Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De miswoechsene

Jan wie miswoechsen. Hy hie in hege rêch en fiersten to lange eannen. Dat wiene dingen dy't Skelte Sakes graech oersljochtsje woe. Seach men it net faek dat kante en soune lju in foarbyld nimme koene oan miswoechsenen en biheinden? Jan wie my it foarbyld wol! In bytsje forstân, in dwarskop mei in bretalen mûle en mei de jierren like it noch minderoan to wurden.

Mei it spul hie er Jan fan heit oerkrige.

‘Hâld 'm yn eare, Skelte, moatst 'm wolris hwat heine en slaen, mar yn'e groun is't sa'n goede Jan, kinst der noch hiel hwat oan ha’.

Heit hie maklik praten, mooglik dat de fint doe noch sizzen ha woe, nou miende 'r dat er alles sizze mocht hwat 'm foar de mûle kaem en woe er faek as boer stean.

Net dat er gjin goede kanten hie. As er sels freeds let út'e stêd kaem, mei in rûzige holle, hoegde 'r oer it wurk net yn to sitten, Jan rêdde der mei. As it tige let waerd helle 'r de grize húshâldster út'e foarein en kommandearde har ûnder de kij. Mar dêrom hoegde 'r him de oare deis it leksum net to lêzen, hy soe'm fan Jan it eksamen net ôfnimme litte. Hy wie de boer, as er freed hwat langer pleisterje woe, soe er dat sels witte, dêr soe er gjin Jan nei freegje. Mar dy bretalen hont doarst 'm forwite: ‘Sa moatte jo mar oanhâlde, dan sil it wol goedkomme. Jo moatte jo foaral ôfjaen mei wyn en Tryn en ik mar bealgje. Sa is jou heit jo oars net foargien wol?’

‘Dû litst ús heit der bûten, hearst dat?’

Dan wie 't al wer sa, slaende deilis op krijen om ôf. Faek kaem Afke der tusken sa griis as hja wie. ‘Healwize manlju as jim binne, is't jimme beide yn'e plasse slein?’

It moast net foarkomme dat in boer de hân opheve tsjin in arbeider, mar liet dat ûngelok jin dan it bloed ek net ûnder de neilen weihelje. As er him wurk hiet gnoarre dy dwarskop der faek in skoft tsjinyn, dan moast er de skonk stiif hâlde en 'm

[pagina 113]
[p. 113]


illustratie
...en kommandearre har ûnder 'e kij...


[pagina 114]
[p. 114]

oan syn bytsje forstân bringe dat der mar ien boer wie dy to sizzen hie hoe't er it ha woe.

 

Sa'n Jan siet nou alle dagen mei in húshâldster by jin oan'e selde tafel, der wie in bytsje oan. Heit koe't yndertiid moai bitinke mei syn yn eare hâlden, mei dat ûngelok wie net folle eare yn to lizzen.

Hy woe wol hwat oersljochtsje en oer syn kant gean litte, dat die er nammers ek. Hy woe wol tajaen dat de fint yn in hiel soad dingen handich en redsum wie, mar hy moast better syn plak witte en net erflik foar master opslaen wolle.

‘Dû giest to boskmeanen nei de seize, Jan’.

‘O ja? Dat driuwt oars net wol? It wie better dat wy earst it gers oan'e bult brochten’. De fint praette net lûd en helderop, it wie gnoarjen en grommeljen dat er die, mar mâlle skoan to forstean.

Hoegde hy oan dy dwarsbongel to sizzen dat er sels justjes yn it hea woe en dat er noch in bytsje yn it fleske hie? As er sei fan boskmeane dan hie er to boskmeanen, dat der nou ivich in kampslach oan foarôf gean moast ear't er it leauwe woe. Mar dat forwoechsen ûngelok moast net mieme dat it alles lije koe, hy liet net mei hoazzen en skuon oer him hinne wâdzje; dêr moast er goed om tinke. Al withoefaek hie er 'm dat yndruid, mar dy hurdkop foroare 'm der net om.

As er mei in keapman yn'e hannel wie, moast er der op'e noas by stean. ‘Lit jo net yn'e pet lûke, boer’. Wie dat praet foar in arbeider? Hy koe noch mâl skoan op himsels passe en hie fan Jan syn lêbbich praet yn it minst gjin forlet. It wie sa fier hinne der gyng gjin dei foarby dat hja gjin spul hiene. It wie de iene dei slimmer as de oare, dat wol, mar der wie in bytsje oan. Afke koe wol wakker roppe dat er mei Jan hwat troch de fingers sjen moast omt er net folle oardiel hie, mar it wie de fraech oft er al net fiersten tofolle troch de fingers sjoen hie. It meubel krige in hûd as in oaljefant, hy krige der al mar mear wurk fan om 'm yn'e stringen to hâlden. Liet it dan hûndert kear in erfstik wêze dat er yn eare to hâlden hie, as er net ynboun wie't út mei de eare, hja soene nochris sjen hwa't baes wie.

 

Op in sneon op'e neidei kaem it der fan doe't hja togearre ûnder de kij sieten ‘Dû kinst wol dien meitsje Jan, tink der om datst net tofolle kealledrinken oanrierst, it moal is djûr genôch, dat hoecht net ûnnut wei’.

Gnoarje fansels, hy hie't net oars forwachte en hearde der net nei. Yn'e skuorre die er de kile al út, hy woe nei de buorren en in ûre oardeheal by Sjouke oan'e stamtafel sitte. Waskje en forstrûpe, nei in wike fan wrotten mocht in mins wol in forsetsje ha.

‘Dan gean 'k mar’, rôp er tsjin'e húshâldster. Jan stie by de syddoar, de fint koe 'm opwachte ha en fuort de haffel wer

[pagina 115]
[p. 115]

iepen. ‘Sille jo wer om in liiffol drank út? Jo kinne jo noch wol dea sûpe’.

‘Mar nou is 't út! Mienst dat ik my fan dy alles sizze lit, slingeraep dyste biste? Kinst om in hinnekommen sjen, dû bist ûntslein, bigrepen? Wacht...’

Mei greate trêdden stiek er wer yn'e hûs, mei in hânfol jild kaem er werom. ‘Hjir hast dyn lean, oppakke, joun noch, ik wol 'dy net wer yn'e hûs ha en op it hiem net mear sjen’.

Sa, dêr wie er ôf. It hie al earder wêze moatten, hy hie fiersten to lang geduld hawn, mar it hold ien kear op.

 

Oan'e maten by Sjouke fortelde 'r dat Jan de koer op krige hie.

‘Jo hawwe gelyk, dy fint sil foarsafier gjin kwea bysitte, mar fiersten en fiersten to frij yn'e mûle, by in oar hie er it sa lang net útholden’.

‘Ik haw 'm yndertiid fan heit oerkrige, mar as men sokken in finger jowt nimme hja de hân en mear as de hân’.

‘Krekt man, sokken binne op it lêst net mear yn'e stringen to hâlden’.

Sterke troch drank en goede wurden gyng er de thúsreis oan. Yn nije wike soe er om help sjen moatte, hy woe in goede bitrousume arbeider ha dy't syn plak wist.

Mei't er yn'e hûs kaem, dêr siet Jan deagemoedereard by de tafel, de pet op lykas altyd.

‘Hwat moat dit? Dû soest om in hinnekommen sjen nou? Ik haw dúdlikernôch west, net?’

Jan gnoarre al wer. ‘Ik gean net fuort, hwerom soe 'k fuortgean?’

‘Hwat seiste my nou? Net fuortgean? Ik haw dy ommers dien jown, fint!’

‘Dat wit ik ek wol, mar hwer soe'k hinne? Siz my dat ris?’

‘Dat wit ik net en it kin my ek in bidroefd bytsje skele....’!

‘O ja?, dat is maklik. Brûk jou forstân man, hoe kin ik fuortgean as ik gjin plak ha? Dat kin ommers net, bigryp dat dan dochs’.

Afke makke in ein oan it harrewarjen. ‘Wy sille ite’.

Mei har trijen skikten hja om'e dis.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken