Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Trude (1994)

Informatie terzijde

Titelpagina van Trude
Afbeelding van TrudeToon afbeelding van titelpagina van Trude

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Trude

(1994)–Hoatse de Jong–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 173]
[p. 173]

XXVII

Nei de befrijing wie Hartman Koopmans mei syn tsjinstfreon út 'e Trynwâlden op aventoer nei Ljouwert tein. Se hiene de foarste rûzige dagen dêr ek meimakke en hiene doe besocht om yn 'e stêd of deromhinne oanslach te finen. It slagge harren by in stedsfuorman, want allebeide koene se goed mei hynders en ark omgean. Al ridlik gau rekken se ek troch har fuorman op it fleanfjild oan 't wurk. Dêr wie teminsten genôch op te rêden. En hoe nijsgjirrich Hartman ek noch altyd wie nei syn earder thús fan foar 'e kriich, hoe jerne hy ek alles, alles fan 'e pleats dêr't er sa'n grut diel fan syn jong libben op ta-hâlden hie witte woe, dêr wie eat yn him, dat him der mei alle macht tsjin fersette om de eigene kontreien wer op te sykjen.

Hy begriep wol hoe't it Ate Kuperus en Jinne Wytfean fergien wêze soe. Dêrfoar hied er genôch yn 'e stêd en ek dêrbûten barren sjoen. Mar om no, ûnder sokke omstannichheden op 'e pleats te kommen, om sels mar Simen en Botsje op te sykjen, dêr fersette him alles yn him tsjin.

Sa fûn er yn 'e stêd en op it fleanfjild wurk en tiidkoarting. It waard ek al ris wer tiid en it rûge en rouwe wurk, púnlade, ride en losse wie wol net it wurk dat him it measte lei, mar hawar, hy fertsjinne de kost en in moai dofke mear der oerhinne.

Stadichoan, it gie grif net hurd, kaam d'r in bytsje oardering yn 'e gaos fan wurk en... minsken.

Hie it foarst opsluten fan 'e N.S.B.-ers west, allinkenoan oardere him dat ek en krigen hja wurk ûnder tafersjoch.

Ek op it fleanfjild. En sa barde it faken dat Hartman in kloft temjitte kaam mei syn reau op 'e wei. Bekenden seach er der net by. Sa net, hy meunstere de kloften ek nea op bekenden. Hy krige altyd in net te definiearjen gefoel by it sjen fan de eigen lânslju ûnder lieding en tafersjoch fan eigen lânslju. Hy wist de oarsaak.

Mar dochs, hy hie yn 'e foarste befrijingsdagen en letter safolle wol heard en sjoen, dat... nee, behagen koed 'r net yn it moeten fan dizze ynternearden fine.

En doe barde it. It wie op in freedoerdei, dat Hartman mei in grutte fuormanswein op ien fan 'e startbanen ried, de wein ôfladen mei pún.

[pagina 174]
[p. 174]

It wie waarm. Eigentlik hjit. Op it grutte fleanfjild mei de brede, hjit opjaande startbanen der dwers trochhinne, wjerkeatste de sinne-gloede. De grutte lapen greide, dêr't hûnderten hokkelingen op weiden, hiene har moaie grienens en tierigens al wer ferlern. Bosken jongfee dwaalden hinne en wer, sneupten by it stikeltrie lâns, bauwen, of sochten om 'e inkelde drinksteeën. Oppassers, guodden fan 'e ynternearden, hongen loom by it stikeltrie om en in oare ploech wie mei in startbaan oan 't oprêden. It wie wol te sjen dat it by allegearre net har hantwurk wie. Guodden wiene der by, dy't der yn 't wyt ingelsk himd foar stiene, in holle sa read as in pioen en de donkere switstrepen oer 'e rêch by de galgen lâns en al mar switfeie en toarst. Stapfoets ried Hartman by de lju lâns.

Ien, in boargerman miende er sjen te kinnen, stie te feien op it paad dêr't hy oer ried. Hartman seach oan 'e hâlding dat er wat freegje woe en hâlde dêrom de guds wat yn.

‘Hawwe jo mûlk ek in sigaret foar my, fuorman, ik fersmachtsje fan 'e toarst en moat wat yn 'e mûle hawwe.’

Hartman hâlde it reau alhiel stil, rôle handich in sigaret en lange dy oer.

‘Foarsichtich, it moat net sjoen wurde,’ en skou eage de man om him hinne, wylst Hartman fjoer joech.

‘Jo deistich wurk ek net altyd west wol?’ frege Hartman en wiisde op 'e man syn ark.

‘Nee feint,’ skodholle de man spitich, en doe: ‘Pas op, wy meie net mei jimme prate.’

Wrantelich warde Hartman mei de holle ôf wylst er in sigaret foar 'm sels draaide. In stevige keardel mei in donkere snor en in tige opsette holle kaam ek tichterby en seach hoe't syn lotgenoat hertsich oansmookte.

Skerp naam er beide mannen op en it wie oft er wat sizze soe, mar im-men fan 'e B(innelânske) S(triidkrêften) kaam har kant op, som-mearre: ‘Mannen!’ en wiisde mei de holle dat se oan 't wurk moasten.

‘Ik mei 't net tastean!’

Loom teagen se nei harren ferfeelsum wurk, mar de grutte fuor-manswein skeat mei faasje oer 'e sljochte startbaan, de gudzen suver op 'e hakken. Ferheftich skuorde Hartman it reau mei ien spoar op 'e greide. Ferhip! Hy biet op 'e tosken en jage de gudzen nochris fel oan.

[pagina 175]
[p. 175]

Hy slokte en kletste de swipe efter him op 'e fracht en wylst er de leie yn syn switrige fûsten kniep en syn geve tsjeaken oerinoar wreau fer-smoarde er in flok en in ferwinsking.

Dy... dy keardel mei syn donkere snor... Ate Kuperus!...

Hy biet op 'e lippen, it knapte yn syn strôte en it fel loek 'm strak om 'e noas.

... Ate Kuperus...

Hy seach 'm wer de skuorreed delkommen, dy kear, doe't hy en Eke...

De wolstelde, geseten, eigenierde boer...

Hjirre fernedere ta púnfeien op 'e gleonhjitte startbanen.

Toe gudzen, hâld it paad dan rjocht!...

In Kanadeeske legerwein jage him foarby, de iene guds, skril foar auto's, sakke yn 't efterst en wrong fansiden, mar de swypslach fan de âld ynstrukteur floite troch de waarme loft! Wat maalde er ek oer in boer dy't him fan it hiem ôfstjoerd hie en klear en skerp hearde er nochris it lêste beskie fan Ate Kuperus: ‘Hartman! No is it hjir ôfrûn foar dy! ‘Begrepen?’

... Begrepen...? Begrepen...? Toemar!... En Eke dan... hy en Eke... Eke...

Yn in flits seach er wer alles, en hàr, hàr it aldermeast.

Nee, it wie net de skuld fan 'e beide fuormanshynders, mar hy moast, hy móast him fersette en ferwinske wrâld en minsken oant er op 'e Piter Jelleswei wie en by 'm sels bekenne moast dat er dit ek wol ferwachtsje kinnen hie.

Doe't er dy jûns mei syn maten de wâldkant wer útried en se ûnderweis oanstieken, hie er harren tusken har sterke ferhalen yn, fernijd dat er dy deis syn âld boer fan foar 'e oarloch op it fleanfjild oan 't wurk sjoen hie.

‘Hi wol no wol yn goedens tink? Rom ha ju it dêr net!’

Hartman helle de skouders op.

‘Hastû him ek in sigaret foar hâlden?’ en der waard lûd lake. Hy skodholle fan nee, en dronk syn bierglês leech. Mar sûnt dy dei hie er de lju dy't ûnder lieding de wei lâns kamen en har wurk sa ek diene, safolle mijd as mar mooglik wie foar him.

 

It wie oan Hartman bekend dat de hynders, dy't de Kanadezen hjir as oarlochsbút oantroffen hiene, op in fêststelde freed allegearre wer op

[pagina 176]
[p. 176]

‘'t appèl’ komme moasten. Wat it wie, wist er net, mar eat yn him dreau him op dizze freed nei de Ljouwerter feemerk ta. Op 'e hynstemerk oanlanne trof er alringen ek de bekende keapman, dy't altyd de hynstehannel foar Ate Kuperus dien hie. Effen bleauwen de beide mannen byinoar stean.

It praat kaam al gau op Ate Kuperus' buorkerij. In freegjen nei it bedriuw en hoe't dat rûn, want de boer...?

‘Ja, dy sit noch!’ fernijde de keapman en hy ferhelle fierder fan Eke en har mem mei in buorker fan hegerhân op 'e pleats.

It swit stie Hartman yn 'e fûsten wylst er se op 'e rêch gearknypte doe't syn tinzen dêr op 'e pleats effen toeven. Folle wurden waarden der doe net mear brûkt en elts gie wer syn wegen.

De keapman moast sjen dat er wat hynders los krije koe, ek ien foar it bedriuw fan Ate Kuperus.

En Hartman?

Hy koe syn eagen net fan de gudzen ôfhâlde. Stadich, al mar meun-sterjend, skôge er de baaljes.

Dy goudfos!

Hy tocht daalks oan Trude, mar smiet dat ek wer fan him ôf om't de guds yn 'e maitiid fan fjouwerenfjirtich, sa't de keapman him niis fernijd hie, al fan de Dútskers foardere wie. Dus dy koe 't net wêze.

Net...? It each ferskerpe him.

Ferdeald...! twa wite fuotten fan efteren... Wat!...

Skerp skôge er de guds.

‘Ho pop.’ Syn hân taaste om 'e goudglânzige sturt.

‘Skik jimme!’ klonk it skerp.

Steech waard der romte makke; Hartman wrong tusken de gudzen. In taast oan 'e snútbân fan it helter - skril stoarren in pear wazich glânzgjende foalle-eagen him oan.

‘Lytse hanneman,’ en mijend lei er in hân ûnder it flewielen kin fan it bleske, dat daalks de earkes spitste en doe foar de feroaring wer yn it helter hoarte. De hân noch oan it helter, skean foar de fos oer naam de feint de guds goed op.

‘Trude,’ sei er. ‘Do bist it àl!’

Hy seach de guds yn 'e eagen.

De kylkol... It snebke... De wite stip boppe it loftereach!

... Dit... dit...! Frjemd eage Hartman om him hinne.

[pagina 177]
[p. 177]

De arbeider fan 'e Ie-boer kaam slûchsturtsjend foar de hynstekoppen lâns wat neierby.

‘Hearre jo by dizze merje en foalle?’

In knikje.

‘Fan wa komt dit span?’

‘Fan ús boer.’

‘Prachtich.’

Mar doe't de fos drave moast hiene Hartman en de keapman al wer meiinoar oan it praten west, en no hiel oars as effen earder.

‘Dy guds komt wer op 'e pleats as it deselde fos fan Ate Kuperus is,’ ûnthjitte de keapman.

‘En ìk bring har teplak.’

Hartman wist fuort dernei net iens mear hoe en wêrom er dat sa gau sein hie, mar de keapman hie andere: ‘Dat komt ynoarder,’ en dat wie te'n earsten genôch foar him...


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken