Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 183]
| |
Oer de telefoan hat er my al te witten dien dat er it knikkertferhaal hast klear hie. En ik krige de yndruk dat it wat mear wurde soe as in sljochtweihinne anekdoate oer de dochter fan dy skoalmaster. Boppedat, it kloppet net mei dy bakkerts. Dat hat er sels optocht en it spilet him ek net ôf op it skoalplein mar op de opslach tusken de skoalle en de dyk. It hat ek folle rûger west sa't it my alteast yn it ûnthâld sit. It wie ek net ûnder skoaltiid, mar dêrnei om in oere of fjouwer, miskien sels al fiif. Twa partijen yn in sûkerbitegefjocht wie it oare ferhaal. Dy hat er hjir trochinoar helle. Op sneintemiddei waard der mei sûkerbiten fochten. Dan gongen de finen út Hopswein nei de sneinsskoalle yn Snyp. It barde gauris dat dy Hopsweinen net sûnder argewaasje troch de buorren kamen. As yn de hjerst de sûkerbiten opslein waarden tusken de skoalle en de brêge, op de dêrfoar útsparre romte, de opslach, betsjutte dat op snein in moaie gelegenheid om dy poppestronters út Hopswein te bestoken. Ien kear is dat misbeteard, dêre hat De Grutsk gelyk oan. Dat barde doe't dy frekte De Kor fan de skoalmaster op 'e dyk kuiere. De bernewein rekke rampoai, en sijsels hie op syn minst in bloednoas en allegearre blauwe plakken. De moandeis hat har heit goed opspile. De woansdeitemiddei moasten de bitesmiters ek nei skoalle. Ik wit net mear oft de heit fan De Lip dy woansdeitemiddeis op skoalle kaam. It sil bêst sa wêze. Dy stie ek wolris mei in bile by de doar as er it net iens wie mei de saken op skoalle. En net allinne dêre. Eins hie er de bile by wize fan sprekken altiten op de pakjedrager fan syn fyts of yn syn binnenbûse. Ik bin eins ferwûndere dat er my dizze brief stjoerd hat. En ek noch wol sûnder postsegels. Yn in pakje mei in grauwe bakkert. Miskien wol er my útteste. Ik begryp it net rjocht, dit mjuksjen fan twa ferhalen. Meastens is syn ûnthâld folle better as mines. Miskien behannelet er my op deselde wize as syn psyk. Oant no ta leau ik net echt wat er my skriuwt en fertelt. Hy wol nei it ferline, en beskriuwt dat op syn eigen wize. Dat is yn literatuer gewoan, mar ik sjoch noch net hokker metafoaren er op it each hat mei it yntrodusearjen fan in bakkert, in bernewein en in famke lykas De Kor. Foardat ik dat bygelyks ferbine kin mei syn ferslach fan de sesje mei de hoer moat ik mear ynformaasje hawwe. Ik nim alteast net oan dat er in hoer op jong setten hat, en dat de grauwe bakkert it byld is foar in | |
[pagina 184]
| |
abortus. It kin, mar neffens my binne hoeren út soarte net stom. En De Kor? Ik leau dat er dy altiten al in bedoarne oanstelster fûn. Neffens my is der wat oars bard op dat skoalplein. It sit him sels no nei al dy jierren noch dwers. Ik moat dat fan him te witten komme. |
|