Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It libben sels (1997)

Informatie terzijde

Titelpagina van It libben sels
Afbeelding van It libben selsToon afbeelding van titelpagina van It libben sels

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.18 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It libben sels

(1997)–Piter Boersma–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige
[pagina 152]
[p. 152]

dat wie it dan

Ik ha trije jier mei Dette troud west. Hjoed hat se har guod ophelle. Trije dagen letter as dat soe. De man dêr't se it no mei hâldt hie se by har.

Ik ha harren beide deamakke.

En Dette my.

Ik ha harren oaninoarknope, in prop yn 'e mûle treaun en yn it wetter smiten.

[pagina 153]
[p. 153]

‘Hoe hast my deamakke?’ sei ik tsjin Dette.

‘Hoe wist dat ik dat dien ha?’ sei se.

‘Dat sjoch ik oan dyn eagen. Mar hoe hast it dien?’

‘Ik ha dy mei de kop tsjin 'e muorre slein.’

‘Ja, de kop sûzet my.’

‘Nee, stommeling,’ sei se, ‘hy is oan smots.’

It gesicht fan Dette har nije freon beluts.

‘It iene seit it oare net,’ sei ik tsjin him, ‘de takomst is in geheim.’

‘Dines net,’ sei Dette, ‘dines is in jong fanke.’

‘Do seist it,’ sei ik.

‘Ja,’ sei se, ‘dat ha wy tsjininoar sein.’

‘Wy?’

‘Dyn eardere froulju en ik. Komst op dy leeftiid, seine wy tsjininoar.’

‘It is banaal,’ sei ik.

‘En wier,’ sei se, ‘Anke hat dy mei dat fanke fan 'e foto op it terras sitten sjoen.’

‘Ik ha Anke de lêste tiid net sjoen.’

‘Nee, wat tochst, dy hat har gau fansiden hâlden doe't se jim seach.’

‘Hâld dochs op.’

‘Hast alles?’ sei Dette har nije freon, in man fan myn jierren.

‘Ja.’

‘Sille wy dan?’ sei er.

‘No, dat wie it dan,’ sei Dette.

De kop sûze my.

‘Hoechst net sa ûnnoazel te sjen,’ sei Dette, ‘ik gun dy alles wol. Ik bin der oerhinne. It bêste.’

Doe't se fuortriden rûn ik nei myn finsterbank ta.

Ik skôp in stien yn it sleatsje. It wie myn holle.

[pagina 155]
[p. 155]

ynhâld

it finsterbank 5
myn fyfde frou 6
myn earste houlik en wêr't ik doe wenne 7
wêr't ik wenne yn myn twadde, tredde en fjirde houlik 8
ûnder de keukenstafel 10
nammen 11
bern 12
Ike 14
foar waar en wyn 15
de bergen yn 16
hea 17
ik wol noait dea 18
as hea om 'e skûte 19
wat it westen noch mear te bieden hat 21
net sliepe wolle 22
seisresom 23
drompel 25
Durk 27
ferlegen 28
Dette harket 29
Patat 30
de sucht nei lûden 32
foar de grap 34
winter 35
selsmoardners 36
fulkaan 38
Alfa Romeo 39
wat Dette noch mear seit 40

[pagina 156]
[p. 156]

frijpartij 41
in rôljende stien 43
myn skou 44
blommen 46
merke 47
it moaiste berchlanskip dat ik oait sjoen ha 49
mear deaden 51
in sjonger ût it fiere westen 52
it kweakjen fan einen yn 'e doarpsfeart 53
unrêst en ûnbefredigdheid 54
de krêft fan 'e fantasy 55
Suertsje 57
seks 58
doarpen en steden, flats, rychjeshuzen, frijsteande huzen en pleatsen 60
yn 'e hoeke fan 'e keamer 62
ik bin al lang dea 63
it libben 64
boskrâne 66
boskdream 67
ik sjoch nei myn fyfde frou 69
mear dingen út myn bernetiid 70
Drop 71
pantys 72
dronken 74
oerdwealsk 76
alle dagen knibbelje 77
it paradys 78
boartersguod 79
ik moat wach wêze 80
hoe faak bist sels al deamakke? 81

[pagina 157]
[p. 157]

tsjerkhôf 82
wy dogge net yngewikkeld 83
roazen 85
winsken 86
op fakânsje 88
wanhopich 90
de mûle yn 91
goerie 92
skoppe tsjin 'e doar 93
katten 94
komst op my? 96
oare dingen út myn bernetiid 97
Gewoane Sjips 98
stikeltried 100
ferhalen oan 'e bern 101
Amarins 102
dûnsje 103
Jet 105
it oereinhâlden fan in hûs 106
besite 108
net wiis 111
Afke 115
fuortkrûpe 116
in steltsje deaden 117
oanmerkingen 119
seksmaniak 121
it helpt dy neat watst seist 123
wer de bergen yn 124
in wrâld op himsels 125
ûntefreden 126
frosken 127

[pagina 158]
[p. 158]

bychtstoel 128
Paprika Sjips 129
de sinne 131
ik meitsje dy ôf 132
Klaas 133
moai sa! 134
en no seist wat der is 135
nochris de sinne 136
idioat 137
wa sil earst wêze? 139
de natuer 140
fantasy yn 'e trein 142
it fanke yn 'e trein 145
unnoazele 147
konfrontaasje 148
fuort 150
IJsko 151
dat wie it dan 152


Vorige

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken