Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Tin iis (1986)

Informatie terzijde

Titelpagina van Tin iis
Afbeelding van Tin iisToon afbeelding van titelpagina van Tin iis

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.52 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Tin iis

(1986)–Tiny Mulder–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 44]
[p. 44]

IX

Brokman hie by Dineke west mei it útstel, dat hy it hûs fan mefrou Goudman wol leechhelje woe, foardat ferkearden it spul derút helje soene. Dêr siet Dineke. Miende er dat no? Wie er fan herten helper, mar koe er net tsjin de ferlieding fan wat wielde op? Wie er tagelyk én goed fertroud én bewariër, in Ariër - net-joad dus - dy't joaden tasei har spullen bewarje te sillen, mar se stikum ynpikte? Omt wy dochs al wisten fan Brokman, lei Dineke ús har probleem foar. Se die no wer as hie se it allinne tsjin heit en mem, krekt as hiene wy nachts net as twa grutte susters praat.

‘Ik sil wol helpe,’ sei ik dus. Dineke seach my op en del oan. Wel, dat koe har noait ôffalle, want ik wie al grutter as ûnderdoarke Dineke. Dêrom ferfette ik: ‘Sis gewoan tsjin Brokman, dat it leechheljen al regele is. Dan woe ik wolris sjen, oft er noch it lef hat om der sels op ôf te gean.’

‘Hoe âld bisto,’ warskôge heit.

‘Yn myn fyftjinde,’ snaude ik. No koe ik ris sels de hannen útstekke en wat moast heit my dan te misledigjen. ‘Jan kin ek helpe,’ sei ik noch om heit noch wat better ôf te straffen.

‘Dêr komt neat fan.’ Dat wie mem har stim út de keuken wei. ‘Lit Jan derbûten.’

‘Sjoch,’ begûn Dineke, ‘ik tink sa, of leaver de organisaasje tinkt sa, dat de risiko's safolle mooglik ferdield wurde moatte. Wy ha Anneke, ik help joaden en oare ûnderdûkers, dan moatte wy hjir thús net noch mear gefaar rinne mei it leechheljen fan huzen, it rûnbringen

[pagina 45]
[p. 45]

fan ferbeane kranten en sa. Dat moatte wer oaren dwaan.’

‘Binne dy oaren der?’ woe heit witte.

‘Jawol,’ andere Dineke, ‘mar 't falt ôf. Guon fan wa ast tinkste: dy wolle wol wat dwaan, dêr komst raar mei op 'e kofje. Ien foarbyld. Harmen Zylstra no? De man rûn altyd, 't boarst mei oranje foarút, foaroan yn de optocht op Keninginnedei, en wat koe er prachtige taspraken hâlde oer koningin en vaderland, God, Nederland en Oranje. Gjin each bleau droech. Mar net ien sint foar it ûnderdûkerswurk en alhiel gjin ûnderdûker yn syn hûs. Nee hear, Dineke, dat is fiersten te drok foar de frou. Leffe eamelkont. Heit seach oars wakker by Zylstra op, netwier?’ Heit joech gjin asem.

‘Dat hûs moat leech,’ brocht ik yn it spande fermidden. ‘Ik nim ús âld bernewein.’

‘Goed idee,’ priizge Dineke. Se neamde op, wat perfoarst ophelle wurde moast. Net, dat it spul fan hege wearde wie, mar wy moasten de ferkearden net iens in skurf theepantsje gunne. Yn elk gefal woe Dineke it âlde klokkestel en de stuoltsjeklok ophelje en in fyn persleinen servyske. De oare jûns om kertier oer achten moast ik mei de bernewein komme, dan hie Dineke de boel ynpakt klearstean.

 

Mei mem har mantel oan en har sneinske hoed op koe ik trochgean foar in jonge frou. Ik woe har skuon mei de hege hakken ek oan, mar doe't ik der yn 'e hûs al op omknoffele, wiksele ik se dochs mar wer foar myn eigen sandalen. De skonken trillen my al genôch, doe't ik fiif foar achten yn 'e gong klearstie mei de bernewein.

Heit stie foar hûs by it stekje de strjitte ôf te eagjen. Dit útstapke gie net ien wat oan, de buorlju ek net. It rútsje yn de foardoar stie iepen, dat doe't heit wonk die mem de doar iepen en dêr stapte ik hinne, sa elegant mooglik, de strjitte del. Sa út en troch bûgde ik de holle ûnder de kape en skikte sabeare wat oan it tekkentsje en lekkentsje,

[pagina 46]
[p. 46]

dy't mem yn de wein lein hie. Echter koe ik it net betinke.

Hoe tichter by it hûs fan mefrou Goudman, wat slimmer de skonken my begûnen te triljen. Wat no? Mar sagau't ik oan de griene foardoar ta wie, gie er as fansels iepen. Dineke loek de wein it gonkje yn en ik stapte der hurd efteroan. Doar ticht. Se makke ljocht mei in kearske. Aha. Se hie it spul ferpakt yn lekkens. Tegearre loegen wy de pakken en pakjes yn de bernewein, it tekkentsje kaam oer alles hinne.

‘Jo ha in grouwe poppe, mefrou,’ bearde Dineke, ‘in sûne, foaroarlochske poppe. En no nei hûs. Doarst wol?’ Ik koe al min nee sizze, al soe ik op de weromreis nimmen mear wysmeitsje kinne, dat yn dy wein in poppe en neat oars as in poppe lei: it spul stiek oan it dak fan de kape ta.

‘'t Is roettsjuster ommers,’ sei Dineke. Se hie de foardoar justjes iepen en loerde troch de skreef de strjitte út. Der rûn in man foarby. Wer ien. ‘Ssst, plysje!’ It hert sloech my yn de kiel dêr yn dat tsjustere gonkje. ‘'t Is plysje Van der Zee,’ flústere Dineke, doe't er foarby wie. Dy ferkearde dus.

Kom mar, wonk se. Ik sykhelle djip, manoevrearde de bernewein de strjitte op en draafde fuort. Ho, Klaske, sa rint in mem mei in poppe yn 'e wein net, bestrafte ik mysels, en no moatst ek ophâlde fan triljen, wa kin no noch neigean wer ast weikomste. Ik seach nei de bobbels foar my yn de wein: mefrou Goudman har dea guod. Soe se oait wer. Ik rûn ynienen te skriemen en stiek de holle mar wer ris ûnder de kape. Ik stompte my oan it guod. Mei de tippe fan in lekken roste ik my de wiete wangen ôf en stapte fierder.

 

Doe't Dineke thúskaam, fertelde se, dat se Brokman tsjinkommen wie. ‘'t Is al klear,’ hie se sein. O! Hy hie bêst helpe wold.

De oare jûns helle in jonge mei in bakfyts fan De

[pagina 47]
[p. 47]

Gruyter mefrou Goudman har meubeltsjes op. De kaai smiet Dineke yn de feart. Dei, mefrou Goudman. Nee, net dei! Twa dagen letter brocht de post in brievekaart út Kamp Westerbork, adressearre oan Dineke.

Lieve Dineke,

Zou jij ervoor kunnen zorgen, dat ik hier een schort krijg? Ik moet hier werken in de keuken en dan wil ik me niet erg vuil maken. Het gaat aardig goed met me en ik tref kennissen. Alvast bedankt, mevrouw Goudman.

Wy beseagen, betaasten, berûkten de brievekaart, as hiene wy berjocht krige út de hel. Mem pakte daliks har bêste skelk yn en die yn de bûse it pûdsje keunst-sûkelaadsjes, dat se krekt op 'e bon kocht hie. Heit troppe yn de oare bûse syn iennichste pakje sigaretten. ‘As se sels net smookt, kin se dy miskien ruilje,’ sei er.

De brievekaart en it pakje wiene ús lêste gedoente mei mefrou Goudman.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken