Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldIn tolle(1) Di 't op de Weerheid grounde ys. (Hynleper tongslach.)Dot 'k no fortolle sol, dot ys uet aalde tiiden,
Ja, nei 't yk gisje ken, wol tachtich jéér forliden;
Jin sôech men da roundom, as me op de wal uet kiken.
En sommers waerden jin troch 't wiif en born biwenne,
As 't manfolk wéér nei Narf(4), of soms oars aarnse hinne.
En roan et nei de héést(5), séé mem faaik: ‘Born, wi téénje
Wol nei et graathues to, hwent dèr mutte wi wenje
As jimme feer komt thues, oars ys er naet to freden,
En dêr for het de man den ek wol dûbeld reden.
Hwent mut er sommers faaik fan 't balkeslepen switte,
Dêr for wol hi den thues graaich bi 'n moai fêértjen sitte;
Ys 't eazen(6) den ek waerm, den het er dûbeld wolle.’ -
Mar 'k dwaelje alhéél fan 't spoar: 'k scoed ommers het fortolle.
Yn sok in litjhues den éés fanen(7) borte dééën,
Jin dotte mei inkerm(8) in pot opgare hééën.
En for dot jild wéér 't plan, de ééns het scoeden bakke(9),
Mar de ééne faen hjo séé (ik leau hest hjo héétte Akke):
‘As hir no fynten komm', ho dot se ek oen gane,
Dot wi, dèr bin yk foar, de doar den naet opdwane.’
Dit keurden d' oare ek go, so dot se 't plan fêst mekken.
Mar herke no ris oen, ho 't hja to palle(10) rekken.
Et doere naet héél lang, der kamen fynten strunen;
Dòch hja halden fiks fol, ho sterk dot se ek trunen(11).
Mar de ééne fynt di séé: ‘Dot so'we jerm bitelje;
Yk wet in sot(12) er op: ues fane klaen sol 'k helje,
| |
[p. 221] | |
Jin tol ik strakjes oen(1), as 't earst mar ys het letter;
Den fan de oare kaant spryng 'k midden yn et wetter,
En skreeuden: Healp! healp! healp! Hwa wet ho 't hja den skreppe(2)!
Den gane se allegaar fen sem wol yn de steppe(3).
As ik er den yn liz en hja oen 't wrotten binne,
Draeg' jimme et litjhues leech, so gaau as jimme kenne.’ -
Dat koam ek al so uet, hwent hja troch 't finster kykken,
En gûlden elk om 't bêst: ‘In faen leit yn de wiken!’
Hja sééën: ‘Hééwen(6) jer dôch earst mar bi de rokken!’
Mar dot moast naet so gaau, dit plan wéér earst al mekke,
Hwent as hi al to ier wur uet de wiken rekke,
Den roan sems 't aaichmerk mis, en 't soed him léélk bisniije.
Op 't lêst waerd hi dôch kaald, dêrom lot er him kriije.
Da wééren se so bli, ealk déé syn bêst mei lûken,
De ééne stôech er bi en de oare séét op hûken(7).
Hja kréégen him er uet, mar hi like wol flaau;
d'Één faen hjo séé: ‘Jaen jer het brandewyn, toe gaau!
Yk heb wol sizzen heard, dot ys goo for et sakjen(8), -
Mar da roan de boel mis, hwent hi barst uet mei lakjen,
En dêr mei kaem jo faen, dot brandewyn scoed kriije,
En rôp: ‘O, het in boel! het so'we hir bi liije!
Et litjhues ys skéén leech: bisléék en panne en potten,
't Ys allegaar er uet. O, jimme léépe rotten!
Hwa het myn libben heard fan sokke rare dyngen?’
Da kamen de oare maats gaau uet de bléék wei springen
En healden jerm héél dom, as oft se er niks fen wisten.
d'Eén faen fortelde da, ho dot se alles misten:
‘No, dot ys wol bidroefd, dot hja 't so skéén wei pakken!’
Mar ho meer dot hjo kréét, ho meer de fynten lakken.
De fanen tô'ten da, al binne 't boze sotten,
De monle(9) ys troch de fang, wi fisse efter 'e notten;
En dêrom ys 't mar bêst dot wi et earst probearje
Tsjin oerjaen fan ues goed, mei jerm kapitulearje.
Dit tô'ten de oare ek goo, en alles kaem yn essen(10);
Et goed koam wur yn hues, so pot en panne as flessen.
Jerm tô't: no wéér et bêst, om mar ris yn to skynken,
En mei de earste sûp(11) de kwessie ôf to drynken.
Dit foarstel keurde elk goo, en 't glês waerd da fol skôenken,
En disse moaye sot for de earste kear bidrôenken.
Eén fan 't geselskap séé: ‘No hê we yet het wolle,
Al woll' se oer tachtich jéér hir yette ek fan fortolle.’
S.O. Roosjen.
|
|