Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De auto

Bjinse kaem mei in bakbist fan in auto thús foar hûndert ryksdaelders. Fyftich goune hied'er der foar delteld, fierder wie de auto op ôfbiteljen; as er bernetaslach barde soe er wer fyftich goune stoarte, it wie allegear biskreaun. ‘Dizze haw ik mear as heal forgees,’ sei Bjinse tsjin Yfke, ‘greate weinen is gjin fraech nei, de lju binne langer allegear wyld op dy boartersdingen dêr't hja roungear yn sitte moatte. It soe ek al hwat om in mingel benzine en in krom bilesting mear. Dizze wein kinne wy meiïnoar fleurich yn, dan hawwe wy noch alle wille. Moatst om in aerdichheit ris sjen hoefolle kofferromte as der yn is en in motor fansels, sokken wurde der net mear makke.’

Yn in pear fiersten to greate klompen mei ljedders yn'e nylons roun Yfke bearend om 'e nijkeap hinne. De bern wiene alhiel net to hâlden. Bjinse smiet alle fjouwer doarren iepen en wiisde hwat der allegear wol net yn siet. Mar leafst fjouwer jiskebakjes, twa glêzen blomfaeskes, in klokje dat net gean woe mar it siet der yn, in kacheltsje dêr't hwat oan mankearde mar Bjinse sei dat er it neisjen soe. ‘Dû moatst tinke: dit hat in auto foar de greatheit west, in klassewein dêr't net mei rost en jage is.’

It woe hiel wol yn Yfke del, dit hiene hja fan alle kanten troffen, sa'n moaije auto en foar sa'n bytsje sinten. ‘Nou kinne wy ek moai ris nei ús folk, Bjinse’. ‘Dêr geane wy sneontomiddei hinne’, sei er ta, ‘mei dizze wein binne wy der yn in sucht’. Doe laedde 'r alle bern der yn, dy't ûnder lûd jûchhei mei heit in tochtsje meitsje mochten.

 

Sneontomoarns moast er earst nei de garaezje. De startmotor heakke hwat, der mankearde oars ek noch in wisjewasje oan, neffens Bjinse it neamen net wurdich; likegoed wie Rinke der in ûre as hwat stil mei wylst it dy man syn goedens wie dat er Bjinse op sneon towille wêze woe. Hy krige it klear, doe hiet Bjinse him rejael dat er de tank wol fol benzine jitte koe, der soe ek wol hwat oalje by moatte, ‘Skriuw it mar op, Rinke, dan kin 'k it dy nije wike as sa wol yn ien kear bitelje’. It foel foar Yfke noch net iens ta sa gau klear to kommen. De bern moasten

[pagina 50]
[p. 50]

allegear hwat om en oan ha, it wurk krige in slach oan 'e earen, mar dat wie foar ien kear neat net slim. Hja liet it ôfwaskjen stean, dat soe net fuortrinne. In kaem troch it hier en in oare jurk oer de holle, hja moast oanmeitsje, it hie der oan dat Bjinse it útlitten folkje yn 'e balâns hâlde koe; de streuperts hiene der ek sa'n sin oan om nei pake en beppe ta. Hja krige de lytse op dy't ûnder de tafel lei to sliepen. ‘Stil mar hartsje, hy gil moai mei mem yn'e auto ride, sil er ek nel beppe ta?’

Ut 'e rin wei naem hja in pear ruften mei. ‘Hwat seist Bjinse, soe'k ek in mantel oan ha moatte?’ ‘Hwat!sil't bitsjutte? Wy sitte binnendoar en hawwe de sinne op 'e ruten.’ Hâns en Wiger kamen by heit foaryn, Froukje en Metsje leine op 'e knibbels op 'e efterbank, mem en Minke koene der noch moai tuskenyn.

En dêr gyng it hinne, it hiem ôf, de daem troch en de dyk op. ‘Ik moat laitsje om Sije' Sibbel,’ sei Yfke, ‘hja hat it wyt fan 'e eagen foar en de mûle op it wiidst iepen, hja wit net hwat se der oan hat.’

‘Skilich fan oergunst,’ sei Bjinse. Mei in slach yn 'e rêch siet er efter it stjûr, achtleas tikke 'r de jiske fan syn sigaret. Heden, heden, hwat rieden dy minsken dêr allerkostlikst oer dy skadige dyk, hja wiene har de wrâld to ryk. Hoe soe Bjinse der fan pleage wurde dat er noch mar fyftich goune oan 'e auto bitelle hie? Hoe koed'er der oer ynsitte dat Rinke syn rekkentsje der grif nochal yn rinne soe? Koed'er him bikroadzje om wegenbilesting en hwat der noch mear efterwei komme soe? Dat koed'er net, in kniezer dy't de hiele wrâld op 'e nekke nimme woe. Hy wie to riden mei wiif en bern. Foar moandeitomoarn sawn ûre waerd er net yn it fabryk forwachte, it fabryk wie foar him ûnwitende fier, hoe soed'er 'm dêr drok om meitsje kinne?

Yfke wie hwat staf en af út 'e brot rekke, mar it wurk kaem net by har yn 'e auto, o heden né, hoe soe hja har dy feestlike tocht forgalle litte kinne troch wurk? ‘Pake en beppe sille ek wol beare en dû kinst sa stjûre heit, as diest it alle dagen, it hoecht net oars.’

‘In wûnder hoe fêst dizze wein op 'e dyk leit,’ bearde Bjinse, ‘en de motor sjongt der oer.’

 

Krekt foar Burgum song de motor net mear, mar prústte om mâllens. Bjinse achte it licht: ‘De muoite neit wurdich, it sil 'm oan 'e sproeijer sitte dat is sa mar forholpen.’ Hy krige it ek noch klear, it duorre mar in healûre, wol hied'er de hannen slim ûnder de oalje, mar neffens Bjinse brocht autoriden soks nou ien kear mei. By Yfke' folk spatte alles út 'e hûs doe't dy machtige auto dêr it hiem op kaem. Har mem sloech de hannen yninoar en bearde dat it sahwat die: ‘Wel, wel, hawwe wy jim dêr? En allegear yn 'e auto? Nou, nou, dit kin sa moai as hwat!’

[pagina 51]
[p. 51]

Mar doe't Bjinse sahwat achtleas sei dat it syn eigen wein wie, kaem der oan it bearen gjin ein.

Yfke' broer rôp sa lûd net. ‘Witste hwat it is mei dy greate weinen, Bjinse? Se kinne sa bidroefde min in benzinepomp foarby komme.’

Bjinse woe't him ûntstride: ‘Foar tsien goune benzine rydst de wrâld út.’

Thomes liet it der by, ek al om't it hiele Bjinsefolkje fan beppe yn 'e hûs helle waerd. Minke kaem op in bedsté mei de doarren oan, doe wiene hja dêr ôf. It wie oars in hiele opstiging sa mar sawn minsken oer de flier, lokkich dat hja dêr wol hwat wend wiene. Thomes liende de auto om syn faem út Drachten to heljen, dat koe sa moai as hwat, de jonge hie in rydbiwys.

Ien fan de bern rekke noch oan 'e knibbels ta yn de sleat, de muoikes rêdden der mei en beppe sei: ‘As der gjin greater swierrichheden binne mei 't hinnebruije.’ Thomes bleau nochal hwat wei, hja wiene al meiïnoar oan it brea-iten doe't er mei de faem foaryn it hiem opdraeide. Hja hiene nei 't Surhústerfean west dêr't it fanke in boadskipke hie. Mei de beurs yn 'e hân kaem Thomes yn 'e hûs: ‘Hwat bin 'k by dy yn 'e skuld, Bjinse?’ Greatmoedich warde dy it of: ‘It soe ek nochal hwat, sa'n dripmannich benzine.’

 

Nei iten gyngen hja de thúsreis wer oan. ‘Ik wol ek net to let, dy skraeldingen moatte allegear noch forskjinne,’ sei Yfke.

Bjinse ûnthiet dat hja gauris wer komme soene: ‘En as jimme ris komme wolle, jimme hoege mar to kikken en ik helje jim op.’

De bern kamen ryklik let op bêd, Yfke kaem einlings dochs noch to sitten, hja koe fan wurgens amper mear stean. Hja sei ek noch: ‘Wy hawwe in moaije middei hawn’. ‘Mei sa'n auto binne der gjin ôfstannen mear’, sei Bjinse o sa wetich.

Och ja. It wie de iennichste loop dy't hja mei dy klassewein makken sûnder al tofolle tûkelteammen. Bjinse hie him ek mar seis wike yn gebrûk en yn dat skoftke stie er meast ek noch by Rinke. Mar doe't dy bigoun to praten oer in nij ‘motorblok’, wie 't Bjinse oer. De wein kaem op it hiem, deis boarten de bern der yn mar Bjinse sei dat er 'm slope woe, de boppe-ein woe er in hinnehok fan meitsje, de motor soe er útinoar helje en de ûnderdielen foar grou jild forkeapje.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken