Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

It lêste stasjon

It Skar wie oars net as in streekje âlde huzen, ûnder oan 'e dyk, dy't ek noch frjemd en nuver trochinoar stiene. Hokkeboel, in rêst hinnen, in geit oan it tsjoar en kninen efter traeljes.

Earder tiden wenne dêr frijfochten folkje dat mei fan alles troch de tiid kaem. Stuolwine, skjirreslypje, kwânselje en noch oar wurk dat daelk gjin namme hie. Sa biskarrelen hja de kost en hiene meastal wol iten en drinken. Dy tiden wiene oer, it moast allegear oars om de einen byinoar to krijen. Fêst wurk, moarns mei fyts of bus fuort, jouns wer thús. It kaem net by har op it âld hûs oan It Skar to ruiljen foar in kreaze went hjir as dêr oars. It Skar wie de wrâld dêr't hja thús wiene. Jouns hwat omgnúskje op in hoekje bou, in eintsje barm meane, it âld hok hwat oplaepje, der wie altyd wol hwat. Der wie mar ien op It Skar dy't it âld affearen trou bleaun wie, dat wie Goffe. It ienichste hûs, ek noch hwat efterôf, wol trije, fjouwer hokken by 't hûs, it iene brekfalliger as it oare. Allegear ôfeart forsille oer it hiem, hinnen en kninen rounen los, oan in geit ta. Dy hie

[pagina 136]
[p. 136]

er ek wol yn 'e hûs, mar de kêdde stie yn it hok. Goffe sei: ‘Der moat oarder en regel bliuwe.’

Hy die foar himsels. ‘Ik sil my net ûnder in oar jaen’, sei er. Foar Goffe koe 't gau om 't er allinne wie en gjin húshâlding efter him oan hie. De kêdde yn it stokramt foar in twatsjillige karre. ‘Nou mar.’

Dat wie de wrâld yn om fodden en bonken, âld izer, sink, of hwat it ek opsmite mocht. Oftanke húsrie, hinnen en kninen, der kaem Goffe neat fan ûnpas. Goffe. Erflik yn it burd fan op syn minst in wike, it hier oer de raffelige kraech, goar fan fel en stiif fan smoargens, mar op it skik en altyd soun. Der waerd sein dat der by him yn it hok wol slachte waerd. Hwa soe it wier meitsje? Dy fan It Skar rounen net mei in geit nei de buorren as it bist dea moast, dat net. Likemin soe Goffe mei in forsûpt skiep nei de needslachting ride, hwat joech it en helje omballingen oan?

Dy fan It Skar koene de lange winterjounen skoften by 'm yn'e keamer sitte. Hja rounen mei de klompen oan 'e tafel ta. Goffe sels nammers ek. It wie dêr smoarch, mar wol waerm en Goffe tape swarte kofje mei gâns sûker.

 

Harichs Metsje woe in kear by him himmelje. ‘Dat kin hjir sa net, jo komme om.’ ‘Bêst oanbean Metsje, mar dêr sille wy net oan bigjinne. It soe myn eigen hûs net mear wêze en dy himmelderij jowt sa'n bytsje, it wurdt dochs wer smoarch.’

‘Mar sa hoecht it net, Goffe. It kin dochs wol oars.’

‘Hwerom soe 'k it foroarje? Ik bifyn my hjir bêst by.’

‘En hy is noch to smoarch om mei in tange oan to pakken,’ sei Metsje tsjin Harich. Dy makke 'm der hyt noch kâld om. ‘Lit 'm yn syn wêzen,’ sei er. Liet 'm dan smoarch en goar wêze, doe't Lubberts Janke op bêd rekke, lei er in great kladdefol grouwe aeijen yn it efterhûs. Doe't Romke Meijer fan 'e galle pleage waerd stie er mei twa fette hinnen foar it bêd, slachte en wol. Sa wie er, ûnhuer fan uterlik, mar in guodlik aerd. Stoffel fan Siberen gyng sels sa fier om to sizzen dat er in hert fan goud hie. Stoffel wie nochal hwat byldryk.

 

Mar doe't Goffe sels ûnder fuotten rekke, waerd it aerdich minder. Hy hie al twa dagen op bêd omtoarke ear't ien der erch yn hie. De bisten brochten it út. Dy stomme dieren joegen dalje om 't hja foarby gyngen fan iten en drinken. Lubbert yn 'e hûs. Hy foun Goffe op bêd; mei in heal each seach er dat it djipper taestte as sljocht hinne en wer. Dokter moast der yn kend wurde. Dy man bearde raer, noch net iens fan'e sykte, dat foel wol hwat ta, mar fan de smoargens en de bringst dêr't Goffe yn forkearde.

‘Dat kin hjir sa net, moarn geane jo mei in auto nei It Hûs, dêr kinne jo hoffene wurde en hwat opweidzje, dan moatte wy letter mar ris wer sjen.’

[pagina 137]
[p. 137]

Goffe hie greate biswieren. Hy woe fan It Hûs net witte, mar dokter makke him baes, de stôk hy de doar.

Goffe slim yn'e lytse loege, mar Lubbert en Stoffel en mear oaren seine dat er oer de bisten net ynsitte hoegde. Hja soene der noed fan stean as eigen. Hy woe 'm muoilik treaste litte. Doe't de auto de oare moarns op it hiem kaem, siet er by de tafel en hie er de kofje klear. ‘Ik bin wer better,’ sei er. De mannen dy't him helje soene wisten net hwat se der oan hiene. Heal en heal stiene hja yn bistân om sûnder Goffe fuort, doe't dokter en de wykforpleechster der ynkamen. Dy man forstie gjin gekheit.

‘Jo moatte hoffene wunde, jo binne in gefaer foar in oar.’

‘Kom ik dan noait wer thús?’

‘As it hjir mjokse en himmele is kinne jo wer nei hûs, mar sa net.’

Lubberts Janke, Harichs Metsje en noch oare Skarster froulju seine ta dat hja it hûs omraek neisjen soene.

 

Goffe moast bilies jaen. Skodholjend seach Metsje de auto nei. Yn ôfgrizen sei hja: ‘Hy moat yn 'e weak. It is nuver sizzen, mar it is de wierheit.’

It wie de wierheit, mar yn It Hûs wisten hja dêr wol ried op. Liuwe skearder moast der ek noch oan to pas komme mei mes en skjirre. Doe't alles en, alles syn bislach krige hie, waerd Goffe op in bêd konfoaid yn in streekte piama. It wie deselde man net mear, hy like neat mear op'e âlde Goffe, mar dan ek folslein neat.

De ‘mem’ fan It Hûs sei: ‘Dy man sil net witte yn hwat wrâld er is. Nei safolle jier einlings wer skjin. Skjinne klean, in skjin bêd, alles.’

Och ja. Doe't hja de oare moarns by him kamen, lei er dea op bêd. Safolle skjinnens hie Goffe net fiterje kind.

It hiele Skar wie op bigraffenis.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken