Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Elbrich (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Elbrich
Afbeelding van ElbrichToon afbeelding van titelpagina van Elbrich

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.58 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Elbrich

(1998)–Ype Poortinga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 39]
[p. 39]

V

Mei't ik gjin amt en oars ek net folle te dwaan hie, socht ik myn rom op oare wegen. Alle fermaken en jachtpartijen wiene mines, ik pielde mei falken en wynhûnen en hâlde in fiks syljacht en in baas rydhynder. De kastleins fan alle weardshuzen en jachtweiden yn stêd en goa wie ik goekunde fan. Moaie klean en wyn haw ik altiten in freon fan west, ek is dy swalksin my jimmer bybleaun, oant dizze krupsje my sa jong jit ta rêst en tebektinken brocht hat.

Ik krige ek in tiidlang kâns om de wjukken wider út te slaan, doe't by it houlik fan myn suster Tsjalk mei Juw Andringa ús heite goed einlings útinoar set waard en ik it part dat my takaam, yn hannen krige. Net dat ik it no sa goed stowe koe: ús pake' erfskip wie jit altyd ûnferdield, in proses dat dêr al jierren oer rûn, kearde dat op en ús heit hat grif gjin man west om der sels folle by te winnen. Dochs hinge ik tenearsten net mear sa fan mem ôf; wie ik hjir trochhinne, dan wer dei en rie. Ik soe by dy tiid wol oan in goed amt of in ryk wiif slagje, hie ik de ferhoop.

Us mem like dêr swak moed op te hawwen. Hja begûn my te fiterjen, doe't ik wol omseach ûnder de aadlike dochters fan Fryslân, mar nearne tapakte, salang ik myn sin jitte net fûn hie.

 

Doe't it net hurder mei my einde, begûn ús mem, mei te frijen, foartiid wie it mei rieden ophâlden. By ús te Snits wenne Gerbrand Aytta, de grytman fan Wymbritseradiel. Syn âldste dochter wie Jetske, of leaver Jacqueline, want oars liet se har net neame

[pagina 40]
[p. 40]

sûnt hja as deftige jongedame út Gent weromkommen wie, dêr't se har foarname opfieding krige hie.

De ferwachting wie, hja soe wol net mei in Fries trouwe. Want omke Wigle te Brussel holp net allinne syn manlike omkesizzers earst oan in fette prebende en neitiid yn in heech amt, mar ek har susters kamen troch him teplak. Hy wist in jong jurist wol in sit as riedshear te beskikken, mits... dy moast ien fan syn omkesizzers, dy't net al te himmel wie, op 'e keap ta nimme.

Mar Jacqueline loek nei de fiifentweintich en noch hie him gjin doktor utriusque juris op frijersfuotten oantsjinne, al moatte der wol brieven tusken de grytman en syn ferneamde broer oer wiksele wêze. Hja hawwe der ek net op wachte op Ayttahûs. Har âlden en ús mem moatte yn dy tiid gâns rieplachte hawwe, ik waard ek ferskate kearen te harres noege.

 

Juffer Jacqueline wie in grut, skredich frommes, breedskouderich en sterk as in man. It wie de bloeiende sûnens sels mei har fol ljocht hier en dochs ûntbriek it leaflike. Har wêzen stie strak, in glimke koe der hast net ôf, oars net as út heechhertigens. Hoewol hja net ûnfreonlik tsjin my wie, haw ik by al myn besiken dochs nea net yn 'e glêde spegel fan har ûnbeweechlik antlit lêze kinnen, oft myn persoan har oanstie of net. Folle belang hie ik der ek net by dat te witten; ik haw der ek nea oer tocht, myn libben njonken safolle koele foarnaamheid te sliten.

Us mem lykwols begûn it oan te gean, sûnt Gerbrand Aytta te kennen joech, dat er ree wie de gritenij oan my ôf te stean, sadree't ik syn skoansoan wurden wie. Haw ek gâns spul mei ús mem hân, doe't ik fan 'e hannel net witte woe.

It wie ek swier om har yn 't ferstân te bringen, wêrom net. It wie mysels faaks ek net alhiel klear en it binne ek dingen, dy't men as feint net licht jin jins âlden uteret.

 

Fan dy Pinkstermoandeis te Boalsert, doe't dy waarme en dochs sa suvere patsjes fan de jongfaam Elbrich troch my hinne gloeid hiene, wie my altyd wat bybleaun. Net dat ik jitte fereale op har

[pagina 41]
[p. 41]

wie by myn witten. Hja wie my út it sin rekke, allinne no en dan kaam it oantinken nochris boppe. Mar it like dochs, as hie ik in swiet fergif fan dy lippen dronken, dat foargoed yn myn ieren bleaun wie.

Ik hie altyd in ûnbestimde ferwachting hâlden fan in hege, suvere leafde, dy't ienris komme soe en dêrom woe ik mysels net ferkeapje. Ik hie it ek nea sa heilleas dreaun mei de froulju as myn maten wol. Wie lykwols in wifsinnige swalker wurden: ‘de wylde ienhoarn’ sei ús mem faak, as ik it wer ris in kear bûnt makke hie en dan wiisde hja op de ienhoarn, dy't de Aylva's as helmteken boppe har wapen fiere.

Kaam ús mem ek diskear op 'e ienhoarn en hoe nedich dy betwongen wurde moast.

Doe skeat my in âlde sêge yn 't sin.

‘Mem hat gelyk,’ sei ik. ‘It âlde leauwe wol hawwe, de wylde ienhoarn is allinne te beteamjen troch de leafde fan in reine faam.’

‘Wat is der dan te sizzen op Jetske har eare?’ frege ús mem, dy't my net begriep.

‘De eare neat, mem, mar de leafde. Hoe soe sa'n kâld skepsel safolle macht oer my krije?’

‘Dat witstû net, hoe kâld hja is.’

Ik wachte efkes, omdat men skruten is om fan soks tsjin jins mem te praten; doe sei ik: ‘As hja net kâld wie, soe ik alhiel fan har grize.’

‘It is in goed fanke. Sokke ynbannigen kriget men faak de gelokkichste houliken mei.’

‘De deade is ek gelokkich,’ antwurde ik wer. ‘Sa kin ik net. Ik kin net ien nimme, of ik moat sin oan har hawwe. Har gesicht moat ik graach lije meie en ik moat nocht hawwe oan har hiele bestean.’

‘Dit is praat fan in griene jonge,’ oardiele ús mem. ‘Dû hast fiifentweintich jier west, tink ‘erom; dû bist in man!’

 

Jacqueline boaske koart dernei oan Piter Buygers, soan fan 'e grytman fan Ljouwerteradiel en it hiet, dat hy syn skoanheit opfolgje soe, sadree't hja gearjûn wiene.

[pagina 42]
[p. 42]

Ik lykwols liet in oar helmteken boppe myn wapen skilderje: in útkommend jongfaam. Yn 't read klaaid, mei in wite kraach en in read, rûn huodsje, de rjochterhân omheech en dêr hâlde hja in reade roas yn oan in griene stâle mei blêden. Sa'n faam socht ik om, dy't my, ienhoarn, oerwinne soe mei jonge, suvere leafde en reade minne.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken