| |
Dy yen-in-njueggentigste Psalme.
1.
WA ynne schuyll' fenne heagste sit,
Dy schil yn 't schaed fornachtje
Fenne' Hoeder dy fen slom naet wit,
Dy g'noagsam' God, de' Almacht'ge.
2.
Ick siz, ick ernje, yn mijn petear,
Mijn Stinz', dear 'k op fortrouwje,
Mijn to-flecht' binne' Y, ljeave HEER!
Dear 'k fest op gruwnje in bouwje.
3.
Hy sil dy holpje (ô fromme siel!)
Uwt' Fuwgg'lers tijz-jerns strijcken,
| |
| |
In uwt fordear-sieck' pest, 't forniel
Dat 't tjerck-hoaf dong't mey Lijcken.
4.
Hy stopp't Dy, mey sijn fleeck', ticht oer,
Du fijnste', onder sijn wjuecke,
Behâd: sijn wierheyts yvig-doer'
Kinste' az dijn scherm-schild' bruwcke.
5.
Du schitte naet, 't klien-hertig blea,
For' Nacht-grijm-gruw'le' aeng schrillje.
Du heste fen nin pijllen nea
Dy deys de loft trog-drillje.
6.
For 't pest-fjoer dat oer schuwll' leag-loer't,
Dat flijppjend' sluwpt ynn' tjuester:
Nog fen 't fordear dat mid-deys schoert?
Scheyn't, baern't in breckt to bjuester.
7.
Dy tommelje' oone' liftse' ig for-by
Wol tuwzen; in to rjuecht're
Tjien tuwzen; lijck'wol blieuwste fry
Fenne' yene' inne' oore' igs fjuechtre.
8.
Allinne' iz 't dy om oon to sjean,
Om eernjende t'oer-eagjen,
Ho 't godleaz' schom schien moat forgean
Trog on-geheard' swier pleagjen.
9.
Want mijn to-flecht' dat binne' Y HEER,
Siel wezz' naet heel miz-moedig,
| |
| |
To de' Alderheagste' hestu dijn keer'.
Hy 's dijn fortjog, hosck goedig.
10.
Dy sil nin quell', nin quelck, nin quea,
Nog schea, nog pleag' weerfearje,
Noge' uwnck ynn' gaest, yn goed yn ljea
Dijn wenning'-tint benearje.
11.
Hy sil sijn Ing'len (:tinck ho goe,
Ho goe iz God:) belest'gje,
Dat jae dy, yn sorgfad'ge njoe,
Yn all' dijn wey befest'gje.
12.
Jae sille dy, yn frjuenlijckheyt,
Op holp-mijlde' hannen dreagje,
Dat foor dijn foet nin dwerz-stien leyt
Mey seertme dy to pleagjen.
13.
Oer' wrea Lieuw', deadlijcke' Adder-slange,
Oer' Drake', oer' jonge Lieuwe,
Schitte' onfortseage, blea nog' bang,
Fry, schealeaz traepje' in klieuwe.
14.
Oermits hy my (kat God) bemint,
Sil 'k holp-mijld him ontmette
Hy kin mijn Namme' (ô wol-besint!)
Dearom sil 'k him heag sette.
15.
Hy rop m' oon, so forhear ick him,
Ynn' neare' eangst' bin ick by him
| |
| |
Ick tjog him uwt neads kloere klim,
'k Meyts him ontsjeande' in 'k fry him,
16.
'k Lit him yn deagen fol in sed,
Bly libbjend' lang fol-doerje,
Ja 'k lit him yvig wol in bet
Mijn silligheyt begloerje.
EYN.
|
|