Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Hauk en hazze (1993)

Informatie terzijde

Titelpagina van Hauk en hazze
Afbeelding van Hauk en hazzeToon afbeelding van titelpagina van Hauk en hazze

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.12 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Hauk en hazze

(1993)–Wilco Berga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 88]
[p. 88]

21

De dei dat ien fan ús it útsprekke moast, soe komme. Dat wisten we beide mar al te goed. En om hokker reden ek, ik wie earst.

‘Dyn tiid is hast om! Mar dat silst sels ek wol witte. Of hast winlik oare plannen?’

Se knikte.

Ek dat hie 'k ferwachtsje kinnen. Dochs kaam it my noch oer 't mad, as hie 'k yn stilte hope dat de dagen net feroarje soenen, as hie 'k wer as dat jonkje as fansels oannaam dat oan 'e simmer gewoan gjin ein kaam.

Mar se hie plannen en fertelde my dêrmei eins gjin nijs.

Fan har fêste fertaal- en tolkwurk hie se dan wol trije moanne ferlof krige, mar dy tiid is koart asto dy trochbringst yn in lân, dêrst de taal net fan kenst, dêrst in sosjaal libben oantrefst dat him yn dyn eagen ôfspilet yn 'e meast lúkse omstannichheden en dêr't elk him klaait yn materiële wielde.

Yn 'e rin fan 'e tiid wie se hieltyd faker in dei as wat nei Amsterdam ôfreizge, dêr't se lânslju moete hie en dêr't se fan te hearren krige dat der genôch wurk wie foar ien mei har feardichheden.

En no begûn se dan ek ynienen - ik hie net oars ferwachte, hope der eins op - lûdop te betinken hoe't

[pagina 89]
[p. 89]

it wêze soe as se hjir bleau. It lân en de minsken befoelen har, en freonen soe se op 'e nij meitsje kinne, hie se eins al. Boppedat libben har âlden net mear en hie se mei de rest fan 'e famylje noch amper kontakt.

‘Sil 'k it der op weagje? Ik ha der eins wol sin oan.’

‘Jawis! Wat let dy!?’ kaam ik hastich. ‘Wurk hast suver al. Wurk datst ek noch hjir dwaan kinst. En moatst ris nei Amsterdam, dan bist der yn in sucht.’

‘Ja, ik doch it!’

Se sloech mei de fûst op 'e tafel en helle gau pinne en papier om de freonen op 'e hichte te bringen.

Se bleau, en dat wie mear as ik fan doarst te dreamen. Der kaam dus noch gjin ein oan 'e simmer.

En om dat te fieren, dronken we dy jûns as wie 't foar 't lêst, of foar 't earst. Yn elk gefal wie de pleats op 'e nij hast te lyts foar ús wyldens.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken