Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Trude (1994)

Informatie terzijde

Titelpagina van Trude
Afbeelding van TrudeToon afbeelding van titelpagina van Trude

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Trude

(1994)–Hoatse de Jong–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 39]
[p. 39]

VII

Eke hat yn 'e simmer fan achtentritich trije kear nei de Mûntslannen west om nei har fos te sjen. Yn maaimoanne de foarste reis mei har heit. Begjin july die de boer nochris in útstel dat jerne oannommen waard. Kuperus' sizzen fan de foarste kear: ‘Hy docht it hjir bêst,’ waard dizze reis fan beide befêstige.

Hiene hja der dus twa kear west, Hartman hie de fos noch net wer sjoen, sûnt dy yn 'e boks tahâlde en dochs wie hy der tige benijd nei, hoe't it twinter en de nijkeap rún it dêrjinsen meitsje soene. Eke hie him wol ferslach útbrocht oer 'e beide reizen, en se hiene ek wol besletten dat hy der ek ris hinne soe, mar it wie der noch altyd by bleaun.

Mar yn rispmoanne kaam it der ta. Hartman hie wer ferlof. Eke oppenearre it daalks doe't er by harres kaam, om no nei de Mûntslannen. It wie moai simmerwaar. Alles lokke út ta sa'n reiske.

‘Hoe sill' jimme?’ frege frou Kuperus, en liet der daalks oerhinne falle: ‘Jimme kinne bêst op 'e fyts. Of hat Hartman oare plannen foar hjoed?’

Wat soed 'r leaver wolle as der dizze dei mei Eke op 'e fyts op út. Fytse mei 'n doel. Mei har allinne. It famke, dat oars net as fleur oan sa'n reiske jaan koe. Tegearre oer 'e wegen, troch ûnbekende geaën. Doarmje troch lannen, dy't hja beide net koene. Paad freegje, de jonge gudzen mûnsterje en, lâns in omwei leafst, wer op nei hûs ta. Koe it moaier nei dy lange rek fan dagen allegearre ien en allyk ûnder 'e ban fan 'e tsjinst? Mei de auto? Lokkich hie de boer wer ris in gearkomste yn 'e stêd, dy't er net fersitte mocht en dêr't Hartman net oer prate woe. Leaver net iens oan tinke: Nee Eke, wy fytse nei de skarren.

Nei de kofje setten se ôf. Fleurich. De boer wie al nei de stêd. Frou Kuperus brocht harren sels oan 'e homeie ta en seach se doe yn in grut wolgefallen efternei. Har famke en de huzaar. Se groeten loftich wiuwend mei de hannen.

By Simen en Botsje skillen twa fytsbellen sûnder ophâlden. Botsje skripte fernuvere nei 't finster; har moarnswurk liet se yn 'e steek. Twa hannen weauwen goemoarn.

[pagina 40]
[p. 40]

‘Hearink! Hartman en Eke!’ bearde hja.

Under fleurich petear rieden se oer de simmerske wegen. Elts hie syn nijtsjes en de wei foel koart. Hartman fernijde ûnder it praat, dat se no in oare wei nimme soene. In tsjinstfreon hie him útlein dat se net oer Ljouwert hoegden. Mei de auto wol, mar op 'e fyts net.

- Hie er him dizze reis yn Amersfoart al ta tocht, oereide Eke glimkjend by dit hearren. -

Sa koene se oer Tearns en Himpens. Dan moasten hja har dêr oersette litte en dan fierder de lannen troch.

Eke harke mei langstme. ‘Ja Hartman,’ jubele it, ‘dat moatt' wy dwaan. It wurdt my noait te aventoerlik.’

Fan 'e grutte strjitwei swonken se de Himpenserdyk op.

It paad wie ûnbekend. By beide. Túnderij en greiden by de wei lâns ûnder it stêdgerûs fan Ljouwert. De stompe toer fan Huzum efter hôven ferskûle. Rapenboarch. In kano mei in jong famke der yn skeat rêd ûnder it hege tiltsje troch.

‘Prachtich!’ bearde Eke yn it neiëagjen.

Liauckema State, foarste pleats mei singel en steatlike beammen. Fryske hynders op 'e grutte finne. Eke' hert gie iepen foar dit slach dêr't ien fan sa prûs foar 'e lege haaiwein de finnereed lâns túgde. Mar Hartman ornearre wiis, dat it soarte einliks allinne mar doogde foar 'e greidboer.

Himpenserbrêge. Boatsjes farken foar it simmerske koeltsje oer 'e Greuns. It tsjerkje mei syn skerpe spits.

Doe freegje nei 't paad.

‘It fynt fansels.’

It fûn ek fansels. Foarst in rjocht eintsje en dan troch de jister altyd mar eastoan. Net op nei Pielswiel op syn hege wier, mar by de foarste bocht it lân yn en sa rjocht út rjocht oan. Se fûnen it mei praat en laits. Op Altenboarch moasten se oer it Langdeel helle wurde. In grutte frachtboat sokke krekt mei faasje foarby. De lytse skou dûnse op en del, mar de man oan 'e riemen joech betrouwen.

Fytsen, faam en huzaar yn 'e skou. In kwinkslach fan 'e roeier. In loftich petear.

‘Wêr moat de reis hinne?’

‘Nei de Mûntslannen.’

‘Hm, Hm.’

‘Kinne wy hjir aanst...?’

[pagina 41]
[p. 41]

‘Dat fynt fansels wol. Foarst rjocht út, it paad wiist it wol oan, en dan by dy boeren mar effen freegje, jongelju!’

Efterinoar fytsten se op it smelle paadsje oer 'e lichte greide.

‘'t Rydt hjir leau 'k noch lichter as op 'e dyk,’ rôp Eke efterom.

‘No al,’ joech Hartman ta en liet it each oer 'e romte gean.

‘No al?’

‘Moatst hjir hjerstmis en by winterdei mar ris komme.’

De beide boeren, dêr't hja op Alde Miede foarst by lâns kamen, stiene by de draai te praten en seagen it spantsje oankommen. In huzaar en in jongfaam. Gjin folk fan al den dei. Wat sa'n spantsje hjir moast...

‘Wêr wiist de wei hinne jongelju?’ doe't se ticht byinoar wiene.

‘Nei de Mûntslannen.’

‘Jongfee besjen?’

‘Twa twinters, mar no it paad fierder.’

Eke' wynbrauwen ferloeken en se naam de beide boeren goed op.

‘Dat fynt maklik’ en tsjinstree waarden de hikken wiisd. ‘En oer 'e flapbrêge oan 'e eastkant wiist de wei fansels nei Suwâld.’

‘Tankewol, hear.’

‘Dus mar in lyts eintsje mear.’ Eke blier.

In jister en in pear hikken. Doe't se wer op 'e fytsen stappe soene sei Eke: ‘Fynst ek net Hartman? 't Is hjir efterôf krekt oft de tiid hjir jierren stil stien hat. Sa stil en fredich bûten de drokke minskewrâld.’

‘Hoe âld bist, leave?’ pleage er.

‘Sa meist net... 't Is wier...’ ferwarde hja.

Se rieden in eintsje rjochtút; swonken doe bliid petearjend it easten yn op 'e Mûntslannen oan.

‘Dêr binne se byinoar,’ wiisde Eke.

‘Se sille de koppen aanst wol gau opstekke.’

Mei de fytsen oan 'e hân stoepen se oer 'e greide. Eke skopte ûnder it gean tsjin 'e ûlefysten, dy't hja seach, dat de fine puier har ljochte skuontsjes brún bestode. Hja socht almar om mear.

‘Sa'n lyts famke,’ pleage Hartman.

Laitsjend snjitte hja wer njonken him.

Se kamen ticht by de jonge gudzen.

‘Soene se ús net fernimme?’ En Eke eage Hartman oan.

‘Daalks wol.’ Hy hie it net sein, of ien fan 'e jonge gudzen stiek de kop omheech, prûste en snúfde rou en lûd, tilde de stuit yn 'e biezem

[pagina 42]
[p. 42]

en stiek heech opnimmend ôf. De oaren seagen it. Daalks setten se de rin der yn. Earst drave, mar al gau gie it út in fjouwerjen en namen se de romte te baat.

Eke har Trude-rop dreau op in boartlik wyntsje krekt de oare kant út.

‘Och heden,’ en hja seach Hartman oan. ‘Dat komt omdatstû der by biste. In huzaar,’ pleage hja.

‘Mar wat hat dy fos it bêst dien,’ bearde Hartman. ‘Kolossaal.’

Yn in grut bewûnderjen eagen se de jonge gudzen efternei.

Se no yn hannen krije dat like wol nei neat. Sa net, it aldermeaste sin hiene se der ek al net iens mear oan.

‘'k Haw oars ek wat sûkerklûntsjes foar dy twa meinommen,’ sei Eke yn it neiëagjen.

‘Hjir,’ frege Hartman en hâlde har in iepene hân ta. ‘Sa faak wurdt in soldaat al net bedoarn.’

‘Hartman...’ It kaam der suver wat muoilik út, mar hy lake en naam tankber in pear oan.

‘Foar letter,’ sei se en de holle wat foaroer, wylst se de oaren mei it pûdsje yn 'e tas glide liet, blierken har moaie, donkere eagen, nei him.

‘Hast ek oars wat yn dyn tas?’

‘Ek letter,’ en de holle kaam yn 'e nekke. ‘Hjir net op 't lân,’ en in bytsje útdaagjend seach hja him oan.

‘No, hjir hawwe we it sjoen,’ sei er. ‘Kom, oer dy flapbrêge dêr sil wol in ein dyk wêze, dan rêste we dêr efkes út.’

‘Jawis, in moaie sânreed, jonge. Ik haw dêr al twa kear west. Dêr kinne wy prachtich fytse.’

‘Wat is dat dêr?’ wiisde er nei it wenskip en betimmering op 'e wâl.

‘In arke mei in buorkerij. Dy leit yn 'e...?’

‘No... no...?’ klienearjend.

‘Yn 'e Ald Lune. As 'k it ek wit.’

Mar Hartman sei, wylst er de greide meunstere: ‘Dit 's hjir al in oare frucht as op 'e finne thús Eke, mar it skynt foar 'e jonge hynders goed te wêzen.’

‘O ja, Hartman,’ ûnder it fierder gean.

‘Wol ja, tink der mar om, hoe lichter grûn hoe better gudzen. Gean de swiere klaai mar ris op en dan de Wâlden yn.’

‘Wêr sit dat yn?’

In skouderopheljen. Hoar klapten de skuon op it brêgedek.

[pagina 43]
[p. 43]

Doe't se in eintsje de sânwei op wiene sei Hartman: ‘No wol 'k earst wat útrêste.’ Hy naam Eke' fyts oer en sette doe de beide fytsen tsjininoar te skoar.

‘Sjesa fanke!’ Hy sprong oer 'e weinspoaren op 'e berm en liet 'm langút yn it gers delflije. Eke gie ticht by him sitten. Syn iene hân taaste har kant út. Hja helle twa soppige parren foar 't ljocht en lei dy der yn.

‘Famke!’ wylst er de parren heech boppe him út hâlde.

‘Hoe sille wy no aansens ride? Oer Tytsjerk-Hurdegaryp of oer Suwâld en dan oersette litte en sa oer Warten werom?’

‘Kin dat ek, wer oer it wetter? En hoe moatte wy dan?’

Langút lei er en sette syn geve tosken yn ien fan 'e parren, dy't er mei de oare hân oernaam.

It bleau in hoartsje stil. Eke siet in lyts eintsje fan him ôf stiif foar har út te sjen. Sykjend taaste syn frije hân har kant út. Hja ferskaaide har iene hân, dy't op 'e berm rêste. Hy streake der oer. Nochris. It wie noch stilder as stil...

‘Eke...’ flústere it sêft, wylst de streakjende hân wer stadich werom helle waard.

Eke seach nei syn hân, nei syn ferbaarnd antlit. De hân, mei noch ien par der yn, lei op syn boarst. Syn eagen wiene ticht... - Hartman - In heech opgean fan 'e siken.

Har jonge boarsten giene sêft op en del. In ierke sloech oan har blanke hals. In stille sucht. Har skouders setten der fan omheech.

Doe krige se in machtige oanstriid om in hân troch syn ticht donker bosk hier te striken.

Mar wêrom, wêrom loek er niis syn hân werom?

Har eagen fregen der om...

Se wiene hjir ommers mar tegearre...

‘Oersette litte en dan by it wiid lâns op nei de wei Warten-Garyp, sa sei myn maat.’

Hy sette syn geve tosken mar wer yn in par en sprong oerein.

‘Witst wat? Ik wol aanst yn Suwâld oanstekke, want ik haw in toarst as in... huzaar,’ lake er.

Eke stiek in hân út. Freonlik loek er har omheech, deun foar him.

- O Eke... wat biste jong en moai.-

‘Sjoch,’ wiisde Hartman, ‘dêr weidzje ús takomstige rydhynders’ en mei de fyts oan 'e hân stoep er fuort.

[pagina 44]
[p. 44]

Eke stapte op har fyts, dûkte, sette ta, en doe't se njonken him wie, lei se him in hân op it skouder. Sa gie it in eintsje yn stil geniet. Gjin wurd waard der sein. Eke soe neat leaver wolle as de hân op 't oare skouder lizze en dy om syn hals slaan. Hy hie in oantrún om syn wang op har sêfte, blanke hân te lizzen. It hert jage him nei de kiel. Hy woe net, fersette him: Hy, de huzaar, mei de iennichste fan Ate Kuperus: Dat hie altyd syn talis west! Soks hearde hy al grútsjen.

Ferbiten boarren syn eagen yn 'e fierte.

‘Soene wy ek nochris oarloch krije, Hartman?’

Hja frege it sa bernlik.

‘Och fanke.’ Wrantelich skodde er syn brune kop.

Doe frege er ynienen: ‘Hast ek noch in pear parren?’

‘Nee,’ skodde se him oan it skouder.

Hy lake.

‘Dat tuorke, dêr moatte we hinne, hear,’ wiisde er.

‘Do bist hjir allikemin bekend as ik.’

‘Poeh! Juffy... dat is Suwâld dêre.’

‘Moatst ris omsjen, Hartman. By hokker pleats hawwe wy niis it paad frege.’

‘Leave sei,’ wylst er omseach. ‘Wat binne we dêr al in ein ôf, en wat in fjild ast dit sa allegearre oersjochst. Sjoch! Dêr yn 'e beammen, dat is foarfêst in koai.’

‘Ik krij aanst sin oan wat iten,’ sei Eke.

‘Ik wol earst drinken ha,’ hy no.

‘Oanmeitsje dan,’ en hy krige in klap op it skouder. Eke jage him foarút.

Doe't se nei in eintsje oerdwealsk jeien tegearre op 'e klinkertwei kamen, wie alle gekheid wer oer en efkes letter rieden hja Suwâld yn om honger en toarst temjitte te kommen.

‘In leaf doarp mei simmerske wentsjes, mar wat is 't hjir stil,’ sei Eke.

‘It rint hjir ek fêst mei it ferkear,’ fernijde Hartman. ‘Wêre?’

‘Hjir,’ en hy sprong fan 'e fyts. ‘Ik earst in glês bier.’

‘En ik wat limonade.’

‘Hiest honger net?’

‘Aanst,’ en hja lake him oan.

Nei't se wat brûkt hiene en hy in sigaret opstutsen hie, stieken se wer ôf.

‘Ferhip,’ sei Hartman nei in eintsje riden, ‘dy fint sei, dat it lei tsjin it

[pagina 45]
[p. 45]

wetter oan, mar wêr dan... en hy eage benijd foarút en fansiden. ‘De wei is hjir allyk as oan 'e oare kant fan 't doarp.’

‘Sjoch, dêr dy huzen,’ wiisde Eke.

Doe't se der wiene frege Hartman nei it oerset.

‘Wat in wiid,’ bearde Eke, doe't se foar it wetter stiene. Mar de faam sprong al yn 'e skou en stie ree om de fytsen oan te krijen.

Doe't se yn 'e skou stoepen, roeike it lytse fartúch dat se inoarren beet pakten.

‘Oeh!’ rôp Eke en joech har foar de feilichheid efter op it bankje del. Hartman hâlde de fytsen steande fêst.

‘Net oer board rûgelje,’ pleage er kwanskwiis. ‘It wetter is hjir djip, famke.’

‘Sa sit it,’ sei de faam, sette de fuotten te skoar en taaste wis mei de riemmen yn it wiid.

In grutte lege frachtboat, heech op it wetter, kaam der as in swart spoek oan puffen. It lytse boatsje dat der efteroan hong, tilde de snút heech út it wetter.

‘Pas op Hartman! It sil daalks wol begjinne te skommeljen,’ bearde Eke yn noed.

‘Sa sit it,’ lake de faam wer en roeide as gie it om 't libben. Hja seach nei gjin boat en hie allinne each foar de feint en faam dêr foar har.

‘Moatte jo de lju hjir altyd oersette?’ frege Hartman.

‘Ja hear, altyd.’

‘No, by min waar dan?’

‘Dan dogge wy it ek wol tegearre. Mar we binne noch noait lizzen bleaun as der immen oer woe’.

‘No...?’ en Hartman eage it westen yn, ‘as de stoarm dy kant út wei komt, dan sil 't dochs ek wolris in toer wêze.’

‘Sa sit it,’ lake hja.

Mar Hartman en Eke hiene hâlden en kearen. De frachtboat wie foarby, mar amper oan 'e wâl dûnse de skou op it hege sokjen dat it in lust wie. Eke dûkte foaroer, mar de faam fierde harren mei in peare wisse taasten feilich oan 'e igge.

‘Hjir fiel ik my dochs feiliger as dêr op 't wetter,’ sei Eke fan herten, doe't se op 'e wâl stie.

‘Sa sit it,’ knikte dy yn 'e skou. ‘No goeie’ en op 'e lichte riemslach skeat de skou wer oer it wiid.

[pagina 46]
[p. 46]

Mei de fytsen oan 'e hân kuieren hja foarst in ein by it grut farwetter lâns.

‘Hjirearne moat men ek binnentroch komme kinne nei Garyp,’ sei Hartman.

‘Woest dat leaver?’

‘Nee.’

Swijend kuieren se doe fierder. It sinneljocht wjerspegele harren yn 't gesicht. Boatsjes mei wite seilen dreauwen oer it wiid. In inkeld motorskipke tufte nidich foarby.

‘Dy fiele harren der better thús as do en ik,’ gnyske Hartman.

Eke seach him oan. ‘Sille we hjir aanst wat sitte?’ frege hja.

‘Daalks wol,’ en hy klapte syn fyts tsjin 'e wâl, liet 'm langút tsjin 'e helling fan 'e polderdyk oanfalle en fersuchte: ‘O, wat in hearlike dei, nei al dy wiken op 'e heide om Amersfoart hinne.’

Eke nestele har njonken him en aaide mei in hân oer syn bosk hier.

‘Ik haw fan alles meinommen,’ sei se doe.

Daalks joech er 'm op 'e side en lake har blier oan. ‘Dat is mem wol tabetroud,’ sei er en syn eagen sochten om harres.

Handich tipte se him mei in finger op 'e noas en sprate in wyt stik papier tusken harren yn dêr't se it iten op útstalle.

‘Toe Hartman, jou dy no ek wat oerein. Dat 's folle selliger,’ lake hja.

‘Kom leave,’ pleage er, ‘wol se wat húshâldlik wurde?’

‘En wêrom net?’ warde hja mei de holle ôf. Mar har eagen seine wat leafs.

Hartman hie syn tunyk losmakke en siet doe sa njonken har. Syn eachweid gie oer it farwetter en de romte dêr omhinne. Earne klonk muzyk. Hoarich dreau it troch de simmerske loften, de Burgumer kant út wei. Beide eagen se dy kant út.

‘In plezierboat,’ sei Eke.

Hartman knikte.

‘En ús plezier sit der gau wer op,’ sei er.

‘Ei jonge, wy moatte noch in hiel ein fytse.’

‘En moarn moat ik wer nei de heide.’

Eke lei in hân op syn earm.

‘Hartman.’

Hy draaide de holle nei har ta en syn eagen moeten harres.

‘Hartman,’ flústere hja sêft en wat bleu loek se har hân wer oan en streake der mei oer syn foarholle en hier.

[pagina 47]
[p. 47]

As wie it om te pleagjen sa kâld sei er derop: ‘It kôget wol wat droech, famke.’

As de wjerljocht fleach hja oerein en helle in flesse mei drinken en wat parren út 'e fytstas.

‘Dat wist ik wol, mar do woest hûshâldlik wêze,’ lake er dat it oer it wiid skattere. ‘Dus...’

‘Nee... dat is net moai fan dy...’ sei se en har moaie, jonge eagen...? Hy wie der oars fan.

Earlik ferparten se de parren en de limonade en wiene d'r ferhearlike fan, sa moai oft se dêr sieten te iten en bepraten, dat se sa nochris nei de Mûntslannen woene.

Doe't se nei it sin foldien wiene soe Hartman in sigaret opstekke. ‘Aanst is dy boat hjir,’ sei Eke en lei in hân oer syn sigarettedoaske hinne.

‘En dêrom mei ik net smoke...?’ kaam er fernuvere.

‘...Hartman...’

Bleu, ferlegen en ek fol langstme sochten har eagen sines, seagen tel by him lâns, sochten sines wer...

Hy aaide oer har sêfte famkeshân dy't oer it doaske lei.

‘...Hartman...’ sunich, swier.

En doe, yn in jonge, grutte langstme, sloech hja har hannen om syn hals en har jonge lippen - dêr't er krektsa sa'n langst nei krige hie - sûgden har oan syn sterke mûle...

Op it lichte simmersigentsje ferglieden de suchten fan leafde en lok oer 'e krún fan dy iensume mûndyk...

 

De plezierboat foer foarby.

De muzyk klonk oer it wetter. Hannen weauwen nei harren en in inkelde rop klonk fan de boat nei it pearke dêr oan 'e wâl.

Doe't de boat foarby wie, kuieren se hân yn hân nei de hege brêge. Dêre stapten se op 'e fyts en hân yn hân rieden hja yn stil geniet fan elkoars bywêzen, oant se yn 'e eigene kriten stil swijend en mei in licht knypke fan ferstânhâlding de hannen loslieten en oan nijsgjirrige eagen de frijheid gunden.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken