Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Minskebern (2008)

Informatie terzijde

Titelpagina van Minskebern
Afbeelding van MinskebernToon afbeelding van titelpagina van Minskebern

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

PDF van tekst (0.64 MB)

Scans (0.34 MB)

XML (0.20 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Minskebern

(2008)–Margryt Poortstra–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige
[pagina 130]
[p. 130]

Epilooch

Daan wol net. Hy stampt mei de nije skuon troch de gong en besiket syn jas, dy't mem him krekt oandien hat, út te dwaan. It slagget net en hy wurdt noch lilker. Hy skopt tsjin 'e ferwaarmingsradiator en smyt de tas dy't altyd meigiet nei de oppas ûnder de kapstôk. Hy wol thús bliuwe, net nei Yvonne, net mei de oare bern boartsje, net even, in pear oerkes en dan wer nei hûs. Hy wol net.

Mem stiet yn 'e keuken en kipet no en dan even om it hoekje om te sjen oft er al útraasd is. Noch lang net, en Daan byt fan lilkens en ûnmacht yn 'e mouwe fan syn jas. Net, net, ropt er.

Hy heart hoe't mem de kraan oanset, de boarden fan it moarnsiten ôfspielt, de stuollen ûnder de tafel skoot en de radio oandocht. Se liket him net te hearren. Mem! Hy rint de keuken yn en mem sjocht him even oan, mar wiist fuort nei de gong.

‘Net yn 'e keuken komme,’ seit se. ‘Nei de gong, do. Ast wer kalm bist kom ik nei dy ta.’ Se sjocht earnstich, it is har tinken. Daan rint mei lytse stapkes tebek, de gong wer yn. Hy ropt noch in kear, mar mem harket net. Hy skoot nei de foardoar en lit him op 'e matte sakje. Wêrom mei er hjir net bliuwe? Hy sjocht nei de tas dy't oer de skuon hinne leit. Syn ruften binne der útfallen. Soe Yvonne no op him wachtsje? En Aron, soe dy al nei him útsjen? Hy ferjit dat er noch in kear roppe soe. Syn lyfke skokt no en dan noch fan it snokkerjen, mar der komme gjin triennen mear út syn eagen. Hy is in bytsje wurch.

‘Mem,’ ropt er, mar dizze kear net lilk mear. ‘Mem!’ Se sjocht om it hoekje fan 'e doar en glimket.

[pagina 131]
[p. 131]

‘Is it oer?’ freget se. Daan seit neat, mar stekt in earm yn 'e mouwe fan 'e jas. Miskien wol er dochs wol nei Yvonne. Mem komt nei him ta en tilt him op. Se hâldt him even stiif beet en jout him in tút. Dan klaait se him fierder oan. Se seit neat. Se stoppet de ruften yn 'e tas, krijt Daan by de hân, docht de doar fan 't slot en dan rinne se, lykas alle oare kearen dat er nei Yvonne giet, nei de auto. Hy klimt sels yn it stuoltsje achter yn 'e auto en helpt mem mei de lestige riemkes.

‘It is leuk by Yvonne,’ seit er as se fuortride. Mem sjocht him yn it spegeltsje boppe har holle oan. Se moat laitsje.

‘It is hartstikke leuk by Yvonne,’ seit se, en se ride de strjitte út.

 

Beppe Geke is derby as mem him by Yvonne ophellet. Se sil de hiele dei bliuwe, oant nei iten, dan kin se him noch foarlêze foar't er op bêd giet.

‘Docht beppe my ek yn bad?’ wol Daan witte.

‘Jawis,’ seit beppe, ‘en foar iten komt pake Evert, dan kinst ek noch even mei him boartsje.’

‘En heit moat nei iten ôfwaskje,’ seit Daan.

As se dy middeis mei-inoar nei de winkel west hawwe, krûpt Daan by beppe Geke op 'e bank. Se praat hieltyd mei mem, mar no't dy kofjesette moat, hat beppe wer each foar him.

‘Wat wolst?’ freget se. ‘Sille wy in boekje lêze?’ Daan skodhollet.

‘Foto's sjen,’ seit er. Mem ropt út 'e keuken wei dat er dêr hielendal de smaak fan te pakken hat. ‘Wy dogge al in pear dagen hast neat oars.’

‘Kom mar,’ seit beppe Geke. ‘Sykje mar in album út 'e kast, dan sille wy ris even yn it ferline dûke.’ Mem set twa kopkes kofje en in beker drinken foar Daan op 'e tafel.

‘Net ferjitte, hear,’ seit se. Dan siket se it album út 'e kast

[pagina 132]
[p. 132]

dêr't se de lêste tiid hieltyd yn sjoen hawwe en rikt it beppe oan.

‘Nee,’ seit Daan, ‘dy net.’ Hy wol ien fan 'e âlde albums sjen. Hy wiist it oan.

‘Mar dêr kinst hast gjinien fan.’ seit mem.

‘Dy,’ seit Daan, en beppe docht it âlde boek foarsichtich iepen.

‘Gean mar tsjin 'e bekling sitten,’ seit se. ‘Sa, dyn knibbels rjocht, dan lis ik it deroerhinne.’

Se begjinne by it begjin. Beppe Geke wiist oan: sjoch, dat is mem, en dat is Wytske fan tante Janny, dêr gong mem faak mei op fakânsje.’ Daan bûcht him djip oer de siden. Hy moat wol leauwe dat it mem is, want beppe seit it, mar hy ken har der hast net fan. Se hat dêr lang hier. Mar as er goed sjocht, hat se deselde mûle as mem Inge en deselde eagen. Wite tosken hat se as se laket, en se laket faak op 'e foto's.

‘Wêr is heit?’ freget er. Heit wie der doe noch net.

‘Wie heit doe noch in lytse poppe?’ Beppe Geke moat laitsje.

‘Nee,’ seit se, ‘mar heit wie noch by syn heit en mem. Dy koe jim mem noch net.’ Daan moat dêroer neitinke. Beppe mei noch net in side omslaan, even wachtsje. Se drinkt fan har kofje en jout him syn beker yn 'e hannen. Hy nimt in pear slokjes en dan wol er wer fierder. Hy wiist op 'e oare side in foto oan.

‘Dy?’ freget er.

‘Dy kinst net,’ seit beppe, ‘dat is de beppe fan mem.’

‘Hoe hyt dy beppe?’ wol Daan witte.

‘Maart,’ seit mem, en se komt ek op 'e bank te sitten.

‘Sko ris wat op,’ seit se. Se wol ek sjen.

‘Wit mem noch?’ Mem Inge sjocht beppe Geke oan. Daan leit beide hannen op 'e foto's. Hy wachtet op it geheim dat

[pagina 133]
[p. 133]

achter de plaatsjes ferskûle leit. Hy sjocht mem en beppe oan. Beppe wol wer omslaan, mar hy hâldt har tsjin.

‘Is leuk, beppe Maart,’ seit er.


Vorige

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken