Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

Wurkleas

Wiersma wie yn it hok oan it kerweikjen, efterhûs yn Sperkhem. Syn wiif en it great fanke seine fan ‘skuorke’, dat hearde sa bot net mar it bleau in hok en it wie ek net iens sa 'n greaten.

Hy wie oan it soldearen, in skimerlampe fan buorfrou, in lekke tsjettel en noch hwat ditten en datten. In sinterske negoasje, mar hy hie hwat by de ein en hoegde syn tiid net yn liddigens troch to bringen.

De lêste moannen wie er foargoed gewaer wurden dat de lju op in fakman fan achtenfyftich net sieten to wachtsjen. Fakman? Hwat oars. Liet him dan gjin bûsfol papieren ha, hwat er koe dat 'koe er en kaem it der met op oan? Hast tritich jier eigen baes west, in fytsmakkerij en alles hwat der by kaem. Ek in winkel mei fan alles foar de húshâlding dêr't Wytske mei rêdde moast. It wie gjin jildwinning, dat bigearde er ek net; hy hoegde net mear as yn'e fatsoenlikens syn brea.

Yn'e jierren dat elk oer in fleurige tiid rôp, waerd it mei it fytsmeitsjen minder, de winkel fleach ek sa hurd net mear. Wytske hie't oer it fabryk yn'e stêd dêr't faklju frege waerden.

‘Ik wit net, om op myn jierren noch to foroarjen en dan yn'e stêd..’

[pagina 121]
[p. 121]

Wytske neamde't faker. ‘Der moat goed fortsjinne wurde’.

‘Ik kin der wolris oangean’.

Sa as er dêr ûntfongen waerd! Kofje en in sigaer, it fabryk bisjen. Allegear like ljocht en nij.

‘Hoe âld binne jo, Wiersma?’

‘Fiifenfyftich, mynhear’.

‘Dan binne jo noch yn'e krêft fan it libben’.

Dat wie tael dy't him flijde. ‘Ik kin noch wol meidwaen al siz ik it sels’, sei er yn alle needrigens.

 

Sa kaem er op it fabryk. Nei de earste ûnwennige rite wie't foar wûnder. Op ûre en tiid dien, foar it earst yn har trouwen. Sneons frij, mei in angel by de feart! Gjin âlde fytsen mear en it winkeltsje oan'e kant.

Twa jier, doe hearde Wytske fan it heale hûs yn Sperkhem dat to keap wie.

‘Ik wit net bern, wy hawwe hjir sa lang al wenne, om nou noch to foroarjen?’

‘Dû sietst dan ticht by dyn wurk. Ik wol ek wolris in oar hûs ha. Ik haw myn nocht fan dy gloppen en gatten’.

It fanke alhiel op memme hân.

Der hinne to sjen, mear as ien en twa kear. Wytske alhiel op ien ein.

‘Mar de sinten is ek hwat’.

‘Wy kinne ús eigen hûs dochs forkeapje’.

‘Dan binne wy der noch net en om my nou noch ûnder in oar to bijaen....’

‘Wy moatte ek hwat weagje doare’.

It gyng oan. It wie ek al wer ôffallen mei it ynrjochtsjen en sa, der moast húsrie komme.

‘Hwa't oer de houn komt, komt ek oer de sturt’, sei Wytske.

 

It wie ek sa, in mins koe ek tofolle noeden en soargen ha, men moast hwat oerjaen kinne. Moast er net tankber wêze? Hja hiene it ommers Ûnnoemlik folle better as mei dy fytsmakkerij op it efterútgeande doarp. It wie ek mar goed dat Wytske it trochset hie mei dat hûs. Hja hie it sa folle makliker krige en hy wie tichter by syn wurk. Hja hiene it moai.

Doe kaem dy freed. In meidieling op it swarte boerd dat der jouns nei't wurk in gearkomste yn'e kantine wie fan alle meiwurkers.

‘Moat it wer yn'e arbeider syn tiid?’ Oaren wisten dat it oer leansforheging gean soe. Doe wiene de earsten stil; hwa soe dêr net trije kertier tiid foar oer ha?

De direksje efter de tafel. ‘Dames en hearen. Sûndermis sil it jimme ek opfallen wêze dat it de lêste tiid mei de ôfname fan ús produksje net giet sa 't it gean moat....’ Der kaem noch hwat in forhael by dat mar in bytsje om'e hakken hie. De

[pagina 122]
[p. 122]

direksje hie om'e nocht alles bisocht om nije mooglikheden to finen en doe kaem it. ‘Mei seis wike giet it fabryk ticht, it is wol dúdlik dat mei yngong fan dy datum alle meiwurkers ûntslein binne....’

Dien. Mei dat boadskip kaem er yn Sperkhem.

‘Dien? Hoe dien? Hwat bidoelst?’ It wie Wytske net iens sa bêst oan it forstân to bringen.

 

Seis wike, doe kaem er thús. Tachtich persint útkearing. Hoefolle brieven hie er skreaun, hwer hie er net allegear efteroan west? En altyd wer mei moed der op ôf, hwa wit....

‘Jo hearre neijer fan ús’.

Dat die er ek. In ôfskriuwer.

‘Kinst net wer bigjinne to fytsmeitsjen?’

‘Dat mei'k net iens nou't ik ien kear ophâlden bin en hoe soe'k bigjinne kinne? Ik haw ommers neat mear’.

Tachtich persint. Rinte en ôflossing soe er op'e tiid opbringe moatte. Hy hie túntsjes meand mei in gersmasine om hwat by to fortsjinjen. Op it âlde doarp hie er in boer holpen, it wie syn wurk net. In wike wie er ynfallen foar in brêgedraeijer. Foar de grienteman hie er mei sinesapels de streek op west, dêr wie it near op lein, it mocht net. In blaumoandei hie er yn in pakhûs stien to tsiisskraebjen; it wiene mar skoftkes, mar alles wie meinommen. Tachtich persint. De winter kaem oan. In skimerlampe fan buorfrou, in lekke tsjettel, in stikkene stofsûger, in âld klok dy't it witte woe. It ferge ûren en ûren tiid, hwat smiet it hielendal op?

Wytske sei hy moast bliid wêze om't er hwat to dwaen hie. Dêr hie Wytske gelyk oan mar it bleau in swiere opjefte.

Earst de tsjettel dan mar. Hy suchte swier.

Oer de hage hearde 'r Wytske tsjin buorfrou: ‘Myn man is de hiele dei yn it skuorke, hy docht it 'm mar amper oan tiid to iten....’

Hy suchte al wer. Diskear kaem it noch djipper wei.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken