Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldBiologie. [Dialekt van Smallingerland*).]Is 't wat nijs dat Biologen
Ues for nijs forkeapje? Né!
Yn wroads moarntyd hie alree
De eerste frou dat great formogen,
Der de joeddeis(5) Bi'logist
As wat nijs him mei forgnist(6).
Dat kin oarr'mem Eva tsjoege(7).
Net it wurd, mar wol de macht,
Hie se bjuster goed yn pacht.
Adam koe se liede en boege;
Dat forstie se like goed,
As de Bioloog fen joed.
| |
[p. 201] | |
‘Adam!’ - sei se - ‘wost is bite?’
In hja liet him de apel sjen. -
Né’ - sei Adam, - ‘né, dat kin
Nooit er troch.’ - ‘Och! - sei se - ‘wite
Woste 't, like goed as ik,
Wat ues 't lot foartoan beskik.’
Adam biet, sa as wy wite.
Eva woe it; en hy boog
Foar syn wyfke-bioloog.
Doe hja 't sei, doe moast hy ite.
Hja hie wurdtsjes, fol fen klim.
Och! de wyfkes binn' sa slim!
J.G. van Blom.
|