| |
| |
| |
Dy hondert njueggen-in-trijttigste Psalme.
1. Yen Psalme Davids fore oerste Sjong-maester.
MYn yn-borste', hert', ja gruwnfen 't hert,
Fen jo, mijn God, trog-gruwnge wirt.
2.3.
Y kinne my, yn wiss'wijz'witt',
OEf'k gong, oef stea, aef rijzje', aef fitt'.
Mijn binne'-herts tinss', fen fiere' Y kinne,
Tuwck' wit Y 't ho mijn paden rinne.
4.
Al fluwt mijn muwlle' az wirdd'-leaz' hôl,
Sjea! HEERE' y wittet stip, lijck'-wol.
5.
Y ringje', om-ruwnje'. oer al, mijn spoar',
Oone' yene' in oore' ig, aefter, foor',
Jon hânz-trieuw perss t my boppe' in ond're,
6.
Dat 's mijn forstann' to heag, to wond're.
7.
Wier rin ick for jon Gaest? in wier,
Wier fljueg ick for jon eansicht' fier?
8.
So 'k heag' de' heagste hijmm'le Seale' yn taeg,
Dear binne' y. Bôddje' ick my holl'-leeg,
9.
Dear binne' y. Noam'ick moarn stuwns wjuecken
Om yn 't uwt-eyn fenn' See to duwcken,
| |
| |
10.
Eack dear laet my jon hanne, in dy;
Jon rjuecht're hann-grijppe' had't 'er my.
11. Al kâte' ick den: dy tjuesterniff'
Mijn swart' schuwll'-klaed, mijn stop-teckne' iz:
Den iz d'nacht falme', om my to jechtjen,
Allijcke' in middey-Sinne', yn 't ljeachtjen.
12.
O 't tjuest're tjuest'ret, nogh d'near Nacht
Iz nacht for jo. Salme' 't tjuest're ljeacht
't Salm'ljeacht', dat 't tjuest're tjuester schiep'
13.
HEERE' y besitt' mijn Niere hol-djiep.
Y habb' my yn mijn Moars buwek-terme
Beditsen in wol nauw' bescherme.
14.
Ick lof-sjongj' HEERE, ô 'k lof-sjongj jo,
Oermits ick freazlijcke', in dear to
Op wond're wijze macke bin!
Jon wond're, ô HEER', mijn siel' wol kin.
15.
Mijn bient' wier naet uwt jon eag-mieke,
Da 'k yn 't oerschuwll teyn' wirde' in hicke.
16.
Da 'k, az bordoer'-wircks tried', forçierd,
Uwt-wircke wirde', ynne' onderste' yerd.
Da seag jon eag mijn ming'le-klomp',
Mijn stàl-leaz', jiett' to wird'ne, romp',
| |
| |
Mijn knaet'daey-klont', mijn Chaos kleauwne,
Az wier 't yn jon boeck-bled op-schreauwne.
Jae aef 't az op jon tol-roll' stee
Dy dey-stuwn' dat ick wirde soe,
Lang eerse' op deage', in lijck'wol wis.
17.
Dearomm', ho koffle koff'lijckeiz
My, ô mijn God, ion djiepe' oertinssen.
(O See fol swiette' om yn to drinffen!)
O kreftig folle'! ô tol leaz' somm'!
18.
Ho soe 'k sea tollje? ô 'k bin to dom!
Jae binne yn toll' fier boppe'all 't sân.
Az ick ontweyts' so 's mijn forstân.
By jo, in mey jon wond're dieding',
Trog swiete'oer-koaye', yn wijze' oon-fieding.
19.
O God dat y yn kreft op-teyn',
Dy gruwle god-leaz'brocht'net'eyn!
Wijck fen my bloed-boalsch' mannen wijck'.
20.
Dy Goade'oontaestje' eer scheynelijck.
Foy! dy Goads fijnne'yn gloare'ophelje,
In fen jearme'yd'le eer'ljeagne-bellje.
21.
Schoe 'k se'haetje naet? ja HEERE' ick haet'
Fortrietlijck' him dy jo jin-stiet't.
| |
| |
22.
Ja 'k haetje se' yn walg'-folle werz,
Mijn fijnne binnef', duwbb'le' in dwarz'.
23.
Trog gruwnje' in prieuw' me' aef 'k lanz 't schannpaed rin,
24.
In lied me' op 't rjuecht', trog jon genaed'-Sinn',
EYN.
|
|