Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 155]
[p. 155]

9

It hat even in swiere tiid west foar dominy Douwes Dekker. Hy hat striid fiere moatten; benammen tsjin mefrou, dy't der him iderkear wer op oanstie, it berop oan te nimmen. Fan har kant hie hja net alhielendal ûngelyk. Hy krige sa'n kâns net wer, sei hja tsjin dominy: deun by in grutte stêd en aardich mear traktemint; dat er dêr noch oer prakkeseare koe!

En och, wat dominy sels oanbelanget, hy woe hjir ek wol wei. Hy fielde him te Abbingawâld net hielendal mear yn syn wêzen; op in oar plak nij te begjinnen mei in skjin laai, dat like him moai ta.

Mar fansels, de sitewaasje op tsjerklik gebiet yn Abbingawâld, dat wie it beswier. Besiik út Abbingawâld sels hied er wol ferwachte en dêr wied er ek wol op klear; mar letter krige er ek noch kollega's fanwege de ring by him en fan dy har arguminten koed er him net mei in moai praatsje ôfmeitsje. As er it berop oannaam, seine hja, koe it wol wêze, dat de hiele ring omgyng, en mei de ring hiele Fryslân, en mei hiele Fryslân de hiele synoade.

Wat moast dominy Douwes Dekker dêrop antwurdzje? It gyng diskear om belangen, dy't grutter liken as dy fan syn hûshâlding. Minne dingen, beroerde dingen! De otterdoksen hiene hjir no ienkear it meartal, neffens rjocht moasten hja hjir ek de foargonger oanwize. Mar dat argumint fan dominy Douwes Dekker wiene de kollega's fan 'e ring it lang net mei iens. As yn it oare gefal de otterdoksen der ek sa oer tochten, ja, dan!

In min spul. Fansels, dêr by de Tsjonger earne, dêr sit dy otterdokse dominy, dy troch allegearre ferkearde praktiken op in plak

[pagina 156]
[p. 156]

kaam is, dêr't er net heart, mar dêr't men him no mei gjin stôk weikriget. En yn 't generaal binne de otterdoksen der net sa bot op út, de frijsinnigen te jaan, dêr't se, minsklik besjoen, rjocht op hawwe.

Al dy dingen binne dominy Douwes Dekker foarhâlden en hy koe net folle oars sizze as: ‘Sa is 't einliken wol.’ Fansels, hy hat wol wat mear sein en net ferswijd dat de ferhâldingen yn Abbingawâld wol wat better wêze koene; mar as 't der op oankaam, wied er it wol iens mei syn kollega's, en hy koe der dêrom net foarwei en ûnthjit, it berop net oan te nimmen.

Dat joech in opskuor yn syn húshâlding. Mefrou hat earst gûld en doe in deimannich neat tsjin him sein. En ek de bern wiene stil tsjin him; dat hat men, as se âlder wurde, hja wolle dan ek meiprate. Lokkich hat dominy wat treast fûn by syn gemeente.

No lykwols binne de swierrichheden wer sawat oan 'e kant. Mefrou hat har skikt; hja koe op 't lêst ek net bêst oars. En dominy Douwes Dekker achtet himsels hast foar it earst fan syn libben in keardel. Efternei besjoen hat er him goed hâlden, tinkt er no.

En der komt wer in deputaasje fan Abbingawâldster frijsinnigen by him; diskear mei it boadskip, dat men him graach in kado jaan wol, út tankberheid. Sjoch, dat hie dominy Douwes Dekker net ferwachte en hy wurdt der suver wat oars fan. Wat er ha wol, wurdt him frege; hy moat it mar sizze.

Dominy Douwes Dekker tinkt oan in boek, dêr't er wol smucht op hie, mar dan komt him ynienen wat oars yn 't sin. As er dizze lju ris nei syn frou stjoerde! Hja hat der mear ûnder te dwaan hân as hy. En it bynt faaks wat. Hy hat him goed hâlden, wis, mar hy hopet dochs, net wer sokssawat mei te meitsjen.

En dêrom seit er: ‘Ik fyn it tige attint fan jimme, mar ik soe sizze, lit myn frou in kar dwaan.’

Sa belânet de deputaasje by mefrou en as dy wat fierder sjoen hie as har noas lang is, dan hie hja de hearen freonlik ôfstegere. Mar mefrou hat yn har foarkeamer in nij ameublemint stean, dêr't hja wol tige graach in pear passende fauteuils by hie, en hja is op 't lêst mar in frou. Hja begjint foarsichtich te praten oer ien

[pagina 157]
[p. 157]

fauteuil, mar de deputaasje is royaal; der kinne wol twa ôf, wurdt der sein. De hearen binne it wol iens; sok jild is net wei.

Letter, as dominy heart wat der bard is, wurdt er wol wat kel, mar hy seit mar neat. As de lju it der foar oer hawwe, hawar! Hy hat no wol begrepen, dat it net allinne goederjouskens is; de lju achtsje it jild grif ek goed bestege.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken