Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

39.

De maitiid fan 1941 is wiet en kâld. De man dy't dêr wol by fart is Geart Klomp fan 'e Streek. Hy hat der in hantsje fan om âlderûnbidichst grouwe klompen te meitsjen. Popelier, iperen en wylch. Mar meast wylch, want dy kinne it bêste tsjin wiette. Mei de houtkrapte skaft elk him in pear Grutte Gearten oan, omdat der mei dy swiere klossen hout gâns slyt oan sit. Te Dokkum en wide omkriten krije se de namme fan deaskoppers, of ek wol bonkebrekkers. Dat lêste omdat gâns lju der út sunigens ek noch stikken autobân ûnder slagge. Dan kinne se foar de ivichheid mei. Benammen at se nij binne hat dat fuotark nochal wat lawaai; se mokerje op 'e dyk. Se klosse dy moarns, as Hinke yn in lange

[pagina 188]
[p. 188]

rige foar ien fan de loketten fan it distribúsjekantoar yn 'e Lange Easterstrjitte stiet, ek troch it holle gebou. Fral as der guon de treppen opkomme, dan davert it as komt der in hynder omheech. Yn de lange rigen fan stadich foarútskowend folk begjinne guon mei de Grutte Gearten te stampen fan kleare kjeld en ûngeduld. Dat giet sa slim oant ien fan de amtners de kop troch it loket stekt en freget oft it mei dat hynste-hossen ek wat skikt wurde kin.

It distribúsjekantoar is in âld hearehûs njonken de Latynske skoalle, dêr't leechsloopt oars net yn oerbleaun is as holle romten en keale flierren. Der waait dy moarns in kâlde, fochtige wyn by de treppen op en de lju dy't soms mear as in oere yn 'e rige steane om in pear bonkaarten of distribúsjeformulieren, moatte de waarmte by harsels sykje. Efter de loketten brâne klom- en kaskacheltsjes om de bonnen droech en de amtners yn libben te hâlden. Yn de hieltyd wer oangroeiende rigen wurdt meast kankere oer de bonnetroep, de surrogaat kofje, it lange wachtsjen en de minne tabak. Dat lêste is ek te rûken, want der geane kwealike dampen troch it gebou, dy't guon yn 'e kiel heazje. Guon stoefe smokers tergje harsels sa mei eigenboude Amersfoartske út 'e Wâlden of Belgyske sjek, dat se har de longen út it lichem hoasje. Mar smookt wurdt der om it leven. Klaas Pranger komt dy moarns gâns smokers te help. Hy hat in túntsje yn 'e Westerisse, dat er fol siedde hat mei tabak. Dy planten biedt er no op 'e gong fan it distribúsjekantoar oan foar in sint it stik. Der is in libbene hannel, want it bonnerantsoen is foar de measten slim ûntarikkend. By alle ellinde hinget der dy moarns in fleurige sfear yn it distribúsjekantoar. En elk stiet syn geduld te oefenjen foar wat bonneboel en tekstylpunten, dy't ûnderling wer ruile wurde.

Dy hiele sfear bestjurret op it momint dat Wytse Rosier mei de tryste meidieling de treppen opkomt dat dûmny Cohen fan 'e Fetse troch de SD arrestearre is. Hy hat sjoen hoe't se him út 'e hûs hellen en him yn in tichte auto fuortrieden. Der falt in stilte troch it gebou. De amtners steane dy stilte net en skowe loketsjes iepen. Klaas Toornstra wurdt sa lulk, dat hy begjint de SD te ferdomjen, dat it wol troch it hiele gebou te hearren is. Dat smoart al gau yn de warskôgings fan omstanners. Der wurdt lûder kankere, kochele en mei de fuotten stampt. Hinke skoot stadich op nei it loket en kriget op har stamkaart nije bonnen. Dan docht se noch in pear boadskippen yn 'e stêd. Ut 'e Waachstrjitte wei sjocht se de Fetse ferlitten. Yn de pastorij binne de gerdinen oan elkoar ta skood. Se kin de jonge dûmny wol, dy't sa faak mei syn lange swarte

[pagina 189]
[p. 189]

jas en breedrâne hoed troch de stêd rûn. Mei syn tsjûk burd wie er in opfallende ferskining. Sûnt er ta fjirtsjin dagen finzenis feroardiele waard, omdat er as antimilitarist iepentlik oprôp ta tsjinstwegering, is it Former syn man.

As Hinke op 'e weromreis nei hûs healwei de Ealsumerdyk is, sjocht se krekt foarby de houtmûne immen mei de fyts dwers oer 'e wei stean. At se wat tichterby komt blykt it Lútsen te wêzen. Even lit Hinke it yn har omgean om it reedsje nei de Earmhúspleats op te riden. Sa lyts wol se lykwols ek net wêze. Ik bin net bang foar Lútsen, moedicht se harsels oan. Lútsen skoot de fyts hin-en-wer oer it smelle púndykje, dat der is gjin trochkommen oan.

Lútsen sjocht lakerich en seit ‘Dat hiest net tocht, leave.’

Hinke lit har stadich útride en docht dan mei it foartsjel in oanfal op Lútsen syn fonkelnije fyts.

Lútsen besiket de sfear wat gemoedlik te meitsjen meidat er wat lakerich docht ‘Wy moatte ris prate,’ seit er loen.

‘Wy ha neat te praten,’ seit Hinke strang en docht as soe se hastich wêze.

Lútsen set de fyts driigjend in stap neier en freget ‘Om boadskippen west?’

‘Kin dy neat skele.’

‘Net sa ûnferskillich. Ast nochris ergens om ferlegen komst, kinst altyd by my terjochte. Ik kin dy oan fan alles helpe, sa faak as it mar nedich wêze mei. Hoechst mar in kik te jaan en Lútsen hat it foar dy klear stean. Kinst krije wat dyn hertsje begearet.’

‘Ik wol fan dy neat ha.’

‘Hoechst net dalik sa ôfkearich te dwaan. Kinst noch genôch yn 'e ferlegenheid komme. Der komme miskien tiden datst my nedich bist. Dêrom, do kinst better in freon as in fijân ha.’

‘Lit my der troch.’

‘Net sa hastich. Wy moatte noch even prate.’

‘Ik ha neat te praten,’ seit Hinke koart. Se moat har ynhâlde om net mei it foartsjel op syn nije fyts yn te ramen.

‘Do wiest destiids ek al sa ûngeduldich, doesto net iens ôfwachtsje koest oant ik werom wie út Dútslân. Dat bin ik net fergetten.’

Lútsen giet mei de earmtakke op it sadel lizzen. Hy wol it him skoan oan tiid dwaan. Hinke besiket noch in kear mei de fyts troch de berm te flechtsjen, mar Lútsen is har krekt foar.

‘It hat miskien net sa ferstânich fan dy west om destiids by dy anargist

[pagina 190]
[p. 190]

op bêd te krûpen. Dat kin foar him noch wolris gefolgen ha. Dan kinst noait sizze datst net warskôge bist.’

Op 'e nij besiket Hinke mei de fyts troch de berm te flechtsjen. Wer is Lútsen har foar en stekt it foartsjel yn 'e reiden. Hinke knoffelt yn 'e berm en komt ûnder har eigen fyts telâne. Lútsen sjocht even om him hinne. Der komme in pear fytsers neier. Dan helpt er Hinke gau oerein en lit har gean.

Ut 'e liken komt se thús. Former is de feart út. Fan kleare eangst dat Lútsen mooglik efter har oankomme sil, strykt se de skoattel op 'e doar en stiet yn 'e keamer te bekommen fan it hurde fytsen. It hert kloppet har yn 'e kiel. Se wit dat Lútsen har net mei rêst litte sil. En as er de kâns kriget sil er him op Former wreke. Lútsen sil it him oan tiid dwaan en de gelegenheid ôfwachtsje. Se trillet. Rint ûnrêstich troch it hûs en loert troch it gongsrútsje de reed del oft er har miskien efternei kommen is. Troch it keamersfinster sjocht se de feart del nei it Manusset. Gjin Former te sjen. Se soe it wol tsjin Former sizze wolle, mar se is bang dat er streekrjocht nei Lútsen stevent en him in wan op 'e bealch jout. Dy jûns doe't er har yn it Leech de klean fan it lichem skuord hie, dat hie se ek net tsjin Former sizze doarst, mar har der mei in ferlechje útrêden.

It is al in ein yn 'e middei op as Former mei in nust fûken op 'e kop fan 'e boat nei hûs ta boomket. Hinke sjocht him kommen. Se rint nei de feart en stiet him op te wachtsjen.

‘Is der wat?’ freget er, wilens er noch midden yn 'e feart is.

‘Nee, neat.’

‘Sjochst der út as in wever.’

Se siket om wurden. Fangt it lyntsje dat Former har tasmyt en slacht it om 'e pinne yn 'e wâl.

‘Bist let,’ seit se.

Former smyt in earmfol fûken op 'e wâl en seit ‘Ik ha de hûnger yn 'e hals.’

Yn 'e keamer begjint Former der wer oer. ‘Do bist sa stil.’

Hinke flittert de keamer út en slacht in skoftsje yn it hok om. Se komt werom mei in earmfol talhouten.

Omdat Former har sa oansjocht en syn eagen noch hieltyd ferklearring easkje oer har hâlding, seit se ‘Se ha fan 'e moarn dûmny Cohen ophelle.’

‘Wa?’

‘De SD.’

[pagina 191]
[p. 191]

Former giet by de tafel stean en sjocht om him hinne as siket er wat. Dan seit er sa lûd dat Hinke der kjel fan wurdt ‘Dêr sit dat lider fan in Lútsen efter.’

‘Hoe witsto dat?’

‘Dy siet alle sneinen by him ûnder it gehoar en skreau alles op wat him net noaske en wêrfan't er wist dat it tsjin de moffen gyng.’

‘Do witst net dat Lútsen it dien hat,’ jammert Hinke.

‘Der is mar ien dy't it dien ha kin.’

‘Bemuoi dy der net mei,’ smeket se. ‘Ast Lútsen tsjin dy krigest, silst it altyd ferlieze moatte.’

‘Der net mei bemuoie? Moatte wy dan oer ús hinne wâdzje litte? Jierren lyn, ik wenne doe noch op it Heech, hie er it al op Cohen begrepen. Hy koe it net ferneare dat dy man as anti-militarist de minsken oprôp ta tsjinstwegering, doe't er te Dokkum spriek foar Tsjerke en Frede. Doe ha se de man fjirtsjin dagen te Ljouwert opsluten, omdat er foar syn miening útkaam.’

‘Do witst net oft Lútsen Cohen ferret hat.’

‘Wa oars?’

‘Wy witte it net.’

‘Wa siet alle sneinen from by him yn tsjerke efter de efterste pylder. Dat kin hiel Dokkum dy wol fertelle. De Judas. Lútsen hat oars noch noait doel hân om foarút te kommen as oer de rêch fan in oar. By de moffen moat er him wier meitsje as hantlanger. Dizze joad wie it offer dêr't er him mei wiermeitsje koe.’

‘Moatst it bewize kinne. En al soe it sa wêze, wat wolst dan?’

‘As ik dat suzjet yn 'e fingers krij kniip ik him dea.’

‘Moatst dy net sa opwine.’

‘Dat doch ik al. Unskuldige en goedwollende minsken oan 'e fijân útleverje. As ik him op in jûn by de feart lâns kommen sjoch, triuw ik him krekt salang mei de harsens ûnder wetter oant er blau is. Dan sille wy ris wer sjen. Want yn wêzen is 't in bange skiter, in nyt, dy't nearne foar stiet.’

‘Do rinst net op him,’ warskôget Hinke. ‘Do silst it altyd ferlieze moatte.’

‘It kin my neat skele. Dat naasje fan de NSB begjint my de strôt út te hingjen.’

De hiele middei hat Former yn 't hok omslein. Soms stie er skoften oan 'e feart, siet yn 'e skou. Eaze it wetter der oan 'e lêste drip út. Hinke folge syn gongen. Hy wie ûnrêstich.

[pagina 192]
[p. 192]

Yn de skimerjûn stapt Former wer yn 'e boat en kloetet hiel foarsichtich út 'e wâl. Hy stryk mar krekt mei de boom troch it wetter. Hy lit him driuwe, as wit er net krekt hokker kant at er út sil. As er in hûndert meter fan hûs is set er de boom yn 'e feart en kloetet foarsichtich de kant út nei de Heabrêge.

Hinke fertrout it net dat Former sa stil fuort rekket. Dy kant út hat er gjin fûke stean. Troch it gongsfinsterke sjocht se him as in skym tusken de reiden fuortgliidzjen. Dan sjit it troch har hinne. Dit sil om Lútsen te rêden wêze. As in wyld stoot se it hok út, de reed del. Se besiket sa kalm mooglik te dwaan, at se njonken him op 'e wâl rint. Former docht krekt as sjocht er har net. Pas at se freget, ‘Wat silsto?’ lit er de boom yn it wetter sliere.

‘In boadskipke,’ seit er deagemoedereard.

De toan dêr't er it op seit is har te kalm en te fertocht.

‘Do hast gjin boadskipke,’ seit se op in toan dat se him begrepen hat.

Dan sjocht er har kant oer, riert mei de boom troch it wetter dat de skou tsjin de reiden skoot. Hy triuwt it boat sa nei efter de reidkraach lâns, dat er suver net mear opfalt yn it oanwinnende tsjuster.

‘Do hellest dy gjin rare dingen yn 'e kop,’ seit se en rint mei nidige stappen deun njonken him.

Former jout gjin azem.

En dan driigjender ‘Do litst Lútsen mei rêst.’

Former kloetet fierder, as hat er neat heard. De jûnloft wjerkeatst him as in spegel yn it wetter. Former syn bewegingen bringe ljochte ringen yn it wetterflak.

As Hinke mar njonken him rinnen bliuwt seit er ‘Moatst nei hûs gean. Ik bin foar de nacht werom.’

‘Doch it net, Former. Ik bin sa bang.’

Se rint him foarút en giet dan midden op 'e Heabrêge stean.

Se sjocht de skou as in skaad oer it wetter gliidzjen. Har eigen byld wjerspegelt fan 'e brêge ôf as in tsjuster gat yn 'e feart. Se tinkt it har even yn hoe't Former de skou njonken de púndyk efter de reiden leit en dat er Lútsen dêr op it keale ein tusken de houtmûne en de transformator opwachtet. Mei de knibbels op 'e houten sjocht se Former tichterby kommen.

‘Do dochst it net,’ systert se. De skou stekt as in skerp wapen ûnder de brêge op. Se wol it útraze. It lûd smoart har yn 'e kiel. As Former yn it tsjuster gat fan 'e brêge glidet giet Hinke plat op 't liif op 'e brêge lizzen en smeket mei lûd gûlen en snokken ‘Lit it om my, ast fan my hâldst.’

[pagina 193]
[p. 193]

De skou leit stil ûnder de brêge. Der blinke ljochte spegelingen yn it wetter.

Se heart dat er út it tsjuster wei seit ‘Ik meitsje him net dea. Allinne mar in lytse warskôging.’

‘As er it neifertelle kin, hellet de SD dy ek.’

‘Lit my der mar mei gewurde. Net ien dy't der lucht fan kriget.’

‘Do makkest him dea.’

‘Moatst net sa raze, se kinne dy te Dokkum wol hearre.’

‘Do krigest gedonder,’ skriemt Hinke.

‘Mar as ik him salang ûnder wetter hâld, dat er foargoed blau is, kin er neat neifertelle.’

‘En wat wolst dan?’ ropt Hinke ûnder de brêge op. Se is alhiel fan 'e wize.

‘Dan nim ik him mei en donderje him by Piter Zylstra op 'e Slypstien yn 'e jarrekolk. It moat al raar komme dat se dêr efter komme.’

‘Do meist de hân net oan in oar syn libben slaan.’

‘Dizze man moat opromme wurde,’ seit Former radikaal.

‘Ast net werom giest lit ik my hjir fan 'e brêge falle,’ driget Hinke.

Former riert wat doelleas mei de kloet yn it wetter om. Dan ropt er ûnder de brêge wei ‘Wat hasto mei Lútsen foar?’

‘Neat, mar ik bin bang. Ik bin sa bang.’

De skou draait stadich ûnder de brêge. Dan triuwt Former de boat mei de kop yn 'e wâl en freget ‘Wolst ek meifarre?’

Hinke knoffelt troch de reidwâl yn 'e skou. Se sit snokkend op 'e mestelbank ticht by Former syn beskobbe boksen, dy't stjonke op deade fisk en taan. Se fielt har lokkich, at se tegearre de fredige weromtocht meitsje. Der soeiket even in lije maitiidswyn troch it reid. It waar slacht om. De feart ljochtet op út it neare tsjuster as in paad nei hûs. It wetter lispet om 'e stjûn fan it boat. Yn it fjild binne fûgels warber. Tegearre steane se in skoft op 'e reed te harkjen nei de lûden fan 'e nacht. It wurdt kâld en helder. In skyl fan 'e moanne stekt as in mes út 'e wolkebank op 'e easterkime.

Former syn grime saksearret as dûmny Cohen in pear dagen letter wer loslitten wurdt.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken