Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Cap Sud (1980)

Informatie terzijde

Titelpagina van Cap Sud
Afbeelding van Cap SudToon afbeelding van titelpagina van Cap Sud

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.25 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Cap Sud

(1980)–R.R. van der Leest–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 4]
[p. 4]
foar Kim
[pagina 5]
[p. 5]

Fryslân

[pagina 7]
[p. 7]

I

In stiennen hûntsje mei in los draaiber kopke. Dêr hiene se skeel om hân. Of eins om wat oars, wat minder ûnnoazels. Om de fraach wa syn skuld it wie. Mar likegoed, wat in geskyt. Hy hie Diderik oanstompt. Dy hie syn glês cola falle litten. Krekt op de râne fan it finsterbank, dêr't it hûntsje stie. Dat kukele oer de flier. Oan gruzels fansels. It stomme glês mankearde neat oan. Dat wie ek fansels.

Diderik loek wyt wei. ‘Dat diest der om!’

‘It wie in kettingréaksje.’

‘Stik de moard!’

‘Ik sil it wol fergoedzje.’

‘Dat kin net.’

‘Sa'n ding fan neat?’

‘Ik haw it krigen.’

‘Sa'n prul?’

‘'t Is gjinprul!’

‘Hiest it glês gewoan falle litte moatten. Hast it in gisel jûn.’

Diderik soe him oanfleane, mar draaide him ynienen om en briek in potlead midstroch.

Al praten se der net mear oer, de aardichheid wie der ôf. It heakke mei harren. Koe hy der wat oan dwaan? Hy hie Diderik oanstompt, omdat er oer in pear boeken stroffele wie. Ek in ramp. Se hiene der beide net foar wêze kinnen. Mar starichoan begûn er te twiveljen. Kaam it echt fan dy boeken? Miskien hie er it evenwicht noch wol hâlde kinnen. In skuldgefoel slûpte by him op. It makke him ûnwis en nitelich. Op it lêst leaude er sels,

[pagina 8]
[p. 8]

dat er it mei opsetsin dien hie. Hy sei it net. De middei wie goed bedoarn.

Mei de kraach op en de pest yn fytste Gerl op hûs oan. It reinde wer hûnen en katten. De wiete noardwester kletste him rjocht yn it gesicht. Al in wike lang dit ûnlijige waar. Neffens de kalinder wie it no maaie. Oare moanne simmerfakânsje. Hy soe graach nei it suden ta wolle, as er teminsten foartiid hjir net fersûpte. In wynpûst sette him dwers op de dyk en hy moast op de trapers stean gean om it ridende te hâlden.

By in bushalte stapte er ôf. Dit gyng him te mâl. Hy kwakte syn fyts del en fleach ûnder it ôfdakje. Dat siet fansels krekt ferkeard, oan de winige kant. Hy gyng mei de rêch tsjin de eftermuorre stean. It wetter flapte dochs noch op syn fuotten del. Hy hie se wol yn de bûse stekke wollen. Syn broek sipere troch. Iderkear as er sykhelle, fielde er it shirt klam oan syn liif plakken. En syn jekker reinde yn. Inkeld syn gesicht waard net wiet. Dat wie it al.

In skynsel swaaide om de bocht nei him ta. Twa giele lampen trieneagen troch it healtsjuster. Flakby skuorden se wyt op en ferblinen him. Hy tocht even, dat de wein hâlde soe, mar dêr kaam neat fan yn. De auto strûsde by him lâns. De bannen rûzen oer it asfalt en loeken in spoar, dat daliks wer fol reinde. De bèstjoerder siet djip en droech yn de kessens. Smoarge stjonkert.

Hy wachte noch in stiif kertier. De loft skjinne wol op, mar it eaze troch. Wêrom spielde it noch? Hoe kaam it, dat it reine koe út wolken, dy't al lang foarby wiene? Kom, hy soe de bui mar net langer ôfskûlje. Hy koe better dweil wurde, as him hjir stean op te fretten. Mei de noas op it stjoer skode er tsjin wyn en wetter yn. Stampend ried er it doarp temjitte. Doe't er yn de buorren kaam, snjitte de bui noch wat nei. En doe't er de fyts yn de berging sette, wie it droech. Hy skile de klean fan syn

[pagina 9]
[p. 9]

liif en rûn nei boppen ta. Dêr roste er him ôf.

‘Gerl?’ rôp mem ûnderoan de trep.

‘Ja?’

‘Ite.’

‘Ik kom der oan.’

‘Opsjitte, it stiet al op 'e tafel.’

‘Ik bin klets.’

‘Hast my de boel wer ûnder barge? Nim dyn wiete krous mei.’

‘Dy leit al yn de berging. Wêr is myn spikerbroek?’

‘Yn de kleankast.’

‘Ik sjoch him net.’

‘Tredde planke fan boppen, rjochts, tusken de truien en de t-shirts.’

‘Wêr dan?’

‘Under de himden, ulbe!’

‘Dy nije bedoel ik net. Dy mei de stikkene kontbûsen.’

‘Dy haw ik fuortsmiten.’

‘Fuortsmiten?! Allinnich de kontbûsen, no?’

‘Nee, de hiele broek. Do rûnst der foar aap yn.’

‘En ik moast suniger op myn klean wêze! Dat goait samar myn moaste spikerbroek fuort.’

‘Hy siet dy fierste krap. Der leit skjin guod op dyn bêd. Tink der om, ik haw krekt strutsen.’

Hy gyng werom nei syn sliepkeamer. Dêr reage er yn de kleankast om. It wie in heidense binde. Oprêde kaam er noait oan ta. Syn mem hie nei safolle jierren trouwe tsjinst de striid opjûn en ferpofte it langer. Mar se wist presiis, wêr't alles lei. Dat wie mear, as er fan himsels sizze koe. Suchtsjend strûpte er syn nije spikerbroek oan. Hy hold net fan nije klean. Dy sieten noait lekker. Hy moast se earst in skoft om en oan hân hawwe, dan fielden se echt as fan him. No in shirt. Hy fûn in tinne coltrui. Noch better. Hy rommele yn de doaze mei sok-

[pagina 10]
[p. 10]

ken om. Einlings hie er in pear gelikense. Hy gyng op de râne fan it bêd sitten om se oan te dwaan.

In nevelplak sweefde foar him. It waard grutter en helderder. No skynde it út 'en grienens, mar it ferljochte de keamer net. In rûn mistich ljocht. It sweefde omheech en bleau yn de omlisting fan it finster hingjen. Hy woe sitten bliuwe, mar koe net. In macht, sterker as himsels, loek him oan. Mei de hannen foar him útstutsen, sadat it skynsel der tusken foel, gyng er nei it rút. Wat tichter hy der by kaam, wat fierder hy syn earms spriede moast. Hy rekke de muorre oan wjerskanten fan it finster. De stien fielde kâld en droech. De griene skyn hong no bûten. It rút wie der net mear. De muorre waard fochtich. De stien ferbrokkele tusken syn fingers, rûgele ûnder him op in bult, dy't heger en heger waard. Doe't it pún syn fuotten berikt hie, gyng er mei de hichte yn. Hy wie bûten de begrinzing fan syn keamer. In tinne wyn blaasde him yn it gesicht. Hy stie op de púnfal boppe in einleaze flakte. De grûn dêr yn de djipte joech in sunich grien ljocht. Oer him hong ierdetsjuster en deastillens.

Fan fierrens kaam in auto oanriden. De wein skode de grienens fansiden en liet dêryn in djippe swarte streek efter. Under de púnfal wei skeat in oare auto. Ek dizze loek in fuorge troch de ljochtsjende flakte, mar ried fan him ôf. Ynienen fielde er gjin fêstichheid ûnder de fuotten mear. Hy striek op de auto del en seach watfoar merk it wie. In swarte Mercedes. Doe ferfloeide it byld, as spielde der wetter oerhinne. Doe't it wer skerp wie, siet er sels yn de kabine. Hy fernaam gjin inkeld lûd. De tinne wyn blaasde net mear.

Neist him siet de bestjoerder. In man fan sawat fyftich jier mei in grize jas en learen fingerwanten oan. Syn gesicht wie lang en glêd. Hy hie wite ôfhingjende eachlidden, de punt fan syn noas siet in kûle yn. Hy hold de lip-

[pagina 11]
[p. 11]

pen strak oer de tosken, as sûgde er lucht op. Gerl seach daliks wa't it wie. Hylkema fan de Terpleane. De man murk him net.

De auto's rieden rjocht opinoar oan. Oer de trijepuntige stjer op de motorkap hinne seach er de tsjinlizzer grutter wurden. Fan in wei wie neat te bekennen. Hylkema ferloek gjin spier. Syn wanten rêsten ûntspannen op it stjoer. De oare auto skokte even, makke justjes in beweging nei lofts. Hylkema draaide likefolle by. Wer stoden se inoar temjitte. De griene grûnmist wie sa leech en sa ticht, dat it like, oft de auto gjin tsjillen hie en as in boat op har ta strûsde. Hy siet te rideljen op 'e stoel. Nochris wykte de oare fan it rjochte spoar ôf. Op 'en nij stjoerde Hylkema ek dy kant út. De kiel knypte him ticht. De auto's wiene no fuort byinoar. Hy woe der út springe, mar koe gjin fin ferroere.

De motorkap fan de oare auto kaam even omheech, skaaide oerdwers, skampte lofts ôf. Hy fielde skokken, hearde neat. Ien momint stie de kabine yn ljochte lôge. Doe wiene se inoar foarby. Hy seach oer it skouder. Reade efterljochten skeaten de tsjusternis yn. Hy soe wer rjocht sitten gean. mar waard oerside treaun. Syn hannen fûnen gjin hâldfêst. De sit foel ûnder him wei. Hy krige in klap en knikte djip foardel. Mei in skok siet er wer rjochtoerein. De auto stie stil. Dwyl stoarre er nei it lege plak neist him. Hylkema wie ferdwûn. Syn wanten leine noch op it stjoer. Se holden it no stiif omklamme.

Hy stapte út. Mei-iens blaasde de tinne wyn him yn it gesicht. Hy fielde gjin waaien op syn hannen. Sûnder te rûzjen striek de kâlde luchtstream by syn sliepen lâns. Hy rûn om de auto hinne. De sunich gloarjende mist dreau fansiden by elke stap, dy't er sette. Hy rûn oer gers. It duorre in ivichheid, foar't er by de efterkant fan de auto wie.

Foar syn fuotten lei Diderik. Hy lei plat foaroer, de

[pagina 12]
[p. 12]

holle op 'e side, ien earm rjocht by it liif lâns, de oare bûgd neist it gesicht. Boppe de tichte eagen, krekt ûnder de râne fan de helm, hie er in grutte smertlape. It bloed sipere der út. Hy beweegde net. Tichteby, fan efteren ferknûkele, lei syn brommer. It foarste tsjil draaide noch starich.

‘Gerl!’

De grûnmist kaam beweging yn, dune op en bedekte Diderik. De ljochtsjende grienens dôve en waard kleurleas. De dize loek op, syn keamer skynde der troch hinne. Noch even kringelen de slierten, doe fersweefden se en alles stie te plak. Inkeld de tinne wyn blaasde noch, mar net sa fûl as earst.

‘Wat mankeart dy?’

Hy stoarre omheech. Doutsen stie foar him oer. Se seach him ferheard oan, mar dochs joegen dy ferskrikte eagen fan syn suster him in feilich gefoel nei wat er niis sjoen hie. It wie oft er fan in aaklike reis weromkaam. ‘Ik wit net,’ brocht er mei muoite út.

‘Trillest hielendal. En wat sjochst wyld.’

‘It wie freeslik,’ prevele er.

‘Wat wie freeslik?’

‘Dat kin ik dy net sizze.’

‘Fielst dy wol goed?’

Starichoan koe er him fan de yndruk fan it skrikbyld losmeitsje.

‘It koe minder,’ sei er mei fêstere stim.

‘Mar wat is der dan oan?’

‘It wie oft ik in film seach. Mar dan folle echter. Ik wie der sels by.’

‘Hast in benaude dream hân.’

‘Nee, gjin dream.’

‘Wat dan?’

Hy fernaam de wyn net mear. In grutte wurgens oerfoel him. Hy frege: ‘Sliepte ik doesto hjir kaamst?’

[pagina 13]
[p. 13]

‘Hiest de eagen wiid iepen en seachst rjocht foar dy út.’

‘Sjochst wol, it wie gjin dream.’

‘Do bist altyd sa prakkesearderich. Hast dy rare foarstellingen makke en dy sa ynlibbe, datst der sels bang foar waardst.’

‘Nee, it kaam fansels. Ik koe der neat oan dwaan.’

‘Wurdt it noch wat, of sil ik mar ôfromje?’ rôp mem har skelle stim fan ûnderen.

‘Ach minske, hâld ris op te seuren,’ mompele Doutsen. ‘Wat hast sjoen?’

‘Dat sil ik dy letter fertelle.’

‘Mar ik wol dy helpe.’

‘Dat dochst ast der no net mear oer praatst. Ek neat oan mem en heit sizze.’

‘Dy sjogge sa wol, dat der wat mei dy is.’

‘Betink do dan wat. Dêr bist sa goed yn.’

‘Krij ik it dan ek te witten?’

‘Ja, letter.’

Se gyngen nei ûnderen. Heit en mem sieten by de tafel. Mem lichte twa pandeksels op, dy't se oer de boarden lein hie om it iten waarm te hâlden. Se bleau der mei yn de hannen sitten. Heit liet de krante sakje. ‘Wat skeelt der oan?’ frege mem.

‘Hy hat in spoek sjoen,’ grapjage heit.

‘Doch net sa mâl!’ bekibbe mem him. ‘Sjochst dochs wol, dat it gjin oanstellerij is.’

‘Ik haw him kjel makke,’ andere Doutsen fluch. ‘Hy is noch in bytsje oerstjoer.’

‘Mar wat hast dan dien?’

‘Hy lei te sliepen en doe haw ik him yn 't ear blaasd.’

‘Smoarch fanke! Altyd fan dy nuvere oanslaggen. En Gerl moat jûns betider op bêd. Syn senuwen komme net ta rêst.’

‘Wat in skytmerakels,’ sei Doutsen. ‘It wie mar in

[pagina 14]
[p. 14]

grapke.’

Mem lei de deksels op de pannen. ‘Hoe is it no, Gerl?’

Doutsen skikte har stoel oan. ‘Lit dy jonge gewurde. Wy moasten dochs sa nedich ite?’


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken