Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldOan skyllinge(3), [Dialect van Terschelling†).]O Skylge(2), myn lândje!
Wat hab ik di jeaf(4);
O, wa di net prizet
Di fynt mi toch deaf(5).
Dan slút ik myn earen,
Of geet et te bont,
Dan kan ik net swiije,
Mar straf se terstont.
O Skylge, myn lândje!
Soa droeg in soa heag,
Wat leisto dir frolik,
De Noardsé yn 't eag.
Hoa trots bin dyn dunen,
Hoa wyt is dyn sân,
Hoa grien bin dyn helmen,
Myn jeaf Skylgerlân.
O Skylge, myn lândje,
Do leist mi oan 't hart,
Wa di net ris prizet,
Di docht di to kort.
Soa lang asto steetste,
Soa fest op dyn sân,
Waes fol brave minsken,
Myn jeaf Skylgerlân.
J.S. Bakker.
|