Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold[p. 43] | |
Griet snip*).Griet Snip wier lang gjin bêsten ien,
Mar wol in krib(1) der kribben.
Net folle gôeds hie 't minske dien
Hjir yn hjar ierdsce libben.
Der wier gjin bekstik hjar allyk;
Hja mijde suver nimmen,
Mar draefde thröch om earm en ryk
It hier mar út to kjimmen.
Do kaem op 't lêst de dead, en dy
Wier net fen 't stik to krijen.
Hy brocht, al die 't hjar bare nij(2),
Griet Snip for gôed ta swijen.
Dat stiek hjar danich yn hjar krop,
En oan 'e himelpoärte
Dêr spoun se wer ûnbîdich op,
Wylst se oan 'e doärren hoärte(3).
‘Hui, hui!’ rôp Adam, ‘hwet is dat?
Hwa steurt hjir sa de frommen?’ -
‘Ik bin Griet Snip; kom, help my hwet
Om binnen doar to kommen.’ -
‘Né, wrachtich net, ûndogensk nêst;
Wy kinn' dy hjir net hâlde.’ -
‘Ja, hwet ik bin dat wit ik bêst;
Mar hwet bistou den, âlde?
‘Bin ik ûndogensk, dêr hestou
De skild fen, apelfretter!
Hiest(4) dat net útfierd, den wier nou
It minskdom frij hwet better.
‘Hwêrom scoe ik net like gôed
As dou in plak hjir krije?’ -
Dêr hie de âldbaes him net for hôed(5),
Hy thocht, ik scil mar swije.
Mar fader Japik sei: ‘Jy matt'
Jo net mei bljuwen sette.’ -
Griet sei: ‘Forhip dou, om myn part!
Scoestou my dat bilette?
‘Och heden, maet, ik kin dy skoan,
Dou mei dyn bokkefellen.
Wier dat nou earlik, brave soan!
De segen God t' ûntstellen?’ -
Dêr kröste Japik ek mei op.
Mar Noách sei: ‘Gean hinne,
Griet Snip, sa'n dronkenmansgeröp
Dêr binn' wy net mei tsjinne(6).’
‘O fij!’ sei Griet, ‘jy habbe fêst
Op dronkenskip in hate.
In man as jou docht fierwei(7) bêst
Oer dronken net to praten.’ -
Hy hie syn meuch(8). En Judith sei:
‘Gean foärt, yn ienen, fekke!’ -
‘Is dat frou kop-ousnijster? Ei!
Dy woe 'k wol efkes sprekke.’ -
Frou Judith waerd sa read as blôed,
Hja woe dat lang net hjerre.
Mar kening David wier sa gôed
Dat hy 't mei Griet probeärre.
Hy sei: ‘Dou gietst(9) den heislik ta.
Dat kinn' wy net fordrage.’ -
Griet sei: ‘Wier ik mar Bathseba
Den waerd ik net forjage. -
‘'t Wier fêst sa mâlle ûndogensk net,
De man yn 't fjûr to stjûren,
Om sûnder hinder en bilet
It wyfke to bilôeren.
| |
[p. 44] | |
‘Dat het min fen dy fromme ljuw'
Dy 't altiid psalmesjonge.
Bin ik ûndogenscer as dou?
Sprek op mar, âlde jonge!’ -
Do kaem dèr Salomon op ta.
‘Griet, bist net by dyn sinnen?
Hwet skeelt dy, tsjin in kening sa
Skandalich op to spinnen?’ -
‘Och hearskip, sjuch mar net sa fiis
Om 't ik hwet heftich kibbe.
Ik wit, jy wieren thige wiis,
Mar ha j' er ek nei libbe?
‘Ien dy 't wol thûzen frouljue hie,
Ek heidens-frouljue yette,
As dy bidaerd en sedich wie',
Mei ik wol heilich hjitte.
‘Dy 't offerjend foär hout en stien
Gyng op 'e knibbels(1) lizzen,
Dat wier in wysheid om der ien
Op ta to jaen, scoe 'k sizze.’ -
‘Swij stil!’ sei Jonas, ‘ek mar gau!’ -
‘Hwet hest my to forwiten?’
Sei Griet, ‘ik bin noait, lyk as dou,
Om falskens 't skip útsmiten.’ -
Dêrop spriek Thomas: ‘Hwet min sei
Op ierde, docht hjir bliken,
Dat frouljues tongen faek bynei
Op lammestirtsjes(2) liken.’ -
Griet sei: ‘Dêr harkje 'k mâl fen op,
Dêr scoe me in stik fen skrjuwe.
Ho kin sa'n dwarse twivelkop
Sa 'n grouwe fabel leauwe?’ -
Marije Magdalene sei:
‘Lit ús forstânnich prate,
En meitse net sa 'n great pohei.
Hwet kin sök skelden bate?
‘Bithink ris ho 't jy libbe ha:
Hast as in dîvelinne;
En sokken lit men hjir net ta,
Dat moästen je ynsjen kinne.’ -
‘Nou kom, jy binn' der ek ien nei
Om my hjir to biletten,’
Sei Griet: ‘Jou eigen libbenswei
Is fêst jo glêd forgetten.
Krekt as 'k de dîvel yn hie;
Mar 'k leau, dat ien mei 'n stik of saun
Dôch oars yet yn trewyn(5) wie'.
‘Né, om jou deugden binn' jy wis
Hjir ek net binnen kommen,
Mar holpen thröch forjeffenis
Hjir yn biskerming nommen.
‘Jy moästen dêrom net sa hird
My hinne stjûre wolle.
Wit as(6) ik ek net oannomd wird
As jou en wit ho folle.’ -
Dêr kaem de apostel Paulus oan;
Dy sei mar koärt en bounich:
‘Frou, spylje net sa 'n hege toan,
Jy binne fiërst to sounich.’ -
‘O fij! is dat nou praet mei skik?
't Is jo dôch ek al slage,’
Sei Griet, ‘en om 't geloof hab ik
Gjin kristenminsk forjage.’ -
‘Nou kom,’ sei Petrus, ‘hâld mar op.
Griet Snip hôeft net to mienen
Dat wy hjir om hjar lûd geröp
Hwet jouwe. - Foärt yn ienen!’ -
‘Sêft hearskip! woen' jy my mar gau
Hjir efkes wei ramaeije?
Ik skrilje(7) net, allyk as jou,
As moärns de hoännen kraeije.’ -
| |
[p. 45] | |
Do kaem der 'n boade, dy 't bidaerd
Oan Petrus die to witten,
Dat him by dizzen oansein waerd
Om Griet mar yn to litten.
‘Kom, wyfke,’ sei er, ‘kom mar mei,
Ik scil to plak jo liede.’ -
Griet waerd er oandien(1) fen en sei:
‘Ik, sa forachte op ierde?
‘Mar as 'k nou hwet forsiikje mei:
Fen sels jy matte 't witte,
Mar 'k woe wol graech net al to nei
By fine Sipke sitte.
‘Ik hie 't net op dy kearel stean
En hy mocht my net lije.
Nou daegliks mei 'noar om to gean!
Wy scoene rûsje krije.
‘Ik kaem der wol ris hird mei del
Om 't wird him út to lizzen.
Ik wier 'n stik barnhout for de hel,
Wier den altiid syn sizzen.’ -
‘Né frou, dy kearel is hjir net;
Al koed er kliemrich prate
En died er mannich lûd gebet,
Dat mocht him hjir net bate.’ -
‘En as Jan Stimpel my hjir sjöcht,
Dy scil ek nuver kypje(2)
En thinke: hwet Griet Snip hjir döcht,
Dat kin 'k my net bigrypje.
‘Hy wier sa wiis altiid en woe
My net in wird tasprekke.
Hy wier by doomny great, en koe
Net yn 'e tsjerke ûntbrekke.
‘Fornimt dy man, dat ik hjir bin,
My thinkt, den kin 'k wol gisse,
Den het er 't hjir net mear nei 't sin,
Fen spyt en ergernisse.’ -
De boade sei: ‘Wês jou mar stil.
Jy scille 't lang net thinke,
Mar Jan is ek hjir net; hy scil
Jo hinderje noch krinke.’ -
‘Wel deales! binn' dy ljue hjir net?
En do 't dy beiden stoaren,
Do sei ús doomny by hjar fet(3),
Hja wieren útforkoaren.’ -
‘Ja, dominy dy miende 't gôed,
Mar wier thröch skyn forbline.
It binn' de oprjuchten fen gemôet
Dy 't hjir in oanhâld(4) fine.’
Forline winter mei dy kjeld
Do wier 't mei Sjouk en Sije,
Lyk as jou witte, min gesteld,
Hja koen' gjin iten krije.
En do woe fine Sipke hjar
Gjin heal köp eärte boärgje.
Hy sei: ‘It griist my thige, mar
Ik kin for elk net soärgje.’
‘Jan Stimpel wier dyaken en
Dêr gyng do Sije hinne.
Jan sei: ‘kom moarn ris wer, ik kin
Gjin útslach jaen allinne.’
‘Mar bôer, wy kinne ús lytse bern
Net for de kjeld biwarje.’ -
‘Den matt' jimm' simmers foar jimm' sjeän
En for de winter sparje.’ -
‘Sjuch Griet, jy ha dêr net ôer thocht,
Mar sûnder fromme wirden
Hjar 'n amerfol iërappels brocht
En ek 'n sekfol sjudden(5).’ -
‘Dat hab ik ek, dat 's wier,’ sei Griet,
Mar 't wier my al forgetten.’ -
‘En dos, jy ha jo sels dy died
Net rûm en breed tametten(6).
| |
[p. 46] | |
‘Jan Stimpel hie fol hope op lean
Syn deugden krekt ûnthâlden,
Mar mocht hjir dôch net binnen gean
Mei al syn fromme fàlden(1).
‘En Sipke, dy 't in hekel hie
Oan deugd en gôede seden,
En miende dat er útkard wier,
For heger sillichheden,
‘Dy staette hjir ek fix de noas;
Hy foun gjin plak hjir böppe.
Dy 't dêrop tiidget(2) mat hwet oars
As ‘Heare! Heare!’ röppe.
‘Dy 't sels hjar achtsje 't heechst en 't meast,
Dy scill' de lêste wêze,
En folle lêste komme er earst,
Lyk as we yn 't tsjerkbôek lêze.’ -
Dat is in bjusterbaerlik stik,
Scil lichtwol immen sizze.
't Kin wêze, mar der scil, leau ik,
Dôch wol in leare yn lizze.
Foärearst: Gjin minske is sûnder kwea.
Dat ha jimm' lang wol witten,
Mar dêrom döcht it nimmen skea
Om 't yet ris nei to mjitten(3).
Dat draecht der mooglik wer ta by
Om ta 't bisef to kommen:
It stiet gjin sounich minske frij
Syn neisten to fordommen.
⇏bp;
Ho wier as dat nou wêze mei,
Dôch hôeft gjin ien fen jimmen
Griet Snip hjir op 'e libbenswei
Ta 'n foarbyld oan to nimmen.
It Heechdûtsk fen Bürger fen fierren neifölge.
Waling Dykstra.
|
|