Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Swart mar leaflik (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Swart mar leaflik
Afbeelding van Swart mar leaflikToon afbeelding van titelpagina van Swart mar leaflik

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Swart mar leaflik

(1998)–W. Cuperus–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 18]
[p. 18]

III

De see, dat is foar Swarte Gelf it ien en it al.

It grutste part fan syn libben arbeidet er oan de noardkant fan de seedyk, hat er de see op it each.

De lûden, sawol mei moai waar as mei stoarm, binne him betroud wurden. Hy ferstiet se en hy makket der de waarkaart út op, dagen foarút en foar dagen oanien.

Want de see is in waarprofeet, yn al syn lûden, sawol yn it núnderjen as yn it woaste eangstoanjeiende bolderjen.

Lykas de boer fan hjoed de dei moarns fan it bêd ôf nei syn waarglês giet, sa rint de seedykster by de dyk op en skôget de wurking fan de see.

En as er dêr wer by del komt, wit er mei hast wiskeunstige bêstens wat waar der oan it kommen is. De see bedraacht him net, dêr kin er syn hiele dei- en wurkferdieling op bouwe en it bart net faak dat it oars útkomt.

Hy leit dy heimenissen, dy waarlûden fan de see út oan syn opgroeiende bern, allegearre leare se it, al lyts, as se efter heit oanklauwe by de dyk op.

Sa ha Gelf syn jonges it leard en sa leart de lytse Jantsje it ek wer.

Jantsje groeit alhiel op as in jonge, mids tusken har rûchrouwe heit en de fjouwer gystene bruorren.

De rouwe keardels binne mâl mei it lyts fanke, dy't as in fiere neikommeling yn harren libben kommen is.

As se simmers baaie yn de grutte dobben dy't foar it fee hjir

[pagina 19]
[p. 19]

en dêr bûtendyks groeven binne, dan nimme se it lyts fanke mei en sjouwe har op de bleate lea oer it wetter.

Yn it moaie foarjier huppelt se de fjouwer efternei, as se moarns betiid foar en jûns nei it wurk bûtendyk útstekke om de aaien op te fandeljen dy't seefûgels, kobben, wylpen en alle soarte fûgels efter op 'e pôlen yn 'e snilen lizze.

Mar as it stoarmet en de see ûnstjoer is, sûnder dat it wetter oan 'e dyk ta komt, giet se ek mei de see temjitte.

En as de fongen fûgels moarns nei in wylde stoarmnacht út 'e netten helle wurde, dan is Jantsje der by. De jonges smite se har ta en Jantsje stekt se mei in spjelde troch de kop en stoppet se yn 'e sek.

 

Oerdei as de manlju oan it wurk binne, boartet se oan 'e dyk of by Kike yn 'e hûs.

Mei in hertstochtlike, hast boppe-ierdske leafde, hinget dizze mem oan dit smertebern, dat har safolle koste hat dat se yn dyselde nacht griis, nee, wyt, sniewyt wurden is.

En yn dyselde mjitte as har hier hat har ôfmoarde lichem it ek ôflein yn dy nacht fan de berte fan dit famke.

It is yn dy ûnminsklike woarsteling tekniesd en fernield. Sûnt dy nacht hat Kike de see net wer sjoen; al soe se it libben der mei fertsjinje kinne, dan soe se net wer by de dyk opklauwe kinne.

Dy nacht hat har foargoed en foar altiten oan har húske bûn. Noch ienkear sil se dêr wei komme, de lêste kear, mar dêr sil se sels gjin weet fan ha.

Dy tiid achtet se net fier mear ôf en foar harsels hat se der frede mei. Ja, al jierrenlang hat se nei dy tiid útsjoen as in ferlossing, as in útkomst.

Want Kikes libben, gefoelich en tear as it is, hat nea gjin oansluting fûn by de seedyk en it rouwe, rûge libben fan de seedyk sa't har folk dat útlibbet.

En it is sa swier west, sa ûnmjitber swier.

De earste jierren net, doe wie it goed, har fjouwer grutte soannen binne dêr it sprekkende en libbene bewiis fan.

[pagina 20]
[p. 20]

Yn fiif jier, de earste fiif en de lokkichste fan har libben, hat se se krigen.

It gie hurd, fierstente hurd, hie âlde Sjut sein.

Mar sa hie Kike it net sjoen. Foar har hie it krekt oars west, steapeling fan rykdom op rykdom.

De soargen om se der troch te krijen, wiene fansels net lyts west, mar tegearre hiene se se droegen.

Gelf, rau en rûch, mar hertlik en goed, hie arbeide, fûl en út al syn macht, earlike, swiere arbeid, bodzjend en bealgjend mei hiel syn sterke jonge lea.

En sa hiene se it rêden, net ryklik, nee, krap, faak heukerjend en soms lijend, mar de einen kamen al bodzjend en wrottend oaninoar.

Oant dy nacht ta, doe't de stoarm raasd hie, slimmer, gystener, ferwoedener as de nacht fan Jantsje' berte.

Yn dy nacht wie in grut skip fergien, mei rike lading.

De oanspielde lading wie mei weinen nei Ferwert riden nei it gemeentehûs en de âlde boargemaster hie syn seedyksters priizge om har earlikens en it sobere fynderslean útbetelle.

Mar skatten fan de lading wiene oan de seedyk bleaun en hiene har wei fûn nei de adressen, dy't elke seedykster wit. It hie grou jild opbrocht en dat jild wie kommen yn de húskes oan de seedyk fan it Noarderleech ôf oan de Earme dyk ta.

In grou part dêrfan hie Gelf thúsbrocht, bliid hie er it yn syn bûse rattelje litten, mar Kike hie net bliid west, koe it net.

Sûnt dy tiid hie Gelf in oare Gelf west, de begearte wie oanstutsen as in fjoer en foar safier as it gewisse sprutsen en tsjûgd hie, wie it ferdronken en smoard yn de swolgerijen út de fetten, dy't fan it fergiene skip oanspield wiene.

De jonges wiene alhiel mei heit opgien yn it sykjen en jeien nei bút fan de see en it libben fan Kike wie iensum wurden.

Acht kear oanien wie út it lytse húske in jong libben fuort-droegen nei it doarp ta, acht kear oanien hie Kike it sjoen as in oardiel oer har libben, as in warskôging om de wei werom te gean nei de earste fiif jierren ta.

[pagina 21]
[p. 21]

‘Ik soe der mar mei ophâlde,’ hie âlde Sjut te rieden jûn, ‘jim hâlde dochs gjinien mear yn it libben.’

En it wie ophâlden, tsien jier lang.

Doe wie Jantsje noch kommen, net begeard troch de rauwe heit, begekjage fan de healwylde jonges en mei grutte freze ferwachte fan in mem, dêr't it libben gjin ljocht mear foar joech.

En yn dy nacht fan ûnmjitbre weedom fan in yn need ferkommende mem, wie as troch in wûnder de dea tebektreaun en it libben wie de baas bleaun tsjin alle ferwachtings yn.

Om dit libben sleept Kike har eigen fuort yn ìen soarch, yn ìen langstme, dizze lette jefte te frijwarjen foar de ynfloeden, dy't har húshâlding ta in libbenskrús foar har makke ha.

Mar it liket net lokke te sillen.

Alle dagen arbeidet se oan dit famke, besiket se it, wrakseljend en biddend de goede kant oer te lûken.

Mar wat langer wat mear ûnderfynt se it, Jantsje is in dochter fan Swarte Gelf en in suster fan de fjouwer wylde jonges, dy't al lang harren goede namme yn wide omkriten ferlern ha.

Ek yn dizze striid fielt se har de mindere, is se net opwoeksen tsjin de ynfloeden fan heit en bern op it noch lytse famke.

En dochs, mei alle ynmoed fjochtet se foar dizze lêste, dy't se sa graach it goede paad op ha wol.

Net ien fan de bern hat ea op skoalle gien, hja wenje sa ûngelegen, mar foar dit famke skrept se der fûl om.

Dan is se hiele dagen fuort en bûten it berik fan heit en bruorren.

Mar Gelf laket der om, hoe kriget it minske it yn 'e holle. Wat moatte arbeidersbern no yn 'e goedichheid op in skoalle dwaan.

Ha de jonges, hat Gelf sels ea nei in skoalle ta west? En kinne se harren net goedernôch rêde yn 'e wrâld?

It ienichste wat se mei learen te meitsjen ha, is dat se miskien ris in inkelde kear yn harren libben de namme sette moatte. En dat kin as it moat mei in krúske.

Mar de namme sette, dat hat Gelf leard fan syn heit en hy hat it de jonges wer leard fan de tabakspûde of it lúsjefersdoaske ôf.

[pagina 22]
[p. 22]

En sa sil er it it lyts fanke ek leare as it safier is.

Sneins giet Jantsje mei nei tsjerke ta, ja dêr is Gelf flak foar. As se it ein net berinne kin, sjout er se de leane lâns.

En fierders giet se nei de Pakjehoeke nei âlde Tibben Meines, in âld man, dy't de seedykster bern om him hinne sammelt en se fraachleare lit by him thús.

Mar fierders gjin kluchten mei it bern.

Dêrby, it bern soe ek noch inte wurde moatte, dat is in útfynsel fan de lêste tiid. Sûnder pokkebryfke mei gjin master de bern op skoalle ha.

En dêr is Swarte Gelf gloeiend op tsjin, dat achtet er in yngripen tsjin it Godsbestjoer.

Hoe en watte? Dêr soe er gjin útlis fan dwaan kinne, dizze wysheid hat er ek net fan himsels, mar âlde Tibben Meines seit it, en dêrmei út.

Dêryn stiet Swarte Gelf lykwols net allinne, sokke minsken binne der ferskate, al jouwe de measten harren ek ûnder protest del ûnder dizze wet, dy't dy eask steld hat.

Sa ferliest Kike dizze striid, allinne it fraachlearen giet troch, en dat middel grypt se dan ek oan mei alle macht, as Jantsje sa grut wurden is, dat se in bytsje fertroud wurde kin.

Dan giet Jantsje net allinne nei de Pakjehoeke ta, mar ek nei Blije, nei Ferwert en nei Beintum ta te fraachlearen.

Dan is se alteast fjouwer dagen yn 'e wike ûnder oare minsken. En dat lêste fynt Gelf goed, ja, dêr is er flak foar, it lyts fanke moat yn dat slach fan saken sa folle mûglik leare.

Sa groeit Jantsje op en de minsken sizze dat it in skrander fanke is, dy't geastlik goed by de tiid is en dan noch sa'n flarde.

Mar de tuskentiden is Jantsje it ûnbûne frijfochten fanke dat mei heit en de jonges de see yngiet.

It duorret net lang, dan is Jantsje mei fraachlearen de hiele seedykster klasse fan de Pakjehoeke oer 'e fûst, sels âlde Tibben Meines, de learmaster, dy't syn masterjen tige primityf docht, is ridlik gau net mear tsjin har opwoeksen.

Mar as it wetter komt en de mannen de see útgeane, dan

[pagina 23]
[p. 23]

strûpt Jantsje ek de klean omheech en giet it wylde wetter mei yn en de jonges dy't op har tasjogge, fermeitsje harren ta de teannen út.

‘In donder is it,’ priizgje se it handige fanke, dat alhiel de allueres fan in jonge oannimt.

En âlde Tibben Meines is allike optein mei Jantsje op geastlik gebiet, hy achtet, dat foar dit fanke wolris hiel wat weilein wêze kin.

Sok praat is Swarte Gelf nei 't sin. It besteevget him tsjinoer Kike yn it tinken, dat er mei it opfieden fan dit fanke op 'e goede wei is.

En Kike, dy't stik foar stik it fjild romje moat, suchtet djip. Dizze lêste, dy't har hast it libben koste hat en dêr't har lichem alteast sa troch fernield is, dat se foargoed ûngelokkich wurden is en bliuwe sil, dizze lêste soe se graach oars ha wolle.

Mar se twivelt mei eangstige twivel, oft de fjouwer fraachlear-dersdagen it wol hâlde sille tsjin de oaren.

Dat soe se graach noch belibje wolle, dêr de fêste wissichheid fan ha, en dan, ja, dan de wurge holle dellizze, foargoed. Dêr hat se al sa faak nei útsjoen as nei in grutte en blide útkomst.

Mar se is bang, dat se it net belibje sil. Net allinne, omdat se sa bang is, dat dizze har ek ûntkomme sil, mar ek omdat se fielt dat it mei har net lang mear duorje sil.

Dat se net âld wurdt, wit se, it libben hat te folle fan har ferge.

Sa wurdt Jantsje fan twa kanten lutsen sûnder dat se der sels erch yn hat, dat dit twaledige har libben stimpelje sil.

En sa wurdt se tsien jier, in libbenstiid, dy't de arbeidersminske berikt om mei de izeren sylbeage oan it wide en somtiids wrede libben yn te gean.

Swarte Gelf hat al de eagen iepen hân en in boer foar Jantsje fûn.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken