei 1800 al syn balladen en romances, N.S.F. Grundtvig wurdt fan de noardske mythology grepen en bisiket ta in bifruchtsjen oer en wer fan folksskiednis en kristlik leauwe to kommen, S. Kierkegaard is foar altyd de eksemplaryske fortsjint-wurdiger fan de religieuze romantyk. Yn 1825 forskine Andersen syn mearkes, yn Sweden hat Erik Gustaf Geijer fan 1811-'24 it tydskrift Iduna útjown ‘foar de leafhabbers fan de Noardske foartiid’, om dêrmei it folksaerd to forsterkjen, ek yn de skriftekennisse, dy't neffens him fierstofolle ûnder Franske ynfloed stie. It is de tiid fan it Skandinavisme, jierren fan swide bloei yn de literatuer. Yn Frankryk binne Chateaubriand en Victor Hugo de herauten fan de romantyske streaming en Ingelân bliuwt alderminst binefter. Skotlân lit syn machtich lûd hearre mei de Ossian-sangen en de histoaryske romans fan Walter Scott e.o.; Wordsworth, Byron en Coleridge brekke in gefoelswrâld iepen, dy't net maklik wer tichtskoattele wurde kin. Yn Hollân wurdt dat allegearre let en stadich yn frij boargerlike styl hwat neibaud; Helmers syn ‘bardenzangen’, Tollens syn ‘vaderlandsche romances’, Van Lennep syn handige mar ûndjippe Scott-neifolging biwize dat, al litte Bilderdijk, Potgieter en Bosboom-Toussaint gâns swierder, gever en earliker lûden hearre. Flaenderen forstiet de weitsrop better, liket it wol; it lit him út syn sliep fan in pear ieuwen opskrilje troch it krewearjen fan Jan Frans Willems en de bazúnstjit fan Conscience, {==105==} {>>pagina-aanduiding<<} (De Leeuw van Vlaanderen, 1838). En tagelyk wurdt op forskate plakken yn Jeropa in libbene taelstriid berne. Yn Ierlân en yn Grikelân, yn Finlân (de Kalewala is fan 1835- '40) en by de Rhaeto-Romanen. Yn Noarwegen wurdt de striid tsjin it fornoarske Deensk (it ‘riksmaal’) oanboun; dêr slagget it de geniale boer Ivar Aasen út forskate boeredialekten in selsstannige Noarske tael op to bouwen (it ‘landsmaal’). Meidat it klassisisme nou wol oerwoun is, wurdt it wêzensforskil tusken germaensk en romaensk de germaenske folken ek mear biwust; figueren út de noardske mythology treffe wy fuortoan folle mear yn de literatuer oan as Grykske en Romeinske goaden en goadinnen. It greate ûnderskied, dat yn de tiden fan de renaissance ûntstien wie tusken de folkslektuer en de skriftlike uteringen fan yntellektuele kultuer, wurdt folle lytser. Under it folk wurdt gâns mear lêzen as foarhinne en it is de skriuwers har doel ek, foar safolle mooglik minsken to skriuwen. Dit allegearre giet Fryslân net foarby; it leit yn 'e reden dat dizze biweging de emosionele Fryske siele sterk oansprekt. By Wassen-bergh en syn skoalle bigjint it al to risseljen, yn it Ljouwerter ‘taal-, geschied- en dichtkundig genootschap Constanter’ (in foargongerke fan it Frysk Genoatskip) oppenearret it him ek dúdlik en yn it Frysk Jierboekje (1829-'35) en de Friesche Volksalmanak (1836-'99) komt it ta in bigjin fan bloei. De forheljende poëzij rekket hjir ek yn de moade en der ûntstiet suver in kriich mei Hollân om de eigen helten út de histoarje yn hyltyd moaijer wurden to bisjongen. In Fryske kronyk lyk as It Aade Friesche Terp fan Joh. Hilarides út 1677, wurdt jit yn 1834 yn Ljouwert werprinte. Fan 1824-'28 hiene H.W.C.A. Visser en H. Amersfoordt al trije stikken útjown fan it ‘Archief voor vaderlandsche, en inzonderheid Vriesche geschiedenis’ en yn de fearnsieu nei 1835 soarget it Frysk Genoatskip dat der forskate wichtige skiednisboarnen yn it ljocht komme (û.o. Thet Freske Riim, Worp van Thabor, Jancko Douwama). Fan 1842-'51 forskine der mar efkes fjouwer folkslêsboeken oer de Fryske skiednis: trije, dy't yn't bysûnder foar de skoalle ornearre binne (F. Dykstra, H.W. Steenstra - in foech tûzen siden, - B. van Bruggen) en ien, dat fan W. Eekhoff, foar de âlderen. It radikaelst en djipst lykwols uteret dizze biweging har, faek biwust foar de hegerein en de âlderein oer, by de jongerein. De stifting fan it Frysk Selskip yn 1844, uterlik fan weinich oansjen, is in died fan fierrikkende geastlike bitsjutting. Tiede Dykstra is hjir sawol de organisearjende as de ynspirearjende krêft; hy wit gâns los to meitsjen. Harmen Sytstra is de man fan de dichterlike, hast profetyske skôging; hy libbet mear ynstinktyf út it folkswêzen sels wei, as út in bigryp, {==106==} {>>pagina-aanduiding<<} in romantyske theory dêrfan. Jac. van Loon is de synthetyske, praktyske figuer, dy't mei beide fuotten op de groun bliuwt en dêr folle wit to biskreppen. De ynfloed fan dizze trije mannen sprekt it klearst yn Colmjon, al is it yn mear dimmene en net sokke kantige foarmen. Mar ek yn gâns oaren wurdt de trochwurking fan har tinzen iepenbier; dat ek in Jongfryske biweging fan 1915 har op dizze foargongers biroppe koe, is in biwiis foar de fisy en de libbenskrêft dy't har yn it stribjen fan 1844 oppenearre hawwe. De moed, it wide eachweid, de spontanens, it krigel úthâlden, mar fral de eigene, yngeande forbining fan Frysk en romantysk libbensgefoel, jowe it folste rjocht om dit tiidrek (pl.m. 1840-'60) as dat fan de Fryske romantyk oan to tsjutten. 2. T.R. Dykstra en J. van Loon Jsn. Tiede Roelofs Dykstra (25 april 1820-29 maeije 1862), in Ljouwerter keapmanssoan, is iennichst bern, net sterk en pielt yn syn jonge jierren mear mei learen as boartsjen. Hy giet op de Frânske en Latynske skoalle en lesjowers as J.D. Ankringa en J.G. Ottema, beide Genoat-skipsmannen, sille him grif tichter by Fryslân brocht hawwe. Yn 1839 slagget er nei it weikwinende Frjentsjerter Athenaeum; yn studinte-forieningen is er gau in foaroansteande persoan en dêr skout er it Frysk ek al nei foaren, dêrby holpen fan syn maet Van Loon. Yn 1841 rekket er yn briefforkear mei Harmen Sytstra, dy't dan krekt syn earst Frysk wurk útjown hat; in geve freonskip en in bigripen en biynfloedzjen oer en wer is dêr it gefolch fan. Novimber 1842, as de dea fan de Frjentsjerter hegeskoalle al wankt, giet er nei Grins en studearret letteren en rjochten. Hy mei der net wêze, hâldt der nei syn heite dea mei op en set him yn Ljouwert nei wenjen; hjir ûnthjit er Sytstra en Van Loon, dat er fuortoan syn stúdzje útslutend oan de Fryske tael en skiednis wije sil. Romantyske ûnfoldienens en opstannigens meitsje, dat er him tonearsten mar min yn it boargerlike libben deljaen kin. Hy trout en jowt yn Ljouwert privaetlessen yn de âlde talen; yn 1858 wurdt er archivaris-bibletekaris fan Fryslân. Yn syn húshâlding hat er gâns mei sykte to kampen; yn 1862 reitsje syn wiif en hy gau opinoar wei, acht bern bliuwe oer. In koart libben, dat gjin folsleine forfolling fan it ûnthjit brocht, mar dat yn syn ûnfolsleinens dochs in kristallisaesje fan de tiid wie. Fan syn aerd is er stiif en noartlik yn it oankommen, mar earlik en meilydsum. Fral yn syn feintejierren is er ûnrêstich en anti-maetskiplik, yn de trant fan Byron, dy't er doe ek folle lêzen hat. Yn syn gods- {==107==} {>>pagina-aanduiding<<} tsjinstige, seedlike en politike tinkbylden bliuwt er syn libben lang radikael; hy hatet alle offisjeel fortoan, amtnerij en absolutisme en it kin jin gjin nij dwaen, dat der foar him warskôge wurdt as in atheïst en opstannich liberael Hoffmann von Fallersleben, de Dútske revolúsjonaire dichter, en Thorbecke, biynfloedzje him sterk. Yn syn proaza komt de krêft fan syn fielen en tinken dúdlik út, mar ûnbiskromme en bytiden yn felle rounutens jowt er him dochs binammen yn syn poëzij. Sa biwurket er it fers ‘De lêste Kamper’ fan Geijer, dat yn de Sweedske Iduna stien hie, mei sa'n sterk ynlibjen, dat jin in djippe mankelikens yn dizze forbylding fan it stjerrende heidendom suggerearre wurdt. Nearne lykwols komt dat klearder út as yn it krêftige ‘Oan 't Noarderhêf’ (Swanneblommen 1853). Hjir is er Fries, Germaen, minske fan de Noardsé yn ieren en sinen, mar ek heiden. ‘Wîs 't fulk, fon godsthianstthwang end blînd geloaf Hûnd, skeind, to gniede, dîlge scoe fon d'ierd!’ ropt er út en jit sterker oanklachten lit er dêrop folgje. As er it oer ‘Hollonds bastertteam’ hat, tekenet er der by oan: ‘Hia kenne nen ôfkumste fon en alde stamme biwise. Se forskûlje hiar efter Batavieren, end thenke er naut um, det dá în da Frieson forraend benne. Se skermje mei hiar sprake, der eindum is fon en oar fulk, fon da Flamingon.’ Dat dit allegearre gjin dichterlike oerdwealskens is, biwiist de stifting fan it Frysk selskip wol; dêrmei hat Dykstra de earste organisa-toaryske died fan forset tsjin alle frjemdsin en ûnfrijens steld. Dy stifting is winlik hielendal syn wurk. Foarjier 1843 skreau er al oan Harmen Sytstra: ‘Wy hawwe nou wol ien Genootschap voor Geschied - taelen Oudheidkunde, dear binne rjue fiksche koppen oender mar mei al hjar redenaties dogge hja nin byt of to minsten ien lyts bytsje oan us jinwirdich friesk.’ En ek: ‘Wy moesten sjen om ien stik fiif, seis, aef kin dat net, ien stik trije fjouwer frieske jonges by-n-oar to krijen dy't it herte op it rjuchte pleats sit, net al to folle wyn yn 'e holle en whet foar't Heitelan oer hawwe’ en ‘wy moasten der gjin alde kerels by hawwe.’ In jier letter skriuwt er oan deselde: ‘Nou haw ik itselde what oars bitocht om by alle Friezen en bynammen by hjar dy't net folle fan uws tael ofwitte ien feste dyk op to arbeidsjen tsjin de hege floeden fen 't Hollans.’ Sneon de 14de fan septimbermoanne wurdt yn Ljouwert de oprjochtingsgearkomste hâlden; fjirtsjin lju hawwe har opjown, dêr't seis fan oanwêzich binne. Al gau wreidet it ledetal fan it ‘Selscip foar Frysce tael in Scriftenkinnisse’ him út; tsien jier letter is it ryklik 150 en dêr sahwat bliuwt it ek tiden lang sitten. Mar sawol yn it organisa-toaryske as yn it geastlike wurde de swetten dan gâns útlein. It mei lyts en ûnbilangryk lykje, dit selskip, mar de Fryske literatuer en de Fryske striid fan nei 1844 binne der net mear sûnder to tinken. {==108==} {>>pagina-aanduiding<<} Oan dy tiid ta wie it altyd by in dichterlik tsjûgjen studearkeamer-bisykjen of persoanlik krewearjen bleaun, mar dizze jongkeardels doare meiinoar de striid foar én tsjin it eigen folk oan. Yn 1849, as Dykstra oan Woarp van Peyma in brief stjûrt, dêr't er him yn oantrunet by syn mei-lânforhuzers yn Amearika de Fryske sin wekker to hâlden, jowt er de doelstelling dúdlik oan: ‘De geast fen uws Selscip in it kin in mat net oars waeze, is om elts fonkjen dat yette oerblieun is foar de Frysce tael in de Scriften, dy deryn screaun binne in wirde, gleaun to halden in oan to bliezen. Wy hawwe de sprake net forgetten, wy kinne se net forjitte, dy it alde Frye Fryslân yn sîn alde greatens spriek. Wy kinne it net forneare dat in oaren ien dy fordrieuwe scil, sonder dat men tominsten jen foar hjar to war steld hat. Derom siekje wy dy tael to stypjen, derom siekje wy it frysce hert oan't klopjen to helpen, de frysce geast uwt it dodsjen op to roppen, om de fries kreftich in stoer allyk in dregen ien heart to wezen oan't foarstan to bringen, dat hy himsels kinne in sîn tael net sceine litte mat fen hjar, der him noch hjar bigripe.’ Sa'n lûd kin gjin provinsjalisme mear hjitte, mar is de libbene stim fan de naesje. Dêrop wiist ek it oanhâldend birop op in greater Fryslân. J.H. Halbertsma, M. de Haan Hettema en R. Posthumus hiene al har omtinken oan East- en Noard-Fryslân jown of dêr reizen hinne makke, nou bisykje ek de selskipsmannen der yn har skriften bilangstelling foar wekker to meitsjen en yn har briefwiksel forbining mei to krijen. Fierder is der de aksje foar it Frysk as kultuertael - redefieringen, brieven, wetten of karbrieven, sangen - en dan is der de saek fan de folksopfieding. Hja witte it ommers sa goed: It Fryske folk lit him mar swier winne en yn sa'n tastân fan forbastering is it fuort net oan de drege spizen ta. As skriuwer hat Tiede Dykstra net sa bare folle jown: hy is mear lieder (oan syn dea ta selskipsfoarsitter), fjûroansetter, plannemakker. Syn ‘Foarjiers-blomkes, of ytlike minne-rymkes’ (1840) is in lyts bondeltsje mei jong en ûnhandich wurk, sympathyk yn syn ienfâld. Twa jier letter jowt er mei Harmen Sytstra ‘Frieske Sankjes’ út, seis folksrimen dy't songen wurde kinne. Yn it Nederlânsk sette er J.W. Wolf syn ‘Niederländische Sagen’ oer en folle letter ‘Bazar eens dichters’ fan H.C. Andersen 1). Knap wurk joech er mei syn forfrysking fan in {==109==} {>>pagina-aanduiding<<} stikmannich ‘Allemannische Gedichte’ fan Hebel, de Schwabyske folksskriuwer dy't der by de Halbertsma's (Heidelberg!) ek al sa goed ynfallen wie. Fan 1847-'49 is Dykstra redakteur fan it jierboekje ‘De Bijekoer’, it jiers dêrop wurdt er samler fan de ‘Swanneblommen’, it jierboekje dat it Selskip fan 1850-1916 útjown hat, en sûnt 1857 hat er ek de ‘Nieuwe Friesche Volksalmanak’ op 'e noed. Hy skriuwt foarwurden by Fryske boekjes, helpt Waling Dykstra by dy syn populaire Gysbert Japiks-útjefte, sammelt stof foar in Frysk Wurdboek en in Fryske sêgesamling, set brokstikken út it âlde epos de ‘Kudrun’ yn it Frysk oer, makket by syn learlingen (Joh. Winkler, G. Colmjon e.o.) leafde foar it Frysk wekker, ûnderhâldt in drok brieveforkear en is sa op alderhanne wize dwaende. In goede gearfetting fan hwat him dreau, hat er yn syn lêzing ‘De wearde fen de fryske tael for de friezen’ jown. (Forjit my net, 10de boek, 1880, s. 149-171). De bitsjutting fan Jacobus van Loon Janssoan (1821-1903) leit yn itselde flak as Dykstra sines, dy syn maet er fan bern ôf wie, hwaens libbensbiskriuwer hy waerd en dêr't er de opfolger fan wurden is as selskipsfoarsitter. Berne to Sint-Anne as notarissoan, studearre er yn Ljouwert en Frjentsjer, makke syn stúdzje net ôf en waerd yn 1844 eigener fan it panwurk yn Húns; datselde jiers rjochte er as ien fan it trijemanskip it Selskip mei op. Wylst Dykstra en Sytstra har op de taelstúdzje taleinen, joech hy him as jong-liberael yn de polityk en waerd fyftich jier lang in foaroansteand man yn gritenij- en provinsjebistjûr. Mei greate trou en leafde hat er Fryslân en de Fryske saek tsjinne; hy hat makke dat it Frysk Wurdboek der kaem, bifoardere de bloei fan de Prov. Bibleteek en holp op alderlei wizen Fryske skriuwers as Sytstra, Colmjon, Tsjibbe Gearts v.d. Meulen e.o. In died fan bitsjutting wie ek syn útjaen fan it (âld) ‘Frysk Lieteboek’ (1876; 4de pr. 1930), dêr't in seistal lieten fan him yn opnommen is. Fan 1884-'96 wied er samler fan de ‘Nieuwe Friesche Volksalmanak’. Syn fersen en opstellen oer skiedkundige ûnderwerpen (Gysbert Japiks, Greate Pier) jowe him wol in biskieden, mar dochs weardich plak. 3. Harmen Sytstra In greate iensumens leit, fuort by it bigjin al, oer it libben fan de earnstige minske en ienlike strider, dy't op 14 jannewaris 1817 yn Mullum towrâld komt. Harmen Sytses Sytstra (oan 1852 ta skriuwt hy syn fan by forsin Zylstra) is iennichst bern en ek al gau wees. Syn {==110==} {>>pagina-aanduiding<<} heit, boere-arbeider, is mar oardeljier troud en stjert op syn 28ste; syn mem is amper in jier widdou, trout wer en rekket yn 1824 op har 30ste yn it kreambêd wei. Daliks nei heite dea slagget er nei syn beppe fan memmekant, Antsje Hyltsjes, dy't yn Achlum hwat buorkerij hie; syn âlden hat er sadwaende suver net mei bikende eagen sjoen. Hjir slyt er neffens himsels ‘det lukkichste part fon sîn libben, da earste berneperen.’ Beppe sil him folle forteld hawwe en op skoalle leart er hwat er mar leare kin. Mar beppe rekket yn 1829 út 'e tiid en Harmen wurdt bakkersfeint: seis jier by syn omke yn Achlum, fiif jier yn Arum, twa jier yn Seisbjirrum. Fierder leare kin neat fan ynkomme, dat de hjeljounsûren wurde brûkt foar selsstúdzje. Al jong hat er oanstriid syn tinzen op skrift en faek yn fersfoarm to uterjen; fyftjin jier âld set er rimen yn it Hollânsk, Frânsk en ek inkelde yn it Frysk op papier en forjit dêrby net de aktualiteit (Belgyske opstân!) acht to slaen. Hy libbet wol gjin hjerremitebistean, mar hwat er siket en bigeart fornimt de bûtewrâld net folle fan; it leafst sit er allinne yn 'e boeken en leart sadwaende by nacht en ûntiid himsels (moderne en klassike) talen, stjerrekunde en hokfoar witnis der foar sa'n doarpsjonge mar to birikken falt. Maeije 1842 (hy hat syn earst Frysk boek al útjown, dêrtroch kunde oan de Frjentsjerter studint Tiede Dykstra krigen, en hat wer in oare útjefte ûnder hannen) brekt er út de beage los. In moannemannich jowt er him op de smidssouder oan it skriuwen en oan de stúdzje, giet yn Harns wol gauris oan 'e jui en docht war séman to wurden; as dat mislearret en de sinten op reitsje, wurdt him in skoalmastersplakje taskikt. Yn de jierren 1842-'46 hellet er de 4de, 3de en 2de rang en folle letter, yn 1858 yn Baerd, de akten foar talen en wiskunde. Hy stiet yn skoalle yn Seisbjirrum, Winaem, wer Seisbjirrum, is yn 1845 hûsûnderwizer yn Arum, bliuwt in foech oardeljier oan de earmeskoalle to Frjentsjer (dêr't er yn de kunde komt mei de Genoatskipslju Telting en Behrns), hâldt it dan mear as fiif jier yn Burgum út, sollisitearret withoefaek om 'e nocht, kriget (op foarspraek fan Jac. v. Loon?) it boppemastersplak yn Baerd, trout mei in fanke út de Wâlden, en bliuwt dêr oan syn dea ta. In libbensgong, ûnoansjenlik oan de iene, tige apart oan de oare kant. Yn Seisbjirrum bigjint er ein 1844 op eigen manneboet mei de útjefte fan syn tydskrift Iduna. Hy moat in bêste ûnderwizer west hawwe, mar syn bigearte gyng út nei stúdzje en wittenskip. Maklik yn 'e omgong mei minsken is er net, rom hat er it nea. Faek moat it him oanflein wêze en kroppe it forset tsjin syn lot yn him op. Yn 1846, as er stikket nei in baentsje oan de Afrikaenske kust, anderet er op in warskôging fan Tiede Dykstra: ‘Mar hwet is det, det ik min libben, det hier sa fulle soerens end bitterens befet, weagje jen én fulle draechliker - {==111==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding HARMEN SYTSES SYTSTRA==} {>>afbeelding<<} {==112==} {>>pagina-aanduiding<<} oft én skielike bifrying fon olle sorch end lest?’ Yn Burgum liket it bistean hwat fleuriger; dêr wint er Tsjibbe Gearts syn freonskip, rjochtet in selskipskrite op, helpt mannichien fan de legerein om foarút to kommen en is lieder fan in sjongkoar, dêr't er soms sels de Fryske sangen foar makket, sa as de Wâldsang. Mar ek dêrre pleage him it romantyske ûnbihagen en foun er yn syn persoanlik en maetskiplik bistean mar min bifrediging 1). De Baerder jierren - noch gjin tsien jier hat er troud west - brochten swierrichheden yn oerfloed. De boppemaster hie mei al syn bybaentsjes mar in lyts lean, der wie folle sykte, ien fan syn fiif jonges forstoar, dat hy, de ynbannige, him tige nei naem (‘ik bin faeks to weak foar in man’, skriuwt er yn in brief), syn wiif moast har op krukken rêdde. It is ûnbigryplik, dat er jit safolle wurk út 'e wei set. Hy jowt him djip yn stúdzje en skriuwerij, mar rjochtet hjir ek wer in krite op, (‘en sa spriek er faek mei fjûr en mei krêft en fitere ús en oaren oan. En as wy al hwatte tsjinakselen, hy hâldde oan’, neffens de kriteforslaggen), en giet út to sprekken. Mei de holle jit boardefol plannen, stjert er de 4de fan aprilmoanne 1862 nei in koarte typhussykte. As gjin twa moanne letter Tiede Dykstra ek weinommen wurdt, is der ynienen in greate legens yn Fryslan ûntstien: twa freonen foar har libben, twa bisibbe geasten, twa pylders fan de jonge Fryske biweging, twa mânske beammen yn folle bloei binne fallen. ‘In him forlear Frîslond en grêat mon; da frîesen en foarmon, diu frîske sprake îen fon hir grêatste kenners end ûndersikers, end dermei ûs selscip îen fon sîn upriuchters, det mêast arbeidiand end hêachst nuttich lid, den mon, dé ma binei da sîel fon th' selscip nêama mucht’, dat is it tsjûgenis oangeande Harmen Sytstra op in selskipsgearkomste yn 1863. Elk wurd dêrfan hâldt, as men syn wêzen en wurk mei sin neigiet. In stil, earnstich, ynbannich weesbern, dat fan syn beppe gâns folksoerlevering meikriget, dat niget sjocht oan oare dingen as sljochtwei jonges, dat faeks al hwat aen hat fan de swiere libbenswei dy't foar him leit. In feint, dêr't wy de ynderlike ûntjowing mar oerflakkich fan kenne, dy't mingt, bakt en sutelet, mar ûndertusken al syn tinzen nei de stúdzje útgean lit, en dy't syn toarst lavet sûnder dat wy fan ien witte dy't him {==113==} {>>pagina-aanduiding<<} de Fryske boarnen wiist. In learmaster hat er grif net hawn, al binne der ynfloeden fan Gysbert Japiks, fan de Lapekoer en fan De Haan Hettema oan to wizen. Sterk en ynstinktyf libbet yn him de oerkrêft fan syn frijdomsfielen; soms liket syn libbensskip út it roer to rinnen, mar in stege, úthâldende wil wit ek de faeije kanten fan syn aerd to bitwingen. Swijsum, kritysk, net gau to sprekken oer oarmans en eigen wurk, rjochtút yn syn oardiel, ek al hellet er himsels dêrtroch ôfkear en forwidering fan oaren op 'e hals, dêr giet er foar troch. Foar mannichien is er in riedsel. ‘Der wier fen him gjin hichte foart to krijen, ‘Hy is’, sei't folk, ‘geleard as domeny, Mar dêr tsjinoer, fol ongelove er by, In frijgeast, dy't men mar hwet het to mijen’, seit Tsjibbe Gearts, dy't sels ek bitsjûget: ‘Ik bin hwet ik for 't fryske bin, troch him allinne’. In oar Frysk skriuwer, Gerben Postma, dy't Harmen Sytstra as bern kend hat, seit fan him: ‘In man fen karakter, dy't by foarried al oprjucht ûntsach en earbied as ôftwong, uterst evenredich en matich, stemmich, ja earnstich, mar golmienend trou as goud mei in eftergroun fen djippe godstsjinstsin.’ Hoe steech en sletten fan natuer ek, hoe swiersettich faek, as freon wied er ûnforjitlik, yn syn húshâlding man en heit yn de bêste sin. Mannich fers toant hoe tige er fan de bern hâldde, it suverst faeks de oandwaenlike mar dochs bihearske ‘Rousang by't lykjen fan ús lytse Tabo’. Harmen Sytstra hat frijhwat skreaun; spitigernôch is it bêste fan syn wurk jit nea yn goede, nije útjeften gearbrocht. It boekje, dat er as bakkersfeint skreaun hat en dat de oanlieding wie ta de freonskip mei Tiede Dykstra, is ‘Tsien Tuwsen uwt de lotterij, oaf Jouke Rommerts scriften’ (1841). It bistiet út sa'n foech 300 siden grienmank en skaeit neffens foarm en ynhâld tige nei de Lapekoer út, al sit der hjir en dêr ek wol hwat eigens yn. Jouke Rommerts is in neifolging fan Gabe Skroar, mar Sytstra hat in hiel oar aerd as de Halbertsma's en dêr dielt er syn figuer ek fan mei fansels. Oer it ginnerael is it proaza net sa botte foarnaem en is ek de humor fan in guodkeap soarte. It fersewurk is better en toant mear forskaet; dêr binne ek aerdige fabels by. It falt op dat wy by dit bigjinwurk al de earste Regine-sang fine 1). De twade stap wurdt al mei mear wissens dien. Yn 1842 forskynt ‘It boask fan de Kastleins-dochter’, in blijspul yn aleksandrinen, dat neffens foarm en ynhâld grif net sûnder bûtenlânske foarbylden (Molière?) ta stân kommen is, mar dat ek genôch eigens hat. It stik is libben, flot, oannimlik en mei goede taelbihearsking skreaun; lang gjin {==114==} {>>pagina-aanduiding<<} minne ynset fan de 19de ieuske Fryske toanielskriuwerij. In lettere stap op toanielgebiet (‘Great bal! Mient mei syn maten in joun yn 'e staed’, in biwurking fan in Dútsk neistikje) kin der net by helje; it sil wol skreaun wêze, lyk as folle mear populair wurk fan Sytstra, om de lju oan it Frysk lêzen, spyljen en sjongen to krijen, en faeks ek om der hwat oan to fortsjinjen. Ek foar de bern woe er sines jaen: ‘Gelukkig Hansje’ (1846), dat wol it earste Fryske skoalboekje wêze sil, en ‘De stellene kersen’ (1847), in nei it Hollânsk biwurke toanielstikje foar de jongerein. Sytstra as paedwizer treffe wy yn in foarlêzing, dy't er foar it Selskip hâlden hat doe't it jit gjin jier âld wie, en dy't de earste útjefte dêrfan wurde soe: ‘Hwet habba da Fryske scriûers yn acht to nimen end hwet ken ma for-ol ynnath deistich libben dwaen om us tael to biforderjen?’ It is in skruten en soms taestend program, mar mei foar dy tiid dochs frijhwat radikale oanwizingen. En dan is der de tydskrift-samler. ‘Teltsjes, rymkes, sankjes en sa foärt hinne, ien en oar grymmank, scil den ynhald daerfon útmeitse. Nu ris gekjeyende, den wer i's mei én effene tronie; hjir i's en quinkslach, daer is én wirdtsje út earnst; sa wolle wy jimmerwei siikje troch forscaet jimme nocht to jaen’, sa jowt it foarwurd fan de earste jiergong fan Iduna it doel fan it blêd oan. Efkes fierderop hjit it: ‘Goede stewige kost scille wy scaffe, sa folle as hit ús dwaenlik is, altyd sa fris as én nut, én nu en den, as wy gelegenheit ha, ris én lekker múltsjefol twiske beiden.’ Sawntjin jiergongen, fan 1845-'61, fan dit yn de Fryske literatuer sa aparte tydskrift - grif Iduna neamd yn neifolging fan it Sweedske blêd fan dy namme 1) - forskine der ûnder Sytstra syn bistjûr, in wurk dat him net altyd wille en foldwaning bisoarge hawwe sil. Oft it doel fan Iduna ek neikommen is? ‘Rym en ûnrym, earnstich en grappich petear, egen en oerset, wikselen dêr elkoarren ôf; nou ris krige men in teltsje út it deistige libben ef út de skiednis, in Noardsk, in Tsjutsk ef in Frysk mearke ef in âlde sêge; den ris hwet kâlterije oer seden en brûkmen ef, humoaristysk ef ironysk soms, oer minskene goed en kwea, en op in oare tiid in stikjen oer tael en spelling ef in priuwke klearebare âldfrysk, as 't nedich wier, mei Sytstra syn fortsjutskinge der njunken; allegearre der op birekkene om de ljeafde for it Fryske safolle as 't koe oan to fiterjen, en in bulte frjeonen en foar- {==115==} {>>pagina-aanduiding<<} stanners hat er dêr mei for ús tael woun’, seit Colmjon yn 1883. Elk dy't nou, in ieu nei de forskining, Iduna yn hannen kriget, sil dit oardiel meistimme. Fral as er wit ûnder hokfoar binypte en bihelplike forhâldingen Sytstra syn samlerswurk altyd dwaen moatten hat. Hwat fuort opfalt yn de Iduna's, dat is de stavering. ‘Het Friesch moet met geen Hollandsche letters en teekens, maar met deszelfs eigene en oorspronkelijke geschreven worden’, dy stelling fan M. de Haan Hettema út 1830 hat fan in bitsjoenende ynfloed op Sytstra west. As Tiede Dykstra yn 1845 Iduna yn de Ljouwerter krante oanrikkemedearret, wiist er ek op de stavering, dy't it bêste middel wêze sil om de earbied fan de frjemdling foar it Frysk as tael ôf to twingen. Yn de boppeneamde foarlêzing fordigenet Sytstra syn stavering tsjin dy fan Gysbert Japiks (‘romt ma Gysbert Japicx as earste fryske dichter, ma mat him ac as earste gearflanser fon sa'n taelkinstich koesemoes neame’) en tsjin dy fan Joast Halbertsma. As útkomst fan syn úndersiik neamt er dan: ‘Mei ynachtniming, ho da Friesen oannath Hollondsk forwend benne, end mei th' each oppa biscawing end foarútgong der tael, matte da scriûers, sa fulle dwaenlik, ynnath ald-Frysk self da wetten foar hiar spelling siikje’. Mei elke jiergong fan Iduna giet er in stapke fierder nei ‘it wiere’ ta. Foar de folkslektuer, dêr't er ûnderwilens ek foar soarget, brûkt er in makliker stavering, mar ek dêr hellet er stadichoan hwat mear fan it Iduna-systeem yn. Komt der krityk, wurdt der om syn ‘idée fixe’ lake, biskôgje guont him as in maniak, kleije party lêzers dat sok Frysk net to lêzen is, hy giet syn gong. Hy docht dat ek as der in fûle, mar earlike en kundige oanfal op syn stavering komt fan de kant fan mr. Ph. van Blom, dy't warskôget: ‘Benim it folk dij sucht net om Frysc to laezen, throch it in kost foar to setten, dij it net fortarre kin’, en ‘scriûw sa as er spritsen wirdt, mar net sa as er spritsen is! 1) De earnstige eftergroun fan Sytstra syn staveringsstriid moat goed sjoen wurde, om bigripe to kinnen dat hy him wol tsjin Van Blom syn útspraek forsette moást. ‘Ik wol biwize, det wy yette de egenste tael hawwe, en moat ik det, en elk dy't it mei my bisiket, slûpe litte, den is it ek de moeite net wirdich tiid en krêften oan it Frysk to bistellen. Den bitsjut it to min’, skriuwt er yn 1847 oan Tiede Dykstra. Foar ús nijerwetsk bigryp fortiist er hjir tael en stavering en hat er ek net ge- {==116==} {>>pagina-aanduiding<<} nôch each foar de ûntjowing fan de tael. It foar-skriuwen giet by him boppe it bi-skriuwen en hy liket net yn to sjen, dat syn bousel in net mei de werklikheit oerienkommend maekwurk is. Dêrneffens is dit diel fan Sytstra's libbenswurk mislearre, wol men hawwe. Mar dan wurdt forgetten, dat foar him dizze staveringskwesje gjin wittenskipswurk of libbensfrjemde stúdzje is. It wurkjen dêroan bitsjut foar him it lizzen fan de fundaminten fan it Fryske taelgebou en ta de forfolling fan dy libbenstaek wurdt er oanienwei fan in greate hertstocht dreaun. De ynfloeden fan de Dútske romantyk (via Tiede Dykstra) binne hjir klear to fornimmen; lyk as syn stúdzje fan de germaenske talen, syn biwûndering foar de noardske goadelear, syn bioefenjen fan it germaenske stêfrymfers, sa is ek syn stavering dêr net sûnder to forklearjen. Sûnder in djip leauwen oan de idé fan Great-Fryslân is dy yn har ûntstean ek net to tinken. De algemiene Fryske skriuwtael moat ommers alle bisteande dialekten (West-, East- en Noard-frysk) omfetsje en fan alle stambruorren brûkt wurde kinne. Sytstra hat bisocht, dit allegearre wittenskiplik ût to wurkjen yn syn ‘Friesche Spraakkunst’. Mei de plannen dêrfoar roun er al yn 1846 om, mar it wurk is nea rékommen. De ‘Inleiding’ forskynde yn 1854, de ‘Klank- en Schriftleer’ yn 1856 en de ‘Woordenleer’ yn 1862. Hy woe der it biwiis mei leverje, dat Ald- en Nij-frysk, West- en Noard-frysk ien en deselde tael foarmje en fangefolgen ek ienselde stavering hawwe moatte. It is droech en toar wurk, dy spraekleare, mar lykwols mei hja in dichterlik torso hjitte, sa't syn taelskôging in romantysk ideael en syn stavering in utopyske dream neamd wurde mei. Lit Sytstra as taelkenner earder in forbjustere ienling as in fornijer of baenbrekker west hawwe, foar syn helthaftich stik wurk sil elke Fries net oars as mei de greatste earbiedenis stean kinne. 1) Njonken de stavering treft jin yn de Iduna's de striidberens, it foarse, oardieljende en oantrúnjende wurd en boadskip. Feninich en sarkastysk kin Sytstra mei syn tsjinstanners spotte, fûl en rjochtút is er yn syn ôfgriis fan it leffe, healslachtige, forhollânske Friezendom, dat er mei in sterke rhetoryk giselet. ‘Op eltse boech, da Friesen hiar ere op to halden, da fryske spraek hir alde glorie wer to jaen’, of ‘fremdsin deye, 't poepsk forjeye, der is 't skreppen um to dwaen’, of ‘wy moatte fierder, dêrta jowt it forline moed, en de tsjinstân dy't it Selskip yette ûnderfynt, poarret dêrta oan’, sokke en oare uteringen {==117==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding ‘It Hinneklaed’ fan H.S. Sytstra (Blomlêzing, s. 116). Hânskrift fan de dichter.==} {>>afbeelding<<} {==118==} {>>pagina-aanduiding<<} biwize dat syn krityk posityf rjochte wie. De hiele tsjintwurdige Westerlauwersk-Fryske biweging giet dan ek op him werom; hy pleitet foar it forwêzentlikjen fan praktyske easken (Frysk op skoalle, yn brieveforkear en advertinsjes) en moat neat hawwe fan leafhawwerij en pielderij. Hy sjocht it wiid: taelstriid is striid om selsbihâld en ‘tael en folksbistean hingje oanien, lyk as siele en lichem by de minske’. Gjin forwyt rekket Sytstra mear as dat fan provinsjalisme. Yn dat prachtige ‘Wurd oan ús lânslju’ út 1848 seit er: ‘Wy libje mei de Hollanner ûnder ien steatshúshâlding; yn safier as ús mienskiplike bilangen rikke, lûke wy mei him ien line; mar yn East- en Noard-Friezen sjogge wy ús bruorren; de Grinslanner is ús jit altyd sibber as de Hollanner’. Ek yn syn fersen binne dizze lûden hyltyd to hearren; lês mar ‘Foarút!’ (‘Foarút! foarút! de naesjes om ús hinne Tsjenn' allegearr' nei heger doelwyt op, En wy, wy soene toevje? wy allinne?’), of dat sterke en manlike ‘Bea’, skreaun fuort nei it revolúsjejier 1848, of dat hertstochtlike ‘Ofskied fan freonen, dy nei de Foriene Steaten fan Noard-Amearika teagen’. Omdat Sytstra Fries is, is er Great-Fries; Magna Frisia is foar him in histoarysk feit, dêr't hjir net sûnder fierder to libjen falt. Dêrom is er ek germaen; hy sjocht de fijân altyd út it suden weikommen. Syn greate leafde foar it Frysk forline wreidet har ta al it âldgermaenske út: de Angelsaksers en Skandinaviërs hawwe syn duorjend omtinken. Hy doar allinne stean en as it moat, lyk foar allegearre oer; dêrom is er wol ‘de earste helt yn it 19de ieuske Fryslân’ en ek ‘in Frysk lieder’ neamd. Hy sjocht him net blyn op it forline, mar wit hwat de takomst freget. Klear sjocht er it nearzige paed dat er gean moat, mar skrillet der net foar werom en bliuwt de moedige, frije Fries, dy't it doel heech stelt en fan gjin bûgjen wit. As jongkeardel hat er syn freonen wolris oer syn libbensplan sprutsen: earst soe er in Fryske spraekleare skriuwe, dan moast der in Frysk wurdboek gearstald wurde en as hy dêr mei klear wie, soe er syn swannesang dichtsje, in great heltedicht, mei as ûnderwerp de komst fan de Friezen hjir yn Fryslân. Doe't er mei it earste oan de gong wie, waerd hy hjir al weinommen. Mannichien hat it frjemd talike dat dizze man, dy't de skriuwer fan in klassyk Frysk epos wêze kinnen hie, safolle muoite en krêft oan de folksskriuwerij ‘forgriemd’ hat. Ien dy't sa'n bytsje organisaesjeman en mienskips-minske is, dy't it fan Tsjibbe Gearts, Waling Dykstra en oaren net hawwe kin, as hja har to fier nei it publyk oerbûgje, forwachtet men soks net fan. Fan in ‘koele en hege hâlding’ foar dy folksskriuwerij oer, blykt lykwols neat, al sjocht er har fansels wol kritysk. Yn de foarlêzing fan 1845 seit er: ‘Lit er derom foar sorge wirde, det er fryske stikken foar honden bliue, wer det folk op aesje {==119==} {>>pagina-aanduiding<<} wol, dit is heachst neadsakelyk om da tael únder det folk steande to halden... Mar soks mat nea by olleger end yn ol det wyt der scriûers wirde, sa lang da faek wol bisige mar op sin tiid ac heach earnstige Friesen nawt yn wiffe lichtsinnige Franskes foròre benne.’ Bûtendat, sels wied er mei wurk bigoun (Tsien Tuwsen), dat folle fan Halbertsma-neifolging hie; syn hiele libben skreau er ek yn boekjes as Suringar's almanak en Swanneblommen. 1) De earnst, dy't him sa eigen wie, forbriek er dan faek, mar nea hat er skreaun ‘om én domme tinslease heap to bihágjen.’ Syn koartswyl komt jin dan ek gauris oan as forsearre en altyd is dy fan in skerper, wreder soarte as byg. dy fan Waling Dykstra. Yn de ‘Blau-Mandeis-krante‘, dêr't mar twa nûmers fan forskynd binne (1856-'57), komt dat dúdlik út. Yn folksaerdige foarm hikkelt er alles dat him net nei 't sin is yn tsjerke, steat en maetskippij; moedich komt er foar sosiale rjochtfeardichheit op en as radikael-liberael jowt er de dûmny's en de finen der omraek fan lâns, (fgl. ek de fersen: Hoppe; Doafpot en domper). Sokke skriftkes tsjûgje likegoed fan Sytstra syn satiryske oanliz en syn oprjochte driuw nei wierheit en minsklikheit, as fan syn bounwêzen yn de tiid en oan in biskate geastlike sfear. Op hokfoar gebiet er dat tydlike it meast ûntriisd is, as wittenskipsman, folksopfieder of kunstner, falt min to sizzen: Sytstra is foar alles in persoan, in ienheit. Syn opstellen en skôgingen binne foars en rjochtút en biwize, lyk as ek syn forheljend proaza-wurk, syn geve taelbihearsking. Dúdliker lykwols komt syn eigen aerd út yn it dichterlik wurk. It epysk karakter, in sterke, mannelike toan, in foarleafde foar seedlike learing (de didaktikus utert him graech yn fabels en satire!), in ôfgriis fan sloppe, ynhâldleaze eamelderij (soms wol oerdreaun lyk as yn ‘Sterke drank’) en in oanstriid ta hertstochtlike utering (byg. ‘Oan...’), typearje syn fersen. It emosionele en it rasionele geane by him faek in seldsume forbining oan. Dy't in folk wekker meitsje wol en him ta oantrúnjen en bisieljen roppen fielt, moat ek wol krêftiger toanen fine kinne as inkeld lyryske. Iensidich is Sytstra as dichter dan ek net. Mei syn maklike hantearring fan de ferstechnyk hat er tige de slach fan it neifortellen op rym (in sêge as de ‘Ljouwerter wiven fan alear’), mar tagelyk kin er utering jaen oan de tearste ynlikens yn de ‘Rousang’ en de Reginesangen. De kostlike humor fan ‘Nynkmuoi en har poeske’, de sobere bylding fan libbenswysheit yn ‘Doutsen en har suster’, de ynbannige {==120==} {>>pagina-aanduiding<<} biskriuwing fan it houlikslok yn ‘Bernsberne boaste’, it tear en djip neifielen fan it bernelibben yn ‘Bern’, de sterke stêfrymfersen ‘Unwaer’ en ‘Hjerstjoun’, it trintene dounsjen en sjongen fan de ‘Swellesang’, hja tsjûgje stik foar stik fan Sytstra syn ryk dichterlik talint. It ‘swiet muzykjen’ fan Gysbert Japiks is him net hielendal frjemd, mar hy is oars as de Boalserter dichter, dêr't er mei yn de lytse rige fan Fryslâns bigenedige sjongers stiet; syn wurk komt jin fûlder, striidberder, ‘barbaersker’ oan. Leit der tusken dy twa ek net in tige great forskil yn it forstean fan godstsjinst en kristlik leauwe? As Harmen Sytstra langer libbe hie en him net sa'n swiere lêst to dragen jown wie, hwat soe er Fryslân dan hwat jaen kinnen hawwe, is der faek sein. Mar hat er nou al net folle mear jown as Fryslân fortarre en forneare kin? Moed, trou en úthâlden, dêr wie er great yn; hoe mear hy twivele, hoe fûlder hy arbeide. Gjin Fries yn syn ieu hat heger doel steld, gjinien hat oan dat doel syn libben réfurdiger jown. Foargonger, foarbyld, paedwizer, lieder, tsjûger, skald, - men siket om wurden, dêr't Sytstra sels grif mar ien wurd foar hie: Fries. 4. Gerben Colmjon en Johan Winkler Sa goed as literatuer en striid yn dit tiidrek yn Fryslân trochinoar hinne lizze, is dat ek it gefal mei literatuer en wittenskip. De romantyk hat altyd greate forbiningen tusken ûnderskate libbensgebieten witten to lizzen en mocht fral graech de eigenheden fan it folk yn in universeel ljocht sette; boppe de skieding socht hja de ienheit. Dy ienheit lei yn it nasionale stribjen, dat tael- en skiednisstúdzje, striid en skrifteken-nisse, bioefening fan neistenleafde en forsterking fan folksdeugd (‘Fryske sin’) as foarnaemste uteringsfoarmen hie. Yn de persoan fan Colmjon sawol as fan Winkler komt dat allegearre klear út. Op hokker gebiet hja ek wurksum binne, jimmer tsjûgje tinzen en wurden sa sterk fan in nasionale (en meastal Greatfryske) skôging, dat min út to meitsjen is oft hja earst dichter en skriuwer, of wittenskipsman binne. Gerben Piters Colmjon (27 april 1828-28 desimber 1884) is wer ien fan de lange rige Friezen, dy't harsels hielendal foarmje moasten (autodidakten). In Ljouwerter jonge, dy't syn stêd trou bliuwt. Oan syn alfte jier ta op de legere skoalle en dan tsjin it sin by syn heit as boarstelmakker yn it wurk. Drege selsstúdzje, fral talen; boekeleafhawwer, sneuper. Jac. van Loon fornimt dat der hwat yn de jonge sit en bringt him mei Tiede Dykstra yn 'e kunde, dêr't er ek les fan kriget. Under har ynfloed wurdt er foar it Frysk woun (heit wie Hollanner, mem kaem fan Wergea), dat er lykwols op sakereizen en út boeken {==121==} {>>pagina-aanduiding<<} jit leare moat. Yn 1849 jowt er him op as selskipslid en sûnt boddet er trou mei, nettsjinsteande earmoede, sykte, en, yn it bigjin, lytsachting fan de hegerein. Tritich jier âld, troud man en heit al, jowt er de boarstelsaek der oan en bigjint in boekehanneltsje. Yn 1862, nei de dea fan Sytstra en Dykstra, wurdt er Iduna-samler en selskipsskriuwer. Hy studearret en bisiket syn heukerich bistean mei hwat kranteskriuwerij en as forslachjower fan de Fryske Steaten en forsekeringsagint to forbetterjen. Fiif winters (1863-'68) giet er as opfolger fan Tsjibbe Gearts mei Waling Dykstra fuort foar ‘Winterjounenocht’, mar hy is gjin man foar op de planken. Yn 1868 komt er einlings toplak: hy wurdt as opfolger fan dr. Eelco Verwijs archivaris-bibletekaris fan Fryslân en letter, as er bliken jowt syn baentsje ek skjinmeitsje to kinnen, ek ryksarchivaris. It jowt him gjin reden minder foar it Selskip yn it spier to wêzen en hwat dizze wrotter mei syn swakke lichemskrêften as man, as heit en as freon wie, jowt it rjocht him ien fan de ealsten neffens de geast to neamen. It ynbannige fjûr fan Harmen Sytstra hat Colmjon net; hy is hast hwat tó dimmen en biskieden, tó folchsum en earlik. Hy hat in stielen wil, mar is foar oaren oer tige mijen; hy is in boekewjirm en man fan taelstúdzje sa't der net folle binne, mar lit dat amper nea blike. Hy is in from en godstsjinstich man, orthodoks fan hûs út, mar rekket dochs - alwer mei ûnder ynfloed fan Tiede Dykstra syn radikalisme - by de tsjerke wei. Trou is er as ien, in geastdriftich frisiast, mar gjin greate, oerhearskjende persoanlikheit. Van Loon en hy nimme yn 1862 de lieding fan it Selskip fan Dykstra en Sytstra oer, hja kinne dy har sterk lûd net hearre litte, har rjochte streek net fuortsette, mar hja witte in djûr pân hoeden en taktysk to biwarjen, hja passe har ek oan by de easken fan de praktyk. De staverings-anarchy moat in ein oan komme en it folk moat woun wurde foar Frysk lêzen, is Colmjon syn bitinken. De Iduna-stavering wurdt mei fordrach mar wolbiret loslitten en yn 1863 al forskynt Colmjon syn ‘Beknopte Friesche spraakkunst voor den tegenwoordigen tijd’, dat meihelpe moast oan de bitizing in ein to meitsjen. It leit foar de hân: Sytstra syn grammatikael wurk is dêrmei foargoed fan 'e baen skoud. 1) {==122==} {>>pagina-aanduiding<<} Yn 1863 wie Iduna mei in ‘Oarde rige’ bigoun; de dea fan Sytstra wie in mylpeal wurden. Yn 1871 wurdt it tydskrift omneamd yn ‘Forjit my net’ en dêrmei is oantsjutten dat it earste tiidrek fan de Fryske romantyk ôfsletten is. It is suver in symbolysk forskynsel: in koarte, rike namme wurdt ynruile foar in neatsizzenden. En ek, de germaenske goadeleare, by Dykstra en Sytstra sa yn de gunst, wurdt net mear achtslein; earst yn de twade Fryske romantyk, by Piter Jelles-en-dy, komt dy wer hwat yn eare. It nije rasionalisme fan de lêste helte fan de 19de ieu wurdt de romantikus Colmjon ek faek de baes; hy leaut sterk oan de foarútgong, oan de macht fan de rede, mar mei syn geast bliuwt er dochs graech by syn foargongers en hy sjocht bytiden ek it tokoart yn de biskavingsidealen fan syn tiid wol. It is Colmjon net to forwiten, dat Dykstra en Sytstra net mear yn alles folge wurde. Oan leafde en warberens ûntbriek it him ek nea. De tiid wie foarby en it like wol, dat Fryslân mei ien romantyske opstiging foar lange jierren syn greatste krêft forbrûkt hie. Warber wie Colmjon as net folle. It wurk oan it Frysk wurdboek fan Joast Halbertsma (glossarium frisicum) sette hy nei dy syn dea fuort en foar it ‘Friesch Woordenboek’ hat hy de grounslach lein. De earste folsleine útjefte fan de ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma's yn 1871 en ek de twade fan 1881 hat hy birêdden en forsoarge. Fan 1850 ôf oan syn dea ta publisearre er tal fan bydragen yn rym en ûnrym yn Swanneblommen (it jierboekje dat it Selskip fan 1850-1916 útjown hat), Iduna, Forjit my net, en oare tiidwurkjes. Syn poëzij is fol sentimint, mar ienfâldich en klear, ‘sa gemoetlik, sêftoantaestend’ neffens Gerben Postma. De hege, brede flecht fan Sytstra syn bêste fersen siket men by him om 'e nocht en dêrom docht it nij, dat hy ek mei plannen foar in heltedicht omroun hat. Syn lûd is oprjocht, earnstich en stil, mar wolris op it ientoanige ôf; graech mei er in godstsjinstich-seedlike learing jaen, dy't yn har sljochtens faken oertsjûget. De Fryske Lieteboeken hawwe fiif sangen fan him opnommen, (û.o. ‘Wy, wy litte ús tael net farre’, ‘Gods greatheid’ en it suvere, teare ‘Dou bliuwst my by’). Bikend is fan him ek it dichtstik ‘Bi th' forstearan fen dr. Eeltje Halbertsma end ds. Rinse Posthumus’ (Iduna XVI, 1860). As oersetter falt er op troch in goede kar: wurk fan Shakespeare, Goethe, Schiller, Heine, Lessing, Jean Paul, út it Noardfrysk, út it Deensk fan Andersen, Ingemann, ensfh. Colmjon syn proaza is faek earlik en weardich. Syn opstellen oer Fryske skriuwers as Rein Windsma, in oan him bisibbe geast, en Harmen Sytstra binne jit mei nocht to lêzen troch har waerm ynlibjen en goed oanfielen. Der binne in stikmannich histoaryske novellen fan him forskynd, dy't ta de goede midsmjitte rekkene wurde moatte; better {==123==} {>>pagina-aanduiding<<} binne de tige aerdige forhalen ‘Hwat de leafde net dwaen kin’ en ‘In opkeammerke to Ljouwert’, beide fan 1862 en beide net frij fan nayf sentimint. It evangeelje neffens Lukas, dat er yn 1879 yn it Frysk útjoech, hawwe ek oaren ta meiholpen. As in greate fortsjinste moat him oanrekkene wurde, dat er, as alderearste, skerpe en forstannige (meast taelkundige) krityk útbrocht hat op it Oera-Linda-bok, dat yn 1867 op 'e lappen kommen wie en de wittenskiplike wrâld danich yn opskuor brocht hie. En net to forjitten: folle oankommende skriuwers hat er mei ried en died holpen, mei frijhwat Friezen (ek út East- en Noard-Fryslân, dy't er tige achtsloech) stie er yn drok brieveforkear, syn wurk oan de Bibleteek die er mei greate tawijing. Mear as frucht fan oprjochte heitelânsleafde is dit libben: it is in trouwe, dimmene tsjinst oan Fryslân. Johan Winkler (12 septimber 1840-11 maert 1916) wie ek in Ljouwerter boargersoan, dy't fan Tiede Dykstra les krige: ‘mynen leermeester en leidsman ter Friescher bane’ sil er him letter neame. Hy studearret medisinen, is in skoftke skipsdokter en set him dan yn Ljouwert nei wenjen. Hjir forkeart er frijhwat yn de Genoatskipsrounte, mar as syn wiif, in Grouster boeredochter, al gau komt to forstjerren en hysels op ûnnoflike wize yn de Oera-Linda-bok-kwestje bihelle wurdt, tsjocht er nei Haerlim, dêr't er alles hwat Fryslân oanbilanget oan syn dea ta trou folget. Folksskriuwer is er net, mear in stille gelearde, mar dan ien dy't oanhâldend mei it folkseigene dwaende is. In geef karakter, trou en oprjocht, suver hwat romantysk-nayf; it wurd ‘stânfries’ leit him faken yn de mûle bistoarn. Hy is ien fan de earsten, dy't it Greatfryske mei it Greatnederlânske stribjen yn forbân bringt, lykas letter de Fryske neerlandici Buitenrust Hettema en Schepers. Winkler wie in archaïst, in man mei wisse, âlderwetske opfettingen, ek op it stik fan de tael. ‘In neibloeijer út it midden fan 'e 19de ieu’, neffens J.J. Hof, dy't him goed kend hat. Hy wie orthodoks, in tsjûger foar it ‘Kerstenleauwe’, slim anti-sosialistysk en ek anti-feministysk. Romantikus wie er yn ieren en sinen en op literair gebiet stie er tige ûnder Dútske ynfloed; it greate en goede forline idealisearret er syn libben lang en wurdt it hjoed yn alles ta foarbyld steld. Syn taelskôging heart by dy fan de Iduna-skoalle thús; neffens modern bitinken is syn taelbigryp slim réaksjonair, mar yn de lange rige Friezen, dy't dat wol to hâlden jown is (fgl. Gabbema, Hilarides, De Haan Hettema, Sytstra e.o.) misstiet er grif net. Syn tael, sawol Frysk as Hollânsk, is oarspronklik en persoanlik; mei taelsuvering pielde er folle; de styl is uterst {==124==} {>>pagina-aanduiding<<} forsoarge, mar stiif en deftich, hoewol der altyd in sterke gefoeligens efter libbet. Syn freonskip foar Dútsklân (‘het zoo krachtig herbloeiende Germanendom’) en syn forheftige fijânskip tsjin Frankryk en de Frânske geast, syn tagedienens foar Guido Gezelle (dy't Frysk fan him learde) en foar oare Flaemske striders, wize op in soarte fan pangermaensk fielen, dat er ek yn syn wurk gauris ta utering bringt. Dat wurk is mar foar in part Frysk: almeast forhalen, skiedkundige sketsen, opstellen oer tael en folklore yn Iduna (skûlnamme: Gundebald), For Hûs en Hiem, ensfh. Ut it Noardfrysk brocht er wurk fan C.P. Hansen yn it Westfrysk oer en út it Latyn de pauselike bulla ‘Ineffabilis’. Yn syn talrike stikken yn Hollânske, Flaemske en Dútske tydskriften frege er jimmer it omtinken foar de Fryske skiednis, âldheiten taelkunde, en as grounlizzer fan de Nederlânske dialektstúdzje en nammekunde (op beide gebieten wie er syn tiid fier foarút!) joech er it Frysk syn rjochtlik plak. Hy wie meiwurker oan it ‘Friesch Woordenboek’ - al kaem er mei de haedbiwurker dêrfan, Waling Dykstra, trochstrings yn tsjok waer - en it fjirde diel, de Nammelist (Onomasticon Frisicum) hat hy allinne forsoarge. Op jongeren lyk as Jan van Wageningen thoe Dekama, Jan Jelles Hof en dr. G.A. Wumkes hat er net sûnder ynfloed west. Yn de Fryske nasionaliteitsbiweging nimt er, mear as yn de Fryske skriftekennisse, in eigen plak yn. 5. Hjerre Gjerrits van der Veen Hoewol mear didaktikus as romantikus, en hoewol dizze skriuwer sa sterk yn de aktualiteit fan syn tiid meilibbe, dat al syn krêften fan it hjoed opeaske waerden en hy gjin ynspiraesje yn it forline hoegde to sykjen, moat Hjerre Gjerrits van der Veen dochs yn dit haedstik bisprutsen wurde. Hy is dy't er is, hast mei gjin oaren-ien to forgelykjen, altyd ûnôfhinklik en syn eigen wegen geand, striidber op it dwerse ôf. In emosioneel, kritysk minske, dy't samar mei in oar oerheap leit. In oergongsfiguer, dy't lykwols dochs mear by de mannen fan de Fryske romantyk as by Waling Dykstra-en-dy thúsheart. Ien dy't de frijdomsidealen fan de Fryske romantyk mear as oaren yn it sosiale, politike en godstsjinstige libben trochwurkje litte wol. Hy wurdt 15 maert 1816 to Grou berne, fan heite kant fan skippers-, fan memme kant fan boargerkomôf. De Halbertsma's hat er fan oansjende kend en by harren hat er heech opsjoen; har sosiale klasse wie sines lykwols lang net. Der is efkes praet fan, dat er lyk as Joast ta menniste dûmny leare sil, mar safier komt er net; hy is letter fûl frij- {==125==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding HJERRE GJERRITS VAN DER VEEN==} {>>afbeelding<<} {==126==} {>>pagina-aanduiding<<} sinnich-herfoarme. Syn oplieding draeit op dy fan skoalmaster út; yn syn berteplak is er kwekeling (de Fryske skriuwer Auke Boonemmer siet by him yn 'e klasse) en ûndermaster, en dêr ek hellet er fan 1833-1838 syn 4de, 3de en 2de rang. De hiele 19de ieu troch en langer is skoalmaster-wurde yn Fryslân de fierst-birikbere mooglikheit foar de folksjonge. Dêr yn Grou bigoun Hjerre Gjerrits al Frysk to skriuwen, dêr koe er syn muzikale oanliz uterje troch syn wurk foar in sjongkoar. Mar al hoe't er sollisitearret, in mastersplak kriget er net gau. Yn 1842 slagget er nei Dunegea en dêr, yn it iensume gea by de Tsjûkemar, bliuwt er oant 1847: in heukerich, earmoedich frijfeintebistean. Hjir wurdt er foargoed Frysk skriuwer, hjir kriget er ek de konsepsje foar it lettere boekje ‘De Kaertlizzer’. Hy wennet der mei syn suster, docht alle war om der wei to kommen en nei fiif jier einlings giet er nei Driezum, yn de Dokkumer Wâlden dêr't er him sa goed thús fiele sil. Yn de folksmûle is er hjir ‘master Hjerre’ en neffens eigen oantsjutting ‘scoalle-master, foarlaezer, orgelist, kloklieder, bibelwarrer, haechsnoeyer, tsjerkhofskoffeler, strjitwjoeder, insfh. to Driesum in foarsjonger te Walterswald.’ Yn 1852 moat er in moanne ‘sitte’ fanwegen bilediging yn in famyljekwestje; it sil net de lêste kear wêze, dat der gâns opskuor om syn namme is. 1) Ryklik âld al, yn 1854, trout er mei in boeredochter. Hy biweecht him yn alderlei formidden (Nut, ûnderwizersorganisaesje, polityk) en jowt him mei hert en siel yn de journalistyk. Yn 1867 wurdt er in moanne útsletten fanwegen sloffens yn de skoaladministraesje, yn 1870 wer in skoft, om't er yn tsjok waer sit mei de boargemaster. Hy fjochtet oanhâldend, is o sa liberael, tige anti-orthodoks (mar mei syn stean oan de kant fan de fordrukten hat er in swak op de Ofgeskeidenen fan 1834) en kriget hyltyd mear each foar de needsaek fan in sosiale fornijing. Syn lêste libbensjierren, fan 1882 ôf, is er húswarder fan it gritenijhûs to Moarmwâld en dêr is er yn 1887 tige hastich forstoarn. Al ier lid fan it Frysk Selskip en letter earelid, wied er dêr in tige trou meidogger fan. Hy wie ek ien fan de earsten, dy't Fryske les (bûten de skoalle-ûren...) joech en op suvere tael en stavering die er jimmer war. Fan krite-, skoalmasters- en Nutsgearkomsten wied er in trou {==127==} {>>pagina-aanduiding<<} bisiker en hwer't mar hwat ta bifoardering fan ‘de foarútgong’ to rêdden wie, die hy mei. Hy wie mear in man fan witnis as fan wittenskip; syn stúdzje wie oerflakkich en syn aerd brocht mei dat er gau syn oardiel klear hie. In man dy't him hiel hwat fan talen en skiednis eigen makke hie, in folklore-sneuper, ien dy't alle kanten fan it folkslibben tige achtsloech, in waerm muzykleafhawwer. Ien dy't der yn it Fryslân-fan-doe, mei syn net sa lytse keppel kopstikken, gâns útroun en dy't ek gjin war die himsels nei de midsmjitte ta to bûgen. Hy hat op syn tiidgenoaten wol yndruk makke. ‘De man mei in geniale kroesige, wol hwat kantige kop, en libben each, hwer't it fjûr yen út tomiette striele, firdich fen liif en lea, mar hwet rimpen. As der ien man wier, dy't men Frisiast neame koe, den wie hy it’, is it oardiel fan J. van Loon. En Gerben Postma tsjûget fan him: ‘Mei syn lek en brek forearje ik him heech as dy't uterst seedlik, forstannich yn syn tiid himsels ûntwikkeljend, ûnselssuchtich en earlik fen karakter wier’, wylst wer in oar by syn dea rymke: ‘In man, dy jimmer stribbe nei wierheit, ljocht en rjucht, dy for de frijheit libbe.’ Genôch, om him in apart fortsjintwurdiger fan it Fryske liberalisme fan de 19de ieu to neamen, in figuer dêr't wy de kultuersituaesje fan dit tiidrek faek klear en hast altyd kleurich yn wjerspegele sjogge. Hjerre Gjerrits is yn de groun fijân fan de tsjerke 1) en fan de dûmny's; fan hel, predestinaesje, fordommenislear hat er in ôfgriis, noch mear as fan byleauwe, mystyk, minske- en dogmahearskippij. Syn pleit foar fordraechsumens slacht yn ûnfordraechsumens oer, sadré er de tsjerkerinners en de lju fan de sindingsfeesten yn de faksen sitte kin. Lit er yn syn striid tsjin harren lykwols skerp en agressyf wêze, forheftich en faek heechmoedich, hy is altyd rjochtút en frij fan draeijerij. Yn alles is er it tsjinstelde fan slaefsk en tsjinstber; hy is fan it slach fan Joast Halbertsma, mei deselde foarleafde foar humor (anekdoten!) en satire, mar minder ‘barbaersk’ (omdat er minder gefoel foar demony hie?). Syn libbensrigels binne dy fan it optimistyske, rasionalistyske modernisme fan syn tiid: forljochting fan wrâld en minskdom; wês wier; ken dysels; lear de bern logysk to riddenearjen, hwant ‘logika skaft altyd ried’. Fansels is er moralist: Fan Jezus as ‘sûndebok’ moat er neat hawwe, wól fan it foarbyld yn seedlike folsleinens dat er jown hat. It giet om it libben, net om de lear, (‘kinne goede wurken ús net sillich {==128==} {>>pagina-aanduiding<<} meitsje, kweade tominsten net’), en fangefolgen hat er hyltyd mear it grau op it bibelleauwe. Ut forûntweardiging bigjint er to spotten, by sa'n aerd mear wyld en bitter, as bihearske. Hy uteret him skerp, feninich, geastich en tige persoanlik, soms op it ûnforsteanbere ôf (sjoch de motto's fan ‘De bitsjoende wrâld’) en faek sa subjektyf-maniakael, dat men fan bjusterens en bluistrigens prate mei. As minske is er ympulsyf en aktyf, geef yn syn stean foar oertsjûging en ropping; syn wurk is it produkt fan in oanhâldende wikselwurking tusken syn ik en de tiid. Hertstochtlik folget er de geastlike en maetskiplike ûntjowing, mar fangefolgen kin er de ôfstân min biwarje, komt er mar inkeld boppe it biheind-tydlike út en is er folle faker slachtoffer as er sels wit. It leit yn 'e reden, dat sa'n skriuwer wol seldsume produktyf wêze moast. Hast in heale ieu oanien publisearre Hjerre Gjerrits gâns dichten proazastikken yn Fryske tydskriften, jierboekjes en kranten, hâldde er lêzingen, levere er oan tal fan blêdden (Prov. Friesche Courant, Friesche Courant, Friesch Volksblad, e.o.), almeast yn it Hollânsk, korrespondinsjes, ynstjûrde stikken, literaire bydragen. Hoefolle gelegenheitsdichten, feestdronken en Nutsdeuntsjes, taspraken en preekjes hy net skreaun hat, komt net sa krekt. It wurk is der dan ek gauris neffens: fiersto rûch en ûnbislipe, mear ôfgeand op foarsens fan sizzen en uterlik fortoan as op inerlike djipte, mar withoefaek ek apart, skerp en nijsgjirrich. Fan it wurk, dat Van der Veen yn boekfoarm útjown hat - soms wol foar eigen rekken - folget hjir in skematyske, net kronologyske opjefte. Sang: Frijsce Fjouerstim as Toolf fjouerstimmige sangen foar sanggeselscippen in oare gearkomsten, 1844; Nije mearstimmige, greatliks oirsprunklike sangen, 1856. Skoalle: De Schoäll' forsjongery as 't Sielweagen by 't Examen to N. (Toneelspil yn ién uetkomste). Berymd troch Argus, 1847; Oars it 't nou! Ien ruwkerke foar't ‘schoolwezen’, 1859; Curaters, weits! of Hwat moike, ewen foar hjar dead, sei. Ien wirdke foar elts dy to dwaen hat mei de nye scoällewet, 1861. Forhael: De Kaertlizzer. Ien story der 19e ieu, 1856; fan Selskipswegen bikroand. Folklore: De wîlde Lantearne. En Nuts-preekje, 1855; De bitsjoende Wrald ef De nije wylde Lantearne, 1880. Satirysk rymwurk: Rymkes foär Friesen, 1844; Clipsrymkes, 1846; Geast end Pung. En deuntje ût end foar ûs dagen, 1868; Frymitslery oer godstsienst, maetskippy, natûr, politiek, sedekinde, tsjerke end upfieding, mei itlike photografykes as tajefte, 1871. Gelegenheitsdicht: Oan de Friezen, yn Foarmoane fen 1861, by 't fornimmen fen de oerstreaming oan Maes in Wael, 1861; Fulksdeuntje up earste April 1872, (‘Wei mei tirannen!’); Op 'e earste tramrit yn ús Fryslân. fen Dockum op Feanwâlden, 1880. Oersetting: Lîtse rîmkes foar bern, fon Mr. Hieronymus van Alphen, for- {==129==} {>>pagina-aanduiding<<} frîske, 1852; De Oerwintering der Hollanders op Nova Sembla, fen H. Tollens, Cz., forfryske, 1861; Oan de Freugde, oersetting fan Schiller's Ode an die Freude, N. Fr. Volksalm. 1861, s. 73-77. 1) Al dit wurk is wakker ûngelikens en hat tige syn foar en tsjin. As oersetter byg. koe Van der Veen Schiller net oan, Van Alphen wol, mar hat er Tollens forbettere. As bioefener fan it koartdicht (útfallen fan ynfallen, fjûrstienfonken, spiritus, by drippen yn to nimmen, - trije fan syn eigen bineamingen foar dit slach wurk) hat er greate fortsjinsten. As dizze Fryske liberale lekedichter mei de earenamme ‘master fan it Fryske epigram’ sierd wurdt, komt him dat folslein ta en faek kin er yn dit stik njonken de Hollanners Huygens, Staring en De Génestet stean. Neffens Wadman wie der yn de Clipsrymkes byg. ‘gjin histoarje, mar aktualiteit; gjin Schwärmerei, mar krityk en satire; gjin mystyk, mar “natuerlike religy” en deugdoanbidding; gjin smoute humor, mar spitse fornimstigens; gjin sljochte folkstael, mar moedsum eksperimintearjen; gjin pastorale ienfâld, gjin rjocht en sljocht, mar formeits oan riedseltsjes, mystifikaesjes, fuotnoaten en rare etymologyen.’ Allinne al de ‘Frymitselerij' fan 1871 bifettet sa'n 450 koartdichten: meiïnoar foarmje hja de bilidenis fan Van der Veen, mei syn bikende learútspraken yn alderlei herhelling en fariaesje. Fan syn proaza mei De Kaertlizzer foaroan neamd wurde, in romanyn-miniatuer en yn folle opsichten de treflike werjefte fan in trageedzje dy't de skriuwer yn syn earder wenplak Dunegea spylje lit. It fierdere wurk is foar in diel lêsbere journalistyk, foar in oar part dreger spul. ‘De wylde Lantearne’ is in rjochtstreekse en fûle oanfal op it byleauwe; as er in fearnsieu letter mei ‘De nije wylde Lantearne’ komt, hat er de forbining tusken byleauwe en orthodoksy jit dúdliker lein en giet de biskriuwing fuort oer yn de bistriding. De forstânlike didaktikus en de partijman yn him winne it fan de dichter, fan de man mei it weake moed. Foar de Fryske sang hat Van der Veen yn syn tiid gâns dien; it sosiale fraechstik hat er troch folle wurk syn lêzers op it hert boun; hy seach de needsaek fan goede bernelektuer. Der is by syn produksje wol hwat dat folkslektuer hjitte kin, mar ornaris is dit wurk to persoanlik, to nuver en apart ek, om dêr foar troch to gean; foar de faeije kant fan de folksskriuwerij hied er syn eagen ek wol iepen. ‘It foarname {==130==} {>>pagina-aanduiding<<} punt nou nimmend, wolle wy net de lûdroppers, mar elke sountinkende kennismeitser nochris yn it sin bringe, him troch “tsjusterheid” (hjir en dêr!) mei hwat “stroefens”, net ôfbringe to litten om it heel folle moaije, sêftsljurkjende, glêsheldere net by ûngelok oer to strampeljen’, seit Gerben Postma fan it wurk fan syn âldere freon. 6. Gerben Postma Ek al sa'n op himsels steand skriuwer as syn âldere freon Hjerre Gjerrits; ek ien, dy't neffens syn tiid fan libjen better by it twade tiidrek fan de Fryske romantyk (haedstik X) ûnderbrocht wurde koe. Dat hy hjir bisprutsen wurdt, leit him dêroan dat Postma ien fan de lêste en bilangrykste útrinners fan de Iduna-skoalle is en dat er ek biwust yn mannen as Sytstra en Colmjon syn foargongers sjoen hat. Gerben Postma waerd de 6de juny 1847 to Damwâld berne. Hy wie in omkesizzer fan Harmen Sytstra en hat foar him syn libben lang de djipste earbied field. Syn heit forstoar hommels doe't er acht jier wie; as op ien nei de jongste fan seis bern waerd er nou ‘memme pop’, to mear om't er net sterk wie; syn minne eagen bisoargen him ek gâns lêst. Mem, folbloed mennist, roun der yn it doarpsformidden troch har talekennis-en-sa hwat út; hja brocht him hwat weak op en dat, wylst er fan himsels al seldsum gefoelich wie. Koe it oars dat dizze man slim egosintrysk waerd en al gau folle quérulant-eftichs oan him hie? Hy wurdt skoalmaster, mar kin it net lang op itselde plak úthâlde en reizget sahwat de hiele Wâlden troch. Yn 1882 sit er yn Oerterp en dêr moat er in moanne de skoalle út fanwegen spul mei de boppemaster. Efkes letter liket der hwat mear fêstichheit to kommen; hy wurdt yn 1884 skoallehaed to Nes op it Amelân, mar seis jier neitiid rekket er troch de stifting fan in roomske skoalle dêr op pinsjoen. Fuortoan is syn ‘skerp-protestant-wêzen’ suver in anti-Rome-kompleks en syn libben lang kin er syn hate tsjin de roomske tsjerke en tsjin ‘Loyola's satanske krityk’ net forswije. Sûnt 1890 wennet er yn Moarmwâld, dêr't er de 13de july 1925 forstjert. Twaris hat er troud west, mar nea hat er bern hawn. ‘In nuver, lêstich man’ waerd er neamd, in ûnharmonysk minske, in fet fol tsjinstridichheden wied er. Sels tige kritysk oanlein, wied er foar oaren oer licht erchtinkend, gau tonei-kommen en ôfgryslike gefoelich foar alles hwat de eigen persoan rekke. Freonskip koe dan samar foroarje yn fijânskip, dy't to-pas en to ûn-pas utere waerd en slim to soenjen wie. Fral yn letter jierren seach er rounom spoeken, ûntank en mislediging. Seis faken stikelich en bitter en op it ûnforsteanbere ôf {==131==} {>>pagina-aanduiding<<} persoanlik, seach er himsels as ‘in skiif op de romte, dêr't elk foar oar mar op doelje mocht.’ Mar as er bitsjûget: ‘Ik hear tige ta de ûnheiligen, ta de sûndaers’, is dat net earst en fral greatske démoed, mar djippe selskennisse yn swiere ûren; sa hat er ek ienkear dat flymjende wurd fan himsels sein: ‘Hy hat syn tiid hawn sûnder syn tiid hawn to habben.’ Gerben Postma stie jimmer as ienling, hy hat nea guodkeape populairens socht, mar hwa hat sa'n ienkennich libben lang sa bernlik útsjoen nei tagenegenheit en sa swijend biddele om wurdearring? Dêr't er ûnrjocht seach of miende to sjen, sprong er daliks nei foaren en yn in ieu, dy't de stof as iennichst libbensbigjinsel miende ûntdutsen to hawwen, proklamearre hy ûnforfeard it ryk fan de geast. Hy wie oprjocht godstsjinstich en de fragen fan it evangelyske leauwe hawwe him syn libben lang net loslitten, mar nea soed er him ta bifeiliging efter syn frommens forskûlje en fan it organisearre kristendom wied er ek gjin great freon. Sels in man dy't, neffens goefryske wizânsje, troch eigen ynspanning ta de boarnen fan witnis en kunst kommen wie, hied er dochs jimmer bigryp oer de neden en soargen fan it sljochtwei folk. Dat folk hat him en syn wurk net bigrepen - fan de oplaech fan 250 eksemplaren fan ‘Swealtsjeblommen’ (1891) wied er seis, sawn jier letter tachtich kwyt rekke - mar it hat grif witten fan syn waerm hert en syn oprjochte geast. Yn inkelde dingen hied er wol hwat fan syn freon Hjerre Gjerrits, 1), mar troch aerd en opfieding stie er folle mear oan de selskant fan it libben. Hy hie ek hwat fan syn oare freon Tsjibbe Gearts, mar wie skerper, dreger, stroefer en gever en ek meastal sûnder dy syn boartlike humor. Wol in heale ieu lang en oan syn dea ta hat Postma skreaun, ûnbidich folle en op allerhanne gebiet, Hollânsk ek mar binammen Frysk (‘ik moast yn der iwichheit gjin Frysk skriuwn habbe, doch it is as men dat net litte mei’, seit er yn in brief fan 1898). Mei P. de Clercq stalde er de ryklik âlderwetske ‘Lytse Fryske Spraekleare’ (1904) gear en sette er de evangeeljes en forskate psalmen oer (yn it tydskrift Yn ús eigen tael 1911-'15). Hy wurke mei oan it Friesch Woordenboek en Uit Frieslands Volksleven fan Waling Dykstra. Forsprate bydragen fan him steane yn frijwol alle Fryske tiidwurkjes, kranten en almanakken; dêr binne gâns goede opstellen by oer forstoarne Fryske skriuwers en oer ûnderwerpen út de Fryske skiednis en folklore. Hy {==132==} {>>pagina-aanduiding<<} publisearre, binammen yn 't earstoan, folle ûnder skûlnamme; dy hie er, lyk as Hjerre Gjerrits, yn great forskaet: Ids, Sanne Roels, In âldfeint, In Dissenter, In Minske. Yn boekfoarm is der mar in bytsje fan Postma útkommen: skriften lyk as Uet myn skrjuwboek (1889), dêr't S.K. Feitsma oer gear west hat; Trijeris trije! (± 1910), in bondeltsje kristlike foardrachten; mar fral Swealtsjeblommen (1891). In fiks en bilangryk wurk, dat lêste, mar it waerd net forkocht; sok geastich, pittich en gefoelich wurk foel der hjir doe net yn. Koene de Frysk-lêzers út de ein fan de 19de ieu net troch it hurde omskot hinne brekke, koene hja sa min in eigen lûd, in sterk persoanlike styl en in rike, krêftige tael wurdearje? ‘Hwet myn gerym ek bisit ef ûntbrekt, nei 't moed woe it roaije en taeste’, seit er sels nei wierheit fan syn wurk. De stoffe is net altyd like oarspronklik, mar jimmer is dy dreech forarbeide. De wrakseling om God, de flecht nei de mem, it drigen en lokjen fan de dea, it binne faek de greate motiven. Stikken as ‘As 'k stjer, as 'k dea bin’, of ‘Joast Jeltes en Pier Oenes’, meije gjinien ûnbikend wêze, dy't stúdzje fan de Fryske skriftekennisse makket. Folle stikken rinne net glêd en maklik, lykje soms tsjuster en fortiisd en binne net ienfâldich oan to eigenjen, mar altyd leit yn tael en fersfoarm it skaeimark fan de man sels. Fierwei it measte wurk fan Postma is net printe, leit yn hânskrift op de Kânslerij, of is al forslingere. It bistiet almeast út greatere fersen, opstellen, oersettingen (út sa'n tsien talen), toaniel (‘ik mis det talint alheel’) en oantekeningen oer it Frysk taeleigen. Fan bysûndere wearde is fral de samling ‘Olive- en Ikeblêdden’, (neffens eigen forklearring ‘út- en ynlânske spillen’), stimmich dichtwurk, binammen forskate psalmen dy't frij op rym brocht en útwreide binne. Postma sels roun fier mei dit wurk wei en der is grif ek folle by, dat útblinkt troch rykdom fan lûd en bisieling. Mear as ienris hat der fan útjefte fan dizze aparte samling leardicht sprake west, mar oant nou ta is der neat fan kommen. Ek foar bern hat Postma fortsjinstlik wurk skreaun. Gnappe fabels hat er makke en yn pittige koartdichten en grêfskriften kaem er Hjerre van der Veen soms op 'e side. Der is suver gjin genre dat er net bioefene, al is 't lang net altyd mei like goede útslach. De wurdearring fan dat allegearre wurdt gâns forswierre troch de hast oerdreaun-yndividualistyske ynslach yn styl, tael, - stavering soms ek - en ynhâld. It liket dat der gâns forsearring efter sit, mar lykwols is dit wurk spontaen en ympulsyf skreaun. Postma is in kenner fan de folkstael, mar hy bûcht dy foar syn doel neffens eigen goedfinen om. De dichttechnyk hat er ornaris goed yn 'e hân; syn dichterlikens is oprjocht, mar troch syn striidber en problematysk aerd driuwt er bytiden nei it {==133==} {>>pagina-aanduiding<<} rhetoaryske ôf. Folksskriuwer is er net, mar dêrom keart er him jit net fan de folksaerdige skriuwerij ôf: hy hat koartswyl jown fan in tige eigen soarte. Sa mei Gerben Postma in great talint neamd wurde, dat spitigernôch troch in pathologysk idée fixe en in minne selsbihearsking net ta folsleine ûntjowing en bloei kommen is. Hy hat folle oeral-helle, it Fryske lek en brek yn it ûneinige kritisearre, mar ek syn hiele libben wrotten foar Fryslân, dêr't er yn syn selsforblining dochs allinne ‘in hopeleaze tastân: alheel gjin takomst’ foar sjen koe. ‘Net evenredich genôch. Ut en troch in treflik moai eintsje, en dan ynienen wer to wyldseauwich, to stjitterich, to letterknechterich ek foaral. In kunstner fan opmerklike bitsjutting, dy't lykwol de foet net by de kûle to hâlden wit’, seit J.J. Hof fan Postma. Mar dr. G.A. Wumkes ornearret: ‘Fryslân stiet tsjinoer him yn 'e skuld’. It lêste wurd moat hjir ien fan earbied wêze foar de man oer, dy't it rjocht hie himsels ‘in minske’ to neamen, al wie hy ek noch sa'n ‘dissenter’. (Under de lêste skûlnamme skreau er in moai, soms djipgeand stik oer de mennisten: ‘In ynfrysk folkje’, Forjit-my-net, 1883, s. 152-173). Hwa hat himsels willemoeds sa bleatsteld as hy, hwa moast yn sa'n tragyske iensumens nei de ein heukerje? Neisjen: Oer Tiede R. Dykstra: Nieuwe Fr. Volksalm., 1863, s. 5, (fan Van Loon); Fr. Volksalm. 1891, s. 63, (fan Winkler oer T.R.D. syn Hebel-oersettingen); Swanneblommen 1921, s. 84-91, (út de briefwiksel fan Dykstra en Sytstra); Wumkes, Bodders, s. 528; Paden II, s. 97; Boalserter Neiprintingen I (Trije Foar dit hiele haedstik en alle bisprutsen figueren is binammen folle to finen folksfoardrachten fan T.R.D., 1939; hwat rûge ynlieding fan Wumkes). yn: Tinkboek Frysk Selskip 1844-1944. Oer J. van Loon: Fryslân 1928, s. 67-69 (J.J. Hornstra Gs.); Swanneblommen 1920, s. 1, (Oersjuch fen de Selskipsskiednis, fan S.v.d. Burg); folle oer him yn it Tinkboek. Oer Harmen Sytstra: Wumkes, Bodders, s. 528-550; Sipma-Kalma, Harmen Sytstra-boek, 1918 (de stúdzjes; fral ek: G. Postma, In foech útreiske); G. Colmjon yn Forjit-my-net 1883, s. 49-94; Foarwurd fan O.H. Sytstra, Blomlêzing út de gedichten (2de pr., 1909); Foarwurd W. Dykstra, Teltsjes en Rîmkes fen H.S., (1867); dr. D. Kalma, Striid en Dream. In karlêzing út proaza en fersen fan H.S., mei ynlieding (1948); dr. D. Kalma, In Frysk Lieder, (Frisia 1930, ek apart útjown); E.B. Folkertsma, De Holder, I, 139; II, 28, 90, 142. Sjoch foar oare stúdzjes oer H.S., binammen fan dr. D. Kalma en ds. J.J. Kalma, de lêste syn Repertorium Frieslands Verleden (1955). {==134==} {>>pagina-aanduiding<<} Oer G. Colmjon: G. Postma, Yn ús eigen tael, 1909, s. 112; O.H. Sytstra, Swanneblommen, 1921, s. 13; J.J. Hornstra, Fryslân, 1929, s. 81 (mei list fan C. syn wurk). Yn boekfoarm is útjown de biografy fan de hân fan ds. J.J. Kalma, Gerben Colmjon, hoeder fan it erfskip (1946), mei folsleine bibliografy. Oer Johan Winklet: J.J. Hof, Fryslân, 1916, s. 97; deselde, It Heitelân, 1947, s. 14 en s. 31; dr. M. de Jong, Het Geheim van het Oera Linda-bok (1927); dr. G.A. Wumkes, Paden II, s. 458. Oer H.G.v.d. Veen: Wumkes, Bodders, s. 551-568; deselde, It Fryske epigram, Frisia, 1936, s. 63; G. Postma, Sljucht en Rjucht, 1907, s. 212; Forjit my net, 1887, s. 183; 1888, s. 108. Binammen dr. A.S. Wadman syn dissertaesje oer dizze figuer, 1955; tige folle sekuer nifelwurk, mar fan great bilang foar it forstean fan persoan, tiid en formidden. OerG. Postma: R.W. Canne, It Heitelân, 1925, s. 358 ensfh.; Wumkes, Paden II, s. 473-478; D. Kalma, De Fryske Skriftekennisse I, s. 158, (lytse kar út Olive- en Ikeblêdden). {==135==} {>>pagina-aanduiding<<} IX. Folksskriuwerij 1. De tiid (twade helte 19de ieu) As Colmjon by it 25-jierrich bistean fan it Frysk Selskip yn 1869 de leden tasprekt, seit er, dat hja har lokkich achtsje meije, dat it harren jown is nou to libjen. ‘De leadswiere tsjusternisse, dy ieuwen oan ieuwen hiel Europa oerdiek, hat foar in helder ljocht romte makke; de wittenskip, dy lange tiid foar inkelden mar in slûch barnende lampe wie, sjit har strielen ta yn de earmtlikste klinte, en jimmer is it jit de rop fan de tiidgeast: foarút! foarút! De tiden doe't de iene minske de oare syn slaef wie, nei lichem en siele fan him ôfhinkelik; doe't in heech komôf en rykdom en greatens allinne mar fortsjinste achte waerd, se binne sa goed as forgetten, en mear en mear wurdt it wierheit: Alle minsken binne bruorren en de hiele wrâld har thús; hwant ek de foaroardielen forstouwe, dy folken en folken fan mankoar skaetten: de steam is de boade der Godheit, dy de tiding fan de algemiene forbruorring oer de hiele wrâld, ta yn 'e fierst ôflizzende kriten, kund docht.’ It liket dus mar skoan, mar mei sa'n byld foar eagen freget er himsels dochs ôf, oft it Selskips-stribjen yn sa'n tiid net in dwaesheit is. Ek fan oaren as Colmjon heart men it hyltyd wer: ‘It ûnderwiis, de foarútgong en biskavinge, it mear omgean mei oar folk, sil hwat ús folk der nou útskaeit, foroarje, it sil der de skerpe kanten ôffylje.’ Allinne de folksdeugden en de tael bliuwe dan oer, mar ek dy sille de striid wol net folhâlde kinne; net allinne de Halbertsma's, né, alle Friezen binne ‘twigen út in âlde stamme’, dy't faeks gjin lang libben mear hawwe. Ut Colmjon syn wurden kin men gâns fan it tiidsbyld opmeitsje. Wy hawwe it nou sa hearlike fier brocht, wy trochsjogge de wetten fan it hielal, wy bitrouwe op de reedlikens en op de harmonyske krêften fan de minsklike weardichheit, dat is de grountoan fan it 19de ieuske ûnbikommere optimisme, dat der wis fan is, dat it de geastlike fortsjustering, it slaefske leauwen en de ûnseedlike tirannije efter de rêch hat. It rasionalisme fan de Frânske revolúsjetiid wurket jit sterk troch, it greatske yndividualisme bisiket moedich mei alle forline to brekken, de sosiale wrok twingt ta de opstannige died, - mar hoe komt it mei dit lytse, âlde folk? De nije tiid wol fan gjin grinzen, ôfskiedingen en apartheden witte, mar hâlde de Fryske mannen dy nou net mei sin yn stân? De natuerwetten binne ûnforbiddelik (‘al hwat ienkear wêzen krige, moat ek wer forsinke yn 't neat’), mar is dat gepiel om it Frysk {==136==} {>>pagina-aanduiding<<} to biwarjen dan net om 'e nocht? Fryslân rekket foargoed yn de krisis. It docht jin gjin nij, dat hjir yn dizze ieu in mannichte fan stinzen, tsjerken en poarten ôfbrutsen, fan terpen en bolwurken ôfgroeven, fan histoaryske skatten en nasionale folklore weiwurden is. Yn sa'n tiid leit it yn 'e reden, dat der in Fryske biweging is en dat dy har hyltyd fierder organisearret. Hoewol, ek dêr, krekt dêrre fret de ynderlike twivel: Wolle wy faeks itselde mei de tael en folkssede, hwat it Frysk Genoatskip nei 1877 mei de aldheden docht, nl. opbergje en konservearje yn in museum? Der sit in pynlike tobrutsenheit yn dit allegearre. ‘It âlde wurdt wei, de tiden foroarje en nij libben stiet út de púnheappen op’, seit de dichter, mar hoe sil dat nije libben foarm en stâl krije? Drok wurdt dêr om socht; binammen de lêste helte fan de 19de ieu giet dat sykjen syn fûle en gystene gong. It is de tiid fan de emansipaesje: greate dielen fan it Fryske folk meitsje in proses fan biwustwurding troch, jowe har ta aks je foar de iepenbiere saek, hawwe der genôch fan net teld en rekkene to wurden en sûnder stim of ynfloed to wêzen. It is de tiid fan in biweechlike politike striid. In liberalisme, dat jit wol de macht hat, mar gau en slim de knoei wei kriget fan it opkommende sosialisme; in hyltyd fûleindiger krewearjen foar algemien kies- en stimrjocht; ôfnimmende macht fan adel, patrisiaet en greate boargerij, tagelyk mei it opkommen fan de arbeidersstân; de emigraesje as folksbiweging; de wurkstakingen yn Beets en it Bilt en de forneamde prosessen (de Hoogerhuis-saek); de biweging foar lânnasionalisaesje en de frage, oft de froulju ek hwat to sizzen hawwe moatte; it ûntstean fan politike partijen, fan dei- en streekblêdden, fan forieningen foar de forsprieding fan folkslektuer; dat allegearre docht him yn de libbenstiid fan ien of twa generaesjes foar. De foroaringen oanbilangje ek likefolle de stoflike as de geastlike kultuer. It forkear nimt ôfgryslik ta, marren en stikken sé wurde ynpoldere, de lânbou wurdt wittenskiplik bifoardere, it lytse fabryk wurdt fan it greate forfongen. Mar dêr is ek de skoallewet fan 1857, dy't makket dat it ûnderwiis forbettere en útwreide wurdt; de tsjerklike striid fan réveil, wrakseling tusken orthodoksy en modernisme, doleânsje; in nij elemint lyk as de roomske emansipaesje, it Heilsleger, it sektarisme; it warber offerjen foar sinding en stiftingen fan barmhertichheit; de propaganda foar drankbistriding, fegetarisme, lykforbrânning en wrâldtael; dêr binne figueren lyk as Multatuli en Domela Nieuwenhuis, biwegingen lyk as De Dageraad, okkultisme, anti-militarisme, forieningen foar jongfeinten en hwat letter ek foar jongfammen. En, ûnder dat allegearre troch, de koartsige wiksel yn de wolfeartskonjunktuer, de fal fan de 90-er jierren, de koloniale ekspânsje, it oanwaeksen fan de steatsmacht, de Boereoarloch. {==137==} {>>pagina-aanduiding<<} Dit drokke biweech, dit machtige gearstal fan ljocht en skaed spegelet him ek dúdlik ôf yn de Fryske skriftekennisse en dan, foar dy't sjen wol, binammen yn de folksskriuwerij. Sa skerp suver as nearne oars; ek as men it Oera-Linda-bok, dat feninige brânpunt fan geastlike revolúsje, net ûnder dit haedstik falle litte wol. Mear as om literatuer yn ús sin, bikroadzje de skriuwers har om wierheit, frijdom, reedlikens en rjocht. Foar de lju fan de kultuerhistoarje is dizze skriuwerij dan ek bilangryk; foar de minske-fan-hjoed lykwols, fral as dy fan de skriftekennisse inkeld it jaen fan taelmoais bigeart, faken forfeelsum of ûngenietber. It needlot fan alle aktuéle skriuwerij, it net boppe de tiid útrizen, hat ek fierwei it greatste part fan de Fryske skriften út dizze snuorje oangrypt. Waling Dykstra en syn geastessibben hiene mei it forline frijhwat ôfrekkene; hja koene de takomst ek net oars lizzen sjen as yn it forlangde fan har eigen tinken en stribjen, mar de tiid giet eigenmachtich syn wegen. De Frysk-romantyske streaming foun net altofolle oanhing en yngong, de folksskriuwerij waerd wakker bioefene en heechset, en dochs seit de earste ús optheden mear as de lêste. Yn de skiednis fan de skriftekennisse moat men nou ienkear globael ûnderskiede, fakentiden wol mear as de krekte wierheit talit Sadwaende leit it ek yn 'e reden, dat yn it ramt fan de folksskriuwerij gâns forskaet fan aspekt waer to nimmen falt. Ien as Tsjibbe Gearts soe men bytiden leaver yn it forbân fan it foargeande haedstik bisprutsen hawwe wolle en Wynsen Faber en Douwe Hansma allyksa; Waling Dykstra stiet yn it earst fan syn skriuwer-wêzen ek gâns tichter by Harmen Sytstra as letter, Sa binne der wol mear fraechtekens. De algemiene bineaming yn dit haedstik hâldt dan ek net yn, dat it persoanlike, it aparte fan de skriuwers net yn har wurk to fornimmen wêze soe; dat is oarsom faek sterk it gefal, sjoch Boonemmer en Feitsma mar. ‘Folksskriuwerij’ wol inkeld sizze: It praktysk-opfiedend doel fan it wurk, de flottens en lêsberens, de gaedlikens om foarlêzen of foardroegen to wurden, de didaktyske learing en de bifetlikens steane op de foargroun; de foarstelling yn ‘kunst’ wurdt mar inkeld nei stribbe. De faeije kanten fan dizze skriuwerij binne hjir ek út to forklearjen: it eachweid wurdt to lyts, to sljocht en to horizontael, dat fan need, nou't de wiere romantyk útband is, wurdt de falske romantyk mei glâns en staesje ynhelle; en yn dy har gefolch forskine mar fierstofaek sentimentélens, prekerij en oerdwealske koartswiligens. De folksskriuwers dy't mienden midden op de dyk to bliuwen, ûntspoarden sels withoefaek. Har rasionalisme waerd har oardiel, har ‘romme blik’ en argewaesje fan mystyk har iensidigens, har realisme har oerflakkigens. De saek fan it Frysk hawwe hja foarútholpen, mar op in oar plak ek wol skea {==138==} {>>pagina-aanduiding<<} dien; dat lêste soe net sa gau bard wêze as har oerwicht minder great en de réaksje hwat sterker en duorjender west hie. Fansels wie lyk as altyd yn it libben dit lek en brek dúdliker en slimmer by de neifolgers as by de foargongers to fornimmen. 2. Waling Dykstra De 14de augustus 1821 wurdt Waling Dykstra to Froubuorren berne; heit en pake wiene dêr bakker. Neffens it plak is er dus in Biltker, - hy hat ek in stik as fiif boekjes yn it Biltsk skreaun -, neffens de ôfstamming is er lykwols út goed Frysk laech en thús learde er ek Frysk praten. Syn âlden krije yn 1824 yn Spannum in bakkerij, mar Waling giet net mei; dy bliuwt by syn pake, in smout fortelier dy't tige fan lêzen hâldde en syn bernsbern grif ek mei Fryske boekjes yn 'e kunde brocht hat. Waling syn heit stoar jong, dat doe moast er tsjin it sin bakker wurde en gjin ferver, sa't oars it doel wie. Sûnt 1840 wennet er sels ek yn Spannum, mar de bakkerij gyng ûnder syn bihear hurd efterút. Hy pielde doe al mei skriuwen, siet folle to lêzen en mocht graech tekenje. Stadichoan bigoun er him yn dat orthodokse formidden (hwat karikaturael útbylde yn ‘De Fryske Thyl Ulespegel’) net mear thús to fielen, om't er sels de moderne kant útgyng. Dat, doe't er yn 1850 troude, mar syn wiif en berntsje in jier letter al forlieze moast, joech er it bakken der oan en gyng mei it pak de boer op. Yn 1855 troude er wer en doe forfear er ek nei Frjentsjer, dêr't er wurk by syn útjower-printer Telenga krige. Yn 1861 teach er nei Holwert, dêr't er in boekhanneltsje opsette. Undertusken wied er mei Tsjibbe Gearts yn 'e kunde kommen; beide mannen gyngen wolris fuort to foardragen, mar om't it folk folle fan twapetearen hâldde, diene hja al ridlik gau yn 'e mande. Dêrmei wie it ‘Fryske Winterjounenocht’ berne, dêr't Waling wol de haedpersoan fan wie; fan 1860-'62 die er it mei Tsjibbe Gearts, fan 1863-'68 mei Colmjon, fan 1869-'74 mei Boonemmer en oan 1885 ta allinne. Hy is der mei ophâlden, doe't er yn 1885 de opfolger fan Colmjon waerd as haedbiwurker fan it Friesch Woordenboek; de útjefte dêrfan roun oer de jierren 1895-1911 en wie in lijensskiednis. Sûnt 1897 krige er de lieding fan it wykblêd ‘Sljucht en Rjucht’ der jit by. In biswierlik libben it ien mei oar; syn greate húshalding (alve bern) moast fral fan de skriuwerij bistean, mar jimmer hat hy der him moedich trochslein. Op syn âlde dei waerd Waling Dykstra gâns eare (û.o. mei de lokwinskbondels op syn 80ste en 90ste jierdei); like krigel en evenredich as altyd sette er syn wurk troch, {==139==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding WALING DYKSTRA==} {>>afbeelding<<} {==140==} {>>pagina-aanduiding<<} suver oan syn dea ta. Op de 15de jannewaris 1914 waerd to Holwert in libben fan in foege ieu lang, dat alhiel oan Fryslân tawijd west hie, ôfsletten. Mei him wie ek de 19de ieu yn Fryslân forstoarn. Yn syn bernejierren wie Waling Dykstra hwat stil, bleu en ôfwêzich, de knoffelige kant frijhwat neist. Hy hie in fyn eargefoel; uteringen as fan de Froubuorster hegerein: ‘dy jonge is net wiis’, naem er him tige nei. It leafst mocht er mar hwat lêze, tekenje, opstelmeitsje en rymkje. Leare waerd fansels net oan tocht en fan it bakken hied er in ôfgriis. Lyk as safaek yn Fryslân, duorret it tsientallen jierren ear't dit libben ta de riping komt. De wei lâns fan selsstúdzje en ôfsûndering, lyk as Harmen Sytstra, haget him net, al eigenet er him graech gâns witnis en kundichheden oan. De striid oangeande godstsjinst en wrâldskôging is ridlik gau útmakke: de man dy't syn libben lang it ‘soun forstân’ sa heechsetten hat, wurdt forsprieder fan it nije ljocht. It âld-orthodokse leauwe, dat er ûnder ynfloed fan in freon en it Spannumer formidden in skoft oanhongen hat, siet grif ek net folle djipper as de bûtekant, al lizze yn dizze jierren syn mooglikheden mear kanten út as letter wol; sjoch syn fersewurk út de bigjintiid mar. Nei 1850 wurdt er frijsinnich; ‘partij’ foar de finen oer, anti-klerikael, mar binammen net anti-godstsjinstich of anti-kristlik. Lid fan de loge, lyk as Tsjibbe Gearts, hat er nea wurde wollen. De natuer giet by Waling Dykstra ek al gau boppe de leare. ‘De sucht om grappige stikjes to meitsjen en dy ûnder de minsken to bringen wie by my sa sterk, dat ik sa nou en dan al ris wer hwat makke.’ Oars as de steile, fûleindige Harmen Sytstra, dy't de tiid nei syn sin twinge wol, lit er him fan de tiid meinimme. 1) Lykwols, hy mei dan foargoed liberael rasionalist wêze, folút optimist wurdt er nea net. Hy hat de minske net sa heech. Dêrom ‘preket’ er ek sa graech, sit it moralisme der sa djip by him yn, (‘Waling most doomje worren hè’, ornearre syn muoike). Mei al syn wurk hat er in foaropsette bidoeling; as in twade Eelke Meinerts bynt er de striid oan, it leafst yn koartswilige trant, tsjin de folksûndeugden. It rychje is sûnt in foege ieu hielendal net koarter wurden: dommens, byleauwe, slaefskens, krûperij, rabberij, skynhilligens, dranksucht, pronkskens, der bliuwt foar skriu- {==141==} {>>pagina-aanduiding<<} wers as Waling Dykstra oanslach genôch. En dan, hoefolle gaedlike stoffe sit der ek net yn de forhalen oer tsjoenderij en foartsjirmerij, oer duvelbanderij en kwaksalverij? As Dykstra de nei-aperij, greatdoggerij en alle poeha bispotlik makket, stiet him mar ien doel foar eagen: de sin foar ienfâld en wierheit to forsterkjen. It faeije wie fansels, dat er syn wierheit jimmer de wierheit achte to wêzen; dêrfandinne ek it normalisearjen en typearjen fan it Fryske folksaerd neffens syn eigen natuer; yn dit forbân past ek it opmerklik feit, dat er nea folle war dien hat him mear as sljochtwei yn de greate figueren fan it Fryske forline to fordjipjen. Fijân fan it ûnreedlike as er wie, seach er mar net yn, dat syn libbenswysheit sadwaende hwat in toar, bigrinzge en boargerlik foarkommen krige. ‘Ik haw nea net folle ophawn mei it heech sentimentéle en ek net mei it mystike. De natuer nei wierheit skildere, en de wierheit geastich foarsteld, dat hat my altyd meast hage’, seit er sels yn in nijsgjirrige autobiografy út 1851 (Wumkes, Paden II, s. 128). Dêr kaem de breafrage by; hy hâldde jimmer ‘de kâns op in goed oantal lêzers’ yn it each, dat it koe hast net oars of syn wurk moast de oerflakkige, ûndjippe kant útgean. Sels hat er dat grif ek wol field: mear as ienris hat er bitsjûge, dat de poëzij winlik neat foar him wie. Doe't de lettere jierren suver in oerproduksje fan him fergen, hat er de inkelde lyryske snaren fan syn earste tiid ek net wer oanslein; hy wist hwer't syn krêft lei en dêr soed er net gau boppe útgripe. In ûnbidoeld gefolch dêrfan wie wer, dat syn wurk de miening der ynbrocht, dat it Frysk fral foar ûntspanning, wille en formeits tsjinje moast. Mei al syn tokoarten wie Waling Dykstra dochs foar alles in karakter, geef en sterk as ien. Ek yn syn letter libben bleau er swijsum en ynbannich; oer himsels soed er nea prate en likemin oer oaren. As heit twong er troch de krêft fan syn wêzen in djip ûntsach ôf; foar de jongerein fan syn tiid wied er rieds- en liedsman, foar syn great tal neifolgers it biwûndere foarbyld. Dochs wied er net botte mijen; as er it mei freon of fijân net iens wie, soed er it rjochtút en soms skerp sizze en hwat alhiel bûten syn eachweid lei, soed er rislút as ûnfrysk ôfstegerje. It frjemde en útwrydske mijde er safolle as it mar koe, net it minst yn syn wurdkar; fan alle ûnbihearske utering en oerdriuwing wied er fjûrbang. Gysbert Japiks en hy brûkten beide de sinspreuk ‘sljucht en rjucht’, mar hja forstiene der elk hwat oars ûnder. Men kin it jin skoan yntinke, dat Waling Dykstra net earst of allinne as taelstrider sjoen en eare waerd, mar fral as dreech bihâlder fan echte Fryske sin; it misbigryp wie lykwols, dat dy Fryske sin dan mar ta in frij earme samling fan eigenskippen biheind waerd. Dochs kin der gjin twivel oer bistean, dat it Fryske folk in waerm gefoel hawn hat foar {==142==} {>>pagina-aanduiding<<} Waling Dykstra syn ienfâld en trou, en foar de oprjochtens fan syn: ‘Mar ik sil stride, salang ik stride kin......’. Al jong bigjint er mei de Fryske skriuwerij, oanfitere fan ‘De Lapekoer’ en Sytstra syn ‘Jouke Rommerts skriften’. Skruten set er útein, publisearret it ien-en-oar yn almanakken en oare tiidwurkjes en fielt him de mindere yn kundichheit fan Tiede Dykstra en Harmen Sytstra. Efkes mei it lykje, as sil er mei harren meidwaen, mar al gau fynt er syn foarm en giet syn eigen wegen. De germaenske en greatfryske romantyk fan de Selskipslju is him feitlik frjemd; nei de opgong dy't syn earst boekje (‘Doaitse mei de Noardske balke’) makket, bliuwt er ticht by hûs en by de platte groun; hy jowt in net oer to eagjen rige boekjes yn 't ljocht, in lang minskelibben oanien. Fan dy produksje moast er ek bistean, in feit dat hy en oare folksskriuwers doe nea ûnder stuollen en banken stutsen hawwe. Dat wurk kin hjir net allegearre literair hifke wurde; dêrta leit it ek fiersto forspraet en sit it goede tofolle ûnder steapels sljochtwei folkslektuer bidobbe. Sammelbondels as ‘De Fryske Húsfreon’ (5 dielen, 1900-'04) en ‘Net nij, ek net wei’ (3 dielen, 1912) jowe ek jit net in suvere yndruk; in nije, krityske, breed-opsette karlêzing sil foar in earlik oardiel ûnmisber wêze. Om dochs hwat bigryp to krijen fan Waling Dykstra syn bûtengewoan warbere wurksumheit, folget hjir in ûnfolsleine opjefte fan syn skriften, neffens it soarte byinoarset. Foar Fryske bernelektuer soarge hy fral yn de jierren 1851-53; fiif boekjes mei ferskes en printsjes leveren net allinne it biwiis fan syn rymfeardichheit, mar ek fan syn fortelkunst yn bernetrant; in biwiis ek foar de stelling, dat er fan oanliz ‘nayf’ dichter wie. Folle letter, yn de jierren 1904-'06, hat er foar ‘Sljucht en Rjucht’ gâns fabels en lyksoartich leardicht foar de bern, nei motiven fan Esopus, Gellert, Claudius en oaren, birymke en biwurke. Dat er fortelle koe as ien, docht hjir ek slach op slach bliken. De Fryske sang hat hy op it alderkrêftichst mei syn lieteboeken bifoardere. It earste wie ‘Doaitse mei de Noardske Balke’ (1848, mei foaropwurd fan Tiede R. Dykstra; werprinte yn 1850, 1853 en 1897). It al gau wiidforneamde boekje - Harmen Sytstra priizge it oan as ‘fix inna folkstrant’ - bifettet û.o. sangen as Myn Marij, De Angelfisker, en Simmermoarn (‘Hwat bistou leaflik’, wol it populairste liet dat wy hawwe). Sa tige foel dizze samling der by it folk yn, dat hja letter folge waerd fan: De Boeresjonger, nij Frysk lieteboek foar feinten en fammen (1857; werprinte yn 1875 en 1876); Mink mei 't oargel (1860); Fryske sang (1874; werprinte 1875); Rom om 't hert (1889; twaris werprinte). Foegje hjir noch oan ta de brulloftsangen en sjongfoardrachten en it is dúdlik, dat dit wurk it paed foar de beide greate {==143==} {>>pagina-aanduiding<<} lieteboeken (It Lieteboek, J. van Loon Jz. en M. de Boer, 1876; Nij Frysk Lieteboek, P.J. Troelstra en P.H. de Groot, 1886) foargoed sljochte hat. It gyng yn neat út boppe de bifetting fan de minsken dêr't it foar skreaun wie en forbettere dochs de smaek troch de flotte, meinimmende, bytiden hast bernlike en faken koartswilige toan, dy't Dykstra eigen wie. Ek op it gebiet fan it Frysk toaniel hat hy (mei Tsjibbe Gearts) baenbrekkend wurk forrjochte. Foar 1860 wie it by de resitear- en toaniel-selskippen allegearre Hollânsk hwat de klok sloech en de stikken dy't brocht waerden sieten stiiffol frjemdsin en ûnnatuer. Fûleindich fijân fan skyn en falsk fortoan as Dykstra wie, hat er hjir de striid mei de ûnwiere skouboarchromantyk glêd woun en yn koarten tiid in nije tradysje festige. Syn foardragerij en Winterjounenocht, syn gelegenheitsgerimel en aktuéle tiidspetearen (yn de trant fan ‘petear fan in heit mei syn soan oer 't bysonder kristlik onderwys’ út 1868), syn bondels ‘foar de praetstoel en de hurdshoeke’, lieten it folk wenne oan de publike sprekkerij yn eigen tael, in winst dy't wy nei in ieu gau to lyts achtsje. Yn de lyts fjirtich stikken dy't er skreaun hat - it trêdde part yn de jierren 1860-'70 - komt syn foarleafde foar it kluchtige dúdlik út, mar mear sprekt noch syn moralisearjende oanliz (‘safolle wille as yn 'e merke en safolle learing as yn 'e tsjerke’ hie Joast Halbertsma al frege). De motiven wiene lang net altyd oarspronklik, mar waerden op eigen wize forwurke; forskate stikken fan Molière byg. (George Dandin, Le Tartuffe, Le Médecin malgré lui, L'Avare) kamen net yn oersetting, mar yn ‘forfrysking’ op 'e planken. (Sjoch fierder haedstik XI, Toanielskriuwerij). Oan folksforhalen hat Waling Dykstra ek hiel hwat jown, safolle dat in oersjoch net to jaen is. Yn 1856 - itselde jiers dat Hjerre van der Veen syn ‘De Kaertlizzer’ útkaem en dat dokter Eeltsje syn ‘De Jonkerboer’ skreau - forskynde syn ‘De Sulveren Rinkelbel’ (werprinte yn 1866, 1887, 1908, 1930 en 1950; troch himsels yn it Hollânsk oerbrocht, 1857). It tige populaire boek is eins in histoaryske roman, dy't yn Stiens spilet, yn de jierren 1765-1790 sahwat. Like wiidweidich bytiden as Bosboom-Toussaint, Van Lennep en Conscience, docht er foar harren yn fortelkunst net ûnder, al komt der fan psychologyske tekening net folle tolânne. Net minder bikend is ek De Fryske Thyl Ulespegel, 1860; it twade diel, gâns minder as it earste, is yn 1862 op bistel skreaun, (werprinte yn 1879, 1895, 1908 en 1953). It earste diel jowt Dykstra syn wjerklank fan de Spannumer jierren; de Fryske greidhoeke en it folkslibben dêrre yn 't midden fan de 19de ieu wurde kundich útbylde, al komme de finen en frommen der fansels min foarwei. Fierder kinne neamd wurde: Twa útfanhûzers by {==144==} {>>pagina-aanduiding<<} Nammenom (1864, in ramtfortelling); De Wever fan Westerbuorren (1867); De Frijmitsler fan Jinsenbuorren (1870); Twa grappige stikken, Fritz Reuter neiforteld (1870); Biddel-Marijke (1874); De dochter fan de âld-soldaet (1881). Gâns koartere forhalen - ek in stikmannich yn it Biltsk - steane yn tiidwurkjes, binne apart útjown of yn de talrike bondels teltsjes yn rym en ûnrym ‘foar lju dy't graech ris hwat yn't iepenbier foarlêze wolle’. Lyk as by it toanielwurk binne ek hjir de motiven faek rounom weihelle; om foar syn trochrinnende produksje hyltyd wer nije stof to krijen, pielde Dykstra folle mei oersetting (fral út it Dútsk en Platdútsk - Klaus Groth, Fritz Reuter e.o. - mar ek út it Hollânsk - Gouverneur -), dy't lykwols altyd biwurking, forfrysking en soms wol nijskepping waerd. It leit yn it wêzen fan de folksskriuwerij, dat hjir fan plagiaet net gau praet wêze kin; it komt hjir mear op it forskaet fan thema-biwurking as op de oarspronklikens dêrfan oan. As in apart slach moatte Dykstra syn rymstikken neamd wurde. In figuer as Haitskemuoi komt yn 1855 mei har klachten oer de winter, yn 1859 oer de nije moaden, yn 1864 mei it neitinken oer de Frânske tiden, yn 1878 mei har bifining oangeande de útstalling fan Fryske âldheden. Men hoecht de lange rige titels mar nei to gean (It frijen en trouwen fan Jelle Greidboer en Beitske Bûterblom; It oerlûde tinken fan Sytske by de Pinken; Griet Snip; De duvel yn 't bedsteed) om to witten hwat fleis men yn 'e kûpe hat. Meast is it in gearmjuksel fan moralisaesje en satire, fan lear- en hikkeldicht, dat neffens âld resept fral tsjin skynhillige frommens en de misbrûken fan de nije tiid rjochte waerd. Sûnder in sedepreek giet it net; wurde der forkearde foarbylden jown, dan moat in oar him der oan spegelje. Tige knap binne hjir faek de forteltrant en de fersifikaesje; nammen as Hans Sachs en soms Chaucer komme jin by it lêzen yn it sin. 1) Gjin wûnder, dat Dykstra op it stik fan koartdicht, slach- en ulefelrimen faek tige treflik wurk levere hat. Fan great bilang is ek Dykstra syn wurk foar de Fryske journalistyk. As samler fan tiidwurkjes (sûnt 1849 fan it jierboekje De Bijekoer, 1846-1895; fan De Fryske Húsfreon, 1851-1869); as redakteur fan De Fryske Nijsboade, 1864-'65, it earste Fryske wykblêd, liberael, mei doarpsnijs en haedartikels oer Fryske skiednis; as meibistjûrder fan it ‘Friesch Volksblad’ fan 1876-'83, mei Oebele Stellingwerf, levere er meast Frysk wurk yn polémyske of ûnderhâldende trant; as {==145==} {>>pagina-aanduiding<<} lieder fral fan Sljucht en Rjucht, (1897-1914), hat er ek in heap dien foar it wider útlizzen fan de swetten fan it Fryske taelgebrûk. In jier-as-hwat hat er ek Fryske skuorkalinders forsoarge. Binammen mei net forgetten wurde syn wurk foar de Fryske folkskunde yn de wiidste omfieming: tael, skiednis, skriftekennisse en folklore. It ‘Friesch Woordenboek’, dat as gefolch fan it oannimmen fan Joast Halbertsma syn erfskip troch de provinsje Fryslân útjown waerd, is yn de jierren 1879-'95 troch forskaten oan arbeide en kaem fan 1895-1911 ta útjefte; oan de trije dielen fan lyts fyftjinhûndert siden hat Waling Dykstra wol it meast dien. Fan like greate wearde binne de twa dielen ‘Uit Frieslands Volksleven’ (1896, lyts njoggenhûndert siden), in kultuerhistoarysk magazyn, dêr't gjinien gau yn útsjoen reitsje sil. It wurk, dat wol it testamint fan it forstoarne Fryslân fan de 19de ieu neamd is, bifettet ek in rike samling fan Fryske sprekwurden, dy't yn De Vrije Fries, jg. XXI en XXII, fuortset is. Tige de muoite wurdich is ek ‘In doaze fol âlde snypsnaren’, in bondeltsje bernerymkes, berneboarterijen, jongfolkswille, riedlingen, âlde lieten, sprekwurden ensfh., dat er mei Tsjibbe Gearts gearstald hat (1856, werprinte 1882). De boustoffen foar al dizze wurken hat Dykstra sammele op syn reizen hiele Fryslân troch; sadwaende skreau er ek yn forskate opstellen en rymstikken mei foarleafde oer de tiid, ‘doe't pake jit feint wie en beppe jit faem’. De rige forhalen en forheljende fersen, allegearre oan ûnderwerpen of figueren út de Fryske skiednis wijd, is tige lang, Troch syn oandiel oan de nije stavering fan 1879, syn taelforbettering yn it wurk fan jongere skriuwers en syn folksaerdige foarljochting oangeande de Fryske skriften út it forline (Gysbert Japiksútjefte, 1853; Aegtsje Ysbrants, 1861; Harmen Sytstra, 1867; Frysk Lêsboek, 1883; Feestrede, 1894; Psalmen, sangen en oar stimmich dichtwurk, 1903; opstellen yn jierboekjes en tydskriften), hat er forbinend en bihâldend wurksum west. Ek dit diel fan syn libbenstaek hat er sá waernommen, dat it mei earbied neamd wurde moat. Dichter sil Waling Dykstra himsels net gau neame, al wied er it mear as mannichien tinkt en hat er der ek wolris nei stribbe. 1) Hy liket ús foar dichter ek hast to kâld, to saeklik-nochteren, to skeptisistysk yn syn ûnforsteurber flegma. As rimer biskikt er oer in great talint; it rint allegearre like flot en glêd by him en de tael wurdt nea ûnnatuerlik {==146==} {>>pagina-aanduiding<<} brûkt of forsearre. 1) Yn de lytsere rymstikken kin men dat wol gauris wurdearje, de skerpe wize fan sizzen en it geve taeleigen hâlde jin salang wol fêst, mar mieri! as men syn stikken fan withoefolle siden ûnder hannen hat, byg. de ‘bibelske’ dichten as ‘Simson de sterke man’ út Wintergrien, of ‘Yn en bûten it paradys’. Roun it mar ris net sa fansels of briek er mar ris út de bân; nou is it, o ja, technysk sûnder wryt of slyt, (hoewol hy earm oan forskaet fan strofe-foarmen is), mar ek op 'en dûr forfeelsum. Syn objekten hellet er yn it 19de ieuske nije ljocht en sa sjocht er der ek gjin bien yn figueren as Simson, Adam of Lot al riddenearjend en forklearjend dea to praten. De ivige tsjinstridichheit fan leare en libben sjocht er net as tragyk, mar as gemiene húchelderij, dêr't men tsjin stride moat. Krekt yn it dúdlik iepenlizzen fan skyn en wêzen, sa't hy dy seach mei syn fêste, logyske, partidige bigripen, foun er gjin lyts diel fan syn libbenstaek. Nei forrin fan jierren biynfloede dat sasear syn hiele persoan, dat er yn syn oprjocht sykjen nei wierheit de wearden fan it hert faek foarbyseach en forgeat dat der ûnder dat hert ek noch frjemde djipten lizze. Ien, dy't yn ‘it dichterlike’ sahwat itselde sjocht as oerdreaun, weak en flau fortoan, keart him der fansels op 'en dûr fan ôf. In sterke, mannelike, ynbannige persoanlikheit as Waling Dykstra, krêftich yn syn rêstich selsbitwang, mei in útsprutsen rasionalistyske wrâldskôging, moast yn de lyryk wol in tofolle oan froulike swakkens sjen. Pronk en sier binne foar him gau itselde as forguldsel. Hy wol de dingen sjen litte sa't se binne, mar sjocht net dat er dêrmei net fierder as de bûtekant komt. It folkslibben kin er krekt waernimme en werjaen, de folkstael hat er better en fynder as ien yn de 19de ieu ôfharke, it nau forbân tusken tael en folksaerd fielt er goed oan, mar de folkssiel mjit er earder yn de breedte as yn de djipte. Sadwaende waerd Waling Dykstra, hy koe de minsken noch sokke satiryske spegels foarhâlde, ‘Waling-om’. Der sit hwat fan de tiidgeast yn dat taheaksel; dochs is it min to tinken efter de namme fan Joast Halbertsma, Hjerre van der Veen of Gerben Postma. Kaem it omdat Waling Dykstra yn syn boargerlike wissichheit jimmer de utersten fan de hertstocht mijd hat? Sûnder ynspanning sil dat ek net gien wêze; it seit wol hwat, dat, hwer't er himsels al gean liet, it grif wie yn de grappigens, de karikatuer en de mistekening fan de tsjinpartij. Waling Dykstra is ien fan dy skriuwers lykwols, dêr't men earst nei de krityske skôging de greate bitsjutting fan sjocht, - as men alteast net, lyk as party, yn de krityk hingjen bliuwt. Elk sjocht nou {==147==} {>>pagina-aanduiding<<} wol yn, dat er gjin romanskriuwer yn moderne sin hjitte kin en dat syn greate forhalen mar altofolle in opiensteapeling fan brike tafallichheden binne, sûnder sielkundige groundearring en sûnder in hechte bou. Elk sil him faker fersemakker as dichter neame, mar de frage bliuwt, oft wy it didaktysk elemint yn de literatuer net ta ús skea bûtensletten hawwe. As ûnderhâldend en koartswilich forteller yn rym en ûnrym birikt er mear as ienris in frij greate hichte; der binne genôch staeltsjes yn syn wurk, dy't fan syn typearringskunst oertsjûgje, folkssangen, dy't libjen bliuwe sille. Mar yn de stream fan folkslektuer, dy't er fanneed wol oer Fryslân útstoarte moast, dûkt dat bysûndere spitigernôch tofolle ûnder. Set men Dykstra njonken Hollânske folksskriuwers fan syn tiid as Gouverneur en Cremer, dan kin er skoan foar 't ljocht komme; syn bêst wurk kin njonken dat fan de Platdútskers Klaus Groth en Fritz Reuter stean, mar by dat fan de Switser Gotthelf en de Eastenriker Rosegger kin it dochs net helje. Mei dy beide lêsten hat er de skerpe waernimming, de didaktyske ynslach, de leafde foar it doarpslibben en de boerestân en fral de sedeprekerij gemien, mar oan har sielkundige tekening en waermte fan oanfielen komt er lang net ta. Syn humor ûntspoart ek to faek, hat yn elk gefal gjin hânwetter by dy fan Dickens bygelyks; hy mist de tragyske aksinten, mar hat dêrfoaroer de fortsjinste fan soune folksaerdigens en krêftich realisme. Dat realisme stelt ús ek yn steat ús út Dykstra syn wurk in foarstelling fan it 19de ieuske Fryslân to foarmjen. Hurdriderij, ringriderij, keatspartij; dronkene boeren, bysfeinten, frijers en strúnjeijers; forhalen fan tsjoenderij en foartsjirmerij, fan kreamheinsters, bôlrinsters, luije skoalmasters en duvelbanners, fan wrotters, fyndoekspoepen en mieren, fan fine dûmny's, waermmielrinders en Nutssprekkers, - dat allegearre en de helt is jo jit net oansein. Dêr is de lange rige typen, net ôf to eagjen suver, elk mei in tapaslike namme: Likele Slûchslim, Sjoerd Stiif-fan-krinten, Sjerp Slikker, Klaes Moaiprater, Bjinse Slop-en-taei, Hâns Wolbiredt, Fetsje Sûnder-boaijem, gean mar troch. Dêr binne de toanielhelden: Lubbert Erchtink, Toan Sjipsop, Keapman Koartsicht, Oebele Glûper, Wigle Kwânseler. Dêr lêze jo de titels: Brieven fan Seakeleboer oan syn wiif oer it Lânboukongres op it Fean; Hwerom Kluerd Grousma gjin wiif krige hat; It geheim yn 'e bolkoer. Waling Dykstra syn wrâld wie grif it hiele Fryslân net, mar syn wurk waerd drok lêzen en it sil mei oan syn namme to tankjen wêze, dat it wykblêd Sljucht en Rjucht nei 1897 fiks de guit krige. Doe stie lykwols de ieu ek al op de drompel, dy't tsientallen fan Dykstra syn skriftueren forgoed yn it forjittelboek forsinke litte soe. Waling Dykstra wie gjin man fan histoarysk of profetysk bisef, {==148==} {>>pagina-aanduiding<<} hy wie in man fan it hjoed. Dêrom wie er ek gjin taelstrider as Harmen Sytstra; hy stie ek frij los fan it Selskip en hat der net iens altyd lid fan west. Yn wêzen wie er mear provinsialist as nasionalist en dêrom docht it jin gjin nij dat er oangeande de takomst fan Fryslân pessimist waerd. Fuort nei 1850 doar er it Frysk jit optein foarútgong en bloei ta to sizzen, mar yn 1894 makket er fan de ‘Feestrede’ by it fyf-tich-jierrich bistean fan it Selskip suver in bigraffenispreek: ‘As wy acht jouwe op alle teikens fen ús tiid, den moatte wy wol ta 't bislút komme: de fryske tael scil de striid om syn bistean op in dûr net folhâlde kinne’, seit er dêr, en efkes letter: ‘De fryske tael het de tarring’. By einbislút hie Waling Dykstra dochs in to smel, to tydlik en to persoanlik eachweid om oan it fuortbistean fan Fryslân to leauwen. Hat er him faeks sa op it fêstlizzen fan de folkstael en it ynventarisearjen fan de folkskunde talein, om't er jit in byld fan syn Fryslân mielje woe, ear't it alhiel weistoar? Dat in tiid en ek in folkslibben harsels fornije kinne, skynde er him net yntinke to kinnen. Mear as folle oaren is Waling-om slachtoffer fan de tiid wurden. De man dy't by syn libben frijwol algemien tige wurdearre en gauris huldige waerd, dy't mear neifolgers krige as hokfoar oar Frysk skriuwer ek, dêr't in pear jier nei syn dea al in greate earestien foar oprjochte waerd, dyselde man koene de Jongfryske nijljochters fan 1915 in skoft lang gjin goed wurd foar fine. Letter is dat bluisterige oardiel wol hwat bikommen; doe seagen de Jongfriezen wer de warberens, de trou, de karakterfêstens, dy't efter in uterlike kâldens forhoalen leine, de greate fortsjinsten foar de taelstriid op it stik fan Frysk lêzen, sjongen en toanielspyljen. Mar doe wie de Fryske biweging yntusken ek al frijhwat fordjippe; de orthodoksy, - der mei fan weromhâlden, om't Dykstra jierren lang yn faeije iensidigens sa'n sterk-persoanlike ynfloed op dy biweging útoefene 1), - joech har der einlings by en brocht al gau de folksstriid ta djipper bisinnen en fûlder wollen. Sûnt is de wiere bitsjutting fan Waling Dykstra dúdlik: ien fan Fryslâns oprjochtste en kundichste rintmasters, mar ien dy't de him tabitroude talinten spitigernôch net yn it aventûr fan it leauwe fordûbele hat. 3. Tsjibbe Gearts van der Meulen Op Burgumerdaem wurdt Tsjibbe Gearts, freon, geastessibbe, mar ek de aparte tsjinfuotter fan Waling Dykstra, de 6de fan maeimoanne {==149==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding TSJIBBE GEARTS VAN DER MEULEN==} {>>afbeelding<<} {==150==} {>>pagina-aanduiding<<} 1824 berne. Syn heit is klokmakker en hy, de jongste fan fiif soannen, in jonge dêr't neffens de masters wol hwat mear yn siet as sljochtwei, moat al gau mei oan't fortsjinjen; as it by de bakker net foldocht, dan mar by heit yn 't wurk. De earste forskynsels fan in kunstsinnige oanliz dogge oars dúdlikernôch bliken: nocht oan lêzen, rymkemeitsjen en tekenjen, pielen mei foardragerij, oppenearje har al gau en elk wit wol, ‘Tsjibbe klok’ rint der hwat út. As Harmen Sytstra yn 1847 ûndermaster yn Burgum wurdt en dêr in goed jier letter in krite fan it Frysk Selskip oprjochtet, kin it net oars of hja komme meiinoar yn 'e kunde. Tsjibbe ûndergiet de ynfloed fan syn hwat âldere liedsman en freon, mar dy bliuwt kritysk oer de hwat bluisterige jongkeardel; de drege, stive, ynbannige klaiker en de ympulsive, springerige en faek oerdwealske wâldman ûntrounen elkoar neffens aerd ek gâns. Tsjibbe bigjint daliks mei Fryske stikken op to meitsjen en dan ek fielt er sterk de romantyske driuw nei foroaring, dy't Sytstra hast de sé op fierde, Tiede Dykstra syn universitaire stúdzje net ôfmeitsje liet en Waling Dykstra by it bakkersfak weijage hat. Lyk as de measte Fryske skriuwers fan de 19de ieu hie Tsjibbe Gearts jierren lang in swiere striid om it stoflik bistean. Njonken de klokmakkerij hied er al gau in foech boekwinkeltsje opset 1) en hy troude let, yn 1858, in rom jier nei de dea fan syn mem. Sûnt 1860 gyng er trije winters oanien der mei Waling Dykstra foar it Winterjounenocht op út - ornaris wie Waling de boer en Tsjibbe de hear -, mar doe't er yn 1864 brievegaerder waerd, moast dat ophâlde. Foar postrinner wie er lykwols lang net praktysk en sekuer genôch, dat yn 1873 waerd er ûntslein. Hy bisocht it mei in krudenierswinkeltsje, mar dat koe ek neat wurde. Om't frijhwat lju fan de hegerein him genegen wiene, waerd er by syn boekhanneltsje ek oan in foege printerij holpen; as útjower fan de Burgumer krante krige er it nei 1878 ek gâns better. Syn wurk as emigraesje-agint hie him yntusken ek gjin wynaeijen lein. De dichter fan de Lânforhuzerssang (‘Amearika, dou lân fan dream en winsken’) hie om 1848 hinne ek wol graech nei de nije wrâld wollen, mar koe thús net mist wurde. Fan syn seis jonges binne der ek twa hinne tein en doe't er hwat mear earmslach krige, makke er yn 1881 in reis nei de Foriene Steaten en hâldde dêr neitiid rounom lêzingen oer. Letter mocht er jit graech ris reizgje; ‘hwat wrâldboargerskip- {==151==} {>>pagina-aanduiding<<} eftich’ hied er neffens eigen sizzen altyd al west. Op syn âlde dei wie er slim dôf en hied er lêst fan in hertkwael, mar hy bleau oant syn dea, de 16de fan maertmoanne 1906, jit like jong, libben en biweechlik fan geast as altyd. In nuver man, forneamd om syn brike setten en útfallen, in súnderling, it bern fan it Fryske húsgesin, sa is Tsjibbe Gearts faek neamd; de man fan it amerij, dy't him fan freugde en fortriet beide tige meinimme liet, dy't yn syn wêzen in romantyske kontrastwurking iepenbierre, sa is er ek typearre. Hy wie in gefoelsminske, ien mei in boartlike en fearkrêftige geast; yn syn drôvichste ûren hat er soms de fleurichste koartswyl skreaun. Meilydsum en bihelpsum wied er tige; bernlik fan aerd, sei en die er hwat him yn 't sin kaem en wied er slim egosintrysk, hoewol altyd yn ûnskuldige foarm: elk wist, hy wie nou ienkear o sa hinne en wer, en koe dat fan him skoan hawwe. As er net hwat to forearjen en to biwûnderjen hie, koed er net libje; mei syn eigen wurk wied er seldsume wiis, mar hy seach der bytiden ek skerp de tokoarten fan. Sytstra mocht yn him syn jeijen nei grapperij, syn foarstelling fan it mâlle, minne en gekke net lije, mar oft dy wol genôch each foar Tsjibbe syn aparte humor hie? It wurk fan Tsjibbe Gearts wie as hysels: tige weak, suver op it útwrydske ôf, en dan wer neffens de eask fan syn ieu sedeprekerich en deugdbifoarderjend; nouris kluchtich en komikerich en efkes letter geef en geastich, fol goede humor. Yn folle is dizze skriuwer romantikus, - al uteret him dat oars as by Sytstra, Tiede Dykstra en Colmjon, - oare tiden is er realist en siket er it mear yn it folksaerdige en deistige. Der sit hwat twaslachtichs en tsjinstridichs yn syn wêzen: de jefte fan smout, libben en gefoelich fortelle to kinnen, de sentimentélens dy't maklik yn it melodramatyske oerslacht, de oanstriid ta moralisme, driuwe him de kant fan de folksskriuwerij op. Syn tige persoanlike humor, syn bûtenslaggen, syn skatten fan de dingen neffens ‘de wearde, dy't syn forbylding der oan joech’, syn ûnharmonyske utering, meitsje him ta romantikus. Altyd set hy syn tinzen op papier sa't it hert it him opjowt, sûnder him folle om tael, stavering of ynterpunksje to bikroadzjen; fangefolgen is syn wurk gauris tsjuster, yn tsjinstelling mei dat fan Waling-om, dat gjin riedsels opjowt en altyd ‘bigryplik’ is. Tsjibbe Gearts syn forhâlding ta de godstsjinst jowt ek alle rjocht him romantysk to neamen. Under ynfloed fan syn mem en inkelde freonen hinget er yn syn jonge jierren ta it orthodokse leauwe oer, mar de ûntjowing fan de tiid en grif ek de omgong yn it Selskipsformidden skuorre him al gau de oare kant út. Nijmoadrige lektuer en de liberale leare fan de foarútgong meitsje him njonkenlytsen ta in humanistysk frijtinker, dy't him fan neat bine litte wol, binammen net fan de foarm, {==152==} {>>pagina-aanduiding<<} dy't foar him fansels dea is. ‘De natuer is ús tsjerke en 't gewisse ús domeny’, dêr hâldt er him oan. ‘Ik bihear wol net ta de Roomske of in oare tsjerke, hwer ik it bidden, suchtsjen of from wêzen nei wet en foarm leard ha’, seit er earne, mar dêrom leaut er wol hwat! De mystyk hat mear fet op him as op Waling Dykstra, mar lyk as dy stiet er ‘lofts.’ As frijmitsler makket er graech de skynfrommens, dy't by him sahwat itselde is as de orthodoksy, forachtlik en bispotlik - smeulske stikken oer de sindingsfeesten foelen der doe grif yn - en propagearret er it forljochtings-stribjen. Hy jowt him ‘ûnder de stim fan 'e Rede’ del, seit er, mar men fornimt by gjin skriuwer minder reedlikens as by him; de âlde tradysjes bistriidt er fûl, mar as middel dêrta brûkt er it Frysk, dat it krekt fan tradysjes hawwe moat; op de frijtinkersnamme is er greatsk en njonken Multatuli doar hy bêst stean to gean, mar earlik ek neamt er himsels ‘in bern dat yn 'e bosk fordwaelt, sadat it de âlderlike wente net werom fine kin’. Hy wie nou ienkear yn oars neat konsekwint as yn it dichter- en bern-wêzen. Strider wie er ek net, net yn it sosiale en net foar de tael. Fryslân en it Frysk miende er it tige, mar hy seach der ek gjin bien yn ris it Hollânsk to brûken; Great-Fryslân lei alhielendal bûten syn eachweid. De ‘stielen wet’, sa't Waling Dykstra dy formulearre hat - ‘al hwat ienkear wêzen krige, moat ek wer forsinke yn't neat’ - liet ek him net ta oan de takomst fan it Frysk to leauwen: ‘Wy bikleije it slachte dat nei ús wêze sil, dat de wiere sin fan ús greate rimers en skriuwers net mear fetsje kin. Driuwt op de wjokken fan de tiid it Fryske hinne, och, dat ús boekje tsjinje mochte om dy flecht nei 't frjemde, alteast in amerij, op to hâlden’, skriuwt er yn 1880 yn it foarwurd fan dy wylde en dochs wol nijsgjirrige karlêzing, ‘Moaije Blommen fen ús Frysce Letterkroane’, in boekje dêr't Waling Dykstra net folle goeds fan sizze koe. Tsjibbe Gearts wie in aesthetyske natuer; syn hiele wêzen hie forlet fan moaijens, wierens en goedens; de gewoane dingen fan it libben trieken him net it earste, mar hy bigearde ‘it ideale’ om him hinne. 1) Koed er him dêrom sa oan it blinkend bistean fan de hegerein forgastje? (‘Dan siet ik de jouns mids edellju en jonkfrouwen en ik krige harren leaf en ik haw harren jitte leaf en hja hawwe my fuortholpen. O, ik kin noait in sosialist wurde yn dy sin, dy't mennich-in-ien deroan bynt’, skriuwt er yn 1900 yn syn autobiografy; Paden II, s. 200). Ien fan syn bikendste stikken foar it Winterjounenocht hjitte fan ‘Harmony’ en der is neat dêr't dizze man, by hwa alles trochinoar lei, mear om socht hat. Fan grinzen wist er syn libben lang net en min koed er {==153==} {>>pagina-aanduiding<<} ek de ôfstân foar syn persoanen oer biwarje. Dat der oan syn eigen talint likegoed grinzen steld wiene, woe him net oan; withoefaek hat er fiersto heech grypt en oars net towrâld brocht as in karikatuer fan hwat hy bistribbe. It hast ûnpersoanlike, saeklike fan Waling Dykstra syn biskriuwingskunst is him frjemd; as Waling-om syn foarm foun hat - dat hat er mei tritich, fjirtich jier al - skriuwt er langer as in heale ieu yn deselde trant fierder; Tsjibbe Gearts wurdt lykwols hyltyd dreaun hwat nijs to bisykjen: in opera, in tekst foar in oratorium, in allegory. Fan oanliz is er ek alsidiger as Waling; as dy kin er krekt en skerp it deistich libben tekenje en hâldt er der fan, de minsken har lek en brek warskôgjend foar to hâlden; neffens de moade fan syn tiid lit er yn ien minske ek mar ien grouwélige ûndeugd wenje, dêr't it ljocht fan ‘it goede’ dan skerp by ôfstekt. Mar Waling is rêstich en bihearske en wol syn lêzers feitlik of reedlik oertsjûgje, wylst Tsjibbe him gean lit op de stream fan syn gefoelens en syn idealisme en fan tofoaren nea sizze kin, hwer't er bilânje sil. De natuerforearing leit Waling yn in min of mear wiidweidige, objektive biskriuwing; Tsjibbe lykwols kin de persoanlike útroppen net binefter hâlde. Gjin ‘wittenskiplik’ man, dizze Tsjibbe Gearts: yn it stik fan tael en stavering hat er nea bysûndere eptich west en joech er syn wurk ûnsuver út 'e hannen, konstatearre Waling Dykstra al, dy't sels as noarm de lottere folkstael stelde, mar dêr dan ek frijwol alles mei wurde koe. Tsjibbe liet it hert baes, hantearre de tael sa't him goedtocht, fornaem net dat syn logika gauris de faeije kant neist wie en dat er yn syn toanielwurk in opset tapaste, dy't der yn de Fryske forhâldingen fan doe hielendal útroun. Alderearst is er lykwols dichter, al is dêrom al syn wurk lang gjin kunst; hast altyd fielt men, dat it spontaen en natuerlik ûntstien is, wylst Waling syn wurk de yndruk makket handich yninoar set to wêzen. Dêrtroch komt Tsjibbe syn wurk, al kin men der maklik it hiele liberale tiidsprogram út ôflêze, dochs by stuiten mear as dat fan syn freon oer de eigen tiid hinne; nea wurdt it toar forstânlik tinken, nea de prekerige bilearing syn hertestimme oermânsk. Himsels ‘fêstskreaun’ hat Tsjibbe Gearts grif net; yn gjinien fan syn mooglikheden bleau er sitten, mar ek yn gjinien birikte er it heechste; tokoart oan selskrityk en it feit dat er de foet net by de kûle to hâlden wist, stiene him dêrta yn 'e wei. As suver Frysk fortsjintwurdiger fan it 19de ieuske humorisme, sa't him dat yn Ingelân by Dickens, yn Dútsklân by Reuter (en Heine) en yn Hollân by Hildebrand (en Piet Paaltjens) oppenearre, is Tsjibbe Gearts foar ús jit fan de measte bitsjutting. Hy sjocht it lytse, leech-by-de-grounske, ûnwierhaftige, mar hy kin der om glimkje en lit him der net troch ta hate forliede; frede mei it ûnfolsleine hat er net, mar in {==154==} {>>pagina-aanduiding<<} wiis meifielen hâldt him dochs fan fûl ôfstjitten werom. By oare Fryske skriuwers fan syn tiid is koartswyl faken itselde as gekjeijerij en bizigens, mar by him klinke der eigener toanen troch en kriget de humor in persoanlik aksint; lês mar ris efterinoar ‘De gelokkige dichter’ út 1853, en ‘De dichter forlegen om in rymwurd’ út 1860 (Ald en Nij, s. 113 en 254). Is Waling syn grappigens gauris to stiif oanset, tofolle optocht, Tsjibbe Gearts sines komt fansels, hwat meibringt, dat de utersten fan idyllyske of oerdwealske oerdriuwing net altyd mijd wurde. Beide freonen binne hjir gauris forgelike. Beide wiene hja de baenbrekkers foar it Frysk toaniel, de fêstigers fan de winterjounenocht-tradysje, de leverânsiers fan in smite gaedlike foardrachten en folkslektuer; yn har geastlike ûntjowing en wrâldskôging stiene hja elkoar tige nei en de libbenswei lei foar beide fier fan maklik en sljocht, - kamen de Hollânske skriuwers út dizze tiid allegearre út de boargerklasse of de hegerein, de Fryske skriuwers wiene suver stik foar stik arbeidersjonges, dy't har troch eigen krêft út de nearzichste omstannichheden omheechwrotte moasten. Dochs wisten hja tige goed fan it greate forskil tusken harren. Waling Dykstra rymke fuort nei Tsjibbe syn dea: ‘Wy wiene in pear en net in pear En just dêrtroch mei elkoar klear. Hwat de iene hie, hie de oare net, Sa ha wy 't altyd mei'noar redt.’ Waling fielde him yn it deistich libben de wizere en de liedsman, is stiver en konsekwinter en hâldt folle mear de pipen yn 'e sek, 1) mar oan Tsjibbe syn dichterlikens hat er fral yn syn lettere jierren gjin hânwetter. 2) Ta it bêste fan Tsjibbe Gearts syn dichtwurk hearre grif de minnedichten (Op 'e heide, Lou op Moandeitojoun, e.o.) en de freonskipspoëzij (Sankje ûnder goefreonen, Wémoed, By de dead fen in freon). Hichtepunten birikt er ek yn syn elegyën, kleisangen op de dead fan Eeltsje Halbertsma, fan Harmen Sytstra en fan J. van Loon, binammen yn de earste. Dy elegyske toan sit ek yn it moaije fers ‘Oan myn soan Willem doe't er nei Amearika teach’ en yn it nayf-oandwaenlike ‘De Rimer’. Foar ien dy't sa min de disharmonij fan it libben forwurkje {==155==} {>>pagina-aanduiding<<} koe, wie it gjin niget dat er it graech socht yn de satiren (Freonskip, Lys mei de bôllekoer) en de talrike idyllen (De fisker, Jut mei 't oargel, Sneontojoun fan in arbeider, In sneontojoune, e.o.); folle goeds is dêr to finen. De stof is wol net altyd like oarspronklik, (sa't der jimmer by forskate dichters yn deselde tiid in foarkar foar deselde ûnderwerpen bistiet), hy herhellet himsels ek gauris, mar de foarm en de biwurking binne ornaris eigen en nijsgjirrich. Yn it proaza falle fuortdalik op de libbene en fleurige forteltrant, de boartlikens, de needsaeklike omhalen en de sin foar it komyske. Ien dy't yn in fyftich sydtsjes sa de ‘Sneon en sneontojoun’ op in Frysk doarp biskriuwe kin (Swanneblommen 1896), forstiet de kunst, hat it folk goed achtslein en biharke en is ek net sûnder wysheit. Tsjibbe Gearts hat frijhwat ôfskreaun; forskate stikken yn de bikende tiidwurkjes, bydragen yn de earste twa Winterjounenocht-bondels en mannich lyts folksboekje tsjûgje dêr fan. Allinne hat er û.o. útjown: ‘Tryntsje mei de rommelpot, in nift fen Doaitse mei de Noardske balke’ (1850), in lieteboekje, en ‘Myn suchten en myn sangen; in hânfol blommen út de Wâlden’, 1859, in foege tritich dichtstikken, meast frij mankelyk en elegysk fan toan. It greatste part fan dizze en oare skriften is fan 1907-'11 útjown yn de twa dielen ‘Ald en Nij’, lyts 700 siden meiïnoar, in spitigernôch sloarderige en rûge samling. Dêr steane net yn de rige toanielstikken, de oratoriumtekst ‘Simmernacht en simmermoarn’ (Moaije Blommen, s. 75-96) en de opera of it sjongspul ‘Jan en Janke’ (Forjit my net, 1897-'98). 1) Njonken dit lêste wurk kinne stean de ‘Inkelde brokstikken út it 1ste diel fen Goethe's Faust, biarbeide fen T.G.v.d.M.’ (1912); in oersetting mei dit boek net hjitte: der binne stikken fan it oarspronklike weilitten en Tsjibbe hat der hwat fan syn eigen fining by ynlaske; tige ûnfatsoenlik dwaen winliken, as krekt ‘it bern fan it Fryske húsgesin’ it net dien hie. Nimmen sil dizze biwurking earnstich nimme, al steane der wol goede eintsjes yn. Foar de folkskunde hie Tsjibbe Gearts in iepen each: mei Waling Dykstra joech er yn 1856 ‘In doaze fol âlde snypsnaren’ út. De Fryske skriftekennisse lei him heech; syn blomlêzing ‘Moaije Blommen’ mei tige ûnsystematysk opset wêze, hja hat dochs in persoanlik karakter. {==156==} {>>pagina-aanduiding<<} Foar de greatens fan Gysbert Japiks, - dêr't er tige fier mei weiroun, - de Halbertsma's en Harmen Sytstra, hied er in waerme earbied. Ek syn journalistyk wurk yn de Burgumer krante, meastepart Hollânsk fansels, sit goed spul by. 4. Auke Boonemmer De 8ste fan julymoanne 1823 wurdt Auke Boonemmer to Grou berne as de jongste út in skoalmastershúshâlding. Soargen en earmoede makket er al ier mei en fral it ûntslaen fan syn heit yn 1829 jowt him pynlike yndrukken, dy't er, tige gefoelich as er is, net gau wer kwyt wurdt. 1) Hy sit efkes by ‘master Hjerre’ yn 'e klas en as hja nei Burgum forfarre, dêr't de heit boekhâlder op in beamkwekerij wurdt, komt er al gau mei Tsjibbe Gearts yn 'e kunde; dy sil him dan ek mei oan it skriuwen helpe. It is mei him ek wer de âlde Fryske wize: Goed leare kinne, der sit hwat yn de jonge, in skoftke kwekeling, net genôch fortsjinje, en dan ferversfeint. Jierren fan opgong en aventûr binne foar him de tiden fan it Fryske Winterjounenocht fan 1862-'75, earst mei Jentsje Sytema en letter mei Waling Dykstra; dan sit der hwat fleur en glâns yn it bistean. In ûnbiantwurde leafde komt er lykwols net maklik oer hinne, hy bliuwt âldfeint, sparret en bigjint to gau to rintenierjen, lêst, leart en skriuwt, rekket syn pear sinten kwyt en hat syn lêste libbens-jierren in iensum, heukerich en earmoedich bistean yn Hurdegaryp. Der is gjin lân mear mei him to bisilen, hy komt yn syn bernskens en stjert de 27ste jannewaris 1894 yn it Ryptsjerker earmhûs. ‘In man to goed foar dizze ellindige húcheljende mannichte’ en ‘in edele siele’ neamt Gerben Postma him, net sûnder hwat forhoalen selsbiklach. Mar Piter Jelles, dy't him in skoft goed kend hat, oardielet al net oars, as er him ‘in ienfâldich hert sûnder kwea’ neamt, ‘alhiel frjemd yn 'e wrâld’. Boonemmer wie, neffens Troelstra, ‘in stumper yn en foar de wrâld, dy't himsels yn syn keal lyts keammerke in wrâld der fantasije opboud hie, dêr't er heal fan syn dreamen en plannen libbe, wylst er nei it lichem forkaem en de wrâld al mear en mear ôfstoar’. Hy hat wol hwat fan Tsjibbe Gearts, mar bliuwt himsels mear gelyk {==157==} {>>pagina-aanduiding<<} en sjocht de dingen fan it libben gauris wizer en djipper. Syn wurk is min oersjoch oer to krijen, om't it tige forspraet leit. In waerme meilydsumens, in fromme ienfâld en in oangripende mar bihearske humor hearre ta it wêzen fan dit wurk, dat der ek troch in masterlik gebrûk fan de folkstael útkipt. In tige eigen lûd fornimt men slach op slach; hy wit flot en ûnderhâldend to fortellen, hat de petearfoarm tige yn 'e macht, karakterisearret syn persoanen nea grou of wreed, mar altyd fol meilibjen. Hy hat each foar de greatens fan it lytse, (‘de ienfâldichste dingen kinne jin greate lessen preekje’), lit him mei syn moralistysk-didaktyske oanliz wolris to fier gean, - foar party Fryske skriuwers út dit tiidrek foarmen de Nutsjounen de oefenskoalle, - mar hâldt jin troch syn oprjochtens en minsklikens fêst. Hwa sil him, dy't der safolle fan sjoen hat, forwite, dat er al mar wer de earmoede biskriuwt? In pear bondeltsjes jowe in ûnfolsleine yndruk. ‘De Jounpraters’ (1855, 2de pr. 1886), bistiet út earst twa, letter trije nutsfoarlêzingen: smoute, geastige en ek wolris skerpe preekjes. ‘It doarpke oan 't spoar’ (1876), wol twaris sa great, bifettet rym en ûnrym, meast foardrachten foar twa persoanen. In aerdige figuer is Metten, de maet fan de skriuwer, dy't hy graech yn syn petearen ynfiert. Yn dit boekje stiet ek ‘De Fryske Polderjonge’, in fers dat syn dichterskip dúdlik biwiist. Hoe't er yn dimmenheit mei de greate religieuze fragen wraksele, kin men opmeitsje út in fers as ‘Almacht’ (Forjit my net, 1887) en út ‘Fraechteikens’ (Swanneblommen, 1919, s. 123). En hwa, dy't dy beide kostlike fersen lêst, ‘Breidzje’ en ‘It boask oan 'e dyk’ (For Hûs en Hiem, 1888; yn deselde jiergong ek it moaije stik proaza ‘De toga’), sil Boonemmer net ien fan de bêste Fryske folksdichters neame? Ek by it toanielwurk, - meast útjown ûnder de skûlnamme Master Abe (= A Bé), - sit wol hwat dat net forgetten wurde mei. Boonemmer hat yn syn tige aparte autobiografy (foar in great diel ôfprinte yn Swanneblommen, 1919) skreaun, dat er net op de neiteam hoefde to tidigjen. Hy wie mis; as syn bêst wurk earst mar ris byinoar stiet, sil de neiteam him fan herten tankber wêze. 5. Sake Knjilles Feitsma Alwer in tragysk libbensforrin: Berne de 8ste septimber 1850 to Burgum; de heit is timmerfeint. De âlden hearre by de ‘ofgeskeidenen’ en hawwe it net rom. Sake kin tige leare; de iennichste kâns is fansels wer: skoalmaster wurde. Hy stiet op forskate plakken, wurdt yn 1882 {==158==} {>>pagina-aanduiding<<} boppemaster, mar as syn forkearing mei in ûnderwizersdochter fan de Lemmer útskuort om't har âlden der op tsjin binne, rint it mei him speak. Feitsma rekket fan hertsear oan 'e drank, bisiket it as master jit op forskate plakken, mar moat op 't lêst dochs forgoed út skoalle wei; fuortoan is er, neffens himsels, ‘in earme swabber foar in skriel stikje brea’. As boekesutelder reizget er hiele Fryslân troch, jowt op syn wize as foardrager winterjounenocht en wurdt fanneed breaskriuwer; om't it Frysk him dêrby gjin genôch earmslach jowt, moat er wol nei it Hollânsk oergean, hoe graech er him ek hielendal oan de tael fan syn leafde jaen wolle soe. In Frysk moanneblêd (‘Uren fan lins’) dat er útjaen sil, komt ek neat fan. Yn 1893 wurdt er meiwurker en korrektor by it Friesch Woordenboek; hy lit de drank lykwols net stean, rekket in skoft by it Heilsleger en kin it mar net fine. Earst yn 1897 liket it daegje to sillen, as er mei syn eardere faem trout (sjoch: Hjerstgrien; Forjit my net 1899, s. 64). Mar ek nou is it lok net duorjend foar him weilein en bliuwt de doem op him lizzen: altyd jildkrapte, withoefaek forfarre, yn 1905 rûzje mei de Wurdboekgearstalders, - hy hat der in brosjuere oer skreaun -, nimt syn ûntslach en sleept yn Hollân syn earmoedich bistean fuort. Yn it lêste oarlochsjier, op de 8ste jannewaris 1918, hawwe hy en syn frou har by Den Haech fordronken. Hân oan hân, sa waerden hja foun. In tige kundich mar ûnmaetskiplik minske. As der út dizze man kommen wie, hwat der yn siet oan kinnen en wollen, hwat soe Fryslân dêr mei bate west hawwe! As er syn wyldsin ris bidimme, syn libben, tinken en skriuwen mear ûnder de tucht steld hie, - mar hwa doar freegje, dêr't sa'n tragyk him de mûle stoppet? Hwat wied er net fan doel allegearre? Mar: ‘De hânnen sitte him boun troch in fijân, hwaens namme is Earmoed. Sont jierren lijende en stridende mei en ûnder dat diel fan 't folk, dat yn't stik fan tael syn learmaster west het, sil er, hopet er - hoewol by learden ûnbikend - by dat folk net forgetten reitsje, ek sonder dat er mear foar har tael dien het as ont nou ta. Mar hy sels sil dêr net mei foldien wêze’, skriuwt er yn 1892. Hy hat it oer alle boegen bisocht. As jong skoalmaster publisearret er al Frysk rym en ûnrym: gjin opfallend wurk, mar goed fan tael. De lytse boekjes, dy't er tusken 1885-'93 faek sels printsje liet en útsutele, (In bytsje út folle (Fryske rimen); Saun ris som, grappige teltsjes yn onrym, 1888; For sprekkers en lêzers, nije grappige teltsjes, 1888; Fen earder en letter, samle Frysce rimen, 1891; In domenijs hûsbisiik en oare grappige foardrachten, 1893; en faeks noch mear), litte syn talint al hwat mear útkomme, mar net rounom like dúdlik. Syn taelbihearsking, syn djip bigreatsjen mei alles hwat fortrape wurdt, syn waerm hert dat nei ljocht en myldens longeret, dat allegearre blykt dêr {==159==} {>>pagina-aanduiding<<} út, mar tagelyk ek, dat er mear nei it folk ta skriuwt as wol yn syn aerd leit. Yn it bondeltsje ‘Dêr Wie Ris...’ (Fryske mearkes, út 'e folksmûle opskreaun, 1893), mei fan de bêste folksforhalen dy't der yn it Frysk skreaun binne, en yn syn ‘Teltsjes fan Aldomke’, dy't rounom forspraet lizze, (fan útjefte yn boekfoarm, sa't it doel wie, is neat kommen; dat slagge de 19de ieuske skriuwers mar in inkelde kear), is er folle mear himsels. Folksskriuwerij is dit wurk, mar dan sûnder de wenstige prekerij of gekoanstekkerij, ûntstien út in persoanlikheit, dy't him djip mei de sljochtwei minsken forboun fielde, mar yn in eigen en hwat swiere humor ek wol fan distânsje wist. It meast en bêst hat Feitsma lykwols himsels jown yn syn wurk fan nei 1893, binammen yn syn rige sketsen ‘út 'e modder fan 'e maetskippij’ of ‘út it ryk fan de earmoed’ of ‘út de ûnderste lagen’, sa't er se sels bineamde. Hy hat se biwust, mei in bidoeling skreaun, oars hie er it net hawn oer ‘forhalen, hweryn de neakene wêzenlikheit (it réalisme) op 'e foargroun stiet’. Dúdlik fornimt men yn dit wurk (Forjit my net 1893, 1901, '06, '07, '08) de ynfloed fan de naturalistyske rjochting, sa't dy har yn de Frânske skriftekennisse fan de twade helte fan de 19de ieu oppenearre (Emile Zola) en sa't dy yn Hollân û.o. fan Van Deyssel ynhelle waerd. Dit naturalisme wol de werklikheit skerp obstrevearje en werjaen, siket ta elke priis de neakene wierheit en wol de greate fraechstikken, dy't de striid om it bistean opleveret, yn in libben forbân yn de kunst har plak jaen. Dêrby sjocht it de minske binammen as in biologysk produkt, in fuortbringsel fan erflikheit en formidden. Sil in skriuwer wurk fan bitsjutting jaen, dan moat er de maetskippij en fral de selskant dêrfan út 'e pin kenne. Dy't it ‘ynliedend wurd’ fan Feitsma yn F. m.n. 1893 lêst, fornimt daliks dat er mei dizze bigjinsels tige op 'e hichte is. Dochs is it gjin moadesucht, dy't him ta dizze nije produksje driuwt. De sketsen biwize, dat Feitsma yn dizze foarm ta syn earlikste utering komt; it is as kriget syn tragysk libben tsjin de ein hjir in sombere, wrede wjerklank. Ynderlik hecht forboun oan it kristlik leauwe as er wie, sjocht er de macht fan de sûnde; syn erflik moralisme rekket er ek hjir net kwyt. It is gjin literatuer sûnder wryt of slyt, dit proaza, mar it jowt faek in bysûndere biskriuwingskunst en de tael is yn har swierens en dregens ryk fan effekt. Fan it Fryske taeleigen wied er dôch in bûtengewoan bêst kenner. Dêr tsjûgje ek fan syn meiwurker-wêzen oan it Friesch Woordenboek, syn handich Frysk learboekje De vlugge Fries (1902) en syn teltsjes yn F. m.n. 1891-'92, dêr't er mei sin in mannichte fan idioom yn topas brocht hat. Hoewol der yn 1879 in algemiene stavering foarskreaun wie, brûkte hy yn de njoggentiger jierren in eigen stelsel; neffens him {==160==} {>>pagina-aanduiding<<} omdat dat ‘it neist komt oan de meast hearskjende uetspraek en fen de yn 't lezzen lilk steande luwdwizers sa min moêlk gebruwk makket’. Hy hat ek in list fan Fryske plante- en dierenammen opmakke en forskate opstellen oer Fryske skiednis skreaun. Foar de Bibeloersetting hat er fortsjinsten troch syn oersetting fan Joëls profesij (nea printe) en fan it Markus-evangeelje (1897). De opset om dêr sljochtwei folkstael foar to brûken, is hjir en dêr tige slagge, mar op oare plakken is er to fier gien (nammen as Japik, Barthele, Tewus en Teade). 6. Oersjoch en forbân Meidat it Frysk sûnt de 16de ieu út bistjûr, rjocht en wet, út ûnderwiis en tsjerke weirekke en njonkenlytsen yn de seis greatste stêdden ek net mear brûkt waerd, bleau it inkeld as folkstael en dan binammen as plattelânstael (boerefrysk of boersk, yn it Hollânsk ‘Landfries’) yn wêzen. Oan de iene kant wie dat in bihâld foar de gevens fan de tael, oan de oare kant ek krige dêrtroch alle Frysk wurk in iensidich folksaerdige ynslach. De renaissance-ynfloeden mei har falske forhearliking fan it lânlibben (arkadyske poëzij, pastorale), mar tagelyk mei har oanbidding fan it geleard forstân, wurken dat slim yn de hân. Doe't de adel en de hegerein it Frysk ek yn 'e steek lieten, sakke de sosiale wurdearring fan dy tael gâns en de faeije gefolgen dêrfan sjogge wy oan ús tiid ta, (byg. it Frysk is sa bot, is allinne gaedlik foar koartswyl, dou en stou binne ûnbileefd). Sûnt ieuwen moat rounom, dêr't it Frysk troch skriuwers op hwat heger plan brocht wurdt, der in fordigening by; de lêzers, Hollânske of Fryske, moatte fral net miene, dat it de skriuwer oan biskaving of talint ûntbrekt, of dat er net op 'e hichte fan syn tiid is. Yn ien as Gysbert Japiks libbet it folk jit sa sterk en is de persoanlikheit jit sa ûnskansearre, dat er syn dichterskip as in tsjûgenis stelt, mar it liket wol as hâldt hy it ek net fol op 'en dûr allinne yn dy iensume posysje to bliuwen. Jan Althuysen fielt de ellindige taeltastân ek suver oan, mar hy kin der mar in swak forwar foaroer sette. De Halbertsma's moatte net folle fan Hollân hawwe, oan har skerpe yntuysje leit it ek net, mar hja briefkje meast yn it Hollânsk, hâlde har suver alhiel bûten it Selskipswurk en binne fiersto greate yndividualisten om har folk ta de striid liede to kinnen. De Wassenbergh-skoalle en it dêr út fuortkommen Frysk Genoatskip steane ornaris frijhwat fier fan it sljochtwei folk ôf, mar dochs kriget har wittenskiplike of romantyske niget, likegoed as de Halbert- {==161==} {>>pagina-aanduiding<<} sma-skriuwerij, dêr wol syn weromslach. 1) Hat Gysbert Japiks foar Posthumus, Salverda en Windsma wer in bisieljend foarbyld west, fan ‘De Lapekoer’ giet der in sterke oantrún út op de hyltyd tanimmende Fryske skriuwerij yn almanakken en lytse boekjes, net it minst ek op Harmen Sytstra. Lykwols, al docht dy syn hiele libben wol war, om ek folksskriuwer to wurden, dochs fynt er troch syn aerd en ûnder ynfloed fan Tiede Dykstra syn foarm better yn de romantyk. Op Waling Dykstra wurket dy streaming ek wol yn, - foarleafde foar leginden, folksforhalen en folklore, - mar al gau set hy him ta de produksje fan folkslektuer yn De Bijekoer, De Fryske Húsfreon, en aparte skriften. Dêrmei hat er syn dúdlik stimpel op de hiele folksskriuwerij setten. Dat stimpel is suver oan hjoeddedei ta werom to finen en tiden lang hawwe mar inkelden harsels der hielendal frij fan hâlde kinnen. Mear of minder sterke réaksjes op dizze slim iensidige en fangefolgen stomp rinnende skriuwerij foarmje de bondel ‘It Jonge Fryslân’ (1881) en de earste jiergongen fan Piter Jelles syn tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ to hea en to gers jildt dit foar it Selskipstydskrift Forjit my net, dat oanienwei ûnder goedwollende mar to swakke lieding stie. It wykblêd Sljucht en Rjucht waerd sûnt 1897 it foarnaemste plak fan utering foar de folksskriuwerij en bleau dat oant fier yn dizze ieu op. De neifolgers fan Waling Dykstra - der wiene wol safolle, dat der maklik fan in ‘skoalle’ sprutsen wurde kin - namen, sa't to forwachtsjen wie, faker de flaters as de deugden fan har foargonger oer. 7. Inkelde oaren In wichtich ûnderdiel fan de folksskriuwerij wurdt sûnt likernôch 1860, doe't Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts der mei úteinset binne, foarme fan it foardrachte- en toanielwurk, (sjoch haedstik XI). Fierwei it greatste part is praktysk-ethysk fan ynstelling; it is tendins-wurk, propaganda-ark foar de frijsinnichheit, de arbeidersbiweging, de drankbistriding, it folksûnderwiis of it algemien stimrjocht. Oebele Stellingwerf (1848-1897), berne to Tsjom en forstoarn to Ljouwert, jierren {==162==} {>>pagina-aanduiding<<} lang redakteur fan it ‘Friesch Volksblad’, dêr't frijhwat Fryske skriuwers yn oan it wurd kamen, is in weardich fortsjintwurdiger fan dizze rjochting. Yn ien fan syn feuilleton-forhalen, ‘Hoe't de nije domeny en mâlle Thys elkoarren bikearden’, lit er de haedpersoan sizze: ‘Ik haw Waling Dykstra wolris heard, dat ik by my sels tocht: sa moasten nou eigenlik de domeny's preekje’, en dêrmei is de bidoeling fan dizze skriuwerij ridlik goed werjown. As jong skoalmaster blyn wurden, bigoun er yn 1876 mei syn oantroude omke Waling Dykstra de útjefte fan it Friesch Volksblad; doe't dat letter hyltyd mear yn de polityk tolânne kaem, hat de lêste him bigjin 1883 weromlutsen. Doe wie Stellingwerf krekt troud en syn frou, de warbere en kundige Geertruida Christina Stellingwerf - Jentink (1852 Nijlân-1918 Ljouwert) hat neitiid jierren mei him de redaksje fierd. Beide strieden hja mei greate persoanlike oerjefte foar sosiale rjochtfeardichheit en polityk radikalisme, beide lieten har Frysksinnigens klear en trou blike. Syn fortsjinsten foar it Frysk toaniel en as prozaïst binne net lyts; yn har wurk giet it om de tendins, it boadskip, de maetskiplike omfoarming. Hja hat tsientallen Fryske feuilletons skreaun; allegearre yn de trant fan: Hwerom Rinkje nei de thé gjin slokje ha woe; Hwat de gefolgen fan de Ljouwerter merke wiene; Hoe't frelle Petronelle mei de ‘mindere’ stân yn kennis kaem. In ‘tsjûger’, ek fol idealisme en fol fan it nije ljocht, is Johannes D. Baarda (1836 Ljouwert-1903), dy't ek ûnder de skûlnammen Simen Aukes en Johannes skreaun hat. As skriuwer wied er fral warber yn de jierren 1858-'65; hy hat wol aerdige fersen makke, mar it measte is ûnryp. Mei in freon (Friso) hat er yn 1862-'64 twa dieltsjes útjown fan ‘De Folksfrieun, in Fryske reizger troch it Fryske lân’. Syn novelle ‘In profeet în sîn eigen lân’ (1863) soe lang net min wêze, as dy net sa stiiffol troppe wie mei alle mooglike forljochtings-idéën. As tiidsbyld is it lykwols de muoite fan it lêzen tige wurdich. Better as al dit earnstige wurk is faek it satiryske. Foar de ûntlading fan it revolúsjonaire gefoel, - en dat siet der yn de tachtiger jierren yn Fryslân gâns, sawol yn it maetskiplike as yn it tsjerklike, - wiene spot en irony gauris de gaedlikste middels. Al dy lytse boekjes (Soldate-brieven; Brieven fan in Skutter; Hoe de timmerfeinten fan baes Wibe forheging fan lean krigen; As de hearen it hawwe to witten; ensfh.) hawwe de wei foar de sosialistyske biweging yn Fryslân mei sljochte. In typysk en soms kostlik staeltsje fan dit soarte wurk jowt de ‘Katechismus fan de leare der wierheit, dêr't boer Pibe syn lytsfeint yn ûnderrjochte’ (1878) fan Jentsje Sytema (1824 Grou-1885 Haulerwyk), in soan fan in skipper dy't letter boer waerd en sels ek gnierker. Hy hat in skoft winterjounenocht jown (û.o. mei Auke Boonemmer) en makke {==163==} {>>pagina-aanduiding<<} dêrta simmerdeis ûnder it wurk de stikken klear, dy't lang net allegearre útjown binne. De ‘Katechismus’ lit sjen, dat hy syn each skerp oefene hat yn it kritysk skôgjen fan minskene lek en brek; hy is iensidich, hy oerdriuwt, hy stjûrt suver op it anarchisme oan, mar binne dat net de eigenskippen fan in goed satirikus? Hjir is yn alle gefallen de tiidskrityk yn in frisse, geastige en folksaerdige foarm set. Fansels is al dit wurk in ‘hymne op liberaliteit’, sa't Hjerre van der Veen ris ien fan syn rymstikken neamde; fierwei it measte hat fan dy foaropsette bidoeling to lijen hawn, hwat syn skriftekundige wearde oanbilange. Klear is dat to sjen yn it fortelwurk fan Jan S. van der Steegh, (1831 Jirnsum-1882 Snits; bakker en concierge, in apart en ûngeduerich man). In great part fan dit proaza is nei syn dea troch Stellingwerf útjown yn in tsjokke bondel ‘In Oantinken’ (1884). Flot en ienfaldich fortelt er yn suvere folkstael, kiest foaral de orthodoksy ta doelwyt, jowt dúdlik utering oan it geastlik libben fan it ‘foarútstribjend folksdiel’ fan syn dagen en docht dat ek net sûnder koartswyl en irony, ja, sels de karaktertekening liket net sa min. Dochs is er op en út sedepreker, wylst dûmny's fansels oars net binne as slûchslimme forrifelders; dochs lit er deugd en wysheit yn dit libben altyd har bileanning fine, wylst it kwea grif op ûngelok of straf útrint. It is net altyd sa, dat de histoarje alhiel bûten it eachweid fan de folksskriuwers falt. De 19de ieu is de tiid fan de histoaryske forhalen en dêr is yn Fryslân ek net in bytsje mei pield. Al is er grif net bûten de ynfloed fan de Iduna-skoalle bleaun, dochs heart Douwe Hansma (1812 Dokkum-1891 Snits; tekenlearaer en portretskilder) yn dit haedstik thús. Hy wie ien fan de oprjochters fan it Frysk Selskip en hat mear as fjirtich jier lang forskate tsientallen bydragen oan de tiidwurkjes levere: in stikmannich ferskes, mar meast proaza. It is allegearre wakker gelyk wurk, sûnder folle forheffing of oarspronklikens, hwat toar, evenredich en braef; yn de biskriuwingskunst, it werjaen fan uterlike sfear, birikt er jit it meast. It binne hast altyd de bikende motiven, dy't er ûnder hannen nimt: frijerij, houlik, alderleafde, jild, maetskiplike deugden. Giet er tobek yn it forline, dan sjocht er dat gauris idyllysk: hy fornimt de efterútgong yn it hjoed en fielt de plicht troch syn skriuwerij mei to wurkjen oan de seedlike forbettering. Dêrom klaeit er neffens eigen wurden syn teltsjes yn as ‘in trochgeande learinge en redenearinge’. Hy docht dat hwat mylder as Waling-om en syn maten; satirysk is er hielendal net. Mei Waling Dykstra hat er twa bondeltsjes sechjes en teltsjes útjown (1863-'65) en fan syn talrike novellen binne der ek in stikmannich apart yn it ljocht kommen. It sljochte neimieljen fan it deistich libben is to finen yn: Uwnk in Lok (1856, bikroand antwurd op in Selskipspriisfrage, lekket de úthuzigens); {==164==} {>>pagina-aanduiding<<} Ien bult as ien heal kynsen (1857, út it libben fan in breklik minske); In Moandeis-reiske mei Ulbe fen Peasens (1865), Ek fan de twa histoaryske novellen (Sippe Scheltema, 1872, oer de Dokkumer fury yn 1572; In ûnlyige tîd to Snits, 1874) is net folle goed of kwea to sizzen. Mei Hansma to forgelykjen is Japik Asman (1833 Akkrum-1902 Terherne; skuonmakker, skearbaes en winkelman), in wees dy't muoite hie troch de tiid to kommen en op syn âlde dei der hwat socht by to fortsjinjen, nei't er in greate húshâlding opbrocht hie. Hy hat doe yn de njoggentiger jierren gâns hwat ôfskreaun, proaza fan twaderlei soarte: histoarysk-romantyske forhalen en greate sketsen út it folkslibben, fral dat fan syn neiste omkriten. It is aerdige (mar nou hwat âldfrinzige) folkslektuer en as sadanich yndertiid wol wurdearre. Apart útjown binne: Reinder en Antsje (1891), De Noarske fiskersjonge (1891), beide oer it Terhernster skipperslibben fan foarhinne; Wraek en ljeafde (1892, Fryslân yn de 15de ieu); Odo Bothnia (1893, Fryslân yn de 10de ieu). As trêdde moat yn dit forbân neamd wurde Piter Bleeksma (1821 Roardhuzum-1897 Sint-Nyk), in skoalmaster, dy't ek mei it jaen fan winterjounenocht pield hat, Hy hat gâns rymkes, foardrachten, proaza en in toanielstik skreaun; syn wichtichste wurk is lykwols ‘Marten Clant, ef de swerveling fan Boxum’ (1870). Der sit yn dizze lytse histoaryske roman grif in fiks poarsje spanning, mar de opset is hwat guodkeap, de sensaesje hwat al to bjusterbaerlik en de sielkundige tekening of hwat dêr foar trochgean moat, is ûnforantwurde. In greate histoaryske skôging moat men yn it wurk fan Hansma, Asman en Bleeksma net sykje; hja forplakke almeast it eigen binypt formidden en it 19de ieuske tinken yn it forline. Folút romantikus binne hja ek net. 1) De fortsjinsten fan de Waling-Dykstra-skoalle, it suverhâlden fan de skriuwtael troch in krêftige biynfloeding út de folkstael wei, en de krekte biskriuwing fan it folkslibben, sa't him dat oan in liberael minske fan de 19de ieu foardie, moat men harren wol takenne. Op dit plak heart ek Japik Hepkema (1845 Aldeskoat-1919 Ljouwert; boeresoan, skoalmaster, útjower fan de ‘Hepkema's krante’), om't yn him de niget oan it forline en de leafde foar it hjoed sa klear sprekke. Hy is gjin great skriuwer of gelearde, allinne mar in man fan de praktyk en fan it soun forstân en as sadanich in fijân fan alle radika- {==165==} {>>pagina-aanduiding<<} lisme; hy hat lykwols foar de Fryske journalistyk, de skiednis fan de Fryske skriftekennisse en de folks- en geakunde greate fortsjinsten. Hy hat in stik as fiif toanielstikken skreaun, dêr't er de libbensfragen fan syn tiid yn bihannele, fierder foardrachten, gâns gelegenheitswurk, en in brosjuere ‘Hâld op, jonges!’, dêr't er sines yn sei oer de pinnestriid Piter Jelles-Lútzen Wagenaar. Faek skreau er anonym of ûnder skûlnamme (Watse Watses, Doitse Sibbles fen Warstiens, Gabe fen Grouergea, Donia, Frisius, ensfh.). Graech mocht er de Fryske wittenskip popularisearje en syn skriften oer it Frysk yn de 17de ieu, oer Eeltsje Halbertsma en oer it Fryske lân en folk (fral ‘Eenvoudige Memories en Bemerkingen’) binne ek nou jit skoan to lêzen. Ek Wynsen Faber (1830 Arum-1918 Pitersbierrum; skoalmaster) is likegoed yn de Iduna-skoalle as yn dit haedstik op syn plak. Syn wurk is spitigernôch nea sammele en dêrom is er to min achtslein. Tsjibbe Gearts, dy't him ‘de dichter yn wierheit en natuer’ neamde, sei yn 1875 al fan him: ‘Hy stiet neijer ta de Walhalla, as de measte Fryske dichters, dy greater fjild bisiedde of lûder roppen hawwe!’ En yn in treflik huldefers op Faber syn 80ste jierdei dichte Gerben Postma: ‘Printen jy gjin boeken, folyanten, O, men hat wol pearels foun, En jou sang sa sljuerkjend, roun, En sa soun Wier ús wol: 't skeat goe sied, dêr't jy planten.’ De biskiedene, trouwe wurker, in dreech kenner fan it Frysk, joech as jongfeint yn Iduna al bliken fan syn talint en publisearre sechstich jier letter jit yn Forjit my net en Sljucht en Rjucht. It greatste part fan syn stikken is stimmich, glêshelder en oarspronklik; graech brûkt er it stêfrym en yn it koartdicht (‘Kladtsjes’) is er in master. De Fryske skiednis wied er tige yn thús en in histoarjefers as ‘Ats Bonninga’ is jit skoan to lêzen. Didaktysk dichter neffens oanliz (gelegenheitsdicht), is er yn al syn wurk hiel hwat mânsk op it stik fan swietlûdigens en rykdom fan tael en fersifikaesje. Ta de frijwol op harsels steande skriuwers, dy't yn de lange rige lytsere goaden fan it tiidrek 1860-1914 der gâns útkippe, heart ek dr. Lucius Columba Murray Bakker (1822 Peinjum-1911 Huzum). Hy moat jit les hawn hawwe fan master Salverda fan Wûns, waerd dokter, is nea troud, wie in great kenner fan it Latyn en hat meiarbeide oan it Friesch Woordenboek. Syn dichtwurk omfiemet mar in frij lyts tal fersen, mar oertsjûget fan syn dichterskip; it is meast poëzij fan natuerwille en libbensgeniet. Hy hat ek in ridlik goede oersetting jown fan in great part fan Goethe's Faust (earste diel), ôfprinte yn Forjit my net 1878 en 1880 en apart yn Preaukes, 1881. As in oergongsfiguer nei it twade tiidrek fan de Fryske romantyk kin Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914, Twizel) jilde, de boer dy't al gau mei buorkjen ophâldde, de swalker, reizger, natuerleafhabber en {==166==} {>>pagina-aanduiding<<} stúdzjeman, de heit fan Simke Kloosterman. Hy hat altyd op himsels stien, iensume en ienkennige figuer as er wie. Yn syn bondels fersen (Frysce Wâldblomkes, 1883; Finneblomkes, 1907; Fryske Stikken, 1912) joech er wurk fan in eigen soarte. Heechfleanend dichterlik is it net, earder biskôgjend, riddenearjend. Fieling en foarm fine elkoar mar min; dêrtroch wurdt dizze poëzij hwat evenredich, forstânlik en eptich, steatlik faek en soms op it stive en ûnbihelperige ôf. Lyk as by Faber, nimt de godstsjinstige oertinking in great plak yn, mar it bilibjen fan de natuer giet der hjir lyk mei op. Yn it gelegenheitsdicht, yn it leardicht en yn de natuerskildering birikt er wol it meast. Tsien jier nei Colmjon syn rede, yn it bigjin fan dit haedstik oanhelle, seit in oar Frysk skriuwer, Sjouke Hylkes Hylkema (1852-1922), man fan foardrachten en toaniel: ‘O! njuggentsiende ieu! - ieu fen forútgong en biskavinge - dou wirdste priisge, romme, troch dichters bisongen, mar ús neiteam scil fen dy sizze, datstou yn in hele bulte dingen in appel wierste, mei moaije reade bliere wankjes, mar fen binnen troch rûpen fornield en tofretten’. Mei men dit oardiel fan in gewoan folksskriuwer ek oer de hiele folksskriuwerij fan dit tiidrek gean litte? Ja, ynsafier dizze skriften mar komselden wider útsjoch iepenje, boppe de tiid útkomme, of de neiteam bisielje kinne. Né, ynsafier Fryslân ek hjir in diel fan syn wêzen wjerspegele fynt, ynsafier de trou en warberheit fan dizze skriuwers steane ta biskamsumens fan folle romantici, en dit hiele skriftendom yn lytse forhâldingen dochs hinnewiist nei de greate funksje fan de literatuer: tsjinst oan de naesje en dêryn oan de minskheit. Neisjen: By 2. Oer Waling Dykstra: Wumkes, Bodders, s. 580-606; Paden II, sjoch register, fral s. 130-133; E.B. Folkertsma, Toer en Tsjerke, s. 250; J.J. Hof, It Heitelân, jg. 1947, s. 52, 77, 105. - Oersjoch oer libben en wurk: J.W. Dykstra, Waling Dykstra, 1949, (hwat rûch en ûnkritysk, mar mei folle materiael). Wichtich is ek W.D. syn ynlieding by ‘Wintergrien’, 1886. By 3. Oer Tsjibbe Gearts van der Meulen: O.H. Sytstra, Ynlieding ‘Ald en Nij’; Bodders, s. 614-632; Paden II, sjoch register; dr. G. Gosses, Twee Friesche klassieken in hun jeugdwerk, De Gids, 1929; deselde, De Frjeonskip by Tsj. G.v.d.M., Fr. Stud. Almenak, 1933, s. 77; prof. dr. J.H. Brouwer, Tsj. G.v.d.M., It Heitelân, jg. 1956, s. 46; deselde, Opstân yn 'e Burgumer krite, It Heitelân, jg. 1956, s. 103; J.J. Hof, oer Tsj. G., Fjirtich Jier Taelstriid, I, 260-283. By 4. Oer Auke Boonemmer: R.W. Canne, biografy (mei autobiografy), Swanneblommen, 1919. By 5. Oer Sake K. Feitsma: Wumkes, Paden II, s. 427-440. {==167==} {>>pagina-aanduiding<<} By 7. Oer O. Stellingwerf en G.C. St.-Jentink: ds. J.J. Kalma, Oebele Stellingwerf, 1940; M. Braaksma, Ynlieding by ‘Hwerom Rinkje ensfh.’, 1941. Boalserter Neiprintingen, nr. 2. Oer Joh. D. Baavda: J.J. Hornstra Gs. yn Fryslân, 1929, s. 179. Oer Jentsje Sytema: deselde, Fryslân, 1929, s. 161; Wumkes, Bodders, s. 569-579. Oer Jan S.v.d. Steegh: Ynlieding O. Stellingwerf, In Oantinken; G. Postma, Sljucht en Rjucht, jg. 1917, s. 85, 97. Oer D. Hansma: Hornstra, Fryslân, 1932, s. 8; Bodders, s. 600; Paden II, 307-319. Oer J. Asman: Wumkes, It Heitelân, 1920, s. 466, ek yn Bodders, s. 601. Oer P. Bleeksma: Hornstra, Fryslân, 1931, s. 145. Oer J. Hepkema: J.J. Hof, Swanneblommen, 1920, (mei bibliografy). Oer W. Faber: G. Postma, Sljucht en Rjucht, 1910, s. 367, 369, 374; Hornstra, Fryslân, 1931, s. 17; Earefrissel for master W. Faber, 1910. Oer L.C. Murray Bakker: Hornstra, Fryslân, 1928, s. 97; Wumkes, It Beaken, I, s. 51. Oer J.R. Kloosterman: G. Postma, Forjit my net, 1914; R.W. Canne, It Heitelân, 1926; dr. D. Kalma, Frysk Jierboek 1941, s. 36; dr. Y. Poortinga, De Tsjerne 1956, s. 338. Yn dr. D. Kalma, De Fryske Skriftekennisse fen 1876-1897, (1939), is sawol ynlieding ta as karlêzing fan de folgjende figueren út dit haedstik to finen: W. Dykstra, Tsj. G.v.d. Meulen, L.C. Murray Bakker, J.R. Kloosterman, O. Stellingwerf, G.C. St.-Jentink, S.K. Feitsma. Yn it tydskrift Fryslân, jg. 1928-'32, hat J.J. Hornstra Gs. (1856-1932) fan in great tal skriuwers út de 19de ieu koarte oantekeningen oer har libben, in priuwke út har wurk en in list fan har bydragen jown; fortsjinstlik, mar net altyd krekt en folslein. Hjir folgje de skriuwers, dy't by him al en yn dit boek net bihannele binne: Fryslân, 1928: dr. Jan Dirk Schepers, s. 81; Age Johannes Snoek, s. 113; Heart Piters de Jong, s. 129; Sibe Jeips Hoekstra, s. 145; Sytse Sytses Smeding, s. 161, 177; Hindrik Linses de Jong, s. 177. Fryslân, 1929: Thomas Jans Bonnema, s. 1; Corn. Douwes v.d. Weg, s. 17; Gerrit Tiemersma Hsn, s. 33; Sjouke Hylkes Hylkema, s. 49; Alle Jans Smeding, s. 65. Fryslân, 1931: A. Meter Ps., s. 17. {==168==} {>>pagina-aanduiding<<} X. De Fryske Romantyk (twade tiidrek) 1. Algemien oersjoch Al yn de figuer fan Colmjon wiene de drystens en it sterke lûd fan it earste tiidrek fan de Fryske romantyk frijhwat bikommen; syn wurk is suver en oprjocht, mar biskieden en op syn heechst fan de goede midsmjitte. De fortsjinsten fan de folksskriuwerij sjocht er klear, mar hy is net kritysk genôch om tagelyk foar de faeije kanten to warskôgjen. Bytiden lit ek hy him suver oerhelje yn de Fryske skriuwerij it middel to sjen ‘om domperije, bygelove en dûmnyshearskippij ûnder it folk tsjin to gean,’ It kin net oars, hjir moat har op 'en dûr in tobrutsenheit oppenearje: it romantysk herte lûkt nei it âlde, dat it yn langstme en dream koezet, én nei it nije, dat it ûnforduldich en biswarrend forwachtet; it rasionalistysk tinken lykwols twingt ta in brekken mei dat âlde, ta in ôfstân dwaen fan leauwen, ta in mistrouwen fan it mystearje. Hat Colmjon jitte it foarbyld fan Sytstra en Tiede Dykstra foar eagen, de jongerein fan nei 1860 moat sels mar de útwei út dy ynderlike fortizing sykje. Klearens fan Frysk-nasionale hâlding, in sterke oertsjûging, in moedige died wurde dêr mar komselden foun; de iene Frisiast wurdt réaksjonair, de oare siket it yn de politike en syn maet yn de tsjerklike striid, in fjirden komt nea fierder as de ynset. Party skriuwers út dit tiidrek swije nei in jiermannich, - yn tsjinstelling mei de folksskriuwers, - gjinien fan harren liket it forgoed mei Fryslân weagje to doaren. Dy't it allinne mei it forline dwaen wol, fynt gjin bliuwende ynspiraesje; dêrta is ek in takomstfisioen nedich. Spuonnefjûrkes kinne tige bylkje, mar it is sa gau wer tsjuster; Fryslân hat der sa'n bytsje oan. Inkeld de djipforhoalen brân, dy't fûlder lôget hoe krapper de brânje is, kin it foar sinken ‘yn de tûmel der tiid’ hoedzje. Piter Jelles hat fan beide kânsen wol witten hawn. Yn it foaropwurd fan de bondel poëzij fan jonge Fryske skriuwers ‘It Jonge Fryslân’ (1881) - it wie in great barren, de forskining fan dit boek, suver de ynset fan in ‘tachtiger biweging’ - skriuwe hy en Onno Harmens Sytstra, dat de lêzers út dit wurk opmeitsje kinne, oft it jonge Fryslân stride kin foar it bihâld fan it Frysk: ‘Mar goed of net goed, dit boek kin de Friezen sjean litte, hwet hja fen de jonger ein to wachtsjen habbe.’ En wier, it liket der op, dat de Fryske literatuer in fornijing to wachtsjen stiet. Piter Jelles syn tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ jowt {==169==} {>>pagina-aanduiding<<} yn de jierren 1888 - '90 nêst ûnthjit ek forfolling, en de jonge Sytstra kriget nei Colmjon syn dea de kâns, it foarbyld fan syn heit yn de lieding fan de Selskipsskriften op syn wize to folgjen. Mar de earste lit him troch ‘de nije tiid’ twinge bilies to jaen op it Fryske front; de twade kriget mei it Selskip de krisis fan de njoggentiger jierren to forduorjen en moat in pear jier nei Waling-omme ‘feestrede’ út 1894 ek al mankelike en swiersettige lûden hearre litte. Wagenaar en Koldyk swije dan al en Schepers hat oanstriid it by it Hollânsk to sykjen. In koart tiidrek mei in knappe ynset en in min útein, mei yn alle gefallen ien greate figuer: Piter Jelles. As dy him ôfjowt ta de striid foar oare idealen, sakket dizze romantyske biweging wei yn lyts gepiel. 2. Orthodokse skriuwers De opkommende frijsinnichheit en de âlde orthodoksy kamen yn de rin fan de 19de ieu hyltyd frjemder en fijanniger foar elkoar oer to stean. De earste brûkte foar har doel gauris it Frysk; de lêste wie der skoftich foar. It wie suver in died fan moed fan de sindeling J.N. Wiersma, neidat Hjerre van der Veen yn F.m.n. 1876 syn Multatuliforfrysking ‘It gebet fan de ûnwitende’ jown hie, dêr yn F.m.n. 1879 syn ‘It gebet fen de leauwende’ njonken to setten. De ‘finen’, bigryplikerwize min fan har tradysjes los to krijen, seagen it Frysk as wurktúch fan spotske koartswyl, toaniel en revolúsjonaire polityk. En yndied, de Fryske skriuwerij fan de 19de ieu wurke dy foarstelling net sunich yn 'e hân; mar in inkeling wist him fan de bistriding fan de ‘nachtskoalle’ frij to hâlden. It Frysk Reveil, de krêftige godstsjinstige biweging dy't hjir safolle wekker makke hat, wie yn it nasionale alhiel op Hollân oriëntearre; de ‘tale Kanaäns’ stie dêr foar it Frysk oer as ljocht foar tsjuster. Safollesto mear blykt de oanwinnende krêft fan it nasionale ûntweitsjen, as der om 1880 hinne inkelde jongelju nei foaren komme, dy't as foarrinders fan it Kristlik Frysk Selskip jilde kinne yn har bisykjen in forbining tusken de orthodoksy en it Frysk to lizzen. Naem it kristlikgodstsjinstige elemint by mannen as Johan Winkler, Gerben Postma, Wynsen Faber en Jan Ritskes Kloosterman in great plak yn, by dizzen oppenearret him it ‘rjochtse folksdiel’. Binne it op harsels net botte bilangrike figueren, har potinsje wie dochs net lyts en ek yn harren wurke grif hwat fan de Fryske romantyk troch. It kin ek gjin tafal wêze, dat krekt yn dizze tiid de Fryske Bibeloersetting mear omtinken krige as foarhinne; Rinze Zylstra, Colmjon, juffer Rutgers en Sake Feitsma wiene dêr foar yn 't spier. {==170==} {>>pagina-aanduiding<<} Lútzen Harmens Wagenaar (1855 It Fean-1910 Middelburg; dûmny) hat fan dizze jongelju wol it meast to bitsjutten. Dizze dûmny fan Wûns, Heech en Ljouwert, lettere skriuwer fan in great Hollânsk wurk oer Willem Loadewyk en ien fan de foarmannen fan de Doleânsje fan 1886, hat as tweintichjierrich jongfeint it lêsdrama ‘Tsjerk Ages’ skreaun, mei op oanstean fan syn freon Japik Hepkema, dêr't hy en Piter Jelles gauris oer de flier kamen. It is foar it earst forskynd yn F.m.n. 1878; de samler, Colmjon, hat grif gâns yn tekst, tael en stavering forbettere, mar stie tige op mear soksoarte wurk oan. It stik spilet yn it bigjin fan de 80-jierrige oarloch en it is like earnstich opfette as útwurke. Safolle goeds sit der yn dit bigjinwurk, - it is flot, fol aksje, dichterlik en folkseigen, mar bytiden frijhwat rhetoarysk, - dat it in griis is, dat Wagenaar net mear sokke stikken jown hat, hwat er al fan doel west hat. It histoarysk dichtstik ‘Igo Bycht’ stiet net op dit peil. Fan it oare wurk fan Wagenaar moatte jit inkelde goede fersen neamd wurde (Ier fortige, Yn de iere moarn), in stikmannich aerdige mearkes (‘Teltsjes fen Omke’), en, nei oanlieding fan de iepen brief ‘Fij, Lútsen!’ (1885) fan syn freon Piter Jelles Troelstra, syn antwurd: ‘Hark ris, Pieter! Ho't de Franske wîn ús Fryske foltsaert fordeart’ (1886), in foars en krêftich ‘wolmienend biskie’ ûnder de skûlnamme Lu-TSEN, dat tige ynsloech. In lêzing oer Gysbert Japiks wie syn lêst Frysk wurk. De ‘earnst fan it libben’ makke him losser fan Fryslân. Frysk-nasionael fielde er hoegenamt net en by de oprjochting fan it Kr. Frysk Selskip yn 1908 die er dan ek net mei. Hy hie gâns hwat foar de Fryske saek wêze kinnen, goed skriuwer, knap gelearde, gol, bernlik en tige sosiael fielend minske, en man fan humor en libbenskunst dy't er wie, mar syn radikalisme foun in oare, tsjerklike, útwei. As er him ris net safolle fan de revolúsjonaire ynslach yn de Fryske skriften fan syn dagen wjerhâlde litten hie...... As Rinze Zylstra (1856 Itens-1878 Itens) ris mear tiid fan libjen hawn hie, soed er dan net folle goeds jown hawwe? Hy koe goed leare, dat hy waerd skoalmaster; ryklik tritich jier, nei't Harmen ‘Zylstra’ as ûnderwizer yn Seisbierrum bigoun wie, komt Rinze Zylstra dêr yn de kristlike skoalle to stean. De earste wie hjir bigoun mei syn ‘Iduna’, de lêste bisocht it yn 1876 mei in Kristlik Frysk wykblêd ‘Foar de Friesen. Alle wiken hwet oars’, dat spitigernôch mar in healjier bistie; it blêd liet hwat in oare toan hearre as de bisteande Fryske tiidwurkjes en joech ek hwat omtinken oan it Noard-frysk. Zylstra wie ek de man dy't forskate fan de forneamde opwekkingslieten fan Sankey forfryske en dy't in forhael fan de Hollânske skriuwer-evangelist E. Gerdes fortaeld hat (‘Wîtske’, 1877). Datselde jiers forskynde der fan syn {==171==} {>>pagina-aanduiding<<} eigen hân ‘om de ljeafde ta Oranje hwet by mîn lansliuwe oan to fjûrkjen’ it histoarysk forhael ‘Willem en Kees.’ Mei de oersetting fan it Lukas-evangeelje is er net klear kommen; dy hat Colmjon letter forbettere en ôfmakke. Hy hat in ‘Leercursus der Friesche taal’ opsette wollen en dêrta joech er in boekje út mei Hollânske en Fryske tekst njonken inoar en mei oantekeningen oer stavering en útspraek (‘Een merkwaardige uitredding. In merkwirdige útrêddinge’, 1877). In bisykjen om yn Ljouwert mei syn geastessibbe Gerdes kristlik winterjounenocht to jaen, foun gjin wjerlûd. Efkes jitte leart er ta dûmny, dan stjert er oan de tarring. In jong libben, dat syn trouwe tsjinst likegoed oan it ierdske as oan it ivige heitelân dien hat, is opbrând. Jan Hindrik Jetse van Wageningen thoe Dekama (1860-1908) wie in Ljouwerter advokatesoan út in liberael formidden, dy't in greate foarleafde foar de Fryske skiednis hie. Hy wie ‘altyd mei syn tinken yn de âlde riddertiid, doe't syn foarfaers it âlde slot biwennen’, seit Piter Jelles, ûnder hwaens lieding hy yn de rjochten studearre en dy't him ta it Frysk brocht hat. Hy en syn freon Johan Winkler, dy't gâns ynfloed op him hawn hat, wiene dan ek meiwurkers oan ‘For Hûs en Hiem’. Yn de Doleânsjejierren komt er ûnder bislach fan dr. A. Kuyper en kiest dan de kant fan de rjochtsinnigen. Hy is net sterk, dat hy jowt mei gauwens de stúdzje der oan en libbet fierder as jonkerboer (de Rimen en Teltsjes neamde er ‘it boek der boeken fan ús Fryske tael’) op Dekama-state to Jelsum. Likegoed as er de lêste drager fan de âldfryske klean is, hat er ek in foarkar foar de Iduna-stavering. Syn skriftke ‘Frieslând înna wiel end ho der üt’ (1894) is in nommele romantisearring fan it forline. Hy pleitet foar taelsuvering en foar Frysk ûnderwiis op skoalle, libbet mei de Flamingen mei en is in tsjinstanner fan ‘Frânske wyn’. Syn sinspreuken ‘wier en trou’ en (op de poarte fan Dekama-state) ‘tankje God yn alles’ typearje him as in bernlik from idealist en romantikus. Hoewol fan Grinslanner komôf, hat Frederike Rutgers (1846 Kolham-1930 Hallum) op in bysûndere wize har jeften oan Fryslân skonken. Dizze dûmny'sdochter hat in apart, swier mar moedich droegen en ek tragysk libben hawn. Doe't hja yn Hallum yn 1870 mei in sneinskoalle bigoun, brûkte hja al gau it Frysk foar it godstsjinst-ûnderwiis; om't der net gaedlik materiael wie, makke hja it sels (Rymkes, 1878; Memmeboekje foear lîtse bên, 1879). Doe't har Frysk wurk yn 1924 jitris printe waerd, hat Gerben Postma der frijhwat oan foroare, mar net altyd forbettere. It is meast ienfâldige, oprjochte religieuze poëzij, mei faek in mystike toan. Sa past de namme fan ‘Frederike fan Hallum’ net iens sa min by dy fan abt Frederik, stifter fan it kleaster Mariëngaard. {==172==} {>>pagina-aanduiding<<} 3. Piter Jelles Troelstra De Troelstra's: in âld boerelaech, ôfkomstich fan Ter Oele, dat yn de Frânske tiid yn it neigean rekket. De oerpake fan de dichter is fearskipper, de pake hellingfeint op de Lemmer en neffens de dûmny ‘een steunpilaar der kerk’; beppe is ek ‘in bêst bikeard minske’. Har soan Jelle (1833-1906) is in earnstich, stroef forstânsminske en wakker earsuchtich; al jong pielt er mei skriuwerij, earst Hollânsk en letter Frysk. Om 1850 hinne wurdt er fan grifformeard frijtinker en as sadanich ek in foarfjochter fan it liberalisme en letter frijmitsler; yn Colmjon syn tiid is er foaroanman yn it Selskip, in achtenearre boarger fan Ljouwert, dêr't er yn 1859 troud is mei in frou, dy't ek al de oergong nei de frijsinnichheit makke hat. As de âldste fan sawn bern komt Piter Jelles de 20ste fan aprilmoanne 1860 to wrâld. Syn heit is dan amtner by de bilestingen yn Ljouwert, mar yn 1869 forfarre hja nei Stiens, it doarp mei de âlde toer, de terpen en de mânske pleatsen. In pear jier letter rekket de mem oan de tarring wei; Piter komt efkes by heit op it kantoar, mar slagget yn 1875, as hja wer Ljouwerters wurde, nei de H.B.S. De forhalding mei syn heit, dy't al gau wer trout, is net altyd like bêst, de sfear yn 'e hûs ornaris frij kâld en stiif, dat der komme op 'en dûr pynlike konflikten en Piter moat syn paed sels mar sykje. Yn dizze jierren - der giet dan hiel hwat om yn de wrâld - bigjint syn wrâldskôging har stadichoan to foarmjen. Hwat Piter Jelles dwaende hâldt, is alfolle in gearmjuksel fan nij natuerwittenskiplik tinken (fral Büchner syn ‘Kraft und Stoff’ hat gâns ynfloed) en fan in literair, hwat klassisistysk romantisme, dat binammen troch it lêzen fan Multatuli, Hamerling, Vosmaer en De Génestet (yn 't bysûnder dy syn fers ‘De Volksdichter’) forsterke wurdt. In wiisgear of in religieus tinker is er lykwols nea wurden. De jierren 1880-'82 leverje gâns aksje op. Piter Jelles moat foar it steatseksamen studearje, mar rekket ûndertusken yn 'e kunde mei O. Stellingwerf, Onno Sytstra en Tsjalling E. Halbertsma, en mei dêrtroch wurdt er foar it Frysk woun; mei de Hollânske skriuwerij hâldt er dan op. It komt ta útjefte fan ‘It Jonge Fryslân’ en ta de oprjochting fan de Fryske Keamer ‘Gysbert Japix’ yn Ljouwert, dy't de réalistyske útbylding tsjinoer dy neffens de romantyk fan it Ljouwerter Toanielselskip stelle woe. Fan dy Keamer, dy't eins in soarte literaire klub waerd, wie Piter Jelles it hert. Yn dizze tiid forkeart er ek folle mear as plichte ûnder it folk, bygelyks yn de Grouster kontrijen, en net allinne mei de fammen. Boekjes as ‘Fryske Brilloftswille’ en ‘Wiersizzerij fen âlde Foekje fan Heech’ hied er oars grif net skriuwe kin- {==173==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding PITER JELLES TROELSTRA (jeugdfoto)==} {>>afbeelding<<} {==174==} {>>pagina-aanduiding<<} nen. Mar troch syn meiwurking oan it ‘Friesch Volksblad’ kriget er ek forbân mei de sosiale folksbiweging en ûntkomt er net oan de ûnrêst dy't fan de driigjende lânboukrisis oproppen wurdt. Ein 1882 bigjint er to Grins syn stúdzje yn de rjochten. Hy docht forgoed mei en jowt bliken de ‘wylde hierren’ jit net forlern to hawwen. (Oardiel fan in stúdzjemaet oer dizze tiid: ‘Pieter, die was zo brutaal als een koetspaard’.) Yn de simmerfakânsjes hâldt er soms ‘simmerjounenocht’ yn de doarpsherbergen en dan komt er wol yn froulju's-klean as ‘Foekje fan Heech’ op 'e planken. De tarissing fan it Nij Frysk Lieteboek en de striidskriuwerij mei Lútsen hâlde de stúdzje op, mar yn 1888 komt er dochs klear. Hy trout mei Nynke fan Hichtum, set him yn Huzum nei wenjen en bisiket as advokaet, skriuwer en jong politikus oan de kost to kommen. De wurkstakingen en de striid fan de fakbounen binne dan oan 'e oarder fan de dei; al gau wurdt er bihelle yn inkelde rjochtskwestjes dy't hjir mei forbân hâlde, en de striid foar algemien stimrjocht sit er ek mei yn foarenoan. It libben is gjin boartsjen mear; it wurdt nou tinken. Hy is mei de útjefte fan it tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ yn foarjier 1888 bigoun, yn in tiid fan greate persoanlike foroaringen en geastlike spanningen. Hy moat kieze, hy moat troch syn eigen krisis hinne; de frage nei God is net to ûntwiken, de striid foar sosiale rjochtfeardigens easket syn hiele krêft op. As syn nije ynstelling ek yn syn tydskrift ta utering komt (‘In nije tiid’), bitankje party liberale lêzers; ein 1890 leit Piter Jelles de redaksje fan ‘For Hûs en Hiem’ del en jowt er him yn de polityk; fan Frysk skriuwer wurdt er Nederlânsk steatsman. Yn 1909 keart er foar in skoft ta syn Frysk dichterskip werom; nei oanlieding fan ‘it bliid barren’ yn it keninklik hûs wurdt er fan dr. J.B. Schepers, as dy him to hâlden jowt, dat er ‘âld en kâld’ wurden wie, ‘forklomme yn ier en sinen’, út 'e tint lokke. As Schepers him taropt: ‘Jow oan dyn lân, dyn moaije tael, de dichter, Jow oan dysels it mimerlok werom’, dan dichtet Piter Jelles wer, mar net foar in lang skoft; hy lit him ek wer roppe ‘út dizze bliere krite, dêr hinne, hwer de wyn fan 't libben waeit.’ It jiers dêrop jowt er syn fersebondel ‘Rispinge’ út en bisint er him op eigen sang en striid yn syn lêzing ‘Fen liet en libben’. Dan is de Fryske dichter wer foar jierren stil, oant er yn 1925 dat iene, tragyske fers ‘Lêste Blink’ jowt. Hy lûkt him út de polityk werom, - thúskommen nei syn lêste Keamerrede seit er, noflik en rêstich: ‘Sjesa, nou het Piterke útpoept!’ - wurket oan syn fjouwer dielen ‘Gedenkschriften’, is de lêste jierren heal forlamme en stjert op 12 maeije 1930; yn Den Haech, fier fan de âlde Fryske groun wurdt er bigroeven; tsientûzenen folgje de bier. {==175==} {>>pagina-aanduiding<<} Dit libben, winliken mar foar sa'n lyts part oan de Fryske skriftekennisse wijd, is dêrfoar dochs fan tige greate bitsjutting. Piter Jelles heart by de earsten ûnder de Fryske skriuwers. Syn kommen ta it Frysk is oprjocht en spontaen; jierren oanien leit hy der him mei in hertstochtlike leafde op ut. 1) Syn heit en syn omke Marten skreauwen en publisearren beide yn it Frysk, mar as de tael fan it húsgesin waerd it letter dochs net mear brûkt; fangefolgen moast Piter Jelles folle oanleare. As jonge fan sawntsjin jier makke er it earste Fryske fers, as feint fan 21 wie hy mei Onno H. Sytstra de gearstaller fan ‘It Jonge Fryslân’. In bilangryk boek, ek al steane der yn sa'n diel fan treddelhûndert siden fansels wol ûnbilangrike bydragen. It woe neffens Sytstra wize ‘op de geskiktens fen de tael for de utering fen eigen persoanlike fieling en de biteikenis fen rythme en klank for de poëzij. Men bisocht it selsfielde to fortolkjen, sa't ek Harmen Sytstra det yn syn poëzij dien hie.’ It boek is dus in dúdlike réaksje op de al to flitich bioefene folksskriuwerij, it skout de persoanlikheit fan de skriuwer mear nei foaren, sûnder yn it oare uterste, dat fan de persoanlikheitskultus, to forfallen. De forbining mei it folk moat biwarre bliuwe, it folk moat dizze jonge dichters forstean en wurdearje kinne. Dat Piter Jelles ek foar himsels net hwat oars bigearde, biwiist al it wurk fan de bigjinjierren: Fryske Brilloftswille, Wiersizzerij fen Alde Foekje fen Heech, en it toanielstikje ‘Oan 'e sédyk’, alle trije skriften fan foar syn studintetiid. Dêr middenyn falle dan it ‘Nij Frysk Lieteboek’ en de polemyk mei ds. L.H. Wagenaar, dy't Piter Jelles ynset én ôfslút mei syn ‘Fij, Lútsen!’ en ‘Nei de Stoarm’ (1885-'86). Yn it lêst fan de Grinzer jierren hâldt er dan frijhwat sprekkerijen en kritelêzingen en de ein fan syn stúdzje giet lykop mei it bigjin fan syn tydskrift. De Selskipswurkjes bifredigen him lang net, hy miste der de libbene geast fan it Fryske folk yn en dêrom bisocht er it sels better to dwaen. It útjaen fan ‘For Hûs en Hiem’ hat forwidering mei O.H. Sytstra toweibrocht, mar Piter Jelles seach nou ienkear fierder as folle oaren, woe hurder en doarst mear oan. Dat hy yn dy jierren sûnder mis hwat fan in Streber hie en tige earsuchtich wie, sil de reden west hawwe dat Stellingwerf en syn frou ek mei him brutsen hawwe. De earste trije jiergongen bilibbe it tydskrift in skoandere bloei, mar doe't yn 1890 de stikken In nije tiid, Silvester, en In bisiik fen âlde Foek fen Heech forskynden, die it dúdlik bliken dat Piter Jelles de {==176==} {>>pagina-aanduiding<<} saek fan de doedestiids nije arbeidersbiweging ta sines bigoun to meitsjen. Eang fan polityk, bitanken forskate lêzers en it blêd krige de knoei wei. Dat, en it feit dat er him tagelyk ‘sels al mear en mear út syn tinzen oer Fryske tastannen, tael en sahwet hinne weihelle en troch de nije biweging, dy't folop syn ljeafde krige, meinommen waerd’, makken, dat er de lieding fan it tydskrift oan Tsjalling E. Halbertsma oerdroech. Sûnt hat er him mar to hea en to gers oer de dingen fan Fryslân útlitten, al folge er dy wol mei leafde en oandacht. Hast altyd bleau er ôfsidich stean en fuortoan wie Fryslân hwat foar syn fakânsjes (Drachten, it wenplak fan syn twade frou, - yn 1907 wie er fan Nynke fan Hichtum skaet, yn 1908 troude er wer, - Stiens, it wetterlân) en syn ‘fredige en stille ûren’. ‘Myn dicht en myn died steane net tsjin elkoar oer, mar binne bloeisel en frucht fen deselde beam, hwaens woartels lizze yn ús Fryske groun’, sa hat Piter Jelles sels de forhâlding fan dichtkunst en polityk yn syn eigen wêzen oanjown. Dy woartels lizze djip: net yn syn yntellektuéle foarming, net yn de boargerlik-foarútstribjende ynslach en it mei har liberalisme forboune Frysk fielen fan syn heit en omke, net yn de niget dy't de stêdman oan de plattelânsidylle hie, mar yn it boerelaech fan Ter Oele en dêrmei yn it folk. Doe't hy syn fersen forgelike mei ‘de lytsere wetterstrielen, dy't nou en den efkes opspringe út 'e groun, om mei hjar hjitte walmen to tsjûgjen fen it waerme libben, det dêr ûnder barnt en wirket’, wiisde er dêrtroch op it sterk-ynstinktive en emosionele karakter fan syn poëzij: hja komt sa't it libben it opjowt, ûnbiriddenearre en heimsinnich, mar ûnkearber as in natuerkrêft Yn inkelde wurden en ienfâldige byldspraek hied er in wêzensbipaling fan romantysk dichterskip jown. Romantyk is ek altyd spjalt. Salang de fantasij de wierheit kleuret, floeit de dichting as in reine wjittering, mar sadré brekt de deistige werklikheit net steurend en skreauwend yn yn it rêstich dreameryk, of de dichter wurdt opskrille en foar de kar steld. Doe't Piter Jelles kaem ta it njonken inoar setten fan it jonkheitswurk en de fersen fan 1909 yn syn bondel ‘Rispinge’, hat er dat klear fornommen. Hoe't dat wurk yn syn jonge jierren ûntstien wie, hat er sels ek biskreaun: ‘Sa wier for de jonge geast, dy't om him hinne it âlde fallen seach, - stinzen tsjin 'e groun smiten en bosken útrode, de moaije steatlike beammen oan jild makke, - it âlde grize forline in skûlplak, dêr't er allinnich sitten gean koe yn in skimerich smout herntsje to drôgjen en to dichtsjen, hwerby de fantasije allyk in griene klimmerbeam him oer de hirde wrede stiennen fen it gebou fen 'e âlde tiid hinne woun en alles oerteach mei bloeisel en blêd fen 'e poëzye.’ Mar fordraecht de 20ste ieu sa'n flecht noch wol? Faeks hat er der sels mei ôfrekkene {==177==} {>>pagina-aanduiding<<} yn de wurden oer syn nij wurk, ‘hweryn de ûnripens yn tinken, fielen en kennen fen myn jongere jierren plak makke hie for it djippere fielen, de ripere tinzen en it better kennen fan nou.’ Utfloeisel fan dat romantyske dichterskip fan Piter Jelles is ek syn heitelânsleafde, dy't yn striid liket mei it reedlike, nei it kosmopolityske oerhingjende tinken fan syn tiid, mar dy't foar him in bisterking fynt yn natuer, skiednis, folk, leafde, frijdomssin en demokratysk folksaerd, bigripen dy't allegearre yn de tael ta wêzen komme. Oft dy leafde ta de bertegroun lykwols net tofolle fan wikseljende stimmingen, dizige fielingen en de wijing fan stille en fredige ûren ôfhinget, om wissichheit fan úthâlden en fêstichheit fan leauwen to jaen? Piter Jelles hie as Frysk strider de gloede en krêft, de frissens en nijens fan de jonkheit, mar doe't de tiid foar de ienfâldige, maetskiplike died kaem, moast er as dichter swije en foun er net de ynliker en faeks pynliker toanen. As romantikus hat er syn striid foar Fryslân hielendal útstriden; doe't de langsten fan syn hert ienkear yn wurden stâlle wiene, moast er de krite, it wurkfjild fan syn great talint, wider útlizze; sá wiid wol, dat de kearn, Fryslân, jierren lang hast net mear to bieagjen wie. Fan pathos allinne kin gjin wierhaftich minske op 'en dûr bistean, dat wist Piter Jelles, en de tiid makke it him maklik, ja twong him suver de ropping foar it eigen folk oer fuortoan to sjen yn de ropping foar it meast bidrige diel fan alle folken oer. De forealens wie net yn ûnforwrigbere leafde oergien. Op hegere jierren jitte koe hy him net oars as frij pessimistysk uterje, as it oer de útkomsten fan de Fryske striid gyng. It jongfeinte-idealisme fortoarre, doe't er as man yn it libben kaem to stean. Grif hat de Nederlânske steatsman oan syn Frysk dichterskip folle to tankjen hawn; it bilang fan de libbensrounte fan it Frysk heitelân hat him wer ris opofferje moatten oan dat fan Nederlân of fan de wrâld; it âlde doarp is goed foar de koarte lins, de rêst fan in stille rite, mar it libben lûkt nei de greate rounte en de fiere kym... ‘Leaf heitelân, farwol!’ Hat men oanstriid it kritysk oardiel by de skôging fan Piter Jelles as strider oanwage to litten, de sjonger hat inkeld rjocht op tankberens. Hjir is dan wer in Frysk dichter, dy't syn siel folslein útsjonge doar yn mylde oprjochtens en sterke objektivearring, dy't de ivich âld-en-nije ûnderwerpen grypt en sa libben en oarspronklik forarbeidet, ‘dat út de stoffe, dy 't hert him jowt, hy ús in bliuwend dicht-byldwurk bout’. Sa folslein binne dichtkunst en libben gearraend, sa nei stiet er faken oan de wiere folksdichter, dat wy by it lêzen fan syn wurk gauris oan de jonge Gysbert Japiks tinke moatte, al mist er dy syn flûnkering, sier en geastlike eftergroun. Wis, der sit gâns rhetoryk yn dizze poëzij, {==178==} {>>pagina-aanduiding<<} mar dy tsjinnet hjir net ta it formomjen en opgnissen fan lege tinzen of ta bimanteling fan ynderlike earmoede, mar inkeld ta waermer, forheftiger en krêftiger utering. Dêr't by Piter Jelles pathos en sentimentélens foarkomme, wurde dy sa-to-sizzen fan natuer en minsklikheit easke. Great wûnder: dizze dichter dy't safolle ‘praet’, lit yn al syn wurk sjongende ‘de bredens, de ynlikens en swietlûdigens fan ús sprake’ útkomme. Fan hokfoar Frysk dichter út earder tiden wurde safolle sangen hjoeddedei jitte mei sa'n ynmoed en waerm oaneigenjen songen? Lyk as de ‘Fryske Rymlerij’ like klear oer de ieuwen strielet, ek al siket men der tûzen tydlikheden út, sa sil ek de ‘Rispinge’ as in kostber juwiel tusken de Fryske skriften blinken bliuwe. De rykdom fan beide bondels leit ek net it minst yn al de nije kanten, dy't jin by herhelle, tawijd lêzen takeard wurde. De earste twa printingen fan ‘Rispinge’ binne troch Piter Jelles sels klear makke (1909 en 1920), de trêdde is bisoarge fan J.P. Wiersma, hat hwat in oare yndieling en folchoarder en bifettet ek in ‘nei-rispinge’; dy kin dus wol as in folsleine samling biskôge wurde (1945). Op de krêftige ‘sangen fan it heitelân’ folgje de ‘printsjes út it Fryske folkslibben’, dy't biwize, dat ek persoanlike kunst wol yn bysûnder folksaerdige foarm ûntstean kin en dat de dichter ek yn de ‘Kleinmalerei’ (‘Slieprige frijerij’ byg.) in master is. De ‘sangen fan de sé’, (dêr't ‘Minja, in sémearke’ de greatste fan is; it stik lit dúdlik de ynfloed fan Andersen sjen; Schepers seit, dat de moderne tragyk fan Perk syn Iris der oer leit), en ‘jongfeinte lok en lijen’ slute har dêr wol it tichtst by oan, al komt men yn de lêste ôfdieling ek gâns persoanlike leafdelyryk tsjin. De ‘libbensfragen’ jowe de dichter as de sjonger fan it ideael en as in twiveljend en sykjend minske (‘De striid om it heechste’ byg.), yn de ‘striidsangen’ nimt er satirysk-humoristysk inkelde tiidskwestjes ûnder it mês (binammen de Doleânsje) en lit tusken de rigels troch sjen hwer't er sels stiet. ‘Teaco en Gerbrich’, mei fan syn earst wurk, is jit in typysk 19de ieusk fuortbringsel fan nasionale romantyk; yn it ‘griemmank’ slacht er in great forskaet fan toanen oan en jowt er gelegenheitsdicht; yn ‘it koalsiedterskjen’ bisiket er ta it wêzen fan it libben yn to kearen en docht dat net troch hege filosofy, mar troch oertsjûgjende ienfâld: yn en om de biskriuwing fan dit âlde en him fan Stiens sa bikende folksgebrûk lit er in bysûnder ljocht spegelje. Lyk as ‘it koalsiedterskjen’ is ek de rige ‘it âlde doarp’ (op ien fers nei) yn 1909 skreaun; hja mei in oandwaenlik forslach fan thúskommen en ôfreizgjen hjitte. Oer Piter Jelles en de muzyk kin hjir net útweide wurde. Hy hie nea gjin muzykles hawn, mar wie tige muzikael; de opera en de romantyske muzyk fan de 19de ieu (û.o. Wagner) hied er in foarleafde foar. Hy, {==179==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding ‘Lêste Blink’ fan Piter Jelles Troelstra. Hânskrift fan de dichter.==} {>>afbeelding<<} {==180==} {>>pagina-aanduiding<<} de man fan it Nij Frysk Lieteboek, komponearre forskate wizen by eigen fersen of by dy fan oaren, sûnder dat er se sels yn noaten opskriuwe koe. Graech mocht er Fryske en oare folkslieten sjonge of dy yn eigen trant op de piano bigeliede. It proaza fan Piter Jelles is jit nea skifte en sammele spitigernôch. It is grif yn folle oan de tiid boun, mar it measte bliuwt tige it lêzen wurdich, skerp, libben en geastich as it is. Piter Jelles doarst skriuwe, en dêrtroch hat er ek mei syn ûnrym in fornijing oankundige. Neamd wurde kinne de stikken: De hege brêge (F.m.n., 1886); Sinnestrielen, Wylde Hierren (F.H. en H., 1888); de brosjueres en de lêzing ‘Fan liet en libben’ (1910). Hwat wy mear krigen hiene, as Piter Jelles syn libben lang Frysk skriuwer bleaun wie? Wy hawwe net it rjocht mear to freegjen oan ien dy't al sáfolle jown hat: it diel fan syn libjen en stribjen, dat ta Fryslâns greatste rykdom heart. 4. Inkelde oaren Ien fan de earnstichste, mar net modernste meiwurkers oan ‘It Jonge Fryslân’ en letter ek oan ‘For Hûs en Hiem’, is wol de Grouster slachterssoan en timmerfeint Sikke Sibes Koldyk (1861-1927; skûlnamme Eska), dy't him net allinne ta in kundich boumaster, mar ek ta in deeglik dichter oparbeide. Hy hat syn fersen sammele yn de frij tsjokke bondel ‘For 't Fryske Hert’ (1893) en doe it swijen der ta dien. Men kin dat bigripe en it moat jin moeije tagelyk: dit wurk wie doe al út 'e tiid, mar it hat dochs ek syn eigens en moais, en it kipte der yn de Fryske skriuwerij wol hwat út. Romantyk fan in suver, âlderwetsk soarte is it; men fornimt der wol hwat bisibbens oan Piter Jelles syn wurk yn, mar dúdliker binne de lûden to hearren, dy't ynfloed fan Schiller en Victor Hugo forriede. Dochs hat Koldyk ek in eigen stim, dy't yn forskaet fan toanen klinkt. Learend, skôgjend, formoanjend yn ‘De Wet fen Sinaï’, in great stik dat hwat fan Da Costa syn wurk wei hat, mar dy syn pathos en profétyske alluere dochs net heal birikt. Suver-idyllysk yn ‘Us Pake' boekje’, dat jin yn syn ienfâld oprjocht oankomt. Krêftich-forheljend yn bihearske tael en foarm yn ‘De boumaster fen de Aldehou’, in stik fan in fyftich siden, dêr't de foarleafde fan de skriuwer foar de bou-histoarje fan de Fryske bouwurken út sprekt en dat jin wol oan de ein ta fêsthâlde kin, as men alteast hwat nijerwetske kunsttheory fan jin ôfsette doar. Weardich, dreech, mar hwat forâldere wurk it ien mei-oar; fersfoarmen yn great forskaet, {==181==} {>>pagina-aanduiding<<} suvere tael, soune skôging, (foar dit romantysk slach wurk wolris to nochteren hast), rykdom fan histoaryske stoffe en in nei-stean oan de bibelske tinkwrâld, dat allegearre jowt rjocht dit boek dochs wol as in forskining oan to tsjutten. It soe in griis wêze, as ek de sammelbondel ‘Ut it âlde laech’ (1912) net mear lêzen en wurdearre waerd; Piter Jelles wit yn it foaropwurd by dit wurk fan syn ‘drege stipe en trouwe meiwurker’ der folle goeds fan to sizzen en neamt him ‘foar alles de forteller-oan-'e-hurd’. Dat wie Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912) ek, de safolleste Grouster skriuwer, de pakesizzer fan Tsjalling Hiddes (de trêdde fan de ‘bruorren’), de skoalmaster fan Ternaerd. It Halbertsma-aerd is klear yn him to fornimmen: neffens syn ynlieder alwer wied er ‘in smoute prater, mei in frisk fyn glimke om 'e mûle en dy't út en troch de ûndogenens de eagen útblonk’. Bijeftige mei in golle, folksaerdige humor en goed kenner fan tael, folkslibben en skiednis as er wie, hat er it Fryslân fan de 19de ieu foar net sa'n lyts diel op soune, ienfâldige, faek meinimmende wize fêstlein. It earste diel fan de bondel fan foech 500 siden bifettet in stikmannich tige lêsbere, hast allegearre oar- spronklike, histoaryske folksforhalen, mei fan de bêste dy't der yn de 19de ieu skreaun binne. It twade diel is in hwat ûnkrityske samling fan ‘rym en ûnrym’; ien fan de bêste staeltsjes fan syn fersewurk is ‘Oan 't Fryske Wâd’. It bistean fan de minsken oan de séigge en yn de Dongeradielen wurdt yn dit hiele wurk dôch mei leafde skildere. Mar Halbertsma jowt him net ôf, weaget gjin aventûr, bliuwt ticht by de groun; hy is wol echt, mar net great, en hat sadwaende ek as de lettere lieder fan For Hûs en Hiem (1891-'95) net de foargong op nije wegen nimme kinnen. As komponist fan Fryske lieten, as skriuwer fan skoallesankjes en fan inkelde aerdige toanielstikken, hat er lykwols gjin lytse fortsjinsten. Wurk yn deselde trant as dat fan Tsjalling Eeltsjes hat ek Sjirk Linses van der Burg (1863-1932) skreaun, mar lang sa oarspronklik net; de tael is krêftich en geef, de kunde oan it folkslibben net lyts, mar de ynhâld slop, (Twa Fryske Sêgen, 1915; Fen Lang Forlyn, kritejoune-foarlêzingen, 1917). Bûten hwat histoaryske bydragen en in kluchtspul, hat er (ûnder de letters S.L.) ek gauris ferskes skreaun, net folle mear as rymlerij. Fan datoangeande hellet er net by syn broer Jan Linses van der Burg (1864 Drachtster Pein-1905 Jelsum; boer), dy't yn de jierren 1896-1903 net folle, mar wol suver en ienfâldich fersewurk jown hat. Syn fers ‘It Heitelân’ is eins it Frysk folksliet by ûtstek, waerm fan gefoel en natuerlik fan bigjin ta ein as it is, sûnder franje of poeha. Ek hy bihearsket de tael tige. As net ien fan de minste meiwurkers oan ‘For Hûs en Hiem’ for- {==182==} {>>pagina-aanduiding<<} tsjinnet Cornelis Wielsma (1845 De Jouwer-1922 Grou) hjir plak, hoewol er soms wol sa goed by de folksskriuwerij thús heart; hy hat op it stik fan koartswilich-satiryske foardrachten hiel hwat en yn it soarte goed spul jown. Mar mear as folksskriuwer is er dochs ek yn syn pittige koartdichten, syn moaije berneferskes - der binne nei him hast gjin bettere skreaun- en syn humoristysk proaza (Ut Marswier; Om yen hinne, L.C. 1906-'14), dat in persoanlike kleur hat. Hy stiet tusken Waling Dykstra en de modernen yn; op Dykstra liket er troch syn brûken fan suver folksfrysk. De earste frou fan Piter Jelles hie as skûlnamme Nynke fan Hichtum (Sjoukje Bokma de Boer, 1860 Nes (W.)-1939 Hilversum), wie yn 1887 mei har ‘Teltsjes yn Skimerjoun’ as Frysk skriuwster nei foaren kommen en wurke de earste jierren ek oan ‘For Hûs en Hiem’ mei. Selden hat der yn Nederlân in sa great talint as berneskriuwster west en it moat elke Fries wol yn 'e wei wêze, dat dizze frou mei om de breakwestje twongen wie op it Hollânsk oer to gean. Hie it wrâldforneamde ‘Afke's Tiental’ (1903) dan net earst yn it Frysk skreaun en útjown wurde moatten? Yn it Frysk forskynden letter noch ‘Der wie ris in âld wyfke...’ en ‘De jonge priiskeatser’. Oer Fryslân, it lân fan har leafde, gyngen de boeken ‘foar bern fan 8 oan 80’: Friesche Schetsen (1905); Jelle van Sipke-Froukjes (1932); Schimmels voor de koets (1936); Drie van de oude plaats (1939). Meije de lêste boeken al hwat út de wémoed fan de distânsje skreaun wêze, yn ‘Afke's Tiental’ hat dizze skriuwster it bêste fan har wezen en har leafde dellein. Neisjen: By 2. Oer L.H. Wagenaar: Ynlieding fan ds. S. Huismans by W. syn samle Frysk wurk, ‘Moai sein, Lútzen!’ (1917). Wumkes, Bodders, s. 651- 667. Paden IV, s. 660-684. It Beaken 1955, s. 1. - Oer R. Zylstra: Bodders, s. 645-650. - Oer J. van Wageningen: Vrije Fries, XXI, s. 437. - Oer Frederike Rutgers: It Fryske Wirk fen J.F.R., útjown fan P. de Clercq (1924). J.P. Wiersma, Sljucht en Rjucht, 1939, s. 846-853. Deselde: Frysk Jierboek 1941, s. 103-116. By 3. Oer P.J. Troelstra: Troelstra, Gedenkschriften I, Wording; Fen Liet en Libben, 1910; Fraechpetear mei P.J.T., fan Sjouke de Zee, 1920; dr. J.B. Schepers, Troelstra als Fries dichter (met vertalingen in het Nederlands), 1925; Jelle Troelstra, Myn vader Pieter Jelles, 1952. By 4. Oer S.S. Koldyk: Yn ús eigen tael, 1924, s. 139. - Oer T.E. Halbertsma: Wird foarôf, yn ‘Ut it âlde laech’ (1912). - Oer J.L.v.d. Burg: Sjouke de Zee yn Fryslân, 1919. - Oer C. Wielsma: R.W. Canne, yn It Heitelân, 1926. - Oer Nynke fan Hichtum: Jelle Troelstra, Mijn vader Pieter Jelles, 1952. {==183==} {>>pagina-aanduiding<<} XI. Toanielskriuwerij 1. Ynlieding en oersjoch Fan in wrâldsk of geastlik toaniel, sa't dat yn de lette midsieuwen rounom yn súdliker kontrijen to finen is, is yn Fryslân gjin spoar to fornimmen, It hat hjir grif ek net west: de Fryske boeren komme bûten har bidriuw allinne yn 't spier foar frijdom en rjocht, lit it wêze tsjin de fijan fan bûten of ek yn de ûntaerde foarm fan tsierderij ûnderinoar; foar soks as rederikerij en lânjuwielen hawwe hja gjin tiid en nei alle gedachten ek gjin oanliz. Dat to uzes gjin greate en rike stêdden wiene, sil der ek ynfloed op hawn hawwe; it ûntbrekken fan dit toaniel út in leech kultuerpeil to forklearjen, soe ommers al to maklik en oerflakkich wêze. De earste, yn in lang skoft de iennichste, en dan noch nei 1600, dy't bisocht hat de Friezen sels ta toanielbioefening to bringen, wie in frjemd: de dichter Jan Jansz Starter. Hy is de man, dy't de ûnderfining dy't er yn de wrâldstêd Amsterdam yn de keamer ‘de Eglantier’ opdien hat, yn de lanstedtsjes Ljouwert en Frjentsjer praktysk tapasse wol, al hat er yn it wolslagjen, sa't men út de namme fan de Ljouwerter keamer ‘Och mocht het rijsen’ opmeitsje kin, net safolle fidúsje. Hy hat it goed bisjoen: de dûmny's en de Akadeemje-Senaet forbiede dit dryst en yn har eagen wyldseauwich dwaen ek al gau en der bliuwe fan Starter syn biskavingswurk allinne mar in pear Hollânske stikken oer. Ien dêrfan hat in tuskenspul, de Sotteklucht, dat, hoe earmoedich it ek is, it earste bigjin fan Frysk toaniel hjitte kin. Starter is dêrmei gjin Frysk skriuwer wurden; hy is de earste útlanner, dy't it Frysk oan syn doel tsjinstber makket. De brulloftsdichten ‘Wouter en Tialle’ en ‘Ansck in Houck’ foarmje in weardiger ynset, al falt dit soarte fan wurk earder ûnder de gearspraken as ûnder toaniel yn ús opfetting. Yn de ‘Friessche Tjerne’ fan Gysbert Japiks polsket it bloed mei dramatyske slach; ek de oare petearen kinne jilde as de earste foarbylden fan in lange rige, foarbylden dy't net gau oertroffen wurde sille, Lit men der ‘Waatze Gribberts Bruyloft’, it botte en primitive stik dat fuort nei 1700 forskynd is, mar ris njonken sette, dan falt it mei ien eachopslach op hoe'n oase yn de woastyn de Fryske Rymlerij is, It wurk fan Feike Hiddes van der Ploeg út de jierren 1774-'80 (De Burkerij, of it boerebedrief; De fankbre Boere zoon; Het jonge lieuws Boosk) is gâns in foarútgong {==184==} {>>pagina-aanduiding<<} by Waatze Gribberts forgelike, mar it bliuwt sober, biheind en net botte oarspronklik; it mist de sterke technyk, de taelskittering en de rike geastlike ynhâld fan it Húsmannepetear. Al dit wurk sil doedestiids wol nea op de planken brocht wêze. It is foar lêzen ornearre, folkslektuer mei in didaktysk doel. Dêrom ek wurdt wol de petearfoarm brûkt, mar kin der fierder gjin rekken hâlden wurde mei easken fan toanieltechnyk. De Friezen, dy't Hollanske stikken skriuwe, - Wybrandus de Geest, Onno Zwier van Haren, Simon Stijl, Jan Auckes Backer, - kinne it hwat hegeroan probearje en har wurk min of mear op it spyljen ynklaeije, de Fryske skriuwers kinne har sokke kânsen fansels net iens foarstelle, Hja gripe it petear graech oan, mar dogge dat om de styl libben en folksaerdich to hâlden en om de to bisprekken saken klear en koartswilich útbyldzje to kinnen: sjoch mar hoe de Halbertsma's it oanlizze en sjoch ek, hoe'n master yn de twaspraek Waling Dykstra wol net is. Yn de earste helt fan de 19de ieu lykwols kriget it toaniel hjir ek yn Fryslân in plak, al is it mar lyts. Foar de godstsjinstige groundearring fan it libben tidens de bêste jierren fan de Republyk is it stribjen nei forljochting yn it plak kommen; sil dat stribjen yngong fine, dan moat njonken it ûnderwiis it toaniel brûkt wurde. Ljouwert, Harns en Snits kinne fan datoangeande al gau meidwaen en frijhwat greate doarpen krije in rederikerskeamer of in resitearkolleezje. It is tonearsten mear in spultsje fan de hegerein en de deftige middenstan, mar njonkenlytsen komt it folk ek los. De stikken binne meast ymport út Frankryk of Dútsklân, via Hollân fansels, mar ek Hofdijk wurdt spile. De lju sille doe ek wol gau tofreden west hawwe. In Fryske ynslach krige de toanielspylderij yn de earste tiid allinne troch it wurk fan mr. A. van Halmael Jr, ien út de rounte fan it Frysk Genoatskip, dy't de stof foar syn Hollânske, histoarysk-romantyske stikken út it Fryske forline naem, (Ats Bonninga, 1830; Adel en Ida, of de bevrijding van Friesland, 1831; Radboud de tweede, Koning van Friesland, 1839; De Schieringers en de Vetkoopers, 1841). De trije Shakespeare-oersettingen fan ds. Rinse Posthumus hawwe op de ûntjowing fan it toaniel net ynwurke: hja binne nea spile en ek net folle achtslein. Dêr is fansels yn to kommen, mar dat Harmen Sytstra syn blijspul ‘It boask fan de Kastleinsdochter’ (1842), sa'n aerdich folksstikje oars, grif nea opfierd is, biwiist dat it folk doe jit fier fan Frysk toaniel ôfstie. Dat soks yn inkelde jierren sa folslein foroarje koe, is net de lytste winst fan de folksskriuwerij. Dy omkear spilet him om 1860 ôf. It is de tiid fan in opbloeijend forieningslibben: fersopsizzersselskippen, sjongforieningen en leaf-hawwerij-komeedzjes forrize rounom. It folk kriget wakker niget oan {==185==} {>>pagina-aanduiding<<} dit soarte fortier, mar fielt him yn de Hollânske of frjemdlânske sfear net altyd goed thús. It is de lêste jierren troch it oanwinnend tal Fryske boekjes hwat better ta it lêzen yn eigen tael biwend rekke, de folksskriuwers jowe net allinne praktyske lessen mei har winterjounenocht, mar soargje ek foar spylbere stikken en sa is de hikke fan de daem. Sûnt 1860 kin der foar it earst mei rjocht fan ‘Frysk toaniel’ praet wurde. 1) It leit yn 'e reden, dat dit suver allinne folkstoaniel is. De skriuwers komme op út it sljochtwei folk en hja lizze har mear út op it jaen fan learing en formeits, as op it bringen fan kunst. Botte oarspronklik is de stoffe fan har wurk ek altyd lang net; hja ûntliene in protte oan de âldere toanielliteratuer, lykwols net sûnder dat hja de hiele sfear forfryskje en der sadwaende hwat eigens yn lizze. De stikken binne maklik to spyljen, mar stadichoan wurde de easken dochs heger steld. It Frysk Selskip skriuwt yn de tachtiger jierren priisfragen út foar toanielstikken, der komme goede toanielselskippen - lyk as ‘Thalia’ to Grou - dy't nei oare plakken reizgje, ja, der tekenje har sels rjochtingsforskillen ôf. Sa roppe Oebele Stellingwerf en Piter Jelles Troelstra yn 1881 de Fryske Keamer ‘Gysbert Japix’ yn it libben, foar it Ljouwerter Toaniel Selskip oer; hja wolle in mear natuerlik en réalistysk toaniel, ynsté fan it falsk-romantyske en melodramatyske toaniel, dêr't T. Velstra en S.H. Hylkema de foarstanners fan binne. It is de skriuwers mei har stikken net allinne om nocht en wille to rêdden, mar hja kenne der ek in ‘earnstich opfiedende krêft’ oan ta. ‘Alear learde it jongfolk de katechismus-fragen, nou leare se komeedzjestikken.’ It minskdom giet foarút, de biskaving nimt ta, it pit en de marge fan de wrâld is goed. De tendins, it moralisearjen nimt yn de stikken in great plak yn en dêr is it forbân mei de folksskriuwerij ek wol dúdlik út op to meitsjen. It is it boargerlike liberalisme, dat út hast al dizze stikken sprekt; as der ien sûndebok is, dan is it de orthodoksy. Stadichoan komt der in mear radikale ynslach, as it sosialisme it plak fan it liberalisme bigjint yn to nimmen. It propaganda-toaniel siket it binammen yn it pleit foar ûnthâlding en steatspinsioen. Sit der sa yn it tiidrek 1860-1900 al foarútgong, nei 1900 stiet de ûntjowing net stil. Liedende figueren binne ynearsten de dramatyske talinten Schuitmaker en Canne; siket de earste it mear yn de wei fan it naturalisme en it sosiale konflikt, de lêste stribbet hyltyd mear de psychologyske fordjipping nei. De stikken wurde slimmer to spyljen, {==186==} {>>pagina-aanduiding<<} de kranten komme nou ek mei toanielkrityk. Yn in earnstich skriuwster as I. Kaastra-Bakker sprekt net mear it sterkst it maklik protest tsjin de maetskiplike misstannen, mar binammen de seedlike forûntweardiging, it meifielen mei al it forspeine en forlittene. De Jongfryske biweging fan 1915 bringt gjin dúdlike fornijing fan it folkstoaniel; skriuwers as Barend van der Veen, J.P. Wiersma en S.D. de Jong geane wol fierder, mar dochs op de âlde paden. Ien as dr. D. Kalma hat it jierren lang socht yn it aristokratysk-idealistyske of yn it nasionale toaniel, mar ta in opfiering kaem it mar komselden; earst yn it lêst fan syn libben hat er him nei it folkstoaniel ombûgd. Fedde Schurer hat biwiisd ek twa kanten út to kinnen, mar by him lizze de utersten net sa fier fan inoar. Is Abe Brouwer in fuortsetting fan de 19de ieu, likegoed as A. Meester-de Vries, - it décor, de ‘tael’ en de thema's wikselje hwat, mar de geastlike eftergroun suver net, - inkelde proazaskriuwers en dichters bisykje foarsichtich ta in eigen styl to kommen: R. Brolsma, D.H. Kiestra, D.A. Tamminga, Y. Poortinga, F. Dam en P. Terpstra, Der komt ek hwat mear forskaet en earmslach langer: lekespul, iepenloftspul, sjongspul, harkspul, wurde skreaun en opfierd; moderne stikken út oare talen wurde oerset en fan amateurs spile. Ek yn Fryslân is it tige slim yn it toaniel de goede kombinaesje fan gebrûkswearde en kunstwearde to finen. Bloeit it Frysk toaniel yn ús tiid dan net as in parrebeam yn de maitiid, it libbet dochs as in hart. 2. Twa pioniers : Waling-om en Tsjibbe Gearts Twa mannen, Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen, alhiel út it folk opkommen en dêr yn har deistich bistean tachtich, njoggentich jier lang op 'en nausten mei forboun, waerden de baenbrekkers fan it Frysk toaniel. Doe't hja oanpakten wie it de gouden ûre: hja hiene har spoaren op it stik fan de folksskriuwerij al fortsjinne, hja kamen fuort net mei easken fan regy en toanielynklaeijing dy't de lju ôfskrikke koene, hja joegen forstannige lieding yn foarwurden, krantestikjes en eigen foardragerijen. Ek setten hja de minsken daliks gjin kost foar dy't to dreech op de mage lei, mar bisochten hja it earst mei kluchten en blijspullen; it folk hie nou ienkear leafst in stik ‘dat grappich wie en sonder folle omslach útfierd wirde koe’. Beide skriuwers seagen gauris Hollânske stikken en liezen fan de toanielliteratuer hwat har yn de hannen kaem. Yn de oaneigening fan frjemde motiven geane hja fier, mar hja bihâlde har frijheit en yn mannige ‘forfrysking’ is de ûntliende stoffe inkeld brûkt as oanlieding ta eigen utering. It binne ek hast altyd de tradisionele motiven dy't {==187==} {>>pagina-aanduiding<<} bihannele wurde: de forhâlding tusken man en wiif, it forskil yn stan of bisit as wjerstân foar in houlik, it himsels opofferjen fan in bern foar syn âlden of oarsom, in bern dat min bijegene wurdt mar dochs wer op syn plak komt (it Jiskepûstersmotyf), in âld man dy't foreale is op in jongfaem, en mear sokke húshâldlike en seedlike kwestjes. De morael is tige strang, troubrek of hwat dêr op liket moatte dizze skriuwers neat fan hawwe, en ûndeugden lyk as slijens nei drank kinne troch it ljocht fan de rede oerwoun wurde. Waerd it earst frijhwat yn it kluchtige socht, njonkenlytsen kriget de sedeles mear omtinken. De gjirrigert, de skarlún, de drinker krije as tsjinpartij de goederjowske, de wolmienende en de earnstige wrotter. Dêr't de godstsjinst to praet komt, is de foarstelling fan saken suver skématysk: orthodoksy is frijwol itselde as skynfrommens; de rjochtsinnigen wurde troch de by har bisteande kleau tusken leare en libben ta húchelders; de finen hawwe wol de dogma's, mar net de morael. It positive fan dit boadskip is dan, dat de godstsjinst hielendal yn seedlikheit opgiet. Fan de tritich, fjirtich stikken, dy't Waling Dykstra yn de jierren 1860-1907 útjown hat, - forskate waerden trije, fjouwer of fiif kear werprinte, - falle der yn de earste twa jier allinne al fiif. ‘Sokke mar mear’ hat wol hwat fan de midsieuske klucht Nu Noch; ‘In útfanhûzer by de bakker’ is in blijspul yn aleksandrinen en biwiist, dat Dykstra dy fersfoarm wol yn 'e macht hat; ‘De Utdragerswinkel’ is in kluchtspul mei sang; ‘In faem en in arbeidster by Keapman Watse’ is ek al nei in âld-Hollânsk motyf biwurke en wiist der op, dat de leafde fan gjin twang witte wol; ‘De gjirgens bidraecht de wysheit’ hat al in tige learend karakter. Fan de lettere stikken waerden fral de frije biwurkingen nei Molière in protte spile. ‘Oebele Glûper’ (1875) wie it suksesstik fan dy tiid en binammen ‘Thalia’ fan Grou hat der eare mei ynlein. Net allinne de famyljeforhâldingen wurde hjir forfryske, mar ek wurdt fan de roomske Tartuffe in protestantske Glûper makke. De namme ‘Glûper’ is fansels ek mei sin keazen; Dykstra mei graech oer oantsjuttingen as ‘Lubbert Erchtink’ of ‘De Skearwinkel fan Toan Sjipsop’. Syn genre, blijspullen en kluchten, liende der him ek wol ta. Oan in drama of in probleemstik hat er him net weage en hy hat him ek bûten de sosiale striid fan syn dagen hâlden; partij-kieze die er net, of it moast tsjin de orthodoksy gean. Syn tiid hat er blykber tasprutsen, mar ús ieu kin dizze stikken min mear wurdearje. Gjin lytse fortsjinste is lykwols, dat er de striid oanboun hat tsjin it bringen fan falske romantyk en healwize oanstelderij, yn dy jierren op 'e planken earder regel as útsûndering. {==188==} {>>pagina-aanduiding<<} Tsjibbe Gearts van der Meulen syn toanielproduksje is sa great net as dy fan Dykstra en is ek oars fan aerd en opset. Hy is wylder, boartliker, ûntspoart gauwer, mar taest op it goede stuit mei syn humor ek djipper. Syn foarleafde foar opera's, foar dramatyske seldsumheden en foar alles hwat deftich wie, hat him grif ek gjin goed dien. Hy bigjint mei ienfâldich wurk: ‘Mâl út, mâl thús’ (1859), dat in sechste printinge bilibbe hat en ‘Fan de Wylp nei Ljouwert en fan Ljouwert nei de Wylp’ (1861), dat, lyk as oare stikken ek wol, letter omwurke is. It stik ‘Trye Snieuntojounen, of: in segepreal fôr 't bîgelove’ (1870) bihannelet de leafde mei stânsforskil, mar is fral in oanfal op de rjocht-sinnichheit. Tsjibbe Gearts hinget sels it modernisme yn syn meast radikale foarm oan, mar kin it net litte dochs hyltyd syn bitinken oer de godstsjinst to jaen. It stik ‘Troch 't tsjoede ta it goede’ (1876) hat ta motto: ‘Jimmer heger jimmer better, Nei de geest en nei de letter, Dat's de stelling fan in ketter’ en men kin der trijerlei foarwurd yn fine. It sprekt hast fansels, dat frompraterij, rabberij en byleauwe hjir meielkoar lykop geane. Tsjibbe Gearts sjócht wol hwat fan de problematyk, mar hy kin har net oan. Mei fan syn bêste en meast spile stikken binne de beide biwurkingen nei poëzij en proaza fan Eeltsje Halbertsma - Murk fan Ipekolsgea (1884), De reis nei de jichtmasters (1898), - mar ek dêr kin er it soms net litte de âlde en de nije leare (de genede en de wurken) foarelkoar oer to setten. It giet him lykwols mear oan as Waling Dykstra, hy sit der ek better yn; hy is ek net sa'n rasionalist as er him foarjowt to wezen. Ut it roer rinne docht er raer mei ‘In stoatersk dasspjeldtsje’ (1899), dêr't de wierheit neat fan natuer mear hat, mar forgoed mei in fiks poarsje melodramatyk forgulde is. Yn ‘In oproer yn 'e skoalle fan master Broor yn 1787’ (1901) hat de skriuwer hiel hwat forhalen oer it eardere skoallewêzen en oer kostlike doarpstypen forarbeide, mar ek hjir komt de rjochtingstriid oan to pas. 3. Romantyk en réalisme Leit yn it wurk fan dizze twa foargongers sawol hwat fan romantyske as fan réalistyske opfetting, - it mingsel is stéfêst oanmongen mei in poarsje moralisme, mar dat komt yn de toanielwrâld faker foar, - der binne yn de 19de ieu ek toanielskriuwers, dy't tichter by ien fan beide utersten lizze. Dat romantyk yn de literatuer, fral as hja net fan it bêste soarte is, tige produktyf wêze kin, hat Tsjeard Ritskes Weistra (1840 Lekkum- 1918 Ljouwert; boer, Steatelid, rintenier) dúdlik biwiisd. Tusken 1865 {==189==} {>>pagina-aanduiding<<} -'98 hat er yn de Selskipswurkjes frijhwat bydragen hawn en letter hat er trije dieltsjes ‘Rimen en Teltsjes’ útjown, dy't allegearre bêst yn it forjittelboek bliuwe kinne. Fan 1880-1902 kaem der boppedat elk jier in toanielstik út, wylst in stik as sawn net iens printe binne. Ien dy't safolle stikken út 'e mouwe skoddet, dy't dan ek noch fêst opfierd en soms bikroand wurde, moat syn tiid dochs hwat sein hawwe, mar ús is dat in riedsel. Wie it publyk sa min wend oan toaniel, wie it sa dom, hie it sa'n bytsje krityske smaek? Fierwei de measte stikken binne byinoarbakt: in seldsum gearmjuksel fan bjusterbaerlikens en prekerij. Hoefolle romantyske kleurkes as der ek út in guodkeape ferfdoaze op smard binne, it bliuwt boargerlik wurk sûnder wierhaftich libben. Titels as ‘Sjouke de Vries, ef, Rjucht en Sljucht giet er mei’ (1881, mei in earste priis bikroand), ‘It Kistje mei Geheimen, ef, Alde Ljeafde roastet net’ (1886), ‘Age en Aechje, of, Jonker Sicko yn de Wirkstaking’, fan histoaryske drama's as ‘Jarig en Frouk, ef, de Noaren yn Fryslân’, ‘Ascon en Octavia, ef, It frijmakke Fryslân’, sizze foar de goede forsteander genôch. Tiid, warberens, liberale sfear, falsk sentiment, moasten by dizze skriuwer goedmeitsje hwat der oan talint ûntbriek. Sa produktyf as Velstra wiene fansels allegearre lang net. Sjouke Hylkes Hylkema (1852 Akkrum-1922 Velp; hannelsman), ien fan de oprjochters fan it Ljouwter Toaniel Selskip en dêr de earste jierren de lieder fan, skreau yn de jierren 1875-'85 yn de Selskipswurkjes, publisearre de ‘Brieven fen in Skutter’ en forskate lytse toanielstikjes en sangfoardrachten, mar brocht it net fierder as trije toanielstikken (± 1881). Cornelis Douwes van der Weg (1834 Hallum-1893 Doangjum; boer, fédokter, boargemaster) syn wurksumheit leit ek yn de jierren 1880-'90. Oeuvre: in stikmannich sketsen oer doarpslibben en fjouwer toanielstikken. Willem Vrijburg (1850 De Sweach-1925 De Sweach; timmerman, kastlein, wethâlder) levere gâns koartswyl, mar noch mear mâllichheit, Forskate foardrachten en nei 1881 trettjin toanielstikken. Tabo Wigev Sytstta (1856 Baerd-1925 Moarmwâld; bakker), soan fan Harmen Sytstra, skreau forhalen en fersen. Joech njoggen stikken út yn de jierren 1896-1920; bûten de aerdige neistikjes hearden dêr by de greate stikken ‘Heit en Soan’ en ‘Boer Jelle’, it lêste makke nei in lêsber folksforhael fan him, De Polderjonge, dat yn 1928 jitris apart útjown is. Dat wiene dan fjouwer tiidgenoaten fan Velstra, skriuwers allegearre dy't yn folle de twa pioniers bisochten nei to folgjen. It heart ta it minsklik lot, dat neifolgers ornaris earder it lek en brek as de goede kanten fan har foargongers oernimme en sadwaende wie it Frysk toaniel om 1880 hinne al frijhwat yn de hoeke fan de ûnwiere pathétyk {==190==} {>>pagina-aanduiding<<} en it oerdreaune romantisme tolânne kommen. 1) Sá slim stiet it der dan blykber foar, dat Oebele Stellingwerf mei help fan Piter Jelles yn 1881 de keamer ‘Gysbert Japix’ oprjochtet as forwar tsjin ûnnatuer en ûntaerding. Har doel is tige biwust it Frysk folkslibben op 'e planken sjen to litten sa't it yn werklikheit is, om sadwaende de jonge toanieltradysje op heger peil to bringen. Piter Jelles syn koart stik ‘Oan 'e sédyk’ (1881) is bigjinnerswurk en mei ek earder romantysk as naturalistysk hjitte, mar it is net sûnder deugden en sûnder goed ûnthjit. Stellingwerf syn ‘Giet it sa?’ (1881) is réalistysker, mear op it aktuéle libben ôfstimd: lânboukrisis, ûthuzigens fan manlju en froulju, herberchrinnerij; der sit suver gjin prekerij yn, de feiten sprekke foar harsels, de polityk wurdt der bûtenhâlden. It wie in goede ynset, mar spitigernôch hat dizze skriuwer letter allinne mar mear in blijspul jown (It hûsbisiik by Goasseboer, 1888). De ‘keamer’ sakke gau yninoar, de produksje fan goede toanielspullen waerd dêrmei ek opkeard. Ien fan de bêste stikken ut dizze tiid is ‘Wikje' Kar’ fan S. Koopmans (1884), dat lykwols troch in priisfraechkommisje like heech oanslein waerd as Velstra syn ‘Trou ef Untrou?’ en Van der Weg syn ‘Smids Feikje’. De skriuwer hat mar ien stik levere en fierder allinne histoaryske bydragen jown; dat er it oan koe, blykt dúdlik út dit stik oer it tragysk forrin fan in forkearing yn it boereformidden fan om 1870 hinne. Om alderlei redenen sil men ‘Wikje' Kar’ hjoeddedei noch mei wille lêze kinne. By Stellingwerf syn rjochting heart ek it meast thús it wurk fan syn freon J.S. van der Steegh (De pronkskens fan de froulju is de manlju har skuld, 1880; Keapman Rouke, 1883). Dy doar wol fûle, minsklike konflikten oan, mar hy giet net djip en hâldt syn figueren to nochteren en tofolle yn swart en wyt. Yn dit forbân heart ek Japik Hepkema neamd to wurden, dy't fan 1871-'93 fiif wakker ûngelyksoartige stikken skreaun hat. As tiidsbyld is tige fan bilang syn ‘De Reade Flagge’ (1893), in stik oer de maetskiplike tsjinstellingen en it opkommen fan de sosialistyske biweging, soms suver journalistyk, mar mei folle minsklik bigryp en meifielen en net iensidich-partidich, al doar it wol to kiezen. Ien as F.G. Looijenga, in Jouster kastmakker, dy't tusken 1888-'99 fjouwer stikken skreaun hat, is dochs mear bikend wurden troch syn biwurking fan Wagenaar syn ‘Tsjerk Ages’ ta iepenloftspul ûnder de namme ‘Frije Friezen’. {==191==} {>>pagina-aanduiding<<} 4. Om folk en minskheit Giet men de toanielproduksje nei fan ien as Bonne Sjoukes Hylkema (1862-1935), trettsjin stikken yn de jierren 1886-1930, dan is dêr fan in forfrissing of fornijing fan it Frysk toaniel neat yn to fornimmen; it is âlderwetsk, tradisioneel wurk, winliken sûnder ynhouten of iennige alluere. Itselde moat ek wol sein wurde fan de likernôch tweintich stikken, dy't de Ljouwerter Doeke Harmens Zylstra (1861-1948) yn de heale ieu nei 1889 forskine litten hat en dy't folle spile waerden: it binne gebrûksartikels, sljocht, primityf, soms mei aerdige folkshumor, faek plat by de groun. Gjin inkelde kear reitsje beide skriuwers fan har lytsboargerlike sfear en eachweid los. Né, dan jit leaver Klaes Stienstra mei syn ‘Dy Godloazen’ (1897), hoefolle bitterens, sosiale wrok, antitsjerklikheit en godstsjinsthaet der ek yn geartroppe binne, of Sybren Valkema (1850-1921) mei syn ‘Ut frije leafde’ (1894), dat op moderne, revolúsionair-idealistyske wize de frijmakking fan it houlik út de binypte bannen fan stânsbigryp en boargerlik rjocht foarstiet Earst de ieukear bringt de fornijing, dy't yn mannich opsicht ek in omkear is. Fuortoan is it Frysk toaniel net mear allinne ûntspanning mei in sedeleske der op ta, mar hat it in boadskip. Der komme twa dramatyske talinten nei foaren, dy't midden yn har tiid en net yn in efterôfhoekje fan de wrâld stean wolle. Mei hwat guodkeape romantyk en deistige húskeamertaferieltsjes binne hja net mear tofreden, hja sykje nije wegen. Yme C. Schuitmaker (1877 Frjentsjer) is de man, dy't yn in skerp oanfielen fan maetskiplik leed en minsklike ellinde bisocht hat op it toaniel ta in libbene útbylding fan de sosiale misstannen to kommen. Hy hie yn en om Frjentsjer as arbeider en letter as ierappelkeapman forkeard tusken flaeksbrakers, sjouwers, bokskippers en sutelders, hy hie fan tichtby de opkomst fan de reade en de blauwe biweging meimakke en him dêr efter steld, hy hie ek it wiere toanielbloed yn de ieren. Fan de moderne skriuwers hied er al gau leard de werjefte fan dy maetskiplike tsjinstellingen net yn lange, prekerige petearen to sykjen, mar yn aksje, wikseling, direktens; hy waerd dêr sa handich yn, dat it him op 'en dûr muoite koste hwat djipte to biwarjen. Hy hie ek in iepen each foar de bihyplike technyske en geastlike omstannichheclen dêr't it Frysk toaniel om 1900 hinne yn forkearde, mar hy liet him der net fan bine: hy briek mooglikheden los en dat is reden mei fan de opfiedende ynfloed, dy't fan syn earst wurk útgien is. Schuitmaker syn sterk fielen foar it komyske, syn net al to foarname grappichheit, syn sin foar de werklikheit yn boun mei syn tûke waernimming, twinge him gauris ta it kiezen fan typen; dêr sit grif ek in diel {==192==} {>>pagina-aanduiding<<} birekkening fan effekt yn, mar dochs net minder meifielende minsklikheit: dy figueren binne ommers mear tragysk as kluchtich bidoeld. It misforstân is ek wol lein op syn stikken mei in satirike ynslach, dy't faek as blijspul of klucht spile binne, mar dochs in earnstige ûndergroun hawwe. Technysk tige handich yninoar set en mei in ynhâld, dy't alteast yn de loftse hoeke alhiel yn it tiidsforstean lei, moasten syn stikken der wol tige ynfalle. Hy hie in greate ynfloed ûndergien fan Herman Heijermans, - minder fan Ibsen, al is ‘Skyn’ (1910) dúdlik troch ‘Steunpilaren der maatschappij’ ynspirearre, - en binammen dy syn skerpe tsjinstelling tusken ljocht en skaed loek him tige. Fangefolgen waerd syn earste produksje ûnformomme tendinswurk; lyk as yn alle naturalisme sit hjir ek withoefolle sosiale krityk yn: de drank en it kaptael binne de erflike fijannen fan de lytse man en de forhûddûke arbeider. De earlikheit fan de ynspiraesje en de krêft fan de oertsjûging forhinderje lykwols, dat de kunstwearde fan de tendins oantaest wurdt en dêrom lêst de toanielleafhawwer fan hjoed de measte âlde stikken noch tige graech, (Maerteblom, Op wylde weagen, Neist elkoar, Frij, Skyn, Lysbet, allegearre út de jierren 1904-'12). Blijspullen as ‘De klanten fen Kiker’ (1907) en ‘De Kandidaet’ (1913), kluchten as ‘De slaven’ (1905) en ‘Feest yn 'e Wilewai’ (1909), al moatte hja hiel oars bioardiele wurde, hawwe ek peil. Spitich is, dat de skriuwer sa rûch en ûnachtsum mei it Frysk omgiet; ien dy't de folkstael brûke wol sûnder har to bihoffenjen, jowt oan fealens de foarkar boppe glâns. Schuitmaker hat him net op deselde hichte hâlde kinnen. Oft dat út it toloargean fan it maetskiplik ideael en it seedlik protest forklearre wurde moat, is net biwiisd, al liket it der wol op. Hie de geastlike eftergroun dochs to smel en to slop west? Ridlik gau al like er útskreaun; dochs hat er trochskreaun: it koe net oars, of it moast wol yn de herhelling en de forsearring socht wurde. Syn technyske bitûftens waerd sa fan foardiel suver ta neidiel. Dat it lettere wurk mar sa'n bytsje en sa selden oertsjûget, koe wolris ta oarsaek hawwe dat Schuitmaker net genôch mei syn talint (en mei de minske) yn de striid gien is. Fordjipping fan it skriuwerskip kostet altyd folle mear bloed as inket. Jowt in ienakter as ‘Ropping’ (1923) jit in biwiis foar syn great kinnen, forskate neistikjes, sketsen en satires, dy't er nei de earste wrâldoarloch skreaun hat, binne net folle mear as handich makwurk. As sadanich moatte ek biskôge wurde syn revue's en iepenloftspullen, dêr't it folk faek wakker fier mei roun, mar dy't ornaris dochs fiersto guodkeap en oerflakkich opset binne. Better is it stik ‘De sang fen 'e tiid’ (1917), dat neffens ûtlânsk foarbyld de foroaringen yn Fryslân tidens de lêste heale ieu útbyldzje wol. Dat Schuitmaker, neffens syn {==193==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding YME C. SCHUITMAKER (Nei in skilderij fan A. van der Sloot)==} {>>afbeelding<<} {==194==} {>>pagina-aanduiding<<} eigen mjitte metten, net allegearre ‘earste keur’ jown hat, is mei sa'n rike produksje to bigripen, mar lykwols to bitreurjen. Dochs is fral troch syn wurk it Frysk toaniel op gâns heger plan kommen. Rudolf Wilhelm Canne (1870 Wûns-1931 Amsterdam) is minder gau tofreden as Schuitmaker, is ûnrêstiger en dynamysker, siket it mear yn de djipte fan sielkundige tekening as yn de breedte fan typeskildering; it is him earder om de wierheit as om de tendins to dwaen en hy is de earste yn Fryslân, dêr't men ynfloed fan de psycho-analytyske skoalle by fornimme kin. It ûnforbidlik bleatlizzen fan it heimenis fan de minsklike siele, de hertstocht om de forhoalen driuwkrêften fan tinken en bigearen to trochgrounjen, de oanstriid alle leagen bleat to lizzen en elk oantlit it falske mombakkes ôf to skuorren, hoe pynlik dat ek wêze mei, en by einbislút in swiersettige birêsting, in skeptysk, heal guodlik en heal feninich biskôgjen fan al it lyts-minsklike, - dat allegearre, sa typearjend foar dit tiidrek fan bloei yn de ynternasionale toaniel-literatuer, komt ek yn Canne syn wurk ta utering. Canne sels, ûnfrysk fan komôf en namme, is faken in ûnfrysk aerd taskreaun, mar net folle minsken hawwe har sa oan Fryslân forboun field as hy, ek al wenne er it greatste part fan syn libben om utens. Moedich, striidber, aktyf, forheftich libjend minske as er wie, waerd er jimmer fan de twaspjalt pleage. Gjin niget, dat er faek humorist wêze woe en yn de groun fan syn wêzen pessimist wie. Men kin der ynkomme dat hy, dy't forskate biografyen fan Fryske skriuwers jown hat, him mei foarleafde yn Salverda en Boonemmer fordjippe hat. De titels fan syn earste stikken - Libbensstriid, 1905; Fen 't hirde libben, 1906; Yn dúnjende djipte, 1908; It njuggende gebod, 1912 - jowe meiïnoar al in foege karakteristyk fan it aerd fan syn wurk. ‘Dêr wier ris...’ (1916) wurdt ornaris as it hichtepunt fan syn produksje bisjoen en it stik mei ek in kunstwurk hjitte. It konflikt dat werjown wurdt, in trijehoek yn de leafde, liket modern, mar hoe sober, ynbannich en eigen, foar alles hoe earlik is dit forarbeide. Moatte der moaije dreamen forsteurd wurde, hawar dan, hwant hwat is in dream oars as skyn en yllúzje? De swierrichheden wurde net weinommen, - mei Schuitmaker hat er in forfolchstik op ‘Dêr wier ris...’ skreaun, ‘Peaske’ (1929), mar allinne hat er it ek mei in oar forfolch probearre, ‘De misse set’, - hja geane ús lykwols mear as tydlik en oan de bûtenkant oan. Canne syn oare stikken birikke dizze hichte en forfining net, mar binne hast altyd mei in greate earnst en leafde foar it Frysk toaniel skreaun en tsjûgje fan sykjen, eksperimentearjen, stribjen nei fornijing. Hoewol er in bêst toanielkenner wie, socht er it net yn de handigens fan in knappe technyk; faeks liet er wol hwat altofolle striid {==195==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding RUDOLF WILHELM CANNE==} {>>afbeelding<<} {==196==} {>>pagina-aanduiding<<} en tobrutsenheit sjen, earlik strider mei it libben en wrakseler om de wierheit as er wie. Dêr't er syn pessimisme ûntflechtsje wol, sa as yn de blijspullen út it lêst fan syn libben, stuitet men gauris op forsearring; itselde treft jin ek yn de hwat sûre humor fan syn proaza-sketsen, dy't om har flottens, libbenens en direktens, en ek om har taeleigen, dochs boppe it sljochtwei peil útkomme (sammele yn ‘Rûchkâlt’, 1926). Njonken dizze twa útstykjende talinten moat jit Ibeltsje Kaastra-Bakker (1866 Akkrum-1923 De Jouwer) neamd wurde, in earnstich toanielskriuwster, dy't earst nei har fjirtichste jier bigoun is en doe in dozyn stikken jown hat, dêr't in waerm en sterk meifielen mei al it iensume, forlittene, earme en helpeleaze út sprekt. It is tendinswurk, - steatspinsioen, ûnthâlding, âlden fan dagen, de net troude mem, - mar it is earlik en oprjocht, ek as it weak of sentimenteel is. Titels as Ald en earm, 1908; 't Genadebrea, 1909; Driuwende wrakken, 1911; Naömi, 1912, sprekke foar harsels. Ienfâldich minske as hja wie - ‘een schrijvende huismoeder’ hjitte hja yn de kranten - libbe hja út in Frysk, sosiael idealisme. Oaren, dy't yn dizze tiid mei toanielwurk nei foaren komme: T.E. Halbertsma, J. van der Tol, T.E. Holtrop, C. Wielsma en mear, moatte hjir ûnbisprutsen bliuwe. Suver op it fjild fan ûntspanning en formeits leine de sangfoardrachten, dy't om 1900 hinne tige yn 'e moade wiene en by hûnderten skreaun waerden, û.o. fan C. Wielsma, D.H. Zylstra, Sjouke de Zee, W. Vrijburg, Joh. Rypma en R.K. Zylstra. In nije foarm fan Frysk winterjounenocht is yn dy jierren ûntstien, dêr't de nammen fan Meint Rozenga (1854 Hallum-1901 Marrum), S. Molenaar en L.F. Krips oan forboun binne en dy't troch stikken as ‘Oept en Kekke’, ‘In spantsje’ en ‘Fan Ljouwert nei Jellum-Boksum’ wol neijernôch karakterisearre wurdt. Ien, dy't op dit gebiet letter hiel hwat en ek wol folle goeds út 'e wei setten hat, wie G. Elgersma (1868 Rie-1919 Den Haech), dy't mei syn bondel libbenslietsjes ‘Ut it Libben’, 1917, en syn jongesboek ‘Sipke en ik’, 1922, bliken joech om utens Fryslân net forjitte to kinnen. Syn humor mei hwat grou wêze, mar hy wist faek flot to typearjen. Neisjen: Yn it algemien: P. Sipma, De oorsprong van het Friesche tooneel; De Vrije Fries XXV, 1917. - D.H. Zylstra, Frysk toaniel; Swanneblommen, 1921, s. 56. - Tinkboek Ljouwerter Toanielselskip, 1881-1931. - J.W. Dykstra, It toaniel fan earder en letter; Fryslân, 1936-'38. - Dr. Y. Poortinga, It Fryske Folkstoaniel (1860-1930), 1940. Yn dizze tige lêsbere dissertaesje stiet net allinne in learsume ynlieding, mar wurde ek de foarnaemste skriuwers en har stikken mear yngeand bihannele. {==197==} {>>pagina-aanduiding<<} Oer persoanen: Sjoch foar Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen de forwizingen efter it haedstik ‘Folksskriuwerij’ yn dit boek. Tsjeard Velstra: Fryslân, 1930, s. 33-36. S.H. Hylkema: Fryslân, 1929, s. 49. C.D. van der Weg: Fryslân, 1929, s. 17. W. Vrijburg: Wumkes, It Heitelân, 1925, s. 158. Oer Y.C. Schuitmaker: H.G. Cannegieter, De Friesche Beweging, 1917, s. 13-19. It Heitelân, XX, 1938, s. 5-8. Oer R.W. Canne: D. Kalma, Frisia, 1931, s. 241-243. Oer Y. Kaastra-Bakker, Cannegieter, De Fr. Beweging, s. 85-90. Oer M. Rozenga: J.P. Wiersma, It Heitelân, 1926, s. 621. Oer G. Elgersma: Foaropwurd yn ‘Sipke en ik’. Hwat der fan 1860-1940 printe is oan Fryske toanielliteratuer, stiet frijwol folslein oanjown yn ‘Catalogus der Friesche Taal- en Letterkunde’, 1941, fan de Prov. Bibliotheek yn Ljouwert. {==198==} {>>pagina-aanduiding<<} XII. In nije ieu mei nije lûden 1. Algemien oersjoch It is in nuvere feestrede, dy't Waling Dykstra yn 1894 by de bitinking fan it fyftichjierrich bistean fan it Frysk Selskip hâldt. De Fryske tael sil de striid om har bistean op 'en dûr net folhâlde kinne, hja hat de tarring, seit er dêr plan-út. Lykwols, wy wolle de boel net oan it lot oerlitte en, al is de hope swak, wy hâlde fol mei ús geskrep... De leedoansizzer liket mei gauwens gelyk to krijen. Ein 1895 moat it tydskrift For Hûs en Hiem, dat de lêste fiif jier ûnder de lieding fan Tsjalling Eeltsjes Halbertsma neffens uterlik en ynhâld in gâns lytser formaet krigen hie, ophâlde to forskinen. Itselde jiers komt ek De Bijekoer, it jierboekje dat in heale ieu lang de folksskriuwerij rom bod jown hie, foar it lêst út. Mei yngong fan 1896 wurdt it Selskipstydskrift Forjit my net op de helt bilytse en de samler, Onno H. Sytstra, set dy jiergong yn mei in swiersettich en moedeleas ‘wird foarôf oan ús lêzers.’ It is ek sa'n minne en krappe tiid: de lânboukrisis hat Fryslân hurd oanpakt; it ledetal fan it Selskip sakket, de krêften binne swak, de moed en it bitrouwen lyts. En ûndertusken kringt de nije tiid mei al syn foroaringen hyltyd fierder en flugger yn it lytse Fryslân troch. Mar sjoch, mei in pear jier, jit foar de ieukear, wize de tekens al frijhwat oars. Yn 1897 wurdt dokter Eeltsje syn bertedei bitocht en dat ieufeest ropt nij libben wekker. Bûten Fryslân wurde der kriten of Fryske selskippen oprjochte, dat ‘om utens’ bigjint mei to spyljen. It wykblêd Sljucht en Rjucht kin op 'e nij forskine - yn 1890 wie it ek al in jier bisocht - en wurdt ûnder lieding fan Waling Dykstra yn de kommende jierren in kweekplak en taflechtsoarde fan de folksskriuwerij, al wurde der ek wol mear persoanlike lûden yn heard, Fan dr. J.B. Schepers komt der in bondeltsje fersen yn it ljocht, foar dy tiid apart wurk, dat yn de stavering de ynfloed fan de nijere taelstúdzje útkomme lit. Dr. Foeke Buitenrust Hettema (1862-1922), in Fries dy't de wittenskiplike stúdzje fan syn tael net oan de Dútskers (byg. prof. dr. Theodor Siebs, Geschichte der friesischen Literatur, 1902) of de Ingelsken oerlitte wol, bigjint, al wer datselde jier 1897, mei syn kolleezjes oer it Frysk oan de universiteit fan Utert. Der sit hwat nijs en hwat goeds yn de loft. Jan fan 'e Gaestmar bigjint to skriuwen, wurdt troch Hepkema nei Fryslân helle en jowt de Fryske lêzers al gau syn ‘Drankjes’ yn. It earste fers fan Simke {==199==} {>>pagina-aanduiding<<} Kloosterman út de bondel Ruth is fan 1898 en dr. O. Postma hat syn ‘De boerinne fan Surch’ yn 1900 skreaun. Yn deselde jierren jowt Madzy (skûlnamme fan juffer J. Terpstra) har to min achtslein wurk: forskate fersen en sketsen, dêr't in suvere ienfâld en froulikheit út sprekke. It earste toanielstik fan Schuitmaker komt yn 1902 út, fan Canne yn 1905, wylst Reinder Brolsma syn earste publikaesje yn Sljucht en Rjucht fan 1903 forskynt. Yn deselde snuorje wurdt der writen dien it Frysk ûnderwiis op poaten to setten, de Lytse Fryske Spraekleare fan Postma en de Clercq is fan 1904, der komme tael- en lêsboekjes foar de bern en ek wurdt der bisocht de forbiningen mei Noard-Fryslân nauwer oan to heljen. Der komt forset tsjin de bifoardering fan de nocht en wille-sfear en fan forskate kanten wurdt oanstien op mear dregens yn de taelbioefening. Hof en syn maten rjochtsje yn 1905 it Boun Jong-Fryslân op, tagelyk komt der ek in Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân en trije jier letter stiftsje ds. S. Huismans en dr. G.A. Wumkes it Christlik Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, dat yn 1909 mei in goed tydskrift Yn ús eigen tael, ûnder bistjûr fan de lêste, úteinset. Ien as Sjouke de Zee bigjint it Frysk rounom op iepenbiere sprekkerijen to brûken en de saek fan it Frysk yn Ried en Steaten en yn de rjochtseal komt mear as ienkear oan 'e oarder. Genôch feiten en jiertallen om to biwizen, dat der hwat to rêdden is. De oarsaken fan dit nije libben en de forbiningstriedden tusken al dy forskynsels oanwize, falt net ienris ta; it liket allegearre fansels en natuerlik to kommen. De Hollânske biweging fan de Tachtigers stiet der bûten, lyk as hja ek Piter Jelles en Sikke Koldyk frjemd west hat. Jan fan 'e Gaestmar set fan Gezelle en Longfellow oer en Sipma fan Schiller; Shelley komt earst nei 1915 yn de bineaming. De Fryske skriftekennisse stiet iepen foar ynfloeden en giet dochs har eigen gong; de iensidigens en it biheinde eachweid fan de formoralisearre folksskriuwerij wurde stadichoan as in tokoart sjoen en party skriuwers fiele, dat it ûntbrekken fan in soune krityk in wantastân is. Aldergeloks binne de ûntofredenen, de striidberen en de ienlingen der ek jitte. Gerben Postma skriuwt mar ta, al wurdt er net altyd forstien en wurdearre. Sipma en Canne wize nije wegen en roppe om fûlder striid. In geastdriftich Jong-Fries, Lolle Piers de Boer fan Makkum, jowt yn Forjit my net 1907 in skoander opstel oer ‘Jong-Friez'ne taek’. Piter Jelles forbrekt yn 1909 syn swijen ek foar in skoftke, yn de fersen fan Bokke Simens, mar fral yn dy fan Rixt - de trêdde frou nou al dy't yn in koart tiidsbistek as skriuwster nei foaren komt - slacht in waerm, hertstochtlik libben, dêr't in goefries oan diztiid ta op papier net fan reppe soe en dr. G.A. Wumkes bigjint mei syn stúdzjes {==200==} {>>pagina-aanduiding<<} oer it Frysk Reveil de Fryske siele oan to boarjen, dêr't dy it swierst tagonklik is: yn it godstsjinstige. De Bibeloersetting wurdt ek hwat avensaesje mei makke, de earste Fryske preken wurde hâlden en der komt by net-Friezen gâns mear niget oan it Frysk as foarhinne. En it Fryske aerd bliuwt by dat allegearre trou biwarre: party foarmannen hawwe it mar bannich mei har kwestjes, saken, striderijen en rûzjes en elk foar oar stiet tige op syn eare en op syn stik. Gjin minne jierren, dy fan 1897-1915. Grif trije boeken út dit tiidrek, - Rispinge, Ruth, Fryske Lân en Fryske Libben, - sille ta de Fryske klassiken hearre en dat is gjin lytse winst foar in folk, dat it fan 1500 oant 1800 mei ien boek, Gysbert Japiks syn Rymlerij, dwaen moatten hat en dat jit ûnwis is, hoefolle der út de 19de ieu bliuwend ynventarisearre wurde kin. It giet wolris hwat stiif en boargerlik en wiis en âldmannich en persoanlik om en ta, dêr yn de Fryske biweging fan de opgeande tiden fan foar de earste wrâldoarloch, mar dochs, der wurdt op hwat wachte. Elk fielt suver ûnbiwust, dat der hwat to barren stiet. As Waling Dykstra yn it bigjin fan 1914 stjert, is der ek foar Fryslân in ieu ôfsletten. Nei in swiere kream wurdt de Jongfryske biweging berne. 2. Onno Harmens Sytstra Onno H. Sytstra (1858 Baerd-1939 Ljouwert), de jongste soan fan Harmen Sytstra, waerd lyk as syn heit skoalmaster, waerd ek Frysk strider en skriuwer. As feint al joech er him yn Ljouwert yn it krite- en Selskipslibben en mei in seldsume iver, trou, earnst en biskiedenens hat er dat syn hiele libben lang folhâlden. Yn 1881 joech er mei syn maet Piter Jelles de bondel poëzij ‘It Jonge Fryslân’ út; allinne al in goed fers as it feardige, folksaerdige en boartlike ‘Op it iis’ biwiisde, dat er hwat koe. Der soe op dizze bondel ek in samling proaza fan de jongerein folgje, mar doe wiene de beide maten al forgoed útinoarrekke. Yn 1885 waerd Sytstra roppen Colmjon as samler fan de Selskipswurkjes op to folgjen. In tige persoanlik stimpel hat er der net op sette kinnen: frijheit fan utering woe er graech oan elkenien jaen, mar syn lieding kaem nea folle fierder as in formoanjend en hwat prekerich skoalmasterjen; syn leafde foar Fryslân wie oprjocht en geef, mar foun gjin sterke foarm yn syn wurk. Fan syn heit hie er de fêstens, weardigens en ynbannigens, de stivens en stegens, mar net it profétysk lûd en de romantyske hertstocht. Evenredich en alderminst revolúsionair {==201==} {>>pagina-aanduiding<<} man as er wie, kaem er net earder yn forset as hwannear syn sterk rjochtsfielen oantaest waerd: sa yn de tiid fan de Boere-oarloch en letter fan de Jongfryske biweging; dan waerd er bitter en koe min forjitte en forjaen. Wiis en ynskiklik hie er yn 1915 gâns romte bean oan de opkommende jongerein, mar al gau achte er de striidwize fan dy dryste en redenrike feinten ûnfrysk en ûnfatsoenlik to wêzen. Dat hat him ek knoeid; hy stie der net genôch boppe en wie tofolle oare en rêstiger forhâldingen wend, dan dat er daliks bigripe en glimkjend ôfwachtsje koe. Hwat fan toloarstelling siet grif ek yn dy forwidering: moast it nije libben, dêr't er op wachte hie, him nou sa wyld en falsk uterje? Onno Sytstra syn literair wurk hat nea de forfolling brocht fan it ûnthjit, dat der fan it bigjin ôf dúdlik yn lei. Syn needlot wie, dat er efter de tiid oan kaem. Syn greate epyske fersen lyk as De Friezen, De Bruorren, Greate Pier, roppe mei har brede gong, drege tael, ryk stêfrym en soms weak gefoel, it oantinken oan de Fryske romantyk werom. Syn proaza stiket net út en is faken to biskôgjend. Yn de beide bondeltsjes mei har ûnpersoanlike titels Frysk Forskaet (1903) en Fen alles hwet (1906) is frijhwat fan dit wurk sammele, ek fan de learingen, lêzingen en kritefoardrachten. Hy hat fersen en proaza fan syn heit útjown, mar net sa, dat de neiteam dêr genôch oan hat. Fan bilang is syn taelkundich wurk; yn 1889 hie er mr. Ph. van Blom al holpen by dy syn ‘Beknopte Friesche Spraakkuns’, yn 1925 forsoarge er mei J.J. Hof de ‘Nieuwe Friesche Spraakkunst’; bûtendat joech er yn 1930 in samling opstellen oer tael en taelgebrûk, ‘It Frysk eigene’. Foar it Frysk ûnderwiis hat er ek tige folle út 'e wei set. 3. Johan Binnert Schepers Johan Binnert Schepers (1865 It Fean-1937 Haerlim) wie in soan fan de Grouster doarpsdokter, mar fan hûs ut it Frysk praten net wend. Mei Frysk skriuwen wied er foar it earst yn For Hûs en Hiem bigoun. Yn 1897 joech er in bondeltsje ‘Gedichten’ út, dat der yn it Fryslân fan doe yn mannich opsicht hwat útroun. De stavering wie der ien op eigen houtsje en frijhwat nei de Hollânske útskaeid; it die ek bliken, dat de skriuwer in fijân fan alle archaïsme wie. Net allinne lykwols, dat de ynfloed fan de nije taelwittenskip him tige op tael en stavering jilde liet, mar ek yn foarm en ynhâld fan de fersen sels koe men skoan hwat fan de geast fan de jongste letterkundige biweging yn Hollân fornimme. Net, dat hjir fan in alderpersoanlikste utering sprutsen wurde {==202==} {>>pagina-aanduiding<<} koe; elk koe dizze poëzij wol oanfiele en wurdearje, mar hjir klonk dochs in bliidsjongende of mimerjende, iepenhertige of skrutene toan troch, dy't hwat eigens hie. De greate ynset, it brede eachweid en de folksaerdige frissens fan Piter Jelles wiene hjir omdôch to sykjen, mar lykwols wie hjir ien dy't de Fryske literatuer ek yn de fornijing fan de Nederlânske diele litte woe. Gjin machtige bisieling rûze troch dit bondeltsje, gjin forfine taelmuzyk of oarspronklike bylding naem de lêzer mei, mar hjir wie earlik en ienfâldich wurk - taeigene oan de neitins fan Eeltsje Halbertsma - dat it hert frijút sprekke liet en de rhetoryk leafst mijde. Schepers hat it spitigernôch net fierder brocht as in goed bigjin. It needlot fan syn dichterwêzen wie net allinne syn taelearmoede, mar net minder de driuw om, bihalven in Fryske, ek in Nederlânske dichter wêze to wollen. 1) Sûnt syn earst bondeltsje hat er hiel hwat skreaun, dat earne tusken rymwurk en poëzij yn hinget. Ornaris steurt de wrakke tael slim en is de ynhâld of to weak en slop, of tofolle bitocht en biriddenearre. In stael fan dit wurk is to finen yn de sonnette-rige ‘Pier Panders kinst ta eare’ (1925); de oare produksje yn de tydskriften is navenant, al sit der mear as ienris in goed fers tusken. De middelieuske klucht Nu Noch, dy't er frij forfryske hat as ‘Toemar’ (1906), en de Hollânske oersetting fan Piter Jelles syn fersen (‘Troelstra als Friesch dichter’, 1925), komme beide ek net boppe de smelle midsmjitte út. Schepers wie as skriuwer hwat in twaslachtige forskining. Syn epysk en epysk-dramatysk wurk, - binammen it trijedielige epos Bragi, 1900-'01, dat mei ûnder ynfloed fan Gorter syn Mei skreaun is, mar ek it ‘woudspel’ Alwin en it drama Radbout, - brûkte er allinne it Hollânsk foar, wylst er foar syn lyryske utering alderearst it Frysk keas. 2) Hy hâldde sûnt syn stúdzjejierren as learaer Nederlânsk yn Hollân ta, mar hong to sterk oan Fryslân om dêr ek mei syn hert to forkearen. De âlderein yn Fryslân wie wolris mei him oan, omdat er nijerwetsk wie en syn Fryskkundigens gjin sprekken lije koe. Doe't er, mei syn breklike bihearsking fan it Frysk en syn foarútstribjende (en lang net altyd forantwurde) taelskôging, yn de Fryske biweging oan it forbetterjen slaen soe, waerd it bargebiten. Schepers, goed, evenredich en alderminst striidber minske, naem him dat sa nei, dat er yn Forjit my {==203==} {>>pagina-aanduiding<<} net 1900 in ‘Ta Ouskie’ skreau. ‘Yn 'e lêste jierren gong ik ek al folle útfenhûs nei in oare wente hwer mear romte yn is... dat wie den as 't my to eang yn 'e eigen klûs waerd. Yn dy Hollânske boargerwente hoopje ik de rêst to finen dy't ik siikje, mar der ek scil my altiten bybliuwe it tinken oan dy moaie âlde tiden fen mimerjen yn dat lytse taelhúske neist myn marke, hwerfen elke weach my koe’, seit er dêr. Mar hielendal ôffallich wurdt er net en kin er ek net wurde. Yn 1902 al wer haldt er foar it Selskip in fikse lêzing oer ‘Natûr en Kinst’ en yn 1907 publisearret er syn ‘Nije Fryske Gedichten’. Syn libben lang set hy him der foar, it oansjen fan en de kunde oangeande it Frysk yn Hollân to forheegjen en foar it Frysk ûnderwiis en alderlei oare folkssaken hat er mannich kear yn 't spier en yn 'e pleit west. By de Fryske jongerein foun er, as it der op oankaem, jit mear wurdearring as by de âlderein. Hat er as man fan stúdzje net altofolle ut 'e wei set, - oer Eeltsje Halbertsma mocht er graech skriuwe, lyk as ek oer de Hollanner Breero, - is er as dichter ek net wurden hwat er sa graech wollen hie, syn leafde foar Fryslan kin by gjinien yn 'e kiif stean. In bysaek of leafhawwerijspultsje hâldt net in foege heale ieu it hert yn bislach. 4. Jan Jelles Hof Jan Jelles Hof, sûnt 1897 as Frysk skriuwer bikend ûnder de skûlnamme Jan fan 'e Gaestmar, wurdt yn 1872 yn de Gaestmar, lyts doarp yn it hertsje fan it Súdwesthoekske wetterlân, berne út in âld skipperslaech. Yn syn jonge jierren forskynt er mar in bytsje yn skoalle, mar reizget safollestomear op de turfskûte hiele Fryslân en it noarden troch. Dat is syn sin oars net; hy kin goed leare en hy wol it ek, dat sil er skoalmaster wurde of licht wol dûmny? It is yn de Doleânsjetiid en Hof syn folk is fan de steile leare. De Hegemer dûmny Lútzen Wagenaar moat him mar ris hifkje en ûnderstean; hy wurdt lykwols gâns to licht bifoun en hat dêr ek alle frede mei. Yn 1891 rekket er as frijwilliger ûnder tsjinst nei Kampen en ridlik gau nei Haerlim. It bistean fan ûnderoffisier foldocht him fansels ek net, dat hy jowt him mei alle macht oan 'e stúdzje en binammen oan de taelstúdzje, dêr't er in bysûnder talint foar hat; hy wurdt in dreech en yn folle in typysk autodidakt. As er ‘samar’ oan it Frysk skriuwen slagget, rekket er dêrtroch yn 'e kunde mei twa oare Fryske skriuwers, dy't yn Haerlim wenje: dr. J.B. Schepers en Johan Winkler; meielkoar rjochtsje hja dêr it earste bûtenselskip ‘Gysbert Japiks’ op. Hy wurket mei oan Sljucht en Rjucht, - fan de lieder fan dat wykblêd, Waling Dykstra, tsjûget er letter: ‘Mar 'k earje yn Dy {==204==} {>>pagina-aanduiding<<} myn Master 't meast. Fen Dy ha'k skriuwen leard!’ - en ek oan de Selskipsboekjes. It biteart mei de soldaterij net sa bêst; yn 1901 komt er ûnder tsjinst wei en wurdt er op it Fean redakteur fan de Hepkema's krante (‘Nieuwsblad voor Friesland’). As Hepkema yn Ljouwert ek mei in ‘Leeuwarder Nieuwsblad’ bigjint, wurdt Hof dêr haedredakteur; sûnt is er yn Ljouwert hingjen bleaun. Oant op hege jierren is er op it stik fan taelstúdzje sawol as fan skriuwerij like warber en skrepsum as ea. Jan fan 'e Gaestmar is in skriuwer op de oergong fan de tiden en dat is in posysje, dêr't men gjinien mei lokwinskje kin: de lêste 19de ieuske Fryske skriuwer en dochs ien dy't dy ieu net foar syn rekken nimt. Hy is in man fan twaspjalt. Under ynfloed fan it Multatuli-rasionalisme rekket er fan it grifformearde leauwe ôf, mar troch sterke famylje- en tradysje-sin komt er der nea alhiel los fan. De dichter en de gelearde, it bern en de oerbiwuste âldere, de man fan de romantyske natuermystyk en de ûndergongsprofeet, de leauwige en de skeptikus, hja libje net inkeld, mar tsiere ek oanhâldend yn him meiïnoar. Hof is in folksbern dat sels syn paed mar sykje moast en doe nei in wei fan biswierlike foarming him iensum bifoun to wêzen; de disharmonij dy't safolle Fryske skriuwers pleage hat, forliedt him yn syn utering faken ta fûlens, striidberens en forsearring, ta in flecht yn de absolute útspraken. Mei sa'n persoanlikheit is it sa'n niget net, dat der yn Hof syn wurk in gearmjuksel is to fornimmen fan hurdens mei oanstriid ta bottens, en weake sentimentélens; fan soms al to maklike koartswyl en earnst, dêr't it melodramatyske to gau de oerhân yn kriget. Hy falt graech oan en docht dat dan meast gysten, lyk op de man ôf, rjochtút as de bargesnút. Mar njonken strider is er tagelyk en net minder dreamer: syn hast âldwrâldske romantyk uteret har binammen yn it hyltyd weromkommend idealisearjen fan bertedoarp en bernetiid, - byg. yn ‘Jelds klachte by't sjen fen boartsjende bern’ en ‘Myn doarpke’, - en sa fier giet dat, dat it ‘fredich doarpke’ út dizze wylde wrâld weitocht wurdt as in eilân fan lok en rêst. Hof hat mear hyperfryske eigenskippen nammers as dit strider- en dreamerwêzen: hy is ek earsuchtich, eigenwiis op it egosintryske ôf en heechhertich op it batske ôf. Forstân en gefoel lizze by him lang net altyd yn 'e blâns; dêr't er it forstân frij bod jowt, laet it ta frettende twivel; as it fielen oerhearsket, wurdt it gau oerstjûrens. By it lêzen fan Hof hopet men hyltyd op hwat goeds en greats, mar to faek is de klank net suver en fol genôch. Hwerom lit er dan syn sterke krityske ynslach by it eigen wurk ophâlde, hwerom komt er mar by útsûndering ta de synthese fan persoanlike forbylding en folksaerdige werjefte? {==205==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding JAN JELLES HOF (Jan fan 'e Gaestmar)==} {>>afbeelding<<} {==206==} {>>pagina-aanduiding<<} Dat wurk is wakker ûngelyksoartich. Yn 1906 joech Hof syn ‘foarste samling fersen’ yn de ‘Klankboarne’, in mânsk en moai forsoarge boek fan 227 siden mei ta motto ‘Der wâll't in klankboarne yn myn hert'.’ De dichter is ûnwennich fan it âldershûs en dreamt him werom nei it wetterlân; dat die Schepers ek, mimerjende-wei, mar Jan fan 'e Gaestmar, ûnder de ynfloed steande fan mannen as Bilderdijk en Da Costa, docht it sterk rhetorysk. Soms kin dat der krekt op troch en dan stribbet er Salverda op 'e side, al oertsjûget dy mear fan de needsaek fan syn utering. Soms rint it lykwols ek de spuigatten út; rigels as: ‘Kom bern! skien 't hert toskromf'let Yn bitter ôfskiedswé’, of ‘yetris, skimer-skierkjend, wif omrânne, yn sypjend hertewiet, leit foar him it fredichswiete, it nolke thús!’ fynt men fierstofolle. Dêr't er by de ienfâld bliuwt, falt er net yn it banale of pathétyske en rikt dan ynienen gâns fierder: Oan Libbens Ie, Feinteklachte, In dei yn 'e haeijinge, it lêste in libben skilderij dêr't men mei biwûndering nei sjocht. Yn syn foardrachten, (Trijeris is skippersrjucht, In teltsje út 'e fûgelwrâld, It Krystberntsje en syn Mem, ensfh.), in genre dat fan de tiid frege waerd, jowt er goede folksskriuwerij. De oersettingen, û.o. fan Multatuli, Hölty en Gezelle, binne troch de bank yn oarder, mar helje it origineel net altyd. In humorist is Hof net, al kin er wol geastich wêze; yn de punt- en slachrimen kin er Van der Veen, G. Postma, Faber en Wielsma mar inkeldris bilykje. Op it stik fan de tael kipt ‘Klankboarne’ der út; it idioom is ryk en geef, mar oerladen; archaïsmen binne der by 't soad; it stêfrym wurdt graech brûkt. Dy't Hof as dichter earlik bioardielje wol, sil lykwols alderearst nei de samling ‘Fan eigen tiid en folk’ (1951) gripe moatte. Ut it foarwurd docht bliken, dat de dichter fan ‘Klankboarne’ it boek as gehiel al gau net mear foar syn rekken nimme koe; dêrom hat er der foar de definitive samling mar in mennich earnstige en frijhwat koartswilige fersen út oernommen. Yn hwat der bykommen is, sit folle moais: in fers as ‘Doe’ is suver as goud, Myn jonge dagen, Binoarden Haerlem, By 't beaken, e.o. binne oprjocht en ienfâldich-wier skreaun. Ien, dy't sa'n stik gefoelige biskriuwingskunst jaen kin as it brede ‘Thúskommende út 'e frjemdte’, moat gâns hwat yn de marse hawwe. Hjir docht it wol dúdlik bliken, hoe't Hof syn bûtengewoane macht oer de tael ek in tige dichterlike eigenskip is. Sit der yn de ‘birymde fabels’ ek net safolle technysk masterskip, dat it allegearre suver fansels rint, sûnder dat der stoplapen by to pas komme? En hoefolle puntigens, geast en sarkasme Hof yn syn polémyske rymkes lizze kin, moat de lêzer sels mar yn de lêste ôfdieling fan dit boek neigean. As oersetter hat Jan fan 'e Gaestmar him in útblinker bitoand mei syn neidichting fan ‘The song of Hiawatha’, it Indiaenske epos fan de {==207==} {>>pagina-aanduiding<<} Amearikaenske dichter H.W. Longfellow, dat yn 1855 forskynd is en dat Guido Gezelle yn it Flaemsk oerbrocht hat. It is tige spitich dat dizze pûrbêste oersetting, opnommen yn Forjit my net 1901-'04, nea apart útjown is. De earste samling proaza dy't Hof yn it ljocht joech, wie ‘Omstikken en Sydstikken’ (1907). Der binne, dy't dit boek fan oer de trijehûndert siden brûke as in stúdzjewurk oer Frysk taeleigen, en wier, der sit in ryk wurdboek yn. De kunstwearde kin safolle sprekken lang net lije. De ynhâld bistiet út forheljend wurk, - de novelle ‘Op Mûntsepôlle’ hat tige goede einen, de sketsen hawwe hwat tofolle humor op syn Justus van Mauriks, - opstellen, in learsume lêzing oer ‘Us folksaerd en ús sprake’, en foar mear as de helt út de satiryskdidaktyske ‘Drankjes’, in foarm fan journalistyk dy't wy nou amper mear forwurkje kinne. De twaspjalt yn Hof, lyk as dy hjir foar biskreaun is, komt yn dizze ôfdieling klear út. In forhael, dat suver ta in roman útdijd is, is De Greate Striid, as feuilleton opnommen yn Fryslân, 1916. It is net apart útkommen, mar in jier letter hat Hof it ta in great toanielstik biwurke en útjown. Forhael en toanielstik hawwe deselde deugden en itselde euvel: it konflikt wurdt skerp oanfield en ek wol hjir en dêr yn geve karaktertekening en Fryske sfear útbylde, mar as it der op oan komt, brekt it de skriuwer by de hannen om't ôf. Hy stelt him in heech ideael, mar de sterke opset hâldt it net en forrint yn karikatuer (byg. fan de útforkiezing) en melodramatyk. Hof syn libbenswurk by útstek, as Frysk skriuwer alteast, is gearfette yn de fjouwer dielen fan ‘Fjirtich Jier Taelstriid’, (1940-'42, meielkoar ryklik 1600 siden). It is foar ien dy't fan Fryslân hâldt en de Fryske biweging bilangryk genôch achtet om der tiid oan to spansearjen, in ryk en bûtengewoan learsum wurk; elk kin der ek út leare hwat goed Frysk is en hwat de goede brûker der mei wurde kin. As skiedskriuwing fan de Fryske biweging, mar ek foar in diel fan de Fryske skriftekennisse, foarsafier dy har oppenearren yn it tiidrek 1897-1940, hawwe dizze dielen in tige greate wearde. Gjinien sil forjitte, dat er hjir alle bisprutsen saken en figueren yn Hof syn spegel sjocht, mar krekt dy persoanlike biljochting is fan in seldsume bikoaring: hjir jowt in skriuwer, en net de earste de bêste, him hielendal en leit er himsels yn syn krêft en swakheit bleat. De fjochtersbaes yn Hof, de forstânsminske, de man mei de greate oandacht foar it lytse, komme hjir uteraerd it meast nei foaren, mar de gefoelsminske forskûlet him dochs ek net. It sil in heikerwei wêze, op groun fan dizze fjouwer dielen út to meitsjen hwer't Hof geastlik (godstsjinstich, pol-tyk, ideologysk) stien hat of stiet, mar op syn wize yn en foar Fryslân {==208==} {>>pagina-aanduiding<<} stean, docht er op elke side. Gjinien as hy hat sa mei de died oantoand hwat Fryske journalistyk wêze kin en hoe ticht dy dan by de literatuer komt. De lêzers sille elk foar oar argewaesje fan him hawwe, mar hja sille syn libbene, puntige en faek geastige skriuwtrant biwûnderje en suver oergunstich wurde op syn masterskip oer de tael, ek as hja miene dat er him withoefaek oan it taeleigen foriten hat. It is net nedich, mar wol oan to rieden, nei dizze fjouwer dielen ek it lytse boekje fan Hof syn tsjinstanner oer tsientallen jierren to lêzen: dr. D. Kalma syn ‘Koarte ynlieding ta Fjirtich Jier Taelstriid’ (1943). As stik polemyk is it swak, as minsklik tsjûgenis net altyd foarnaem, as proaza net libben of apart. Dochs bringt ek Kalma wol inkelde wichtige wierheden nei foaren, dêr't Hof, mei sin of by forsin, nea gjin each foar hawn hat. Mei men tankber wêze dat nou safolle wurk fan Hof út âlde kranten en tydskriften helle en tagonklik makke is, - skôgingen, toanielkritiken, persoansbiskriuwingen, folle-net-genôch, - it is net sa dat de fjouwer dielen syn sammele wurken hjitte kinne. Greate forhalen lyk as ‘Idske Galama’ en ‘Dokter Damstra syn kar’ lizze jit yn Forjit my net, 1910-'13. Foar de bern hat er skreaun de twa dieltsjes ‘Yn eigen tún’ (1909, geakunde fan Fryslân), Jan Moalker syn hyngsteriden (1903) en it toanielstikje De moaije Sliepster (1904). As striidskriften moatte neamd wurde: Iepen brief oan dr. J.B. Schepers, 1900, in heal geastige, heal skoalmastereftige bistriding fan dy syn stânpunt; De saek Wielsma en Sipma-Hof, 1913, in persoanlike kwestje dêr't men nou min mear fan bigripe kin, hoe't men der doe tiid en aerdichheit foar hie; Is der in Fryske tael? 1914, foar it greatste part in saeklike bistriding fan Sipma, nou jitte fan wearde en bilang. Yn oansluting by dit wurk, (de forklearring fan syn striden foar ‘in fryske skriuwtael, dy't boppe de dialekten út, mar dêrtroch en dêrút libbet, sa't de beam út de woartels libbet’) skriuwt er mei O.H. Sytstra de Nieuwe Friesche Spraakkunst (1925) en yn 1933 de Friesche Dialectgeografie, in wurk fan tige greate bitsjutting. Syn skriften oer it Oera-Linda-bok tsjûgje fan in skerp oardiel. Hwer't er as parodist fan de Jongfryske skriuwerij ta yn steat wie, (as ‘Trochljachter’, ‘Wetterlanner’ of ‘Geart Jans Fenema’), mar ek as ‘tiidsrimer’, kinne wy goed sjen yn de lêste ôfdieling fan ‘Fan eigen tiid en folk.’ Jan fan 'e Gaestmar syn bitsjutting foar Fryslân is net lyts. As strider ûnthjitte er yn it earstoan gâns: hy wie warber, kundich, fol fan nije initiativen en hie fjûr en leafde. Doe't al gau de persoanlike oanfallen kamen, bilune en bikuolle dat allegearre wol hwat; syn tokoart oan fisy, oan leauwe, oan in nasionael ideael, binaem him gauris de wiere striidkrêft; it gefoel fan miskend to wêzen, de ympulsive driuw {==209==} {>>pagina-aanduiding<<} nei earlikens en in hwat wippelich aerd, makken him ta pessimist. As taelgelearde mei er de bêste kenner fan de hjoeddeiske folkstael hjitte; syn oanliz foar taelstúdzje is bûtengewoan, - sjoch as lêste biwiis syn ‘Dit en dat oer it stedsk’, Estrikken XVII, 1956, - en hy hat in seldsum skerp ear foar lûden en sizwizen. Syn krityk op de Jongfriezen har taelgebrûk wie folslein rjochtfeardige, mar waerd to apodiktysk foarbrocht; de tael op harsels waerd lekke, mar de geast dêr't hja út fuortkaem, tofolle foarbysjoen. Oer Hof as kunstner is der wakker ûngelyk tocht. Johan Winkler neamde him yn 1902 ‘de greatste Fryske dichter’ en dr. O. Postma sette syn fersen en proaza ek tige heech. Douwe Kalma rekkene him in deimannich ek by de bêste dichters, mar foroare al gau en foun doe gjin wurden genôch om syn forachting foar dizze ‘bombasticus’ to uterjen, hoewol dat oardiel ek al ridlik-gau forsêfte waerd. In dichter, en ek in bilangryk dichter, is Hof op syn bêste stuiten sûnder mis; net to ûntstriden is lykwols, dat er syn talint faek bidobbe hat ûnder bylkjend fortoan en dat er himsels min yn 'e blâns wist to hâlden. Mar binne selsoerskatting en tokoart oan forantwurde krityk dêr ek net mei skuldich oan, wie it der ek net in gefolch fan, dat er net altyd de gaedlikste foarbylden foar kar naem, - Hildebrand, Multatuli, Longfellow, - en hat ek syn maklikens fan taelbihearsking him paradoksael sein soms net dwers sitten? Taelmacht allinne, sûnder rom geastlik eachweid, laet nea ta sterke foarmskepping. Mar krekt it feit, dat de krityk sa'n hâldfêst oan Jan Jelles Hof hat, biwiist, dat er ien fan de alderbilangrykste figueren fan dizze oergongstiid is, in man dy't yn brokstikken en op de koarte baen in heech peil wist to birikken, in Fries dy't tige faek foar Fryslân stien, en der folle foar dien en weage hat. 5. Simke Kloosterman Simke Kloosterman (1876 Twizel-1938 Ljouwert) wie de iennichste dochter fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman en Tryntsje Beintema; har mem wie út it laech fan Eelke Meinerts, de Kollumer boer en skriuwer út it lêst fan de 18e ieu. De âlden wiene tige bigoedige; har iennichst bern krige in oplieding ta ûnderwizeres yn Apeldoarn, mar hoegde nea yn skoalle to stean. Húslike omstannichheden hawwe har faek fier fan Twizel hâlden en lang hat hja yn Den Haech wenne. Earst yn har lêste libbensjierren sette hja har yn Ljouwert nei wenjen; op in kâlde winterdei is hja op it Twizelder tsjerkhôf, {==210==} {>>pagina-aanduiding<<} fuort by de âlde toer, biïerdige. In frou mei in sterke famyljetradysje, mei greatskens op har foarnaem boerekomôf en mei in aristokratysk frijdomsfielen wie hja. En hja soe har wei net sa iensum en moedich en suver steech gien wêze, as hja net witten hie fan har ropping en útforkiezing as kunstneresse. Har libben lang wie hja ienling, yn har aerd en bistean lei riedsel en heimenis, oer har wurk strielet it waerme ljocht en de kleurige skittering fan de natuer fan de Wâlden yn har rykste bloei. Hja wie jong yn de útgong fan de 19de ieu. It skriuwersbloed oppenearre him al ier; op skoalle koe hja moaije opstellen meitsje en sûnt har sechtjinde jier forskynde der al wurk fan har yn de ‘Hollandsche Lelie’, De situaesje yn de Fryske literatuer lokke doedestiids net ta meidwaen út; dochs wie de stap fan Hollânsk nei Frysk net to kearen, dêr't de natuer sa krêftich en oarspronklik wurke. Tsjibbe Gearts kaem wol by harren thús oer de flier en fol geastdrift koed er dan syn wurk foardrage; syn foarbyld en dat fan har heit wiene de uterlike oanlieding ta it Frysk skriuwen. Waling Dykstra krige yn 1898 it earste fers (‘Winternocht’) foar Sljucht en Rjucht; hy priizge it tige en trune har oan ta it skriuwen fan in great forhael: it waerd ‘Beppe yn 'e fleur’ en fuort dêrnei kaem ‘Sybrich fen Botnia’. It Hollânsk skriuwen wie nou forgoed fan 'e baen. Har talint waerd al daliks fan oare skriuwers opmurken; Hof, Sytstra en oaren setten har der ta oan mear to jaen en in hiele rige forhalen foun plak, fral yn it Selskipsjierboekje Swanneblommen (1904, '05, '06, '07, '11, '12, '14), dat dêrtroch ynienen mear oansjen krige. Yn 1910 joech hja har earst boek út: ‘Ruth, In hânfol ieren’. It wie in fikse sammelbondel, dêr 't bûten de titelnovelle (út 1903) in fjouwer, fiif oare proazastikken yn stiene en forskate fersen, û.o, ‘De keningssoannen’ en it greate epyske dichtstik ‘Harald de romrofte’. It boek foel der fuort tige yn. Gerben Postma priizge it yn Forjit my net 1910 om de ‘bysûnder troffene karaktertekening, natûrbiskôging en fine fieling’; yn itselde stik liet hy de wurden skeanprintsje: ‘Dit is wrychtich in boek dêr't wy greatsk op wêze meije, dat wy mei ynnommenheid de ljue foarlizze kinne, hwent dit hat ús letterskat forrike.’ De frou, dy't har wurk yn dizze earste jierren sa faek mei ‘S. Kloosterman, in frysk fanke’ ûndertekene, hie yn alle dimmenheit hwat nijs oan Fryslân jown. Foar de tsjintwurdige lêzer binne de measte fan de forhalen út de jierren 1898-1912 wol hwat forâldere yn har romantyske opset en útspoune tekening, mar de taelkrêft, de dichterlike bisieling en de moedige bylding forgoedzje dat tokoart genôch. Aldergeloks is fan al dit proaza nou in krekt en maklik oersjoch to krijen troch de útjefte fan de beide bondels ‘Ut de Gielgoerde’ (I, 1936: {==211==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding SIMKE KLOOSTERMAN==} {>>afbeelding<<} {==212==} {>>pagina-aanduiding<<} De lêste fen de Ingwerda's; Ruth; By de Fjouwersprong; In hird man; Jan Minnema; De Widdou; Brimmerheide; Jeugd. II, 1944: Beppe yn 'e fleur; Sybrich fen Botnia; Leed en Wille; Heiteljeafde; sawn koartere sketsen en fjouwer lyryske stikken). It soe ek in blyk fan Fryske ûntankberheit wêze as dizze eale samling mei har sawndehealhûndert siden net foar elke nije generaesje iepen kaem to lizzen. Yn de jierren 1911-'16 moat Simke Kloosterman de roman ‘De Hoara's fen Hastings’ yn de holle en faeks ek al yn de pinne hawn hawwe, mar earst yn 1921 koe it boek forskine. It Fryske folk hat De Hoara's as it masterwurk fan dizze skriuwster oannommen en sil him der hyltyd wer mei biwûndering yn fordjipje; hja sels liket der yn letter jierren hwat frjemder foaroer stien to hawwen, om't de sosialistyske tendins fan it boek har net mear sa sympathyk wie. De Hoara's spilet dúdlik yn de Wâlden yn de earste jierren fan dizze ieu, der binne grif jonkheitsoantinkens fan de skriuwster yn forwurke, mar sûnder in great kunstnerskip hie hja nea sa'n forbylding fan boerelibben jaen kinnen. Leafde en haet, hertstocht, jildsucht, fete, foriensuming, erflikheit, it binne de thema's fan dit boek, dêr't faker de swiere loften oer hingje as de maitiidssigentsjes der troch hinne rûze. It forhael hat bytiden hwat fan in Aldnoarske saga, mar de skriuwtrant is drokker, kleuriger, weelderiger; lyryske biskriuwing wurdt soms ôfwiksele fan in styl, dy't stiiffol dynamyske spanning sit. It is allegearre sfear en faek liket it boek allinne mar natuer, bloeijende en toarstige ierde, siedding en risping. Der is oer striden ôft de eftergroun, de fisy fan it boek heidensk (pantheïstysk) of kristlik is; Simke Kloosterman hat it blykber sels net witten en dr. G.A. Wumkes, dy't der har oer frege hat - de dichterlike proloog fan De Hoara's wie de oanlieding - kaem mei syn ûndersiik net folle fierder. Ein 1926 kaem de greate histoaryske roman, It Jubeljier, skreaun yn de jierren 1920-'24, yn it ljocht. It boek, dat de fordrukking yn de Frânske tiid fan 1795-1813 biskriuwt en dêr't gâns skiedkundige stof yn forarbeide is, - ek it gea en de foarteam fan Simke Kloosterman sels wurde út it tsjuster ophelle, - is yn folle in bitsjûging fan gleone leafde foar it Oranjehûs. Der steane kostlike einen yn, mar as gehiel is it net sa natuerlik, sa fulkanysk ûntstien as De Hoara's en sit der ek net sa'n dramatyske krêft efter. De oerdiedige en soms hast it forhael oerwoekerjende lyryk wiist yn sa'n roman faek earder op in tokoart oan bihearsking as op rykdom fan mooglikheden; de sielkundige tekening lijt ek ûnder de iensidige opset fan de skriuwster. Dochs bliuwt It Jubeljier in wurk fan great formaet, dêr't Fryslân tige wiis mei wêze moat. De greate histoaryske novelle Hengist en Horsa (1933), in frije {==213==} {>>pagina-aanduiding<<} biwurking fan de âlde sêge dy't om 419 n. Kr. hjit to spyljen, hat jit tige de deugden fan dit skriuwsterstalint, mar lit ek de skaedsiden dúdliker sjen. Op syn moaist wol komt dit talint út yn de prachtige mearkes, sammele yn Twiljochtteltsjes (1928), proaza bytiden fan sok in forfining, dat men it as in seldsume spize op de tonge rane lit. Ek de fiif stikken yn it Great teltsjeboek for Fryske bern (1932) binne fan in bysûndere kwaliteit. En it itensiedstersboek De Fryske petiele (1939) leit minder fier fan de literatuer ôf, as mannichien wol tinke soe. Oer Simke Kloosterman as dichteres is it swier yn koarte wurden to skriuwen. In net sa lyts part fan har lyryk is nea printe en neffens eigen winsk nei har dea forbarnd, om't dizze fersen tige persoanlik fan ynhâld wiene. Mar dat binne de fersen net minder, dy't yn 1932 yn De Wylde Fûgel fan de skriuwster sels sammele waerden. Dy't him yn dit boek jowt, sille de swiere, ienlike striid, de hertstocht, it neioankommen fan it libbensgeheim treffe; hy sil der letter mei hyltyd djipper earbied nei gripe, wittend dat de fûgel dochs it nêst foun hat. It moeit jin hast, dat it samle fersewurk deselde titel draecht: De Wylde Fûgel (1952). Ek it epyske dichtwurk - objektyf-forheljend, rêstich, mar soms ek hwat âldfrinzich - is ommers yn dit boek opnommen. De lyryk bliuwt lykwols it bilangrykst. Wer falt de natuermystyk op: it dualisme fan maitiid en hjerst, ljocht en nacht, stjerren en bernjen, vikingskip en sudewyn, foarm en fieling. Der is wurk by út in tiidrek dat forgoed foarby is, der binne ek fersen dy't jin as modern oankomme. Mar hoe wist Simke Kloosterman fan de leafde to sjongen, hoe bloeit en baernt it dan allegearre! Hwa wurdt net tagelyk bliid en kjel fan dat prachtige ‘Tûzenen’? Dy't ris efter elkoar lêst it waerme en fine ‘Keningsbreid’ en it tagelyk stoïsynske en hertstochtlike ‘Ik groet dy, kening’, dy wit hoefier de scala fan toanen by dizze dichteres rikke koe. Fersen as ‘De Meander’ en ‘Libben’ biwize dat noch klearder, om't hja boppe it persoanlike út komme en de wysheit, dy't yn swiere striid woun waerd, suver as yn de granitene foarm fan it Edda-liet byldhouwe. Simke Kloosterman koe grif it folkslibben yn al syn lagen wol en hja hat soms de biskriuwing fan sosiale spanningen ek net mijd, mar dochs hie hja in foarleafde foar it bistean fan âlde boerefamyljes en aristokratyske formiddens. Nea wie foar har it forline stoarn; it libbe yn en om har troch. Yn De Hoara's hie hja gjin forlet fan jiertallen of histoaryske feiten; oer it tydlike hinne socht hja it minsklike. Oan dat minsklike hie hja in fitael, mar suver in mystyk oandiel: har sterke froulikens socht it net yn koele riddenearring, mar wie great yn leafde en hate, yn wredens en sêftens. Har styl is fangefolgen ryk en bloeijend, neffens Fryske forhâldingen wolris to drok en bûnt, binammen yn de {==214==} {>>pagina-aanduiding<<} biskriuwingskunst. As it der op oankomt, wit hja sinnen to bouwen fan bysûndere krêft en spanning; dy steane dan suver neaken yn it forhael. Mar faker lit hja de sinnen glânzgje as fynbislipe juwielen, dy't jin hyltyd wer oare bylden foar eagen tsjoene; as in net to bidimjen fontein springt dy taelplastyk út har oerrinnend ynderlik op. Simke Kloosterman wie in natuertalint: hja komt út gjin skoalle, stie net ûnder ynfloed fan dizze of jinge, liet har fan gjinien sizze of riede. Har tael hat folle fan de tongslach fan de noardlike Wâlden om Twizel hinne, mar bliuwt persoanlik en oarspronklik. Hja harket nei it folk, mar jowt de wurden in eigen kleur. De stavering lit hja har net foarskriuwe, hja is der sels master oer. Mar foar alles: hja hat gjin bledside skreaun, dêr't net de hertstocht fan har libben yn kloppet. 6. Reinder Brolsma Hy komt hielendal út it folk wei en altyd hat er ûnder it folk forkeard: Reinder Brolsma (1882 Stiens-1953 Ljouwert). Yn ‘it âlde doarp’, it doarp fan Piter Jelles, wurdt er berne as jongste fan acht bern, dêr rint er de skoalle ôf en dêr wurdt er ferversfeint. In gewoan man, dy't der uterlik al syn dagen ek yn neat útroun, dy't allinne yn syn natuer de jefte fan fyn opmerken en skerp werjaen meikrigen hie. Syn libbenslot is gau forteld en wykt net iens safolle fan dat fan party 19de ieuske Fryske skriuwers ôf: oerdeis fervje, jouns en winterdeis yn de liddige skoften skriuwe. Yn 1910 trouwe, wenje yn Lichtaerd en Akkrum, bern krije, skreppe om it deistich brea. Fan 1919-'41 yn Ljouwert, dêr't er it folkslibben ek tige acht slacht. In greate dei wie it foar him, doe't er by de krante kaem en mei fervjen ophâlde koe; hy krige gaedlik wurk en fielde him dêr by thús. Hy jowt him bûten de stêd yn Goutum del, nimt yn de earste oarlochsjierren út frjemde hannen de doe ynstelde Harmen Sytstra-priis foar de Fryske literatuer oan en kin nei 1945 net rjocht mear oan 'e gong komme. Hy foriensumet en fynt yn in kâlde hjerstnacht syn tragyske dea. Hoe't er ta Frysk skriuwen kaem? It siet der yn, hy hie in oerurven leafde foar it Frysk, hy hie ambysje, hy woe der op sa'n wize hwat byfortsjinje. Hy hie it wurk fan de bruorren Halbertsma en Waling Dykstra lêzen en dêr goed fan leard; gjin niget, dat syn earst stik, Sinnestrielen, yn Sljucht en Rjucht, 1903, forskynd is. Fan de wenstige folksskriuwerijtrant wykte dit en letter wurk net iens safolle ôf: it wie almeast oefenwurk, dêr't de âldere Brolsma earst by goed tasjen yn werom to finen is. Syn talint ripe stadich en yn stiltme. Doe't nei 1915 hy {==215==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding REINDER BROLSMA==} {>>afbeelding<<} {==216==} {>>pagina-aanduiding<<} mear nei foaren helle waerd, koed er him yn greater krêft ûntjaen, mar it waerd 1923, ear't der hwat fan him yn boekfoarm forskine koe: de novelle It Forgift, in drankbistridersforhael. Sûnt dy tiid is der in rige boekútjeften fan syn wurk forskynd, dy't der wêze mei; forskate boeken binne ek ienkear of faker werprinte. Dochs leit in fiks part fan syn wurk - notysjes, sketsen, novellen, forfolchforhalen - jit altyd bidobbe yn kranten en tydskriften, dêr't it ornaris min to birikken is. De greate mannichte fan lêzers ken Brolsma fierwei bêst of allinne út syn greater wurk. De ynset wie tige. Yn 1926 forskynde It Heechhôf, dêr't yn 1938 as forfolch It Aldlân by kaem en yn 1947 Richt; in trilogy, dy't net altyd deselde hichte hâlde kinnen hat. Boeken lyk as It Widdousbern (1941, earder yn Frisia 1922-'25), Sate Humalda (1934, oer de krisis yn it boerelibben om 1890 hinne), Groun en Minsken (1940) wiene al earder yn tydskriften opnommen en hawwe soms jierren op útjefte wachtsje moatten. Dat wie mei inkelde greate novellen ek it gefal; De boer en de arbeider op Ekema, De reamme fen it libben, De reis nei it âlde doarp, Striid en oare forhalen, waerden yn 1928-'36 út de blêdden weihelle en as hânsume skriftkes útjown. Mame en de greate boer (1940) en Ypeus (1942) gyng it al krekt allyk mei. Eardere boekútjeften wiene De Skarlún (1929, yn Frisia earder opnommen as It lêste Jier, de tekening fan in fortutearzge jongeslibben) en Neisimmer (1931); losse sketsen waerden sammele yn Spegels (1927) en Bylâns de wei (1940). Folle en grif mei fan it meast weardefolle fan it lytsere wurk is nou byienbrocht yn de beide greate bondels Sa seach ik Fryslân (1951) en Folk fan Fryslân (1952; hjiryn ek de greate novelle Obe Palma, dy't earst Nei de ein hjitte). Giet men dit listke nei, rekkenet men in pear toanielstikken en in stik trije ienakters út de jierren 1932-'39 der by, telt men gâns apart krantewurk - Gesprekken bij de brug, rjochtbankforslaggen, reportaezjes - der ek by op, dan is it in skriuwersproduksje, sa't mar inkelden yn Fryslân op har namme stean hawwe. It wenjen yn Ljouwert hat foar Brolsma, doarpsman as er wie, sûnder mis ek forromming fan eachweid brocht; dêr krige er de kâns mei it omstippersfolkje fan ‘Bylâns de wei’ yn 'e kunde to kommen, dêr mette er de lytse stedsboarger, minske ek mei in eigen bistean. Iensidich yn de kar fan syn persoanen is er net, mar wol hat er syn foarleafde; de arbeiders komme earst en de gernieren, de greate boeren folgje letter; it folk út de gloppen en stegen hat de foarrang boppe de biwenners fan de fatsoenlike strjitten. Thús fiele docht Brolsma him einliks allinne yn noardlik Fryslân: Stiens, de Flieterpen, Dokkum, de kriten bylâns de Dokkumer Ie, Ljouwert; yn de Bjirmen of yn de Súdwesthoeke bitrout er himsels net. Wurde Brolsma syn boeken dan ek in spegel fan Frysk folkslibben {==217==} {>>pagina-aanduiding<<} neamd, dan is dat grif wier, mar jildt it fansels net foar dat folkslibben yn syn hiele hear en fear; de dingen fan leauwe en tsjerke rint dizze skriuwer faek hoeden om hinne: by alle earbied dy't er bytiden foar it orthodokse folk hat, stiet er der dochs bûten. Brolsma hat wol greate proazaskriuwers lêzen, Dickens bygelyks, mar hy is der net slim fan biynfloede. Hy hat in eigen en tige persoanlike skôging, ien dy't wol it tsjinstelde liket fan Simke Kloosterman har lyrysk romantisme, ien dy't objektyf bisjocht en biskriuwt en dochs oer alles in mylde glâns, in lichte irony en soms in stille wémoed wit to lizzen. Syn réalisme is ynbannich, bihearske, hat gjin forlet fan sensaesjes of fan opkroppe dramatyske spanningen, siket it net yn sielkundige forwikkelingen of yn it útklaeijen fan de minsklikheit, mijt frijwol altyd God en duvel. Yn de earste tiden leit er it effekt wolris yn in spotske humor, mar letter wurdt dy humor aloan djipper en wizer: dan jowt er dy't him nei of fier fan him ôf steane in earlik plak yn syn oandachtige, bigripende tekening. Minsken en dingen geane Brolsma wier oan; dêrom kin er de werklikheit net mei kâld synisme byldzje, mar docht er it mei in meifielende, meilibjende humor, dy't wolris Frysk én filosofysk neamd is, mar dy't yn alle gefallen folslein oars is as it hwat wrange soarte fan party humoristen út de foarige ieu. Brolsma is in portretskilder, dy't skerp en yn koarte halen typearje kin, net troch útinoarplúzjen fan it ynderlik, mar fral troch libbene aksje en natuerlik petear. Wiidweidige natuerbiskriuwingen, dêr't Simke Kloosterman sa'n aerdichheit oan hie, sil men by him suver net fine; de minske stiet altyd yn 'e midden. Soms is dy minske stadichoan net folle mear as diel, ja as bút fan de natuer; dan kriget dit proaza hurdere, wredere, djippere toanen en wurdt it ta in tryst en tragysk epos as dat fan ‘Groun en Minsken’. De bou, de komposysje en sels de yntrige hawwe Brolsma's sterkste siden nea west. Romanskriuwer kin men him dan ek suver net neame: it breedbiwurke, folsleine libbensbyld, architektonysk opset en organysk útboud, de dúdlike en wisse ûntjowing fan de persoanen en fan har konflikten, hellet er net. Yn It Heechhôf, hoe'n treflik boek ek, steane de haedstikken soms as sketsen op harsels. Brolsma is in novellist; syn krêft leit yn de bigrinzing, yn de sobere, hast earmoedige streken, dêr't er syn figueren mei werjowt, yn it kiezen fan de krekte ôfstan, yn de forbining fan de minske mei syn formidden. Dêrom bylket en blinkt syn wurk ek hielendal net en ferget it in tawijd lêzen, sil men it op syn bêst wurdearje. Mar dan ek wurdt de bileanning hyltyd greater; dan komme foar jin to stean de bodders en wramers, - arbeiders, koumelkers, gernieren, boeren, de lytse baeskes en de tûke faklju, - mar ek de swalkers, de ûnmaetskipliken, de forstjittenen: kuorkerinders, {==218==} {>>pagina-aanduiding<<} keapmantsjes, sûpers, lietsjesjongers, sutelders, en net to forjitten de âldfeinten, rinteniers en stive boargers. 1) Op syn bêst is Brolsma as er it doarpslibben, it boerebistean en de selskant fan Ljouwert biskriuwt en it deistige wurk, de muoite en de wille fan it Fryske folk yn syn ûnderste lagen neigiet. Giet er fierder fan hûs ôf, dan jowt er him wolris op glêd iis sûnder op skerp to stean: sa yn Neisimmer, hwer't de forhâlding fan de deftige, evenredige âldfeint en de jonge, bliere húshâldsterfaem tekene wurdt; of yn De reamme fan it libben, dêr't it oer it stoflik bistean fan in rike rintenierboer giet. It sosiale elemint kriget ornaris folle mear omtinken as it geastlike; oer it godstsjinstich libben, it wiere dan, wurdt de lêzer fan Brolsma net folle gewaer, oer it tradysjonele en forwurdene fansels wol hwat mear. It liket, as komt yn lettere wurken as Groun en Minsken en It Aldlân fan datoangeande wol hwat mear bigryp, mear fertikalens nei foaren; dan kriget it forhael daliks ek in swierder, folder toan. Fan de Frânske skriuwer De Balzac is bikend, dat er sa'n twatûzen minsken yn in foech hûndert romans tekene hat; Brolsma slacht navenant gjin min figuer. Hy hat jong west yn de earmoede en tidens de sosiale opstân fan de tachtiger en njoggentiger jierren, hy hat tsientallen jierren lang de lytse lju opnommen en obstrevearre, hy hat der gjin striidprogram út ôflaet, mar wol wysheit troch woun. Ienkear, doe't Brolsma by hege útsûndering oer syn eigen wurk spriek, murk er op dat party Friezen graech woene dat er oer de wiere, foarútstribjende Fryske boer skriuwe soe, oer de man mei gâns stamboekfé en folle bistjûrsbaentsjes. Hy die it net, sei er; it gewisse hie him oplein oer in iensume, fan nimmen bigrepene, rûge wrotter to skriuwen. Dát boek waerd Groun en Minsken. It is Brolsma syn bêst boek, it stiet - hoe oars it ek is - njonken De Hoara's fan Hastings. It is in net altyd sierlik, mar wol dreech monumint. Dêr foaroer mei dan stean dat juwiel fan ienfâld, waermens en direktens, dat bysûndere stael fan syn kinnen yn uterst koart bistek: Mearke út noardlik Fryslân. Hoe tige leaf moat dizze skriuwer syn lân en folk hawn hawwe! 7. Obe Postma Yn 1868 wurdt Obe Postma to Koarnwerd berne, út boerelaech en as âldste fan sawn bern. Hy giet yn Koarnwerd en Makkum op skoalle, {==219==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Dr. OBE POSTMA==} {>>afbeelding<<} {==220==} {>>pagina-aanduiding<<} rint it Snitser gymnasium ôf en bigjint yn 1886 oan de Amsterdamske universiteit mei de stúdzje yn de wis- en natuerkunde. As learaer yn 'e wiskunde oan de H.B.S. to Grins promovearret er - de dissertaesje hjit ‘Iets over uitstraling en opslorping’ - en dêr bliuwt er ek oan syn pinsioen ta. Al ridlik gau gyng syn leafhawwerij fan de wis- en natuerkunde oer nei de skiednis, earst dy fan de natuerwittenskippen en de filosofy, doe, grif ûnder ynfloed fan syn freon prof. dr. Tsjitse de Boer, dy fan lân en folk. Hy troude net, forfear yn 1934 nei Ljouwert om dêr mear oan archyfûndersiik dwaen to kinnen en publisearre datselde jier syn foarnaemste stúdzje ‘De Friesche Kleihoeve’. Yn jonger jierren hied er wol artikels op natuerwittenskiplik gebiet skreaun, letter hâldde er him oan de histoarje en de poëzij. Gjin biwegingsman, gjin strider, gjin man fan polityk, iepenbierheit en aktualiteit, wurden allegearre dy't him oan it glimkjen bringe. Wol: ien fan de bêste Fryske dichters. As gymnasiast skreau er al Hollânske en Fryske fersen, as studint ek wol, mar neffens himsels wiene se net fan wearde. De fersen fan de earste bondel waerden makke, doe't er al oer de tritich wie, foar in lyrikus wol hwat let. It Frysk as skriuwtael wie him eigen wurden, sûnt er de brosjueres fan de pinnestriid Troelstra-Wagenaar en de Rimen en Teltsjes lêzen hie. Sûnt likernôch 1900 forskynde der yn Forjit my net in rige fersen fan ‘P.’ ûnder de sammelnamme ‘It Fryske lân en Fryske libben’. It liken sa op it earste oankommen ienfâldige rymkes oer deistige ûnderwerpen dy't yn Fryslân al withoefaek bisongen wiene, mar as men jin der efkes better ynjoech, murk men al gau dat dizze dichter de macht hie yn sljochte wurden in nije sin en oer gewoane rigels in djippe glâns to lizzen. Hjir wie ien dwaende, dy't yn in waerme stille leafde alles hwat mei Fryslân en it Fryske wêzen gearhong, yn in teare tagedienens omfette. Jierren gyng dat sa troch. De skriuwer kaem oars suver net nei foaren; de drokke, lûde wrâld lokke him net. Einlings, yn 1918, waerd dizze poëzij yn de earste bondel sammele: ‘Fryske Lân en Fryske Libben’. De ynhâld is ienfâldich en stiet fan al it wurk fan Postma grif it tichtste by it folk. It is in boek fan jonkheits-oantinken: de dichter dreamt oer it forline dat foarby en forlern is en dat er nou yn syn mimering ta nij libben bisiket to bringen. Dat dizze stim wjerklank foun, biwiisde wol de tankberens dêr't Fryslân dizze dichterlike jefte mei oannommen hat: yn 1923 moast der in twade printinge komme. Doe wie de ynhâld yntusken gâns útwreide en sadwaende leine der mear as tweintich jier tusken de earste en de lêste fersen fan de bondel. Net al dy fersen hiene mei Fryslân út to stean; der wiene ek bispegeljende by (‘O deaden, heech yn kleare seal’) en mear algemiene lyk as ‘Romantyk’. {==221==} {>>pagina-aanduiding<<} Der is wol tocht, dat sa'n iensidige dichter him dochs ris út syn stof skriuwe soe: altyd wer itselde! Mar elk nij fers joech nij geniet en dy't de ûntjowing fan de dichter goed folge, wist wol dat Postma, dy't neffens syn jierren dochs by de âlderein rekkene wurde moast, himsels alderminst fêstskreaun hie. Yn de foarm kaem dat ek al út: hy hearde by de earsten yn Fryslân, dy't de tradysjonele fersfoarm gauris slûpe lieten en dan it frije fers foar kar namen, dus sûnder rym of fêste strofebou. Binammen kaem dat nei foaren yn de twade bondel ‘De Ljochte Ierde’ (1929), de samling dy't neffens de dichter sels esthetysk it heechst stiet en it tichtst by klassike kunst komt. It is itselde lûd, mar riper en sterker. Party fersen binne mear epysk en objektiver as dy út de earste bondel en geane mear boppe Fryslân út. Der sit hwat fan in spjalt yn dit wurk, mar by einbislút drage ek hjir lân en libben de dichter oer alle langst en ûnwennichheit hinne. In fers, dat fan hiel folle fan Postma syn wurk in forklearring jowt, is ‘Mienskip’ (s. 49). De trêdde bondel ‘Dagen’ (1937), seit it measte fan de dichter sels; dêrom ek sil men der de measte frije fersen yn fine. De ‘âlderwetske’ fersen ûntbrekke lykwols net, byg. de fordigening fan de lyryske poëzij op side 18. Dat Postma fan it frije fers hwat tige moais meitsje kin, - de kunstfoarm bynt him blykber frij sterk, biheint de wurdfoarrie en jowt de humor hast gjin kâns, - is ôf to lieden út de oandwaenlike dichten ‘Frjeonen’ en ‘As ik opdroegen wird’. Doe't Postma ‘De Ljochte Ierde’ útjoech, wie dêr al ynfloed fan R.M. Rilke yn to fornimmen (‘Hwet de dichter witte moat’). In bondel oersettingen, ‘Gedichten fen Rilke’ (1933) tsjûgje dêr jit dúdliker fan. De kar wie fral dien út it mear ienfâldige wurk fan de jonge dichter, net út de lettere mystike fersen. De fine, rêstige en dochs nerveuze, teare en weake sfear fan Rilke syn wurk moast in stil-meditearjend minske as Postma wol lûke, ek al hat er fêst de frjemdheit der fan wol oanfield. De fjirde bondel fan eigen wurk, ‘It sil bistean’ (1947), hat de dichter yn 1947 de Gysbert Japicx-priis foar krige. It thema is net foroare: Fryslân mei syn terpen en doarpen, syn diken en fearten, syn pleatsen en arbeiderswenten, altyd rane hjoed en juster dêr gear. Hwat forgien is, sprekt jit ta dy't harkje kin, en sa is der gjin skieding tusken libben en dea. It liket allegearre sa sljocht en it is ek fuort by de groun to finen: yn it waeksen fan it gers, it blinken fan it wetter, de wite klaver. Wis, it tiidsbarren is der en it wurdt achtslein, mar is it sa wichtich en wrâldforwegend wol as it him foardocht? Al it wurk dat hjir neamd is, waerd yn 1949 mei inkelde nije dichten gearbrocht yn de ‘Samle fersen’. Yn in diel fan hast 400 siden is de dichterlike delslach fan in heale ieu fêstlein, Fryslân ta rykdom en {==222==} {>>pagina-aanduiding<<} blydskip. Hwant Fryslân wurdt sa wiid yn dit boek, sa wiid as de wrâld. Hwat de eagen sjogge, wurdt fuort ta symboal fan hwat net to sjen is. De ierde is hjir ta god makke. Postma syn dichtsjen is in knibbeljen sûnder bidden. Dêrom sit der efter dizze poëzij wol wis in machtige wrâldskôging, dy't mei wurden as natuermystyk, pantheïsme, monisme, oantsjut wurde kin. Striid fan flesk en geast, tobrutsenheit, sûnde, it boadskip út de fiere himel, hjir binne it frjemde en ûnbikende bigripen. Hjir, yn dizze machtige natuerhymne sûnder ein, wurde alle lok en leed ta ‘lichte flikkertinzen yn it Albilibjen’. Net yn in ferstechnyk fol skittering en forfining, net yn in breed forskaet fan foarmen en lûden, net yn dramatyske bisieling of rhetoryske krêft, mar yn it tsjoenen mei sljochtwei wurden leit Postma syn greate bitsjutting. Ek yn syn nijste bondel ‘Fan wjerklank en bisinnen’ (1957) docht dat bliken. ‘En nou ek, sa't ik mar hwat sleauwe dingen siz, Kinn' der minsken wêze, dy't ik meinim, om't hja it libben sels fiele, Net opmakke as in byld, mar sa't de siele it oanbringt’. (Ut: Freonen). Dizze ‘lichte ruter, dy't grypt nei goadene ark’ wit it sa fêst: ‘fier yn it fryske libben rinne myn woartels’. Lit hiele Fryslân it ek witte. 8. Folksskriuwerij Salang de 19de ieu har jit yn de 20ste fuortset, skriuwt ek Waling Dykstra troch; syn blêd Sljucht en Rjucht wurdt rounom en graech lêzen. De freonen - en hokker Frysk skriuwer heart dêr dan net by? - forearje him twa kear yn dizze ieu, op syn tachtichste en op syn njoggentichste jierdei, in bondel lokwinsken. Trouwe helpers bisoargje him op 'e tiid ek de nedige folksforhalen en rymstikken. Dêr binne guods by mei in goed talint en dy't mear as sljochtweihinne út 'e wei sette. As hjir in stikmannich únder it haed ‘folksskriuwerij’ byinoarbrocht binne, wurdt gjinien dêr mei leechlein; dat bigryp is hjir nommen ta oantsjutting fan har skriuwtrant, har stoffe en har foarbyld. Marcus Miedema (1841-1911) kin, om 1890 hinne, lêsbere forhalen gearstalle, sa yn de styl fan: De gouden earbeltsjes; In Sneintomoarn by Gealeboer; Wiger Sûnderhert. Foardrachten en in inkeld toanielstik ûntbrekke net; elk pielde dêr doe suver mei. Syn bondel fersen fan mear as hûndert siden, To hea en to gêrs (1906), is yn syn sljochte ienfâld hjoeddedei it lêzen jit wurdich, al is 't grif net sa as de ynlieder F.J. de Zee seit: ‘De dichterlike fieling grypt yen foart yn 't hert’. Japik van der Tol (1863-1940) waerd de opfolger fan Waling {==223==} {>>pagina-aanduiding<<} Dykstra as bistjûrder fan Sljucht en Rjucht en hat dat hast in fearnsieu mei forstân en trou west. Syn folksforhalen rounen der wolris hwat út, ek al omdat er op it stik fan réalisme hwat mear oandoarst as party oaren. Yn syn toanielstikken lit er gauris de drankbistridingstendins útkomme. Sjouke de Zee (1867 Boarnburgum-1954 Hilversum) hat yn syn persoan in stik aktyf Frysk idealisme bilicheme. Skuonmakkersfeint, boerefeint, tsiismakker, lapkekeapman, it kostet jierren by de maetskiplike ljedder op to kommen. As sprekker, foardrager, sjonger, is er warber as ien, Learling fan Waling-om as er wie, soarge er fral foar folkslektuer: forhalen, meast mei ûntliende motiven en gauris biwurke nei de Over-Betuwske skriuwer J.J. Cremer. Syn hagepreken, foardrachten, revue's en rymstikken binne net to tellen; de geast, dêr't dit allegearre út skreaun waerd, wie in forbining fan frijsinnich kristendom en ethysk sosialisme. Oan de popularisearring fan de Fryske skriftekennisse hat er troch lêzingen folle dien. Syn meast eigen wurk sil wol bliuwe: Fen lang forlyn, ferskes út de jongesjierren (1927), dêr't ek syn histoaryske bilangstelling dúdlik út sprekt. Gâns foardrachten levere hat ek Johannes Rypma (1880-1948, Blauhûs), ien út de Waling Dykstra-skoalle en tagelyk ien fan de inkelde skriuwers út roomsk formidden. Syn wurk is gauris yn koartswilige, bilearende trant; oan syn godstsjinstige oertsjûging jowt er mar frij swier utering. As Frysk strider wied er in foarbyld fan gevens en ienfâld. Syn broer Gerben Rypma (1878), ek as lânskip- en féskilder bikend, is mear syn eigen, hwat ienkennige wegen gien. Hy is as dichter in biskieden mar suver talint, dat to min wurdearring foun hat. Yn al syn wurk sit hwat fan in to biheind, moreel selsûndersiik; mei de natuer en mei God kin er it better fine as mei de minsken. Yn forskate fersen birikt er in reinens en swietlûdigens, sa't dy net sa faek foarkomme. Fan in karlêzing út syn wurk is forlet; it bondeltsje ‘Reidsang’ kin net as sadanich tsjinje. Minder dichter, mar mei mear each foar folk, forline en eigen tiid, is F. Jac. de Zee (1874-1950). Hy hat him ward op it gebiet fan de Fryske journalistyk; sa hat er tiden lang ûnder de skûlnamme Burdo syn ‘Diggels’ yn It Heitelân skreaun. Syn earste bondeltsjes, Tiidsankjes (1918) en Dounsjende michjes (1919), binne net folle mear as journalistike, soms koartswilige notysjes op rym. Letter sloech er earnstiger en mear literaire snaren oan: Langstme (1924), Sintjanstried (1950); mar inkelde fersen komme boppe in tradysjonele opfetting en de itige werjefte út. In folksdichter op en út wie Sjoerd Meinesz (1850 Sleat-1938 {==224==} {>>pagina-aanduiding<<} Starum), de dichter fan de Súdwesthoeke. Mar ek in persoanlikheit, in apart man, in fine geast, in humorist fan it goede soarte. As jongkeardel hie er yn Amearika west, mar de langst nei it heitelân hie him weromdreaun. Op syn âlde dei bigoun er to skriuwen en doe hawwe der inkelde hûnderten ferskes fan him yn de pleatslike blêdden stien. In karlêzing, mei in ynlieding oer de skriuwer fan J. Piebenga, is to finen yn ‘It rike Jier’ (1941). In hiel gea is dêr yn forbylde, bisjoen troch it skerpe each fan in wiis en dichterlik man. In apart man wie ek Y. Wiedema (1880-1936), in skoalmaster, dy't syn lêste libbensjierren brûkt hat foar in fûleindige bistriding fan de Jongfryske biweging en in feninige, bittere krityk op party fan de jongere skriuwers. Hy hat syn lilke argewaesjes dellein yn twa tsjokke boeken: It Eigene (1934) en De Klokken fen it Fryske Hiem (1937), beide yn geef en sterk Frysk skreaun, beide ek net sûnder gefoel foar polémyske styl. It is suver tragysk to neamen dat dit skriuwtalint inkeld dizze boeken mar oplevere hat. 9. Twa knappe proazaskriuwers Steane Holtrop en Pollema beide mei ien skonk jit yn de tradysje fan de folksskriuwerij, de mear persoanlike kunst is harren ek net frjemd. Teatse Eeltsje Holtrop (1865-1925) wie it twade fan fiif bern fan in Dryltser skipsboumaster, dy't hwat mear koe as sljochtweihinne. Teatse wurdt, ek yn Drylts, skoalmaster en hat in goede takomst foar him: hy is by-de-tiid, hat gâns niget oan Hollânske en ynternasionale literatuer en bigjint sels ek to skriuwen. Hy is yndividualist, Multatu-liaensk-liberael, heechhertich; hy bliuwt âldfeint en rekket al ier oan de drank. Sa't it Sake Feitsma en Meint Rozenga forgyng, sa moast ek Holtrop syn ellindige wei lâns: út skoalle wei, earmoede, omheukerje, iensumheit, ta spot fan Jan-en-alleman. Aldergeloks hat de dea net to lang wachte. Folle hat er skreaun, dat der alhiel net út rint: in stik-trije blijspullen en jierrenlang gâns ‘lytse stikjes’, - moralisearjend, stikelich, faken feninich en bitter, - foar Sljucht en Rjucht; dat gyng dan meast ûnder de skûlnamme Gerben Goasses. Syn wurk foar de bern sit gâns goeds by. In bliuwend plak hat er yn de Fryske skriftekennisse lykwols woun troch syn Shakespeare-oersettingen. De ‘Hamlet’ (1925), in pear wike nei syn dea yn it ljocht kommen, en de ‘Julius Caesar’ (1928), binne kunstwurken op harsels wurden; ek sûnder it oarspronklik wurk yn it Ingelsk to kennen, fielt elk hjir de greatens fan Shakespeare en {==225==} {>>pagina-aanduiding<<} de tael- en foarmbihearsking fan Holtrop. Op 'e nij levere in Frysk skriuwer it biwiis foar de greate mooglikheden fan syn tael. Namme hat Holtrop ek krigen as skriuwer fan inkelde bêste novellen. Yn ‘Twa Sisters’ (1909) tekenet er sober, skerp, hurd en pynlik in ynstinktyf konflikt. De bitsjutting fan ‘De wylde boerinne’ (1914) waerd fuort net ynsjoen, likemin fan de âlderein as fan de jongerein. Doe't de skriuwer it stik oersette en op in Hollânske novelle-priisfraech ynstjûrde, waerd it bikroand en apart útjown. It Fryske origineel kaem earst yn 1931 yn boekfoarm út De novelle hat in feardige gong en is yn foarse, kantige, sterkbyldzjende tael skreaun; natuer-biskriuwing en sielkundige tekening binne masterlik tsjin elkoar ôf-woegen. As yn granyt binne hjir in pear figueren útbeitele, ûnforjitlik foar elk dy't dit proaza yn him opnommen hat. Gâns oer Holtrop syn wêzen en skriuwkunst seit ek syn koart forhael: ‘De man en de dea’ (It Heitelân, 1921, s. 199); der sit in lugubere driging en sombere swier-settigens yn dit lêste blyk fan in great forteltalint, In biheinde karlêzing út Holtrop syn wurk, mei ynlieding, hat J. Piebenga jown yn ‘Ynbannich forwar’ (1945); der sil lykwols in rommer bondel komme moatte. De skriuwer, dy't ûnder de skûlnamme Bokke Simens yn it bigjin fan dizze ieu nei foaren kaem mei fersen, dêr't tige hwat fan it moderne libbensgefoel yn stike, mar dy't oars as dichtwurk net sûnder wryt of slyt wiene, oppenearre him letter as proazaïst ûnder syn folle namme B.R.S. Pollema (1883-1948). De forhalen en novellen, dy't er yn de rin fan de tiid oan de Fryske tydskriften bydroegen hat, binne foar it greatste part sammele yn de tsjokke bondel ‘Lok en Lijen’ (1935). It binne tsien ‘forhalen út it bûnte libben’; ien dêrfan, Tsjamke, wie al earder apart útjown ûnder de titel It draeimounlefamke. Pollema hat journalist west; faeks dat dêrom syn tael en styl hwat rûch binne en dat de lêzer it gefoel kriget dat dit wurk to flotwei opskreaun is. It heart dúdlik ta de neibloei fan it naturalisme, mar der si - hoe kin it yn Fryslân oars? - in sterk romantysk elemint yn. Hast al de figueren fan Pollema driigje fan har groun en sfear los to reitsjen en troch in ûnbineambere driuw yn har ynderlik op 'e doele brocht to wurden. Man en wiif binne frjemd foar elkoar, de boargerman fornimt de rop fan it bloed en wol út syn binypt bistean weibrekke, de keapman dy't in moaiprater is blykt ûnbitrouber to wêzen, - altyd giet it oer in minskebistean dêr't spyn oan sit. Fan in útwei, rêdding, forlossing, is suver nearne sprake. De skriuwer is pessimist; it libben rint yn syn eagen op 'e nûn. De toloarstelling, dy't al út de fersen fan Bokke Simens spriek, is yn syn proaza ta wrok en synisme wurden. De wrâld sit ticht, der is gjin himel mear, it hert bistjurret fan wearze. {==226==} {>>pagina-aanduiding<<} 10. De swetten wurde útlein Mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 is de tiid foarby, dat de Fryske skriuwerij in privileezje fan de liberalen en de sosialisten wie. It Selskip kriget daliks twa bitûfte lieders yn ds. Sipke Huismans (1873 Loaijingea-1924 Doetichem), hwaens skriften en taspraken, mei in part fan syn brieven, sammele binne yn de bondel ‘Ta in Tinkstien’ (1927), en yn dr. G.A. Wumkes (1869 De Jouwer-1954 Huzum), de Bibeloersetter, skiedkundige en skriuwer, de preker en tsjûger, de strider en lieder. Foar Wumkes wie de Fryske skrifte-kennisse it hert fan it Fryske libben en wiid en fier rounen foar him de útgongen fan dat hert. Syn namme heart yn dit boek mei de greatste earbiedenis neamd to wurden; syn wurk, breed fan omfieming en ryk oan forstean, rekket sels mear as ienkear binnen de ôffreding fan de Fryske lettertún. Mar daliks krige it Selskip ek twa mannen yn syn rige, dêr't in dichter ynsiet. Otte Sijas Akkerman (1872 Aldeboarn; blauferver) wie út de Waling Dykstra-skoalle, mar joech wurk dêr't it orthodokse folk him by thús fielde: gâns foardrachten, tiidsferskes en stichtlik rymwurk, net fan hege flecht of bysûndere djipgong, mar forsteanber, ienfâldich en blier; krekt hwer't doe forlet fan wier. Yn deselde trant, mar fuort dochs mei in oare alluere, sette ek fan ein Anders Minnes Wybenga (1881-1948 Nijewier), grifformeard as Akkerman, in man dy't syn libbensdagen op de swiere klaei fan de Dongeradielen tahâlden hat. Al foar 1908 pielde er mei it skriuwen fan Fryske foardrachten; hy hat forskate bondels útjown, hy soarge foar gearspraken, hy joech Fryske oersettingen fan Hollânske lieten, hy levere Fryske feuilletons oan de blêdden, hy publisearre in histoaryske novelle ‘It Soenhús’ (1937), hy skreau sketsen ûnder de skûlnamme Fetse Greidema. En dat allegearre as ienfâldich geaman en koumelker-gernier. De kroane op syn skriuwerslibben wie de útjefte fan ‘It Psalmboek yn Fryske biriming’ (1923); hwat Gysbert Japiks en Jan Althuysen mei syn beiden dien hawwe, die Wybenga allinne. Yn syn eigen wurk slagget it him net altyd foar de dichterlike fieling de suvere werjefte to finen; it tradysjonele, rhetoryske, didaktyske, kriget dan faek de oerhân. Mar yn syn bêste fersen is hy in oprjocht en wier dichter, in weak en waerm minske, dy't altyd hwat bernliks oer him hâldde. In lytse karlêzing út syn wurk joech ds. A.D. Wumkes yn ‘Libbens-gong’ (1936); better mei him yn 'e kunde komt men mei de bondel ‘Ljocht oer 't fjild’, fersen fan lân en bidriuw (1950). Mar ek yn oare formiddens en út oare forskynsels die it om 1910 hinne bliken, dat it mei de Fryske skriuwerij in nije kant útgyng. In man {==227==} {>>pagina-aanduiding<<} as dr. Piter Sipma (1872 De Ryp) hat op it gebiet fan stúdzje, biweging en ûnderwiis gâns hwat losmakke en syn learlingen sille yn 1915 de Jongfryske biweging yn it libben roppe. As skriuwer komt er minder nei foaren; fan him is de oersetting fan Schiller syn Das Lied von der Glocke, (Swanneblommen, 1908; yn Forjit my net, 1891, stiet de Noardfryske oersetting fan H.A. Carstensen). In dichter as Th. van der Schaaf (1878-1955), dy't tusken 1900-1906 oan de Fryske tydskriften syn fersen, meast sonnetten, bydroegen hat, wie der ek as biwiis, dat in oare ieu har yntocht dien hie. Mar klearder, iepener en hertstochtliker tsjûgenis fan in nij libbens-gefoel as Rixt (Hendrika A. van Dorssen, 1887, Grou) joech yn dy tiid wol gjinien. Hjir skreau in Fryske frou harsels wei yn lyryk, dêr't de brân fan leafde út lôge, dêr't de langst yn opsprong, dêr't it fortriet en de birêsting taestber yn waerden. Moast der earst safolle Fryske ynbannigens tobrekke, om ta sa'n oangripende foarm fan persoanlike bilidenis to kommen? Neisjen: Foar dit hiele haedstik: D. Kalma, De Fryske Skriftekennisse fan 1897-1925. Twa dielen, mei karlêzing. - Oer forskate persoanen ek yn: Tinkboek It Frysk Selskip hûndert jier, 1948. 2. Oer Onno H. Sytstra: It Heitelân, 1928, s. 257. 3. Oer J.B. Schepers: J.B. Schepers, As Frys skriuwer om utens. It Heitelân, 1929, s. 243. - Cannegieter, De Friesche Beweging (1917), s. 45-52. - J.J. Hof yn It Heitelân 1947, s. 125, 161, 224, 237 en 279. 4. Oer J.J. Hof: Cannegieter, De Fr. Beweging, s. 29-36. - O. Postma, Forjit my net 1907, s. 27; 1908, s. 207. - Dr. D. Kalma, Koarte Ynlieding ta Fjirtich Jier Taelstriid, 1943. 5. Oer S. Kloosterman: G. Postma, Forjit my net 1910, s. 277. - J.J. Hof, It Heitelân 1922, s. 6, 17, 29. - D. Kalma, Sljucht en Rjucht 1924, s. 629. - E.B. Folkertsma, De Holder 1927, s. 60. - Simke Kloosterman's lêste gong, 1939. - Dr. D. Simonides, List fan de wurken fan S.K., It Beaken I, 1939, s. 110 (sjoch ek It Beaken II, s. 99 en s. 163). 6. Oer R. Brolsma: D. Kalma, Sljucht en Rjucht, 1926, s. 703. - R. Br. over eigen werk, Het Noorderland I, s. 143-147. - E.B. Folkertsma, De Tsjerne, 1953, s. 378. - Ynliedend wurd fan dr. D. Kalma by de bondel ‘Sa seach ik Fryslân’ (1951). 7. Oer dr. O. Postma: De Tsjerne, 1953, s. 65-96 (dr. O. Postmanümer). - Fokke Sierksma, It Heitelân 1947, s. 112. - Deselde, Bern fan de Ierde, apart útjown essay, 1953. 8. Sjoch foar inkelde fan de hjir bisprutsen skriuwers en oaren: P. Terp- {==228==} {>>pagina-aanduiding<<} stra, Fryske folksdichters. In karlêzing út har wurk, mei in ynlieding en libbenssketsen, 1945. (Oer Sjoerd Meinesz, Rinse Meinesz, Hindrik Eeltsjes Bakker, Auke Piers Grondsma, Willem Jehannes Koopmans, Otte Sijas Akkerman, Anders Minnes Wybenga, Kees Jongsma). 9. Oer T.E. Holtrop: Wumkes, Paden fen Fryslân, II, s. 447. - Piebenga, Ynlieding ta ‘Ynbannich Forwar’. 10. Foar Akkerman en Wybenga: Terpstra, Fryske Folksdichters. - Oer dr. G.A. Wumkes: Nei Sawntich Jier (autobiografy, 1949). H.A. Algra yn It Beaken, 1954, s. 233-239: Dr. G.A. Wumkes en syn bitsjutting foar Fryslân. {==229==} {>>pagina-aanduiding<<} XIII. De Jongfryske tiid 1. Algemien oersjoch Yn it foarige haedstik die it al bliken, dat der har yn de Fryske striid en literatuer nei 1900 frijhwat libben en talint oppenearren, mar dat it dochs ûntbriek oan in fêst bistek, oan klearrichheit fan lieding en oan in mienskiplik wollen. Elk wurke mar hwat foar himsels en fan krityk hie gjinien lêst, hwant dy wie der suver net. Gjinien hie ek oanstriid of seach kâns it navenant frij greate forskaet fan lûden, dat yn Fryslân heard waerd, yn sterke bihearsking ta in rike ienheit to foarmjen. Ds. Sipke Huismans hat grif hwat fan de profétyske fisy yn him, mar tagelyk is er ek tofolle pessimist om ta de died, in great program en in brede aksje, to kommen; yn 1914 easket er it preekjen yn it Frysk en in Akademy fan Fryske Wittenskip, twa skoandere saken, mar hy nimt sels net de foarstap. Datselde jiers 1914 makket it Frysk Selskip plannen foar de útjefte fan in wykblêd en wurdt der ôfpraet, in fikse ‘Paedwizer yn de Fryske Skriften’ gear to stallen; meiïens sil der dan ek in blomlêzing fan drege stikken proaza en poëzij útjown wurde. It wurk draeit lykwols mar foar inkelden op; der is fierstofolle pielderij, leafhawwerij, persoanlik geiggewear, mar fierstomin hertstocht, langst nei greatens, réëns ta striid. Hof hat foar dat oerstadige letter wol ien fan de bilangrykste oarsaken oanjown: it kaem binammen fuort út it wêzen fan de ‘bourgeois satisfait’, dat it liberalisme fan dy dagen him oaneigene hie; dat liberalisme ‘libbe noch yn de forbylding, dat it it hûs allinne hie, it die it him mei alles skoan oantiid; der wiene ommers dôch gjin oare libbensskôgingen dy't meitelden, as it op dwaen oankaem’. (Fjirtich Jier Taelstriid, I, 351). Waling Dykstra is wei, de 19de ieu komt nou ek geastlik oan har ein, de wrâldoarloch sil gâns wissichheden oan de kant reagje. De tiid liket ek yn Fryslân ryp foar in nij bigjin: de Bibeloersetting en de psalmbiriming wurde nou, likegoed as it Frysk ûnderwiis, as in libbensbilang field; de taelstriid komt op breder grounslaggen to stean; de utering wurdt frijer. Bigjin 1913 forskine yn Forjit my net de earste suvere minnelieten fan Rixt en oardeljier letter komme Rinke Tolman en Rintsje Sybesma yn Sljucht en Rjucht mei har earste fersen foar it ljocht; dy jongkeardels skrieme ek al yn it iepenbier ‘om teare, jong tobritsene blommen’, dat de âlderein kin har mei rjocht ôffreegje, {==230==} {>>pagina-aanduiding<<} hwer't sa de Fryske ynbannigens langer bliuwt. Yn it lêst fan 1914 forskynt der oan it Fryske firmamint ynienen in nije stjer. In namme, dy't in revolúsje ynliede sil: D. Kalma. Hy bigjint yn de âlde Ljouwerter mei in opstellerige ‘Fen Fryslâns fjilden’; hy komt yn de earste jeften fan Forjit my net 1915 oansetten mei in foege fyftich siden swier to fortarren poëzij: ‘Nachten en Dagen’ stiet der boppe, de opdracht is foar dr. J.B. Schepers, en wrychtich, de hexameter - biwiis fan klassike opfieding - wurdt brûkt. Itselde nije ljocht doar ek yn syn kritysk proaza in steil wurd to dwaen: yn deselde jiergong seit er, hoe't it mei it kommende wykblêd moat; hy bisprekt ‘Fryslâns dichters’, der mear ynlizzend as útheljend, hy is net eang fan absolutisme, fan drigemint, fan foroaring fan taktyk; koartom: de lieder is foun, de Jongfryske biweging is berne. Yn de hjerst fan 1915 komt Kalma syn ‘De Jongfryske Biweging’ yn it ljocht, - in striidskrift, program en selsfordigening, opdroegen oan ‘myn fryske en ingelske frjeonen’, skreaun yn min Frysk en skrikbaerlik lange sinnen; mar ek in bazúnstjit, in manifest, in nasionale bilidenis, - en op 20 novimber 1915 wurdt de Jongfryske Mienskip oprjochte. Baeskes fan om-ende-by de tweintich lêze de forbaesde âlderein it leksum op. Gjin niget dat de klachten rize: Onno H. Sytstra moat fral net tofolle stikken fan dy jongfeinten opnimme, hwant nei fjouwer kear lêzen bigrypt gjinien der jit hwat fan en oan de ein fan ‘Nachten en Dagen’ is elk like wiis as by it bigjin. Sytstra en Hof hâlde de jongelju lykwols wakker de hân boppe de holle, alteast yn it earstoan; hwat dy knapen dogge is ‘sykjen nei 't goede’ en hja sjogge yn harren ek ‘hiel folle goeds’. Om 'e nocht fansels: de revolúsjestream is net mear yn 'e stokken to hâlden en hjasels moatte as de earste slachtoffers falle. Is dit allegearre wol hwat mear as in Frysk neibauwen fan de Tachtiger biweging yn Hollân? Psychologysk leit de situaesje der hast krekt allyk hinne; de earste fersen fan Tolman en Sybesma, de tael en styl fan Kalma syn skôgingen en skelpartijen wize dy kant ek dúdlik út en it Frysk fan dizze bigjinnende skriuwers is mar al to faek net allinne oerset Hollânsk, mar ek oersette ‘woordkunst’. Dit wiene bistudearre feinten dy't op har skoallen by de kunstbigjinsels fan Kloos en Van Deyssel opbrocht wiene en dy't nou ek oan de Fryske dichter de eask fan persoanlike utering fan in persoanlike fieling stelle woene. Dochs kin men net mei rjocht fan in slaefske neifolging fan de Tachtiger biweging prate. Kalma woe de Fryske skriftekennisse in eigen plak yn de wrâldliteratuer jaen en dêrom sette er it nasionale elemint mei foarop; fan 'e miet ôf oan hat de namme fan Harmen Sytstra foar {==231==} {>>pagina-aanduiding<<} him in symboal west, Ofsluting, isolearring, provinsjalisme koe sa'n program fansels nea ynhâlde: it wie ‘Fryslân en de wrâld.’ Dat dêrby op literair gebiet tige wurke waerd mei de tsjinstelling fan persoanlike kunst en folkskunst, wie út de forhâldingen fan doe wol to bigripen. Kalma hat dy tsjinstelling faek fiersto dogmatysk en skématysk trochfierd en is fan datoangeande letter ek aerdich bitommele. Dy't fan rêst en frede hâldt en gjin nocht hat oan dy ivige hakketakkerij, moat de Fryske tydskriften fan dizze jierren fral net lêze: It jonge Fryslân bigjint to sjongen, hwant elk dy't meidocht dichtet ek, - ‘in mannichte fan jimme ûnbigryplike, wetterige, skriemerige, triennerige, kleijerige moadeferskes, sonnetten’, neffens Hof, dy't as satirysk parodist yn dizze jierren fortsjinstlik wurk die, - en as it net sjongt, dan tsiert it. It is ommers bûtendoar ek oarloch? Der komme brosjueres, karbrieven, bigjinselforklearringen en programs by seksjes, de taktyk wikselt yn de Jongfryske Mienskip like hurd as it bistjûr, mar der is libben, biweging, striidkrêft, talint, oertsjûging, warberens en initiatyf, en wie dêr net driuwend forlet fan? Wis, dat jonge libben uteret him gauris ûnbihearske en ek wol ûnfatsoenlik, mar hie de sfear yn hwat foar Fryske biweging trochgyng dan net altyd fiersto âldmannich west? Yn 1881 hie it mei de literaire fornijing fan ‘It Jonge Fryslân’ efkes wêze sillen, yn 1905 wie de aksje fan it Boun Jong Fryslân hwat ûnbihelperich úteinset, mar nou soe de bûter dan jild jilde! Oer de Noardsé hinne moast in brêge slein wurde en Anglo-Skandina-vyske kultuerdreamen tiisden dizze feinten yn de holle om. De Mienskip waerd in typyske Sturm-und-Drang-biweging, dy't hiel hwat losmakke hat, mar ek daliks al foar-ornearre wie om útinoar to fallen, sadré as de bisinning kaem. Dy kaem al gau. Likemin as de Hollânske Tachtiger biweging, wie de Jongfryske suver en allinne literair fan opset; folle mear as dy wie hja lykwols nasionael ynsteld. De groundearring fan dat nasionale bigjinsel wiene de Jongfriezen it mei in pear jier al net mear iens oer en it lot fan de Mienskip wie it, de geastlike ûntjowing fan Kalma séls trou to folgjen. Fanneed waerd hja ien fan de folle organisaesjes út de Fryske biweging, dy't op in eigen (yn dit gefal idealistyske) wrâldskôging birêste. Sûnt 1919 is de namme, Jong-Fries’ ien sûnder in dúdlike ynhâld. Allinne Kalma, lieder as er him altyd field hat, - gjinien as hy dy't him sa trou biïvere hat de skiednis fan de Jongfryske biweging to skriuwen, - bisiket der jit in bliuwende bitsjutting oan to jaen. Letter sil er ek jimmer it jier 1915 as in skerpe, prinsipiële skieding yn de Fryske skriftekennisse nei foaren bringe en mei er graech de skriuwers, dy't tusken 1915-'30 hwat út 'e wei sette, as Jongfrysk bineame. {==232==} {>>pagina-aanduiding<<} Hwat ridlik gau bliken die, wie, dat de krityske ynstelling foar de eardere Fryske literatuer oer, net allinne ûnhistoarysk en ûnforantwurde wie, mar ek ûnwis en ûnwierhaftich. De wurdearring wiksele gauris, fral dy fan de folksskriuwers; tagelyk wiene de Jongfriezen blyn foar de skriklike rhetoryk, dy't yn eigen rounte hearske. Meidat der gjin fiere en forhevene doelstellingen skroomd waerden, de oansluting by histoaryske foarmen yn Fryslân lykwols mar min ta stân kaem, bitoande de Jongfryske Mienskip har as in skipke dat oan de baren fan de tiid oerlevere wie, In jiermannich sylde it dryst koertsend foar de float út; doe waerd it wei yn dizige kimen. De krityk fan de neikommers kin rom bod krije, mar de tankberheit weacht dochs swierder. Hwer soene wy sûnder dizze fornijing en forromming bilânne wêze? De yn dit haedstik to bisprekken skriuwers geane elk foar oar eigen wegen, mar binne alteast yn hjar bigjintiid sûnder de Jongfryske biweging net to tinken. De doar fan it Fryske hûs is iepenstjitten, de winen fan de wrâld waeije der troch; it giet der nou mar om oft de fundaminten it hâlde kinne. Skriuwers en dichters yn gjin lyts tal bisykje dy grounfêsten mei har wurk to bistevigjen; tonearsten stiet de lyryk it meast yn 'e bloei; der komme lykwols oanwizingen, dat de efterstân yn it proaza, de epyk en de dramatyk ynhelle wurde sil. 2. Twa foargongers Dat der yn Fryslân hwat yn de loft siet, die bliken út de fersen dy't Rixt (Hendrika A. van Dorssen; Grou, 1887) al yn de jierren foar 1915 publisearre. Dat binne der net safolle. Yn de bondel ‘De gouden Rider’ (1952, bikroand mei de Gysbert Japicx-priis) binne in fyftich fersen opnomd en dêrfan is hast de helt út it tiidrek 1911-'21; de jierren 1922-'41, dy't de twade ôfdieling foarmje, hawwe mar in stikmannich fersen oplevere; de lêste perioade, 1942-'52, joech wer riker bloei to sjen. Mar binammen de earste fersen hawwe doe by mannichien hwat oan it triljen brocht: net troch har oarspronkelike bylding of knappe technyk, mar troch har ynderlik lûd, har oprjochtens, har froulikheit. Ienfâldich wie dit wurk, mar tagelyk folslein persoanlik; it leafdefielen dat hjir utere waerd, wie sa sterk, dat it as fansels ta wurden kaem. Like dy utering soms romantysk of rhetorysk, koe it oars, dêr't it hert him sa weijoech en iepenbierre? Sá spontaen as de earste fersen wie har lettere poëzij net; dêr koe men lûden fan twivel, birêsting, irony, yn hearre; dêr stie de dichteres net mear allinne op de wrâld mei de {==233==} {>>pagina-aanduiding<<} leafste, mar waerd dy wrâld sels ta fraechteken; dêr gyng it om de einichste konfrontaesje, om de lêste earlikheit foar it eigen ik oer. Ien bondel hat Rixt oan Fryslân jown; yn it uterlik sa mannelike Fryslân wie it in frou dy't ban en bân forbriek, dy't dichtsje moast omdat hja it net litte koe, dy't harsels joech ‘warleas, iepen fan hert en sinnen’. Folle mear ‘Jongfrysk’ as Rixt is Rinke Tolman. Berne yn 1891 yn Eastersé, hat er syn jonge jierren yn Wytgaerd trochbrocht, learde ta ûnderwizer, dat er nea wurden is, en foun nei inkelde jierren fan soldaterij en swalkjen yn Utert oanslach yn de journalistyk. Sûnt tiden is er warber as skriuwer op it gebiet fan biology en natuerbiskerming; spitigernôch is er troeh syn wenjen om utens fan it Fryske libben ôfrekke. Tolman hat yn de jierren 1914-'19 hûnderten Fryske fersen skreaun en de measte yn de Fryske tydskriften fan doe publisearre; ta bondeling is it nea kommen. Hy wie mar krekt dwaende, doe skreau Kalma al in skôging oer him en promovearre him sa ta modern Frysk dichter. Dichterlik wie Tolman sûnder mis, mar syn wurk stie slim ûnder de ynfloed fan de Hollânske Tachtigers; Waling Dykstra soe ek raer guod spuid hawwe, as hy lêzen hie hwat hjir foar Frysk trochgean moast. Minne taelbihearsking, klisjéproduksje, oeribele redenrikens, syn poëzij hie der fan de miet oan mei to krijen; dochs wiene der ek fersen by, dy't hwat ljochts, waerms en spontaens oer har hiene. Mei fan it bêste fan syn oerfloedige religieuze lyryk binne de Kristus-sonnetten (Yn ús eigen tael, 1917). In oersetting fan ‘Alastor’ fan P.B. Shelley forsoarge hy mei help fan D. Kalma. Fan him is ek it bondeltsje ‘Folksforhalen’ (1929) fan Leo N. Tolstoj; wurk, dat mear in forfrysking as in oersetting is en dat al earder yn Y.ú.e.t. 1916 forskynd wie. 3. Douwe Kalma As der ien libben troch Fryslân yn bislach nommen is, dan wol dat fan Douwe Kalma. Berne yn 1896 to Boksum út boerelaech, wennet er to Wirdum, Dearsum, Raerd, bliuwt er iennichst bern, rekket er syn heit al jong kwyt. Fan 1908-'14 rint er it Snitser gymnasium ôf en kriget er tagong ta de klassike wrâld, dy't foar him in bliuwende rykdom bitsjut. Daliks nei syn eineksamen jowt er him yn Fryske stúdzje en publisearret er, tsjin de klippen oan, (skûlnamme Adzer J. Greida; letter Hero Cammingha). De theology-stúdzje jowt er nei in jier op, hy {==234==} {>>pagina-aanduiding<<} wurdt soldaet en studearret letter Ingelsk; jierren lang wurket er allinne mar foar Fryslân; nea is er troud. Yn 'e tritiger jierren is er learaer yn Eindhoven, 1938 promovearret er op Gysbert Japiks, yn de oarloch stipet er mei in keppeltsje maten it Frysk aktivisme. Nei 1945 set er him yn 'e Rottefalle nei wenjen, makket syn Shakespeare-oersetting sa goed as of en fynt oktober 1953 yn in forkearsûngelok syn tragyske dea. De deadetsjinst yn de Dearsumer tsjerke bringt allegearre byinoar; dy't yn freonskip mei dizze yn wêzen iensume minske stiene, en dy't ier of let fan him forfrjemde wiene. Douwe Kalma waerd de lieder fan de Jongfryske biweging, doe't syn ienlike jongesjierren mar krekt ôfsletten wiene. In uterlike oanlieding foar syn kommen ta it Frysk is skraechwurk oan to wizen; de omgong mei syn learaer Nederlânsk, P. Sipma, sil der ta meiholpen hawwe. Syn komst yn de rige fan de Fryske skriuwers hat mannichien forbjustere. Hjir wie in wakker bistudearre jongkeardel, dy't der fuort útroun troch syn ûnfryske ierripens en produktiviteit, dy't ek gjin lêst hie fan Fryske krupsjes as bleuens en hoedenens, dy't net allinne opfoel troch syn stylfeardigens en redenrykdom, mar binammen troch syn dryst sprekken as machthawwende. Hy bigoun mei in opstel oer Tsjibbe Gearts yn Sljucht en Rjucht, tige wurdearjend en de bitsjutting fan de folksskriuwerij ynskikkend. Fierdere stúdzje laette him al gau in oare wei op; in foech jier letter forkundige er yn krante-artikels en yn syn earst boekje ‘De Jongfryske Biweging’ it antithetyske bigjinsel fan de persoanlike kunst. In skriuwer, dy't foar syn jierren in rom geastlik en kultureel eachweid hie, ien dy't mei alle provinsjalisme brekke woe, dy't skerp en gefoelich reägearre op syn tiid en sadwaende de oaren yn taktyk altyd in reed foar wie. Stânfêstens, kleare bilining, stribjen nei objektiviteit, hearden net ta syn deugden; yn syn kar fan bigjinsels, wurkmethoade en wurdearring fan oaren wied er hinne en wer as de wyn. Syn wurk út de bigjintiid is suver net to lêzen fanwegen de sweevjende, steatlike en ûnsaeklike styl, de lange sinnen en it minne Frysk; foar in part lei dat yn 'e reden, om't it yn dy tiid net tafoel it Frysk as medium foar sa'n gearstalde yntellektuele utering foldwaende yn 'e macht to hawwen. Flottens en in sterke stilearring hearden lykwols daliks ta de eigenskippen fan Kalma syn taelgebrûk; yn de rin fan syn skriuwers-libben is er kommen ta in altyd hwat abstrakte, mar moai lichte proazastyl, in dichterlike journalistyk, dy't net elkenien like maklik oansprekt, mar dy't fan bihearsking en eigenheit tsjûget. Al it striidproaza fan Kalma, syn brosjueres, redefieringen en skôgingen, soe yn in pear fikse dielen net iens sammele wurde kinne; hwat produktiviteit oanbilanget, kin hy Waling Dykstra hast bilykje. {==235==} {>>pagina-aanduiding<<} Tige folle dêrfan is sterk oan de tiid fan ûntstean boun of bistiet foar in great part út selsherhelling. It sil sels de fraech wêze, oft kommende generaesjes yn steat of ré wêze sille dit polémyske en taktyske proaza mear as tige oerflakkich nei to kommen; foar de skiednis fan de Fryske striid hat it syn bitsjutting, mar fan bliuwende ynfloed op dy striid hat it nei de jierren 1915-'19 net mear west. Fan de literaire krityk fan de earste jierren, dy't tofolle bihearske waerd fan gauris wikseljende fielingen fan sympathy en antipathy en dêr't greate wurden, skelpartijen en de forsearre tsjinstelling âlderein-Jongfries in to great plak by ynnamen, moat itselde sein wurde; ek letter is it persoanlike, emosionele elemint yn syn skôging fan it wurk fan syn tiidgenoaten sterker as it stribjen nei breed-objektivearjende pleatsbipaling en wurdearring. Dêr't er mear wittenskipsman is en binammen dêr't er it forline ûndersiket, kin er gâns better ôfstân biwarje: sa yn syn Skiednis fan Fryslân (1935), in great en tige fortsjinstlik wurk, dat ek stilistysk wol syn kwaliteiten hat; syn stúdzje oer Kening Finn (1937); syn dissertaesje oer Gysbert Japiks (1938), al bûgt er ek dêrre, fral hwer't de gods-tsjinstige kant oan 'e oarder komt, it byld fan de dichter tofolle nei eigen mal en miening oer. Kalma hat altyd tige yn it spier west, de kunde oan en de leafde foar de Fryske skriftekennisse ûnder de Friezen to formearderjen en to forsterkjen. Fan syn karlêzingen is It sjongende Fryslân (1917) ûnryp, mar fris en libbenskrêftich; It Harmen Sytstra-boek (1918, mei P. Sipma) breed, mar net altyd like geef; De Nije Moarn (1922) it meast Jongfrysk en mei har biruchte ynlieding wol in sprekkend tiidsbyld fan nei-oarlochsk idealisme. Yn letter jierren wurdt syn oardiel hwat mear histoarysk, hwat minder esthetysk, al forleagenet de man fan 1915 him nea alhielendal. De trije dielen De Fryske Skriftekennisse fan 1876-1925 (forskynd yn 1926-'40) binne skoan to brûken, mar jowe dochs gjin suvere foarstelling, om't de tiid hjir yn to lytse stikken hakke is. It histoarysk forbân foar de âldere skriuwers ûntbrekt almeast, it jier 1915 wurdt to dogmatysk as in absolút grinspunt bisjoen en yn de karlêzing wurdt faek mear it biwegings- as it skriftekundich stânpunt fan de bisprutsen skriuwers werjown (byg. by Waling Dykstra en Onno H. Sytstra). De twa dieltsjes Wy roppe de libbenen (1938-1941) biede in oannimlike karlêzing, mar jowe yn ynlieding en foarwurd ryklik folle polemyk en selsrjochtfeardiging. By al dizze útjeften komme dan jitte de lytsere stúdzjes oer Gysbert Japiks, Harmen Sytstra en Marten Baersma en de forsoarging (troch oerstavering en oantekeningen) fan in diel fan har wurk yn hânsume en foar in great publyk tagonklike boekjes. Ek de talrike learmiddels foar stavering, tael, skriftekennisse en skiednis, dy't Kalma mei seldsume iver gearstald hat, biwize {==236==} {>>pagina-aanduiding<<} dat er de ûnkunde fan de Friezen foar eigen oer net forneare koe. Biwize binammen, dat er de wichtige taek fan de literatuer klear seach en dat er in hege opfetting hie fan de ropping fan de kunst, dy't foar him ommers, as it der op oankaem, gâns mear to bitsjutten hie as striid en wittenskip. In great diel fan syn wurksumheit as skriuwer hat Kalma oan it oersetten bistege. Fryslân yn 'e kunde bringe mei greate foarbylden; de brûkberheit fan it Frysk foar alderlei literaire prestaesje oantoane, in praktyske útfiering jaen oan de slachsin fan ‘Fryslan en de wrâld’, dat allegearre hat ûnder dit moedsume wurk grif by him foar sitten. Yn Swanneblommen 1916 kaem er al foar it Ijocht mei oerset wurk fan Shelley en fan de Ingelske Tachtigers, dêr't syn eigen fersen nei oan bisibbe wiene. Tsientallen jierren lang hat er mei Shakespeare dwaende west; as aparte stikken binne útkommen: Macbeth (1932); In Mid-simmernachtdream (1949). Sûnt 1956, doe't it earste diel útkaem, wurdt der wurke oan de folsleine útjefte fan Shakespeare's Wurken yn Kalma syn oersetting; it is in eareplicht foar Fryslân to soargjen dat dizze ûndernimming net yn it bigjin of op healwei stean bliuwt. In prachtich stael fan Kalma's technysk masterskip en dichterlike krêft is ek de forfrysking fan de Middel-Ingelske fersesyklus De Pearel (1938); de swierste kunstfoarmen wurde dêr suver boartsjenderwize oerwoun. In kunststik is ek de fortaling fan Molière's Le Misanthrope: In Fijân fen Minsken (1930); sa goed waerd dit toanielspul yn it Frysk oerbrocht, as mannichien it fan sa'n typysk Frânsk stik net mooglik achte hie. Klassike foarmbihearsking, technysk fakmanskip, bûchsum taelforskaet, dy eigenskippen treffe jin ek yn Kalma syn greate eigen dichterlike produksje, foar in diel sammele yn: Ut stiltme en stoarm (1918); Jongfryske Sangen (1922); Dage (1927); Sangen (1936); De Lytse Mienskip (1944). De foarm fan syn fers is sûnder wryt en slyt, mar liket faek oerwichtich: safolle folsleinens is min to fortarren, as de ynhâld dizenich, abstrakt en ethérysk is. Forskate lêzers, net ûngefoelich foar poëzij oars, hawwe wurk dizze dichting to gripen en bigripen; it is dan as is de rike foarm opfolle mei in gewichtleaze, ûntaestbere stoffe; har komt it oan as hawwe hja mei in geniale rhetoryk to meitsjen, fral yn de bondel Sangen. Dochs hat Kalma ek wol ienfâldige, kleare, trochsichtige fersen skreaun; iensidich is syn dichterskip alderminst en hy hat der altyd in wolbihagen yn hawn sjen to litten dat er mei de pinne álles koe. Mar sa nei it hert en nei it libben taeste as yn De Lytse Mienskip die er mar inkeld; gjinien dy't dizze soms opmakke en soms sljochte fersen sûnder earbied en tankberheit lêze sil. In oersjoch oer it hiele dichtwurk fan Kalma is net maklik to krijen, {==237==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Dr. DOUWE KALMA==} {>>afbeelding<<} {==238==} {>>pagina-aanduiding<<} om't it tige forspraet leit. Mei in oar Frysk dichter is er net to forgelykjen. Syn wiisgearich klassisisme, dat de harmonij op dizze tobrutsen ierde yn de dichterdream bisiket stal to jaen, is er nea kwyt rekke. Komt it dêrfan, dat er winlik altyd mei it kristendom oerheap lein hat en dat, nêst syn hellenisme, it germaensk-religieuze fielen him somtiden mear sei? Ek yn de jierren, dat er syn libbensoertsjûging evangélysk-kristlik neamt, (om 1926 hinne byg.), kin er it boadskip fan sûnde en forlossing dochs min oannimme. Spanning, spjalt, bilidenis fan minsklike ûnmacht, hy wol der net oan; sa faek der fan God sprake is, lûkt it altyd nei it pantheïsme. Dat de minske krekt by dizze ynstelling iensum bliuwt, blykt ek út dit wurk; Kalma hat dy iensumheit lykwols oandoard, in biwiis fan syn driuw nei greatens en forhevenens. Op it stik fan forheljend proaza hat Kalma, fral yn syn earste skriuwersjierren, wol wakker hwat probearre, - De heimige krêften (Frisia 1917), De swiere winst (Frisia 1921), - mar it slagge him net dêr hwat goeds fan to meitsjen. As it der op oankaem, wied er in yntroverte en egosintryske natuer en dêrtroch ien, dy't de werklikheit mar min hielendal op him takomme litte woe en koe. In idealist as Kalma wol ek leaver it libben yn it fers herskeppe as yn it proaza neimielje; hy wol net biskriuwe, mar foarskriuwe. Fan gâns mear bitsjutting is Kalma syn omfangryk dramatysk wurk. Hy stribbe net inkeld nei fornijing, hy hat foar syn part ek fornijing brocht. In gefolch fan syn fûle krityk op de folksskriuwerij wie ek, dat er foar it Fryske folkstoaniel gjin wurdearring hie; it wie him tofolle forboun oan nocht en wille en oan efternei dounsjen. Toaniel woed er ta in earnstige en suver hillige saek meitsje; it moast yn it midpunt fan de earetsjinst fan de kultuer stean. Dêrom wie foar him it Jongfrysk Toaniel ek in avant garde, dêrom spile er sels mei, laette er de stikken by de taskôgers yn, joech der lêzingen of leargongen oer. De list is lang en hjir net iens folslein: Kening Aldgillis (1920); Noarderljocht (1921); Wy Allegearre (1923); Ruth (1924); Fryslân (1926); De Roardisten (1934); Leafwyn (1941). It is net tafallich, dat hy mei dit wurk earst nei de omkear fan 1919 yn de Jongfryske Mienskip bigoun is; it paste alhiel by dit tiidrek yn syn geastlike ûntjowing. Elke bân mei it folkstoaniel, sels mei dat fan Schuitmaker en Canne, moast yn dizze toanielskepping ûntbrekke; wie it niget, dat dizze wei dearinne moast? Kalma syn stikken fregen safolle geastlike ynspanning fan spylders en taskôgers, dat it ûnbarmhertich wie; doe't er dat sels ynseach, hat er in oare wei ynslein, nei de oarloch sels safier dat er by de earder sa forspeine folksskriuwerij torjochte kaem. It earste stik, Kening Aldgillis, sprekt fan it toanielwurk út de tweintiger jierren jit it djipst oan, grif mei troch de lokkige kar fan histoa- {==239==} {>>pagina-aanduiding<<} ryske stoffe. Mannich brokstik birikt in greate epyske krêft; de bou fan it gehiel lit wol to winskjen oer, mar dochs heart it wurk thús by it kostberste fan de Fryske skriften. Noarderljocht, gâns lytser, is moai fan tael en bylding, mar hat lang dat felle, dramatyske libben net as it foargeande stik. In oare wei gyng Kalma op mei Ruth, - nei de novelle fan Simke Kloosterman, - en mei Fryslân en De Roardisten wied er al gâns in ein tichter by de platte groun, al is it lêste stik dan earder in lêsdrama as naturalistysk toaniel. Oer it neioarlochske folkstoaniel fan Kalma wurdt op in oar plak sprutsen. Hjir moat jit neamd wurde: Keningen fan Fryslân (I, 1949: Thied; Aldgillis; Ydwine. II, 1951: Leafwyn; Redbad), fiif toaniel-stikken yn fersen, dêr't Kening Aldgillis fan 1920 en Leafwyn fan 1941 yn opnommen binne. Sawol de deugden as de tokoarten fan Kalma's histoarysk toaniel komme hjir dúdlik út; dochs bliuwt it great wurk, fan foarname styl, in yn Fryslân útsûnderlik heech bisykjen. Douwe Kalma: aristokratysk kunstner en dochs wrakseler om de Fryske folkssiele; koene dy twa net ticht byinoar komme? Earne yn dit libben leit in riedsel, in geheim, in frjemdens. Frans Duco (út Noarderljocht) hat er ta fuotten út tekene, mar nearne yn syn wurk komme wy in figuer tsjin, dy't wy njonken de Fryske Tsjerne mei syn oertsjûgjende libbenswierheit sette kinne. En dochs hat der selden of nea in man west, dy't Fryslan safolle jaen wollen hat. 4. E.B. Folkertsma Gjin Jongfries yn inge sin, mar dochs yn de earste tiid fan de Jongfryske biweging nei foaren kommen en dêr ek sterk troch ynspirearre, is Eeltsje Boates Folkertsma (1893 Ferwert), de bêste essayist grif dy't Fryslân oan nou ta oplevere hat. Hy komt fuort út de grifformearde doarpsboargerij, leart op de Dokkumer kweekskoalle ta ûnderwizer en is fan 1912-'26 as sadanich op forskillende plakken yn Fryslân wurksum. Sûnt jowt er him yn Ljouwert hielendal oan de Fryske biweging, is lesjower, skriuwer en journalist; fan it bigjin ôf oan hat er de redaksje fan it wykblêd De Stim fan Fryslân hawn en nei de oarloch is er ek forboun oan it Friesch Dagblad. Troud is er nea; sûnt syn feintejierren hat er, trou as ien, Fryslân tsjinne. Twa Fryske lieders, Kalma en Folkertsma, en it leit foar de han har njonken-inoar to setten, al bliuwt forgeliking fan persoanlikheden in nuodlike saek. Folkertsma krige fan hûs ut folle mear fêstichheit en geastlike foarming mei, mar moast in swierder ûntjowingsgong troch- {==240==} {>>pagina-aanduiding<<} meitsje. It gyng by him uterlik allegearre folle stadiger, dreger en stilder om en ta. By de jonge Kalma wurdt nea oan it talint, wol oan it karakter twivele; by de jonge Folkertsma is foar elkenien it karakter dúdlik, mar moat it jit bliken dwaen hwat it talint opleverje sil. Mear tsjinstellingen lizze foar it gripen: Kalma is fan frijsinnich komôf, kriget in klassike foarming, giet nei de universiteit, hâldt altyd hwat fan de estheet; Folkertsma komt út de skoalle fan A. Kuyper, kriget in bihyplike oplieding, is it foarbyld fan de geve autodidakt en lit syn libben net fan kunst en skientme, mar fan de godstsjinstige wierheit bihearskje. De earste wie jierren lang sosialist en stie doe fierder as ea fan it folk ôf, de lêste wie yn deselde snuorje aristokratysk yndividualist, mar forkearde mear as ien ûnder it sljochtwei folk, Kalma wie in stridend skriuwer, libbe foar de publisiteit en wie mei syn pinne syn geastlike ûntjowing altyd hwat foarút; Folkertsma wie in skriuwend strider, hat nea bot de iepenbierheit socht, hie wurk om syn wjerstannen to oerwinnen en syn utering bleau altyd efter by syn yntuysje. It slagget yn Fryslân net gau allinne mar literator to wêzen; it wie Folkertsma syn doel ek net. It earste wurk, dêr't er him oan joech, wie de bibelforfrysking; fierders fornaem gjinien hwat fan him. Kalma wist him lykwols al gau yn de Jongfryske Mienskip to heljen en dêr waerd fuort tige mei him rekken hâlden; folle mear as Kalma sels fortsjintwurdige er dêr de radikael-nasionale streaming. Dy sette er yn 1916 koart mar treflik útien yn in brosjuere ‘Us Fryske Skiednis’; yn it tydskrift Frisia forskynde sûnt 1917 syn rige drege, systematyske opstellen oer ‘De Fryske Striid’, goed wurk dêr't er mei - lyk as faek in ommelanske wei lâns - ta it wêzen fan it striidprogram socht to kommen. Hwat Folkertsma oan fersewurk jown hat, - mar o sa'n bytsje; út de earste tiid byg.: Us leave deaden; Gods Rjuchtfeardichheit, Y.ú.e.t. 1919, - wiisde der dúdlik op, likegoed as syn kunstproaza, - byg. ‘It greate Fryslân’ yn it Harmen Sytstra-boek, - dat syn oanliz sterk romantysk wie en it meast de epyske kant út lei. Fan alle Jongfriezen wie hy wol de iennichste, dy't yn wêzen en wurk nei oan Harmen Sytstra bisibbe wie. Fijân fan fordrach, maklike taktyk en propagandistyske bigjinselkwânselderij as er jimmer wie, liet er yn de Mienskip gauris in fûl en warskôgjend lûd hearre, mar doe't Kalma de foriening hyltyd diele litte woe yn de elkoar rêd opfolgjende praktyske konsekwinsjes fan syn persoanlike ûntjowing, gyng er der yn 1919 by wei. It jiers dêrop rjochte Folkertsma it moanneskrift ‘Tsjûgenis’ op, dat mar goed twa jier bistien hat. It wie frijwol in ienmansblêd, - dichters as R.P. Sybesma, Fedde Schurer en Gerben Brouwer hawwe der to hea en to gers oan meiwurke, - mar it hie in djippe en duor- {==241==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding EELTSJE BOATES FOLKERTSMA==} {>>afbeelding<<} {==242==} {>>pagina-aanduiding<<} jende ynfloed op party fan de jongerein. Der spriek út dit tydskrift in sterk en klear lûd, hertstochtlik bisiele en fan romantyske, hiëratyske styl, it lûd fan in ienling, dy't him út reden fan profétyske ropping oan syn folk forboun wit. Dochs wie in elemint fan ‘literatuer’ yn it blêd net to ûntstriden; de steatlike, mannelike stilearring, dy't de krêft fan Folkertsma syn proaza útmakket, leit der tonearsten like faek boppe op as binnen yn. Dy't syn beide romanbrokstikken, - ‘De Breid fen Kristus’ yn Tsjûgenis, ‘Yn it Skaed fen de Tsjerke’ yn Y.ú.e.t. 1930 en fierder, - út dit eachpunt wei forgeliket, sjocht dêr dúdlik de oergong yn fan neo-romantyk nei geastlik realisme; taelpronk en rhetoaryske sier falle wei foar in geve, sljochte, rjochtute bylding. It bliuwt lykwols de frage, oft Folkertsma ea in wiere roman skriuwe sil, hoefolle goeds en greats dizze stikken ek forwachtsje litte. Oan it gripen nei it heechste en it taesten nei it djipste ûntbrekt it him net, mar wol mist er tofolle de lossens fan styl, de natuerlikens fan de petearfoarm en de biweechlikens fan opfetting, dy't foar de romanfoarm nedich binne. Nei de jierren fan Tsjûgenis kearde Folkertsma in skoft ta it isolemint yn. Yn 1924 slagge it him en oaren it Kristlik Frysk Selskip ek ta it stellen fan in klear en radikael striiddoel to krijen en nei 1927 krige er ien fan de liedende plakken yn de Fryske biweging; syn wurd klonk ek folle fierder as de rounte, dy't him geastlik it neist bisibbe wie; hoewol net ûnder alle omstannichheden ôfkearich fan in antithetyske hâlding, liet er it nasionale, binende elemint altyd tige swier weage. Yn syn brosjuere ‘Selsbistjûr for Fryslân’ (1930) hat er de streken oanjown, dêr't de Fryske biweging har yn de kommende heale ieu oan hâlde moatte sil, wol der fan de striid om it bihâld fan it folkseigene hwat op 'e hispel komme. In part fan hwat Folkertsma tidens in skriuwerswurksumheit fan mear as tsien jier iepenbier makke hat, is gearbrocht yn de beide bondels Toer en Tsjerke (1934) en Eachweiding (1950); twa essay-samlingen, dêr't gjinien oan foarby kin, dy't witte wol hwat der yn Fryslân to rêdden is. Gewoane journalistyk is dit wurk alderminst, dêrta is it to dreech, to geef en to streksum. Wiisgearige skôging kin men dit proaza ek net neame, dêr is de toanaerd tofolle dy fan in roppene en tsjûger foar, de ynhâld to min riddenearjend, to faek absolutistysk. Men moat nei dizze boeken, lyk as nei alle great wurk, tagroeije, sille hja op jin takomme. Elk moat der de ynfloed ek wol fan ûndergean; dy't it mei dizze skôging of kultuerkrityk net iens wêze kin, sil dochs de krêftige utering, de wize stelling en de rike kultuerhistoaryske eftergroun biwûnderje. Der is ek bûten Fryslân yn Nederlân net iens safolle skreaun yn dizze ieu, dat dit peil birikt. Ek al giet it oer it {==243==} {>>pagina-aanduiding<<} tiidsbarren, al is it nei oanlieding fan ien inkeld boek of in biskate figuer opkommen, dan jitte hâldt dit proaza syn widere aktualiteit en syn bliuwende algemienens. It is to hoopjen, dat it net by dizze twa dielen bliuwt, mar dat ek de essays fan nei it bigjin fan de tritiger jierren sammele wurde kinne. De lytse samling Swier Lok (1938) is mar in foarpriuwke, dat lykwols mearich smakket; yn koart bistek jowt it in markant byld fan de skriuwer, mar ek fan de minske, de Fries, de kristen, yn Folkertsma allegearre ta in net to skieden ienheit forboun. It foarname plak, dat Folkertsma yn Fryslân ynnimt, rêst net alder-earst op syn literaire fortsjinsten, hoe'n taelkunstner er dan ek is. Syn driuw nei konsekwinsje, syn trou oan it bigjinsel troch de jierren hinne, syn skôging fan Fryslân sawol yn it natuerlike as yn it geastlike, syn stylbihearsking en taelbylding, dat allegearre jowt him rjocht op sa'n plak. Fan de idiomatyske rykdommen fan it Frysk, - by Hof suver folslein útstald, mar dêr tofolle statysk, ûnrindabel bleaun, - hat hy mei masterhân gebrûk makke foar it skeppen fan de kultuertael, dy't it Frysk op straf fan ûndergong ék wêze moat. Slach op slach kriget by him in wurd, in sizwize in eigen en nije glâns; de sinsbou, út de folkstael biharke, mar hjir ta in rike, artistike ûntjowing brocht, is tagelyk fan in germaenske foarsens en in klassike helderhert Fan de literaire figuer is de geastlike persoan net los to meitsjen. Folkertsma is dúdlik fan kalvinistyske komôf en signatuer, mar hy is net de man fan in partij, in rjochting, in skoalle; hy is yn syn hiele wêzen protestantsk, mar mei yn wierheit oekuménysk hjitte; hy stiet út oertsjûging en forkiezing yn de kristlike tsjerke, mar dat hâldt net yn dat er de wrâld leechleit en forachtet. Yn syn moai boekje De Christen Gysbert Japiks (1946) jowt er bliken fan in djip forstean fan hwat de 17de ieuske dichter ynderlik biweegd hat; hy sil der himsels yn mannich ding yn weromfoun hawwe. Dizze skriuwer wie, mear as ien fan syn tiidgenoaten, oanwiisd de Bibel (mei dr. G.A. Wumkes) oer to setten, de Heidelberchske katechismus en de liturgyske skriften fan de tsjerke to forfryskjen. Mei syn fortaling fan de earste trije boeken fan Augustinus syn Confessiones (Toer en Tsjerke, 29-70) en mei syn Lof (177-185) hat er de greate mooglikheden fan it Frysk, net allinne as godstsjinstige tael, mar ek as ynstrumint fan mystike utering, oertsjûgjend sjen litten. Hied er net sa fan tichtby kunde hawn oan dy âlde trijekaert, leauwe, hope en leafde, hy soe net leard en net yn steat west hawwe in aristokratysk libbensbigjinsel om to setten yn de tsjinst oan Fryslân en oan de fieding en opfieding fan syn folk. It slachte fan dizze ieu soe in hurd oardiel fortsjinje, as it net safolle fan Folkertsma oannimme woe, as dêr't it de kâns ta hawn hat. {==244==} {>>pagina-aanduiding<<} 5. Marten Baersma Twa skriuwers, dy't beide it alderearste bigjin fan de Jongfryske biweging fan tichtby meimakke hawwe, wiene Marten Baersma en Rintsje Sybesma. Mei elkoar to forgelykjen binne hja net: de iene syn ûntjowing waerd yn de earste bloei hommels ôfsletten, de oare sines gie folslein eigen wegen en kaem gâns jierren letter ta stilstân. Meint Hylkes Bottema, better bikend ûnder syn skriuwersnamme Marten Baersma, waerd yn 1890 to Eastermar yn in bakkershúshâlding berne. Hy wie in natuerleafhawwer; oan de natuerbiskriuwingen yn syn letter wurk is ek wol to sjen, dat er folle yn de omkriten fan de Leijen en de Hamster heide rounswalke hat. Hy wol gjin bakker wurde mar timmerman en foarmet himsels ta boukundich opsichter. Hoewol orthodoks opbrocht, giet er letter de frijsinnige kant hwat oer en kriget sympathy foar de kristlik-sosialistyske biweging. Yn de mobilisaesjejierren helpt er Sjouke de Zee tige by dy syn wurk ûnder de Fryske soldaten en yn alle dingen bitoant er him in aktyf idealist, in irényske natuer mei suver hwat in mystike oanliz; ien dy't it tige krekt naem en it dêrom net altyd like maklik hie. Kalma, ien fan syn bêste freonen, biskriuwt him as ‘myld en freonlik, klear en stil fan wêzen en djipearnstich’. In ynbannige, iensume, literair-bijeftige figuer as hy hâldt fansels deiboeken oan en skriuwt folle brieven: hja foarmje it ûnmisbere oefenwurk. Hy hat Piter Jelles lêzen, is al foar it Frysk woun en wurdt ein 1915 ien fan de mei-oprjochters fan de Mienskip. Mar dy't de goaden leaf hawwe, nimme hja jong ta harren: yn 1917 wurdt er boukundich tekener by de stêd Ljouwert, yn 1918 rekket er op 13 novimber nei in sykte fan in pear dagen oan de spaenske gryp wei. It measte wurk fan Marten Baersma is gearbrocht yn De Ljochte Kimen (1925), sammele en ynlaet fan D. Kalma; deselde hat ek in diel fan it neilitten wurk en de deiboeken útjown yn Frisia 1927-'32, ûnder de sammeltitel De Ljochte Kimen II. Fral de trije greatere forhalen, - De Jonge fan de Marsheide, Jelmers Jonge Libben, De Jongste, - binne yndertiid by de forskining tige wurdearre, hwat hja ek fortsjinnen om har ienfâld en rêstige, waerme myldens. Dochs is syn wurk doe gauris to heech oanslein; Kalma hat it neamd ‘it meast Frysk-eigene dat ús hiele literatuer oant nou ta joech’, hwat fansels nearne nei roait. Dit proaza is iepen en earlik, fan in teare skrutenens en suver virginael, mar dochs biheind, weak, mei hwat tofolle fan de puberteitsstimming. To min is yn dizze goede dreamen fan in goed minske hwat fan in greate, fûle striid waer to nimmen. Baersma seach jit allinne de harmonij yn de natuer; yn dat ‘ivich moaije wûnder’ en yn himsels learde er de ‘moaite’ to sykjen, mar is it libben net hwat {==245==} {>>pagina-aanduiding<<} oars en hwat mear? Foar alle disharmonij en demony like hy, dy't dochs de oarlochsjierren en it wapenbidriuw fan tichtby meimakke hie, blyn to wêzen. Oft er dat by in fierdere ûntjowing sjoen hawwe soe, oft syn wurk dêr dan greater en manliker fan wurden wie, oft er him faeks sá al hielendal útskreaun hat, hwat wit it? Foar it lêste sawol as foar it earste is hwat to sizzen. Yn hwat Marten Baersma jown hat, leit hwat fan de suverheit fan it earste bjirkegrien yn de maeimoanne; it komt ticht by de Fryske idylle, sa't Ids Wiersma dy yn forskate printen en etsen útbylde hat. Jonge minsken, dy't jit net troch de literatuer bidoarn binne, sille der in wolbihagen yn fine, foar party âlderen is it in kostlik en soms hwat pynlik oantinken oan in swijende simmerjoun, in stimming fan sêfte frede. It biwiist de literaire iensidigens fan de Jongfriezen, dat hja Baersma heech skatten hawwe en foar de wearde fan Holtrop syn novellen gjin each hiene; it biwiist ek de krêft fan har jong en idealistysk libbensoanfielen. Ta de greate boeken fan Fryslân heart De Ljochte Kimen net, mar elke Fryske jonkheit sil har witten fan de skientme fan de natuer en fan it kommen fan de leafde ta de iensume en wachtsjende, hjir suver en earlik útsprutsen fine. 6. R.P. Sybesma Rintsje Piters Sybesma waerd yn 1894 to Tsjerkgaest berne en hat him nei syn stúdzje as féarts op it Hearrenfean festige. Al yn 1914 hie er Fryske fersen publisearre, dêr't klear de ynfloed fan de Hollânske Tachtigers út blykt. Hy waerd ien fan Kalma syn earste striidfreonen; yn 1915 lieten dizze alderpersoanlikste dichters in pear fersen ôfprintsje, dy't hja mei syn beiden makke hienen: grif in unicum yn de Fryske skriften! In biwegingsman waerd Sybesma lykwols net; dêr wied er ek in fiersto great yndividualist ta. As dichter brûkte hy yn dy earste jierren binammen de sonnetfoarm en hy hat der hiel hwat mei wurde kinnen. In bondeltsje Ta de Moarn (1927) bifettet mar in tritich sonnetten, mar dy hearre dan ek hast stik foar stik ta de klassike fersen. It is frijwol allegearre natuerlyryk; fan it religieuze of erotyske sentimint is neat to fornimmen; it gehiel makket in stoere, suver objektive yndruk. In kleare en hast saeklike fisy wurdt yn krêftige taelplastyk foarm jown, uterst bihearske en dochs swier fan kunstsinnich oanfielen. De slimste en meast mishannele fersfoarm liket hjir wier de iennichst mooglike to wêzen. Yn sa'n koart bistek ta sa'n glânzgjend skilderij to kommen, dat is mar inkelden jown. Sybesma hat sjen litten hoe emosioneel de Fryske ynbannigens ek yn de poëzij is. {==246==} {>>pagina-aanduiding<<} Syn lettere fersen hawwe meast mei de klassike, harmonyske foarm ôfdien; ek de ynhald wurdt direkter, fûlder en wreder; it hat der faek wol oan dat er syn fieling de baes kin. Nei oan it Fryske boerelibben as Sybesma neffens ôfkomst, aerd en wurk stiet, giet de krisis fan de tritiger jierren him net oan de siel foarby. Oer de skiif fan de agraryske biweging, en mei ûnder ynfloed fan Jan Melles van der Goot, komt er by de faksisten en nasionael-sosialisten tolânne. En sá ‘leaut’ er dan yn de Dútske polityk, dat hy yn de simmer fan 1940 útbrekt yn in tal tiidsfersen, dy't yn 1941 mei Dútske oersetting yn Berlyn útjown wurde ûnder de titel ‘Der zehnte Mai’; deselde fersen, mei in stikmannich yn likense trant der by, mar nou sûnder oersetting, forskine in jier letter yn de bondel ‘De swetten útlein’. It is in pynlik haedstik yn it libben fan de dichter; hoe goed party fan dizze fersen as fers ek binne, hja foarmje in ûneare foar Fryslân. It ôfskied oan it sonnet hie foar Sybesma ek de kear nei it proaza bitsjutten. It literaire moanneblêd De Holder, dat hy yn de jierren 1926 -1929 mei J.H. Brouwer útjown hat, woun net it minst yn bilangrikens troch de novellen, dy't hy dêr forskine liet. It bondeltsje sketsen Om it Hiem (1931) levere it biwiis, dat hy yn steat wie it boerelibben uterst fakkundich, sawol fan de kant fan de skriuwer as fan de boer, út to byldzjen. It masterskip oer it proaza komt lykwols jit klearder oan it ljocht yn It Anker, in bondel forhalen (1932). Moaiskriuwerij sil men hjir net oantreffe, hwat fansels net ynhâldt, dat alle literaire sier en tier der yn mist wurdt; de bylding en bihearsking, de monumintale ienfâld, dy't meielkoar de sonnetten fan Ta de Moarn ta sokke kostbere juwielen meitsje, jowe oan dit proaza ek hwat massyfs: it strielet krêft en dochs ek in soms mystike gloede út. Tusken de rigels stiet mear to lêzen, as dat der yn sein wurdt. In fine, skerpe geastichheit, in nei de djipte taestende skôging, in sterke sfearskepping, dat binne inkelde treflike eigenskippen fan dizze forhalen. De wiidweidige, plastyske, alderminst oerstallige natuerbiskriuwing, it biweechlike sinrhythme, de steatlike taelmuzyk, - byg. yn dat prachtige ‘Oan 'e sédyk’, - hja binne hjir like goed op har plak as it koart-ôfbrutsen sintsje, de sobere konstatearring (‘understatement’), it amerij fan myld glimkjen of feninich gnyskjen. Der bart net safolle yn dizze acht forhalen en dochs binne it gjin forfeelsume détailtekeningen. It libben yn syn riedseleftige ienfâld wurdt hjir mei ûnbarmhertich synisme foar ús set en dochs is it mei in ynbannige leafde biskreaun. In bysûnder stik proaza, yngeand fan waernimming en waerm fan tekening is ek ‘Boerke Thae’ (De Holder, 1929; Frisia, 1931-'32). Dy't it stik lêzen hat, moat neitiid it boekje ‘Fryske Styl’ fan prof. Brouwer ris trochwurkje; him sille de eagen foar folle moais iepengean. {==247==} {>>pagina-aanduiding<<} 7. P. van der Burg Gjin ‘great’ dichter; machtich is it tal fan syn fersen ek net; mar ûnder de Fryske dichters is er ien fan de suversten. It is to hoopjen, dat elk dy't yn Fryslân ta de wrâld fan de poëzij komt, it lytse bondeltsje fan dizze stille sjonger op syn wei fine sil; in better kaei om de doar to iepenjen is der hast net. Pyt van der Burg (1893 Boazum-1922 Jelsum) wie de twade soan fan Jan Linses van der Burg, de jongforstoarne dichter fan it moaije folksliet It Heitelân. Hy krige al jong de soarch foar de buorkerij, mar koe dat net oan; in kuer yn Davos holp him net fan syn sykte ôf en jong is er hinnegien. Hy hie folle lêzen, de Fryske tradysje yn syn famylje hied er tige diel oan en de Jongfryske biweging makke ek yn him hwat wekker, al liket syn wurk yn neat op dat fan Tolman of Kalma. Fan 1918-'21 hat er inkelde tsientallen fersen publisearre; it bondeltsje Fersen (1934) bifettet, op in stikmannich leafdedichten nei, in folsleine samling. Oarsoartich wurk hat er ek net jown. It is suver allinne natuerlyryk fan in bûtengewoane ienfâld en oprjochtens, hwat der yn Fersen stiet. Pronk sit der net oan; hoe soe dat ek kinne by sa'n bliid oanskôgjen en wémoedich birêsten? De sonnetfoarm wurdt net brûkt, de ferstechnyk liket sa sljocht as it mar kin. Yn syn sobere tekening en mei syn dimmen, mar tige persoanlik en daliks djip oansprekkend lûd, wit er de lêzer byld en wêzen lykwols klear foar eagen to tsjoenen. Dy't hwat fan de moderne chaos bigeart, moat hjir net oanklopje; it fine, teare en serene wurk fan dizze dichter sil him neat sizze. 1) Sa hiel folle hie Pyt van der Burg net iens to sizzen, oan de religy likemin as oan de fortwiveling komt er ta, mar dat bytsje hat er rein en ryp en foar altyd sein. De gong fan de seizoenen en fan de tiden fan de dei, it libben fan de fûgels, de wyn en de snie en de moanne, selden binne hja sa yn har oerfoarm, selden sa natuerlik en muzikael werjown. It is ‘lytse’ poëzij, mar dan sûnder wryt of slyt. 8. J.H. Brouwer Doe't D. Kalma yn 1922 syn blomlêzing De Nije Moarn útjoech, krigen ek Jongfryske dichters as Jan D. van der Mei mei syn ienfâldige {==248==} {>>pagina-aanduiding<<} ferskes, dy't út de fierte wol hwat fan Pyt van der Burg sines hiene, as Thys de Vries, mei syn neifolging fan Kalma en Tolman, en as Janke Oostenbrug dêr in plak. Ien, dy't al withoefolle fersen yn Jongfryske trant skreaun hie, Jelle Hindriks Brouwer (1900 Beetstersweach), mankearde dêr lykwols. Hat er net wollen, of wie it net dwaenlik út syn sé fan sonnetten in stikmannich goede op to dippen? Op de H.B.S. yn Snits waerd Brouwer al foar de Jongfryske biweging woun. Fan 'e miet ôf wie it dúdlik, dat sawol de biweging as de literatuer him nei oan it hert lei, mar ek, dat er gjin Kalma-folgeling bliuwe soe. Yn 1918 wied er samler fan it tydskrift Jong Fryslân, yn 1924 bipleite er yn Frisia in earliker wurdearring fan de Fryske skriuwers út it foarige en in hechter oansluting by de folksstriid, yn 1926 rjochte er mei Sybesma De Holder op, it tydskrift dat fjouwer jier lang nei foarm en ynhâld in nije en frisse forskining yn Fryslân west hat. Koe in natuertalint as Pyt van der Burg him frijhâlde fan de ynfloed fan de Tachtigers, Brouwer mei syn lêst fan literatuerûnderwiis op de skouders, koe dat net. Hwat er ûnder skûlnammen en letters as L. Feenstra, L. Bosker, J. en J.H.B. yn de blêdden oan poëzij publisearre hat, is learwurk; him dêr hielendal frij fan to meitsjen, hat muoite koste. De bondel De Gouden Ure (1930) jowt fan dy wrakseling wol in byld; in ienheit is de samling net wurden. Dat de minske gauris to fier efter de literatuer weiskûlet, hat makke dat party mar swier ta wurdearring fan dit wurk komme kinne; it is dan ek faek ûnderskat. Brouwer syn hwat oerdiedige en weelderige lyryk liket wolris in oefening yn fakmanskip; de ynhâld is dan min to gripen. It sterkst bine jin de rike rhythmen en lûden. Dat each en ear fan de dichter bysûndere gefoelich binne, fornimt men fral yn de lêste ôfdieling fan dizze bondel: fersen as Midsimmer, De Hantwizer, Skipperswiif, De Staech, binne bûten kiif pronkstikjes fan fisy en byldzjende krêft. Yn In String Fersen (1934) jowt de minske him gâns fierder bleat, al is it gefaer fan esthetisisme net alhiel fordwoun. De uterlike sier fan it fers is forsobere, de ynderlike needsaek hat woun; de eksistinsje wurdt sterker as de fegetaesje. De dichter sil oer in drompel moatte, sil er ta nije skepping komme, sa komt it jin oan. Sûnt hat er as dichter sa goed as swijd. Inkelde proazastikken binne apart útjown, - Idylle (1929), Dominé (1936), - mar fierder hat de wittenskip him opeaske. Dat de literatuer net bûten syn eachweid is kommen to fallen, biwize net allinne syn stúdzjes oer Starter, Gysbert Japiks en Joast Halbertsma, mar mear jitte dy oer Fryske Styl, De Fryske Fjouwerrigel en oare ûnderwerpen. Nou't Brouwer nei syn professoraet yn Grins (1941-'56) him wer alhiel op Fryslân weromlutsen hat, mei der jit in swiden bloei forwachte wurde. {==249==} {>>pagina-aanduiding<<} 9. Fedde Schurer Fan de skriuwers, dy't om 1920 hinne nei foaren komme en dy't allegearre mei ûnder Jongfryske ynspiraesje steane, al kin gjinien Jongfries hjitte, hat Fedde Schurer wol de greatste bikendheit krigen. Hy is yn Fryslân de dichter by útstek, meije syn biweechlikens en roerigens dan ek suver ûnfrysk wêze; gjinien hat sa as hy de ivoaren toer mijd en sa fan alle beammen yn it libbenshôf de fruchten plôkje wollen. Schurer is yn 1898 to Drachten berne, mar syn folk, in grifformearde arbeidershúshâlding, forfear al gau nei de Lemmer. Dêr wied er earst timmerfeint en sûnt 1919 ûnderwizer yn de kristlike skoalle. Al gau kaem er foarenoan yn de Fryske biweging to stean en inkelde jierren letter ek yn de fredesbiweging en de kristlik-demokratyske politike partij. Syn anti-militarisme wie de oanlieding, dat er spul mei it skoalbistjûr krige, dêr't syn ûntslach út fuortkaem. Fan 1930-'46 hat er yn Amsterdam it iepenbier ûnderwiis tsjinne en sûnt is er op it Hearrenfean as journalist wurksum. Hied er yn Amsterdam al ris in skoft foar de C.D.U. lid west fan de Prov. Steaten, yn 1956 waerd er foar de P.v.d.A. ta lid fan de Twade Keamer bineamd. Net nei to gean is it tal kearen, dat er op iepenbiere gearkomsten sprutsen of foardroegen hat. It útkommen fan Schurer syn earste bondel, Fersen (1925), wie foar mannichien doe in reden ta blydskip; it wie nei tsien jier fan humanistysk-idealistyske sweverichheit ek in forromming. Leafdefersen, godstsjinstige poëzij en striidlieten stiene der yn, dúdlik jong wurk, oprjocht, tige spontaen en bigryplik. De ynhâld is frij tradisioneel, de rhetoryk mist der ek net yn, mar de oandriuw, de hertslach, de geastdrift, binne libben en wier. Fersen as De Wolken, (fgl. Iris fan J. Perk en The Cloud fan Shelley), De Skeper, Offerjefte, War Dy, e.o. sille elkenien, dy't him yn de Fryske skriftekennisse bigjint to jaen, daliks oansprekke. In al to greate maklikens yn de omgong mei rym en fers-foarm en in foarleafde foar de dichterlike anekdote, de ‘pointe’ en de slachsin, kin men de skaedkanten fan dit wurk neame. Utflecht (1930) kaem mei kunstiger en ek technysk gâns fynder wurk, ek mei mear literaire glâns jitte as yn de earste bondel. De toan is fêster en manneliker wurden, it dichterlike boadskip yn folle ding riker. Ek hjir ûntbrekt yn de anekdotyske en aktuele fersen net altyd it guodkeape effekt, mar wiere poëzij as De Lietsjesjonger en Op de tromme biwiist dochs, hwat Schurer yn dit soarte kin. In ynlik tsjûgenis fan - tagelyk klassyk en modern - kristlik dichterskip jowe de sonnetten fan Kyrie Eliëson en De Stumper; in modern lûd brekt troch yn Jabbok. {==250==} {>>pagina-aanduiding<<} De dichter bilydt ta twa wrâlden to hearren, mar trou oan de iene bitsjut foar him gjin ûntrou oan de oare. In trochgeande ûntjowing is to merken yn Op alle Winen (1936; de bibliofile útjefte Twiljocht, 1935, is yn dizze bondel opnomd). De oergong fan doarp nei wrâldstêd bliuwt net sûnder gefolgen; it lûd is hwat ûnwisser wurden, der brekt hwat fan twivel en synisme yn troch, - de dichter fielt him ‘in wiffe flagge dy't op alle winen slacht’, - it lân leit der net mear sa sljocht hinne as earst wol. Dochs wint, lyk as altyd yn Schurers wurk, de leafde it; de leafde ta de minske, ta de frou, ta de ierde, ta God. Gol en foldédich jowt dizze dichter, tankber foar hwat er krigen hat, altyd earder loovjend as kleijend. De fjirde bondel Fen twa wâllen (1940) tsjûget fan in greater moderniteit, in pynliker twaspjalt, in loslitten fan literaire omballingen. Technysk is Schurer njonkenlytsen yn steat ta hwat er wol, geastlik is de kleau tusken yntellekt en bernlik leauwe greater wurden. It dichterportret stiet fêst, al sille inkelde trekken jit foroarje. Dat is al bard yn Vox Humana (1949), in bondel mei wakker ûngelyksoartich wurk, net al to kritysk skifte. Der is gâns gelegenheitsdicht by, gâns wjerklank fan de oarlochsjierren ek. Mei fan it moaiste fan it hiele boek sit yn de Kwatrinen; ek it fers in memoriam A.M. Wybenga is ienfâldich, geef, dêr sit gjin sabeare mear yn. De bondel Fingerprinten (1955) foeget hjir amper nije fasetten oan ta; ek hjir is tofolle fakwurk gearbrocht, ek hjir kippe de Kwatrinen der út. De einichste konfrontaesje komt yn it sicht, in wémoedige toan klinkt troch, mar de leafde bliuwt. Faeks, dat de tokoarten dêr't dit dichterskip mei tangele sit, hwat paradoksael sein, de oarsaek binne dat Schurer sa'n goede oersetter is. Dat docht wol bliken út forskate fersen yn syn bondels (John Donne!), mar mear jitte yn de aparte útjeften: Heinrich Heine (1931); Lof fen alle Tiden (1934); It Boek fan 'e Psalmen (1947); Frysk Psalm- en Gesangboek (1955). Hwat er sa foar de godstsjinstige dichting en foar de kristlike tsjerke yn Fryslân ta stân brocht hat, is net gau genôch nei wearde to skatten. Hjir en dêr koe it effen minder literair wêze, mar yn it ginnerael moat men de greatste biwûndering foar dit wurk hawwe. De Psalmbiriming en it bibelsk drama Simson binne mei de Gysbert Japikspriis bikroand. Schurer is lyrikus; it epyske fers leit him net sa bot. Yn it dramatyske genre binne de lyryske einen ek faek fierwei it bêst. Bûten in stik-trije stikken foar folkstoaniel (Thúsreize; Hil is út 'e rie; Ynkertiering), hat er yn 1936 in lekespul yn fersen, It Boadskip, skreaun. Great fan opset en fan slagjen is Simson (1945), in bibelsk drama, dat itselde jier ek yn Hollânske fortaling útkommen is en dat, sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk, treflike útfieringen bilibbe hat. It bibelsk rea- {==251==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding FEDDE SCHURER==} {>>afbeelding<<} {==252==} {>>pagina-aanduiding<<} lisme, de aktualiteit (striid tsjin frjemde bisetters!), de libbene muisklikheit, de linige fersifikaesje, it moaije, bloedwaerme Frysk, dat allegearre tilt dit stik ta in hichte, dy't yn Fryslân mar selden foarkomt. Net earlik dêr oan ta komt Bonifatius (1954; ek dit histoarysk spul hat de skriuwer sels yn it Hollânsk oerset). Wie Simson hielendal yn fersen skreaun, Bonifatius jowt in ôfwikseling fan poëzij en proaza en hat ek minder faek in lyryske ynslach. Schurer syn bysûnder fakmanskip wurdt ek hjir wer biwiisd yn tael, rym, rhythme, petearfoarm; syn stean mei it folk, syn kar foar Kristus' boadskip, syn leafde foar it âlde Dokkum (Branda's fisioen!), komme op oertsjûgjende en soms ekstatyske wize ta utering. Hwat Schurer yn de rin fan de jierren oan forheljend en skôgjend proaza jown hat, is gjin bytsje en ek net sûnder fortsjinste. Net op dat gebiet lykwols leit syn bitsjutting, al sprekt der in goed taelman en in skerp yntellekt út. Mei er yn de polityk en yn de striid fan de mieningen partij wêze, syn dichterskip is foar hiele Fryslân. En it folk, dêr't er it iens en forgoed mei weage hat, hopet dat de fruchten fan de jountiid net earmer en minder wêze meije as hwat it moarnsskoft oplevere hat en hwat de middeijefte oan rykdom skonk. 10. D.H. Kiestra Douwe Hermans Kiestra, yn 1899 to Tersoal út boerelaech berne, is sels ek boer wurden en hat op in pear jier nei altyd yn de Legeaën wenne. Yn de tweintiger jierren wie er ien fan de foarmannen fan de Jongfryske Mienskip en yn dy har blêd hat er doe ek skôgingen jown, dy't foar it forstean fan syn geastlike figuer net sûnder bilang binne, byg. ‘De Tsjerke yn Fryslân’ (De Nije Mienskip, 1927-'28). Hy publisearre ek fersen, proazawurk en boerebrieven, dêr't in apart en eigen talint út spriek. De krisis yn de tritiger jierren forsterke tige syn solidariteit mei de Fryske boerestân en hy socht mei mannen as Rintsje Sybesma en Jan Melles van der Goot, - boeresoannen lyk as hy en ek fan frijsinnich komôf, - nei middels om de agraryske delgong to kearen. Dat, en syn krityske fisy op de demokratyske steat, mei syn wjeraksel fan de konfessionele polityk, hawwe him de nasionael-sosialistyske kant opfierd; hy naem op dat front yn Fryslân tidens de oarloch in striidbere posysje yn, - sjoch de jiergongen fan It Fryske Folk, 1941-'43, - hy hat dêr neidetiid ek de gefolgen fan ûnderfoun. As ‘a wiser and a sadder man’ stiet hy sûnt yn Fryslân, dat him mei earbied bijegenet as in trou soan, in geef minske en in great dichter. Hat in dichter as Jelle H. Brouwer yn syn wurk faek hwat weaks {==253==} {>>pagina-aanduiding<<} en subtyls, Kiestra dêrfoaroer is de dichter fan it mannelike, sonoare lûd, fan de striid en de wrakseling, fan de dynamyk yn de natuer. Dy natuer is altyd bywêzich, soms as seine en flok tagelyk. Hja wol yn harsels rêste en wurdt skraechwurk fan de minske bitwongen; de boer binammen kin hearsker en stjûrder wêze wolle, mar hy moat bilies jaen; efter al it natuerlike spanne kosmyske krêften tsjin him gear: it Al-iene, de Skepper, God? Selden dat der gjin mystike of religieuze groun ûnder Kiestra syn wurk leit, mar it is net maklik to sizzen, oft dy groun as heidensk of kristlik bineamd wurde moat. De earste bondel fan Kiestra wie Efter it Oargel (1935). Gjin idyllyske natuerforhearliking sil men hjir oantreffe, mar folle mear in bisef fan minsklike ûnmacht foar ûnbikende, titanyske machten oer. Ek it boerewurk is opnommen yn de spanning fan tiid en ivichheit, fan skeppingsdrift en needlotsbisef, fan ienling en mienskip. Sadwaende krije greate fersen as Oan 't heamiel gear, Tonger biwaeit, Swelle-stoarm, by al har bining oan de werklikheit dochs hwat dat har op heger plan hevet: it natuerbarren wurdt ta natuersymbolyk. Sinne op 'e striesek (1948) is in bondel mei in persoanliker aksint. De dichter forkeart fanwegen syn politike hâlding yn de oarloch yn it kamp en komt dêr ta in foarm fan geastlike ynventarisaesje en registraesje: gjin skuldbilidenis foar de minsken oer, mar it oardiel wurdt oan God oerlitten (sjoch: Twaspraek; Biswarring). De leafde ta de alderneisten en ta de natuer is bleaun en wurdt lottere en fordjippe. In fers as It Ljocht hat al it streamende, magyske, suver foarmleaze, dat de fersen fan de trêdde bondel, It jier yn 't roun (1955), sa sterk typearret. De gong fan de seizoenen bringt it boadskip fan it ivige ‘Stirb und werde’ en fan de minske wurdt frege him willich to foegjen yn it donkere riedsel. In lûd, dat oan de Dútske mystyk bisibbe is, kriget hjir by nou en by dan in bitsjoenende formule. As proazaskriuwer is Kiestra mear naturalist as mystikus; út in geef stik as Mascotte (yn Fryske Sketsen, 1934) die dat al bliken; út In skreach mei apels (1936, boerebrieven) koe dat ek opmakke wurde, mar yn de novelle De Frouljue fen de Fetweider (1939) kaem dat suver útdaegjend en programmatysk ta utering. Sok proaza rekket it greate, mar giet geastlik bisjoen roerdend by de ôfgroun lâns; soms hat men oanstriid it hybris to neamen. Inkelde toanielstikken fan Kiestra (Jehannes-Ruerds-jonges, 1932; In swiere sile, 1936) passe goed by syn fersen en proaza; technysk masterskip blykt der net út, mar wol in sterke ynspiraesje. Omgriemen mei wurden en bigripen wie nea hwat foar dizze skriuwer, dy't yn stûfe earnst en ynbannige soberheit bisocht hat utering to jaen oan hwat syn wêzen op 'en djipsten bifruchtet en biweecht. {==254==} {>>pagina-aanduiding<<} 11. Inkelde oaren It byinoarbringen fan de skriuwers, dy't yn dit haedstik bisprutsen wurde, ûnder de gearfetsjende bineaming ‘Jongfryske skriftekennisse’, moat mear út maklikens as út reedlikens forklearre wurde. In foar allegearre jildende ynhâld hat dy oantsjutting ommers net; dêrta wie der ek fierstomin bliuwend forbân en mienskiplik libbensforstean. De skiednis soe forkrêfte wurde, as men sok in ienheit byinoarbouwe woe. Dochs binne der de generaesjes, dochs is der de ynfloed fan it tiidsbarren, dochs is nea to ûntstriden dat de Jongfryske biweging oan gjin skriuwer of dichter fan nei 1915 samar foarbygien is. Mei de ien mear fan hûs út of fan himsels meikrigen hawwe, mei in oar hwat langer ûnder de hypnose fan Kalma bleaun wêze, allegearre binne tankber foar en bliuwe gâns skuldich oan de fornijing fan 1915. Skriuwers en skriuwsters as Obe Postma, Simke Kloosterman, Reinder Brolsma en Rixt, sil gjinien mei goed fatsoen ta de Jongfriezen rekkenje kinne; op syn heechst binne it foarrinders, mar sa'n wurd ropt al gau misforstân op. Jongfryske skriuwers binne Tolman, Sybesma, Kalma, Marten Baersma, en fan in hwat lettere lichting Jelle H. Brouwer en A. Jousma; by Pyt van der Burg heart al in fraechteken to stean; B.R.S. Pollema hat him wol in skoftlang yn dit formidden jown, mar heart neffens jierren en wurktrant by de skriuwers, dy't nei 1900 nei foaren kamen. En dan binne der, dy't har jerne fan 1915 bifruchtsje lieten, mar dochs eigen wegen keazen: hja, dy't earst nei 1920 foar it earst of goed oan 'e gong slagge binne: E.B. Folkertsma, Fedde Schurer. Douwe H. Kiestra, Gerben Brouwer, Inne de Jong, S.D. de Jong en Bouke Tuinstra. Oer fiif fan dizze skriuwers hjir jit in koart wurd. Ane Jousma, berne yn 1900 yn Wester-Nijtsjerk, sûnt lange jierren ûnderwizer yn Den Haech, sette al jong mei de publikaesje fan syn fersen útein. Hy hie hwat fan Tolman en Kalma, stribbe nei in swiere, forheftige utering en socht it dêrby ornaris yn it oerladene dichterlike ornamint. De rhetoryk lei der soms tsjok op en it moade-jargon waerd lang net altyd mijd. Letter krige syn wurk mear in eigen stal en styl; yn de bondel Kimelûd (1940) is it lek en brek fan it bigjinwurk wol net fordwoun, mar der stiet ek hwat oars foaroer: in ‘geastlik’ dichter, mei oanstriid ta mystisisme en synkretisme; ien dy't greate ûnderwerpen siket, dy't er mar in inkelde kear hielendal oan kin. Oer syn toanielwurk wurdt letter skreaun; hjir heart de histoaryske forbylding Redbad as in foars bisykjen neamd to wurden, dat de nammen Kalma en Schurer yn it sin bringt, mar dêr net oan ta komt. Gerben Brouwer (1902, De Hommerts; ûnderwizer) is sjonger en {==255==} {>>pagina-aanduiding<<} oars neat. Hy is in man fan stimming en wikseling, fan opstiging en delgong, fan wurgens en wille; gjin niget, dat syn iennichste bondel Weagen (1934) hjit. Mei Folkertsma, Schurer en Inne de Jong foarme er yn de tweintiger jierren in boun fan geastlike sibskip: alle fjouwer wiene fan orthodoks komôf, sochten yn trou oan it âlde nei nije wegen en stiene tichter by de neo-romantyk as by de moderne saeklikheit. Dat lêste blykt yn Weagen ek dúdlik. Brouwer siert syn wurk graech op, makket der muzyk fan, biwûnderet de cantilena. Mar hy kin net út syn eigen tiid wei flechtsje, en sa ûntstiet der in brek. Dit wurk kliuwt ta de hichten fan Peaske en Himelfeart en falt del yn it sarkasme fan Merk. Alle toanen fan de lyryk wurde oanslein: fortwivele roppend, bernlik smeekjend, greatsk tsjûgjend. Der sit yn dizze poëzij soune folksaerdigens en siik synisme, der is lof en flok, tank en wanhope, sûging fan stof tsjin geast. Fan de hymne oer de boutade nei de negaesje lizze mar inkelde stappen. De dichter lijt oan syn tobrutsenheit: hy mei net boppe op de berch bliuwe, hy kin it dêr ûnder op De Forflokte Groun net úthâlde. Hat er himsels útsongen, stilsongen? Dan is syn bondel it forslach fan in krisis. Inne de Jong (1894, Nijemardum; ûnderwizer yn Amsterdam) hat syn measte poëzij op letter jierren skreaun en hat ek let bondele: Harstwiich (1939). As skriuwer fan striidproaza hied er al earder toand in man fan feart en faesje to wêzen; deselde fuortgong en linige flecht sit ek yn syn dichterlike produksje. In man mei in iepen hert, ien hwa't de dingen gau oan it moed komme, rap fan utering, leaver fan literaire sier, sa komt er de lêzer oan. Syn wurk is sjongend, loovjend, forhearlikjend: it nimt de ‘bloeijende ierde’ oan, mar ek ‘it oare lân’, it sjocht de ellinde, mar wit ek fan forlossing en tankberheit. Lyk as faker by kristlike dichters, hat ek De Jong oanstriid ta it rhetoarysk effekt, fral om't hy min yn de steat fan tobrutsenheit tahâlde kin. Syn bihearsking fan tael en ferstechnyk, syn nei it romantysk-idealisearjende útskaeijende natuer-en-leafde-lyryk, syn waerme minsklikheit en oprjocht leauwe, forgoedzje sa'n tokoart lykwols fierhinne. Goed fakmanswurk hat De Jong levere mei syn oersetting Kwatrinen fan Omar Khayyám (1955), in biwurking nei it Ingelsk fan de forneamde Rubayyát fan de Perzyske dichter, dy't om 1100 n. Kr. libbe hat. Ek hjir treffe deselde eigenskippen - technyske handigens, firtuositeit, rhetoaryske ynslach, skerp taelgefoel - mar hjir binne it stik foar stik deugden suver. In stik wurk, dêr't de dichter Fryslân en de wrâld op kundige wize yn taïnoar brocht hat. De leafde foar it gea fan syn jonkheit hat De Jong útskreaun yn in pear moaije jongesboeken (Jonges fan Gaesterlân; Nije aventûren). In bondeltsje fersen, dat der yn dit selskip hwat útrint, is Hwet {==256==} {>>pagina-aanduiding<<} foarby gie (1929), jeugdfersen fan L. Martena, skûlnamme foar Sibe Douwes de Jong (1897 Stiens-1951 Ljouwert; journalist). Dizze praetpoëzij is neffens de skriuwer ‘útjown as protest tsjin de geast fan it literaire academisme’ en sil wol as in persoanlike reäksje op tofolle jongfriezichheit opfette wurde moatte. De wearde fan it boekje leit, mear as yn it skriftekundich-moaije of -bysûndere, yn it feit dat it in tiidsstreaming, in geastlik forwar, in biskaet modernisme yn Fryslân fortsjintwurdiget. Njonken sonnetten fan it bikende soarte steane hjir ommers pessimisme, synisme, kritisisme en oare romantyske jonkheits-kwalen, mar it bliuwt hwat oan de bûtenkant. Men glimket earder by it lêzen, as dat it jin troch de siele skuort. By einbislút binne de ‘earnstige’ fersen jit de bêste fan de hiele smelle produksje. Oer it (bilangriker) toanielwurk fan De Jong wurdt fierderop skreaun. Yn syn forheljend proaza hat er genôch flottens, mar to min djipte; ek de taelbihearsking kin lang gjin sprekken lije. Syn stribjen, yn de milieu-tekening hwat mear libben en forskaet to bringen, moat mei eare neamd wurde, (sjoch byg. ‘De van Wramens’ en ‘De Pelikaen’, It Heitelân, 1929-31). In skriuwer, - ien mei in apart talint, in greate leafde ta syn fak, mar spitigernôch in to biheind oeuvre, - dy't neffens syn jierren hjir thúsheart, mar ek yn it folgjende haedstik oan bar komme kinne soe, is Bouke Tuinstra (1900, It Hearrenfean; notaris to Wommels). Prozaïst op en út, is er tûk opmerker, skerp karakterbylder, goed komponist. Yn de bondel Fryske Sketsen (1934) foei in forhael fan him op: Sang fen 'e Sé. Sentimenteel, grif; as it nypt ek earder âlderwetsk as modern; romantysk, ja, mar seldsum krekt fan waernimming en sfear. Syn greate novelle Hwet scil it libben ús bringe (1937) is, mei har tokoarten, ek in treflik wurkstik; it hat minder fordjipping as Sybesma syn proaza, mar dizze skilder wit lykwols syn pinsiel en palet to brûken. Beide sketsen binne opnommen yn Earste Keur (1949), in lytse samling fan wurk út de jierren 1932-'37. Wurk fan in eigen soarte en dêr't in skriuwer oer gear west hat, - dit proaza is fan alle kanten bisjoen, bislipe en bihoffene, - dy't wit hwat literaire forantwurdlikheit is. It gefaer, dat de technyk de geastlike spanning weinimt, wit Tuinstra lykwols net altyd to ûntrinnen. 12 Toanielskriuwerij Hat de folksskriuwerij nei 1915 tige fan in delklap to lijen hawn, de toanielskriuwerij, dy't der dochs nau mei forboun wie, ûntjoech har {==257==} {>>pagina-aanduiding<<} yn deselde rjochting as foardetiid. Der waerd hjir en dêr hwat mear nei in heger plan stribbe, it idealisme bigoun it fan romantisme en realisme to winnen, mar fan in brek, in omkear of in radikale fornijing is gjin sprake. Typearjend foar de tiid wiene stikken as De greate striid (1917) fan J.J. Hof, in biwurking fan syn novelle, great fan opset en mei folle fortsjinsten, mar psychologysk net slagge; en de twa ‘forfryskingen foar it toaniel’ neffens de roman Jörn Uhl fan de Holsteinske dûmny Gustav Frenssen: Uleboers Jurjen (1917) fan Hans Hoen, en De Abbema's (1920) fan W. Japiks, de skûlnamme fan Jaep Winkelman. In oarspronklik toanielstik fan Hoen, Stribje (1922) rint der yn de toanielproduksje út; it stiet ûnder ynfloed fan Ibsen, mar jowt ek blyk fan eigen fisy. 1) Folksskriuwers mei idealistyske ynslach, goed-wollend mar mei to min technyk en taelkultuer, wiene Joh. A. Noordenbos, dy't om 1920 hinne in stik as acht stikken jown hat (Aldersûnde, Britsen Blommen, e.o.) en Hette Reitsma. De man, dy't it op dit gebiet it fierste bringe soe, wie Barend van der Veen: in earnstich wurker, dy't net gau bilies joech, dy't de folkstoan wist to pakken en it moralisearjende elemint soms net sunich syn gerak joech. Hwat hy yn de rin fan de jierren - earst as ‘Barend en Martsje’, letter yn it famyljeforbân fan it Lyts Frysk Toaniel - ta stân brocht hat, kin Fryslân gerêst wiis mei wêze. Hawwe de earste fiif jier fan de Jongfryske biweging in bloeitiid fan de lyryk brocht, nei 1920 kaem der ynienen mear niget oan it toaniel. Douwe Kalma sels keas mei syn fersdrama's in nije wei; it eksperimint mei it Jongfrysk Toaniel wie net fan lange dûr, mar foarme dochs in haedstik op himsels. In forbining tusken folks- en kunsttoaniel, dy't gauris hwat fan in kompromis hie, hawwe de Jongfriezen Jac. P. Wiersma (1894, Hallum; journalist) en Ane Jousma bisocht to lizzen; de earste soarge foar in greate produksje, dêr't mar inkelde toppen yn foarkomme, - syn wurk fan nei 1930 komt letter to praet, - de lêste naem it minder maklik op en birikte in inkelde kear hwat betters (It libben ropt, 1934; Needlot, 1925; As it driget..., 1934; De gouden fûgel, berne-operette). Ien dy't grif yn 't skaed fan, en by greatere produksje fêst njonken Schuitmaker en Canne stean koe, wie Sibe Douwes de Jong. Yn Frâns {==258==} {>>pagina-aanduiding<<} Winia (1930) biskriuwt er in houlikskonflikt en wit er troch goede psychologyske tekening it ‘happy end’ folslein oannimlik to meitsjen. Syn twad stik, Hwa't ienris stroffelet (1934) komt hjir net earlik oan ta. Opmerklik is, hoe't om 1930 hinne forskate Fryske skriuwers, dy't mei proaza of poëzij har spoaren al fortsjinne hienen, it mei it toaniel bigjinne to probearjen. Fan J.H. Brouwer en B. Tuinstra is der in modern stik, in ‘spul yn mineur’ sa't hja it neame, As dy oare der net west hie... (1929). Sawol Reinder Brolsma (De Nôtharne, 1939) as Douwe H. Kiestra en Fedde Schurer hawwe stikken op har namme stean, dy't der wêze meije, al rinne hja der mar in inkelde kear út. Neisjen: 2. Oer Rixt: prof. dr. J.H. Brouwer yn It Heitelân, 1953, s. 7; Fokke Sierksma yn De Tsjerne 1953, s. 53. - Oer Rinke Tolman: dr. G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân, II, s. 469-473. 3. Oer D. Kalma: Stikken fan himsels yn Sljucht en Rjucht, 1923, s. 629; 1927, s. 566; Bodders yn 'e Fryske Striid, s. 704. E.B. Folkertsma, Eachweiding, s. 105. F. Schurer, De Tsjerne, 1953, s. 324. In forslach fan de deadetsjinst yn in apart boekje: Ta de oantins fan Douwe Kalma, 1954. 4. Oer E.B. Folkertsma: Wumkes, Paden II, 507-511. 5. Oer Matten Baetsma: D. Kalma, ynlieding ta De Ljochte Kimen, 1925. Deselde, ynlieding by De Jonge fan 'e Marsheide, 5te pr., 1948. Ek: Wumkes, Bodders, 683. 6. Oer R.P. Sybesma: prof. dr. J.H. Brouwer, Fryske Styl, 1952. 7. Oer P. van der Burg: Yke R. Boarnstra, Waeksen Ark, 1945, s. 91-105. 9. Oer Fedde Schurer: Yke R. Boarnstra, Waeksen Ark, 1945, s. 52-89. Sjoch ek: Middei-jefte (bibliofile útjefte op Schurer syn 50ste jierdei). In materna lingua (by de útrikking oan F.S. fan de Gysbert Japiks-priis). Anne Wadman, Kritysk Konfoai, 1951, s. 173-192. 12. Sjoch dr. Y. Poortinga, It Fryske folkstoaniel (1860-1930), 1940. {==259==} {>>pagina-aanduiding<<} XIV. Foar en nei de oarloch 1. Algemien oersjoch Om 1930 hinne waerd it mannichien yn Fryslân dúdlik, dat de winsten yn it skriftekundige, dy't de Jongfryske biweging meibrocht hie, dochs net sá great wiene, dat de forliezen wol weisifere wurde koene. De wenstige selsoerskatting fan elke nije generaesje hie makke, dat de tokoarten en forsinnen fan 1915 net daliks yn it each foelen, mar dy oppenearren stadichoan har sels wol. It klearst die dat yn de tritiger jierren bliken út de skriuwerij en de redenaesjes oer de forhâlding fan dichter en folk. De Jongfriezen waerd it tahâlden op de forneamde ivoaren toer forwiten en de rop wjerklonk, dat it mei al dy ‘lyryske jammerdearlikheit’ nou mar ris út wêze moast. Der hearske bloedearmoede, yntarring, yntellektualisme en folle-net-genôch yn de Fryske skriften en in novelle as ‘De wylde boerinne’ fan Holtrop waerd neamd as foarbyld fan hwat foar Frysk proaza nedich wie. Lyk as yn elke réaksje, sieten ek hjir wol eleminten fan wierheit yn. Dy't de ynlieding fan Kalma ta De Nije Moarn (1922), dat púkje fan Jongfrysk proaza, 1) goed lêzen hat, wit wol sahwat hokfoar geast der doe wankte. Yn deselde jierren hat Kalma dramatysk wurk levere, - De wei fen Dante, 1921; In dream to Wytmarsum, 1922; mar fral Wy Allegearre, 1923, dat ek jitte in ‘evangélyske forbylding’ neamd waerd, - dat hyltyd heger yn de loft sweve en foar in gewoan minske hyltyd minder taestber en forsteanber waerd. Soe ek it tokoart oan goed forheljend proaza, dat op de balâns fan de Jongfryske literatuer foarkomt, net út dy situaesje forklearre wurde moatte? Hie de jongerein fan 1915 wol foar romans en folkssangen soarge, bigriep hja net dat der in wikselwurking tusken skriuwer en folk bistean moat, fielde hja net dat de wrakseling yn de literatuer om de siel fan it folk net bitsjut it bliuwen oan it oerflak, mar krekt it peilen nei de djipte? Hja hiene net hielendal ûngelyk dy't úthâldden, de ôfstân tusken de yntellektuele Jongfriezen en it boere-wêzen wie net maklik mear oer to kommen. As âlderen as Simke Kloosterman, Brolsma en Postma tusken 1915-'30 {==260==} {>>pagina-aanduiding<<} net ris publisearre hiene, soe dan it byld fan de Fryske skriftekennisse destiids net skriklike iensidich west hawwe? It binne fragen dy't hout snije, mar it is goed ek fan dizze réaksje de goede en de forkearde kant to sjen. Yn dat freegjen fan nei 1930 briek har oan de iene kant in heilsume foroaring troch. It sonnet waerd lang sa drok net mear bioefene (en bihoffene!), it gelegenheitsdicht kaem wer yn eare, it tiidsfers, de parody, it anekdotyske en humoristyske fers seach men folle mear as foarhinne. De skets, it forhael, de novelle waerd wer skreaun en de folksskriuwerij stie net mear sa yn de forachting. De suverheit, it rike taeleigen en de byldzjende krêft fan it Frysk waerden mear mei sin neigien en tapast Der ûntstie aldergeloks in nij stribjen nei de opbou fan in goed folkstoaniel en de bêste krêften fan inkelde amateursselskipkes ûntjoegen har linkelytsen ta biropsspylders. Yn it plak fan dizenige minskheitsidealen kaem it sykjen fan in ynliker forbining oan groun en skiednis. De geakundestúdzje krige de guit; yn de Fryske biweging roun der in rjochte streek fan de oprjochting fan de Prov. Fr. Underwiis-Ried nei de stifting fan de Fryske Akademy. De oare kant is der ek. Fryslân stie net bûten de striid fan de wrâldskôgingen, ek net bûten de botsing fan de politike ideologyen. Der kaem in Frysk Faksiste Front, prof. dr. Herman Wirth waerd in pear kear út Dútsklân nei Fryslân helle, it Oera-Linda-Bok waerd hyltyd mear neamd, yn de boerebiweging skouden troch de krisis guont de Dútske kant op. Foarmannen bigounen oer it demokratysk stelsel kritysker to tinken; sels ien as dr. G.A. Wumkes koe him net hielendal bûten elke nuodlike biynfloeding fan it Dútske tinken hâlde (Kristlik Frysk Leauwe, 1936). In skriuwer en strider as Jan Melles van der Goot, tragysk wrakseler om sounens en wierheit, sette lyk en fûl foar it kristendom syn naturalisme oer. Foar mannichien, ôfstoarn fan tsjerke en kristlik leauwe, wie de groun net mear it plak, dat de minske ta siedzjen en rispjen jown is, mar oergeheim, memmeskerte, hoeder en noeder fan alle libben. In nije antithese bigjint al foar 1940 in djippe kleau yn Fryslân to slaen, sa djip dat tidens de oarloch der gjin brêge mear oer lein wurde kin. Oan de iene kant fine Sybesma, Kiestra, Sibe Douwes de Jong en Douwe Kalma elkoar, en oaren, dy't de geast fan de tiid net to ûnderskieden leard hawwe, folgje harren. In trije, fjouwer Fryske skriuwers krije de Harmen Sytstra-priis, ynsteld fan frjemd biwâld. Hoe langer de oarloch duorret, hoe mear it skeel rekket oan eigen fleis en bloed. De frijheit bringt suvering, mar gjin suverheit. De striid giet fierder. As der yn Fryslân fochten wurdt, dan heart dat alderearst yn de Fryske literatuer to barren. De jongerein fan tusken 1930-'40 stiet nou {==261==} {>>pagina-aanduiding<<} yn de folwoechsenheit; in nije jongerein is yn de oarlochsjierren opkommen. De winen fan de wrâld waeije fan withwersanne - Parys, Rome, Bazel, Reykjavik, New York - oer it iepene Fryslân. Sille de inkelde beammen falle, of yn it waeijen hoekhâlde, gever wurde en fierder waekse? 2. De generaesjes As de generaesje fan 1905 typearre wurdt troch Hof, Simke Kloosterman, Obe Postma en Brolsma, dy fan 1915 troch Rixt, Kalma en Marten Baersma, dy fan 1925 troch E.B. Folkertsma, Fedde Schurer en Rintsje Sybesma, wylst Jelle Brouwer en Douwe Kiestra yn 1930 wol tuskenmannen hjitte kinne, hokfoar nammen moatte dan foar 1935-'40 neamd wurde? Foar de poëzij stiet it wol fêst: D.A. Tamminga. Foar it proaza stride Ulbe van Houten en Nyckle Haisma om de foaroansit, wylst ek Ype Poortinga him der hwat skruten by jowt. Foar de kultuerkrityk makket de essayist Jan Piebenga in kâns. En as it toaniel der al in plakje by fortsjinnet, dan moat Abe Brouwer it mar útmeitsje, oft er dat hoflikerwize oan A. Meester-de Vries ôfstean wol. Mar oft der nei 1935 wol iens in nije generaesje to ûnderskieden falt? Dy't de fersen fan André Scholten lêst, seit fan net: gean mar tweintich jier tobek. Mar dy't it sa-to-sizzen synyske wurk fan Johannes D. de Jong of de fersen fan Haisma ûnder eagen kriget, is wis, dat dizze mannen it in oare kant út sykje as har foargongers. Gjinien sjocht yn Kalma de liedsman, - dat is folle earder E.B. Folkertsma, - mar elk wol graech fan him leare. Der komt gjin revolúsje; in jongerein dy't de âlderein oanfalle mient to moatten, is der ek net. Graech nimt dizze generaesje it hiele forline mei al syn rykdom en warskôging oan; de tradysje sit har moai heech. Hollânske ynfloed is der suver net; sa al, dan earder fan Geerten Gossaert en Jacques Bloem as fan Menno ter Braak. En de generaesje fan 1945? Dy't in skoft yn 'e sûs lein hat, fljocht net al to hurd oerein. Sa njonkenlytsen soarget it goederjowske libben lykwols foar genôch nammen, mar om't in literatuerskiednis neffens goed fatsoen in foech fearnsieu efteroan komme moat, sil it wol spanne elkenien to stoel en to bank to krijen. Yn de poëzij riist der net ien mei kop en skouders boppe syn sjongmaten út: Spanninga is apart, mar bispilet to graech frjemde snaren; Sikkema is produktyf, mar net apart; Dam is apart, mar net produktyf; Wadman hat tofolle nei de Hollanners sjoen en swijt al ridlik gau; Visser syn kriikbultsje bilunet ek al frijhwat. By it proaza liket it al hwat better, mar tonearsten set {==262==} {>>pagina-aanduiding<<} de âlderein (Cuperus, Akkerman en Van Houten) de jongerein rojaelen brutaelwei in pyk. Mar Ypk fan der Fear doar wol hwat oan, Anne Wadman hat hwat nijs yn de marse en Piter Terpstra is in trochsetter; Marten Sikkema skriuwt in goed koart forhael en Geart Jonkman mei al syn wylde flinken is literair net sunich by de pinken. Bliuwt oer it kritysk proaza; dêr hat Anne Wadman sahwat it ryk allinne, as Fokke Sierksma alteast net meidwaen wol. Der binne by de keppel dy't tradisionele wegen birinne, der binne dy't sa't it útkomt fan elke wâl hwat plúzje, der binne ek dy't graech it wyldlân ynstekke en nei útlânsk mal dêr yn it mâlle wei bigjinne to eksperimentearjen. It libben fljocht yn de tweintichste ieu hurd foarby. Skraechwurk binne dyen fan '45 yn De Tsjerne bigoun lûd to setten, of hja wurde yn De Golle-Quatrebras al foar âlderwetsk útmakke. Gysbert Japiks, dy't aerdich fier oer de generaesjes hinne sjen koe, hat Sjolle net omdôch de learing yn de rappe mûle lein: ‘Ik sil mei'ertiid wol wiizje, Dat earst moai skynt, kin nei griizje.’ 3. D.A. Tamminga Dat it mooglik is, ek yn ús tiid in geef en soms great dichterskip to bitoanen en tagelyk fêst to hâlden oan de biwende en oerlevere foarmen en reedlike sinkonstruksjes, biwiist Douwe Annes Tamminga (1909, Winsum; learaer to Snits). Syn wurk hat sa'n dúdlike ûntjowing, it toant safolle krêft, alluere, bylding, it is sa forsteanber en tagonklik, dat it suver oan de klassisiteit rekket. As it faek hwat minder objektyf en biwust wie, hwat minder fyn ynlein yn syn technyk en útrekkene yn syn wurdkar, as it jin hwat mear nei gyng en yn it hert taestte, as de geastlike figuer ek like klear wie as de yntellektuele, dan soe men graech sein hawwe, dat moderniteit en klassisiteit yn dit wurk gearfallen wiene. Tamminga, dy't folle ûnder it folk forkeard hat, ken it folksfrysk út 'e pin; hy hat it wurk fan de greate foarbylden yn de Fryske literatuer tige yn him opnommen; syn talint fan oaneigening is ek bûtengewoan, (is er dêrom sa'n master yn de parody?). Allinne ien, dy't sokke talinten bisit, kin ‘The Raven’ fan Edgar Allan Poe op sa'n masterlike wize yn it Frysk oerbringe. De skaedkant is dan fansels it gefaer fan de greate toanielspylder, dy't sa fier yn in oar syn hûd krûpe kin, dat er dy persoan op in stuit ek is. It debút fan Tamminga foel, lyk as ornaris by Fryske dichters, ryklik let. It bondeltsje Brandaris (1939) joech fuort al it biwiis fan syn drege taelmacht, folksaerdich oanfielen, plastyske fisy en bihearsking fan de fersfoarm. Dy't poëzij forstie, wist dat hjir mear as in {==263==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding DOUWE ANNES TAMMINGA==} {>>afbeelding<<} {==264==} {>>pagina-aanduiding<<} ûnthjit lei. De sprong nei it masterskip waerd in pear jier letter makke mei de samling Balladen en Lieten (1942). Styl en taeltrant tsjûgje grif fan biynfloeding fan oaren (de Hollanner J.W.F. Werumeus Buning byg.), mar ûntliening mei dat net hjitte. Greate mominten út de Fryske skiednis waerden hjir kant en foars en dochs sierlik útbylde; mei de niget oan de histoaryske stoffe, dy't der yn de oarlochsjierren wie, lei it foar de hân, dat de bondel tige wurdearre waerd. Faek is opmurken, dat de Lieten, hoe moai en ryk ek, om har persoanlike toan net yn in balladebondel pasten; Tamminga koe dat biswier blykber ynskikke en dêrom hat er yn in nije printinge de Lieten weilitten en der syn nije balladen oan tafoege: Balladen (1956). In foarnaem dichterskip, mei suver hast tofolle firtuositeit en raffinemint, kaem ta utering yn it tige persoanlike It Griene Jier (1943). Ta in hichtepunt, dat nei alle gedachten net gau oertroffen wurde sil, riisde it yn Nije Gedichten (1946), dat grif mei fan de knapste en yn inkelde gefallen ek fan de bêste fersen bifettet, dy't der yn ús ieu yn it Frysk skreaun binne. Spuonnen ûnder de skaefbank, ôfeart op de itenstafel, slypsel fan it dichterspotlead, - mits dy bylden yn gunstige sin opfette wurde, - kin men it bondeltsje neame, dat in mannich stikeldichten bifettet, Leksums (1945); in priuwke fan Tamminga syn humoristysk en faek ironisearjend talint. Dat dizze dichter mear as ien snaer op syn fioele hat, blykt út syn toanielwurk (Trelit op de miedpleats, 1947; mar binammen it faek spile stik: De Hogerhuis-saek, 1950). In goed stael fan oersetting is de bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes (1943). Dat er weet hat fan methodysk en pedagogysk wurkjen, kin elk - ta syn eigen baet - opmeitsje út in trijetal ûnderwiisútjeften (Styl en Stavering; De Reinbôge, - mei prof dr. J.H. Brouwer, in ienfâldige karlêzing út de Fryske literatuer foar de middelskoallen; Hwa, hwat hwerre? in hantlieding foar hollebrekkerij). 4. Oare fiifentritigers (poëzij) Fan de stik as acht dichters, dy't yn de jierren 1907-'12 berne binne, is min to sizzen, hwat bûten har Frysksinnigens it forbinende elemint tusken harren is. De greatste helt is fan orthodoks komôf; foar frijwol allegearre is it dichterskip ien fan de fasetten, en net mear, fan har skriuwerslibben; de titels fan har earste bondeltsjes wize allegearre op tydlikheit, forgonklikheit, bitreklikheit, - faeks kin men der ek jitte wurdearring foar it sljochtwei libben út ôfliede. {==265==} {>>pagina-aanduiding<<} Kin Tamminga samar in dichter hjitte, André R. Scholten (1910, Arnhim-1944, Skingen) mei typysk dichterlik neamd wurde. Hy hie al ier in Hollânsk bondeltsje útjown, mar bigoun as studint Frysk to skriuwen. Syn samlinkje Jiergong (1936) skaeit fan tinkwize en idioom frijhwat nei de Jongfryske kant út; it wurk sit net folle hâldfêst oan en forrifelt jin gau; sá trochgean, hied er o sa maklik, en dus net maklik, kinnen. Syn oersetting fan it forneamde forheljende fers fan de Ingelskman S.T. Coleridge, Ballade fen d'âld Matroas (1935), hat inkelde fortsjinsten, mar, bigryplikerwize, ek greate tokoartkommingen. De forskining fan Lunchroom (1936) fan Johannes Doedes de Jong (1912, Aldtsjerk) wie hwat nijs en brocht hwat fan in forrassing. Technysk like dizze poëzij tige swak, der siet in nuodlike foarmleazens yn, mar hja wie fan in sterke ynspiraesje en suggestive sfear; de driging fan krisis en kommende oarloch hat hjir it dúdlikst to fornimmen west. Wjerstân of libbenskrêft toande dit wurk net; wol nerveuze ûnrêst, eangst, iensumheit, deadsforwachting. Inkelde fersen (Deadefeart, Don Quichotte) rounen der yn de ferseproduksje fan dy tiid fier út. It bondeltsje hie hwat fan de wylde skreau fan in jong libben, dy't yn de nacht opklonk en doe forgoed forklonk. Ut Waerglês (1938) fan Jan Piebenga (1910, Frjentsjer) wie skoan op to meitsjen, dat de dichter nocht oan it fers, fornoeging yn de natuer en hertstocht nei de fierte hie. Typysk wurk fan de jonkheit wie it: earder iepen, spontaen en direkt, as ynbannich en forskûle; earder romantyske gefoelsútstoarting, as forstânlike opbou; earder rhetoarysk, as saeklik of fyn-symbolysk. Hoewol grif net alderearst in lyrysk talint, wie hy net frjemd oan muzikaliteit. De samling bifette wakker ûngelyksoartich wurk en hie hwat fan in iepen deiboek. Piebenga syn lettere fersen bliuwe yn itselde spoar, mar tsjutte wol op mear forfining en foarmkrêft. De fersen fan Sytse Jans van der Molen (1912, Ljouwert), sammele yn it bondeltsje Utsjuch (1938), lykje op flotte notysjes, redsum en gefoelich mar sûnder folle djipte delskreaun. Forskaet fan fersfoarm en oarspronklike bylding ûntbrekke, mar de dichter hat in skerp each en in greate leafde foar de wrâld om him hinne. De ynhâld liket gauris ‘modern’, mar is it net; yn alle gefallen mist hjir it bitsjoenende aroma fan Johannes de Jong syn moderniteit. It docht jin gjin nij, dat er him letter ta in tûk en bitûft skriuwer fan kabaretfersen ûntjown hat. De lêste fan de acht, dy't sels bondele hat, is Ype Poortinga (1910, Rinsumageast). Fan tael en bylding komt er yn syn samlinkje Sinneblink (1941) Tamminga soms op 'e side, yn folksaerdigens fan toan is er him ek net hielendal wanlyk, mar yn masterskip oer it fers bliuwt er fier by him efter. Gjin dichterlik poeha, gjin oerdied fan wurden, gjin {==266==} {>>pagina-aanduiding<<} oerdreaune, mar earder in sobere, ynbannige utering, in ynlike, sterkbihearske gefoelichheit foar sfear en stimming. Sawol yn de balladen as yn de oersettingen wit de dichter him op bysûndere wize to objektivearjen. Soe hy net de man wêze om eigen Fryske tsjerkelieten to skriuwen, om it de kant fan de epyk út to sykjen? De fersen fan Nyckle J. Haisma (1907, Ie-1943, Tjilatjap) binne nea bondele; greate poëzij sit dêr ek net by, mar wol binne hja karakteristyk, ûnmisber foar dy't it wiere byld fan de skriuwer ûntdekke wol. Hja hawwe eins mar ien thema: in alles trochkrûpende ûnwennichheit, de wémoed fan de joun en fan de stjerrende hjerst. De skrouske winen waeije oer in skier en iensum lân en de minske wit net hwer't er keare moat. It eigen hert langet, mar it fynt oan it hert fan Fryslân gjin duorjende rêst. Yn breklike foarmjowing en hast ientoanige herhelling jowt Haisma dochs in oertsjûgjende fisy: dy fan de suver demonyske natuer, fan de opjage minske, fan de barmhertichheit fan it heitehûs. Amper in byld fan de yn wêzen suvere dichter, dy't Yke Reinders Boarnstra wie (1907, Nyegea Sm.-1943, Grins), jowt it hantsjefol fersen, dat opnommen is yn de bondel neilitten literair wurk, Waeksen Ark (1945). It is net sein, dat er folle mear jown hawwe soe, as syn waerm en myld libben net sa jong ôfbrutsen wie; as it om it fers gyng, hipte it by him tige nau, kenner en minner fan Rilke as er wie. Gjin folslein portret, wol in skets mei inkelde skerpe trekken is dit byld. De lêzer fan hwat er oer Gysbert Japiks, Fedde Schurer en Pyt van der Burg skreaun hat, sil him al wer better kenne. Hy sil ek treurje; hwerom moast Fryslân nei de oarloch it sûnder dizze fine geast dwaen? 5. Oare fiifentritigers (proaza) Doe't yn 1935 de tsjokke forhalebondel Lok en Lijen forskynd wie, wurk fan B.R.S. Pollema, dy't as Bokke Simens en Hylke Sjonger foar en nei 1915 gâns midsmjittige fersen jown hie, - berne 1883, - kaem dêr forset tsjin. It wurk wie earder âlderwetsk as modern fan styl en sentimint, mar it brocht wol hwat fan de rûge moderne wrâld yn Fryslân. De skriuwer hie ommers net de strange houliksopfetting jown, sa't dy altyd yn de Fryske skriften hearske hie; de anti-puriteinske ynfloed fan de nijere literatuer wied er net oan ûntkommen en dat nimt in ethysk oanlein folk as it Fryske net samar. De tapassing fan it ‘Fryslân en de wrâld’ brocht blykber syn biswieren mei. Mar Kiestra hie yn syn novelle Mascotte ek al bod jown oan in modern realisme: dêr waerd fan it doarpslibben alles oars as de wenstige idylle yn skildere; {==267==} {>>pagina-aanduiding<<} dêr, en binammen yn Kiestra syn De frouljue fen de fetweider (1939), kaem it al effen djipper en wreder oan. Ferge de natuer har rjochten dan tsjin de opleine leare yn? De sfear fan Marten Baersma syn proaza wie hjir wol tige fier to sykjen. Dat der yn dizze tiden hwat oan it foroarjen wie, die bliken út it wurk fan ien út in hiel oare hoeke: Watse Cuperus (1891, Blija). Ofkomstich út lânwrottersformidden, bihearrend ta de grifformearden fan de hege klaei, is er dy sfear uterlik en ynderlik trou bleaun. Fierwei as it yn Fryslân altyd komme moat, waerd er earst op syn fjirtichste jier iepenbier skriuwer. Under de skûlnamme Bauke fen Skeanebûrren forskynden yn 1933 twa fikse forhalen: Skeanebûrster folkslibben. Doe wie it los; earst in pear feuilletons yn it Frysk Deiblêd en dêrop it greate wurk De Gouden Tried (trije dielen, 1941-'42, 1957). In waerm kristlik leauwe, in sterke sosiale ynslach, gâns romte foar it sentimint, in stean nêst allegearre dy't yn earmelytse sitte, dat sprekt út dit boek, dat by in strakker bou en bylding in romanepos wêze kinnen hie. In berneboek as Oarreheite pet (1936), in kronyk as Lânstoarm XI (1937), hiene ljocht en skaed fan Cuperus syn wurk al oantoand: in goed forteltalint en greate kennis fan it folkslibben, mar ek to min distânsje en tofolle sentimentélens. Dy tokoarten fordwounen stadichoan hwat yn it lettere wurk: Oarreheite Erfskip (1943), De Pipegael (1947), Doeke Daan (1948). Syn bêst wurk hat Cuperus oant nou ta jown yn Swart mar leaflik (1949), wylst Hoeder en skiep (1955) dêr ticht oan ta komt. Hy bigjint nei de djipte ôf to stekken, lit de morael mear gewurde, jowt humor en libbensblidens in tikje mear earmslach en hevet syn figueren boppe de smelle omkrite fan har bistean út. Ek Abe Brouwer (1901, Burgumerheide) koe fan bern ôf oan gjin maklik paed lâns en sels hat er syn wei sykje moatten. Doe't er ienkear de guit hie, nei 1930 sahwat, waerd er warber as ien: gâns in rige toanielstikken, in berneboek (Siderius de Granaet), journalistyk wurk, in bondeltsje fersen, dêr't men it bêste oer swije kin (Klinkerts, 1941) en forskate romans. De Gouden Swipe (1941) makke Brouwer ynienen ta in populair skriuwer, - it boek is yn fjouwer talen oerset, - dêr't de oarlochstiid ek ta meiholpen hat. De literaire krityk wie der minder wiis mei as it folk; yn elk gefal kin sein wurde, dat de skriuwer himsels hielendal en sûnder folle selskrityk yn dit boek jown hat. Marijke (1943) is as roman grif better, mar lit Brouwer syn tokoartkommingen jit to dúdlik sjen. Yn syn letter wurk, - Tusken dea en libben, 1946; De Nijboer fan Lycklamastate, 1947; Syn greate kammeraet, 1949; Trou, in novelle, 1949; De Sânduvel; De Stoarm, jit net yn boekfoarm, - is sawol op- as delgong to fornimmen. Brouwer hat skriuwersmoed, hy hat ek in boadskip, hy kin fortelle, mar hy is to wif {==268==} {>>pagina-aanduiding<<} en to wippelich en lit it gefoel tofolle baes, mei as gefolch gauris in poarsje melodramatyk. Ulbe van Houten (1904, Boksum; arbeidersjonge, nou ûnderwizer) is folle wisser en finer, hat mear stylbihearsking en mei sadwaende earder fakman hjitte. Hy bigjint ek al ryklik let to skriuwen en ta in greate produksje as Cuperus en Brouwer bringt er it net; dêr is er ek to sinnich en to stadich ta; hwat er út hannen jowt, is fan alle kanten bisjoen, omwurke en bislipe. Yn de tritiger jierren hat er op oantrún fan E.B. Folkertsma sketsen en novellen publisearre, - in bêst stael is De Wraek (1937); treflik wurk is ek sammele yn De rook fen it lân (1943), dat tige nedich wer útjown wurde moat; goed fan styl, mar minder fan komposysje is Ein fan 'e Mars (1945), dat yn 1941 net forskine mocht, - en doe is er ek kommen ta syn earst en iennichst folslein boek: De Sûnde fen Haitse Holwerda (1938). Skreaun yn pûrbêst Frysk, fyn en skerp fan psychology, great yn de werjefte fan it godstsjinstige libben, - yn de Fryske literatuer nei Gysbert Japiks en Salverda ornaris oan de krapperein kommen, - sterk fan humor en minsklikheit, bliuwt it ien fan de bêste boeken, dy't ea yn it Frysk skreaun binne. Dochs is Van Houten syn libbenswurk ‘De Hillige Histoarje, forteld oan it Fryske folk’ (1949-'53). Twa mânske dielen, dêr't de bibelske skiednis mei sa'n earbied, kennis, biskiedenheit, styl en sfear yn werjown is, dat bern en âlderein beide der tige folle oan hawwe kinne. As yn elke Fryske húshâlding dit kostlike boek ris op de skoarstienmantel lei en trou brûkt waerd! Doe't Paulus Akkerman (1908, Boarn; bakker) syn earst boek útjoech, As de bern great wurde (1936, skûlnamme Paul fen Nijenborn), wie net to sizzen oft der in wier romanskriuwer yn him siet. Al gau lykwols bigoun er him to ûntjaen: De erven fan Freark Jabiks Hindrikje (1941), letter mei in twade diel der by ûnder de titel Freark Jabiks Folk útjown, hie genôch fine tekening en earlik realisme yn him, dat der foarsichtich fan in oare Brolsma praet wurde koe. De Soargeleaze (1943) levere ek it biwiis, dat Akkerman it folkslibben mei skerpe en dochs mylde eagen en mei humor obstrevearre hie. Stadichoan joech dizze skriuwer him ta in breder opset: fan skets en forhael, oer de novelle, nei de roman. Hessel Ypma (1949); Wankend Ljocht (1950); De maitiid fan it libben (1954); In man allinne (1956), foarmje in rige dy't der wêze mei. Hy jowt almeast biskriuwings- en typearringskunst, siket it net yn yntrige of sensaesje, mar yn de skerpe trekjes. Giet it yn de earste boeken binammen om arbeiders, koumelkers, boeren, skippers en nearingdwaenden, njonkenlytsen falle ek oare libbensrounten ûnder syn oandacht. Smout, earlik, fyntsjes jowt er syn minsken wer, minder sentimenteel as Cuperus en Brouwer en net altyd sa op de man ôf as {==269==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding NYCKLE J. HAISMA==} {>>afbeelding<<} {==270==} {>>pagina-aanduiding<<} Brolsma, mar mei mear omtinken as de lêste foar it godstsjinstige. It dramatyske mijt Akkerman ornaris safolle mooglik; it kin forstannich wêze, mar nimt ek in biskate djipgong wei. Nyckle J. Haisma (1907-1943) is mear skriuwer as dichter; syn poëzij is in oanfolling op, mar ek in kondensaesje fan syn proaza. Lyk as Cuperus, Van Houten en Akkerman is er fan grifformeard komôf, mar de religieuze problematyk moat by him wike foar de horizontale frage: thúsbliuwe of de wrâld yn? Sels socht er de fiere kimen: hy waerd ûnderwizer yn Nederlânsk East-Ynje, it lân dêr't er hast likefolle fan hâldde as fan Fryslân en dêr't er ûnder de Japanske bisetting syn ein foun hat. Swalkersdrift en skriuwersdrift foelen al ier yn him gear. Bigoun mei in jongesboek, Simmerdagen (1930), kaem er yn 1934 mei in oar jongesboek, De Kar, dat likefolle of mear foar âlderen skreaun is en dat de sfear fan noardlik Fryslân, om Dokkum hinne, treflik tekenet. Frucht fan syn earste Yndyske jierren wiene de sketsen, dy't sammele binne yn Suderkrús (1938); yn wêzen romantysk wurk, fol leafde foar de balling, de man sûnder thús, de outcast. It is by Haisma it ivige thema, wol omspile mei modulaesjes, mar hyltyd weromkommend en him opkringend as in obsessy. De beide romans, Paed oer it Hiem (1937) en Paed nei eigen Hoarnleger (1940), letter gearbrocht yn ien diel, Peke Donia, de koloniael, jowe de útbylding fan in swalker, dy't it de earste kear mislearret, mar de twade kear dochs mei muoite slagget him op it Fryske plattelân del to jaen. De novelle Simmer (1948) hat it ek al oer in wylde bruijer dy't syn doarpke efter Dokkum foar in skoftsje opsiket. It Lân Forline (1951), greate novelle of lytse roman, hat hwat in oare sfear, mar bringt yn wêzen neat oars: ‘Hwa't fier fan Fryslân teach op tsjust're wegen... de ivige ûnrêst is him bleaun.’ Der binne party oare proazaskriuwers, dy't mear of minder goed wurk levere hawwe: Hoatse de Jong (Op Wyldskar; Hester Holkema); Sjoerd van der Schaaf (Abbingawâld); Gerrit Mulder (In frou tofolle); Hein F. Faber (Ofgeand tij); Goaitsen Burgy (Biritsen Fjûr; Herman de Streuper; Tusken Boarn en Tsjonger); Jant Visser-Bakker (mearkes, berneboeken); S.P. Akkerman (In swalker komt thús; dizze broer fan Paulus Akkerman en soan fan de kristlike folksskriuwer O.S. Akkerman, hat letter gâns Hollânske romans skreaun), e.o. De fraech nei Fryske romans, dy't yn de earste oarlochsjierren ûntstien is, hat gâns greater mooglikheden foar de produksje skepen. Dat is winst, dêr't ek net sunich fan profitearre is. De skaedkant kin wêze, dat der tofolle oan 'e merk komt, dat ûnder oare omstannichheden net printe wurde soe. Ien en oar hat de lêste jierren de âlde diskusje oer de forhâlding fan literatuer en folkslektuer wer geande makke; de ein fan dy diskusje {==271==} {>>pagina-aanduiding<<} is lykwols net to sjen, om't de grinzen en noarmen fan de literatuer min oan to jaen binne. Oan kritysk en skôgjend proaza is der troch de fiifentritigers net safolle jown. Neamd moat hjir wurde Jan Melles van der Goot (1903, Sûndel-1940, It Fean; boeresoan en kandidaet-notaris), dy't tusken 1930-'40 gâns skreaun hat op it gebiet fan agraryske en algemien-politike fraechstikken, fan de Fryske biweging, it Fryske folkskarakter, ensfh. Under ynfloed fan Dútske theoryen gyng er stadichoan hielendal de naturalistyske en faksistyske kant op en seach er it kristlik leauwe en de kristlike ethyk as in great gefaer foar it Fryske folkslibben; (foarnaemste wurken: Fornijing fan ús biskaving, 1937; Libbensleare for de Fryske nasjonalist, 1937). Ien, dy't yn syn kultuerkritysk wurk lyk foar him oer stie, wie Jan Piebenga (1910, Frjentsjer), - skriuwer fan de proazasketsen It wrede libben (1934), forsoarger fan ûnderwiis-útjeften, û.o. trije dieltsjes Frysk Lêsboek, oersetter fan inkelde Yslânske saga's, û.o. Hrafnkel, prester fan Frey (1939), - dy't, njonken gâns apologetysk en polémysk proaza op it gebiet fan de Fryske biweging, ek syn bydragen op literair-histoarysk en literair-kritysk terrein jown hat, (Omgong en Trochtocht, 1957; in bondel essayistysk proaza). 6. Toanielskriuwerij Gjin fuortsetting fan it Jongfrysk Toaniel fan it bigjin fan de tweintiger jierren wie it Nijfrysk Toaniel, dat tsien jier letter mei hwat goeds bisocht to kommen; dochs siet efter beide in idealistysk stribjen nei fornijing. It Nijfrysk Toaniel die it earst fral mei stikken fan J.P. Wiersma, (Wiggle Noardman; De wyld fan Hotsinga-state); wol in hichtepunt waerd birikt mei dy syn stik Om it heechste (1932), dat inkelde episoden werjowt út it libben fan de Balkster fine mennisten om 1848 hinne, de tiid doe't dizze fromme kristenen nei Amearika emigrearje moasten, omdat hja gjin wapens drage woene. Letter waerden gauris inkelde stikken fan Evert Zandstra spile; fral Friso (1935) waerd doedestiids tige fan sprutsen; It wiif fen Healwei (1936) fan deselde foel der sa goed net yn. Yn de jierren flak foar de oarloch waerden meast brocht Pake (1925) en Beits (1937) fan O. Veenstra, wylst ek De Nôtharne fan R. Brolsma in kearmannich op de planken kaem. Fan Wiersma, dy't ek tige warber west hat op it gebiet fan revue's en iepenloftspullen, wie de tekst fan de earste greate Fryske sjongspullen Roaitske en Wylgesyske, beide mei sang- en orkestmuzyk fan Jan Slofstra; foar it trêdde sjongspul, De Jonkerboer, levere Ype {==272==} {>>pagina-aanduiding<<} Poortinga de tekst mei motiven fan dr. Eeltsje Halbertsma, wylst Paulus Folkertsma foar de muzyk soarge hat. It bliuwt in griis, dat de goede tradysje dy't doe yn it ûntstean wie, om jildlike redenen net fuortset wurde koe. Njonken it Nijfrysk Toaniel kaem ek tige nei foaren it Lyts Frysk Toaniel fan Barend en Martsje, dat allinnich eigen stikken fan Barend, meast mei in sosiael-ethyske strekking, spile hat. Folkstoaniel fan nijmakke-âld soarte brocht Abe Brouwer, dy't yn de tritiger jierren op syn minst in tsien stikken jown hat. Ien as A. Meester-de Vries koe it yn dy tiid wol ta trettsjin stikken bringe. Ek de stikken fan G. Burgy (Hirde koppen) hiene sukses; hy hat ek iepenloftstikken skreaun. Yme C. Schuitmaker hat ek yn dizze tiid wol elk jier sahwat syn stik skreaun, mar de perioade dat hy mei Canne it Frysk toaniel bihearske, wie forgoed foarby. 7. Nei-oarlochske ûntjowing Sa'n yngripend histoarysk barren as de twade wrâldoarloch koe net sûnder in djippe ynfloed op it literaire wurk fan de jongste generaesje bliuwe. Fan optimisme en idealisme yn de sin fan nei 1918, wie nou net folle mear to fornimmen; earder fan forsleinens, wrok, sarkasme; as der ien ding toloarsteld hie, dan ommers wol de humaniteit. Dochs waerd der yn Fryslân mei nije moed en ek wol mei nije krêften bigoun. It tydskrift De Tsjerne, dat bigjin 1946 it libben seach, wie in weardich sammelplak fan Frysk literair libben en stribbe fan 'e miet ôf oan nei in heech peil; it jaen fan lieding wie syn sterkste punt net en men kin ek min sizze, dat it blêd oan nou ta in rjochting of streaming of -isme fortsjintwurdige hat. Dat like wol it gefal to wêzen mei it tydskrift fan de jongste jongerein, De Golle, dat letter yn Quatrebras omdoopt is, mar it iennichst liedend bigjinsel dêrre hie tofolle fan de chaos om dúdlik wêze to kinnen; it blêd koe it net lang hâlde. De man dy't ûnder de neioarlochske jongerein it measte to sizzen hie en it ek die, wie Anne Wadman (1919, Langwar; learaer to Snits). Ien dy't it in nocht is op it fjild fan de letteren to tugen, op fjouweren bislein en yn alle silen mak. Nei in fikse oanrin set er yn 1946 útein mei in pear bondeltsjes fersen (Fan tsien wâllen; Op koart front), komt in pear jier letter mei net sa'n bêste roman (Fioele en faem, 1948) en mei in knappe novelle (Reedridder, 1949), lit Hollân sjen dat der yn Fryslân literair ek hwat to rêdden is (Frieslands Dichters, 1949, mei brede, fornimstige en fan kundichheit tsjûgjende ynlieding), sammelt syn essays yn in oannimlike bondel (Kritysk Konfoai, 1951) en makket in {==273==} {>>pagina-aanduiding<<} {== afbeelding Dr. ANNE WADMAN==} {>>afbeelding<<} {==274==} {>>pagina-aanduiding<<} proefskrift klear, dat in foarbyld hjitte mei fan dreech, sekuer en geduldich wittenskiplik wurkjen (Hjerre Gjerrits van der Veen, 1955). Undertusken kin er de tiid fine foar in feuilleton (In Knypeachje fan Fortuna) en foar skôgingen fan sahwat alles hwat der op Frysk gebiet forskynt. Gjin niget, dat er, as de jongste yn de rige, oan bar foar de Gysbert Japicxpriis kommen is. It sil elk fan syn lêzers opfalle, dat gjinien fan de jongere Fryske skriuwers sa sterk ûnder de Hollânske ynfloed (Menno ter Braak c.s.) stiet as hy. Tinkwize, styl, taelgebrûk, skaeije binammen yn de earste jierren dy kant ek slim út; Wadman bisûndiget him dan net minder oan it moade-jargon as Kalma yn syn tiid, - hwat ek yn de reden leit by ien, dy't sa oerbiwust en yntellektualistysk en winlik ek analytysk skriuwt. Oft it dichterskip foar him wol langer as in blaumoandei duorje, mear as in griene rite wêze kin, stiet tige yn de kiif. Hy sil him wol meast de kritysk-essayistyske kant út ûntjaen. As in apart en soms útsûnderlik dichter hat him Sjoerd Spanninga bitoand (skûlnamme fan Johannes Dykstra, 1906, De Jouwer). Syn beide bondels (Spegelskrift, 1949; Núnders, 1950) binne sa tige fan eigen soarte, dat hwat oerskatting wol to forklearjen is. Hy hat syn thema's wech-en-de-wear weihelle, hat in foarkar foar eksotyske sfearen en doar maklik de alderdrystste byldspraken oan. Sa wiid syn dichterlik eachweid liket, sa smel is syn dichterlike toanljedder; hy hat him yn dizze twa bondels al útskreaun, mar kin der licht jit tsien sokke op folgje litte. Dat Spanninga, solist by útstek, syn hast monomane partij yn it Fryske dichterkoar bigoun is mei to sjongen, mei lykwols as in oanwinst foar de mearstimmichheit jilde. Garmant Nico Visser (1910, Jiskenhuzen; nou Den Haech) hat yn it lytse mar typyske bondeltsje Jolm (1948) ek alles al sein dat er to sizzen hie: it is wurk fan ien sûnder hokfoar wissichheden, dy't him as lêste taflecht mei in suver religieuze hertstocht oan Fryslân fêst-klammet, salang oant er sjocht dat ek syn Fryslân mar in eigenmakke ôfgod en in yllúzje is. It boekje koe in biwiis fan dichterlike eksploitaesje fan in forfaltiid hjitte; hoewol hielendal yn tradisionele fersfoarmen skreaun, is it yn wêzen gâns moderner as hiel hwat eksperimentele poëzij. Marten Sikkema (skûlnamme fan Govert Meerburg, 1918, Utert; nou to Ljouwert) is as dichter folle produktiver as Visser of as hwa ek fan syn maten, mar ek minder persoanlik. Hy skriuwt in maklik fers, yn biwende foarmen, mear biskriuwend as bilidend, mear yn 'e breedte as yn 'e djipte; as oersetter (Noarderljocht, 1953, Sweedske poëzij; Oscar Wilde, De Ballade fan Reading Goal, 1953) en biwurker fan folkslieten is er dan ek hiel hwat mânsk. Syn trije bondels (Stjerrerein, 1946; Swart en wyt, 1946; Skaedbylden, 1951) hawwe mar in {==275==} {>>pagina-aanduiding<<} bytsje hichte- of lichtepunten. De skriuwer Sikkema soe him op 'en dûr wolris better útsprekke kinne yn syn koarte forhalen (De Slach forlern, 1954) as yn syn fersen. As dichter yn folle in tsjinstelling fan Sikkema, is Freark Dam (1924, Ketlik; nou to Drachten). Syn iennichst bondeltsje (Under fjouwer eagen, 1946) wiist op in tear, gefoelich, oantaestber dichterskip, dat dochs net weak of froulik is; fierdere produksje sil útwize moatte, oft dit fine talint wol tsjin de tiid bistân wêze sil. Dat Dam net allinne lyrikus is, hat er knap en oertsjûgjend biwiisd mei syn Rjochtdei, in boartlik rymstik (1953) en mei syn treflik oarlochsstik ‘Dat wie doe’. It aldermodernste dichterskip liket yn Fryslân syn yntré to dwaen mei Matten Brouwer (Blauwe riten, 1952) en Jan Wybenga (Amoeben, 1954). Net, dat dizze nije mannen it mier hawwe oan haedletters, stippen en skrapkes, of dat hja sa graech frjemde wurden yn har fersen bihelje, of dat hja de rigels fan de fersleare oan 'e kant smite, is typysk-modern; dat is earder de osmose fan yntellekt en ynstinkt, de kultus fan de religy fan dizze aera: de sekse, it totale isolemint fan it yndividu, de fiksaesje fan it ego yn it biologysk minimum... Foar harren, oars as foar Visser, is Fryslân op syn heechst in moaije wolk oan it himelforwulft, dy't efkes bliuwt en dan tel fordriuwt. Der binne ek oaren. Reimer W. van Tuinen, dy't syn oarlochs-ûnderfiningen op earlike en trochtaestende wize fan him ôfskreaun hat yn de proazawurkjes Efter it tried (1946) en Forgetten post (1949), jowt yn syn bondeltsje Read en grien (1951) like earlike erotyske poëzij. Oan de needsaek fan Klaes Dykstra syn fersen (Untwyk, 1950) is sa gau net to leauwen; hja binne almeast glêd en tradisioneel; de drift en it rhythme fan Van Tuinen sil men der omdôch yn sykje. Tsjits Peanstra (skûlnamme fan Tsjits Nauta) is yn har poëzij, bondele yn Underweis (1955), jit net sterk, mar hja doar, hast oan it seardwaen ta, harsels to jaen; net de krêft fan Simke Kloosterman en fan Rixt hat hja yn har froulike bilidenis, mar wol in lûd dat tige oansprekt. Folksaerdich wurk fan in goed soarte hawwe jown Kees Jongsma (Boer en dichter, 1946; Under it ûleboerd, 1949) en Aldert Deelstra (Tuorrebouten, 1946); it forskynsel, dat nei in iere bondeling de produksje ynienen stilstiet, liket him ek by dizze mannen foar to dwaen. It dichtwurk fan Wybren Altena en Geart Jonkman sil earst hifke wurde kinne, as it skifte en gearbrocht is; dat beide dichterlik talint hawwe, is sa wis as de bank. It wurk fan Jan Eisenga (1908, Koartsweagen-1943, troch de Dútskers deasketten) hat gjin great formaet; it is gelegenheitswurk, mei to hea en to gers in suver dichterlik lûd, mar altyd tsjûgenis fan in waerm, warber en idealistysk minske; syn {==276==} {>>pagina-aanduiding<<} neilitten wurk is yn 1948 bondele. In dichter is grif Dam Jaarsma, mar dan ien dy't syn kinnen oerspand hat; syn toanaerd is suver Jongfrysk, alteast Kalmiaensk, en dan wit men nea fêst oft men mei handichheit of ynspiraesje to meitsjen hat. Yn in bondel as It Skriuwboerd (1956) falt it fuort op, hoe't it libben forfolklorisearre en forpoëtisearre wurdt; dochs sitte der aerdige ferskes by en goede rigels yn. Forskate dichters en skriuwers hawwe nei de oarloch ek oer it kabaretliet gear west. Sûnder dat der daliks in eigen foarm foun is en de hiele produksje op like heech peil stiet, is der dochs al folle goeds birikt. (Bondels: In Skelfink yn 'e Boekebeam, 1951; Sa song Tetman, 1954; De Bûnte Akster, 1954). 8. Nei-oarlochske ûntjowing (forfolch) It is alderminst sa, dat yn de eigentiidske Fryske literatuer alles op de lyryk set wurdt. Mear as ien jong skriuwer (Wadman, Sikkema, Jonkman, Van Tuinen) set syn proaza nêst de poëzij en it moat jit bliken dwaen, hwer't inkelden it op 'en dûr suver allinne sykje sille. De proazaskriuwers fan natueren binne der ek. Liuwe Brolsma (1912, Lichtaerd, soan fan Reinder Brolsma; nou to Grou), mei dan wol net sa'n natuertalint wêze as syn heit, talint hat er. It skynde amper troch yn it sketsebondeltsje Om ús hinne (1940), mar kaem klear oan it ljocht yn Dy twa fan Warten (1942). Greater wurk as Tjitte Winia (1941) en De tocht fan de Salamander (1948) koe net altyd en alhiel oertsjûgje, mar de histoaryske roman Stoarm oer Fryslân (1946) die dat wol wer hielendal. De tael, de psychologyske typearring en de humor kin er jit net alles mei wurde. Ut syn debút as prozaïst, de greate skets Noedlik Doel (1937), wie op to meitsjen dat Ype Poortinga in goed forteller wie en syn tael knap yn 'e macht hie, wylst er ek oer genôch ‘eftergroun’ biskikke koe. Syn histoaryske roman Elbrich (twa dielen, 1947-'49) is wer fan in oar soarte as it niisneamde Stoarm oer Fryslân; it is foar alles in forantwurde wurkstik, net altyd like meinimmend, mar goed trochtocht en opboud. Mear feart, hertstocht en fantasij, minder wissens en witnis, hat Ypk fan der Fear (1908; skriuwstersnamme fan Lipkje Post-Beuckens, Gaesterlanner, nou húsfrou to Feanwâlden en ûnderwizeres). Fuort al yn it sketsebondeltsje Utskot (1943) toande hja moed; net faek wie de proletaryske forwurding fan in groep minsken yn it Frysk sa realistysk biskreaun as hjir. In novelle as Ik en Menhear (1952), hwat mear bislipe en bidien, kaem dêr net iens fier boppe út. Har greate {==277==} {>>pagina-aanduiding<<} roman Ta him dyn bigearte (1949) jowt in felle forbylding fan it Gaesterlânske folksaerd; de histoaryske roman De Breugeman komt (1953) is skerp fan tekening, waerm fan sfear en tsjûget fan in goed ynlibjen yn de earste reformaesjetiid. Mear as in bysûnder ûnthjit hat de jongste prozaïst Piter Terpstra jown mei syn greate roman Fjouwer minsken yn in stêd (1956), in boek dat grif boppe syn oan nou ta yn it Hollânsk forskynde romans útwiist. In apart talint, dêr't lykwols net fan to sizzen fait, oft en hoe't him dat ûntjaen sil, bisitte sûnder mis ek Geart Jonkman (Frjemde epistels, novellen, 1951; Li Fu en oare forhalen, 1954) en Jo Smit (Sûnder sûker, 1956). By Ria Postma-Stolk (Fiif minuten is to lang, 1956) bliuwt it fraechteken hwat langer stean; ek J.P. Wiersma, mei syn greate roman Lyoeske (1953) jildt dat foar; it boek hat, by syn fortsjinsten, faek mear fan in bitinksel as fan in needsaeklike berte. It Fryske proaza libbet, ek al is it mear yn de flakte as op de berchtoppen. As it Fryske folk him der oan went de boeken fan syn eigen skriuwers to keapjen en to lêzen, sille de skriuwers it skeppingsproses net tsjinkeare en kinne de útjowers dat proses bifoarderje. Geast en stof steane ek yn de literatuer net los fan inoar. In winst fan de nei-oarlochske jierren is ek, dat it Frysk folle mear as plichte foar journalistyk en wittenskiplik wurk brûkt wurdt. Gjin lytser winst is, dat it orthodokse en roomske folk him mear as foar de oarloch iepensteld hat foar it Frysk toaniel en dat de skriuwers der ek binne dy't foar gaedlik wurk soargje (Y. Poortinga, F. Schurer, Thys Polstra, W. Cuperus, P. Akkerman en Ypk fan der Fear; by de roomsken Simke de Haan). It Fryske toaniel yn it algemien hat gjin bysûndere fornijing bilibbe; Abe Brouwer en Hein Cats binne neffens har aerd trochgien, Barend van der Veen hat inkele hichtepunten birikt en Douwe Kalma hat him in jiermannich nei it folkstoaniel bijown (Fete; Hûs op sân; Fokke Hoara, ensfh.) In nije namme op dit gebiet is ek Piter Terpstra, dy't al mear as ien goed stik levere hat. Fan Wadman en Tamminga moat jit bliken dwaen, ynhoefier har toanielwurk mear as in tydlik eksperiment is. De Fryske literatuer libbet; dat hja net altyd bloeit is licht to forwachtsjen yn in lân, hwer't de biblomme mieden mar in wikemannich yn it jier pronkje; hwer't, en dat is gâns slimmer, folle middelskoallen deftich beare as bistiet hja net iens. Mei folk en libben foarmet dy literatuer jit altyd in hechte ienheit; gjin skriuwer dy't him net ynlik oan dit syn Fryslân forboun fielt, dy't it net ynmoed is mei syn hope en forwachting. De mystike ienheit fan Fryske biweging en Fryske skriftekennisse kin op straffe fan ôfstjerte net forbrutsen wurde. As it Frysk yn de stoarmweach fan de tiid weispield wurdt, forstommet {==278==} {>>pagina-aanduiding<<} alle dichting. De freze wurdt greater, it leauwe djipper. De kunst mei har hjirre ek autonoom fiele, hja tsjinnet de Natio Frisica. Neisjen: 1. Foar it hiele haedstik: Wadman, Frieslands Dichters. Prof. dr. J.H. Brouwer, Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur. E. Howard Harris, The Literature of Friesland. 3. Oer D.A. Tamminga: Fokke Sierksma yn Frysk Jierboek 1946, s. 184-212. 4. Oer A.R. Scholten: Wadman, De Tsjerne 1946, s. 163. Oer Y.R. Boarnstra: sjoch ynlieding ensfh. yn Waeksen Ark. 5. Oer Nyckle Haisma: Stúdzje fan dr. C. Kramer efteryn It Lân Forline; ynlieding fan J. Piebenga by Suderkrús, 2de pr.; ‘Ter begeleiding’ fan D.A. Tamminga by de Hollânske fortaling fan Suderkrús. Oer Jan Melles van der Goot: Striidblêd It Fryske Folk, 20 aug. 1940. {==279==} {>>pagina-aanduiding<<} XV. Taheakke 1. East- en Noardfrysk; dialekt-literatuer It Eastfrysk waerd yn de 13de ieu sprutsen fan de Lauwers ôf oan de rjochterigge fan de Wezer ta. Dat wie dus net allinne yn it tsjint-wurdige Grinzerlân en East-Fryslân, mar ek yn Jeverlân, Butjadingen, Wursten, Sealterlân en op de acht eilannen fan Rottum oant Wangereach. Hjoeddedei is yn dit hiele gebiet it Frysk fan it Platdútsk forkrongen, útsein in isolearre koloanje-gebiet: Sealterlân, - mei de doarpkes Strûkelje, Rommelse en Skeddel, - dêr't in peartûzen minsken de lêst-oerbleaune foarmen fan it Eastfrysk jit yn it libben hâlden hawwe. Hoe't dizze ôfstjerte krekt om en ta gien is, is net maklik to sizzen. De politike en ekonomyske ôfhinklikens fan de Fryske goaën tusken Lauwers en Iems fan de Nedersaksyske stêd Grins sil dêr wol de greatste ynfloed op hawn hawwe. Yn East-Fryslân hat it hwat langer duorre; dêr is it stadich weikwinen tusken 1600-1800 jit wol út de boeken nei to gean. Yn it bigjin fan de 19de ieu bistie it Eastfrysk bûten Sealterlân allinne mar mear op Wangereach; om 1927 koene in stik as tsien minsken dizze tael jit sprekke, mar de jongste fan harren wie doe al 79 jier âld. De goaën, dy't yn de midsieuwen safolle fan de Fryske wetten oplevere hiene en dy't sa fûleindich foar de Fryske frijdom striden hiene, lieten har eigen tael folslein fortutearzgje. De moeting fan Liudger en Bernlef, de sindeling en de sjonger, hie pleats hawn yn Helwerd by Uskwerd, yn it noardlike Hunesga. Letter waerden yn Hunesga, Emesga, Brokmonnalond en Riustringalond de wetten yn it Frysk opskreaun, mar nei 1500 liket it ut to wêzen. Ut de 17de ieu binne mar in stikmannich skeamele taeloerbliuwsels oer: in brulloftsfers út 1632 fan Imel Agena fon Upgand, en dan in sammelwurkje fan de dûmny Johannes Cadovius Müller (± 1700), de ‘Memoriale linguae Frisicae’, dêr't û.o. it aerdige dounsliet ‘Buhske di Remmer’ yn stiet. Sûnt is der allinne mar mear hwat út it Wangereachsk optekene en waerd der yn it Sealterlânsk ek hwat to boek steld, mar dat is dan alles. De taelgelearde prof. dr. Theodor Siebs, sels in Eastfries, hat him der oer bisaud, dat dit geastlik dochs sa heechsteande folk, dat wol altyd tige trou foar de biskriuwing en bliuwende oerlevering fan syn skiednis soarge hat, oer mear as fiif ieuwen gjin inkeld eigen skrifte- {==280==} {>>pagina-aanduiding<<} kundich monumint oan de neiteam neilitten hat. Hjir, wy moatte it wêze wolle, is it sizzen ‘Frisia non cantat’ wol in pynlike wierheit. Yn Noard-Fryslân, dat mei East-Fryslân nau gearhinget, om't it dêrwei tusken 850 en 950 kolonisearre wurden is, stiet it der wol hwat, mar dochs net folle better foar. Ienkear waerd oan de westkant fan Súd-Sleeswyk, fan de hjoeddeiske Deenske grins ôf oan Eiderstedt ta, en op de eilannen Söl, Oomrem, Fehr, de Halligen en Helgolân, Noardfrysk sprutsen. Eiderstedt foel dêr om 1700 hinne al by wei; yn de lêste hûndert jier is it hiele gebiet tusken Husum en Bräist (Bredstedt) forlern gien en jitte kringt de ûntfrysking fierder nei it noarden op. Op syn heechst in fyftjintûzen minsken sprekke tsjintwurdich jit it Noardfrysk, mar it ûntbrekken fan in mienskiplike skriuwtael hat hjir de ûntjowing opkeard. Der binne tongslaggen yn great forskaet en dy ûntrinne inoar frijhwat. It eilanner-Noardfrysk hat der trije (sölring, ferring-öömring, haluner), it fêstewâls-Noardfrysk fiif dialekten (wisinghürder, bökinghürder of mouringer, - dêr't it meast yn skreaun wurdt, - karhürder, noardergooshürder, sudergooshürder, de beide lêste hurd yn it ôftakjen). Skreaun waerd der yn it Noardfrysk al ier, al is der mar o sa'n bytsje oerbleaun: in frageleardersboekje, in pear balladen fan likernôch 1600, in pear stichtlike fersen fan Anton Heimreich út pl.m. 1660, lokwinsken, brulloftsdichten, geastlike lieten, in hantsjefol meiinoar. De earste wiere Noardfryske skriuwer wie Jap Peter Hansen (1767-1855), séman en letter skoalmaster en koster op Söl. Hy is de makker fan it tige aerdige toanielstik ‘Di Gidtshals of di Sölring Pidersdei’, skreaun om 1790 hinne, dat oer de bikearing fan in gjirrigert giet. Syn soan Christian Peter Hansen (1803-'79), ek al skoalmaster, hat gâns sammele op it stik fan folks- en geakunde. Syn ‘Ual' Söl'ring Tialen’ jowe Noardfryske sêgen wer; ‘De Bridfiarhoogher üp Sölth of Dit Miraakel fan Eidum’ is in folksaerdich dicht, dêr't folle moais yn sit. Yn deselde tiid dat yn Westerlauwersk Fryslân de Fryske biweging úteinset, is hjir ek yn Noard-Fryslân wol hwat to rêdden. Dr. Knut Jungbohn Clement (1803-'73) fan Oomrem, freon en oersetter fan de Halbertsma's, is al sahwat as taelstrider en bringt de saek fan syn folk yn romantysk-patriottysk kader. Bende Bendsen (1781-1875) bistudearret de tael net allinne, mar jowt ek forskate taelpriuwkes. Mar binammen Moritz Momme Nissen (1822-1902) is tige yn't spier: mei in sprekwurdesamling, in wurdboek, briefwiksel mei Johan Winkler, en yn't bysûnder de bondel ‘De Freske Sjemstin’ (1868, de Fryske spegel), dy't sawol proaza as dichterlik wurk bifettet, dat faek tige de muoite wurdich is. Ek it wurk fan Johannes Hansen (1854-'77), krapoan 25 ‘Freshe Daghte’ (fersen), kin der skoan wêze. {==281==} {>>pagina-aanduiding<<} Wiene heit en soan Hansen fan Söl ôfkomstich, ek de skriuwers Erich Johannsen (1862-1938), Nann Mungard, syn soan Jens Mungard (1886-1944) en Hermann Schmidt hawwe folle goeds en moais yn de tael fan dat eilân jown. Op it fêstelan hat him tige ûnderskaet N.A. Johannsen (1855-1935), dy't gâns fersen, toanielstikken en novellen op syn namme stean hat en dêr't folle fan ek tige to wurdearjen is. Fan syn soan Albrecht Johannsen, dy't as ‘Nis von 'e Büttendick’ foar gans goede folkslektuer soarge hat, is de fersebondel Ut mín Schatull, 1928, bikend wurden; hast alle fersen hjir út, mei oaren der by, binne opnommen yn de moaije bondel Beerid, (d.i. Rispinge, 1956). Dat er in wier dichter en in great taelkunstner is, stiet net yn 'e kiif. In goede namme hawwe ek dr. Lurens Cunrad Peters (1885-1949), in Ferrenger, mei syn komeedzje ‘Omi Petji ütj Amerika’ (1923) en mei frijhwat oandwaenlike lyryske fersen; Katharine Ingwersen, dy't ek forskate aerdige fersen en Krystspullen jown hat; en, lyk as de lêste in festelânner, Martin Lorenzen, de skriuwer fan fersen en novellen en de oersetter fan inkelde evangeeljes. It is wol dúdlik, dat de Noardfryske skriftekennisse net ûnbitsjuttend hjitte mei, mar hja soe gâns greater mooglikheden krije, as der ien skriuwtael mei in fêste stavering komme koe, as it Frysk ûnderwiis forplichte ynfierd waerd, as de skriuwerij minder op it forline en mear op hjoed en moarn rjochte wie en as de Fryske biweging dêrre faek net sa forskuord waerd fan de Dútsk-Deenske tsjinstellingen. Dy't Noardfrysk lêze wol, kin faeks it bêste bigjinne mei Söl'ring Leesbok (1909) fan Boy P. Möller. In lytsere karlêzing fan eilanner-Frysk is to finen yn The North Frisian Dialect of Föhr and Amrum, by dr. J. Schmidt-Petersen and James Craigie (1928); tige brûkber is ek it Ferreng-ömreng Lesbuck (1925) fan dr. L.C. Peters. Lyk as dit lêste foar de skoalle ornearre, is it Frasch Leseböck (1926) fan Katharine Ingwersen en Albrecht Johannsen. In tige moai boek is Stobe an Kiming (1955, ‘Dachte, bile en tääle üt Frashlönj’), gearstald fan Marie Siewertsen en Alfred Boysen. Der binne ek forskate Noardfryske lieteboekjes útjown. De literatuer yn en oer de dialekten fan it Westerlauwersk Frysk is net sa botte great. Oan it Biltsk en it Stellingwerfsk wurdt hjir foarbygien, al fortsjinnet it krewearjen fan H.S. Buwalda foar it Biltsk dochs mei eare neamd to wurden. Foar Hynljippen is der genôch to finen yn it rike boek fan T. van der Kooi Dzn. oer ‘De taal van Hindeloopen’ (1937) en aerdige lêsstof jowt ek ‘Hînlepper Fortoltjes’ (1930) fan S. van der Kooi. Oer it dialekt fan Skiermûntseach hat C. Grilk skreaun yn Frisia 1927-'29; mear is op kommende wei. Oer Skylge is der de lêste jierren gâns hwat publisearre. Ien as Gerrit Knop (1873-1949) {==282==} {>>pagina-aanduiding<<} hat foar tael en literatuer fan dit eilân de greatste fortsjinsten. Syn wurken (Schylge, 1933; mei de bruorren Roggen it Schylgerlaner Leisbok, 1935; Schylgerlân, 1946, Hollânsk standertwurk; Terschellinger dialecten, 1954; O mimmetael, hwat klinkste moai, 1949, fersebondel) hawwe net inkeld wichtige saken fêstlein, mar ek ta leafde foar en bihâld fan it eigene oproppen. It eilân Helgolân is it symbolysk eigendom fan hiele Great-Fryslân. Oer de tael is gâns to finen yn ‘Van boppen en bedeelen’ (1937); oer tael, skiednis, folklore en sa yn ‘Helgoland ruft’ (1952). In great Helgolânsk wurdboek wurdt oan wurke. 2. It Oera-Linda-bok Yn 1867 krige de archivaris fan Fryslân, Tiede R. Dykstra syn opfolger dr. Eelco Verwijs, út Harns in stikmannich alde papieren om yn to sjen; it wiene de earste siden fan it Oera-Linda-bok, in yn in soarte fan Aldfrysk steld hânskrift, dêr't gjin minske yn Ljouwert ea fan heard of oer rept hie. It hiele hânskrift sels wie yn it bisit fan Cornelis over de Linden fan Den Helder, in eigenaerdich man, dy't neffens syn sizzen net wist hwat der yn dit nei't grute waerd oerâlde famylje-erfstik to lêzen stie en dy't der dêrom graech in oersetting fan hawwe woe. Verwijs bitoant him wakker bliid en wol graech it hiele spul bisjen, mar dat slagget him net daliks. Sadré kriget er lykwols gjin ôfskriften, mar hwat fan it oarspronklike hânskrift ûnder eagen, of hy leaut oan de echtens. Hy bihellet it Frysk Genoatskip der dan ek yn, wurdt lykwols ynienen foarsichtich en forfart mei gauwens nei Leijen, dêr't er him suver hielendal net mear mei de kwestje bimoeit. Johan Winkler kriget nou it spul yn hannen, mar dy is der hwat mei oan; al gau stiet er dit spul net; it is grif in fyn ynleine forrifelderij, ornearret er. Dan pakt dr. J.G. Ottema de kou by de hoarnen; hy, klassikus, is der wis fan, dat it O.L.B. gjin forfalsking is; hy jowt it yn 1872 yn boekfoarm út mei in Hollânske oersetting der by en hy fordigenet mei oertsjûging en fjûr de echtens. Wylst der yn de rounten fan it Genoatskip in twivelige of skeptyske hâlding bistiet, biwize mannen fan it Frysk Selskip as G. Colmjon en J. van Loon, meast op taelkundige grounen, dat it in falsifikaesje wêze moat. Yntusken is rounom, ek bûten Nederlân al, gâns bilangstelling foar it âlde hânskrift wekker wurden; de namme fan Cornelis over de Linden is hein en fier forneamd. In jier as hwat letter bisakket dat lykwols frijhwat, as op groun fan tael- en tekstkrityk en fan papierûndersiik de ûnechtens biwiisd wurdt. {==283==} {>>pagina-aanduiding<<} Dochs dûkt it O.L.B. hyltyd wer yn de diskusje op, wurde der hjir of dêr foarfjochters foun, of komme oaren mei in nije theory oangeande de wize fan ûntstean en it doel fan de forfalsking. Altyd bliuwe der ek guont, dy't yn it iepenbier foar de wearde en bitsjutting fan it O.L.B. yn de pleit geane. Yn de tweintiger en tritiger jierren wie dat prof. dr. Herman Wirth, dy't in skoft yn Snits learaer west hat en dêr hwat omgong mei dr. G.A. Wumkes hie; hy forklearre de kearn fan it hânskrift foar oerâld. Yn Dútsklân drige nei 1933 it O.L.B. efkes ta in soarte fan nazi-bibel útroppen to wurden, mar de echte Dútske wittenskip forsmiet dit gedoch doe dochs radikael. Frjemd wie lykwols, dat party gelearden yn Nederlân it wol oer de forfalsking, mar net oer de persoan fan de forfalsker iens wiene. Wie dat C. over de Linden (neffens dr. G.A. Wumkes en mr. P.C.J.A. Boeles) of Eelco Verwijs (neffens dr. M. de Jong)? Hwat dit saneamde ‘boek fan Adela’ nou foar in wurk is? In famylje-kronyk fan it slachte Oera Linda, mar tagelyk ek in folkskronyk fan de Friezen. In boek mei in folsleine kosmogony, wetjowing, goade- en sedeleare, dat syn bigjin hat yn de skiere foartiid, ieuwen foar Kristus. Fryslân forklearre ta memmeskurte fan de minskheit, de Friezen útroppen ta it útforkarde folk fan Wralda, de Ur-âlde! In lettersoarte, ôflaet fan it jûlrêd, dat gjin minske earder of earne oars sjoen hie. En dan de tael: in gearmjuksel fan Ald- en Nijfrysk, mei wûnderbaerlike Ingelske, Dútske en Stedsfryske ynslûpsels der yn, en mei wurdôfliedingen, dy't bytiden like seldsum as geastich, mar ek slim healwiis, binne. Mar, ás it O.L.B. dan in mystifikaesje, in ûnderskoud hânskrift fan nijerwetsk fabrikaet, in ûndogenske set fan ien of oare tûke gelearde is, hwat hat dêr dan de bidoeling fan west? It O.L.B. is wol in Friezebibel of in Fryske frijmitslersbibel neamd, om't der in sterke antikristlike ynslach yn sit. Oaren hawwe it útmakke foar in parody op it Frysk-nasionalisme yn de tiid fan de romantyk: net allinne dat fan Harmen Sytstra mei syn spraekleare en syn Iduna-stavering, mar ek dat fan it Frysk Genoatskip. It O.L.B. is fan party as boarterij opfette, fan guont ek as gekoanstekkerij, fan oaren as bloedige earnst. Yn dizze Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse meije wy it O.L.B. anneksearje as in literair monumint, dat ûnforbrekber by Fryslân biheart, mar wy dogge it allinne ûnder bitingst fan skerpe krityk en ûnder benefysje fan ynventaris. Sûnder kunde oan it Fryske libben fan de 19de ieu sil gjinien it O.L.B. forstean kinne; tragysk genôch is it oarsom ek wier: sûnder it O.L.B. is it Fryske, geastlike libben fan de 19de ieu net mear to tinken. {==284==} {>>pagina-aanduiding<<} 3. Fryske bibliografy Om't der jit mar in bytsje dien is oan de forantwurde werprinting fan âlder wurk út de Fryske skriftekennisse, sil elk, dy't ta in eigen oardiel komme wol, ta de boarnen gean moatte. In net genôch to wurdearjen helpmiddel fynt er dêrby yn de ‘Catalogus der Friesche taalen letterkunde en overige Friesche geschriften’ (1941, 860 bls.), dy't fanwegen de ‘Provinciale Bibliotheek van Friesland’ útjown is. Oanfollingen op dizze katalogus binne to finen yn it ‘Tweemaandelijks Bulletin der Prov. Bibl. van Friesland’. Oer de jierren 1936-'41 is der troch M.K. Scholten in Fryske boekelist forsoarge ‘De Boekebeam’, dêr't tige folle bibliografyske gegevens yn forwurke binne. It Frysk Selskip hat yn 1912 in helpmiddel bean, dêr't letter spitigernôch gjin forfolch op kommen is: ‘Lyst fen de Utjeften, yn en oer it Frysk forskynd yn 1901-'10’. De bibliograef-by-útstek fan de lêste jierren is ds. J.J. Kalma, in warber man, oan hwa't de tank takomt fan elk dy't oer de dingen fan Fryslân hwat hat nei to sykjen. Syn ‘Repertorium Frieslands Verleden’ (1955, 416 bls.) jowt in oersjoch fan tydskriftartikels, Fryslân oanbilangjend, skikt neffens de skriuwers, de plaknammen, de persoansnammen, de saeknammen, de skiednis en de tsjerkeskiednis. Dy't yn ús literatueropjeften net genôch nei syn gading fynt, kin hjir gauris torjochte. Lytsere bibliografyën fan Kalma binne: Leeuwarder Courant 1752-1952, (register op de skiedkundige artikels yn twahûndert jiergongen); Thet Oera-Linda Bôk (61 bls.); Gysbert Japiks (54 bls.); De Van Harens. Faek sil immen needsake wêze de tydskriften en jierboekjes nei to slaen; it docht dan mear fortuten, as men al in foech oersjoch yn de holle hat. It tydskrift Iduna is fan 1845-'70 forskynd; fan 1845 oan syn dea yn 1862 ta ûnder lieding fan H.S. Sytstra, doe fan G. Colmjon; de earste seis jier wie it in persoanlik tydskrift fan Sytstra; yn 1851 waerd it in Selskipsútjefte. Om't de namme Iduna guods net oanstie, forskynde yn 1871 it tydskrift Forjit my net! Colmjon hie hjir ek oan syn dea ta de lieding fan en waerd yn 1884 opfolge fan O.H. Sytstra, dy't oan ein 1915 ta samler west hat. Trije samlers yn sawntich jier, de ien sil it trou, de oar konservatisme neame, mar faek foarkomme sil it net. Yn 1916 bigoun it Selskip mei de útjefte fan in wykblêd, Fryslân, - redaksje wie: Sytstra, Canne, Hof, Sipma, - mar dat hat it net mear as in jier úthâlden. De jierren 1917-'21 en 1926-'41 is Fryslân as moanneblêd en soms as fearnsjierblêd útkommen, yn it lêst ûnder in gauris wikseljende redaksje. Fan 1922-'25 wie as Selskipsorgaen út- {==285==} {>>pagina-aanduiding<<} forkeazen It Heitelân, dat yn 1919 mei P. Sipma oan it haed as wykblêd bigoun is, mar letter moanneblêd wurde moast. Yn de oarlochsjierren 1942-'45 mocht it blêd net forskine, sadwaende is yn 1957 de 35ste jiergong bigoun. It Heitelân hat lang los stien fan hokfoar organisaesje ek, mar libbet de lêste jierren ûnder taforsjoch fan De Fryske Bibleteek. As jierboekje fan it Frysk Selskip is 67 jier lang útjown Swanneblommen (1850-1916); yn 1934-'35 is it jitris bisocht, mar net fuortset. Ut de Selskipsrounte wei is yn de jierren 1919-1921 útjown: ‘Swanneblommen, tiidskrift for Fryske tael- en skiedkinde’, in treflike ûndernimming, dy't troch al it spul yn de Fryske biweging fan dy jierren spitigernôch ûnfoldwaende stipe krigen hat. Los fan it Selskip hat Waling Dykstra ek hiel hwat tiidwurkjes útjown; hjir folget it ien en oar oer de foarnaemste. It jierboekje De Bijekoer is forskynd fan 1846-'95; earst hie Tiede R. Dykstra de redaksje, sûnt 1849 wie dy yn hannen fan W. Dykstra. As in blêd foar it folk waerd ek bidoeld De Fryske Húsfreon, 1851-'69; ûnder deselde titel hat W.D. in greate karlêzing út syn eigen wurk yn fiif dielen jown (1900-'04). In twatalich blêd wie it Friesch Volksblad, fan 1876-'83 ûnder bistjûr fan Dykstra en Oebele Stellingwerf en sûnt, oan 1897 ta, fan Stellingwerf en syn frou. It wykblêd Sljucht en Rjucht is yn 1890 in jier lang útkommen, stoppe doe en is yn 1897 ûnder deselde namme mar by in oare útjower wer bigoun. Oan syn dea ta hat Dykstra de redaksje fierd; doe krige J. van der Tol it oer en yn de tritiger jierren, oan it opdoeken fan it blêd tidens de oarloch ta, hie D. Rienks-Wallinga de lieding. It ‘Friesch Jierboeckjen; uwtjown trog it Friesch Genoatschip foar schijd-, âdheyte- in tealkinde’, it earste alhiel yn it Frysk stelde jierboekje en de earste útjefte fan it Genoatskip, is mar seis kear forskynd: fan 1829-'31 en fan 1833-'35. Sûnt 1839 jowt it F.G. út ‘De vrije Fries’, mei yn it bigjin as bynamme ‘mengelingen’. Los fan elke organisaesje stie de Friesche Volks-almanak, mei gâns histoarysk wurk en ek wol Fryske bydragen der yn (1836-'64; 1884-'99). It tydskrift For Hûs en Hiem is forskynd fan 1888-'97; doe koe it net mear tsjin Sljucht en Rjucht oan. It tydskrift Yn ús eigen tael, fan it Kristlik Frysk Selskip, is forskynd fan 1909 oant simmer 1943, frijwol altyd as moanneblêd. It tydskrift Frisia is fan 1917-'36 forskynd, achttjin dielen meiïnoar, mei gâns wikselingen yn wize fan forskining, dragende organisaesje en redaksje; sûnt 1937 is it blêd omset yn de Frisia-rige, losse op harsels steande boekjes; yn 1943 moast dat ek ophâlde. It literair moanneblêd De Holder is útkommen yn de jierren 1926-'29 en moast fanwegen de krisistiid ophâlde. It Beaken, tydskrift fan de Fryske Akademy, is yn 1938 bigoun en forskynt yn 1957 {==286==} {>>pagina-aanduiding<<} yn 19de jiergong. It Frysk Jierboek is meiinoar seis kear forskynd; 1937-'38, 1941-'43, 1946. It earste Frysk Studinte-Almenak is yn 1931 foar it earst forskynd; útsein yn de jierren 1943-'45 is it elk jier útkommen. 4. Ta bislút Skriftekundige skiedskriuwing liket in needsaeklik kwea. De lêzer soe sels sykje, útsykje, hifkje en skiftsje moatte en nou lit er it faek út maklikens in oar mar dwaen. Mar dy oar moat gearfetsje, bikoartsje, forienfâldigje; dy oar jowt him op in hege rjochterstroane del en oardielet oer jan-en-alleman; dy oar hat lang studearre mar dochs net lang genôch; dy oar hat ek syn leafde, foarkar, ôfkear en wearze; dy oar is ek bern fan syn tiid en syn mieningen hawwe gjin ivichheitswearde; dy oar hat krekt fan de skiednis leard, dat in histoaryske of esthetyske wurdearring alderminst de wissichheit fan in chemysk ûntliddingsproses hat. En dan meije wy yn Fryslân fan gelok sprekke: it is de rykdom fan ús earmoede, dat wy yn steat binne al ús skriften of yn elk gefal al it wichtichste fan ús skriften to kennen. De skiedskriuwer sil ek leaver wurdearje as foroardielje wolle; wy hawwe nou ienkear earder út de krapte as út de romte to rieden. Hy hoecht ek net to bot op oaren to bitrouwen; hwer't er oer skriuwt, dat hat er ek sa goed as allegearre sels lêzen. Sokke skiedskriuwers moatte der wol wêze; hja, dy't it hiele fjild oersjogge en in algemiene skôging yn great forbân jaen kinne, dy't yn koart bistek it eigene fan in skriuwer of tiidrek oantsjutte, dy't deade boeken en forstoarne minsken yn sa'n klear en kleurich ljocht sette, dat hja foar de lêzer it libben weromkrije en, as it goed is, diel fan syn libben wurde. Mar it hiele forline sjen, né, dat slagget dy skiedskriuwer net, dat slagget gjinien as Him, dy't boppe alle skiednis stiet. As de lêzer dat wit, praet er syn stúdzjeboek net to gau nei. Hy wit, dat it mar in handich helpmiddel foar in maklike oriëntaesje is. Hy siket en sjocht séls. En fielt de plicht, sels ek mei to bouwen oan de takomst fan syn lân en folk. By de yngong fan de 20ste ieu rôp Gerben Postma út, doe't er it Fryske fjild fan syn tiid wer ris kritysk oereage: ‘Joegen de goede goaden ús in pear oarspronkelike koppen...... wy binne dy sa breanedich!’ In tolf jier letter koe G.R. Veendorp dy wiere wurden sprekke: ‘Dy stille, bidaerde, swiet foartrinnende tiid leit efter ús en for it {==287==} {>>pagina-aanduiding<<} Frysk Selskip is oanbritsen in nije tiid, dy't it folk út 'e hirdsherne ropt nei bûtedoar; dy't net tofreden is mei stil pielen, mar dy't swier wurk, fûl arbeidzjen freget, dat it swit op 'e foarholle stiet en de lea sear dogge’. It binne fortsjintwurdigers fan de âlderein, dy't sa sprekke; hja hawwe blykber de krisis fan de 20ste ieu oankommen field, de swierste faeks, dy't Fryslân ea to forduorjen hawn hat Oarspronklikens, striid, persoanlike oerjefte, trouwe leafde en in great leauwe, hjoeddedei wurde dy mear as ea fan ús easke. Mei dit Frysk folk de genede jown wurde, dat yn syn eigen literatuer yn dizze ieu it djipste en moaiste fan Fryslân útsprutsen wurdt. Mei dit folk it dan ta syn bifrijing hearre! Neisjen: 1. Oer it Eastfrysk: Willy Krogmann, Das Schicksal der ostfriesischen Sprache; Jahrbuch der Gesellschaft u.s.w. zu Emden, 1956, s. 97-112. Oer Sealterlân: dr. J. Botke, Sealterlân, 1934. Dr. H. Matuszak, Die saterfriesischen Mundarten, 1951. Oer it Noardfrysk: B. Smilde, Inkelde aspekten fan de Noardfryske literatuer, Frysk Studinte Almanak 1955, s. 50-65. Deselde, Lyts lok (wiidweidich oersjoch N.fr.literatuer), It Heitelân, 1956-'57. 2. Oer it Oera-Linda Bok: dr. M. de Jong Hzn., Het geheim van het Oera-Linda-Boek, 1927, 408 bls. Deselde, Smaadschrift, romantiek of wetenschappelijk bewijs? 1929, 56 bls. Deselde, Het O.L.B, in Duitschland en hier, 1939, 64 bls. Herman Wirth, Die Ura Linda Chronik, Leipzig, 1933, 321 bls. mei ‘Bilderatlas’. Mr. P.C.J.A. Boeles oer it O.L.B. yn It Beaken, 1957, s. 27, 64. Sjoch fierder J.J. Kalma syn bibliografy. 3. Yn de jierren 1880-'90 is der frijhwat dien ta bikendmakking fan de Fryske literatuer. Njonken de samlingen fan Tsj. G.v.d. Meulen (Moaije Blommen fen ús Frysce Letterkroane, 1880) en W. Dykstra (Frysk Lêsboek, 1883), is der ek jit it trêdde diel fan Joh. A. en L. Leopold, Van de Schelde tot de Weichsel (1882). Yn forskate opsichten fansels forâldere, mar oars noch skoan to brûken is de trijedielige ‘Bloemlezing uit Friesche Geschriften’ fan dr. F. Buitenrust Hettema (Oudfriesch, 1890, 102 bls.; Middelfriesch, 1887, 104 bls.; Nieuwfriesch, 1888, 104 bls.). 4. Sjoch E.B. Folkertsma, Leed en lok fan de Fryske skriuwer, De Tsjerne IX, 1954, s. 273, 312, 345, 366. {==289==} {>>pagina-aanduiding<<} Register Aartsma, Klaes Aerts 190 Abten 19, 20, 32 Agricola, Rudolf 9, 30 Akkerman, Otte Sijas 226, 270 Akkerman, Paulus 262, 268, 270, 277 Akkerman, S.P. 270 Albada, Agge fan 34 Albada, B.L. van 75 Alcuin 19 Alcuinus 27 Aldfrysk 16-28 - kroniken 27 - rjocht 17-18, 21-28 - rymwurk 26, 27 - wetten 23-26, 60, 279 Alma, H. 190 Altena, Wybren 275 Althuysen, Simen en Jan 60-62, 66, 67, 160 Alting, Menso 20 Alvinus, Magister 27 Amersfoordt, H. 105 Andreas Cornelius 34 Ankringa, Jan Durks 76, 99, 106 Ansck in Houck 38, 183 Arcerius, Joh. 58 Asega 18, 21, 24 Asman, Japik 164 Aufklärung 57, 79 Autentica-Riocht 26 Aytta, Viglius van 29, 33 Baarda, Johannes D. 162 Baardt, dr. Petrus 38, 44 Backer, Jan Auckes 184 Baersma, Marten 11, 235, 244-245, 254, 261, 267 Bakker, C. E. 101 Bakker, dr. Lucius Columba Murray 165 Barok 42, 46, 50 Bartstra, Steffen 164 Baur, prof. dr. F. 8 Beaken, It 285 Bekker, Balthasar 57, 69 Bendsen, Bende 280 Beninga, Eggerik 20 Beowulf 16, 17 Bernlef 16, 17, 279 Bibeloersetting 84, 86, 101, 123, 131, 160, 169, 170, 171, 200, 226, 229, 240, 243, 281 Bibletheek (Prov.) 109, 123, 284 Bibliografy 284-286 Blau-Mandeis-krante 119 Bleeksma, Piter 164 Blom, Jan Gelinde van 103, 115 Blom, mr. Ph. Van 115, 121, 201 Boarnstra, Yke Reinders 266 Boeles, dr. Piter 101 Boeles, mr. P.C.J.A. 75, 283 Boer, Lolle Piers de 199 Boer, M. de 143 Bogerman, Reyner 31, 36 Bonifacius 17, 252 Boonemmer, Auke 126, 137, 138, 156-157, 162, 190, 194 Bottema, Meint Hylkes, sjoch: Marten Baersma Bowring, John 96 Boysen, Alfred 281 Brolsma, Liuwe 276 Brolsma, Reinder 186, 199, 214-218, 254, 258, 259, 261, 271 Brongersma, Titia 58 Brouwer, Abe 186, 261, 267, 272, 277 Brouwer, Gerben 240, 254-255 Brouwer, prof. dr. Jelle Hindriks 12, 246, 247-248, 252, 254, 258, 261, 264 Brouwer, Marten 275 Bruggen, B. van 105 Burg, Jan Linses v.d. 181 Burg, Pyt van der 247, 248, 254 Burg, Sjirk Linses v.d. 181 Burgy, Goaitsen 270, 272 Burmania, Carel Georg van 36 Buwalda, H. S. 281 Bijekoer, De 109, 144, 161, 198, 285 Camminga, Hidde van 24 Canne, Rudolf Wilhelm 185, 194-196, 199, 238, 272, 284 Carstensen, H. A. Cats, Hein 277 Chronique van Vrieslandt 40 Clement, dr. Knut Jungbohn 94, 280 Clercq, P. de 131, 199 Colmjon, Gerben 98, 100, 106, 109, 115, 120-123, 129, 130, 135, 138, 168, 169, 170, 171, 282, 284 Craigie, James 281 Cuperus, Watse 262, 267, 277 Dam, Freark 186, 261, 275 Deelstra, Aldert 275 Dialektliteratuer 279-282 Dialektstúdzje 73, 86, 124 Dirks, Jan 32, 77 Dorssen, Hendrika A. van, sjoch: Rixt Douwama, Jancko 7, 20, 29, 33, 105 Dramatyske kunst 238-239 {==290==} {>>pagina-aanduiding<<} Dykstra, F. 105 Dykstra, Johannes, sjoch: Sjoerd Spanninga Dykstra, Klaes 275 Dykstra, Tiede Roelofs 94, 97, 105, 106-109, 110, 112, 113, 115, 116, 120, 121, 123, 129, 142, 150, 161, 168, 282, 285 Dykstra, Waling 86, 100, 118, 119, 121, 124, 131, 137, 138-148, 150, 152, 153, 154, 155, 156, 161, 162, 163, 164, 182, 184, 186-188, 198, 200, 203, 210, 214, 222, 229, 233, 234, 235, 285 Easterlauwersk 14 Eastfrysk 279-282 Eekhoff, Wopke 77, 105 Eigennammen 13, 26, 36 Eisenga, Jan 275 Elgersma, G. 196 Emo 20, 32 Emmius, Ubbo 20, 31, 32, 33, 34 Eppens, Abel 20, 33 Epkema, Ecco 74 Estrikken 11 Faber, Gellius 34 Faber, Hein F. 270 Faber, Wynsen 137, 165, 169, 206 Fear, Ypk fan der 262, 276-277 Feikema, Feike 9 Feitsma, Sake Knjilles 137, 157-160, 169, 224 Fjouwerentweintich Lânrjochten 23-24 Foeke Sjoerds 57, 60, 62 Folkertsma, Eeltsje Boates 239-243, 254, 255, 261, 268 Folkertsma, Paulus 272 Folkskunde 145, 155 Folksskriuwerij 58, 66, 135-167, 222-224, 234 Fon alra Fresena fridome 26 For Hûs en Hiem 124, 161, 168, 171, 175-176, 180, 181, 182, 198, 285 Forjit my net 122, 161, 198, 284 Freark fan Hallum 32 Freeska Landriucht 24 Friesch Volksblad 144, 162, 174, 285 Friesche Volksalmanak 105, 285 Frisia 285 Frisia-rige 285 Frysk(e) - Akademy 11, 260, 285 - Biweging 74, 81, 112, 118, 124, 136, 200, 207, 242, 260, 277, 281; sjoch ek: Jongfryske biweging - Boere-almanakken 58 - -eigene 7, 73 - Genoatskip 73, 75-77, 95, 105, 106, 107, 123, 136, 160, 161, 282, 283, 285 - Húsfreon, De 140, 142, 144, 161, 285 - Jierboek 286 - Jierboekje 76, 105, 285 - Museum 86, 136 - Nijsboade, De 144 - Reveil 169 - Selskip (1844) 76, 94, 105, 107, 108, 109, 121, 122, 126, 135, 148, 150, 161, 163, 164, 169, 185, 198, 229, 284 - Studinte-almanak 286 - Utjowerij 42 -Wurdboek 73, 86, 109, 118, 122, 124, 131, 138, 145, 158, 159, 165 - Ynstitút 11 Fryslân, wykblêd 285 Furmerius, Bernardius 33 Gabbema, Simen Abbes 36, 46, 48, 50, 51, 52, 54, 60, 123 Gaestmar, Jan fan 'e, sjoch: J.J. Hof Gansfort, Wessel 9 Geest, Wybrand de 64, 184 Gesta Fresonum 27 Gesta Frisiorum 27 Golle, De 262, 272 Goot, Jan Melles van der 246, 252, 260, 271 Gosses, prof. dr. G. 54 Great (er)-Fryslân 21, 116, 152, 282 Grilk, C. 281 Grimm, Jakob 21, 72, 77, 84 Groot, P.H. de 143 Groth, Klaus 91 Gudrun-epos 17 Gysbert Japiks 11, 20, 30, 36, 38, 40, 41-55, 58, 61, 62, 72, 73, 74, 82, 85, 86, 96, 98, 101, 102, 113, 115, 120, 141, 156, 160, 161, 177, 183, 234, 235, 243 Gysbert Japicx-priis 221, 232, 248, 250, 274 Haan, Simke de 277 Hager, Jan Simons 74 Haisma, Nyckle J. 261, 270 Halbertsma, dr. Eeltsje 80-94, 96, 108, 143, 203 - dr. Joast 54, 72, 74, 75, 76, 79, 80-94, 95, 97, 99, 100, 108, 115, 124, 127, 143, 145, 146, 248 - Tsjalling Eeltsjes 172, 176, 181, 196, 198 - Tsjalling Hiddes 65, 80-94, 97 Halmael jr., mr. A. van 77, 184 Hamconius, Martinus 33 Hansen, Christian Peter 124, 280 Hansen, Jap Peter 280 Hansen, Johannes 280 Hansma, Douwe 137, 163 Haren, Onno Zwier van 57, 64, 84, 85 Haren, Willem van 57, 84, 85, 184 Haringhouck, Samuel fan 47 {==291==} {>>pagina-aanduiding<<} Harinxma, Bocka 21 Hebel, Johan Peter 90 Heeroma, prof. dr. K.H. 8 Heimreich, Anton 280 Heitelân, It 12, 285 Heliand 17 Hellema, Doeke Wigers 161 Heltedichter 16 Hemmema, Rienck 31 Hemsterhuis, Frâns 70 Hepkema, Japik 108, 164-165, 170, 190, 198, 204 Herfoarming 30, 31 Hettema, dr. Foeke Buitenrust 198 Hettema, Montanus de Haan 77, 91, 97, 108, 113, 115, 123 Hichtum, Johan fan 38, 44 Hichtum, Nynke fan 174, 176, 182 Hilarides, Johannes 58, 60, 105, 123 Hildebrand Goffredus a Doengieterpo 24 Hillige-libbens 17, 19 Historia Frisiae 27 Hoekstra, Albert ten Broecke 74 Hoen, Hans 257 Hof, Jan Jelles 116, 123, 124, 133, 199, 201, 203-209, 210, 229, 230, 231, 243, 257, 261 Holder, De 246, 248, 285 Holtrop, Teatse Eeltsje 196, 224-225, 245, 259 Hopper, Joachim 29, 33, 34 Houten, Ulbe van 262, 268 Howard Harris, E. 13 Huismans, ds. Sipke 199, 226, 229 Humalda, Idsert Aebinga v. 75, 99 Humanisme 30, 36, 44 Humorisme 154 Hylkema, Bonne Sjoukes 191 Hylkema, Sjouke Hylkes 166, 185, 189 Iduna 104, 110, 114, 115, 121, 122, 124, 130, 163, 165, 283, 284 Inkunabel 24, 34, 36 Ingwaeoonsk 13 Ingwersen, Katharine 281 Jaarsma, Dam 275-276 Jansen, Jacob 52 Japiks, Gysbert, sjoch: Gysbert Japiks Johannsen, Albrecht 281 - Erich 281 - N.A. 281 Jong, David Cornel de 9 - Hoatse de 270 - Inne de 254, 255 - Johannes Doedes de 261, 265 - dr. M. de 283 - Sibe Douwes de 186, 254, 256, 257-258, 260 - Jsn, Wopke de 102-103 Jong-Friezen 148, 209, 231, 259 Jongfryske biweging 106, 186, 200, 201, 224, 229-258 Jonghama, Eade 36 Jonkman, Geart 262, 275, 276, 277 Jongsma, Kees 275 Journalistyk 144, 156, 165, 208, 216, 223 Jousma, Ane 254, 257 Junius, Franciscus 46, 58 Jus Municipale Frisonum 24 Kaastra-Bakker, Ibeltsje 186, 196 Kabaretfersen 265 Kabaretliet 276 Kalma, dr. Douwe 7, 8, 11, 12, 51, 90, 100, 186, 208, 209, 230, 239, 240, 244, 245, 248, 254, 257, 259, 260, 261, 277 Kalma, ds. J.J. 284 Kempius, Cornelius 31, 33, 34 Kiemstra, R. 190 Kiestra, Douwe Hermans 186, 252-253, 254, 258, 260, 261, 266 Klassisisme 42, 56, 57, 238 Kleasterkroniken 19 Kloosterman, Jan Ritskes 165, 166, 209 Kloosterman, Simke 166, 169, 199, 209-214, 217, 239, 254, 259, 261, 275 Knop, Gerrit 282 Koldyk, Sikke Sibes 169, 180, 199 Kooi, S. van der 281 - Dzn., T. van der 281 Koopmans, prof. Rinse 74, 82 Koopmans, S. 190 Krips, L.F. 196 Kristlik Frysk Selskip 169, 170, 199, 226, 242, 285 Kronyk fan Fryslân 34 Kultuertael 243 Landmeeter, Kornelis Harkes 101 Lasis, M. 54 Latyn 19, 30, 31, 36, 42 Leeuwen, mr. J. van 77 Lenige, Cynthia 62 - Dirk 62-63, 66, 98 Lex Frisionum 16, 17, 18, 44 Lexicon Frisicum 86 Liudger 16, 17, 279 Loon Jsn., Jac. Van 106, 109, 110, 120, 121, 127, 143, 282 Looijenga, F.G. 190 Lorenzen, Martin 281 Madzy, sjoch: J. Terpstra Magnussêge 24 Magnuskerren 27 Martena, L., sjoch: Sibe Douwes de Jong Meer, prof. dr. F.v.d. 8 Meerburg, Govert, sjoch: Marten Sikkema {==292==} {>>pagina-aanduiding<<} Meester-De Vries, A. 186, 261, 272 Mei, Jan D. van der 247 Meinerts, Eelke 66-67, 140, 209 Meinesz, Sjoerd 223-224 Mellema, Else 33 Menko 20, 32 Meulen, Tsjibbe Gearts v. d. 90, 92, 94, 96, 109, 112 113, 118, 121, 137, 138, 140, 145, 148-156, 161, 165, 186-188, 210 Midfrysk 15, 29-40 Miedema, Marcus 222 Molen, Sytse Jans v. d. 265 Molenaar, S. 196 Möller, Boy P. 281 Mulder, Gerrit 270 Müller, Johannes Cadovius 279 Mungard, Jens 281 - Nann 281 Mythology 105, 202 Nammekunde 124 Nauta, Tsjits, sjoch: Tsjits Peanstra Nieuwenhuis, D. Bouma 108 Nieuwold, J.H. 75 Nissen, Moritz Momme 280 Noardfrysk 14, 279-282 Noordenbos, Joh. A. 257 Noordmans, dr. O. 8 Nijfrysk 15 Oarkunden 20, 26, 31 Ocko Scharlensis 34 Odulphus 17 Oera-Linda-bok 34, 77, 123, 137, 208, 260, 282-283 Okeles, Broer, sjoch: C.E. Bakker Olde Freesche Cronike 27 Oostenbrug, Janke 248 Opstalbeam 24 Ottema, dr. J. G. 77, 106, 282 Peanstra, Tsjits 275 Peters, dr. Lurens Cunrad 281 Petrus fan Thabor 33 Piebenga, Jan 164, 224, 225, 261, 265, 271 Plaknammen 13, 26, 36 Ploeg, Feike Hiddes v.d. 64-66, 183-184 Poëtyk 12 Pollema, B.R.S. 225, 254, 266 Polstra, Thys 277 Poortinga, dr. Ype 186, 261, 265-266, 271, 276, 277 Post-Beuckens, L., sjoch: Ypk fan der Fear Posthumus, ds. Rinse 72, 79, 80, 91, 92, 94-98, 100, 101, 102, 108, 161, 184 Postma, Gerben 113, 122, 127, 130-133, 146, 148, 156, 165, 169, 171, 199, 206, 210, 286, Postma, dr. Obe 101, 199, 209, 218-222, 254, 259, 261 Postma-Stolk, Ria 277 Provinsialisme 118 Psalmglossen 13 Psalmoersetting 17, 23, 46, 47, 50, 58, 61, 62, 64, 131, 132, 226, 229, 250 Quatrebras 262, 272 Radbod, bisskop 17, 19 Rasionalisme 56, 85, 122, 135, 137, 204 Redbad 16, 24 Regine 113 Reitsma, Hette 257 Renaissance 30, 38, 42, 47, 51, 56, 72 Rengers, Johan 33 Rienks-Wallinga, D. 285 Ringers, dr. Vitus Hendriks 58 Rixt 199, 227, 229, 232-233, 254, 261, 275 Romantyk 70, 72, 79, 85, 104-134, 137, 168-182, 188-191 Roorda, mr. Jacob 76 Roorda, Karel 31, 34 Rozenga, Meint 196, 224 Rudolfsboek 21, 26, 27 Rune-ynskriften 13, 23 Rutgers, Frederike 169, 171 Rypma, Gerben 223 Rypma, Johannes 196, 223 Salverda, Jan Knjilles Piter 52, 74, 75, 79, 96, 98-101, 102, 146, 161, 194 Sangfoardrachten 196 Sawn Oerkerren 24 Sawn Sélannen 24 Sawntsjin Kêsten 23 Schaaf, Sjoerd v.d. 270 - Th. van der 227 Schepers, dr. Johan Binnert 169, 174, 198, 201-203, 206, 208 Schmidt, Hermann 281 Schmidt-Petersen, dr. J. 281 Scholten, André R. 261, 265 Scholten, M.K. 284 Schuitmaker, Yme C. 185, 191-194, 199, 238, 272 Schurer, Fedde 129, 186, 240, 249-252, 254, 255, 258, 261, 277 Sealterlân 279 Shakespeare-oersetting 96, 97, 98, 184, 224, 225, 234, 236 Siccama, Sybren 44 Siebs, prof. dr. Theodor 29, 279, 280 Sierksma, Fokke 262 Siewertsen, Marie 281 Sikkema, Marten 261, 262, 274-275, 276 Simons, Menno 19, 20, 34 Sipma, dr. Piter 20, 26, 199, 208, 227, 234, 235 284, 285 Sjongspullen 271-272 {==293==} {>>pagina-aanduiding<<} Skandinavisme 104 Skeltarjocht 26 Skiedskriuwing 32, 34, 40, 60, 75, 77 Sljucht en Rjucht 138, 142, 145, 147, 161, 198, 222, 223, 285 Slofstra, Jan 271 Sminia, mr. H. Baerdt van 77 Smit, Jo 277 Spanninga, Sjoerd 261, 274 Spraekleare 36, 116, 118, 131, 201 Sprekwurden 22, 36, 48, 69, 145 Standertfrysk 14 Starter, Jan Jansz 38, 44, 64, 183, 248 Steegh, Jan S. van der 163, 190 Steenstra, H.W. 105 Stêfrym 17, 21, 22, 48, 116, 120, 201, 206 Stellingwerf, Oebele 144, 161-162, 163, 172, 175, 185, 190, 285 Stellingwerf-Jentink, Geertruida Christina 162 Stienstra, Klaes 191 Stinstra, Johannes 69 Stijl, Simon 184 Stylûndersyk 11, 12 Suffridus Petrus 33, 46 Swanneblommen 109, 119, 122, 285 Sybesma, Rintsje Piters 12, 229, 230, 240, 244, 245-246, 252, 254, 260, 261 Sytema, Jentsje 156, 162-163 Sytstra, Harmen Sytses 11, 77, 94, 100, 105, 106, 107, 108, 109-120, 121, 122, 123, 130, 137, 140, 142, 148, 150, 151, 156, 161, 168, 184, 230, 235, 240, 283, 284 Sytstra, Onno Harmens 168, 172, 175, 198, 200-201, 208, 210, 230, 235, 284 Sytstra, Tabo Wiger 189 Taelgebiet 14 Taelstriid 229 Taelsuvering 123 Tamminga, Douwe Annes 186, 261, 262-264, 277 Tekstútjeften 11 Telting, Albertus 76, 110 Terpstra, J. 199 Terpstra, Piter 186, 262, 277 Thet Freske Riim 27, 46, 105 Tjessens 36 Toaniel 56, 64, 114, 143, 144, 154, 156, 183-197, 238-239, 250, 252, 253, 256-258, 264, 271-272, 277 Tol, Japik van der 196, 222, 223, 285 Tolman, Rinke 229, 230, 233, 248, 254 Tractatus Alvini 27 Troelstra, Piter Jelles 122, 143, 156, 161, 168, 169, 170, 171, 172-180, 185, 190, 199, 202 Tsjerketael 19 Tsjerne, De 262, 272 Tsjûgenis 240 Tuinen, Reimer W. van 275, 276 Tuinstra, Bouke 254, 256, 258 Ulrich fan Ewsum 33 Valkema, Sybren 191 Veen, Barend van der 186, 257, 272, 277 Veen, Hjerre Gjerrits v.d. 94, 98, 121, 124-130, 131, 132, 143, 146, 163, 169, 206, 274 Veendorp, G.R. 286 Veenstra, O. 271 Vegelin van Claerbergen 57 Velstra, Tsjeard Ritskes 185, 189-190 Verwijs, dr. Eelco 121, 282, 283 Visser, Garmant Nico 261, 274 Visser, ds. H.W.C.A. 74, 101, 102, 105 Visser-Bakker, Jant 270 Vliet, Jan van 58 Vries, Theun de 8, 11 Vries, Thys de 248 Vrijburg, Willem 189, 196 Waalkes, ds. W. van Borssum 101 Waatze Gribberts Bruyloft 64, 73 Wadman, dr. Anne 12, 13, 247, 261, 262, 272-274, 276, 277 Wagenaar, ds. Lútzen Harmens 169, 170, 175, 190, 203 Wageningen thoe Dekama, Jan Hindrik Jetse van 124, 171 Wal, Eile van der 101 Wassenbergh, ds. A 77 Wassenbergh, prof. Everwinus 54, 69, 70-75, 92, 96, 98, 105 Weg, Cornelis Douwes van der 189 Westerlauwersk 14 Wiedema, IJ. 224 Wielsma, Cornelis 182, 196, 206 Wiersma, Ids 94, 245 Wiersma, J.N. 169 Wiersma, J.P. 178, 186, 257, 271, 277 Willibrord 24, 27 Windsma, Rein Baukes 96, 101-102, 122, 161 Winkelman, Jaep 257 Winkler, Johan 109, 120, 123-124, 164, 169, 171, 203, 209, 280, 282 Winsemius 40, 46, 60 Winterjounenocht 121, 138 {==294==} {>>pagina-aanduiding<<} 150, 154, 156, 158, 162, 164, 171, 196 Wirth, prof. dr. Herman 260, 283 Woarp fan Peyma 78, 95, 96, 108 Worp van Thabor 33, 105 Woutir in Tialle 38, 183 Wumkes, ds. A.D. 226 Wumkes, dr. G.A. 7, 12, 65, 124, 133, 199, 212, 226, 243, 260, 283 Wurdkeppeling 50, 51, 99 Wybenga, Anders Minnes 226 Wybenga, Jan 275 Ypma, Sjoerd Simens 74 Yn ús eigen tael 285 Zandstra, Evert 271 Zee, F. Jac. De 222, 223 Zee, Sjouke de 196, 199, 223, 244 Zee, H. van der 190 Zylstra, Doeke Harmens 191, 196 Zylstra, R.K. 196 Zylstra, Rinse 169, 170-171 1) Tige learsum is it de twa foarwurden fan Gysbert Japiks by syn ‘Friesche’ Rymlerije ris to forgelykjen. It is ek de ‘Friesche’ Tjerne, Reonts klaget oer de lichtfurdichheit fan ‘Frieske’, en sa withoefaek: Lângeane aef Friesche freugde, Friesche Herder, stege stantfries, in Franske munt wurdt ‘goaldne Friesche ryder’, ensfh. 1) E.B. Folkertsma, Yn ús eigen tael, 1930, s. 112. 1) B.L. van Albada, Uit de Oude en Nieuwe Doos. Herinneringen uit de school en het leven van een 80-jarigen oud-hoofdonderwijzer. Groningen, 1875. Bls. 124-125. In tige nijsgjirrich boek foar de Fryske kultuerhistoarje fan de earste helte fan de 19de ieu. 1) Yn in Hollânsk boek oer de Van Haren's hat Joast it doel fan de ‘Lapekoer fan Gabe Skroar’ dúdlik oanjown: ‘De waardigheid der Friesche taal te handhaven, hare geschiktheid zoowel voor het minne- als voor het hekeldicht, zoowel voor het ernstige als voor het boertige, zoowel voor de zamenspraak en den verhaaltrant als voor de kansel en zelfs voor het gebed en den zang, aan te toonen’. 1) ‘Het schijnt dat mijn weeke ziel meest met die soort van onderwerpen schwärmt’, skriuwt er yn 1828 oan Joast, as er fortelt dat er de widzesang ‘Dou, dou biste myn Anke’ dichte hat. En út in brief fan ein 1831: ‘Van mij kan ik niets nieuws melden, ik ben nog altijd hetzelfde onrustige wezen, beurtelings geteisterd door de uitbundigste vrolijkheid en de zwartste zwaarmoedigheid, het eenigste redmiddel voor deze uitersten schijnt te zijn reizen en zwalken; gelukkig ben ik dus als er zieken zijn, de iene syn skea is de oare syn brea’. 1) Ein 1847 skriuwt er oan Joast Halbertsma: ‘Mijn geest is ook niet zeer opgeruimd, daar ik bijkans niets dan ellende, toenemende ellende om mij henen zie, en dit geeft geen lust tot werken en schrijven. Gij kunt er u geen denkbeeld van maken, en gij zult het bijna niet gelooven, hoe verbazend het pauperisme in onze vruchtbare en arbeidzame streken en bevolking toeneemt, en, wat in mijn oog het ergste van alles is, hoe ongevoelig en egoïstisch die bevolking daaronder wordt’. 1) It lêste die er mei D. Bouma Nieuwenhuis, in Ljouwerter, dy't ek inkelde jierren skriuwer fan it Selskip west hat. By dizze man wie dr. Eeltsje it lêste jier fan syn libben yn 'e hûs; hy wie neffens J. Hepkema ‘een man van geest’ en hat fortsjinstlik Frysk wurk levere. Ut it Dútsk sette er oer in boek oer de Stedingers, in histoarysk ûnderwerp dat by de Selskipsmannen (troch har anti-klerikalisme?) tige yn 'e oandacht stie. 1) Hy hat soms oanstriid om ek mei de lânforhuzers nei Amearika to gean: ‘Wier Frîslond Frîslond nawt, ik file mei ût nei 't lond fon frydom; hwent greate fretters end earme gubbers bliue hier, men d' ore reitze wy quit, 't is dûwelsk’. Yn it skoalmastersformidden fielde er him ek net thús; Tsjibbe Gearts seit fan him: ‘Sa hied er oan kollega's faek in mier, Dy't lef fen sin hjar heitlâns ear forfije, Troch op de stroom fen 't Hollânsk hjar to jaen En dêr as eintsjes plûmkestrike en dwaen’. 1) Nl. ‘In Dei yn de Neisimmer’. Regine (keninginne) is Harmen Sytstra syn ‘dichterlike oare-ik of syn dichterlike faem’. De figuer wiist der al op, dat de literaire tradysje Sytstra doe grif net frjemd wie. Oare Regine-sangen binne: De Maitiid op it fjild; Hjerstjoun; Langst nei Regine. 1) Idûn of Iduna wie yn de noardske mythology de biwaerster fan de jongmeitsjende goudene apels en it wiif fan Bragi, de god fan de dichtkunst. It blêd hie yn de earste seis jiergongen grif it meast in persoanlik karakter; yn 1851 wurdt it selskipsorgaen, mar Sytstra bliuwt dan samler. As er by syn boask yn ein 1852 syn wiere fan gewaer wurdt, skriuwt er him ek net mear Zylstra, mar Sîtstra. 1) ‘Thinzen oer 'e spelwize fen 'e Fryske tael’, De Vrije Fries IX, 1860, 84-98; earder al op in selskipsgearkomste foarlêzen. Deselde Philippus van Blom (in soan fan de Drachtster skriuwer Jan Gelinde van Blom) kaem yn 1863 yn it foarwurd fan syn boekje ‘De alde Fríske wetten oer de sédiken’ jitris op de stavering werom, naem diel oan it wurk fan de selskipskommisje foar de stavering yn 1876-'79 en joech yn 1889 syn ‘Beknopte Friesche Spraakkunst’. 1) In staeltsje fan de Iduna-stavering yn de ‘Blomlêzing’, 2de pr., 1909, s. 33: De twa keningsbern. - Fgl. ek hwat J.J. Hof seit: ‘Ik krige de Iduna-jiergongen mei H.S. syn stavering for 't earst ûnder 'e eagen - en myn sinnen waerden til, myn herte trille my, ik seach myn tael as in keninginne, do't se yn dat klaed foar my stie’. (Fryslân, jg. 1918, s. 215. Ek: Fjirtich Jier Taelstriid, IV, 85.) 1) In samling almanakstikjes fan syn hân is yn 1867 as ‘Teltsjes en Rîmkes’ fan W. Dykstra útjown, mei foaryn in koarte libbensbiskriuwing; de stavering is hjir foroare, forienfâldige. 1) De ‘Spraakkunst’ fan Colmjon, foar dy tiid in modern wurkje mei bilangrike taelpriuwkes, lei de earste grounslaggen fan de lettere Selskipsstavering. Dochs waerden syn foarslaggen fuort net algemien folge; party skriuwers hâldden oan de stavering fan Halbertsma, fan Gysbert Japiks of fan de Iduna's fêst. Om ta ienheit to kommen waerd yn 1876 in kommisje bineamd (J. v. Loon, Ph. v. Blom, W. Dykstra, H.G.v.d. Veen, G. Colmjon), dy't nei earnstich wurkjen yn 1879 mei in hantlieding kaem: ‘De Fryske boekstavering’. Sûnder Colmjon wie dit moaije risseltaet lykwols net birikt; hy wie de driuwende krêft. 1) Sjoch: ‘It hûs fen boärgerlike end militaire forsikering to Liowerd’ (d.i. de Kânslerij), Iduna 1863, s. 83-93, ûndertekene: Neefrednaf. Van der Veen hie in great forskaet fan skûlnammen, guods fan in tige trochsichtich slach: Neevrednav-StiregErreh to Museird; En friund fon divelbannen; Hearre fon Grouw; Argus; Frisius Multatulius; Democratius Groustra, ensfh. In gearmjoksel fan mystifikaesjesucht, útdaegjen, nocht oan ûnnocht, ynbylding fan forfolge to wurden, sil dêr grif mei efter sitten hawwe. 1) Hwat net ynhâldde, dat er goddeleas of atheïst wie; hy forminsklike de religy lykwols ta sedelear, ta morael. De wiere frommens waerd neffens him mei sin út de tsjerke wei keard. Fgl. syn ‘Bilidenisse’: ‘Wier tsjerkelear de godstsiënst, Hear! 'k Die, Ju ta ear', den neat net oan de godstsiënst mear’ (Iduna, 1863). De orthodoksen binne fansels ek de ‘fine dompers’ en fan de foarstanners fan de bysûndere (kristlike) skoalle kin er gjin goed wurd sizze. 1) Fgl. F. Schurer syn brokstik-oersetting yn Op alle winen, 1936, s. 41. Sa ek dy syn oersetting fan ‘Zwei Grenadiere’ yn Heinrich Heine, 1931, s. 38, mei Colmjon sines yn Paden fen Fryslân, II, s. 282. Der is de hiele 19de ieu troch yn Fryslân ôfgryslik folle neffens it Dútsk biwurke of oerset, sa slim, dat Tiede Dykstra al rymke: ‘Forfryskjen hjir, forfryskjen dêr; Forfryskje kin nou elts, mar woll' jim 't goed dwaen, feinten, ei, Forfryskje dan jim sels’. 1) Dy freonskip hat Gerben Postma neffens eigen tsjûgenis fan de noflikste dagen yn syn libben bisoarge. Yn 1907 skreau er dêr dit fan: ‘In kink yn de keabel hat der noait yn ús frjeonskip wêst, wy beiden sprieken ûnder inoar flak-út as der misbigrip of sahwet bistie’. De ynfloed fan Van der Veen syn styl is by Postma skoan to fornimmen. 1) Sûnt 1846 wurket W.D. oan de Selskipswurkjes mei en folget er de Idunastavering ek foar in great part. Yn 1850 bigjint er sels mei ‘De Fryske Húsfreon’ en dan komt der hwat forwidering mei de Selskipsmannen. Mei dit tiidwurkje (1851-'69) wol er ienfâldiger lektuer yn bigrypliker stavering bringe. Sels seit er letter: ‘It boerefrysk in grappetael: dat âlde bigryp like der sa djip yn biwirtele to sitten, dat it er hast net út to bruijen noch to slaen wier. Ja, ik moat earlik bikenne, dat ik ek net alheel suver fen dy kwael wier, do't ik, nou wol 55 jier lyn - for 't earst hwet mei fryske skriuwerij bigoun to pielen’. (W.D., Feestrede, 1894.) 1) It falt jin op dat Waling Dykstra, mei syn bikende rymsucht, it forneamde stik ‘Enoch Arden’ fan de Ingelske dichter Tennyson yn 1870 as ‘Inne Harmens’ yn proaza biwurke (en yn Peazens lokalisearre) hat; hy tocht dat safolle rym de Friezen net flije soe. 1) ‘Do 'k jong wier hab ik sankjes makke, Dy 't jongfolk faek mei wille song, 't Wier kost dy't hjarren aerdich smakke, 't Wier tael dy't hjar ter herte gong. Nou kin 'k sa sjongsum net mear skriuwe; De jeugdige ienfâld gyng forlern. Oft nou myn kâltsjen drege ljuwe Yet haegje kin? - Dat woe 'k sa jern!’ seit er yn syn bondel ‘Wintergrien’ (1886). 1) Fan in echte dichter mient er dan ek ‘easkje to meijen, dat er syn tael foldwaende yn 'e macht hat om syn fersen flot der hinne rôlje to litten, mei sa min mogelik hoatsjes en stietsjes’, - in sitaet út in opstel fan him oer Salverda! 1) Gerben Postma warskôge dêr yn Forjit-my-net, 1900, al foar: ‘Den hawwe folle fryske skriuwers ek skild hjiryn, det hja it liberale elemint tofolle útkomme lieten, sa det oaren der ornaris “in streek fen lâns” krigen’. 1) Itselde die Waling Dykstra ek, doe't er fan Frjentsjer nei Holwert gyng. Mei Waling wie Tsjibbe yn 'e hjerst fan 1850 op in krite-gearkomste bifreone rekke en hy learde fan him hwat natuerlik foardragen wie. Yn Waling syn autobiografy út 1851 (Paden II, 128), yn brieffoarm oan Tsjibbe stjûrd, kiest er dy, op foar syn dwaen sentimentéle wize ‘ta de freon fan myn hert’. Letter hie Dykstra wol mear as in bytsje op Van der Meulen tsjin. 1) Sjoch it moaije en aparte dicht, dat Gerben Postma yn 1904 oan Tsjibbe Gearts tawijd hat, yn it boekje ‘Blommekrânse’, dat de skriuwer op syn tachtichste jierdei oanbean waerd. 1) Waling Dykstra, net ûngodstsjinstich mar as man fan de forljochting folút deïst, bistriidt de skyn en de ûnwierheit, dy't hy binammen yn de orthodoksen sjocht; yn wêzen is it kristendom as iepenbierre godstsjinst him in argewaesje. Tsjibbe is in tige religieuze natuer, mar forklearret planút: ‘Ik bin wol gjin ongelovich minske al hechtsje 'k my yn folle dingen mear oan de leare fan Bûdha as oan de kristlike leare, dy't nei forrin fen lange jierren wol blike scil gjin stek to hâlden’. (Ald en Nij, s. 577.) 2) Foar Tsjibbe wie dat in famylje-eigenskip: ‘By 't sjen fen pake rymsels, tink ik jamk, dat myn dichterlykens in drowich gefolch is fen erfsonde. De Deenske toaneelskrjuwer Ibsen scoe dit fêst wol útmeitsje kinne’, seit er sels. 1) Sels skriuwt er der yn syn earder neamde autobiografy dit fan: ‘Ik haw oan 'e Fryske adel myn opera “Jan en Janke” (it bêste dat ik ea skreau yn myn eagen) opdragen. Setten hja dat ris op muzyk, o hearlikheid, hwet wier dat moai. Lokkich, it stik stiet boppe de tiid’. En fierderop: ‘Dat stik biwiist de krêft en hearlikens fen it Frysk.’ Dr. D. Kalma seit fan dit sjongspul, dat it ‘yn sottens wierskynlik fen neat yn ús hiele skriftekennisse oertroffen wirdt’ (De Fr. Skriftekenn. I, s. 17). De opera triek Tsjibbe Gearts blykber oan; syn ‘Faust’ hat ek wol hwat fan in opera-biwurking. 1) Oer it libben fan syn heit Wytse Ulkes Boonemmer (1778-1862), feanarbeider en skoalmaster, en fan syn mem Elske Jochums de Vries, kin men folle lêze yn it tige nijsgjirrige boekje fan dizze skriuwer: ‘De Schoolmeester, in 't laatst der vorige en 't begin dezer eeuw, voor en na het verbeterd onderwijs van 1806’ (Leeuwarden, 1884, 152 blz.). It is goed skreaun en der falt hiel hwat út to learen oer de âlde skoalle, de sosiale tastannen en ek oer Auke Boonemmer sels. 1) As Doeke Wigers Hellema (1766-1856), de boer dy't ûnder Wurdum wennet en dêr syn nijsgjirrich deiboek byhâldt en dy't in trou lid fan it Frysk Genoatskip is, foar it Frysk Selskip as lid frege wurdt, bitanket er om syn hege jierren. Dêr wurdt alles yn it Frysk dien, skriuwt er, oars as yn it Genoatskip: ‘Het doel is wel hetzelfde, maar alles wordt hier in het Nederduitsch behandeld, waar vele leden van ons genootschap de Friesche taal niet spreken, maar anders geleerden en letterkundigen van den eersten rang zijn.’ 1) Dêrfoar kin men better torjochte by Steffen Bartstra, yn 1861 yn Warkum berne en gâns in skoft dûmny yn East-Ynje; ien dy't folle fan Johan Winkler hie. Yn it Hollânsk hat er fjouwer greate romans oer Fryske skiednis publisearre: Wigle Wever (1904); Pater Gerolt van St. Jansgae (1912); Quaede Foelck (1934); Heer Jancko Douwama van Oldeboorn (1943). Oer dizze typyske skriuwer mear yn: J. Piebenga, In forgetten romanskriuwer - (Leeuw. Courant, 7-6-1939). 1) Syn soan Jelle, de skilder, dy't in moai, waerm en ienfâldich boekje oer ‘Mijn vader Pieter Jelles’ (1952) skreaun hat, seit: ‘Voor mijn vader was en bleef het Fries de taal van het gemoed, bestemd voor dichterlijke ontboezeming en huiselijke intimiteit’. En yn syn bislút: ‘Mijn vader was ontzaglijk gehecht aan zijn thuis en zijn familie, en aan Friesland, zijn geboortegrond’. 1) ‘Oege hoeft nou net for “Markies” of Hoatske for “deszelfs gemalin” to spîljen, d.w.s. persoanen to forbieldjen dy hja nea foar eagen hiene - lîk as yet fjirs to fölle bart’. (Ut in foarwurd by Tsjibbe Gearts syn stik ‘Troch 't Tsjoede ta 't Goede’, 1876.) 1) Tiidgenoaten fan Waling-om en Tsjibbe Gearts, dy't tagelyk mei of fuort nei harren ek mei toanielskriuwerij bigoun binne: Klaes Aerts Aartsma (1838 Berltsum- 1874 dêrre; twa stikken en foardrachten); Auke Boonemmer (sjoch bis. 156), trije stikken; R. Kiemstra (fan 'e Gerdyk), fiif stikken yn de jierren 1862-74; H. Alma, fan 1863-'66 trije stikken; H. van der Zee, fan 1866-78, seis stikken; dy syn ‘De alde Jas’ waerd yn 1910 foar de sawnde kear printe! 1) Yn in brief oan J.J. Hof út 1918 sprekt er dêr mei earlike wurden oer, as er himsels oantsjut as ‘immen dy't faek stil is fen syn twataligens, hwent dêrtroch kin er faeks yn beide talen it rjuchte wird net fine en fielt er him tige earm’. 2) De germaenske mythology hat Schepers mei foarleafde brûkt. Al yn de Fr. Volks Almanak 1893 is it fers ‘Balder's dea’ út de rige ‘Sangen fen Bernlef’ to finen. De moeting fan germaensk heidendom en kristendom liet ek him, lyk as safolle neo-romantici, blykber net los. 1) ‘O mylde geast, dy't heel it fryske folts Yn ljeafde omfet - mar meast de lytsen nei; Dy't draecht de stêd as 't fjild, en hat allyk De bodders en de ruters fen de wei. Yn sêfte kleuren, blier en treastlik ljocht, Stiet byld nêst byld’, dichtet dr. O. Postma yn in fers ‘Oan R. Brolsma’ út 1927 (De Ljochte Ierde, s. 34). 1) It docht jin gjin nij, dat Anne Wadman yn syn ‘Frieslands Dichters’ (1949) Pyt van der Burg yn de ynlieding net neamt en yn de karlêzing gjin plak jowt. Wadman syn literatueropfetting en syn oerskatting fan de nei-oarlochske generaesje forklearje ek, dat de nammen fan A.M. Wybenga en Wybren Altena, dichters fan in eigen soarte, yn syn boek net foarkomme. 1) Hans Hoen wie yn Nij-Beets berne as soan fan in feanarbeider en hy moast yn syn jonge jierren al gau mei poat-oan, û.o. mei it útsuteljen fan turf yn Ljouwert. Hy kaem by it Leger des Heils, waerd dêr offisier, mar wie it dêr letter net mear mei iens. Hy waerd direkteur fan in sikefouns yn Den Haech en die dêr folle foar it Frysk toaniel. Hy droech faek Multatuli yn Fryske oersetting foar en hat ek inkelde jierren in eigen Frysk toanielselskip hawn. 1) Ien foarbyld; Kalma oer de folksskriuwerij: ‘Hiel it folksrieme skriftendom fen dizze forstoarne tiid is it geastlik byld fen in folk fen fékwânselers en hynstekeapljue mei hantsjebakken en merkepraet, en ûnder de deistige skyn fen ynbannichheit, fen ûnhillige sinlikens en kâld-wrede bijearten’.