Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Minskebern (2008)

Informatie terzijde

Titelpagina van Minskebern
Afbeelding van MinskebernToon afbeelding van titelpagina van Minskebern

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

PDF van tekst (0.64 MB)

Scans (0.34 MB)

XML (0.20 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Minskebern

(2008)–Margryt Poortstra–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 83]
[p. 83]

7

Maart wol middeis nei iten al op bêd, mar it mei net fan Sally. Se mei wol even op 'e bank yn 'e húskeamer, mar net echt op bêd, want dan sliept se fannacht net. Der sit in frjemde frou op 'e bank en Maart hat gjin sin om by har te sitten. Dan moat se wer in praatsje meitsje en wêr moat in minske it hjir oer hawwe?

‘Nim de pop mar op 'e skurte,’ seit Sally. Maart hat in min sin. It bern leit yn in hoeke fan 'e keamer en it leit dêr goed. Se hat de pop mei Sinteklaas krigen en se wie der wiis mei. Maart hat ferskes foar har songen en har hiele ferhalen ferteld, mar frou Húsman pakte it bern hieltyd fan har ôf en no kin se har der mar better net fierder oan bine. Frou Húsman is net in goede mem, se lit it bern ferkommerje, mar Maart seit der neat fan, se wol gjin spul.

Se rint de keamer út en de gong op. In pear húskes fierder sit in frou op in bankje te roppen. Maart ken har net, mar it begruttet har dat se hjir sa allinnich sit en giet nei har ta.

‘Wat is der lieve, hewwe se jou oek al in 'e steek laten?’ Se streaket de frou oer de earm, mar dy lit har net treaste.

‘Jappy, Jappy,’ ropt se. Maart ken gjin Jappy. Se rint fierder, troch de klapdoarren de lange, brede gong yn, dêr 't it altyd healtsjuster is. Se heart in bel klingeljen en ynienen komt der in soarte fan skelter om 'e hoeke har kant út. Der sitte twa minsken op, de iene is noch jong, de oare, in grize man, is jierren âlder as sy. Maart skodhollet. Dit is in frjemde wrâld. Se lit har fingers oer de rûge stiennen fan 'e muorren gean. Hjir en dêr hingje foto's fan stêden en doarpen dêr't se noch noait west hat. It nuverste fynt se in breiden himd dat achter glês en ynliste ophongen is. Se bliuwt dêr even by stean. Hoe âld soe it

[pagina 84]
[p. 84]

bern wêze dat dit himd past? Acht, njoggen? Se koe soks altyd sa goed ynskatte. Doe't Geke troude, hat se har jurk makke. Geke tekene hoe't se der útsjen woe en sy makke dêr in patroan fan. Grien flewiel woe se ha. Rotguod. It glied har hieltyd ûnder de nudle fan 'e naaimasine wei. Mar it risseltaat wie prachtich. In moaie dei wie dat, doe't Geke troude. Kâld wie it, it hie even hagele, mar fierder hie de sinne skynd. Aukje, tinkt se, is Aukje wol troud? En Janny? It wienen sokke leave bern. No wenje se allegear fier fuort. Se witte net mear dat sy libbet, se hawwe it sa drok, se hawwe safolle oare dingen oan 'e holle.

De lytse bern. Se sjocht de popkes yn 'e widze, it lekkentsje mei de blauwe blomkes, de roaskes op 'e beklaaiing. In krúk, want it is sa kâld. Foarsichtich. Sit de dop der wol goed op? Lekker koese. Och, leave. Binne it har eigen? Hoefolle hat se net foarbykommen sjoen? Hoe hite se allegear? Dat se earder doopt waarden as dat sy fan it kreambêd komme koe. Och, Heare, dat wie de bedoeling dochs net?^p‘Frou de Jong.’ Se heart it wol, mar se docht krekt as wit se net mear dat sy sa hyt. Se wit ommers sa'n soad net mear. Se wol even frij wêze. Troch de gongen rinne sûnder dat ien seit wat se dwaan of litte moat.

Maart rint fierder nei de hoeke dêr't se, om't it maitiid is, neimakke lamkes op in tafel setten ha, krookjes en tulpen en ûnwierskynlik grien gers. Deade bisten, dat sjocht se wier wol, mar se glimket likegoed as se foar de tentoanstelling stiet. Alle jierren wie it in feest om de jonge bisten yn 'e greiden te sjen. De winter foarby, it ljocht en de waarmte op kommende wei. Dêr hat se altyd fan holden.

‘Frou de Jong.’ Se wurdt by de earm pakt en omdraaid. Se sjocht yn in pear lilke, ûngerêste eagen.

‘Ik doch neat,’ seit se en se lûkt har earm los.

‘De oaren sitte al te iten,’ seit de suster. Dat kin net. Se wie

[pagina 85]
[p. 85]

pas fuortgongen doe't it middeisiten krekt behimmele wie. Se woe sliepe, mar dat mocht net. It wie ek noait goed. Se lit har meifiere, de hiele gong werom. De frou dy't krekt noch siet te roppen is der net mear. Der wurdt net mear fytst. Stomme, stilsteande stedgesichten, tinkt se, as se wer by de foto's oan 'e muorre lânsrint. Se woe dat se dêr wie, yn 'e strjitten, op 'e romte, frij, sy soe dêr wol wat beweging yn bringe.

‘Niet su hard,’ fûtert se. As it Sally wie, hie se grif sa hastich net west. Sally hie altyd alle geduld. Dat paste by har. Sally kaam út Yndonesië. Dat hat se in kear ferteld. Se wie adoptearre en se wist net ienris wa't har mem wie. Op de iene of oare manier hie Maart wat mei dy Yndyske famkes. Se kamen har op it sear.

Stom breiden himd, tinkt Maart. Skoanmem breide altyd himden en hoazzen en jûkjende ûnderbroeken. De bern hienen der in hekel oan, mar sy koe slim sizze dat se se net hawwe woe. De wielde om nee te sizzen wie der net ienris. Se hienen it krap genôch doe't de bern lyts wienen. Doe't de jongste ûnderweis wie, hie se mei Geke de widze op 'e nij beklaaid. Dy begriep op har manier al wat aanst barre soe. It wie moai om mei de âldste te dielen dat der wer in berntsje kaam, in bruorke of in suske. Se sjocht noch har reade holle, de brede glim om har mûle, it earnstige gesicht dat sei dat se har mem helpe woe dêr't se mar koe. Se hienen tegearre it âlde, fergongen guod mei de rôze roaskes fan 'e reiden widze helle en it bedsje beklaaid mei wyt-blauwe rútsjes. Geke tocht dêrtroch dat it in jonkje wurde soe, mar ynpleats dêrfan kaam der wer in famke. Aukje, nee, net Aukje, dy wie der doe al... och heden, aanst komt it wol wer.

Maart rûkt iten. Wat soe der hjoed op it menu stean? Blomkoal, dêr hâldt se fan. Se freget it oan 'e suster, dy't har noch hieltyd by de earm meisleept.

[pagina 86]
[p. 86]

‘Bôle, frou de Jong, it is jûn.’

‘Ik rûk blomkoal,’ seit Maart.

‘Dan doocht jo noas net,’ seit se en se triuwt har troch de doar dy't op 'e húskeamer útkomt.

 

Maart sit op 'e bank, yn it hoekje by it rút. Sa kin se bûten nei de fiver sjen, nei de einen, de beammen dy't oan 'e oare kant stean te wiuwen yn 'e wyn. Se hâldt fan dit plakje. As in oar dêr sit, betinkt se fan alles om dy dêrwei te krijen. Frou Húsman is it maklikst. Tsjin har seit se gewoan: ‘Jo sitte op myn bûsdoek,’ en dan lûkt se har wilens omheech om sels gau yn it hoekje sitten te gean. Fan 'e jûn is se de earste dy't fan tafel rint. Se ynstallearret har op 'e bank mei in pear kessens om har hinne, ien yn 'e rêch, ien op 'e skurte en ien fansiden, sadat gjinien echt ticht by har sitte kin. Dêr hat se in hekel oan.

De einen dobberje op it wetter en as se dêr in skoft nei sit te sjen wurdt se slûch. Har eagen falle ticht. Se heart de lûden yn 'e keamer noch wol: de suster dy't de tafel ôfrommet, frou Joustra dy't âlet as in lyts bern dat se sa noadich moat, Klaas de Vries dy't syn wenstige rippertwaar sjongt. Se woe dat it hjir ris stil wie. Se kin sa net neitinke, ivich en altyd dy lûden dy't har ôfliede. Hieltyd is se de tried kwyt as se ergens oan tinkt. Se is ek altyd sa wurch. Alles wat se betinke wol, stelt se tsjinwurdich út. Earst even bekomme, dan kin se letter wol fierder tinke. Dat letter komt meastal net. As se earst mar opereard is, dan sille har krêften wol weromkomme, dan is se grif sa wurch net mear. De dokter hat hjoed net west. Dat wachtsjen, dat is it lestichste. Koe se mar fuort ûnder it mes, dan soe se dy wurgens achter har litte kinne, opknappe, alle dagen in stap tichter nei hûs ta wurkje.

Maart lit de holle hingje. Se prakkesearret, mar it is krekt of

[pagina 87]
[p. 87]

kin se net oan 'e ein fan har ferhaal komme. Op healwei bliuwt der wat hingjen, en dan wit se ynienen net mear wêr't it oer gong. No ek wer. Se tocht oan Jelte, hoe't dy no allinnich sliepe moat, syn eigen iten siede, middeis op 'e bus stapt om har op te sykjen en dêrmei syn dagen follet. De bern dy't har no mar rêde moatte. Dêr tocht se oan. Mar wat dêrnei kaam, wit se net mear.

 

As se de eagen iependocht, binne de susters en de bewenners der net mear. It is stil yn 'e keamer. Nêst it kessen op 'e bank leit de pop dy't frou Húsman dêr lizze litten hat. Maart wit sa stadichoan wol dat se net foar it poppebern soarget. It begruttet har en se stekt in hân út nei de pop. It lyfke is fan plestyk, se wit wier wol dat it net in libben bern is. It hâldt de holle te stiif, it beweecht net. Se wolle har leauwe litte dat it in echt berntsje is, mar se fielt wol hoe hurd de earmkes en skonkjes binne. Se ferwachtet keunststof en ferried, mar as se oan it fuotsje komt is dat waarm, as se oer de skonkjes streaket fielt se hûd en libben.

It jonkje glimket nei har. Hy komt oerein en giet sitten. Maart slacht in hân foar 'e mûle. It is itselde berntsje as dat har yn 'e nacht ferskynt. Se sjocht it oan syn grutte griis-blauwe eagen, dy't har dizze kear frij en freegjend oansjogge. Hy stekt in hantsje nei har út en foar de earste kear hawwe se lyflik kontakt.

‘Wa bisto,’ flústert Maart, ‘ik ken dy ergens fan.’ Hy seit neat, mar krûpt wat tichter nei har ta. No kin se in earm om him hinne lizze.

‘Kom mar by beppe,’ seit se, en wier hy skoot har kant út, leit de holle tsjin har oan en suchtet.

‘Wiest sa allinnich?’ freget Maart. Se fielt syn lyfke en se wurdt der hielendal waarm fan. It jonkje libbet.

[pagina 88]
[p. 88]

In prater is it net. Wa wit kin er dat noch net. Hy wiist yn 'e fierte, mar dêr sjocht se neat. Maart begrypt it net. Se sjocht syn finger achternei, mar skodhollet. Oars neat as in wite muorre. As se freegje wol wat dêr te sjen is, wrot er him út har earmen wei en ferdwynt.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken