Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Minskebern (2008)

Informatie terzijde

Titelpagina van Minskebern
Afbeelding van MinskebernToon afbeelding van titelpagina van Minskebern

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

PDF van tekst (0.64 MB)

Scans (0.34 MB)

XML (0.20 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Minskebern

(2008)–Margryt Poortstra–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 116]
[p. 116]

17

De susters binne leaf foar har. Der is wat feroare. Se komme faker by har om even in praatsje te meitsjen. As se seit dat se derôf moat, dat se hjir net samar lizzen bliuwe kin, hâlde se har tsjin. Se moat mar even lekker bekomme. Aanst komme de bern, har man. Wachtsje mar, sizze se.

 

Se sliept. Dagen achterinoar sliept se. Se dreamt. Fan har bern dreamt se, fan harsels as lyts famke, fan it jonkje dat hieltyd tichterby har komt. Soms is se even hjir, mar meastal is se dêr. Wêr't dat ek mar wêze mei.

Oerdei, doe't it noch ljocht wie, hat ien in spultsje mei har spile. Se seach hoe't in frommiske troch de doar nei har takaam. Mei lichte trêden rûn se, mei in glim om 'e mûle. Se hie it goed mei har foar. Se koe har ergens fan, se wist allinnich net mear wêr't se har pleatse moast. De jonge frou feroare yn in famke wylst se nei har bêd rûn. No skeat der in flits troch har holle. Se hie mei laitsjen te krijen, mei wille, en Maart stuts de hannen nei har út. Kom mar.

Der wie in jongeman by it frommiske. Dy bleau yn 'e iepen doar stean. Se wie benijd oft hy der ek ynkomme soe. Hy stuts even de holle om 'e hoeke fan 'e doar en lake nei har. Doe ferdwûn er. Se wiisde nei it plak dêr 't er niiskrekt te sjen wie en wachte mei spanning op it ferfolch. Dat gesicht hearde by gekkichheid, by grapkes, dy't se sa miste. Maart hold sa fan laitsjen, en se kuerde nei de doar; se woe mear. Ynienen wie er der wer. Pie-ba, sei er, en se sloech in hân foar de mûle. Fuort wie er wer. Maart seach de frou oan, dy't dizze healwizeling meinommen hie. Dy lake ek en seach achterom. Hâld no mar op, sei se, en de man kaam de keamer yn. Maart liet har yn

[pagina 117]
[p. 117]

'e kessens sakje. Dizze minsken woe se wol by har bêd ha. Se stuts de hannen út, liet har tútsje, hold dy twa in skoft tsjin har oan om it gelok fan 'e wille troch har hinne streame te litten.

Wa't dit wienen wist se net, mar dat se eigen wienen, dêr wie se wis fan. De frisse hûd fan 'e frou roek jong. Tusken dy twa, dy't by har sieten en ferhalen fertelden dêr't se neat fan begriep, rûn in stream fan leafde en humor. Hjir woe se wol by hearre.

 

Dat Inge har noch in kear fertelde dat se oerbeppe wurden wie, dat sy en Kalle no in jonkje hienen, dat kriich Maart net mei, mar dat dêr by har yn 'e keamer, tsjin har bêd oan, in nij en fûnkeljend libben begongen wie, dat fielde se op de ien of oare wize. It wie it aldermoaiste geskink dat se betinke koe.

Op in nivo dêr't gjin taal mear wie, mar dêr't se sûnt de wurden har yn 'e steek lieten omdwile, wist se hoe't by har it libben stadichoan út har weirûn, wylst it hjir, sa tichtby har, oernommen waard troch in lyts jonkje dat se al sa lang om har hinne fielde. Hy moast it flamke oernimme dat by har hast dwêste waard. Hy moast it oanblaze en ta libben, ta fjoer komme litte. Se hie dêr alle fertrouwen yn.

 

Dan komme se dy jûns hast allegear. Jelte, Geke en Evert, Janny en Kier. Aukje hat al west, dy is der no net by.

Sy is de keninginne. De kessens hâlde har oerein. Se kin de hân net mear útstekke en opdrachten jaan. Alles wat bart, moat se oer har hinne komme litte.

Troch de iepen doar komme se, skruten, as skaden en mei bange gesichten, dy't se pas sjen kin as se by har bêd stean, ûnder it ljocht fan de skimerlampe. Se soe har taroppe wolle dat se net sa earnstich sjen moatte, dat se folle leaver hat dat

[pagina 118]
[p. 118]

se laitsje, lyk as it stel dat hjir earder op 'e dei wie. Se soe sa graach noch ien kear ferskriklik laitsje wolle, har bepisje, fan klearebare wille net mear witte wêr't se it sykje moast. Mar it wurdt har net gund.

It is goed. Sa is it ek goed. De bern komme by har bêd te stean. Jelte hâldt him wat op 'e achtergrûn, as wol er der mar heal by wêze. Se begrypt it wol. No wol.

Se prate, ûnder elkoar, tsjin elkoar, tsjin har. Earst die se as sliepte se, mar no't de hiele kloft om har hinne stiet, besiket se mei alle macht de wurgens dy't har no hast altyd yn 'e greep hat, derûnder te krijen. No wol se derby wêze. Hjirnei krijt se de kâns net mear.

Oan it fuottenein stiet Geke. Se glimket, want se wit it no wol. Maart fielt har gelokkich, ommers. Se nimt al dy leave gesichten om har hinne yngeand yn har op.

Wêr is Aukje. Maart ropt har namme en wiist nei de doar. Dêr soe se weikomme moatte. Aukje hat juster noch by mem west, sizze se, stil mar, moarn, moarn komt Aukje ek.

Maart mist har. Se wol dat se der allegear binne. Ien foar ien giet se by de bern lâns. Janny en Kier. Dy twa binne ûnôfskiedlik. Se hienen al ferkearing doe't Janny fyftjin wie, en Kier hie der al salang by heard. Ferlegen Janny, flinke Janny, dy't as in hin op har aaien siet. Har bern wienen har alles, har húshâlding wie har libben. Maart siket yn har eagen it famke, it bleue fan earder, mar fynt it net mear. Dy rêdt har wol, mei har Kier. Se heart ferskes as se nei har sjocht, it lûd fan in oargel, muzyk, en se skoddet de holle op in ritme dat de oaren net hearre. Sjong mar, Janny, blaas mar op dyn bugel. Maart knikt nei har en Janny gûlt. De triennen rinne har oer de wangen, mar se glimket, sy wit it ek wol. Gewoan trochsjonge, Janny.

Geke dan. Fan alle bern wie sy har it neiste. Net yn leafde,

[pagina 119]
[p. 119]

mar yn 'e praktyk. Sy wie har freondinne, har bern, har suster en har mem. Se soe net witte hoe't se it libben sûnder har klearspylje kinnen hie. Hjir stiet se en se kin it har net mear fertelle, dat se fan har hâldt, dat se net altyd de flinkste hoegde te wêzen, dat se har ek widzje wollen hie, wier wol, mar dat soks der noait fan kaam, dat se op har line, har as in soarte fan mei-mem seach.

Se mist Aukje. De club is net kompleet. Hieltyd wer sjocht se nei de tichte doar. Se freegje har wat se dêr sjocht, wêr't se op wachtet, mar se kin it no net mear dúdlik meitsje.

Maart slikket har hieltyd om 'e lippen en Geke tinkt dat se toarst hat. Se kin net mear drinke, mar der moat dochs wat oan te dwaan wêze. Se hat in suster frege om appelsmots, dat is iten en drinken. Mei lytse leppeltsje tagelyk fuorret se har. Geke stiet by it hollenein. Se wol sa yngraach noch wat foar har mem dwaan. Mei flaaikjende wurden ferliede se har. Toe mar, mem, in lyts hapke, lekker kâld, doch de mûle mar iepen.

Maart sjocht har mei grutte, sykjende eagen oan. Se praat net. Op it ‘Aukje’ fan niiskrekt nei hawwe se yn gjin moannen in wurd oer har lippen kommen heard. Se ferwachtsje har stim net mear te hearren, mar sjogge nei har eagen dy't dizze jûn op de iene of oare wize mear sprekke as oars.

De leppel mei appelsmots bliuwt op healwei stekken as Maart Geke ynienen by de namme neamt. Hearre jim dat, seit Geke. Har hân trillet, it fielt as wurdt har hert optild. Se jout de leppel oan Janny en slacht de earmen om har mem hinne. Se sei har namme. Leave Maart, leave mem. Djip fan binnen ken se har noch.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken