De Tsjerne. Jaargang 8
(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 275]
| |
Per Denez:
| |
[pagina 276]
| |
Mar syn tydskrift kamen mar fjouwer nûmers fan út en it hâldde op sûnder ien wurd fan forklearring oan de yntekeners. Hwerom't it ûndernimmen sa hommels mislearre is, dat is nea opheldere. De Bretonske biweging (hat men it rjocht en praet fan biweging, wylst har wichtichste kenmerk wie dat hja alhiel net biweegde?) wie doedestiids yn hannen fan de ‘regionalisten’ (de earste Bretonske Nasionale Partij waerd earst yn 1911 oprjochte), fan de lytse biskieden aposteltsjes fan ‘ús lytse heitelân yn ús greate heitelân’. En as in biweging libje moat sûnder in allesomfiemjend idéael, lyk as it frijheitsidéael is, dan wurdt de krêft dy't yn har libbet ridlik gau weislynd troch ynwindige strideraesjes en famyljetsierderij. Malmanche de jongkeardel, moat slim lit hawwe yn dy striid mei de âlderein, en, om't er to folle yn him hie fan in aristokraet om de striid mei ‘smoarg'e hannen’ (forgelykje it toanielstik fan J.P. Sartre) oan to gean, joech er it leaver oer. Gâns in diel jierren letter skreau er yn syn (Frânsk) foarwurd ta de Frânske útjefte fan syn stik ‘Salaun’ in frijhwat bittere passaezje, dy't op dat ûndernimmen doelt, nei't my taliket: ‘Ik dreamde in kear dat ik Arthur wieGa naar voetnoot1). Ik sette myn blinkende helm op en joech my yn de striid doe't de trompetten op 'en lûdsten sketteren. Mar nimmen like acht op my to slaen. Doe seach ik in man dêr't ik fan wiste dat er ien fan Arthur's oertsjûge partijgongers wie en roun op him ta. Hy seach efkes kwânswiis nei myn helm en sei: Ik wist net dat it hjoed brânspuitdemonstraesje wie.’ Der giet in soad skeinde greatskens yn dizze pear rigels forskûl - fan dy greatskens dy't faeks in al to great plak ynnaem yn Malmanche syn karakter. It is spitich dat dizze tige skerpsinnige man him de grapkes fan ryklik domme lju sa tige neinommen hat. Malmanche wie in striidskriuwer fan it suverste ras, dy't yn dat stik gâns foar syn lân dwaen kinnen hie. Hy bisiet it geheim om snijende wierheden to skriuwen: ‘De Bretonske geast hat syn eigen klaed. Hwerom buorlju's klaed nimme? Dy't oarman's klaed oandocht, kriget ek syn flieën oer.’ Hy hie der slach fan om skerpe tinkbylden to lansearjen: | |
[pagina 277]
| |
‘Witte hoe to tsjinjen is de goede hoedanichheit fan de Bretagner. Tsjinje is syn idéael. Hy tsjinnet syn God of hy tsjinnet in publyk, Hy tsjinnet in master of hy tsjinnet in dream. Hy tsjinnet immen of hy tsjinnet eat. Mar hy tsjinnet.’ Malmanche soe in machtig'e, skerpsinnige lieder west hawwe yn de kulturele striid. Doe't er lykwols ienris it mêd fan de striid forlitten hie, is er nea weromkommen, en, mislearre as de foarste man yn de bloeitiid fan syn libben, hat er it letter nea de muoite wurdich achte om de twadde to wurden. Hy die de kar om foar himsels en op himsels to libjen - foarsafier't it de Bretonske saken oanbilange. Hy joech - set en printe mei eigen hân - ien fan syn toanielstikken út. As er tasei om hânskriften ôf to stean oan Bretonske tydskriften - hy joech ien, foar de oarloch, oan ‘Gwalarn’, ien yn 'e oarloch oan ‘Sav’ en ien nei de oarloch oan ‘Al Liamm’ - siet er mei gauwens mei de tydskrifteredakteurs yn tsjokwaer. It einbislút wie, dat syn printe wurk fiersten to let kaem, dat men it meastepart mar mei lijen fine kin, en dat guon fan syn wurken jit nea printe binne. En Bretagne like g'oed as de hiele litteratuer hawwe der de skea fan to dragen. Tangi Malmanche hat twa koarte romans skreaun, mar hy is forneamd wurden as toanielskriuwer, likegoed yn Bretagne, dêr't elkenien syn wurk priizget en mar inkelden it lêze of spylje, as yn Parys, dêr't it théater Hebertot syn stikken foar opfiering útkarde. Hy skreau syn toaniel as in middel om yn Bretagne in folkseigene en tagelyk yntelliginte foarm fan litteratuer ta libben to bringen. En syn earste stik, ‘It forhael fan de hongerig'e siel’, hat er sels, mei help fan amateurspilers fan it plattelân opfierd foar it boerefolk yn 'e omkriten fan Brest. As dit doel fan sines mislearre neamd wurde moat, as hy net yn steat west hat en bring it Bretonsk ta libben yn en mei syn toaniel, dan moat men lykwols tajaen dat er troch dy stikken it idé Bretagne ta libben brocht hat foar mear as ien, oft dat nou (yn ‘Gurvan de frjemde ridder’ en yn ‘Salaun, byneamd de Dwaes’) it mystike Bretagne wie, op 'e siik nei suverheit en wierheit earne bitusken dizze wrâld en de oare, òf it forheftige Bretagne (yn ‘De Antikrist’ of yn ‘De Heidens’) dat syn dream fan suverheit ta wêzen bringt troch dizze wrâld op to offerjen oan de kommende, of ek wol (yn ‘It laeidekkerswiif’ en - neffens it oardiel fan | |
[pagina 278]
| |
dyjingen dy't it hânskrift lêzen hawwe - yn ‘Arthur's widdou’) it Bretagne fan al den dei, mei it earme, noedlike libben fan de ambachtslju of de striid fan it boerefolk om it deistich brea. Hoe great it geny fan Malmanche wêze meijen hat, hoe wichtich ek syn bydrage ta de Bretonske litteratuer neamd wurde moat, men kin der net foarwei en kom ta de forûnderstelling, dat hy òf to let òf to ier kommen is. Hy hie yn wierheit syn heechste doel birikke kinnen yn it Bretag'ne fan de Midsieuwen, doe't it Bretonske folkstoaniel libbe yn en mei it leauwe en de tael fan de mannichte. Of yn in frij Bretagne dêr't in Bretonske kulturele élite him de bigripende biwûndering skinke koe fan syn tawijde oandacht.
(Oersetting Anne Wadman). |
|