Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

It bankstel

Fan harren Martsjemuoi wie Bearend en Akke grou oardeltûzen goune jild tastoarn. Heden, heden, hwat stie dat der by. Goed oardeltûzen goune, it wie ek mar neat en dan sa mar, sûnder dat se hjir as dêr op rekkene hiene.

Hwa hie tinke kind dat it âldmins safolle oersparre hie. Dy Martsjemuoi!

It wie moai dat hja om harren tocht hie, men seach it sa faek oars. ‘Wy bringe it nei de bank’, sei Bearend, ‘jild makket jild, dat hat altyd noch sa west’.

Mar Akke hie dat justjes oars yn'e holle. ‘Moast net miene dat ik op dy sinten sitten gean wol, dan hawwe wy der noch gjin genot fan, dan hie Martsjemuoi se ús net iens jaen hoegd, hwat hat men oan jild as men it net brûkt?’

It opslûpen ulofanke hie't oer fjirtjin dagen fakânsje nei it bûtlân.

Bernepraet, dêr't Bearend net iens nei hearre woe. ‘Wy hawwe ús soun forstân krige, net?’, frege er strang. ‘Nou dan!’

[pagina 83]
[p. 83]

It bûtlân gyng Akke ek to fier. ‘Wy kinne dy sinten net oer de balke smite, dêr hawwe wy se net foar krige, wy moatte der hwat foar keapje dêr't wy hwat oan ha, dêr earje wy Martsjemuoi noch it measte mei’.

Dêr koe sels Bearend it measte net tsjinyn lizze, it hie Akke har muoike west, as hja dy earje woe moast hy dan net stil wêze?

‘As wy ris nij húsrie foar de keamer kochten, dêr hawwe wy alle dagen ús genot fan, dan dogge dy sinten nut en wy hawwe alle dagen in oantinken oan muoike foar eagen’.

It fanke fûl foar fansels, mar Bearend hie greate biswieren.‘Binne wy oan nij húsrie ta? Ik soe sizze fan net, wol? Dû hast in goed ûnderhâlden húshâlding.’

‘It hat sawntjin jier mei west, Bearend’.

‘Hwat is sawntjin jier foar deeglik húsrie dat syn ûnderhâld kriget? En dêrby, hawwe wy in keamer foar nijmoadrich húsrie, sa't it yn 'e stêd foar de ruten stiet? It moat gjin flagge op in dongpream wurde’.

Dat hie er better net sizze kind, doe rekke Akke earst goed los, bystien fan it fanke. ‘It hingt der mar fan ôf hoe't in keamer oanklaeid is’, ûnderrjochte hja jim, ‘it komt der op oan hwat der yn stiet. Ik sil net sizze dat dit húsrie it ús net dwaen koe doe't it moast, mar nou hoecht it net mear....’ ‘En ik siz, it soe de dwaesheit gekroand wêze!’ Akke bleau goed, as it heal koe moasten hja gjin spul ha. ‘Manlju hawwe der sa gjin erch yn, as it nije guod der earst mar ris yn stiet silst sels sjen dat dy keamer út hiele oare eagen sjocht. As muoike noch libbe soe hja sels sizze, dêr hawwe jimme goed oan dien, ik hear it har al sizzen’. Mei dy wurden lei hja Bearend it swijen op. Safolle hie hja har oars net oan Martsjemuoi gelegen lizze litten, tocht er, mar mocht er spul meitsje nou't it âld mins har mei sa'n skoander somke jild bitocht hie? To mear net om't de sinten fan Akke' kant kamen. Hy bisocht it noch al en sei dat hja de eftermuorre better útlizze koene dat hja hwat mear romte krigen yn it keammerke. ‘It soe weismiten jild wêze, wist sels wol, Bearend, as men yn in âld hûs bigjint to skuorren komt it iene mei it oare jin tomjitte. Wy moatte al bliid wêze dat it ticht is en sille de boel net oer de kop helje’.

Bearend fornaem al lang dat der gjin praten tsjin wie, hja hie dat húsrie yn'e kop, gjin mins dy't it har ôfprate koe.

 

Der gyng in pear wike oerhinne. ‘Oars moatte wy togearre ris nei de stêd’.

Bearend hoegde 'm net to bitinken. ‘Hjir sil ik net oan meidwaen’, sie er biret, ‘dû moatst dwaen hwatst net litte kinst, ik wol hjir net mandélich oan wêze’.

It fanke woe wol, net to hâlden. Togearre yn 'e pronk op 'e healwei twaën bus.

Seis ûre wer thús. Akke mei in omkeard liif troch alle opstigings, mar net ûntofreden.

[pagina 84]
[p. 84]

It bluistrich fanke bearde: ‘Heit sil raer opsjen, it is moorddadig!’

Akke wie bistekliker yn har útdrukkings, it wie ek al nei iten ear 't hja op'e tekst kaem om't hja earst bikomme moast.

‘Ik kin net oars sizze, wy binne hiel aerdich slagge, net to útwrydsk mar moai. Fansels, moai moat bitelle wurde. Dy man sei ek, nou kinne jo wol goedkeaper nimme, mefrou, mar hjir hawwe jo helte langer genot fan’.

‘Dû bist my de mefrou wol’, lêbbe Bearend. Akke liet it oer har kant gean.

‘It is op in bankstel útdraeid. In bank, twa stuollen en in kleastertafel, dû silst sjen: it is aenst de selde keamer net mear. Ik leau al dat wy de sinten goed bistege ha. Dû wolst der noch net oan, mar as de boel aenst allegear toplak stiet silst it sels tajaen moatte. Freed sille hja it spul mei de karrider jaen’. De oare deis kundige Akke oan: ‘Nou gean 'k hinne en meitsje de keamer rom, freedtojoun kinne wy dan de boel sa mar toplak sette’.

‘Hwat wolst mei dizze tafel en stuollen?’

‘Dy sille earst wol nei de souder moatte, hwer sille wy der oars mei hinne? Forkeapje hoege wy net to bisiikjen, gjin mins dy't mear healbizich húsrie oankwânselet’.

Hja hoffene de hiele keamer, de boel moast skjin ear't it nije spul der yn kaem.

It fêstguod foel har net ta, as it goed soe....mar dêr hoegde hja Bearend net mei oan to kommen.

 

Dy freeds op 'e neidei stie hja út en troch yn 'e doar. Gjin karrider to bikennen, Lammert wie erflik like let.

Hja hiene it broohje-iten al dien doe't Lammert de beide mânske stuollen yn it gonkje sette. ‘Is Bearend ek by honk? Dan koe er my faeks wol justjes helpe ta de bank’.

Bearend koe der net foarwei. Och sa mei fordrach moasten hja it gefal troch de smelle doar loadse, it hie gâns fuotten yn'e ierde. En doe kamen de swierrichheden noch, mei gjin mooglikheit koene hja yn dat ûnnoazel gonkje de kriem troch de keamersdoar krije.

‘Tink der om, manlju, dat der neat skanseart’.

‘Hwat skanseare?’, oan syn lûd wie to hearren dat Bearend de galle oerroun, ‘it ding kin der deagewoan net yn, jo moatte de hiele brot mar wer mei ha, Lammert en bring it nei de stêd, wy binne der mei forlegen’. Lammert neamde de mooglikheit fan ûnder it rút troch.

‘De finsters hawwe yn gjin sawntjin jier omheech west, dan soe de hiele boel der út moatte, dêr sille wy net oan bigjinne’.

Der wie gjin forwin, Lammert krige de bank wer mei, hja hâldden beide stuollen en de kleastertafel.

Akke hie de triennen yn'e eagen, mar Bearend waerd it bloed sûpe en wrang as fitrioel sei er: ‘Faeks dat wy jimme Martsjemuoi hjir ek wol mei earje kinne’.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken