Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Ta him dyn begearte (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Ta him dyn begearte
Afbeelding van Ta him dyn begearteToon afbeelding van titelpagina van Ta him dyn begearte

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.65 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Ta him dyn begearte

(1999)–Ypk fan der Fear–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 207]
[p. 207]

46

Mei it boat bringe hja mem te hôf.

Efter de wiken leit it tsjerkhôf, fier by de minken wei, iensum yn it kâlde neakende fjild, yn in krânse fan útrûne wylgemuozzen.

It tsjerkhôf fan de feanters.

Hja wie boeredochter, mar tradysje seit mear as bloed.

Dea is dea, it makket ommers gjin ferskeel, wêr't it lichem leit.

 

Der sil oerlein wurde.

Hja sitte yn 'e hûs, heit, Totte-om, de grutte bern.

Hylck is bang foar Totte-om, ek bang foar heit.

Krijt heit it mâl fel oan, hja moat hjir bliuwe en út Gaasterlân wei, sjocht Siertsje dan nea wer, en dat wol hja net.

Wat is Totte-om fan doel? Mar hja sil har warre. Doe't mem noch boppe ierde stie, hat hja mei geweld it libben oangrypt. Hja is jong, wol sa en net oars en dat is: nei Siertsje ta, alles yn har driuwt en triuwt nei him.

Totte seit: ‘Dû moatst it witte, Hylck, mar ien fan jim beide heart yn 'e hûs. It komt de âldste ta.’

Harke freget: ‘Wa fan jimme sil op memme plak?’

Hy sjocht Hylck oan.

Hylck seit gau: ‘Maaike mei om my wol. Ik kin mear fertsjinje en kin de boer ek sa ynienen net sitte litte.’

Hja tinkt derby, as hy dit oannimt, bin ik oan takomme maaie ta wis, dan haw ik dat altyd. It wie in gefoelich argumint, it slacht yn. Hylck wint, Totte-om ferliest. Hy kin net rjochtút sprekke

[pagina 208]
[p. 208]

tsjin Harke, docht lykwols noch in raam: ‘It komt de âldste ta en sa soe mem it ek it leafste hân ha.’

Harke makket him derôf: ‘Hja moatte it meiinoar útfjochtsje.’

Hylck seit: ‘De boerinne is dea.’

Totte-om: ‘De húshâldster kin der wêze.’

Hylck wer: ‘Maaike, wat seistû?’

‘It is my goed. Astû 't graach wolst?’ seit Maaike.

‘Ofpraat,’ docht Harke koart.

Hylck bringt Totte-om der út.

It is har sa rom, hja doar wol. Totte-om jout har dêrta ek de wink.

Hy fermoannet har: ‘Ik begryp it net, dû giest tsjin dyn eigen belang yn. Dit wie foar dy in skoandere gelegenheid om der út te kommen en no krûpst wer yn 't hoal. Der is wat, fanke, en Totte-om mei it net witte. Ried ik it goed, dû lietst dy soms wat ûntfalle, dan is it om de soan en dat komt net goed, want dat pearet net. 't Wurdt dyn ûngelok, ik sis it dy, ek út namme fan dyn mem.

‘Nee,’ seit Hylck koart, wart ôf mei de smelle hân. Hy mei mem der sa net yn behelje, dêr wurdt hja muoilik fan.

Hja snokt, kin 't efkes net hâlde.

‘Omke, ik haw him sa leaf, sa troch alles hinne leaf. Ik kin dêr net weigean, net iens om mem.’

Omke tinkt nei.

Hy ferstiet it, dochs skodhollet er. Hja moat it ferstân mear sprekke litte. Hy seit it net, mar wit, it is om 'e nocht op 't stuit.

‘Hylck, ûnthjit my dit: bliuw deugdsum, wês net weak, as er al ris by dy komt. Begrypst my wol, no?’

Hylck knikt, mar ûnthjit it net, ek dat kin hja net sizze.

Wer skodhollet omke. ‘Doch dyn bêst, ûnthjit my dat dan!’

‘Goed, omke.’

‘Ik sil foar dy bidde, lyk as jim mem dat alle dagen die. En ik kom ris by dy dêr yn de broeiske bosken. Dei Hylck.’

Hylck slacht him de hannen om de hals. Totte-om wart har kwânskwiis ôf.

‘Healgear fanke,’ seit er, ‘hja kinne ús sjen.’

[pagina 209]
[p. 209]

Fuort is er.

In pear trêden dan komt er werom.

‘Lêst wol yn 't psalmboekje?’

‘Ik sil der better om tinke, Totte-om.’

It is skimerich wurden.

‘Moarn!’ ljochtet it op yn har.

En no noch nei har plak by de wyk.

In grut stik skientme is wei, want mem ferdronk yn dizze wyk.

Dêrom fierder, nei de petten ta.

Hja swolget de romte, de wiidte, sil dy moarn wer omraak misse. Oan alle kanten kirne!

Oer de petsleat glydt in skou. De fiskerman trilket, wiuwt mei de hân nei har.

Licht mient er, dat hja Maaike is.

Einen spatte kjel út 'e rusken wei.

Hja kuiert sa fier hja kin oan de dwarsfeart ta.

Dizze dei hie oars beteare kinnen.

Sa soe hja har mem hast ferwiten ha, dat se stoar. Mar hja mei wer hinne. Al hie hja by nacht reizgje moatten oer de iensume wegen, by spoekplakken lâns, hja hie gien. As hja dan by de Griene Singel kaam, soe hja tsjin Siertsje sizze: ‘Ik haw it dien om dy. Dy oare, dat is gekheid, no? Gerke is ek neat, ju. Fansels net. Wy, wy hearre by elkoar. Wêrom alles sa slim meitsje. Us wei is in rjochte wei.’

As Siertsje dan de earm ris om har hinne sloech en sêft sei: ‘Stil mar, fanke, ik bin sa wiis mei dy! De hiele wrâld leit ús sljocht. Kom, wy tinke en oerlizze net mear, wy dogge.’

Ien eachweiding noch oer dit wûndermoaie lânskip, har eigen gea. Moarnier om fjouwer oere fuort. Hja mei net mear fan de boer syn tiid sline.

Ien eachweiding nei it grêf fan mem, dêr, oer de feart.

Efkes in oandwaning, krekt of lit hja de bern yn de steek en heit, Eeuwe en de lytse poppe. It earstberterjocht mei Maaike ha. Hja jout it omdôch, it hat gjin wearde.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken