Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 91]
[p. 91]

18.

De winter is noch mar amper út 'e grûn of de swipe fan de wurkferskaffing jaget it leger fan wurkleazen wer op. Lútsen syn brief oan soasjale saken hat sa't skynt holpen, want hy hoecht net wer nei 't slyk, mar moat foar ûntginningswurk op it kantoar fan De Drie Provinciën komme. Dêr kriget er de opdracht om op 'e earste maart mei bats en learzens op 'e Broek te ferskinen. Sa rekket Lútsen Idsardi foar sân gûne wyks nei de wurkferskaffing yn it Bûtenfjild, in stik feanlân, dat yn de njoggentsjinde ieu troch boeren en arbeiders út dy kusten ferfeante wurden is. Wat se neilieten wie in wylde wrald fan klyn en wetter. Yn it droechst fan 'e tiid koe men dêr de lytse boerkes fan 'e Falom en de Trynwâlden op brike perseeltsjes oan it wurk sjen, om ein juny it lichte blaugershea te winnen. Wat der dan yn it fierdere fan 'e simmer oerbleau wie foar de koaters en komelkers fan 'e Feanwâldsterwal, de Mûnein en Readtsjerk. It wiene dy earmoedsaaiers, dy't simmerdeis op goed gelok mei de seine op 'e platte gersskouwen útswarmen oer de dollen, markes en petten, om op it ûnlân en de klynpôlen hjir en dêr in bekfol fretten te meanen. It wie faak skraabjen om mei in skou fol stâlfuorjen werom te kommen, want meastentiids hie elk oeral al west. It Bûtenfjild wie in nuodlik gebiet, dat by rûch waar yn in omsjoch ûnder wetter strûpe koe. De ynpoldering fan guon tinbomige stikken en reidsompen, hie it wetter wol hieltyd fierder werom krongen, mar yn 'e dollen, dy't fan 'e klynstekken oerbleaun wiene, rûn yn in reinige rite nammerstemear boezemwetter gear, want it wetter moast dochs earne keare.

Koartom, it wie in wide, ûnherberchsume oarde, dêr't elk frij rispje koe wat mar fan syn gading wie. Mar it wurk wie der dan ek neffens. Njonken de gerskers seach men der hjerstmis de reidsnijers en by iepen winter gauris fiskersfolk warber. En simmerdeis by moai waar dan kamen de plezierfarders mei de sylskouwen. En noch machtiger wie it folk, as winterdeis it hiele Bûtenfjild in iisflakte waard.

It is dy wrâld, dêr't Lútsen mei kloften lotgenoaten hinne dreaun wurdt om de grûn te sljochtsjen, te plagjen foar in nije dyk en om de terpmodder, dy't mei tsjalken en preammen út Eastergoa oanfierd wurdt, oer de al te lege stikken út te kroadzjen.

It is op in moandeitemoarn tsjin sânen, dan stiet Lútsen mei Feitse Jilderda en Sake Rekker fan 'e Moarrewâldster Hale en Wybren van Keulen fan 'e Geastmer Kapelle op 'e Hazzeloane efter de Broek. It is noch mar amper ljocht. Der hinget in skiere damp oer it ûnlân. In helder fû-

[pagina 92]
[p. 92]

gellûd is even it iennichste libbensteken dat út it ûnlân komt.

Mei har fjouweren binne se de earsten, dy't yn it oanwinnende ljocht it fjild yn rinne en plak sykje foar de fytsen. Sake strûpt de jas út en berget dy op yn 'e fytstas. Dan hellet hy de breasek der út en hinget dy oer it skouder en seit suver beskôgjend ‘Dan is dit ús foarlân.’

Dy wurden kinne fan alles ynhalde; goed en kwea.

‘Hjir begjint en eint in wrede wrâld. Hjir komt in stik fan ús libben te lizzen,’ foarseit Feitse Jilderda plechtich en hy eaget yn 'e dize, as sjocht er in fisioen.

‘As it myn grêf net wurdt, sil ik my hjir wol fermeitsje,’ gnysket Wybren van Keulen. Mei dy wurden siket er foarsichtich plak efter wat strûkjeboel foar in boadskip dat er allinne dwaan moat. En wilens er hûkearzjend tusken de twigen swevet ropt er ‘It kin no noch.’

Lútsen swijt. Hy hie deabliid west dat er op 't lêste momint net nei It Skoar hoegde. Mar no't er hjir stiet ferbjustert it him. Wat ûnwis is er dy moarn út Ealsum fytst. It Bûtenfjild, hy koe it allinne fan hearren en sizzen. No't er it foar him sjocht liket it op in ferdold slyk, dat yn 'e dize net ôf te eagjen is. Mei de oare manlju giet er yn 'e lijte fan 'e keet stean en lûkt de lange jas út. Der komt noch mear folk by de hagen lâns. Allegearre sette se op 'e keet ta en steane yn kloften te wachtsjen. Guon strûpe de ljiskboksen al oer de learzens en meitsje dy fêst oan in riem om 'e mul. Se binne der op klaaid en witte wat har te wachtsjen stiet yn slyk en slam.

De wurkbaas komt út 'e keet setten en wappert mei papier. Mei in piketstôk wiist er oer it wide fjild nei de swarte plakken. Hy jout de rjochting oan en wiist it paad dêr't se lâns moatte. Allegearre krije se in ein panlatte as luiter tasmiten, dy't se op it skerp fan 'e bats stekke, om mar gjin ûngemakken te krijen mei it skerpe ark en om hâld te finen, mochten se al fan it glystrige paad reitsje. Dan hyt er harren oan it wurk te gean en sjocht allegearre dy't him foarby moatte oan mei fjoer yn 'e kop. De ploechbazen foarop. De measten mei de hannen yn 'e bûsen en de lep skean nei de grûn hingjen. In swijende stoet.

Der komt ljocht oan 'e loft. De wyn hellet oan. De sinne komt read boppe de kym. De damp wurdt tinner en op 'e westerkime sjogge se de skiere beammerige fan 'e Trynwâlden en it Aldtsjerkster Klinzebosk. Der tekenje har yn it noardwesten ûnlijige loften ôf.

Se sille dy deis noch in pear grouwe buien oer de hûd krije. Mar beskûl hoege se hjir nearne te sykjen. In hiele lange dei binne se hjir útlevere oan de natuer. Miskien is it dêrom dat se minder acht jouwe op it waar

[pagina 93]
[p. 93]

as op 'e wurkbaas, dy't harren koartkearich by de keet opheind hat.

Feitse Jilderda, dy't by it glysterige paad del rekket en oan 'e knibbels ta yn 'e klyn sakket stekt in han út nei Lútsen om him der út te skuorren. Wilens er wer op it paad telâne komt seit er ‘Dy wurkbaas, dat is in earsten hont. Dêr krije wy grif noch in soad stront mei.’

‘Hy kriget fan my noch wolris in bats klyn foar de harsens,’ seit Wybren van Keulen koart.

Lútsen hâldt him kúm. Dy rûge mannen binne him oermânsk. Harren drystens hat er respekt foar. Harren argewaasje sprekt him wol oan, en dêrom wol er harren mar leafst te freon hâlde. Hy is in ienling út 'e Klaai, dy't as by fersin hjir tusken de Wâldsjers telâne kommen is. Der moatte earne noch wol in pear Dokkumers wêze, mar dy kinne ek wol de Readtsjerkster kanten út dirigearre wêze.

De ploechbaas wiist harren plak en wurk. Allegearre stekke se it blinkende ark yn 'e dridzige grûn. Nei in lange winter fan omhingjen en luiterjen moatte se har no de bealch wer reppe. Dat falt net ta yn dit ûnlân, dat nei de froast mei fûl reinen ta in kliemske plaat ynslime is.

‘De duvel hat hjir jongen,’ raast Sake Rekker.

‘Dit hiet it beloofde lân te wêzen, neffens de man fan De Drie Provinciën, mar it hat mear fan in poel des verderfs,’ skampert Wybren.

En dan krije se de earste bui oer de hûd. Fine hagel, dy't harren fel tikjend op 'e rêgen stuitert.

‘De kjeld moat earst út 'e loft,’ seit de ploechbaas.

Lútsen stiet te hanbûtsen. It is gnobkâld. Dan jout Sake Rekker him in triuw mei de lep yn 'e rêch en seit ‘Do moatst dy net waarm bûtse, do moatst dy waarm skeppe, feint.’

Lútsen lit it oer him hinne gean. Hy is bang foar dizze wylde maten en wol se graach te freon hâlde. Dêrom docht er ferskuorrend syn bêst. Hy sjocht lykwols al gau dat er net tsjin dizze mannen arbeidzje kin, sa fûlfretten sette se dy moarns útein.

Der binne ek in pear woestelingen. Heale wylden, dy't fan 'e Lange Hage tusken Kûkherne en it Swart Krús efter Burgerheidebosk wei komme. Bearn en Sikke hite se. Dy farre ôf en oan mei in meunster fan in bollepream en bringe sân en grint, dy't oannimmer Wildeboer fan Hoogkerk mei tsjalk en skûte oan 'e Lodde Hel tabringt. Dat materiaal wurdt brûkt foar de boppeste lagen fan de nije ûntslutingswegen, dy't troch de Leijen en tusken de Skiersleat en it Bomriden lein wurde. Feitse Jilderda hat se de namme de Murden jûn, want se stjonke wol in oere yn'e wyn.

[pagina 94]
[p. 94]

As ien fan de Murden op in moarn mei it kroadzjen by de planke del rekket en mei de hûd op 'e izeren râne fan 'e pream del kwakt, dat er nei de siken gappet, rekket er mei trije stikkene ribben nei Ljouwert ta. De ploechbaas wol Sake Rekker mar by de oerbleaune Murd opstappe litte. Mar Sake betanket foar de eare ‘It stjonkt my tefolle. Kinst der wol dwyl fan yn 'e kop wurde en trûzelje oer board.’

‘Mei ien minder hast ek mar de helte fan 'e lucht,’ ornearret Wybren van Keulen.

Feitse Jilderda gniist en ropt 'Mei ien noaster ticht, rûkst mar in fjirdepart fan 'e lucht.’

Dan is it Lútsen dy't him oppenearret. Dat farren liket him better as in hiele dei stiif oan 'e lep te stean. Dat sûnder lins plaggen stekke en kroadzje en dy út 'e glysterige delte wei tsjin de ynklonken wâl op te loegjen, ferfeelde him nei twa dagen al. Oars soe er it miskien noch net ienris dien ha, mar as er ek mar even belies jout, kriget er fan Sake in triuw mei de lep. Hy hat al lang yn 'e gaten dat er net tsjin syn maten arbeidzje kin. En dy ha him yn 'e ploech om op 'e meter te arbeidzjen. By de ploechbaas bringt er syn erfarings as skipper nei foaren.

As geane Sake Rekker dan de eagen iepen. Hy sjocht Lútsen even rjocht op en del oan en seit dan suver ferbjustere as kin er himsels net leauwe ‘Sis bûke, bisto dan dy bokskipper, dy't ferline simmer mei dat houten gefal fan Feije Joepertsje op 'e Burgumer Mar nei de plûmpert gien is?’

Lútsen wurdt kjel en fielt him ûntmaskere. Hy heakket der yn om, want hy skammet him dea. Hy hat wol yn 'e rekken, dat, wol er de mannen noch langer rjocht yn 'e eagen sjen kinne, hy opbychte moat. Hy knikt dêrom wat nuet en jout omstannich ferklearring fan de oermacht fan de natuer, dy middeis op 'e wylde mar.

‘It waar, dêr kinst it net op ferhelje,’ seit Wybren. ‘Dat kinst sjen. As de mar it skom op 'e bek hat, moatst mei sa'n âld houten bok mei sân op 'e lânfêsten gean.’

‘Dus, do woest skipperje?’ laket de ploechbaas as er Sake syn relaas oanheard hat.

Lútsen knikt ûnderdienich, mar hat wol begrepen dat syn reputaasje it al bedoarn hat. Sake fertelt noch, dat Feije it ding op eigen kosten lichtsje litten hat en dat it him mear sinten koste as de hiele âld bok wurdich is. ‘Mar Feije hinget oan it ding as oan syn eigen bern.’

Feitse Jilderda narret Lútsen noch even as er seit ‘Ast wolste kinst fan 't simmer wol wer mei Feije akkoartsje, want de bok leit wer kreas op-

[pagina 95]
[p. 95]

tarre yn 'e Kolk. Miskien kinst fan 'e wurkbaas it klaaifarren oannimme fan 'e Readtsjerksterhoeke.’

‘De wurkbaas sjocht my oankommen.’

De ploechbaas wol der net oan dat Lútsen op 'e pream komt.

‘Bliuw do mar moai te plagjen, dêr kin dy neat oerkomme,’ seit er meilydsum.

Dan pakt Sake Rekker tsjin de ploechbaas út 'Dan sitte wy hjir wol ivich en erflik oan dy kliemer fêst. Wy ha no al wiken efter elkoar alle dagen in pear meter wurk foar him opknapt út goederbêst, want Lútsen en syn folk moatte ek troch de tiid. Mar wy moatte it wol alle sneonen belije. Dat, as jo him op 'e pream prakkesearje kinne, moatte jo it net litte. De Murd sil him wol oanfiterje. En leau my, mei dy woesteling fan 'e Lange Hage oan board giet Lútsen net nei de plûmpert. Oars set er him mar yn 'e line, dan kin er him altyd wer oplûke.’

‘Hy is der net tsjin opwoeksen,’ seit Feitse Jilderda. Hy kriget begrutsjen mei Lútsen. ‘De jonge hat net mear yn 'e bouten.’ By dy wurden sjocht er Lútsen noch ris op en del oan.

‘Wy dogge allegear ús bêst en moatte him der mei troch skuorre.’

‘Mar ik ha thús njoggen bekken om iepen te halden,’ raast Sake Rekker. Wybren van Keulen wol Lútsen ek wol slite, mar hy seit it sa wreed net lykas Sake. De ploechbaas wol gjin spul ha en lit Lútsen op 'e pream stappe. De Murd is in beul fan in fint en boppedien gleonhastich. Ien dy't Lútsen fier oermansk is. Om syn nije help út te probearjen, lit er him de earste loop mei in grouwe fracht grint yn 'e line rinne. Lútsen wrakselt troch glysterige feansompen om de pream oer de Wiel en de Smarpot nei de Skiersleat te skuorren. De Murd sit op it roer te bliksemjen, dat de ploegen, dy't yn 'e Leijen en it Wyldfean oan it wurk binne, kinne him wol kettermintsjen hearre. It giet om dea foar Lútsen, want de Murd is in oerminske, dy't hiele dagen stiet te bombardearjen om safolle mooglik lêsten sân en grint yn 'e dyk te krijen. Hy kriget by de tonne betelle en moat it no ek foar syn sike broer fertsjinje. Lútsen kriget alle sneonen sân hurde gûnen op 'e fingerseinen, omdat er mar foar de helte kostwinner is en de âldelju in ryksdaalder âlderdomsrinte fange. Dat jild smyt er sneontejûns as in kweajonge op 'e tafel en sit fierder in hiele jûn lûklam by de tafel wat foar him út te stoarjen. Dat Luertske seit op in kear ‘Wy meie wol mei him nei dokter, it wêzen is der út.’

Dat libbenleaze stoarjen jûns, wiist der op dat er it byld fan it Bûtenfjild net mear kwyt reitsje kin. Hy pakt der altyd mei om en nimt it mei op

[pagina 96]
[p. 96]

bêd. Hy kin der net mear fan sliepe. Moarns giet de wekker al wer yntiids en komt er mei lijen fan 't bêd. Ienris op 'e fyts, dan giet it wol wer. Mar as er de Murd sjocht, dan is der wat yn him dat him ûnwis en bang makket. Lútsen wol gjin belies jaan. Hy wol der by hearre. Dêrfoar wol er alle fernederingen wol oer him komme litte. Hy wit wol dat se him foar kloat brûke en dat se om him laitsje. Mar dat sil ienkear feroarje. De sprekker hat it dúdlik sein op 'e lêste gearkomste fan de NSB te Dokkum. Geduld, hat de man sein. Fral geduld ha en de gelegenheid ôfwachtsje. Dêrom leit Lútsen der ek net tsjinyn, as de Murd him altyd nei de swierste ein stjoert, as de posten, dêr't se mei de pipegaal oerhinne kroadzje, ferlein wurde moatte. Dan stiet de Murd op 'e pream te rachen en lit Lútsen de lânein, dy't djip yn 'e klyn ynslike leit, ferbealgje. By it laden en lossen stiet Lútsen altyd op it minste plak. Moat der fearn wurde, Lútsen hinget yn 'e line, of trilket mei de boom. Hy garret al dy fernederingen om him ienris wreke te kinnen. De nije partij sil in ein meitsje oan dit soasjale ûnrjocht en de macht fan it kapitalisme brekke, dat is Lútsen syn hillige oertsjûging.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken