Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Losse hannen (2000)

Informatie terzijde

Titelpagina van Losse hannen
Afbeelding van Losse hannenToon afbeelding van titelpagina van Losse hannen

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

PDF van tekst (1.03 MB)

Scans (48.42 MB)

XML (0.36 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Losse hannen

(2000)–Saakje Huisman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 88]
[p. 88]

12

'Der binne noch wol seishondert oare bern dy't it dien hawwe kinne. It is frjemd datst krekt Tessa derfan fertinkst, se liket my net it type dat soks docht.'

'Heit ken Tessa noch net, se docht har heel leuk en aardich foar, mar ûnderwilens, se hat se achter de earmtakke.'

'Ik wurd der sa stadichoan in bytsje wurch fan, juster hawwe wy deroer praat, it soe oars tusken jim. Dêrom nim ik oan dat Tessa dit no net dien hat. Ik sil har dernei freegje, it antwurd wachtsje wy earst ôf. Houkje, hoe liket it, krije wy hast iten? Ik haw wol sin oan wat.'

'By dy draait alles altyd om iten en dan giest wer fuort, tink? Dan bist derôf.'

'Ik hear it al, jim meitsje wer rúzje, ik gean wol nei boppen.' Brucht slacht de doar mei in fûle klap ticht.

'Kinsto Tessa ek ophelje? Se woe by de Hierfrou ite, mar dêr wie ik it lang net mei iens. Miskien kinsto ûnder fjouwer eagen mei har prate, wa wit helpt dat. Jûn stean ik der wer allinne foar. It is echt net maklik, dy twa kinne elkoars bloed wol drinke. Ik wit echt net hoe't ik dit probleem oplosse moat. Doch do der no mar ris wat oan, ik sit der alle dagen al tuskenyn.'

'Do wolst net oars. Sykje in baan, dat haw ik al sa faak tsjin dy sein, dan kinst dyn gedachten op oare dingen konsintrearje. Ik tink datsto der mear mei sitst as de bern, dy binne it fergetten sadree't se in stap bûten de doar dogge. Ik haw deroer neitocht fan 'e moarn yn 'e auto. Wêrom nimst gjin stúdzje op ast gjin wurk fine kinst?'

'Ik soe net witte watfoar stúdzje.'

[pagina 89]
[p. 89]

'Kinst in oplieding folgje yn 't maatskiplike wurk of soksawat. Sosjaal of opbouwurk, pedagogyk om myn pat. Miskien kinst it brûke by de opfieding fan de bern. Boppedat praatst ris mei oare minsken dy't mislden ek wol pubers hawwe.'

'Dan hoechsto myn problemen net mear oan te hearren, bedoelst dat?'

'Asto altyd alles negatyf ûtlizze wolst, bin ik no mei dy útpraat! Op dy manier praatst ek tsjin Tessa. Moatst har wat mear fertrouwe, doch wat leaver tsjin har, dan silst sjen...'

'Do litst har moai gewurde, dat kostet de minste enerzjy. Leaf dwaan is maklik as it je neat skele kin wat der fan ien terjochte komt. Leaf dwaan leit dy wol as der mar froulju yn 't spul binne.'

'Ik miende dat wy in pear dagen lyn ôfpraat hienen dat wy op 'e nij begjinne soenen, dat wy it ferline rêste litte soenen. Sa slagget dat noait. Do wurkest der net oan. Ast hieltyd mei deselde ferwiten komst, joust my gjin inkele kâns, dan kin ik no fuort de boel ek wol by elkoar pakke.'

'Wolst Tessa ophelje en mei har prate? Dan begjin ik mei 't iten. Binnentroch op 'e fyts is it net sa fier.'

'Ik bin benijd watfoar minske oft dy Sjerda is. Dat Tessa sa wiis mei har is, dêr bin ik echt bliid om!'

'Tessa is wiis mei alles wat oars as gewoan is. Krekt as mei dy fint, dy Jeroen no wer, ik haw wol heard dat it in apart apostel wêze moat en as ik heel earlik bin fyn ik dy freondinnen fan har ek neat, Anita en Jos. Dy piercings fan Jos fyn ik in walchlik gesicht. Se rookt ek fan dy rommel, witst dat wol? De eagen steane har like frjemd yn 'e holle as wat.'

'Lit Tessa mar rinne. Do wolst alles foar har regelje, mar se is lang net gek. Dy kin har wol rêde. Se eksperimintearret,

[pagina 90]
[p. 90]

dat heart by dy leeftyd. Se moatte ûntdekke wat se sels binne en wa't in oar is.'

'Helje har no mar op.'

'Ik wol ek even mei Sjerda prate.'

'Kinst better dat knappe pak útdwaan, komst dêr yn in bargestâl. In beesteboel is 't.'

'Hast der alris west?'

'Dat sizze se yn 't doarp.'

'En do leaust alles wat se yn 't doarp sizze? Hâld dêr no ris mei op.'

Simen rint nei boppen.

As er yn 'e least op 'e oerloop om in broek en in trui siket, sjocht er Brucht út Tessa har keamer wei kommen.

'Wat hiesto yn Tessa har keamer te sykjen?' freget er. Brucht sil hurd troch de doar fan syn eigen keamer glûpe. 'Hjir do, ik haw gjin antwurd op myn fraach krigen.' Noch krekt kin er Brucht by de earm pakke.

'Ik socht myn fytskaike.'

'Do hast neat op Tessa har keamer te sykjen, begrepen?!'

'Lit my los.'

'Wy sjogge tegearre earst even watst dêr útspoke hast. Dochst my wat te stikem.'

'Hie 'k it net tocht. Soenen je dy net, ellindeling! Alles oprêde en gau in bytsje. Wat leit dêr, wat is dat foar in ûnhuerich ding!'

Brucht sil útnaaie. Simen keart him by de doar.

'It liket wol in iel. Wat moat dy iel op har keamer?' Hy skuort Brucht mei nei it lange glêde ding dat op 'e grûn foar Tessa har bêd leit te kronkeljen. 'Bist ferdomme gek wurden! Wêr komt dy iel wei?'

[pagina 91]
[p. 91]

'Dy hat Jan Snoek fongen.'

'Hoe komsto deroan?'

'Ik haw him krigen.'

'Do liichst. Wêrom soe Jan dy in iel jaan? Do hast him ût 'e fûke helle. Ik sil him der fuort oer belje ast no net earlik seist hoe'tst deroan komst.'

'Au... knyp net sa... ik haw dy iel krigen.'

'Dat liichst, ik leau dy net. En wêrom moat er dan hjir yn Tessa har keamer lizze?'

'Au...'

'Moat ik Jan belje of net? Kinst it no noch sizze, jonkje, of ik stean net foar mysels yn.'

'Ik haw him út 'e fûke helle...'

'Tocht ik it net. Jan hat my okkerdeis noch in kear oanholden, hy frege oft ik ek wist wat altyd oan syn fûken siet. Soks freget er samar net tafallich oan my dat ha 'k no wol yn 'e gaten. Soms tink ik wolris... wat bist ek in múske. Ik sil dy yn 'e gaten hâlde moatte. Ik hie al heel lang myn twivels.'

'Ik haw myn twivels ek wolris oer heit.'

'Wat seist dêr!?'

'Simen wat dochst no wer?' ropt Houkje fan ûnderen.

'Do rêdst hjir alles op en owee mantsje, as der ek mar wat oan mankearret as ik thús kom, dan bist noch net fan my ôf. Dy iel bringst werom nei Jan. Do seist datst him út syn fûke helle hast en dat it dy spyt. Ik sil Jan der jûn oer belje. Dan is dat probleem mei dy fûken no, hoopje ik, foargoed fan 'e baan. Binne der noch mear jonges dy't ielen út syn fûken helje? Hoe âld bist eigentlik?'


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken