Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Doku-3Oan de haadredaksje fan it haadblêd yn de haadstêd melluk de jelluk
De roman ‘Onder Professoren’ fan de grutte skriuwer De WFH is - | |
[pagina 366]
| |
útgeande fan de definysje fan jimme besprekker De Jelluk - in réaksjonêre roman. De WFH beskriuwt dêr yn in fiksjonele foarm de wearze tsjin de wurkers op in universiteit yn it noarden fan it lân. Op ûngefear deselde wize beskriuwt i.k. yn in miniatuer oer bloedsûgers de wearze tsjin de lju dy't miene, dat se saakkundich binne op it mêd fan de literatuer. Under de ‘professoaren’ falt yn dit gefal ek jim baasbesprekker De Jelluk. Dat tinkt hy alteast, mar der rinne fansels ûnderskate ‘professoaren’ om yn dit lân. As er himsels yn dy bloedsûgers werkent seit dat út soarte wat oer himsels. Jim professorbesprekker neamt ditsoarte fan lju ‘journeymen of letters’ (dat betsjut feinten of leanslaven fan de literatuer) of heechlearde literatoaren, in saneamd sitaat fan i.k. Hjir sitearret er bewust ferkeard. Yn syn miniatuer hat i.k. nammentlik in betinksel opnommen dêr't hy oprinnende tsjinstellingen achterelkoar set: fantasearje - lige, polemisearje - ferblomkje, literatuer - lektuer, en dan noch de nammen fan in skriuwer en in boekferkeaper. Achter de lêste stiet de fraach oft ‘heechlearde literatoaren’ wol bestean. Tusken skrapkes, want dy boekferkeaper skreau yn in tiidskrift, dat sokke lju wat tagonkliker skriuwe moatte foar it grut publyk. Jim baasbesprekker hellet dit dus út syn kontekst, of mient dat er sels in heechlearde literator is. i.k. stikele dus de boekbesprekker, want heechlearde professoaren skriuwe ommers gjin primêre literatuer. Jim baasbesprekker begrypt nóch satire, nóch humor, nóch polemyk, en fan boartsjen mei taal hat er helendal gjin ferstân. Hy seit bygelyks dat it ‘Ballet Mécanique’ fan Antheil net mei tolve (sa't i.k. skreau) mar mei seis piano's spile wurdt. Ja, fansels, mar der steane tolve miniatueren yn it boekje, en dus fûn i.k. tolve eins folle aardiger. Elk ferhaaltsje krijt in pianodissipel, dat soe sa'n bibelfêste figuer dochs oansprekke moatte. Of binne se dêre noch altiten lilk op anargistyske en surrealistyske teksten? No, jou dan de kul mar oan it museum, want dan is der gjin salve mear oan te ferstriken. De Jelluk hat argewaasje fan it op de man spyljen, wylst der gjin besteande persoanen yn de ferhalen foarkomme. Hy sjocht dus spoeken, dy't allinne mar yn syn eigen kop foarkomme. De saneamde kaaien yn de ferhalen stekt er feilleas yn syn eigen betochte kaaisgatten. As er de doarkes iependraait wurdt er bang fan de réaksjonêre langst nei de âlde | |
[pagina 367]
| |
noarmen fan fatsoen yn syn eigen liif. Hy sjocht en fielt de wearze dy't yn de bloedsûgers omheechwalmet. Hy fielt syn eigen réaksjonêre langst nei de âlde resinsinten dy't alles wat twaslachtich wie de nekke brutsen. Dat spilet op, en dus projektearret De Jelluk syn eigen rûchskerne op in oar. Mar dêrmei is de stank fansels net ferdreaun. Bokken sjitte is ferbean troch de wetten fan de literatuer, mar ien of twa kear is mooglik. It wurdt al even oars as it in strukturele ôfwiking is, en dêrom smyt I.K. dizze leanslaaf fan de literatuer foar de liuwen fan de literatuer. Wat him oanbelanget melluke jimme dizze De Jelluk oant er bûter jout, mar I.K. is bang dat it margarine bliuwt. De Grutsk, Roekenêst-14 Grutstêd-Bûtenstêd, (mei groetnis). |
|