Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldOan in berntsje yn de oare wrald.Byld fen myn hûs en myn herte!
Bern fen myn siel en myn sinnen!
Wêzen fol ljeafde en fol nocht!
Neame(5), o! doar ik dy nimmer,
Mar binnen hjir yn it herte
Dêr stiet dyn namme biskreaun.
Lakest my frjeunlikjes oan
Mei glûpige(6) freegjende eagen,
Gôds ingel lake my ta.
Sietste my jouns op 'e skirte
En streak'ne dyn hantsjes myn wangen,
Oer wier de soärch fen de dei.
| |
[p. 124] | |
Leiste jouns ier sa to sliepen
Mei onskilds waes oer dyn troänje,
Roazen bloeiden sa net.
Twiske de sliep en it weitsen
Tyspele(1) yet foär myn sinnen
Inerlik, berntsje, dyn byld.
Twisken it ljochten en tsjuster
Wekken dyn flaeijende lûdtsjes
Ljeaflikjes my út de sliep.
Triënnen forrinne en fordroegje,
Mar wounen yn memmeherten
Helet de îwichheit mar.
Tîden en minsken forgeane,
Mar libjend' stiet foär myn siele
Iwich en îwich dyn byld.
E. Halbertsma.
|