Meidielings fan 'e redaksje.
Utslach Tsjerne-Priisfraech foar koarte forhalen.
Foar de Koarte Forhalekriich, troch de Utjowers fan de Tsjerne útskreaun, binne 31 ynstjûringen binnenkommen.
Alle hout blykte ek hjir gjin timmerhout to wêzen, en it soe de karkommisje nofliker west hawwe as har taek hwat swierder west hie, trochdat alle stikken it peil fan de priiswinders tichter bynei kommen wiene. Nou wie men it der ridlik gau oer iens, dat de earste priis takaem oan de skriuwer fan it forhael ‘Pin en Pistol’, ynstjûrd ûnder motto: ‘It gappet mear as it byt.’ De twadde priis waerd ornearre foar it forhael ‘Li Foe’, ynstjûrd ûnder motto ‘Tsjang Kai Sjek.’
De winder fan 'e earste priis, great f 100, -, blykte by iepening fan it envelop to wêzen de hear Marten Sikkema fan Ljouwert; dy fan de twadde priis, great f 50, -, de hear Geart Jonkman, ek fan Ljouwert.
It mei de earste priis bikroande forhael forskynt jit yn dit nûmer; dat fan Jonkman yn it earste nûmer fan 'e nije jiergong. Oer it al of net opnimmen fan de oare ynstjûrde forhalen, dêr 't de karkommisje wol in weardearringsoardiel oer joech mar dêr 't hja de skriuwersnammen noch net fan wit, sil meikoarten útwizing dien en útslútsel jown wurde.
* * *
Tsjerne-middei.
Op Sneon 28 Desimber wurdt to Ljouwert yn hotel De Kroon in gearkomste bilein, dêr 't ús lêzers fan herte wolkom binne. Fedde Schurer sprekt oer: ‘It plak fan De Tsjerne’, Douwe Tamminga oer: ‘Fryske Dichtkunst’ en Anne Wadman oer: ‘Proaza yn Fryslân.’ Fierders is der gelegenheit neijer meielkoar yn 'e kunde to kommen. Wy bigjinne om 2 ûre de middeis.
* * *
As premy foar ús lêzers is yn biwurking in bondeltsje Kwatrinen fan Fedde Schurer, yn lúkse útfiering. Elk eksemplaer wurdt nûmere en teikene. It sil ús abonné's kostleas tastjûrd wurde. De oerbliuwende eks. sille yn 'e hannel to krijen wêze foar f 7,50.