Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 251]
[p. 251]

17

Der wurdt wolris sein, dat men al heal troch in eksamen is, as men mar wis is fan jinsels. No, Saapke Berga hat altiten wol wis fan harsels west en dochs is hja al twaris sakke foar it eksamen solosjongen. Lykwols, beide kearen lei it, neffens harsels teminsten, oan de keardels dy't har útkloarken en har stimme hifken. Hja woe ha, dêr soe men dochs bettere minsken foar fine kinne.

Sa hat Saapke Berga har der dy twa earste kearen útpraat, en faaks leaude hja sels wol wat hja sei.

No't hja foar de tredde kear opgiet, is har betrouwen grutter as ea. Hja sil dy lju dêre yn Utert sa ferbjusterje mei har stimme en har muzikale geleardens, dat se der mei al har eigenwizens net fan werom hawwe. Glânsryk sil hja har diploma helje, dêr is hja fêst fan oertsjûge.

Ja, har wissichheid is grut genôch; it heale diploma hat hja al yn 'e bûse, as hja fan hûs giet. Mar de oare helte wurdt dochs ek noch wat foar frege, en hoe't Saapke ek op har iepenst is, de hearen achtsje har kennisse en har prestaasjes al wer net foldwaande, en as hja op 'e lette middei ûnder de beammen fan de Nije Grêft stiet, is hja foar de tredde kear sakke.

Mei de tas yn de iene hân en de bûsdoek yn de oare set hja nei it stasjon it paad lâns, dat hja sa neigeraden wol aardich ken. Ut en troch moat hja in pear triennen weifeie, want dit is har dochs mânskernôch. Hja prakkesearret der oer, te'n earsten net nei Abbingawâld werom te gean. Hja wit, dat de lju dêre gjin meilijen mei har hawwe sille; hja sille mei útstrutsen troanjes by har lâns

[pagina 252]
[p. 252]

rinne en har efter de rêch útlaitsje. Aaklik folk, dy Abbingawâldsters! Mar ja, wêr sil hja oars hinne? Hja hat hjir en dêr wol wat famylje wenjen, mar wit skoan dat hja dêr net wolkom is.

Nei hûs ta; dat is it iennichste wat der op sit. Lokkich is it tsjuster, as hja thúskomt.

Yn de trein hat Saapke Berga de eagen ticht, mar hja sliept net. Oant no ta hat hja noch altiten oan de takomst, har takomst, leaud. Lykwols, hjoed is der wat yn har brutsen; in fear is knapt en kin net wer opwûn wurde. Saapke Berga tinkt oan it ferline; oan har lulke mem, dêr't hja wol wat fan hawwe moat, en oan har heale ferkearing mei master Walinga. No kin hja der net by, dat hja dy man sa nuver behannele hat. Hja hie in man hawwe kind; no sit hja mei harsels, in frou sûnder doel, en mei har heit, dy't net los betroud is.

It libben is wreed, wis; mar foar it earst giet it har troch de holle, dat alles faaks wat oars west hie, as hjasels wat oars west hie. De minsken meie har net lije; mar soe hja it der net wat nei makke hawwe?

Sa prakkesearret Saapke Berga; fleurige tinzen binne it net en hja moat har bûsdoek sa altemets noch wol brûke.

Wibren Berga hellet har fan de lêste tram. It is ljochtmoanne, mar de loft is berûn en it dript út de kastanjebeammen. It wol noch altiten net rjocht mei it waar.

‘No, hoe is 't?’ freget Wibren.

‘Sakke,’ seit Saapke Berga, en hja gûlt net; har heit is net immen yn waans selskip men skriemt.

Wibren is wat ferheard. Hy hie der fêst op rekkene dat it diskear goedkaam.

‘Dat is, dat is...’; hy fynt earst gjin wurden.

Saapke ferwachtet, dat er har bekleie sil en faaks hie hja har dan dochs net goedhâlde kinnen.

Lykwols, Wibren bliuwt Wibren.

‘Dat is sûnde fan it jild,’ seit er nei inkelde amerijen, en dan hawwe syn dochter en hy net safolle mear te bepraten.

Op wei nei hûs begjint Wibren Berga oer dominy Douwes

[pagina 253]
[p. 253]

Dekker, dy't heal septimber al fuort wol en allinne noch mar weromkomt, om syn ôfskiedspreek te hâlden. Sa hoegde it dochs ek net; der wurdt rûnom skande fan sprutsen. Der komt gjin minske yn 'e tsjerke, dat stiet wol fêst.

Saapke harket mar amper. Dit is no Abbingawâld, dêr't hja faaks har hiele libben noch tahâlde moat tusken minsken, dy't net fan har hâlde; sûnder beuzichheid, sûnder heger doel.

En hja wurdt bang fan de lege jierren, dy't yn it tsjuster as geasten op har takomme en har de kiel tichtknipe.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken