Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldDe lieke-blommen(3).Op it lytse doärp Ter-Kaple
Stoe alear ús âlders hûs;
Frede wenne dêr en wille(4)
Yn dy âlderwetske klûs.
'k Wier de jongste fen saun berntsjes,
Heit wier hwette stoef en stiif;
Mar ús mem wist him to troaijen(5).
't Wier sa 'n sêft meilijend wiif.
Yn myn earste famkes-jiërren
Hie 'k in sister, ús Marij;
't Wier de âldste fen de keppel,
Flugger wier er net as sij.
Alles fleach hjar troch de hân.
Dêrby moai fen liif en lidden,
En sa sindlik as de brân.
Nei de kij oan d'oare kant,
As de wite koppen rôllen,
Dat wier 't libben nei hjar trant.
En hja wier sa gôed, sa sedich,
Die sa graech ús âlders sin;
As se winters ût-fen-hûze(10),
Wier er ien yn 't hûs to min.
Simmers krige hja wol frijers,
Mar dy liet se meast wer gean.
Inkeld koe se Pinkster-Thiisdeis
Mar net fier fen ús fen dinne,
Yn it âlde Goingaryp,
Wenne lds, en dy allinne
Wier hjar sin en hjar bigryp.
As de keäld it wetter strjemme
Thocht men net om keäld en wyn.
O, ho kriigden(13) se op 'e poëllen,
't Jongfolk yn de moänneskyn.
As de wite flokken fleagen
Wier Marij ek op 'e fljocht;
Alle dagen ride en djoeije
Wier den ek hjar greatste nocht.
| |
[p. 118] | |
Mei hjar thrijen jonge pearen
Teagen se nei Grinslân ta;
En it iis dat wier fol wjekken(1),
En de winter moalke(2) sa.
Al it rieden fen ús âlden
Wier mar praten yn de wyn.
Ids dy wiste alle wjekken,
En werom wier 't foár de wyn.
Mem stoe op 'e wâl to kriten,
Mar ús heit dy snoërre(3) hjar ôf:
‘'k Scil er net in trien om litte,
Al bring ik dy Snjeun(4) to hôf.’
De oare jouns bigoun to kommen,
En it waerd sa stil yn hûs;
Theijich(5) wier 't en hwette mistich;
Soms den reinde it by de rûs(6).
Aeklik rûsde it om de skûrre,
't Kreake op 'e skoärstien near,
En as mem yn 't mistich waer seach,
O, hja sloech hjar hannen gear.
Soms bigoun dat sloaf to kriten,
Mar ús heit bleau steech en stom;
Wy as berntsjes boärten bûte(7),
En wy thochten nearne om.
Einling komme dêr twa mannen,
En dy tikje oan de doar:
't Wiere ljuwe fen Ter-Herne,
En ús heit koâm selver foar.
‘Boer!’ sa spriik ien fen dy ljuwe,
‘Het is 't aeklich met Marij.
't Griist my om it út to sprekken....
Mar hja 's wei....dat siz ik jy!’
En do sleepten se de slide
Midden oer de bûthûs-flier,
En dêr lei Marije dead op,
Sonder mûtse oer it hier;
Mei yn Lieke-blom by 't jak yn,
't Aeklik pronksel fen de dead,
En hjar moaije reade lippen
Wierne nou sa blau as lead.
‘'t Is Gôds wille!’ rôp ús heit do,
‘En dêr is net oan to dwaen.
Dy myn libben en myn lust wier,
Mat ik oan de Heare jaen.’
Hja wier yn de mar fordronken,
En hjar Ids dy wier 't ontkomd;
Hwant syn fleur wier him ontnomd.
Sy waerd to Goingryp bigrawen,
Thichte by de âlde toer,
En de swiere klokken bromden
Heel de lege wâlden(10) oer.
En ús heit, om wird to hâlden,
Liet by 't grêf nin inkle trien,
Mar it kneagd' him oan de siele:
Hy is as it stof forgien.
Jongfolk, think nou om Marije,
As it iis sa hearlik blinkt,
Think den, dat in queade ingel
Jimme nei it grêf ta winkt.
E. Halbertsma.
|
|