Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 245]
[p. 245]

15

It hie net folle skeeld of der wie alhielendal net om boargemaster Suringa's jubileum tocht. Siktaris Jelles wie fansels wol op 'e hichte; dy wist tige goed, dat boargemaster dizze simmer syn koperen feest hâlde koe, mar hy achte it gaadliker, it mar te ferjitten. Lamey koe it ek witte, want yn 'e maaityd, doe't alles noch goed tusken harren wie, hie boargemaster it der noch mei him oer hân. Mar wêrom soe Lamey him drok meitsje oer in jubileum fan immen, dêr't er mei yn tsjok waar sit? En Steggerda en Jaap Lolkema hiene der alhielendal gjin euvelmoed yn.

As er net dat ûngelokje op 'e lânstoarmdei hân hie, hie boargemaster Suringa der faaks sels ek net oer praat. Sa'n jubileum kostet mar sinten en wat sjit men der mei op? Foar promoasje is er dochs al te âld. Lykwols, yn de reboelje oer syn ûnfoarsichtige wurden fielde boargemaster Suringa, dat er oan wat reklame ta wie.

Hy hat it foarsichtich, men soe hast sizze kinne, strategysk, oanpakt. Hy is der fansels net oer begûn tsjin siktaris Jelles, by wa't er it raar bedoarn hat. Ek de siktarije hat er der bûten litten, teminsten, yn 'e earste opslach. Nei in riedsgearkomste, doe't hja noch wat gesellich mei in kopke tee en in goede sigaar bymekoar sieten, hat er sa by de noas lâns tsjin in riedslid sein: ‘Och ja, ik sit hjir ek al hast wer tolve en in heal jier.’ En doe krige men sawat it folgjende petear:

‘Soa, jonge noch ta, is it al wer sa lang lyn? Op hokker datum?’

‘Ik leau heal augustus, mar dat witte se op 'e siktarije wol. Mar fansels, ik wol út noch yn net, dat der wurk fan makke wurdt.’

[pagina 246]
[p. 246]

‘Ja, hark ris, dat leit net allinne oan jo, dat leit ek oan ús.’

Boargemaster Suringa hat al even dien as waard er kel, mar it gyng him krekt nei 't sin. Doe't it riedslid op 'e siktarije kaam, makke er dêr sliepperige hûnen wekker en noch deselde middeis waard der in huldigingskommisje út de rie gearstald. Dy dingen bleauwen fansels ek net sûnder ynfloed op it ûnthâld en de hâlding fan siktaris Jelles, dy't net oars dwaan koe as meitsje fan de need in deugd.

Foar de grutte dei hawwe der al moaie stikken yn 'e krante stien mei boargemaster syn portret der by; och sa'n bêste en dappere ofsier hat er west, en as boargemaster is er gewoanwei in pronkjuwiel.

En dan, yn de bûtengewoane riedsgearkomste, wurdt er fan alle kanten huldige; de iene seit it al moaier as de oare en efter yn 'e seal sitte de lju fan de parse, dy't mar skriuwe, skriuwe. Sels de kommunist seit, dat er boargemaster Suringa tige respektearret; mar ja, hy hat dan ek al trije koppen kofje mei rjemme en twa taartsjes op. In kado kriget boargemaster Suringa ek: in skilderij fan it gemeentehûs, fan Hoitema yn sân haasten makke. Boargemaster hie leaver in pear kistjes goede sigaren hân, mar dat lit er net skine.

It is in moaie gearkomste; sels siktaris Jelles kin der net foarwei en jou, út namme fan it personeel, tige heech op fan boargemasters' goede eigenskippen. Mar dan komt der dochs noch in lyts aardichheidsje: boargemaster kriget fan it personeel in grouwe kommentaar op 'e gemeentewet. Siktaris seit, allegearre binne hja der fan oertsjûge, dat boargemaster sil him dêr faak yn ferdjipje. En hy wit, dat boargemaster it boek nea ynsjen sil.

Folle eare hawwe siktaris en de lju, út waans namme er sprekt, net fan dizze grap. Boargemaster docht as is er noch folle wizer mei it boek as mei it skilderij, dêr't er oars ek tige foar betanket. As er, by dizze mylpeal steande, weromsjocht, dan hat er reden ta tankberheid, seit er.

De riedsieden hawwe it bêst: Lammers bringt oan ien stik wei ytbere, drinkbere en smookbere waar. Ek op 'e siktarije hawwe se

[pagina 247]
[p. 247]

gjin kleien. Hja binne wol wat ferheard oer boargemaster syn royalens, mar nimme it der goed fan.

Boargemaster Suringa kin tefreden wêze oer dizze dei. No kinne de minsken sels lêze, watfoar in bêste en berûfte keardel hy is. As op dizze manear net alle praatsjes en krityk de wrâld út holpen wurde, dan wit hy it net.

De kwestje-Douwes Dekker moatte se har te Abbingawâld fierder sels mar mei rêde; daliks nei de huldiging pike boargemaster en mefrou der in wykmannich tuskenút nei it bûtenlân. En yn de kranten stiet, dat dominy it berop oannaam hat.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken