Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

36.

‘It liket wol dat de hiele wrâld hjir yn 'e brân stiet,’ balt Hinke at se út it hok wei stowen komt.

Tsjûke reekwolken krolje om it hûs en út dy wolken komt Former draven. Hy hoasset om dea.

‘It hûs giet der oan,’ ropt Hinke oerstjoer.

‘Falt ta, it is mar reek,’ seit Former en faget him de triennen út 'e eagen.

‘Likest wol gek,’ fûtert Hinke dan wer.

Former rint in eintsje yn 'e wyn op om frissichheid. De taantsjettel rikket as in kalkûne. Oare jierren stookte hy briketten en baalders mei stikken stobbe út 'e tsjerkhôfswâl. Mar de stobben binne op en brânje keapje is langer te djoer. No skoot er droege reidskobben ûnder de tsjettel om de taan oan 'e soad te krijen. As de flam der ienris yn slacht hâldt it rikjen op en lûkt der in ljochtblauwe walm de simmerloft yn.

Hinke stiet mei de hân op it boarst te hymjen ‘Ik tocht, it hûs stiet yn 'e brân, wy geane der oan. Ik roek it yn 'e keet. Der kaam in blauwe walm yn 'e keamer.’

Former smyt in earmfol fûken yn 'e tsjettel, en seit ‘Miskien is it allegear wol om 'e nocht. Ik ha fan 't simmer noch gjin droech brea fertsjinje kind mei de fiskerij. Mei de iel is 't al den donder glimmers.’

‘Faaks dat de hjerst noch wat goedmakket,’ seit Hinke.

‘It is in min jier.’

‘It is net te hoopjen dat wy sa de winter yn moatte. Wy ha noch gjin brânje en gjin winteriten. Ik wit ek net wêr't wy it weiskuorre moatte.’ De taande netten spant Former efterhûs tusken de droechstokken. Mei in dei as wat is de moanne yn 't ôfgean, dan wol er de netteboel wer ynoarder ha. Om flink gleonte ûnder de tsjettel te hâlden, stekt er hieltyd farske skobben yn it fjoer. Dy rikje earst even, dat it om it hûs hinne

[pagina 174]
[p. 174]

wolket, mar dan knapt it fjoer en brekt der in lôgjende flam troch.

‘Dit kostet neat,’ seit er tsjin Hinke. Se hat in hekel oan dat gerik en gestjonk om hûs.

‘Oars net sa slim,’ seit se, ‘mar fannacht ha wy de lucht der fan op bêd. En de keamer stiet ek fol reek.’

‘Rikke fleis kin langer mei, fanke.’

‘Mar myn guod giet der oan.’

Hinke is nidich. ‘Hiest dy tsjettel net wat mear neffens de wyn sette kind?’

‘De wyn is draaid.’

Mei koarte en krêftige stapkes rint se yn 'e hûs. It hiele hûs is ferrikke. Se stiet yn 'e keamer te snuven as in brúnfisk. Lulk klaut se by de ljerre op en triuwt it fal mei de holle in eintsje omheech. De souder stiet blau fol reek. Se kin wol gûle.

It is in krappe simmer op 'e Tsien Geboaden. Former hat noch nea sa'n bealch fol wurk hân fan 't fiskjen, mar dêrneffens hat it net opsmiten. De nachten ha de hiele simmer lâns te ljocht west foar de ielfiskerij. Boppedat is it feartswetter te waarm. Hy sjocht út nei de dei dat de hjerst losbrekt mei rein en hurde wyn. Mar de augustusloft is grilklear. Dy middeis komt Manus de reed del en freget hoe't it mei de fiskerij stiet. ‘Oan de reek te sjen giet it der by jim noch al oanwei.’

‘De ropiel is lui en it waar is te moai,’ seit Former. ‘Wy moatte rou waar ha mei tsjustere loften. Faaks dat de iel dan begjint te rinnen. Miskien dat it hjersttsjuster noch wat goed meitsje kin. Mar hjir moatst it foar in grut part fan de simmerskiere iel ha. De feart sit fol iel, mar it is meast simmerpink en glimiel, sa read as in kraal. Mei dit heldere waar leit de folwoeksen iel yn 'e blabber as luie wiven. En salang't it sa bliuwt siket de iel it yn 'e djipte. It is rûnom gelyk. Op 'e Iselmar wurdt ek neat fongen.’

Former rint mei Manus by de feart lâns en wiist him hoe't er de tsjinslaggen fan in fisker fan it wetter ôflêze kin.

‘Der leit ryklik kroas op. Dat guod groeit mei dit waar as reid.’

Op guon plakken leit in tekken flach, wylst yn de ynhammen liming op it wetter leit.

‘It moat reine, stjalpich reine, en dêrby in poepke hurde wyn, dat der driuwing yn it wetter komt.’

Under de tsjettel ferwaait de lêste gleonte. Fûnken spatte de loft yn en dôvje yn it gers.

Hinke flittert mei in amer nei de feart en komt mei in follen werom. Dy

[pagina 175]
[p. 175]

batst se oer it giele stoepke foar de doar. Der sit in sprokkenêst ûnder. De miammels drave om te rêden wat der noch te rêden is. Se spielt wat fan it taaie liem tusken de stiennen wei. It stoepke blinkt op. Ek al wenje se op Elbe, se wol it foar de snein skjin en oprêden ha. Ek al komt der gjin minske oan 'e doar, dat gefoel fan 'e snein wol se hâlde. Nei tsjerke dat is der noait wer fan kommen. Se is der ek noait tsjin Former oer begûn. De striid dy't se thús hân hat om Former hat har earst ôfkearich makke en letter is it der by bleaun. Soms, dan fielt se noch wol de oanstriid, mar dat weacht net op tsjin 'e moed dy't se dêrfoar opbringe moat. Miskien is dat it wêrom at se alle sneonen wer regaad makket om it in bytsje snein wurde te litten. De gieltsjes opskrobje. In skjinne dweil oer de gongsmatte. In ritueel wêrby't se alle kearen wer oan God tinke moat. As moat se wat goed meitsje. Dat tsjerkegean is hieltyd minder in ferlet wurden. Mar dat it net goed is, dêr kin se har noait hielendal los fan meitsje. Hjoed is alles wat oars. Se hat har nidich makke op Former, dy't al har sneonzjen ferpest hat mei syn rikjen. Se sjocht him yn 'e gleonte poarkjen, dat de jiske stoot witwêr. Lulk giet se yn 'e hûs. Se ferbyldet har dat se de fine jiske yn 'e keamer stowen sjocht. Dat er dat sneinse gefoel yn har sa teknoeie moat.

Der feroaret in bulte yn in pear dagen. Op moandei 28 augustus 1939 wurde de minsken kjel fan it berjocht oer de radio dat de mobilisaasje útbrutsen is. De oare deis steane de kranten der fol fan en op 'e brievebus yn 'e buorren is in grut plakkaat plakt, lykas ek op it transformatorhokje by de feart. En as der de oare deis swarmen soldatefolk út East-dongeradiel oer de púndyk by de Swarte Mosk komme, dy't te Dokkum mei in spesjale trein moatte, hat elk it oer oarloch. It buske fan Weidenaar riidt ôf en oan. Ek te Ealsum liket it in úttocht te wurden. De âldste fan Eeltsje Lap, Aant Terpstra, Hindrik Talsma, Eelke Veenbaas, Wytse Dongera, Yke Boonstra, Jabik Leegstra en ien fan 'e Sinia's, de strobbe fan Ealse Kingma en Siger Kracht, meast BVL-mannen, komme by de transformator byelkoar om mienskiplik ôf te swaaien nei it garnizoen. Op dat stuit leit Lútsen mei de rêch tsjin de waarme húsweach te sintsjen. Willem en Luertske ferkringe har foar it smelle sydfinster om te sjen wa't allegear opkomme moatte.

‘En do giest der net hinne,’ beswart Luertske har man. ‘No't ús jonge der net by is, hasto dêr gjin boadskip.’

‘Mar it binne ús mannen,’ leit Willem der tsjinyn. ‘At ik dêr net kom, sille se tinke dat ik my skurf fiel.’

‘Dat fiele wy ús ek en dêrom bliuwsto yn 'e hûs,’ bekket Luertske.

[pagina 176]
[p. 176]

‘Hoechst dy dêr net begekje te litten, no't ús jonge der net by is.’

Se riuwt it gerdyn noch neier ta, dat se fan 'e dyk ôf mar net sjen sille dat se steane te gowen.

‘No moatte wy sjen litte wat ús organisaasje fan de BVL wurdich west hat. De resultaten fan ús oefenjûnen kinne no te jilde makke wurde. No sille wy sjen hokker skutters ús milysje oplevert. No brekke der wer tiden oan as yn '14.’

‘Dat dy jonge dêr net wei komt,’ fûtert Luertske.

‘Wêrom moat dy jonge dêr wei gean?’

‘Do witst hoe't se oer ús tinke. Net ien kear ha se nei de jonge omsjoen. De jonge kin net iens gehoar jaan oan de oprop ta mobilisaasje, no't se syn unifoarm ophelle ha. Alle kearen wer wurdt de jonge op 'e nij straft. As ha dy njoggen moanne net genôch west.’

De soldaten begroetsje elkoar mei fleurich roppen. Se ha wakker wille om Wytse Dongera, dy't noch foar de mobilisaasje trouwe woe en dêrom yn de ôfrûne nacht mei syn Gryt nei it gemeentehûs rekke.

‘Silst wol net folle sliep hân ha,’ ornearje syn maten.

Der komme hieltyd mear bern en froulju om ôfskie te nimmen. Se sjogge Lútsen wol sitten oan 'e hússide, mar jouwe gjin azem. Lútsen makket him nidich omdat er net mear meitelt en elk him skoudert. Hy skammet him foar al dat folk en giet yn 'e hûs. Op 'e broeiske souder stiet er in skoft ûnder de glêspanne. As de kloft by de transformator folslein is, marsjearje se, lykas Hylke it harren leard hat, yn in lytse sletten kolonne nei de stêd. Lútsen kin se troch it gevelfinsterke oan 'e stêd ta neieagje. Nea earder hat er sa skerp ûnderfûn dat se him útskifte ha.

De mobilisaasje freget mear. Der wurde frijwilligers oproppen om de foardere hynders en weinen nei de garnizoensplakken te bringen. In stikmannich BVL-mannen, dy't net ûnder de tsjinstplicht falle, krije ynstruksjes om te Ljouwert it foardere materieel yn 'e griisgriene soldateferve te setten. Guon boeren binne yn ien kear al har arbeiders kwyt, en dat wilens der noch gâns fruchten fan it fjild helle wurde moatte. Mar der is net ien dy't om Lútsen komt. Yn 'e hûs swije se der oer. It is in straf dy't se meielkoar drage moatte. Willem wyt it oan Lútsen syn sympaty foar it nasjonaal soasjalisme. Luertske wol gjin ferkeard wurd oer de jonge hearre. De wrâld is har by de dei lâns fijâniger, en dêrby kiest hja de kant fan Lútsen.

Bij alle tsjinslach dy't Lútsen ûnderfynt giet er dochs alle jûnen mei de kranten op 'en paad. Wol nimt er dêrfoar de krite hieltyd wider. Hy komt hieltyd faker op plakken dêr't de lju him net kenne. Eastrum,

[pagina 177]
[p. 177]

Jouswier, Berchhuzen, Bollingwier, de Flieterpen. Net dat er dêr mear oanhing fynt, mar de lju behannelje him as in frjemd. Omdat er foar sokke lopen lang ûnderweis is, giet er al yntiids fuort. Soms op 'e neidei al. Net dat it allegearre folle opsmyt, mar it is syn iver, syn lulkens en it stribjen om wat te berikken, dat him sa fûl makket. Dêrmei wurdt er ek dryster en jout er him soms ier yn 'e middei al fan hûs. As dat in skoft goed giet, set er moarns al ôf, sadree't er werom komt fan it stimpeljen. Lútsen giet der fan út dat nimmen der erch yn hat dat hy dêr op dy efterôfplakjes de ideeën fan syn partij ferkundiget. Sa komt er yn 'e Dokkumer Wâlden, de Halepaden lâns, Twizelerheide, Koatstermûne, ja, de hiele felekant del, yn 'e hope dat nimmen der erch yn hat dat er as wurkleaze steuntrekker troch de mesken fan 'e wet krûpt.

Mar it rint speak. De ferklikker sliept net. Immen dy't Lútsen ken út it Bûtenfjild, en mei alle akkefytsjes fan Lútsen op 'e hichte is, praat syn mûle foarby.

It is op in middei, dat der in kontroleur by Willem en Luertske oan 'e doar komt. Lútsen is net thús. De âldelju moatte opbychte. De hearen wolle witte wêr't er hinne is en wat er by d' ein hat. De âlden lûke wat twivelriedich oan 'e skouders, mar wurde krekt salang útkloarke oant se troch de koer falle. De autoriteiten nimme maatregels. Lútsen moat de stimpelkaart fanwegen steunfraude op it gemeentehûs ynleverje. At er fan dy reis thúskomt seit er wrang laitsjend ‘No binne jimme de steun fan in strafte kwyt.’

‘En dat mei de winter foar de doar,’ seit Willem.

‘Dat alle ûnheil ús treffe moat,’ klaget Luertske.

‘Mar der is ommers wurk by de rûs,’ seit Willem. ‘De kranten steane fol advertinsjes. Elk hat folk nedich, no't de mobilisaasje safolle wurkkrêften opeasket.’

‘Se wolle my net ha. Wa siket no in wurkleaze eks-detinearre NSB'er, dy't syn steun fanwege fraude kwyt rekke is?’

Lútsen lit it der net by sitte. Noch dyselde jûns giet er nei Dokkum en set by Ferkranus nidich de tomme op 'e skille. Dy ûntfangt him hertlik yn 'e keamer, dêr't it plús him ûnder de soallen fearret. Dêr docht er syn beklach oer de maatregels dy't de oerheid tsjin him troffen hat. Hy fynt stipe. Ferkranus seit dat er him alhiel fine kin yn it stânpunt dat Lútsen ynnimt.

‘Mar,’ seit Ferkranus, ‘do wurkest op provyzje. Der is no neat mear dat dy behindert hiele dagen op 'en paad te gean. Mei in lytse ferheging fan dyn provyzje, moatst in deihier fertsjinje kinne. Boppedien sille dyn

[pagina 178]
[p. 178]

aktiviteiten de belangen fan de partij tige te goede komme.’

‘Al soe ik by nacht en by dei op 'e dyk wêze, dan noch kin ik gjin droech brea fertsjinje,’ leit Lútsen der tsjinyn. ‘Ik ha de souder noch fol âlde kranten.’

Ferkranus is net foar ien gat te fangen. Hy seit ‘De tiden feroarje. Tink om myn sizzen, no't de mobilisaasje begûn is, komt ús de wyn yn it seil. Elk hat it oer oarloch, en der komt oarloch. Dat is de iennichste manier om ús lân út 'e nederklits te helpen.’

Mynhear Ferkranus nimt Lútsen mei yn it fabrykskantoarke. Dêr kriget er de oanstelling ta regio-kolporteur. Der is net ien dy't safolle iver sjen lit en sa'n wide krite bearbeidet as Lútsen. En by dy bemoediging leit Ferkranus syn earm fertroulik om Lútsen syn skouder. En boppedien trije grouwe sigaren en in earmfol nije kranten. Sa rekket er wer nei hûs. Alhiel op moed praat. Dy jûns sjocht er wer ljochtpuntsjes yn 'e takomst, lykas Ferkranus him dy skildere hat. En dat er boppedien noch wat trochskimerje liet oer in provinsjale taak, dat hie de trochslach dien.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken