Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 136]
| |
De Grutsk
(rint troch de keamer en besjocht har út ûnderskate hoeken) Slaan de skonken ris oerelkoar. Ja, dat is better. En wriuw no dyn spienen even omheech. Ja, prima, se komme al. Sa siet se faak foar de klasse, oanklaaid fansels, mar foar my siet se dêr neaken.
le hoer
Stean se sa heech genôch? (wriuwt noch in pear kear oer har spienen)
De Grutsk
(giet tsjinoer har sitten, en besjocht har fan boppen oant ûnder) Ja, dat is wol genôch. Lis no dyn hannen achter dyn holle. En gean wat rjochter sitten. Ja, sa! Stek dyn titen foarút, ja krekt, mei in holle rêch.
le hoer
(lit de sigaret op de ûnderlippe bongelje en blaast de reek út) Wat wol dy psyk no eins fan dy? Ik begryp dat net sa goed. Ik haw soks noch noait meimakke.
De Grutsk
(giet stean, en rint wer hin en wer, ek hy stekt in sigaret op) Dy psyk sammelet kutten. Hy wol witte oft ik doe har kut sjoen haw, of field.
le hoer
(slacht de skonken fanelkoar, en spraat de billen in lyts bytsje) Mar do wiest noch mar in jonkje.
De Grutsk
Krekt. Njoggen, tsien op syn heechst. (skinkt twa glêzen fol mei wyn) | |
[pagina 137]
| |
le hoer
Wy drinke net.
De Grutsk
Dan dochst mar sabeare (hy jout har in glês)
le hoer
Wêrom wol dy psyk dat witte? (se nimt dochs in slokje fan de wyn)
De Grutsk
Hast bern?
le hoer
Ja, ien fan tsien en ien fan sân.
De Grutsk
Hasto dyn bern al ris sjen litten op hokker wize oftsto neukst mei dyn man of mei dyn klanten?
le hoer
Bist idioat. Sokke lytse bern, se kinne der wol wat fan oerhâlde as se sjogge hoe't ien my fêstneilet of myn kont iepenskuort en der in fette kul yn stekt.
De Grutsk
Myn eks woe op in sneintemoarn ús bern sjen litte hoe't sij har neuke liet. Se hiene doe sawat deselde leeftiid as dines no. Neffens har hearde it by de opfieding. Soks koe allinne mar yn it gesin. | |
[pagina 138]
| |
le hoer
Dy hast dus de doar útskopt?
De Grutsk
Nee, sels in heal jier letter net doe't se har op in feest, midden yn de keamer fol minsken, naaie liet troch in pear oansketten bollen.
le hoer
Mankearde dat frommes wat, of wie it har yn 'e kop slein nei in pear wiskys?
De Grutsk
It hearde by de iepenheid dy't se neistribbe, sei se. Se hâlde net fan stikem gedoch. It kaam ek troch har achtergrûn, se wie soks wol wend.
le hoer
Midden yn de keamer?
De Grutsk
Ja, op in bank. Doe't dy fint trochstjitte begûn se te razen ‘gjin poppe, gjin poppe!’, mar dy fint luts him der fansels neat fan oan.
le hoer
Ja, logysk, sa'n keardel neukt troch as ien sa maklik lizzen giet. Dy sit oan de strôt ta fol sied, dy wol dat yn dat geile liif spuitsje. Jou him ris ûngelyk. Hoefolle hawwe der oer hinne west? | |
[pagina 139]
| |
De Grutsk
Ik haw twa sjoen, doe bin ik fuortgongen. Se woe earst ek noch dat ik in freondinne fan har snipte yn dy keamer. Dat frommes luts se de broek fan de kont en doe treau se har nei my ta.
le hoer
Ja, fansels, dan hie se frijút gongen. En doe?
De Grutsk
Ik haw har seis wike net oanrekke. Ik woe witte oft de bergen sied wat opsmiten hiene, en oft dy bollen rekke sketten hiene.
le hoer
En?
De Grutsk
Se bleau geld.
le hoer
En dêrnei beseachst it spul wat erchtinkend, en begûnsto nei te tinken oan dyn earste kut dysto sjoen hiest. Ja, ik begjin it te begripen.
De Grutsk
Dy psyk wol in geil ferhaal oer de kut fan De juf Annach. Dêrfoar bist hjir ûnder oare. Ik wol in foto meitsje fan dines en dy oan De Psyk stjoere. Hy sammelet kutten op papier. Yn swart-wyt of yn kleur, dat makket him neat út. As se swart-wyt binne kleuret er se sels yn mei filtstiften. | |
[pagina 140]
| |
le hoer
Dy is dus folslein hartstikke gek. En sokken krije der ek noch balen jild foar. De wrâld is echt kranksinnich.
De Grutsk
Giest akkoard?
le hoer
Mar allinne de kut, neat mear!
De Grutsk
Moatst har earst opstrike.
le hoer
Wat seiste? Myn kut? Jezuskristus, dy fint is echt hartstikke krankjoarem. Mar wêrom dochsto it net, dan hast teminste noch wat foar dyn jild, en ik fyn it ek spannender, want meastens fleane de kullen dan streekrjocht de loft yn, en dat haw ik op 't lêst it leafste. Dêrfoar bin ik dochs ynhierd.
De Grutsk
Ik haw dy ferteld wat ik wol. Ik sjoch allinne, dat is wol genôch. Wat der fierder bart is wer in oar ferhaal. Wy hawwe tiid genôch.
le hoer
(it frommes spraat de skonken, en begjint mei twa fingers te striken - ûnderwilens smookt se gewoan troch - as snijt se mei in meske woartels yn lytse stikjes) Moat ik ek lûd jaan, of hoecht dat net? | |
[pagina 141]
| |
De Grutsk
(hellet it fototastel foar 't ljocht en set de telelins op har kut, hy sjocht troch it finsterke en stelt dan de flitsljochter yn wurking) Nee, ik nim neat op, bewarje dat kroanen mar foar oare klanten. Dat sabeare-gekroan seit my neat mear.
le hoer
(hâldt even op mei striken, se spraat de skonken hast hûndert en tweintich graden, tusken de reekwolken fan har sigaret sjocht se De Grutsk oan) Wat tinkst, hast der sa in goed sicht op, of moat ik noch wat nei foaren komme mei myn kont?
De Grutsk
leit it fototastel del en besjocht de fleizen berchjes en bergen) Moatst noch even trochgean, tink ik, se moatte eins sa tsjûk wurde as dyn lippen yn dyn holle. Soks moat parallel rinne, dat is it moaiste. Meitsje oars dyn fingers even wiet, dan glidet it better.
le hoer
(suchtet djip en nimt dan in slok wyn, se stekt in nije sigaret oan, lit de fingers even yn de wyn sakje en begjint wer te striken) Dit haw ik echt noch noait meimakke. Do moatst mar ris goed mei dy psyk prate, en oan de oare kant de trauma's dy't dyn eks dy skonken hat de wrâld útneuke. Do sjochst hjir in prachtkut foar dy - as sis ik it sels - en do dochst der gjin reet mei, as hiest dyn kul op sterk wetter setten. Godsamme, wat in fak! Wat in fuk fan in fak!
De Grutsk
(gniist, sjocht troch it fototastel en drukt op in knopke, twa kear, trije kear, it ljocht fan de flitser set alles trije kear yn fjoer, it liket oft de hoer útelkoar springt). |
|