Print De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De Vorige Volgende [p. 361] Jo Smit: Sin en tsjinsin K.‘Wiis de spotter optslach de doar en biried dy net ien amerij.’ B.Hjir stean ik dan op eigen doar to wizen mei dizze dialogyske spreuken. A.Leauwe Jo dat Fryslân noch in takomst hat? B.Docht dat der hwat ta? A.Fansels, dy frage is essinsieel... B.Dan net. F.‘Gjin skepsel kin himsels wêze, lykas de goddeleazen hwat langer hwat fûleindiger easkje. God allinne is himsels...’ B.Ek God is net himsels. Hwerom soe Er? F.Dan soe Er God net wêze... B.Krekt. A.Ik hiel der dochs wol hwat foar dat de bêsten it biwâld hawwe, de aristokraetsy. B.Ik net - ik ha gjin sin oan regearjen. A.Hwa't gjin earbied hat foar de miening fan in oar is in smjunt. B.Myn miening is krekt oarsom. Dat Jo hawwe mar to kiezen: of inkeld sels in smjunt to wêzen, of biselskippe fan 'e hiele wrâld. A.Ik bin wol foar krityk, mar dan moat dy opbouwend wêze. B.Dus as it rotsoai is, wolle Jo der in greatere rotsoai fan meitsje. K.‘Bistû mismoedich, tink om in moai faem.’ B.Dat doch ik. K.En? B.Ik wurd hieltyd mismoediger. [p. 362] A.De foarsitter hat in greate rede hâlden tsjin de nivellearing. B.En hat der nochal hwat diskusje op west? A.Né, wy wiene it der allegearre wol oer iens... B.Dan is Pyrrhus dus mar in lytse jonge by Jim foarsitter. A.Ik haw it bêste mei it folk foar - dus hwa 't oars wol as ik is in forrieder. B.Dus Jo binne God en God is in forrieder? A.De demokraetsy is ûnfolslein. In oar syn miening stiet mei greate letters yn 'e kranten, mines net... B.(is fuort gien). Vorige Volgende