Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Ta him dyn begearte (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Ta him dyn begearte
Afbeelding van Ta him dyn begearteToon afbeelding van titelpagina van Ta him dyn begearte

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.65 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Ta him dyn begearte

(1999)–Ypk fan der Fear–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige

De útjeften

Der hat earst sprake fan west dat it boek by de Amsterdamske útjouwer Van Rossum ferskine soe, deselde dy't ek De Tsjerne útjoech. Fedde Schurer, adviseur fan Van Rossum, hat it mei it each dêrop begjin 1947 lêzen, en oft it no oan dy syn net al te positive oardiel lein hat, witte wy net, mar in feit is dat Van Rossum it boek net útjûn hat. It oare jiers stjoerde de skriuwster Inne de Jong syn oardiel oer it boek oan Laverman yn Drachten ta, mei de fraach oft dy it útjaan woe. Hy hie wol yngeand kommentaar, mar neamde it tagelyk ek in masterstik, en wie graach ree om oan har fersyk te foldwaan. Dat jiers publisearre se alfêst in fragmint yn De Tsjerne. It is itselde as it twaenfjirtichste haadstik, op de lêste rigels nei.

De fersoarging fan it boek foel op. Rienstra begjint syn resinsje mei de wurden: ‘Einliken, nei de earmoede fan de oarlochs- en nei-oarlochsjierren, reitsje de útjowers dan dochs wer safier, dat hja in boek kreas forsoargje kinne. Dit boek kin munsterje neist eardere útjeften as Groun en Minsken en It Jubeljier en neist hjoeddeiske as de Samle Fersen fan Postma en de Tinkskriften fan Wumkes. Der skynt ek wer mear tiid en soarch oan de korreksje bistege wurde to kinnen, alteast it tal printfla-

[pagina 429]
[p. 429]

ters is lyts.’ It stofomslach neamt er net, mar dat wie oars ek wol wat bysûnders. H.K. Post, in sweager fan de skriuwster, hie it makke, en der hienen mar leafst fjouwer kleuren en in film foar nedich west. De oplage wie tûzen en in eksimplaar koste sân gûne njoggentich. Yn in jier of trije wie it boek útferkocht.

Yn 1958 kaam Laverman mei in twadde printing. Ek dêr sille tûzen eksimplaren fan makke wêze, miskien wat minder. Dy kosten acht gûne njoggentich it stik. Wannear't dy útferkocht rekke binne, is net bekend, mar yn alle gefallen net foar de jierren santich. Op de ferbettering fan printflaters nei wie de útjefte gelyk oan de earste.

Yn 1981 ferskynde yn de Gurbe-rige fan De Friese Pers yn trije oplagen efter elkoar fan meiïnoar sa'n fjirdeltûzen eksimplaren de tredde útjefte. It krekte tal is net mear bekend, en kin ek noch wat heger west hawwe. De tekst waard omstavere nei de nije stavering fan 1980.

As Tot hem uw begeerte ferskynde yn 1960 yn de streekromaneftige ‘Opgangserie’ fan de kristlike útjouwer Bosch en Keuning te Baarn in oersetting yn it Nederlânsk fan de hân fan Aize de Visser. In eksimplaar koste fiif gûne tachtich. Sels hie de skriuwster foar Laverman al yn 1950 in oersetting makke, mar dy is net útjûn, ek net by de Arbeiderspers, dêr't dy oersetting yn 1952 ek lein hat.

In eigenmakke bewurking ta iepenloftspul waard yn 1959 te Sondel opfierd.

 

Dizze werútjefte yn de rige Fryske Klassiken binne twatûzen eksimplaren fan makke. Neffens de regels dy't foar de rige opsteld binne, hat de earste printing de grûnslach fan de omstavering west. By ûndúdlikheden is in pear kear de twadde printing rieplachte. Op it flmd is in eksimplaar fan de earste printinge mei hânskriftlike ferbetteringen fan printflaters.

De feroaringen binne beheind ta de stavering. Waard in stavering brûkt dy't net yn it Frysk Wurdboek opnommen is, dan is de foarkarsfoarm dêrút oernommen. Sa waard ‘ied’ ‘eed, ‘faly’

[pagina 430]
[p. 430]

‘faalje’, ‘fernaam’ ‘foarnaam’, ‘mûnsters’ ‘meunsters’, ‘pompieren’ ‘papieren’, ‘rejale’ ‘royale’ en ‘struwellen’ ‘strewellen’. De Wurdboekfoarmen binne ek keazen yn dy gefallen dat it lykje kinne soe as gong it om in dialektferskil. Lykje kinne soe: neffens eigen ferklearring fan de skriuwster hat se amper of gjin Gaasterlânsk brûkt. Wat der oan dialektfoarmen al yn it boek stiet, sil foar 't measte part wol weromgean op it Frysk dat S.J. van der Molen him oanwend hie te brûken en dêr siet Wâldsjers yn. Folle dialektfoarmen komme trouwens net foar. Fansels binne de pear foarmen dy't mooglik al Gaasterlânsk binne, wol stean bleaun. Sa is fan ‘tafelswulk’ ‘-swilk’ makke en fan ‘hûnger’ ‘honger’, mar is ‘ytzen’ (wat dat ek betsjutte mei: it stiet yn gjin wurdboek) stean bleaun. Plaknammen binne feroare neffens de list yn it Wurdboek.

Stie in stavering àl yn it Wurdboek, dan waard dy hanthavene, ek yn gefallen dat it om in fariant gong en op oare plakken de haadfoarm fan it Wurdboek foarkaam. De fariaasje is dus mei sin bewarre, hoe maklik oft it oars ek west hie om alles mei ‘sykjen en ferfangen’ lyk te striken. ‘Divel’, ‘floitsjen’, ‘koft’, ‘twade’ en ‘woechsen’ binne dus stean bleaun, ek al binne de foarkarsfoarmen yn it Wurdboek oars en komme dy yn de roman ek wol foar. Genitiven fan nammen op in -e is altyd in apostrof efter set. Net sûnder tsjinsin is oansletten by de regel dy't tsjintwurdich skynt te jilden (yn de Schrijfwijzer fan Renkema, bygelyks) om gjin dûbelde útroptekens te brûken. Ek net sa logysk liket my it weilitten tsjintwurdich fan oanhellingstekens by alles wat yn de direkte rede tocht wurdt as dat der mei safolle wurden by stiet, bygelyks: ‘Ik sil nei hûs, tocht se’, mar ek dat gebrûk is folge.

Bûten de stavering is alles ûnferoare bleaun. Men kin tinkt my better konsekwint alles wat mei taalgebrûk sels te krijen hat, stean litte, as grinzen besykje te lûken tusken wat der dan noch al foar Frysk op troch kin en wat net mear. Oars rekket der tefolle út fan de taal sa't dy op in bepaald stuit troch ien brûkt waard, yn dit gefal troch Ypk fan der Fear yn 1946. Fan it folks-

[pagina 431]
[p. 431]

etymologyske ‘stúdzjekoarden’ is dus gjin ‘stúsjekoarden’ makke, fan ‘faksinearret’ gjin ‘fassinearret’, fan ‘fertutearzgje’ gjin ‘fertutearzje’, fan ‘breidgeman’ gjin ‘breugeman’, ek al stean de bewarre foarmen net yn it Wurdboek. ‘Ter deugd’ is net feroare yn ‘ta deugd’, likemin as in ûnderskikkend ‘of’ yn ‘off’, ‘it ein’ waard gjin ‘de ein’, ‘buorkerij’ yn de betsjutting fan gebou gjin ‘pleats’, ‘buorren’ gjin ‘buorlju’, ‘syn koarte figuer’ net ‘syn koart figuer’, ‘de finsterbank’ gjin ‘it finsterbank’, ‘rekkening’ gjin ‘rekken’, ‘wandluzen’ gjin ‘wânluzen’, ‘earmoede’ gjin ‘earmoed’, ‘fiif wiken’ gjin ‘fiif wike’, ensafuorthinne. Sels die de skriuwster it mei sin ek net altyd. Se woe blykber ticht by it taalgebrûk bliuwe, ek al kaam se dêrtroch dan soms yn konflikt mei it learboekefrysk. Laverman, dy't har wiisde op foarmen en staveringen dy't neffens syn wurdboeken net goed wienen, folge se wol by ‘skrikt’ dat se feroare yn ‘wurdt kjel’ en ‘warheidspreek’ dat ‘wierheidspreek’ waard (wat in ferlies is, omdat it wurd dêrtroch minder begryplik waard fanwegen it weireitsjen fan de ferbining mei de (freonen fan de) warheid dy't der grif yn sit), mar ‘obstervearre’ waard gjin ‘observearre’, ‘hiderkear’ gjin ‘iderkear’ of ‘hieltyd’, ‘bidekt’ net ‘bidutsen’, likemin as fansels ‘reingepûst’ ‘reinpûsten’ en ‘efterstebektebek’ ‘efterstebek’.

Dat docht jin ek gjin nij, want it is in ryk Frysk dat de skriuwster brûkt. Laverman neamde ûnder mear ‘winterpogge’ en ‘brettigens’ al by de wurden dy't him net bekend wienen, ‘ytzen’ is hjirfoar al synjalearre, en sa binne der wol mear foarbylden fan selden op skrift stelde wurden en formulearringen, bygelyks: sa wyt dat, fideldebidelje, groubolderich, húfte, krusel, mesken, hoe is peaske sa yn 't lân?, pestlik, smeu, tekjepealtsjes, tjoelekes, wylkerich en kluse. Dat lêste wurd, bekend út de ûndersikingen fan Obe Postma, hat se (grif nei oanlieding fan de opmerking fan Laverman, dy't it ek neamt) in ferdúdlikjende noat by set. Earst wie dat: ‘In lange planke mei in dwarslatte’, yn it boek waard it, minder dúdlik: ‘Obstakel dwars oer de wei’.

 

Ph.H. Breuker


Vorige

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken