Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Minskebern (2008)

Informatie terzijde

Titelpagina van Minskebern
Afbeelding van MinskebernToon afbeelding van titelpagina van Minskebern

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

PDF van tekst (0.64 MB)

Scans (0.34 MB)

XML (0.20 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Minskebern

(2008)–Margryt Poortstra–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 73]
[p. 73]

4

Maart lit har stjoere. Se hat foar de earste kear oan 'e frjemde tafel iten. It wie lekker: beantsjes mei bakte ierdappels en in puddinkje nei. Beisop hienen se net, mar dat wie net sa slim. Se koe har altyd maklik oanpasse en se hie de ûnderfining dat se mar better genietsje koe fan 'e positive dingen. Dan siet se harsels en oaren net sa yn 'e wei. It wie dan ek krekt as gong de tiid hurder. Se woe it leafst gau wer nei hûs, mar se hie der neat oan as se oer lytse dingen foel. De susters wienen leaf, dat wie it foarnaamste.

Har buorfou siet niiskrekt te griemen mei it iten. Dêr hold se net fan. Se hie der wat fan sein, har op 'e fingers tikke. ‘Je mutte je lepel bruke,’ hie se sein, ‘niet met de hannen ete.’ De suster hie nei har knypeage, dy wie it mei har iens.

Nei iten hat se holpen mei ôfwaskjen. Je koenen de susters it bêste wat yn 'e mjitte komme en har it wurk maklik meitsje. Dêrom liet se it ek mar gewurde doe't se har útklaaie woenen en ûnder de dûs sette. Se koe harsels wol rêde fansels, mar as dy famkes har graach helpe woenen, dan mocht dat ek wol. It brune famke bleau hieltyd by har. Sally, hyt se. Maart rint in skoft te prakkisearjen wêr't se har fan ken, mar it wol har net yn 't sin komme.

Sally lit har sjen wêr't se fannacht sliepe moat. De sliepseal is net sa grut, der stean mar fjouwer bêden. Dat fan har stiet yn 'e hoeke, ticht by de muorre.

‘Och,’ seit se tsjin Sally, ‘dat is tafallich.’ It sprei dat op har bêd leit is itselde as har eigen, thús. Maart streaket der mei de hannen oerhinne en se krijt de triennen yn 'e eagen.

‘In bytsje ûnwennich?’ freget Sally. Maart skodhollet. It is ommers mar foar in pear dagen, in wike miskien. Se is sa

[pagina 74]
[p. 74]

wurch, it kin har neat mear skele wêr't se komt te sliepen. In bêd is in bêd. Se rûkt oan it sprei. It is krekt as hinget der in bekende rook oan. Se glimket en krûpt deryn. Sally lûkt de tekkens oer har hinne en stoppet har yn. Se leit even in hân op har holle. Maart ferwachtet in tút, mar dy komt net. As se de eagen ticht docht, heart se yn 'e fierte hoe't har buorfrou sangert. Der binne altyd minsken dy't wat te seuren hawwe, tinkt se noch. Dan sakket har holle djip yn it kessen en wurdt alles achter har eachslidden swart.

 

Yn it hoekje fan 'e keamer, dêr't Maart fuortby leit, is it in bytsje ljocht. Blau ljocht. It liket op it lemieren fan 'e dei nei in winternacht, as der snie leit, de froast bûten troch de tûken fan 'e beammen kreaket en alle minsken sliepe. Op ien nei. Op har nei. Mem sil aanst de kachel opstoke en as se Maart dan foar it finster yn 'e keamer sjocht, wurdt se kjel. Maart moat laitsje. Mem tinkt dat sy moarns de earste is dy't wekker wurdt, mar soms is dat Maart, dy't op bleate fiiotten by de trep delgongen is om nei it alderearste ljocht fan 'e dei te sjen.

Blau ljocht. It trillet in bytsje. Maart dy't no âld is en op in frjemd bêd yn it ferpleechhûs leit, stoarret nei de opljochtsende hoeke. Dêr beweecht wat. Stadich, út it skaad fan 'e muorre wei, ferskynt in hantsje. Dachdach, seit it hantsje. It wiuwt. Maart beweecht har fingers dy't ûnder it kessen lizze. Dach hantsje. Ik sjoch dy wol.

It is hast stil om har hinne. Se heart inkeld har buorfrou seagjen. As se har even wat omdraait, sjocht Maart yn it flauwe ljocht dat se mei de rêch nei har ta leit. Gjinien kin it sjen as se har hân ûnder it kessen weihellet en dy nei it wiuwende hantsje útstekt. Dachdach. Maart soe de bewegende fingerkes fiele wolle, har hân sa fier nei it ljocht rikke dat se kontakt krijt, mar it slagget har net.

[pagina 75]
[p. 75]

‘Kom mar wat tichterby,’ flústert se. Mar it hantsje heart har net. Se lûkt de hân werom. Wa wit wurdt it kjel fan har.

 

Bûten, achter de kleden, begjint de nacht stadichoan ôfskied te nimmen. It wurdt ljochter yn 'e keamer en it blauwe ljocht fan it hoekje mingt mei de giele gloede fan 'e nije moarn. Maart, dy't foarsichtich de eagen iepen docht, bliuwt hiel stil lizzen en stoarret nei it plak dêr't se fannacht it hantsje seach. Se soe roppe wolle, om moeke, dy't dan nei har keamer komt, fertelle wolle wat se dreamd hat, mar moeke heart it net as Maart har namme flústerjend seit. Se wit noch hoe bang se as bern wêze koe foar de skaden op it behang, foar de meunsters ûnder it bêd, dy't har as se sliepte by de foet krije koenen om har fan bêd te lûken en har mei te slepen nei har dûnkere wenhoalen. Doe wie se bang. No net mear. No soe se moeke fertelle wolle dat se har net mear gek meitsje lit troch skaden yn 'e nacht, dat se dêr oerhinne groeid is, dat se no folle âlder is en better begrypt wat wier bestiet en wat net.

Se leit mei de rêch nei de ruten nei it hoekje te stoarjen dêr't se fannacht dy wûnderlike ferskining seach. Yn it feroare ljocht hat it hantsje him weromlutsen, mar se wit dat it der noch wêze moat en even letter sjocht se hoe't tsjin 'e wand in skouderke ferskynt, in heale holle, in stikje rêch, in fuotsje. In jonkje wrakselt him achterstefoaren út 'e muorre wei en as er syn hiele lichem yn it ljocht wrotten hat, bliuwt er mei it gesicht nei de muorre stean. Maart hâldt de siken yn. Se wol him net skrikke litte en wachtet. Hy draait him stadich om. Syn eagen ûndersykje de keamer, de wite muorren, de hege solder, it bêd, en dan sjocht er Maart. Hy liket wat ferlegen, hy hâldt de holle skean en slacht de eagen del. As der in folwoeksene foar him stean soe, hie er him achter in broeksbokse of in wide rok ferskûle. Maart glimket om him gerêst

[pagina 76]
[p. 76]

te stellen. Se praat net, mar siket eachkontakt, stekt hoeden de hân út dy't se earder ûnder it kessen stoppe hie. It jonkje ferweecht net.

Achter har draait buorfrou har suchtsjend om. Har bêd kreaket, se makket smaklûden mei har gebitsleaze mûle en prottelt ûnfersteanbere wurden. Maart is bang dat it jonkje him dêrtroch fuortjeie lit, mar hy bliuwt stean en sjocht har freegjend oan.

‘Kom mar, lieve, beppe doet niks,’ flústert se, ek al is se bang dat er sels fan har sêfte wurden kjel wurde sil. Se lûkt har útstutsen hân werom. Hy nimt dy net oan. Hy stiet dêr mar en sjocht har mei grutte eagen oan. It duorret en it duorret.

Maart moat derby bliuwe, se mei har oandacht foar dit skimige jonkje net kwytreitsje. Se is bang dat er fuortgiet en dat wol se net. Sa bang as se as bern foar de skaden wie, sa feilich en fertroud fielt dit berntsje. Fan 'e meunsters woe se dat se fiiortgongen. Fan dit jonkje wol se dat it bliuwt. Se fielt har rêstich mei him by har bêd. Fan 'e spoeken yn har bernekeamer wie se bang dat se har meinimme soenen nei it ryk fan it tsjuster. Fan dit jonkje fielt se dat er har it lân fan it ljocht sjen litte kin.

 

It is Sally net dy't har oer har hinne bûcht en freget oft se lekker sliept hat. Dizze hat in wite hûd mei skeinspruten en read hier. Maart sakket noch even werom yn 'e sliep. Se heart fan alles mei in heal ear en wit in skoftke net wêr't se telâne kommen is. As se de eagen wer iepen docht, lit se de lûden en it ljocht oer har hinne komme. Se wit moarns al sa lang net mear wêr't se is. It is net oars.

Se krûpt djip ûnder de tekkens, yn it hoal dêr't de nacht noch hinget en dêr't se noch neat hoecht. Se wit net wat har dêrbûten te wachtsjen stiet. Hjir, yn it tsjuster, is de wrâld har

[pagina 77]
[p. 77]

eigen noch even. Se rûkt de bekende lucht fan it wiete ruft. Dat se har dêrfoar skamje moat, wit se net mear, dat se dat earder die, fielt se noch en se hâldt de tekkens, dêr't se fan ferwachtet dat dy aanst tebeklutsen wurde, stiif beet. Se hat dreamd, seit se tsjin de suster, mar se wol net fertelle wêroer.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken