Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

29.

Krekt efter Wetsens, mei de kont tsjin it Jellegat, stiet in brekfallich hûs mei in reapanne foarein en in tekke skuorke, by de gatten hiel. Lange jierren hat Eabe Hazzeëar dêr wenne as komelker en dêr mei syn grutte húshâlding in skraal bestean hân. Doe't de man stoar kocht Anders Dykje it hûs foar in mannich sinten fan 'e famylje. It strekte Anders net sa bot. It gyng him der om, in dak boppe de holle te hawwen.

Yn 'e hûs hat er in pear wrakke stuollen, in tafel en in iken kammenet. Dat is frijwol al syn rêding. Yn it bedstee leit er alle hjerstmis farske skeaven reid oer de ûnderleggers. Dêr struit er dan in pear earmfol weetstrie oerhinne. Der is gjin sûner sliepen as in striebêd, seit Anders. Dêr krûpt er jûns net al te let yn mei klean en al, want hy is moarns al wer yntiids op 'e lappen. Hy wol de dage oer de loft gean sjen. Yn 'e hûs kin in blyn hynder neat stikken slaan. Anders kin mei in bytsje ta. Hy hat in hekel oan in protte brol yn 'e hûs. Fierder hat er op it tipke lân njonken it keetsje in keppeltsje skiep. Dy befrette dat it hiele jier troch. Dat benammen by 't winter is it skraabjen foar de bisten.

Anders hyt fan syn efternamme feitlik Dykman, mar sa ken nimmen him. Behalven te Mitselwier, dêr't er mei dy namme te boek stiet op it gemeentehûs en by notaris Brons, dy't him sa yn 'e akte hat. Elk seit Anders Dykje. Sa is er oant yn wide omkriten bekend as in singelier man, dy't libbet as in bist. Hy wennet stienallinne. As jongfeint is hy der wat wûnder trochstrûpt. Hy kaam út in nêst fan fjirtsjin. Syn mem stoar al jong, yn 'e kream fan 'e fyftsjinde. Sa wie Anders mei tolve jier al de doar útrekke en kaam by in boer op Kleaster Sion ûnder Nijewier telâne. Dêr rûn er mei de lulke kop wei, doe't er noch sechtsjin wurde

[pagina 143]
[p. 143]

moast. Hy swalke in skoft en socht syn bestean yn wyld en los wurk. Hy hâlde in skoft ta yn 't Moddergat. Dêr fear er by Muonte Visser op in lôger as skulpefisker. Op in dei is er op in auto mei skulpen stapt en is doe yn 'e kalkûne te Gerkeskleaster bedarre as brander. In seeman is it noait wurden. Letter socht er syn heil te Dokkum, dêr't er by in houthanler oannommen waard foar skiplossen. Mei it útsicht op in oplieding foar besteksiker hat er dêr in jier as wat de kustfarders leech helle, oant er slaande deilis rekke mei in Sweedske skipper. Yn dy tiid learde hy der wat by en it like der even op dat Anders foar it fierdere fan syn libben in effener paad troch de maatskippij folgje soe. Yn dy snuorje siet er wol gauris efter de froulju oan. Mar it rûge hier wie der noch net út. Hy krige sin oan drank en hie oars gjin praat as dat er nei Amearika woe. Dêr soe it mar te heljen wêze.

Wat hommels wie er yn 'e militêre tsjinst rekke. Doe't er dat folbrocht hie, besocht er it by de maresjesee te Apeldoarn. Hy moat him yn 'e tsjinst dan wol fatsoenlik gedroegen ha. Mar te Apeldoarn, dêr soene se in minske fan him meitsje. Anders wie net sa noflik en it bleau in frijbûtser. Net kwea, mar wol eigensinnich. Yn dat gesachstrouwe fermidden fan de maresjesee koe er mar min aardzje. Nei in jier as wat sei er de hearen farwol en kocht it útrûpele komelkersspultsje op 'e uterste tippe fan it stik lân, dat by âlds de namme hat fan de Lange Noas. It hûs stiet in bytsje skean weisakke yn 'e sompige wâl fan it Jellegat. Dat wie yn 1905.

Anders hat doe it unifoarm útstrûpt en oer de bekling fan 'e stoel hinge. En dêr hinget it no, fiifentritich jier letter, noch. Yn it earstoan binne der wol gauris plysjes en maresjesees om 'e doar west om it unifoarm yn te nimmen, mar dy hie Anders altyd rap fan 't hiem. Wat dat oanbelanget is Anders altyd deselde felle deale bleaun. As it him net nei 't sin giet is 't in earst mâlen. Mar te Wetsens ha se nea wat mei him te rêden. Se litte him yn syn wêzen. Frijwol gjin minske dy't gedoente mei him hat. No eaget Anders ek net sa bot. Mei syn branderige eachjes yn in goar gesicht en altyd in burd fan trije dagen, dat er op it gefoel ôf mei de skjirre behoffent, is er in ôfskrik. As er laket is der oardel tosk te sjen yn in wrakke gavel.

Der is nimmen dy't ea by Anders yn 'e hûs west hat, of ek mar by him troch de finsters sjoen hat. Hy hat nacht en dei de finsters ôfsletten mei kowetekken.

As Anders Dykje troch de buorren fytst sjonge de Wetsenser bern spotsk:

[pagina 144]
[p. 144]
 
By Anders yn 'e hûs,
 
Is it tsjuster,
 
Alles bjuster,
 
Alles fyn.
 
In rôt en in mûs
 
Hingje yn 'e spyn.

Anders seit altyd dat er in hekel hat oan ljocht yn 'e hûs. Troch de jierren hinne binne der hjir en dêr wol gatten yn 'e tekken fallen. Dêr komt krekt genôch ljocht troch om yn 'e hûs de fuotten net te brekken. Oerdeis is Anders meastentiids bûten. Dan swalket er troch it fjild, nei it Stienfek, of nei de Bijekoer ûnder Eastrum. Hy mijt de bewenne wrâld. Hy jout him ek net sa fier fan hûs dat er it spul net mear yn 'e kiker ha soe. Hy fertrout gjin minske. Allinne de natuer, dêr hat er in swak foar. Simmerdeis leit er by moai waar hiele dagen spierlike neaken oan de Sûr Ie te sinnebaaien, of slacht yn it wetter om. Skippersfroulju binne wol foar him op 'e loop gien. Hjerstmis en winterdeis sit er in bulte thús. Om in rattelstoer te fertsjinjen snijt er hjerstmis foar in stikmannich boeren út 'e Kouwen it reid, dat se brûke by it bultbeslaan. By 't maitiid ferkeapet Anders syn lammen en wol. Mar simmerdeis is de hiele wrâld fan him. Dan is er ek fral nachts warber. As in rôt sleept er alles wat er brûke kin en baarne wol nei hûs.

Op in winterdei stiet er mei de rêch tsjin de waarme súdmuorre, en skoasket de stramme bonken yn it skrale sinneljocht. Dêr kriget er Former yn 'e kiker, dy't mei de bats ûnder de earm en de molsek op 'e side de Fellingreed delkomt. Hy sjocht him oer de Wetsenser Opslach kommen, mei it hûntsje deun efter him. Hy kin it him winliken noch net begripe dat dy jonge syn eigen soan is. Pas doe't Gees neist in jier as wat op it Heech kaam te wenjen wie hy der efter kommen. Dy sterke, brede fint, dy't er al gauris mei de skou yn it Jellegat warber sjoen hie, is de soan dy't er by Gees hat. Hy wie op in kear mei sin nei de Wetsensertille knoffele, om de jonge fan tichteby te sjen. Hy hie amper opsjoen en him gjin achtslein, doe't er op 'e wâl by him stean bleaun wie. Jierren tebek hie hy der noch wolris war foar dien om der efter te kommen wêr't Gees mei de jonge bedarre wie. Mar hy hat der nea safolle wurk fan makke, dat er har op it spoar kommen is. It hat noait mienens west fan syn kant. Mei de jierren is de gedachte, dat er heit is, stadichoan út syn gefoelslibben slipe, oant de dei dat Gees de âld foarein op it Heech kocht en werom kaam te Ealsum. Doe skerpe har bestean en dat fan de jonge wer op út syn ferblikte ûnthâld. Hiel inkeld hat er noch wolris oan

[pagina 145]
[p. 145]

har tinke moatten, mar langst hat er nea wer nei har hân. De ûnwittendheid oan har omstannichheden hat him gefoelleas makke foar de feiten. Der is mei de jierren in wrede ûnferskillichheid oer him kommen. Hy hat leard oan himsels te tinken. De wrâld leit him fierder wol sljocht genôch.

Hoe faak hat er de jonge al net achtslein, as er mei de boat troch de bochtige ier fan it Jellegat kloete en dêr de fûken útsette. Soms flak efter syn hûs. Dan kaam er frijwol alle dagen om de boel te lichtsjen. Skoften hie er nei him sjen kinnen en him ynbylde dat er mei him prate. Hoe't se der tegearre op út gyngen. Hy wit noch fan de kear dat er nei him tarûn en fan 'e wâl ôf frege nei de fangsten. Dat hiene de earste wurden west dy't se meielkoar wikselen. Hy hie herkenbere trekken sjoen. De jonge hie fan Gees, mar ek fan syn eigen heit. Thús hat er himsels ferwiten dat er mei dizze oankomsten ophâlde moat.

It hat him destiids slim begrutte om Gees. No ja, begrutsjen. Dat is miskien it wurd net. De âlderdom makket jin wat tearhertiger, hat er wolris tocht. De plannen dy't er destiids hie om nei Amearika, it hie mar dryst blaffen west om fan har ôf te kommen. Letter hie Gees net mear fan him witte wollen, omdat er nei Amearika woe, omdat er de drank net stean litte koe. As in skaad is se út syn libben weiwurden. Doe't er hearde dat se wer te Ealsum wie, hat er yn bestân stien en gean in loop nei har ta. It is der by bleaun. Hja wie al wiken dea en begroeven, doe wie er noch altyd fan doel ris in jûn nei har ta.

As fielt er him nei de dea fan Geeske noch mear ta de jonge oanlutsen. No't er him de Kouwereed yndraaien sjocht, de pûde mei knippen op 'e rêch te bongeljen en de bats oan it lyntsje oer it skouder, herkent er by him de stap fan syn heit. As rint er dêr sels. It bloed ferret him net. Anders makket him los fan 'e muorre en rint in eintsje it kampke lân yn om Former op distânsje te folgjen. Former rekket te fier út 'e reek. Anders bliuwt foar it gat stean oant Former út it sicht is. Hy giet werom en sit yn 'e tsjustere keamer. Mar dêr lit de jonge him ek net los. Der is wat yn him dat him driuwt. De jonge moat witte dat er noch in heit hat, tinkt Anders. Wat kin my der fan wjerhâlde om him te sizzen dat ik syn heit bin. Hy kuert troch in skuor yn it kowetek en siket it fjild ôf. Unrêstich rint er wer nei bûten. De hûn snuvend efter him oan. Tegearre rinne se by de úttrape wâl lâns fan de bochtsjende ier. Miskien dat se meidertiid tegearre it fjild yn kinne. At er op 'e hoeke komt dêr't it gat en de Ie op elkoar oan rinne, kin er net fierder. Syn eagen sykje. Oer de feart sjocht er de Jepma's it hege Moargen ploeien. Der driuwt in lichte dize boppe

[pagina 146]
[p. 146]

de Ie. De feart leit yn in doffe spegeling. De hûn snúft yn 'e wâl.

Op 'e weromreis nei hûs wrakselt Anders mei de fraach oft er it de jonge sizze moat, dat er syn heit is. Hat de jonge der gjin rjocht op? Sil er bliid wêze mei sa'n frjemde heit? De kâns sil grut wêze dat er neat fan him witte wol. Hie ik it dan net better dwaan kinnen doe't Geeske noch libbe? Miskien hat se him wolris oer my ferteld, en is it gewoan in kwestje dat er net wit dat ik it bin. By elke oertsjûging komt wer de twivel boppe. It wurdt in lange omwei nei hûs. Untmoedige rint er troch de útriden dammen. De sinne wurdt wei yn in tsjûke damp. It is al hast nacht as er thús komt. Hy himet. Sit in skoft tusken de brol yn 'e skuorre te bekommen. Ik wurd in dei âlder. As de jonge noch in heit ha sil, dan moat it no wêze. Hy snijt in pear biten yn daalders en bringt dy nei de skiep. Yn 'e hûs beret er him in miel brij fan weet en skiepmolke. Dan is it pikkenacht en giet er op bêd. Yn it knisterjende strie kin er de sliep net fine. Hy tinkt oan 'e jonge. Miskien is er hielendal net lokkich, as er wit dat ik syn heit bin. De jonge is fjirtich jier. Wa hat dan noch ferlet fan in heit?

Der komt in gefoel fan iensumens by him op bêd, lykas er noch nea earder field hat. As lûkt de kjeld troch de ûnderlegers omheech. Hy wol net lyts wêze en dêrom leit er tsjin himsels te fûterjen. Dat ik no noch boetsje moat foar in misstap fan fjirtich jier lyn. Hy wol de jonge ferjitte. Op 'e nij besiket er om him del te jaan. Dan kin er ynienen bang oerein fleane as it nachtljocht him troch de gatten yn 'e kowedekken oansjocht mei skrille eagen. Allegeduerigen binne der mûzen yn it strie. Hy mept in pear kear om him hinne, oant it stil wurdt. Hazzesliepkes hat er. Dan is er wer hyt, dan wer kâld.

It is al tsjin trijen dan giet er der ôf om in pear romers brandewyn. Even stiet er yn 'e bûtendoar. In kâlde wyn aait him om 'e holle. Om net langer sa allinne te wêzen, nimt er de hûn mei op bêd. It bist krûpt stiif tsjin him oan en leit him de kop op it boarst. En wer tysket Anders mei deselde fragen. Soms is er even wei. Hy dreamt fan Gees. Dat se tegearre mei de skou troch it blinkende Jellegat farre, mei Former oan it roer. It is in moaie, bliere faam.

It sil al yn 'e neinacht west ha, dan heart er de wyn oangean om it hûs. Der pikke grouwe drippen reinwetter tsjin 'e ruten. De skiep dy't oan 'e hússide de lijte sykje, skobje har oan it kezyn fan de efterdoar. Meidat de wyn oan is kin er Wetsens slaan hearre. Hy skuort in earmfol strie út 'e weach, dêr't er him klûmerich ûnder bedobbet. It klamme strie rûkt moassich, neffens it waar. Yn 'e moarn komt er beswit ûnder de

[pagina 147]
[p. 147]

bult wei en sjocht yn it earste deiljocht op, dat troch de sjitgatten yn 'e kowedekken pript. Hymjend sit er in skoft op 'e stoel te bekommen. Ik wurd koartamich yn dat dampe rotstrie, seit er fel. It wol net bekomme. It hert begjint him te jeien. It is de rikketik. It hert liket him wol op 'e rin. It is de ûnrêst dy't mar net bedarje wol. Dy ûnrêst nimt er mei, de dei yn.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken