Dit forhael fan in brutsen en ûngelokkich houlik hat trije haedfigueren: de ienris foar de wet troude frou Rixt Gjaltema, har allyksa troude man Hedzer Sybranda, en de frou op hope fan in wetlik houlik mei him Frouck Heslinga.
De sympathykste fan harren trije is Rixt, einliken altyd faem bleaun, in spontane, ympulsive, hertstochtlike faem, sa biminlik en teffens ôfstjitlik as in dwaes wêze kin, sa falsk en tagelyk sa earlik as sok in frou yn need mar wurde wol. Dêrnei komt Hedzer, ynwindich swakke figuer, erflik twivelder, yn oanhâldende wjerhâlding om de forhâlding mei de iene frou moedich oan to kinnen en dy mei de oare resolút oan to doarren. En de ûnsympathykste fan allegearre: Frouck, mei al har net minmachtige en lytse deugden en al har leafde ta Hedzer yn Rixt allinne mar de rivale sjende, de fijandinne, de frou dy't har yn it plak stiet en dêrom sûnder mankearen oan kant moat.
Nou hat de skriuwer ynmoedich war dien syn persoanen sa objektyf mûglik to sketsen en harren yn har forhâlding ta elkoarren elk foar oar har gerjochtichheit to jaen. Oan in swart-wytskema, sa forliedlik en maklik mei in stof as dizze is er dan ek lokkich ûntkommen. It iennichste dat men him yn dizzen neijaen kin, is in to ûnkrityske sketsing, de idéalisearjende kant oer, fan Frouck. En dochs lit it forhael oan in earnstige psychologyske misset. Hoe is it houlik tusken Hedzer en Rixt einliken sa ellindich mislearre? Al skilderjend en skriuwend siket de auteur - alhoewol sûnder de man frij to pleitsjen - de oarsaek dêrfan prinsepeal yn twaderlei by de frou: har slim ûngeduerich aerd en har bittere, by tiden suver ôfwizende forwidering fan Skrift, leauwe en tsjerke. Hwat it earste oanbilanget, moat dyjinge, dy't it boek goed lêst en him yn 'e figueren jowt, lykwols ta djipper konklúzje komme. Dizze nammentlik, dat fan en yn wêzen Rixt greater artyste is as Hedzer. Hedzer mei in goed skilder wêze, syn artistisiteit is bjuster op himsels bihelle. Hja giet bûten syn houlik, syn leauwe en syn godstsjinstige bigripen om. Oaren kin er as skilder allinne hwat jaen, as er sympathy of leafde fan harren weromkriget en hja him sadwaende ta idéalisearring ynspirearje kinne. Sa gau't er konfrontearre wurdt mei Gods wurd en wet oer leafde, houlik en libben, bitrout de artyst yn him
[p. 387]
himsels net en lit oan 'e boarger mei syn romtefrees de bislissing oer, hoe't er hannelje en wannelje sil.
Ta bihâld fan 'e sûndaer? Ta greater twivelriedichheit fan it bigearlik hert? Ta finer raffinemint fan 'e leafde om eigen sin goed to krijen en to folgjen? Yn alle gefallen, dat is it op 'en djipsten, hwat Rixt yn har man net lije mei, hwat hja net fordrage kin en dat har ûnreedlik, wyld en dwaes njonken him makket. Nammers, bigripe fan him docht hja sa'n biheindensyn-twaspjalt ek net. Hwant har fersen, al to direkte uteringen sûnder distânsje, meije swak wêze, by har is de artistisiteit elemint, troch har hiele libben en libbenhâlding hinne lutsen en to sterk har bihearskjend en driuwend om folle foarm to setten. Dêrtroch komt hja gauris net op har foardielichst út, as Hedzer har foar de Skrift en it leauwe set; dan kin hja ta in krityk forfalle, yn oerflakkichheit ûnder alle artistike stân, ek al forsmyt hja mear hwat kristenen fan Skrift en leauwe meitsje as de Skrift en it leauwe sels. Dizze frou, is de lêzer fan Gods Terskflier yn steat to bigripen, better as har man har bigrypt, is in avontûrierster, dreaun om alles: libben, dingen, minsken, mânlju, de man, allinnich ûnbihearske artistyk to bioardieljen, to forstean en to wurdearjen. En sjoch dêr twa minsken, dy't yn 'e ellinde fan har bigearlik, easkjend, nimmend egosintrisme elkoar net fine kinne, de iene de oare likemin as de oare de iene; net fine kinne, al hoe't hja elk foar oar - dêrom net, de frou djipper as de man - ûnder har forwidering lije en nou neiïnoar ta, dan faninoar ôf slingere wurde.
Mar net minder moatte wy komme op itjinge de skriuwer as twade oarsaek fan 'e houliksbreuk oanjowt: it skeel yn it godstsjinstige. Hwant ek dat oangeande hat it boek net de nedige bi- en fordjipping krige. Hwa't de karakters fan 'e haedpersoanen yngeand neigiet en forgeliket, kriget der sicht op, dat de breuk yn har houlik yngrevener sit. Hedzers en Rixte houlik mei net sûnder leafde west hawwe, nettsjinsteande dat hat it de breuk fan it bigjin ôf yn. By beiden is it boud op in eigensuchtige leafde, dy't hawwe wol en allinne mar fan nimmen wit yn sté fan to jaen. It elemint fan it offer ûntbrekt der oer en wer oan, dat hwat in houlik sawol geastlik as natuerlik, kristlik en minsklik yn wierheit ta houlik makket. En dêrtroch earst krije forskil fan karakter en skeel oer it leauwe de romte, troch dy wei slagget de ûntrou fan wjerskanten oan har forliedende kâns. Hwat oarsaek liket en yn it forhael foar oarsaek gean moat, is, hoe skuldich en ellindich ek, gefolch.
Foar hwa't Gods Terskflier sa lêze kin, wurdt it in ûntdekkend boek, Suver, né, einliken nettsjinsteande himsels bringt
[p. 388]
it de breuk yn safolle houliken oan it ljocht, ek sokke dêr't it net ta saeklike foarmen fan ûntrou of ta skieding komt, ek guon tusken kristenminsken. It is de selssucht, it oan't yn 'e leafde ta jinsels bigearen en sykjen en leafhawwen, it net bûten jinsels tinke en fiele en komme kinnen. It is opsluting fan 'e siel, har projektearjend op en idéalisearjend oan 'e oar, yn harsels.
En as it dan ôffalt tusken twa, as hja de iene sawol as de oare net krije neffens eigensuchtige forwachting, eask en bût, as hja ûnderfine, dat der sûnder jaen, ûnbaetsuchtich jaen, gjin ûntfangen mûglik is, ja, hwat kin dêr oars op folgje as ellinde? Dy fan 'e ûnfoldienens, de ûntgûcheling, de forwidering, it konflikt, de trochbrekkende spjalt. En net to forjitten it selsbiklach. Hwant selssucht wol har oan 'e ein ta rjochtfeardigje, en oan bigreatsjen mei harsels ûntbrekt it yn dit forhael noch Rixt noch foaral ek Hedzer. It selsbiklach nimt by harren in plak yn to great om de lêzer to oertsjûgjen. Net, dat it tekene wurdt sûnder stuiten en opstigingen fan twivel, eigen skuldbisef en striid tsjin 'e sûnde der troch hinne, mar hieltyd wer sette man en frou, slim mei harsels bigien, har ôf tsjin de skuld, de sûnde, it ûnrjocht fan 'e oar. Hwat harren dêryn ek tsjinkomme en wjerhâlde mei, de selssucht litte hja al kleijend de oerhân. Op 'en djipsten geane hja troch mei it sykjen fan hwat hja ta eigen foldwaen bigeare.
En dat nammersto nuodliker, mei't hja God der by helje: Rixt yn opstân tsjin itjinge har oan Him tinke lit, Hedzer yn tomûk himsels foldwaende selskastijing en fyn ynleine streaking fan syn eigenleafde. God tersket my, seit er, mar sûnder folle bisef, dat syn earste skuldige tersker hysels is. Sa'n bilidenis freget stranger eask en greater earlikheit, en de titel derneffens wurdt yn it forhael net wiermakke noch kriget genôch oannimlikheit. Alhoewol, ús sizzen is dêrmei net, dat it ûnréeel wêze soe, sa't it boek ek yn dy wei spilet. Heart it net mei ta de ynlikste ellinden fan 'e minske, dat er, earlik en ûnearlik tagelyk, syn sûnde, skuld en ellinde jerne en gaueftigernôch theologisearje mei en, de ellinde foarop, oan God presintearje? It falt net ta, hearrich, dat wol sizze sûnder retoryk, foar de Heare to kommen.
Dit allegearre nou hat Pier Feddema yn Gods Terskflier flot, mei feart, aktivearre en faken spannend forhelle. It oannimlikst is it boek, as de skilder oan it wurd kin: yn natuer- en milieutekening en yn sketsing fan 'e figueren yn biweging. De karakterútbylding kin gean, mar tinget en komt net djippernôch. Spitich, dat de ein fan it forhael, útrinnend yn in stik ûnbihearske pathetyk, gâns bidjert.