Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Elbrich (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Elbrich
Afbeelding van ElbrichToon afbeelding van titelpagina van Elbrich

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.58 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Elbrich

(1998)–Ype Poortinga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 307]
[p. 307]

XXXIII

It hie myn doel west om op Grins oan, mar doe't wy de Walden fierder ynkamen, hearden wy al ridlik gau, hoe't de saken derfoar stiene. It noardeasten fan Fryslân wie gjin tréwes foar ús. Dêr lei tefolle steatsk soldatefolk. Wigbold Ewsum hie him op it Grinzer hegelân oerjaan moatten oan 'e Spaanske oanfierder Taxis, mar hy hie frije ôftocht nei Fryslân betongen. Syn folk en dat fan Norris lei by Bûtenpost en súdliker oan en der wie gjin smeet op om nei Grinzerlân te slagjen. Sa sakken wy wat langer wat súdliker ôf en besochten yn in bôge om 'e steatsken hinne te kommen. Der waard grute, dat der in oanfal op 'e Spaanske troepen yn Grinzerlân dien wurde soe; ik woe dêrom leaver nei Drinte oerstekke, as it koe, en dan faaks fierder it easten of it suden yn.

Sa bedarren wy op 't lêst op 'e sânige hearrewei nei Drinte, dy't earne by Sigerswâld en Bakkefean lâns rint. Mar hoe oer de grins? Wy hearden al gau, dat der in lyts espeltsje Frysk soldatefolk op 'e skied lei. Dêrom fregen wy op in moarntiid ûnderkommen by in foech boerespultsje. Us hynders kamen op in kampke lân en doe't hja hearden, dat ik siik wie, lieten de golle minsken my op in bed-steed rêste yn 'e iennige keamer, dy't hja hiene. Willemke besocht te witten te kommen, oft der earne ek noch in geheim paadsje wie, dêr't in boereman ús foar goed jild lâns bringe woe, mar it like net sa sjoch: de pear paden, dy't hjir yn it súdeasten troch it fean runen, wiene allegear ôfset.

Efkes letter kaam it boerke mei in nuver ferhaal thús; dat hie ien fan it soldatefolk, dat hjir oan 'e hearrewei lei, yn in herberchje

[pagina 308]
[p. 308]

ferteld. Hja hiene de nachts in deaskrik hân, teminsten guon fan harren. Want dit wie it frjemde, somliken hiene it sjoen en oaren neat. In foege lykstaasje wie de wei delkommen. In boerewein, mei twa hynders derfoar, in witen en in oaren. Der hie in deakiste op dy wein stien en op 'e kiste hie in frommes sitten. Ien hie derhinne wollen om it te kearen, mar hy wie stiif fan kjeltme stean bleaun. En allegearre dy't it gesicht sjoen hiene, hiene doe ek wat heard en it wie harren kâld oer de lea gongen: it frommes hie skriemd. Dat hie net oan te hearren west, sok snokken. Sa wie it har foarbyriden; der hiene gjin folgers efter de deade west. Guon fan 'e soldaten seine, men koe folle better in slach meimeitsje as dat men sokken foartsjirmerij belibje moast. Neitiid gyng Willemke der mei de boer út. Ik seach se bûtendoar in pear kear ûnder de wichterbeammen op en del trêdzjen, wylst se it iene of it oare mei-inoar bepraten. De hiele dei liet Willemke neat út oer de reis. It kaam wol ynoarder, ik moast my mar deljaan. Sels socht hja earne de rêst ek.

De jûns al moai let - it bleau ek sa lang ljocht - soe de reis dan fierder gean. Ik makke my klear op in beswierlike tocht. - It soe wol geandefoet moatte, ornearre ik.

‘Nee, it reau komt hjir daalk,’ antwurde Willemke.

It wie in kleare nacht, stjerhelder, mar gjin ljochtmoanne. Wy stiene in setsje njonken it wâldspultsje. Der wie gjin wyn, swiet-rokich bloeide alles om ús hinne, yn 'e Bakkefeanster bosken song in geal. Sa hat myn ôfskie fan Fryslân west.

Der kaam in wâldboerswein oan, myn brune en Willemke har wite derfoar.

‘Hjir sille wy mei ride,’ sei Willemke.

Ik rûn deropta, mar stuite ynienen tebek. Der stie in lykkiste op 'e wein.

‘Wat moat dit?’

‘Wy sille begongeltsjeboartsje.’

It hearde hast, as hie hja de spot dermei.

It wâldboerke rydboske.

‘Ik wit net, ik wit net. Komt dit wol klear?’ frege er ûnwis.

[pagina 309]
[p. 309]

‘Wy sille it krekt sa dwaan, as de soldaten it sjoen hawwe. Jo menne de hynders en ik gean op 'e kiste sitten.

‘Mar as se my oanhâlde?’ frege de man nochris.

‘Tochten jo, dat se ús oanhâlde doare, as deselde begongel der wer om middennacht lâns komt? Tochten jo, dat it sòkke helden wiene? En as der al ien is, dy't ús oanhâlde wol, moatte jo neat sizze en neat dwaan. Gewoan trochmenne, beare as fernimme jo him net iens. Boppedat, ik sil wol soargje, dat er fansiden wykt.’

Hja sei it sa beret en suver as begearde hja dit aventoer. ‘It is tiid. Wy geane. Kom, Alef!’

‘Wêr moat ik dan sitte?’

Hja stapte op 'e wein en sloech it deafetslid op.

‘Hjir is dyn plak. Dû kinst noflik lizze en der is foar soarge, datst it net benaud krigeste. Dû giest mar lizzen en ik sil op 'e kiste sitte, sa't widdowen dat wol dogge, as har man te hôve riden wurdt. Wat is no in lykstaasje sûnder deade yn 'e kiste?’

Hja hie sa'n oermacht oer ús, dat ek foar my skeat der neat oars oer as te dwaan, wat hja hiet. Mar ik fielde it as in hún oer my, doe't ik dêr yn dy tsjustere kiste lei en de wein ried ruoikjend fuort. Sikerwier, ik wie net folle mear as in deade, dy't ûnder de ierde skikt wurdt. In seemearmin hie in manminske leaf oant er har bedroech. Doe strafte hja him mei de dea. It wie krekt as siet Willemke op myn boarst ynpleats fan op it kistelid en naam hja in freeslike wrake.

Dat duorre oant ik har skriemen hearde. Ik wist, dat it wie om de soldaten te ferrifeljen, mar likegoed besaude ik. Sa herts-ynlik koe immen net snokke dy't wrake nimt. Sa koe inkeld immen skrieme, dy't it djipste fertriet field hie. It wie dochs in begraffenis en der wie har folle ôfstoarn. Hja skriemde noch bitter, doe't hja de wacht oan 'e grins al lang foarby wêze moast.

Doe't hja de deakiste iependie en ik de holle opstiek, lôgen rûnom yn it noarden brânen de nachthimel rea.

Wigbold Ewsum fan 'e Nienoord stie mei syn soldatefolk op 'e Fryske grûn; út wrake hiene hja syn feanen yn 'e brân stutsen.

Yn 'e herberge yn it lytse Drintske plakje ha Willemke en ik

[pagina 310]
[p. 310]

noch lang praat. Ik moast as balling libje kinne en hja woe krekt witte, wat hja yn Fryslân foar my dwaan koe. Ik moast it measte nimme fan it jild, dat se meinommen hie.

‘Ik haw der gjin rjocht op, mar kinst net mei my tsjen, Willemke?’

‘Ik moat werom nei myn dochter.’

De oare moarns, doe't ik wekker waard, wie hja al mei de wâldboer ôfreizge. It brune hynder hiene hja foar my efterlitten.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken