Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
DBNL Logo
DBNL Logo

Hoofdmenu

  • Literatuur & Taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taal
    • Limburgse literatuur
    • Friese literatuur
    • Surinaamse literatuur
    • Zuid-Afrikaanse literatuur
  • Selecties
    • Onze kinderboeken
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • E-books
    • Publiek Domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Gebruiksvoorwaarden
    • Hergebruik
    • Disclaimer
    • Informatie voor rechthebbenden
  • Over DBNL
    • Over DBNL
    • Contact
    • Veelgestelde vragen
    • Privacy
    • Toegankelijkheid
De Tsjerne. Jaargang 19

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave



Genre
proza
poëzie

Subgenre
tijdschrift / jaarboek


© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

 

De Tsjerne. Jaargang 19

(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De

Vorige Volgende
[p. 11]

Regeneraesje

I

 
Ik bin har flesk,
 
Hja is myn tafel.
 
Hwant hja is fan my woune
 
Doe't de simmer einleas
 
Troch it dal striek
 
En de huzen bleek
 
Sykhellen troch de
 
Smelle dûnkere doarren.
 
 
 
Hja hat it mes, it bloed
 
Droegen op myn alter
 
En my de nammen neamd
 
Fan de fûgels, huzen en ekers.
 
Hja hat my de wrigge yndruid,
 
Dy't him repte yn de húl
 
Fan it tsjuster.
 
As de hurrel wankte
 
Tusken de wannen fan
 
It Libertynsk Gehucht,
 
Rôp hja my út 'e joun
 
Nei in ljochte tafel.
[p. 12]

II

 
Ik bin har hannen ûntgroeid,
 
As in fûgel oan it aei.
 
Wy lizze de lippen fol geheimen;
 
De wounen hielje as in wek.
 
 
 
Fjûr en liem tekent de sinne
 
Har rêch ta in grotesk byld.
 
En as in ribbe yn it wetter
 
Driuw ik fan har iensumheit.
 
 
 
En ik, dy't út it wetter berne,
 
My riek nei it ljocht;
 
Ik driuw it drachtich dier
 
En nim it smelste jok.
[p. 13]

III

 
Mar nei ryklik tritich simmers,
 
Nou't it flesk flesk bernet
 
En it bloed bloed bant,
 
Is hja de bliedende frou
 
Yn it flaeksfjild,
 
Yn de simmerrein,
 
Yn de winterkjeld.
 
Biddend oan de hurdsteden,
 
Roppend yn it tsjuster,
 
Oan in winige doar.
 
 
 
Yn ús togearrewêzen
 
Untflechtet ús each
 
De deaden,
 
De bline riedsels
 
Fan de berte.
 
Wy geane bûgd ûnder
 
De fruchtberens
 
Fan de beammen,
 
It rûzjen fan de winen.
 
Dy't simmers
 
De apels tinen dogge
 
Yn de hongerige hôven.

Vorige Volgende