Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 147]
[p. 147]

6

Trije jier is easke tsjin notaris. Dat strykt wol aardich mei de taksaasje; mar it wie in deade rjochtsaak, sizze de tsjûgen, as hja de jûns yn Abbingawâld werom komme. Neat oan! Gjin dramatyk en gjin nijs oer notaris syn twade libben. Notaris sels hat sawat gjin mûle iependien; it like wol as gyng bytiden alles by him lâns.

Taktyk, oars neat as taktyk, ornearje somlike lju, mar Hylke Berga, wa't okkerdeis trochdien is, dat de skuldeaskers neffens de nijste rekken noch sa'n sechstich persint weromkrije sille, leaut dat net. ‘Dy man is te'n ein, geastlik te'n ein,’ wol er ha. Hylke Berga is al wat feroare sûnt dy Sinteklaasjûn, doe't de slimste straffen foar notaris him net swierdernôch liken. ‘It moat jin om sa'n man begrutsje,’ seit Hylke Berga. ‘Trije jier, dat komt slim genôch oan.’

Yn de kranten stiet, dat notaris in apatyske yndruk makke. Hy wie der fan beskuldige, dat er net goed hannele hie mei hypoteken, en deskundigen joegen dêr wiidweidich útslútsel oer, mar notaris sels wie amper ien wurd út te krijen. It soe wol wêze, sa't de hearen seine; dat wie likernôch alles, wat men fan him heard hie. Nee, dat wie tige ôffallen.

No ja, de advokaat, dêr beare de tsjûgen wakker oer. It wie in advokaat, dy't as djoer te boek stiet; prate died er as Brugmans. Hy hie it oer notaris syn mislearre houlikslibben en oer syn tsjinstuiten; it wie wol tragysk, dat it needlot krekt sa'n troch en der troch goede en ienfâldige man ta syn bút útsocht hie. De minsken hawwe it no ienris net sels foar 't sizzen, wat hja binne, sei er; de

[pagina 148]
[p. 148]

omstannichheden sprekke ek in wurdsje mei. En de omstannich-heden hie dizze man altiten tsjin hân.

In knaap fan in advokaat! ‘Sjoch dat minsklik wrak dêr stean,’ rôp er yn 't lêst, ‘en freegje jimme dan ôf, oft it libben him noch net genôch slein hat. Moat dêr noch trije jier oerhinne? Nee, hearen, dat soe syn ein wêze.’

Wa soe sa'n advokaat no betelje, wurdt der yn Abbingawâld frege. Sa'n man sil wol net om 'e nocht in oere efter mekoar prate. En notaris sels hat neat mear, dat sines is; dêr hie de advokaat it ek noch oer. Freonen faaks, wurdt der ornearre. Wa wit! Of soe mefrou wat fan de famylje loskrige hawwe? Mefrou woe oars neat mear fan him witte. Hja komme net ta klearrichheid. It bliuwt, alles meimankoar, dochs in frjemd en tsjuster gefal.

‘Wat kin der yn in healjier in protte feroarje,’ seit Steggerda, dy't se krûme Loadewyk neame, tsjin master Walinga. ‘Ferline hjerst wie notaris noch in earber notabel en no sit er goed bewarre yn Ljouwert.’

‘Sis dat wol,’ seit master Walinga.

‘Men sjocht ek wolris, dat in frijfeint, dy't net oan trouwen tinkt, in healjier letter al yn it boatsje sit,’ praat Steggerda troch.

Master Walinga tinkt oan Saapke Berga en moat ynienen laitsje; dat sil him grif net oerkomme. Ja, hy laket, master Walinga; hy kin der no om laitsje, safier is er hinne.

‘Wêrom gnize jo?’ freget Steggerda, ‘tochten jo net dat it koe?’

‘Wis kin it,’ seit Master Walinga.

Saapke Berga groetet him no wer en hy groetet fansels wol werom, mar fierder komt er har net temjitte. Hy wol net wer lykas foarhinne; hy lit net langer mei him boartsje. Jout er einliken noch wol safolle om Saapke Berga?

Steggerda is praatsk. Hy fertelt fan in âldfeint, dy't, doe't syn mem ferstoar, mei de húshâldster troude. In dei letter kaam er op 'e siktarije, roppende: dat kin net, hearen, helje der mar wer in streek troch! De froulju, dat betsjut wat; dat hat notaris ek ûnderfûn. Faaks is it mar it bêste en trou alhielendal net.’

‘Better gjin wiif as in lulk wiif,’ seit master Walinga.

[pagina 149]
[p. 149]

‘Hè, wat sei?’

Steggerda sjocht master Walinga oan. Sok praat is men net wend fan dat beskieden mantsje.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken