Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 27]
[p. 27]

11

Mynhear Wessels hat spul hân mei syn húshâldster, en net sa'n bytsje ek. No is it minske fuort en mynhear Wessels hâldt eltsenien oan, dy't er tsjinkomt, om dy it ferhaal te dwaan. It wie in ferkeardenien, fertelt er; sa'n min minske hat er syn lang libben noch net metten, gjin man en gjin frou. Ja, dat is stoef sein, mar it is de suvere wierheid.

De lju, dy't it hiele relaas oanhearre moatte, sizze der net folle op; hja knikke en skodholje, al nei't it pas jout; in inkeldenien seit ‘jonge noch ta’ of ‘soa, just, jawol’ en ‘wat jo sizze’, mar dêr bliuwt it by. Hja kenne de âld keardel en hja kenne de húshâldster, in evenredich minske, dy't it treddel jier by him úthâlden hat; in prestaasje fan belang.

De buorfroulju dogge de húshâlding wat by mynhear Wessels; hja meie him net lije, nimmen mei him lije, mar hy is op 't lêst fier oer de santich en men kin him min omkomme litte. Syn beide troude soannen sitte ynYnje, dat fan dy kant is ek gjin help te ferwachtsjen.

Fansels, dat kin net sa bliuwe; der moat in nije húshâldster komme. Mynhear Wessels wol in advertinsje yn de krante sette, mar siktaris Jelles wol dat net lije. Hy is fan betinken, dat der oars yn fersjoen wurde moat.

Siktaris Jelles ken de soannen goed, en op har fersiik hâldt er in eachje yn it seil. As hy der net west hie, hie de oare húshâldster mei in moanne of wat al fuort west. It is net aardich foar in húshâldster, iderkear hearre te moatten, dat de ferstoarne frou,

[pagina 28]
[p. 28]

dêr't hja foar yn it plak kaam is, alles safolle better en ferstâniger die. Hawar, dêr wie hja op 't lêst sawat ta bewend; de grutte rûzje kaam, doe't mynhear Wessels wat yn de boerekoal fûn, dat neffens him in mychhimmel wie. En dêr makke er alarm oer; mychhimmels wiene fergiftich, dat hy hie it wol bestjerre kind. En hy woe der hast op út, dat hja it bist mei opsetsin yn it iten dien hie.

Sjuch, dat gyng te fier. Nei alle gedachten wie it net ienris in mychhimmel, mar in ûnskuldich bledsje fan oar komôf as koal en dat hja it op it libben fan mynhear Wessels fersjoen hawwe soe, fij, dat koe alhielendal gjin kant út.

Siktaris Jelles leit mei Hylke Berga en dominy Douwes Dekker oer, wat der yn dit gefal dien wurde moat. It is net sa'n maklike saak.

‘Der moat ien komme dy't docht, as hearde hja de praatsjes fan mynhear Wessels net,’ seit siktaris Jelles.

Hylke Berga prakkeseart even.

‘Faaks koe it ek ien wêze, dy't se yndie net heart.’

‘Dêr sizze jo sawat.’ Der liket dominy wat yn it sin te kommen.

‘De widdo fan Freark Feddes, de hearen witte wol, dy't se Freark ho ho neamden, libbet altiten noch op harsels: in flink minske, mar it hearren wurdt minder.’

‘Ik ken har; sa dôf as in kwartel,’ ferdúdliket Hylke Berga de sitewaasje.

Sa wurdt Feikje, de widdo fan Freark ho ho, húshâldster by mynhear Wessels.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken