Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Tin iis (1986)

Informatie terzijde

Titelpagina van Tin iis
Afbeelding van Tin iisToon afbeelding van titelpagina van Tin iis

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.52 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Tin iis

(1986)–Tiny Mulder–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 35]
[p. 35]

VII

Mem kaam wat betommele thús fan har besite oan mefrou Goudman mei it boadskip, dat sy nei it sikehûs moast. Dokter hie it al foarelkoar: se soe nei it Hearrenfean. Net, dat mefrou Goudman siik op bêd lei, mar dokter ornearre se koe net langer allinne omheukerje en gelearder dokters moasten ris nei har rimmetikige hannen en earms sjen. Boppedat waard it net better mei har asthma; se smûgde as in lokomotyf.

Dineke tocht, dat dokter tocht: as mefrou Goudman as pasjinte yn it sikehûs leit, dan helje se har net op. Mar Dineke tocht ek, dat dokter dan in ûnferantwurdlike optimist wie. Se brette dus wer en andere amper as men har wat frege. Se koe it hiele âlde folk net rêde, mar se die al sa, doe't se der ienkear yndûkt wie. ‘Kinne wy...,’ knoffele se der op it lêst út en fuort derefteroan: ‘Nee, wy kinne net. De risiko's moatte ferdield wurde.’ Praat yn 't wyld, ornearre ik, gjin acht op slaan.

 

Anneke hie har slinger. Se treau de waskechte poppe yn 't omwasktobke en song: ‘Louise, zit niet op je nagels te bijten. Bah, wat vies, Louise.’ De poppe krigein bêste himmelbeurt, want se frege mem om in ammerke foar de poppeklean. Se fûn har plak by ús. Altemets sette se in grutte mûle op tsjin Jan en my, se hie Jenny fan timmerman Joustra ta kammeraatske keazen en bloeide op ûnder de tagedienens, binammen fan mem. Ik hie noait beseft, hoe tige mem minsken op har gemak stelle koe. Anneke hie se oannommen, spontaan, fuortdaliks. En sa moast it by mem bliuwe, hie 'k begrepen. Se ferdigene

[pagina 36]
[p. 36]

Anneke tsjin de hiele wrâld, byneed tsjin de Wehrmacht, en grif tsjin ús. Sadwaande fergeat mem wolris wat, bygelyks my. Wikenlang mocht ik mem foar myn eagen net sjen. Wie ik oergeunstich op Anneke, omt se safolle of tefolle oandacht fan mem krige?

Yn elk gefal brûsde lulkens yn my op, elke kear dat ik weromtocht oan dy deis, dat ik út skoalle thúskaam, nei it húske gie en... bloed yn myn broekje, bloed yn de klosetpot. Ik waard kâld fan kjellens. Wie 'k fallen? Wie 'k op gymnastyk raar telâne kaam? Ik koe neat betinke, wêrom 't ik bliede soe. Ik nei boppe en in skjin broekje oan. Dy jûns draafde ik wol fiif kear nei it húske, nijs-gjirrich en benaud. Ik doarst net op bêd. Stel dy foar, aanst it bêd der ek noch ûnder, en hoe kin dit yn 'e goede! Ik trof Dineke yn 'e keuken en sei sa en sa. ‘Oôôh!’ sei Dineke mei in lange úthaal en se gynske ek noch.

‘Lakesto dêr om?’ snaude ik.

‘Nee, dat is net moai fan my,’ joech se daliks ta. ‘Sis 't mar tsjin mem. Dy sil dy wol helpe.’ Sleau praat. Dineke hiest bitiden neat oan, dan spriek se yn riedsels, eigenwiis yn har posysje fan âldste suster en ien, dy't wol wichtiger saken oan de holle hat as Klaske.

Mem heistere krekt boppe om, dat dêr lei ik har myn probleem foar.

‘O leave,’ sei men tagedien. ‘Dat ha 'k hielendal fergetten.’

Soest se net? Wat hie se fergetten: molke siede, wask yn 'e weak, kachel oppoke, jirpels keapje? Hoe koe se! Wylst ik bliede en fêst benaud út 'e eagen seach.

‘Kom mar mei,’ sei mem en lei my in earm om de skouders. Ik waard wat langer wat grammitiger, want wat hie se no wer? Ik woe allinne mar, dat se dokter opskille. Ik woe net deabliede.

En doe ynienen plakte se my del op de râne fan har ledikant en fertelde in hiel ferhaal fan famkes dy't grut wurde, frou wurde, bern krije kinne. Se joech my in pear fan dy nuvere langwizige badstoffen lapkes, dy 't ik

[pagina 37]
[p. 37]

wolris oan linen wapperjen sjoen hie. Mem seach skuldbewust, doe't se my útlei, dat ik tenei elke fjouwer wike in pear dagen bliede soe, dat ik dan sokke lapkes, ferbantsjes, yn myn broekje drage moast, en dat it neat slims of bisûnders wie. ‘Alle grutte famkes en alle froulju ha dat, dus... Mar ik hie dy dit earder fertelle moatten,’ sei se skuldbewust, ‘dan hiest sa kjel net wurden.’ En se ferfette ynienen sabeare fleurich: ‘No bist al in grutte dochter.’

 

Wa't ek fleurich wie of die, ik net. Krammele-krammele. Ik frou. It hie my altyd muoid, dat ik gjin jonge wie. Op 'e legere skoalle hie ik altyd wol in stikmannich maten om mei te boartsjen, fuotbaljen, swimmen, beamkeklimmen, sleatsjespringen, roverke boartsjen, reedriden. Jonges kinne mear, meie mear, fernaam ik, en by dy soarte woe ik hearre. Wannear wie it? Doe wie it ynienen út. As waard der in skerp mes stutsen tusken jongesgebiet en famkesterrein. Ik hâlde ien maat oer: heit! As ik mei heit gie te fiskjen, te aaisykjen, te reedriden of nei it fuotbaljen, neamde er my Klaas. Oars ek wolris, as er my efkes graach lije mocht: ‘Klaas!’ Dan fielde ik my echt.

Lulk wie ik. Luik op myn lot, dat him no sa dúdlik en ûnomkearber oppenearre. Ik griisde fan mysels. Bloed! En elke fjouwer wike in pear dagen, fjouwer, fiif. It rûkte ek noch raar. Faak waskje, hie mem sein, en goed skjin op dysels wêze. Krammele-krammele. Ik wie lulk op mem, omt se my fergetten hie, lulk op Dineke mei har gegniis. Dy hie it fansels daliks begrepen. Sy hie itselde, mar noait tsjin har jongere suske oer prate, welnee! Wat wie der sa geheim oan, as dochs alle froulju, de helte fan it minskdom, der om 'e fjouwer wike mei oanhelle wiene? En wêrom wist ik dat dan net allang?

Ik snaude Dineke ta, dat sy my wolris wat fertelle kind hie, en ik woe witte oft dy knappe wittenskip der noch neat oars op fûn hie as dy smoarge badstoffen lapkes. Oars binne se mânsk genôch. Wól hûnderten fleanma-

[pagina 38]
[p. 38]

sjines yn de loft en heal Bremen platgoaie, mar Klaske wat geriif biede, ho mar.

‘Tink mar net, datsto it bettere ferbân noch útfine moatste as de oarloch foarby is,’ pleage Dineke. ‘Foar de oarloch wie it der al. Fan moai sêft papier en bomwol. Dy koest sa yn 't jiskefet dwaan.’

Ik hope namste begeariger, dat de oarloch gau foarby wêze soe, mar dat like der alhiel net op. ‘Duitsland wint voor Europa op alle fronten,’ stie der op spandoeken oer de strjitten en op oanplakbiljetten, en it like der aardich op.

Doe waard ik lulk op mysels. Ik tocht oan Anneke en har heit en mem, oan dy beide joadske jonges op har souderkeammerke. ‘Selsmeileien!’ rôp ik tsjin mysels, doe't ik yn de stille foarkeamer myn húswurk siet te meitsjen. ‘Wolst dêr wolris hastich mei ophâlde, Klaas! As dy noait wat slimmers oerkomt as ûngesteld wêze...’ En likegoed heakke it tusken mem en my. Ik achte har skuldich en mem fielde har skuldich. Heit frege alris: ‘Ha jimme wat?’ en doe seine wy tagelyk: ‘Welnee.’ Dêr moasten wy doe dochs tagelyk om laitsje.

 

Tsjin in oere as tsien krigen wy de wyksuster oan de doar, dy't sei, dat se allinne mar in briefke oerjaan moast. Se hie yn in taxy mefrou Goudman nei it sikehûs brocht, sjoch. Mem kaam dermei yn 'e keamer en lies it foar oan Dineke, heit en my.

Lieve mevrouw, Ik ga nu naar het ziekenhuis in Heerenveen. Wilt u zo goed zijn om af en toe eens te zien of er post voor mij is? Ik zou niet graag willen, dat ik bericht van de kinderen en kleinkinderen in Polen zou missen. Mijn zuster en haar man zijn daar ook. Hoe zou het met hen zijn? Mijn zwager is al 70. Bedankt voor uw bezoekjes. Daar heb ik erg veel aan gehad. De Allerhoogste zij met u en uw gezin. Ik hoop gezonder terug te komen. Hartelijke groeten, uw mevrouw Goudman.

[pagina 39]
[p. 39]

‘Ferdomme,’ sei Dineke sêft en heit sei der net iens wat fan. ‘Ik haw hjoed krekt heard, dat it joadske sikehûs yn Amsterdam leechhelle is. Siik, deasiik, op stjerren nei dea, ynfalide, kin neat skele, allegearre nei Westerbork. Ik leau noait, dat joaden feilich binne yn gewoane sikehuzen. Ik hie fansels soargje moatten, dat mefrou Goudman mei in falsk persoansbewiis sûnder de J derop nei it sikehûs rekke wie. O, hoe koe 'k sa stom.’ Dineke skodholle en biet har op 'e lippen.

‘Kinsto dan oan falske papieren komme? Hoe?’ frege heit ferheard en ûngerêst.

‘Ferbeane fraach,’ sei Dineke koart. ‘Ik sil yn elk geval moarn nei mefrou Goudman ta.’

‘Dan is it dyn jierdei,’ protestearre mem.

‘Nou en!’ spatte Dineke op.

‘No niks,’ sei mem.

Dineke wie dan net fertellerich en wy wiene net fergetten, dat wat trije witte publyk geheim is, mar sa njonkenlytsen waarden wy dochs it iene en oare gewaar fan wat aksje der wie tsjin de maatregels fan de Moffen. En ast der oer neitochtste en de bekend wurden feiten op in rychje settest, dan krigest yn elk gefal aan fan in moai grutte organisaasje. Nim allinne mar it feit, dat Dineke har joaden net út de blauwe loft plôke. Der moasten minsken wêze tusken dy tante Nelly, dy't Anneke fan hûs helle hie, en ús Dineke. Der waard knoeid mei papieren oant op it gemeentehûs ta. En knoeid mei joaden ek, as ik Dineke har ferhaal oer Brokman goed begrepen hie. Wat boadskippen hie Dineke by mefrou Pitstra? Ik woe, dat ik âlder wie, dat ik meidwaan mocht. Minsken út hannen fan dy rotmoffen hâlde! Machtich! Mar as se jin te pakken krigen, wat diene se dan mei jin? By it gemeentehûs hinge in plakkaat mei de nammen fan minsken, dy't deasketten wiene. Holpen dyën joaden? Heare, jou dat se Anneke noait te pakken krije, en mefrou Goudman net, dy is ommers âld en siik, dat kin ommers net! En dy jonges ek net.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken