Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

10.

Geeske komt yn it skaad fan 'e tsjerke te lizzen, yn it grêf njonken dat fan har heit Former Thomas Bloemkamp. Former set syn bestean op it Heech yn iensumens fierder, as in manljushúshâlding. De noardlikste keamer brûkt er om de taande netten út te hingjen, dat it hiele hûs rûkt der nei. Oerdeis is er meastentiids de feart út of it fjild yn. Jûns sjocht er it ark nei of boetet de netten. It liket in iensum bestean. Soms moetet hy ris wat folk yn 'e feart. In Nessumer of Wierumer skipper, dy't simmerdeis reizen ûndernimt nei de feanen yn de Weerdingermond, de Krim of Vroomshoop en yn 'e Dongeradielen de lju oan turf helpe. Moarns en jûns treft er steefêst Kees en Iebe, dy't mei de molkskou de molke fan 'e boeren bylâns de Peazens nei it Betterwurd farre. Soms hat er wat gedoente mei de arbeiderslju, dy't oan 'e feart wenje en foar in mannich sinten in miel fisk fan him keapje. Dan komt er wolris oan 'e wâl en wurdt by de minsken yn 'e hûs noege foar in miel waarm iten. Fierder libbet Former och sa op himsels. Geane oaren geregeld nei de

[pagina 54]
[p. 54]

stêd om it hier knippe te litten en in pûn tabak en sneins twaris nei tsjerke, Former net. Hy knipt syn eigen hier of lit it waakse. As er yn 'e stêd komt, dan mei iel dy't er ôflevert. De tsjerke har er in hekel oan. By elk giet er troch foar in ûnferskillich heiden, dy't him nearne mei ynlit. Elk tinkt: dy sil dêr wol fersuorje op it Heech as in iensume âldfeint. En dat reade, anargistyske bloed, dat sil mei de jierren wol wat ta bedarjen komme. Dêrom hawwe se der frede mei dat er yn harren fermidden wennet en lykje alle noeden om 'e nocht west te hawwen.

Op in reinige moarn wurdt Former fan Luertske opheind as er it paad delkomt nei de barte.

‘Ik ha de kofje brún,’ ropt se.

Former ynformearret hoe't Lútsen it yn Dútslân makket. Luertske beart earst wakker, dat er it goed nei 't sin hat en foeget der oan ta ‘Hy fertsjinnet dêr in swiet stikje brea.’

‘Hy wie ek leaver thús,’ seit Willem. ‘Moatst it no net foarkomme litte, as soe er it dêr fûn ha. Se wenje dêr yn barakken mei wol in pear hûndert, ja miskien wol in tûzen man.’

Luertske rekket even fan 't sintrum, mar ferfettet ‘No ja, ideaal is oars, dat is myn sizzen net. Der giet neat boppe thús, mar se ha it dêr bêst fan iten en drinken. En wat noch belangriker is, se ha wurk en de jonge hoecht de hân net op te hâlden. Dat hat my altyd sa om him begrutte. Sa'n skoandere jonge, dat er dêr by Hylke yn 'e rige stean moast, of dat er te Mitselwier foar it loket stie mei alle rosmos út 'e gemeente. Ha wy him dêrfoar leare litten? De jonge hat safolle leard en dat er dêr neat mei dwaan kin. It is sonde. Wy hiene sa graach sjoen dat er master wurden wie. En doe't er de brui der oan joech, ha wy de hope hân dat er nei it kantoar koe. Hy hat alles besocht. By it molkfabryk, yn it houtstek, it gemeentehûs en by it wetterskip. Wêr hat Lútsen net allegearre west om syn heil te sykjen. Mar der wurde gjin minsken frege. As der al immen nedich is, dan steane der safolle klear mei in kroade, dat ús jonge gjin kâns kriget.’

‘Komt er meikoarten ek ris thús?’ ynformearret Former.

‘Mei de krystdagen is de hiting, mar ik moat it noch sjen.’

‘Miskien ek wol folle earder,’ merkt Willem op. ‘De jonge is dêr sa ûnwennich as in kat, ast tusken de rigels troch syn lêste brief lêst.’

‘Dat is ek gjin wûnder,’ bekket Luertske. No't dat fanke de ferkearing útmakke hat wylst de jonge dêr poer yn 'e frjemdte sit.’

‘It wie in ferkearing fan neat,’ seit Willem. ‘Altyd op 't krijen ôf.’

Luertske fynt dat Willem it tefolle ôfbeart en seit ‘Fansels hat de jonge

[pagina 55]
[p. 55]

wolris langst nei hûs. Hy is op 't lêst yn 'e frjemdte. Mar om te sizzen dat er ûnwennich is, nee.’

‘In hiel jier yn dy barakken om húsmanje falt goed ôf. Ik wit it út myn eigen tsjinsttiid yn '14-'18 yn Brabân. Wy leine by Baarle-Nassau, tsjin 'e Belgise grins oan. De hiele dei wachtklopje en wat tsjin 'e barakken oanhingje. Der wie wol in soad ferdivedaasje mei kloften flechtelingen en sa. Mar nacht en dei as manlju ûnder elkoar yn ien lange barak, dat is om dea te gean.’

‘Dat wie yn Brabân,’ falt Luertske út. ‘Do hast it altyd oer Brabân. Leau mar dat se it yn Dútslân better foar elkoar ha.’

Former freget noch wat er dêr by d' ein hat.

‘Fan alles,’ seit Willem. ‘Earst wie er by de boer, mar no hâldt er yn in fabryk ta, earne tsjin de Poalske grins oan.’

Luertske hellet in brief fan Lútsen út it taffelslaad en fertelt al lezende ‘Hy skriuwt dat er it goed nei 't sin hat, mar dat er leaver thús is. Hy moat hurd arbeidzje, skriuwt er, yn dei- en nachtploegen.’

‘Munysjefabryk, tink?’ freget Former.

Luertske knikt ‘Silt wol.’

‘Dêr is in bulte soldaterij,’ seit Willem.

‘Tefolle,’ merk Former op.

Luertske fynt it net sa slim dat der sjitark makke wurdt. ‘Dat guod moat der ek wêze.’

It petear heakket even, mar Luertske is noch net útpraat oer Lútsen ‘Mei't er de taal goed machtich is, hat er as foarman de lieding oer in hiele groep Nederlanners. As er goed oppast, kin er it dêr noch fier skoppe.’

Former fynt dat it net safolle sin hat syn argewaasje fan Lútsen syn dwaan en litten blike te litten. Hy besjocht oer Luertske har holle hinne de portretten fan Dumaer van Twist en Hindrik Colijn, en kin him net begripe hoe't in jonge, dy't by de ideeën fan sokke foaroanmannen grut wurden is, him ferliede litten hat om yn Hitler-Dútslân te arbeidzjen. Minsken dy't har sa iepentlik op 'e Oranjeleafde en de leafde foar de eigen nasjonaliteit foarstean litte en dan har bern der net fan wjerhâlde om syn kreften te jaan oan in oarlochssuchtige polityk fan Nazi-Dútslân. Dat wol noch net earlik yn him del.

‘It is polityk wol gefaarlik, wat er dêr by d' ein hat,’ seit Former. Hy kin it net litte en smyt even in baltsje op.

‘Gefaarlik?’ freget Luertske kjel. ‘Hoe bedoelst.’

‘De politike gefolgen, bedoel ik. Dy wapens sille wol net makke wurde

[pagina 56]
[p. 56]

foar de poerlegrap. Se binne net bedoeld om der mei te boartsjen.’

Dan falt Willem mei gâns oertsjûging út ‘Se smite dêrmei wol in wâl op tsjin it reade gefaar, dat ús út it easten wei bedriget. It Stalinisme, de prosessen yn Moskou. Dêr bisto miskien minder bang foar as wy. Us is leard dêryn de macht fan de antikrist te sjen. Ut dat eachpunt wei, hat de jonge myn segen. Dêr hawwe wy tsjin te striden. Dat is ús opdracht. En ik tocht datsto fan dyn mem ek wat fan dy eftergrûn meikrigen hiest.’

‘Ik leau dat jimme besykje it kwea mei it kwea te bestriden,’ seit Former.

Willem ferset him der mei oertsjûging tsjin en seit ‘Wy ha yn '18, doe't Troelstra de macht yn 'e Twadde Keamer oernimme woe, sjoen wat wy oan dy reade revolúsje te tankjen hawwe soene. De macht oan de arbeiders, de macht oan de Steat. Dêr is noch nea goeds fan kommen. Dêr hawwe wy doe ús offers foar brocht. Mei Lútsen leit it noch even oars, by him snijt it mes fan twa kanten. Hy hat wurk en helpt dêrmei tagelyk de driging út it Easten wei ta stean te bringen.’

Mei dy wurden giet Former oerein, kriget syn pet en stapt nei de barte. Dêr stiet er in skoft yn it feartswetter te sjen. Der snjittert in kâlde bui yn 'e feart, dat der bûlen op it wetter brobbelje. Hy wit net oft er gean sil of net. Hy bekoarret him en giet nei hûs. Yn de noardlike keamer jout er him del mei netteboetsjen. De rein knettert feninich tsjin 'e ruten. By de grize kâlde loften en de skiere wolken dy't oer it fjild stowe fielt er him foar it earst slim allinne.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken